Pake & Beppe 2021

Page 7

Beide beppe Myn freondinne Annet Lenters en ik binne yn 2020 beide beppe wurden! Tritich jier lyn binne wy ek tagelyk mem wurden. Ik bin kreamfersoarchster en ik ha doe by myn freondinne kreamd, en no ha ik dat by har dochter Erica dien. Hiel bysûnder dus! Groetnis fan Tineke Algera út Makkum

Ut ’e skroeven! Wat wienen wy bliid doe’t wy op sneon 2 jannewaris moarns betiid it berjocht krigen dat Brent berne wie. Daliks deselde sneontemoarn ha wy in besite bringe kinnen yn Warns, einliks noch foardat de kreamhelp der wie. Wat wie dat geweldich. In prachtich lyts mantsje mei alles derop en deroan. Op it rút waard in moaie tekening makke wêrtroch’t elkenien Brent bewûnderje koe. Wy ha de earste wike om ’e dei alle jûnen efkes lâns west. Dat wie yn dizze coronatiid foar ús alle kearen wer in feest. Sa moai om te sjen dat sa’n lyts mantsje der ek daliks by heart. Wy binne út ’e skroeven! Bauke en Sietske Korenstra, Aldegea DFM.

Koroana yn de kreamtiid

Hoi pake en beppe! Iza wol graach hoi sizze tsjin har pake Bertus en beppe Annie út Folsgeare. Iza waard ôfrûne augustus berne en spitigernôch hat se har pake en beppe noch net sjen kinnen, troch koroana. Wy wenje yn Mauritius en it fleanfjild wie hjir 5 moannen sletten en der is no in ferplichte karantêne fan 14 dagen yn in hotel. Pake en beppe wiene fan doel hjir yn septimber te kommen, mar dat wie net mooglik. Wy hoopje dat sy ús lytse famke gau sjen kinne. Freonlike groetnis, Baukje Walsma

6

7

Op 8 oktober 2020 binne wy foar de earste kear pake en beppe wurden, fan Merle. Wat in lok yn ús libben! Fansels seagen wy dêr elke dei efkes om it hoekje om te genietsjen fan dat wûnder. Mar de lêste dei fan de kreamwike waard Merle har heit siik, koroana. En de dei dêrnei har mem ek. It wienen lichte klachten, mar dochs. No mocht der gjin besite mear komme. Doe krigen wy as pake en beppe ek noch koroana, dat we ha elkoar fysyk 14 dagen net sjoen. Elke dei ha we meiinoar fideobelle, ’t ienige wat noch koe. Lytse Merle hat lokkich gjin lêst hân fan koroanaklachten. En achterôf sjoen koenen de nije heit en mem yn dy tiid sûnder oare drokten yntins fan har genietsje. En foar ús as pake en beppe? Wy ha de skea al lang wer ynhelle! Hertlike groet, Jaap en Antje Feenstra út Tsjummearum


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.