Heit & Mem nr. 1 2022

Page 1

gratis & fergees

NR.1 2022

Neikommerkes Paardencoaching Us heit en ik Verdeling Frysk yn ’e klasse zorgtaken FOA R OPFIEDER S FA N BERN FA N 0 OA N T 12 JIER


Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Gewoon geweldig

... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl

Vragen? Bel: 088 – 035 0400

Op zoek naar kinderopvang? Kinderopvang van 0 tot 13 jaar Wij maken van ‘Elke dag een mooie dag!’. Ieder kind verdient het om zich in een warme, geborgen sfeer te kunnen ontwikkelen en ontplooien. Meer weten of aanmelden? Bezoek onze website.

kinderwoud.nl


Ut: Pykje Fjouwer

Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn! ’t Opgeande sintsje laket my oan. ’t Hoantsje kraait: kûkelû! ’t Doke ropt: roekoekoe! Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.

Dit fers, skreaun troch Walling Dykstra (1821 - 1914), is in echte Fryske klassiker. Sken de qr-koade foar de folsleine tekst en melody fan it ferske of om it boek ‘Pykje Fjouwer’ te bestellen.

websjop.afuk.frl

&


NR.1

FAN DE REDAKSJE

39

24

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) ‘Binne wy der hast?’ hear ik fanôf de achterbank ús Jilles fan 4. Wy binne it doarp noch mar kwalik út. Autoriden mei lytse bern is altyd… hoe sille wy it beneame... in útdaging? Al hielendal as it om grutte ôfstannen giet. Ach, wy wurde der wol kreatyf fan. Want wa’t in giele auto sjocht, mei de oar knipe. (wol sachtsjes!) En wa sjocht as earste in fûgel en wit de namme dêr ek fan? Ek in autobingo docht wûnders. Sjoch gau op side 39, dêr fynst ien. Goeie reis!

Hieke Rienstra (redakteur) Boartersôfspraakjes… It is in wrâld op himsels. Kin it hjoed, of is der swimles? Kin it freondintsje ek boartsje of moat dy nei de BSO? Mei it oare freondintsje ek meiboartsje? By wa boartsje wy? Jo kinne it der mar drok mei hawwe. Gelokkich hat Yfke it meastentiids sels allegear al regele en hoege wy allinne mar ja te sizzen. It leafst boartet sy alle dagen, mei elkenien en sa lang mooglik. Fan ús mei se, allinne mar gesellich. Mar is it net goed om sa no en dan ek ris lekker allinne te boartsjen? Op side 24 lêst it antwurd fan bernecoach Mirjam Visser.

Kolofon

Redaksje: Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Skriuwers: Marrit de Schiffart Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Janna van der Meer Thea van der Schaaf Froukje Sijtsma Nynke van der Zee Berber Spliethoff Hermina Terpstra Klasina van der Werf Marieke Vinckers Tjalling de Vries Fotografy: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke Therese Rijken

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Korreksje Ytsje Steen-Buwalda Printwurk: Ink69 www.ink69.be Redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 36.500 eksimplaren. Der wurdt

wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. Dizze heit&mem is it earste nûmer dat yn 2022 ferskynd is. Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier. Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl

Losse nûmers: Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried. ISSN: 1878-4437 Heit&mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


8

Marieke Vinckers (skriuwer) Zou je een kind vragen of een paard tegen je kan praten, dan zou het ongetwijfeld ‘Ja!’ zeggen. Een paard communiceert met het lichaam en laat daarmee zien wat er speelt in een kudde. Als een kind de leefruimte (weide) van een paard betreedt en dat kind heeft emoties waarover het niet goed kan praten, dan laat het paard met lichaamstaal zien wat er speelt. Een paardencoach spreekt de taal van het dier en vertaalt wat er gebeurt. Met verwondering heb ik geluisterd naar Inge Buis die over paardencoaching vertelt. Na mijn interview met haar denk ik telkens: ik wil óók in die weide staan bij dat paard, zo benieuwd naar welk verhaal het dier zou vertellen!

12

Janna van der Meer (skriuwer) Wannear is dyn gesin kompleet? Dêr besteane gelokkich gjin regels foar. As je om je hinne sjogge, ha de measten twa, trije bern. En tusken dy bern sit sa’n twa, trije jier. Mar hoe soe it wêze om, as dy grut binne, noch wer in lytsen te krijen? Noch wer in befalling en brutsen nachten. Mar ek wer it krûpen, dy geur fan sêfte poppehierkes, de skattige kleantsjes, it earste glimke… In neikommerke. Je kinne derfoar kieze. Of it oerkomt je. Mar wat betsjut dat foar dyn libben? Hoe geane de grutte bern dêrmei om? En wat sille de minsken sizze? Lês op side 12 wat trije memmen dêroer fertelle.

ynhâld 03 04 06 08 12 15 16 18 19 21 22 24

4

Ferske Kolofon heit&mem post Het paard brengt kinderen bij hun gevoel Neikommerkes Help, ik ha bern! Molke jaan sûnder boarsten Sa prate wy thús Kollum Andries Jelle de Jong Kollum Tjalling de Vries Us húshâlding Mem, mei ik boartsje?

5

27 28 31 32 34 36 39 40 42 44 46 47

Kollum Sjoukje de Boer Us heit en ik Afûk-boekpanel Nije boeken Hoe verdelen we de zorgtaken? Bernepraatsjes Autobingo In Fries om utens Al boartsjend kommunisearjen leare Frysk yn ’e klasse Tomkeferhaaltsje Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

post

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Op de cover stiet Robyne Fopkje van der Heide út Eastermar. Robyne is trije jier en mei har heit altyd graach helpe yn it hok. Se binne dan drok oan de trekkers oan it sleuteljen. Se mei ek graach bûtenboartsje en fytse. Robyne is begjin dit jier grutske grutte sus wurden fan har broerke Hendrik.

Foarlêze Maurits en Friso (4 moanne âld) wurde alle dagen foarlêzen, dat fine se machtich moai!

Wisto dat… •

Groetnis, Grytsje út Stiens • •

wy fergees dyn Fryske bertekaartsje neisjogge? Mail dyn tekst yn Word nei ynfo@heitenmem.nl der in nije oerset-app te krijen is? Sjoch: oersetterapp.nl der yn alderhande restaurants yn Fryslân gebrûk makke wurdt fan in placemat wêrmei't Keimpe de Krokodil bern yn 'e kunde komme lit mei it Frysk en de Fryske taalfarianten? Op de placemat stean spultsjes en ferhaaltsjes. As de âlders de rekken krije, leit der foar de bern sels in meartalich boekje klear. Wachtsje op it iten wurdt sa wer leuk foar bern. -> www.keimpe.frl


Poppe fan de moanne Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

oktober 2021

novimber 2021

desimber 2021

Gerjanne Bosma út Hilaard (berne op 20.08.2021)

Jinthe Abma út Mildaam (berne op 04.10.2021)

Yelena Schuitmaker út Sint-Anne (berne op 02.11.2021)

jannewaris 2022

febrewaris 2022

maart 2022

april 2022

Mila de Kleine út Surhústerfean (berne op 05.06.2021)

Benthe van der Mark út Aldtsjerk (berne op 21.07.2021)

Melle Miedema út Winsum (berne op 06.02.2022)

Brent Donker út Surhústerfean (berne op 28.11.2021)

Thús de húshâldlike taken earlik ferdield?

Yn eigen lân op fakânsje?

Kleurwedstriid Rixt-Marieke fan ‘Getekenddoorzusje’ makke prachtige yllustraasjes foar de foarlêsgids fan 2022 (te krijen yn de biblioteek). Se makke dêr ek in moaie kleurplaat by, dêr’t bern in moaie priis mei winne koene. Der waarden prachtige kleurplaten opstjoerd! Wyan (3 jier) út Ljouwert, (sjoch foto), Idun (6 jier) út Sint-Jabik (linker kleurplaat) en Ewoud (7 jier) út Kollum wiene de winners fan de kleurwedstriid. Sy mochten in boek útsykje by de Afûkwinkel. Lokwinske!

Yn it Frysk appe?

Nei de biblioteek?

JA 6

7

NEE


Skriuwer: Marieke Vinckers | Foto: Hippe Kiek Fotografie

Het paard brengt kinderen bij hun gevoel


‘Mag ik erop zitten?’ Dat is meestal de eerste vraag die Inge Buis, paardencoach in Nijemirdum, krijgt van kinderen die bij haar in ‘de bak’ komen staan voor een coachingsessie. ‘Kinderen zien het paard, vergeten de hele omgeving en willen het liefst meteen aan de slag!’, maar haar paard Elke is niet om op te zitten. Dit paard helpt mensen bij hun gevoel te komen.

Er zijn maar weinig woorden nodig bij paardencoaching. Inge maakt af en toe een vertaalslag, omdat zij begrijpt wat het paard laat zien. Schuurt het dier bijvoorbeeld met de neus langs de benen? Dan kan het zijn dat degene die in de bak staat beter voor zichzelf mag zorgen; goed moet eten en drinken en rust moet nemen. Gaat het paard rollen op de rug? Dat kan staan voor verdriet. Zwiepen met de staart of stampen met de voet? Dan is degene die gecoacht wordt waarschijnlijk boos. In elke situatie vertaalt de coach wat het dier laat zien en nodigt uit om dat gevoel toe te laten en te uiten. ‘Het paard is de spiegel van je gedrag’, vertelt Inge. Bijzonder, je staat dus gewoon in de spiegel te kijken! Gezonde kudde Coachen met het paard is heel laagdrempelig en heeft grote effecten. Nog nooit is er een kind geweest dat bang was voor Inge’s paard. ‘Elke is een lief dier met hele mooie ogen. Daarmee trekt ze zo mensen van de straat om contact met ze te maken! Kinderen zijn zo frank en vrij, ze stappen die bak in en maken gelijk contact met haar. Vaak gaan ze dan vanzelf iets vertellen. Kinderen zijn bovendien nog heel open in het voelen. Een volwassene zit algauw in z’n hoofd, maar dat is bij kinderen niet het geval. In de bak komen we daarom al vrij snel bij hun angsten, pijn of verdriet.’

8

9

Wat doet zo’n paard nu, waardoor je ermee kunt coachen? Wat is de kracht van het dier? Inge: ‘Het paard wil je graag bij de kudde hebben en een paard wil de kudde gezond houden, anders kan het niet vluchten. Van origine is het namelijk een prooidier, ze zijn altijd alert op bedreiging. Is er binnen de kudde een dier ziek, dan is dat een gevaar. Mensen die in de bak staan, horen bij de kudde. Het paard wil er dus voor zorgen dat diegene gezond is en is daarom heel betrokken. Ze wil echt helpen om het probleem op te lossen. Daarom laat ze met haar gedrag zien wat eraan scheelt.’ Spanning en controle Voor ouders is het soms nog best een drempel om naar de paardencoach te gaan. Zij doen erg hun best in de opvoeding en zien het als falen als het niet goed gaat met hun kind. ‘Ik begrijp dat, maar er kunnen in zo’n sessie dingen naar boven komen waar je als ouder nooit aan had gedacht. De oplossing van het probleem is vaak zo dichtbij’, vertelt Inge. Zo had zij een meisje dat enorm perfectionistisch was en alleen maar met school bezig was, ook in de weekenden. In de bak liep het paard telkens naar de moeder, die buiten het werkveld stond. Uiteindelijk zei het meisje: ‘Als m’n moeder ’s avonds weggaat, dan neem ik al mijn knuffels mee in bed en wacht ik net zo lang tot zij terug is.’


‘Mensen die in de bak staan, horen bij de kudde.’

Kinderen vinden het vaak lastig om afscheid te nemen, bijvoorbeeld als ze zelf naar school gaan, of als ouders ’s avonds weggaan. Zoiets kan zich dus op een heel ander gebied uiten; in dit geval door extreem te focussen op leerwerk en het niet weg willen van huis. Inge: ‘Toen dit tijdens de sessie duidelijk werd, heb ik aan het kind gevraagd of ik het mocht delen met haar moeder. Ik vraag altijd toestemming.’ Het ging over loslaten, over vertrouwen en veiligheid. Het kind was alleen maar met de moeder bezig en dat gaf spanning, ze blokkeerde daardoor helemaal. Na de coachingsessie (haar moeder heeft ook nog een sessie gedaan) was het meisje veel opener, ze liet de controle los en voelde zich vrijer. Vrij raken Met welk probleem ouders ook komen: Elke haalt binnen no time de kern naar boven. Een kind dat een laag IQ kreeg toebedeeld, bleek in de klas niet op de juiste plek te zitten. Nadat zij bij de juf had aangegeven dat ze graag en ander plekje wilde, kwam er een heel ander kind tevoorschijn. Ze voelde zich weer veilig, zat lekker in haar vel en presteerde daardoor weer goed. Een jongen die altijd buiten de groep stond en niet met andere kinderen meespeelde, bleek nog veel verdriet te hebben van het broertje dat dood geboren werd. Door het uit te spreken, veranderde de hele situatie, ook thuis. Hij speelde en was weer vrolijk! Een paard zegt dus meer dan duizend woorden. Zodra het dier in beweging komt, weet Inge dat het raak is. ‘Aan het einde klopt het verhaal altijd’, zegt ze. ‘In het lichaam wordt iets geraakt en het paard reageert daar direct op. Ik sta er zelf ook nog altijd versteld van, maar het werkt!’


10

11


Neikommerkes Skriuwer: Janna van der Meer | Foto: Hippe Kiek Fotografie

Kinne de bern har einliks rêde, sitte je wer yn ’e ruften. In neikommerke: lêst of lêste kâns? Ik prate mei trije memmen oer har ûnderfiningen: Jitske Barkmeijer, Elske van der Kooi en Anja Groen.

Jitske, Gerrit, Jan, Stien & Vera ‘Ik hie altyd it gefoel dat ús famylje noch net kompleet wie. Myn man begriep dat net, want wy hienen dochs alles wat wy winskje koenen? In soan fan fjirtjin en in dochter fan trettjin, beide sûn en fleurich. Dat wie fansels sa, mar dochs wie de ferrassing dat der in tredden ûnderweis wie, mear as wolkom. Sels bin ik ek in neikommerke, ik kom tolve jier nei. Dat ha ik net altiten as posityf ûnderfûn. Jo groeie dochs foar in part sûnder bruorren en susters op. Ik hie ek it gefoel dat ik mei harren konkurrearje moast. Dat ik my ferdigenje moast as ik wat noch net wist of koe. Pas letter ûntstie der in djippere bân. Ik begryp Vera har posysje dus hiel goed en kin der dêrom ek op ynspylje. De oare twa bern binne wiis mei har. Doe’t ik acht wiken swier wie, helle ik gebak en fertelden myn man en ik it se. It wyfke rôp daliks dat har grutste winsk útkaam. De âldste, al in echte puber, easke in lûdtichte keamer, want: “Ik wol gjin gejank hearre.” It moast fansels wol even wenne. En ik ha altyd sein dat it net altyd leuk hoecht te wêzen. Mar Vera is echt in kado. Se bringt safolle fleur yn ús gesin! Us nauwe rûnte reagearre tige goed op har komst. Mar ik bin skrokken fan ’e reaksjes fan tredden. Guon hienen sa’n oardiel. “Wêr begjinst oan?”, “No moatst wer hielendal opnij begjinne”, “Bist wer mei beide hannen bûn…” Sokke útspraken. Mar sa belibje ik it hielendal net. Ik bin miskien ek wol wat in memmehin. Myn man is sjauffeur en dêrom in soad fan hûs. Ik bin graach thús en regelje alles. Dat fyn ik hearlik. En ik wol der foar Vera wêze sa’t ik der foar Jan en Stien wie. Boppedat binne we God tige tankber foar de bern dy’t we fan Him ûntfange mochten.’


Elske, Pieter-Lieuwe, Berber, Marije, Jildert & Klaas-Jesse ‘De berte fan Klaas Jesse yn ’e simmer fan 2021 hat net folle ynfloed hân op de gong fan saken yn ús gesin. Alles gie gewoan troch. Soms wie ik der nachts ôf om him it boarst te jaan en kamen de famkes krekt werom fan ’t stappen. Dan sieten se der efkes gesellich by. Der wurdt in protte mei him omsjoud. De iene docht him yn bad, de oare leart him boartsjen mei de bal. Fansels moast it idee earst wat wenne, mar doe’t Klaas Jesse ienris berne wie, fûn elkenien it geweldich. Grutte bern hawwe lykwols op in oare manier omtinken nedich as poppen. De fammen wolle wolris wat mei har mem dwaan. Soms nimme wy Jesse dan mei. De oare deis wie er it dêr net mei iens. Gûle. Doe sei ien fan ’e dochters: “Wat moatte wy mei dy poppe?!” Mar dat jout neat. Net alles hoecht altiten leuk te wêzen. Omdat Klaas Jesse in neikommerke is, hoecht hy mar te piipjen of der komt ien oandraven. Hy moat ek leare himsels te fermeitsjen. Dêr tink ik al om. Hy sil meikoarten ek nei de opfang. It is goed foar him om ek mei leeftiidsgenoaten om te gean. Ik belibje syn bernetiid o sa bewust. Ik wit dat it de lêste kear is en ik bin wat makliker wurden. As de earste ferkâlden wie, makke ik my dêr soargen oer. No tink ik, skriem mar even jonkje, it giet wer foarby. En as wy allegear byinoar binne, en der eins stofsûge wurde moat, jou ik foarrang oan ’e wille. Ik bin mei dizze lêste mear ûntspannen. It hoecht net mear sa perfekt. Yn dizze maatskippij moatte wy safolle: wurkje, nei de sportskoalle, sosjale kontakten ûnderhâlde, in kreaze partner wêze, ensfh. Dat lit ik no mear los. Wy krigen allinnich mar moaie reaksjes fan ’e omjouwing. Ik hie al trije bern doe’t ik mei Pieter Lieuwe troude. Wy woenen ek graach tegearre noch in bern krije, mar hienen dêr mei gjinien oer praat. Dus Klaas Jesse wie in grutte ferrassing.’

12

13


Anja, André, Inge, Cai, Jilles, Tinke, Sinne & Ties ‘Ik woe altyd in grut gesin. Us tredde bern is krekt foar de berte stoarn. Dêrnei wie ’t tige spannend om wer bern te krijen. Dochs krigen wy noch in fjirden en alles gie goed. De lytskes waarden grut, mar ik winske stikem noch in lytse poppe. Omdat ik âlder waard en it sa dochs ek moai wie, besleat ik it dêrby te litten. En doe waard ik op myn fjirtichste swier fan ’e fyfde! It moast sa wêze! Ik bin der sa wiis mei en it hâldt ús jong, sa’n lyts mantsje. De âldste betocht syn namme: Ties. Wy ha der Jits oan tafoege as twadde namme. Sa hat er deselde inisjalen as Tinke Jasmijn, syn ferstoarne suske. Boppedat bestiet de namme Jits út alle foarletters fan syn bruorren en susters. Ties is ek echt in ferbinende faktor wurden. As der ien thúskomt, smyt hy of sy de rêchsek yn ’e hoeke en freget daliks: “Wêr is Ties?!” Wy dogge de opfieding en it húshâlden mei syn allen. Myn man en ik hawwe drokke banen en de bern ha ek fan alles by de ein, mar der is altiten ien dy’t foar Ties soargje kin. Dat jout in folslein oare dynamyk as by de âldere bern. De fakânsjes binne foar ús tige wichtich. En mei syn allen oan tafel. Ties bringt safolle fleur en libbenens mei. Ik hoopje dat dat sa bliuwt en dat de bern troch him nei hús kommen bliuwe. En tsja, Ties wurdt betsjinne. As er deryn komt, ropt er: “Ik wol alles!” Dan giet er derfan út dat alle oanwêzigen fuort foar him yn ’t spier geane. Hy libbet ek yn in grutteminskewrâld. Dêrom besykje ik bewust lytsebernedingen mei him te dwaan. Nei bygelyks in bernefoarstelling of it swimbad. De omjouwing wie o sa meilibjend doe’t wy de swangerskip oankundigen. Dat hie ek mei ús skiednis te krijgen. Se binne bliid mei ús gelok.’


ik ha bern! Martina, moeder van een dochter (10) en een zoon (8)

Mijn dochter van 10 jaar kan zichzelf niet goed vermaken, ze wil alleen maar op haar tablet. Als dat van mij niet mag, dan heeft ze geen idee wat ze moet doen en moet ik iets voor haar bedenken. Dit is eigenlijk altijd al wel zo geweest. Ik kan me hier niets bij voorstellen, ik kon vroeger uren op zolder of buiten spelen en bedacht altijd wel iets. Ik lees altijd dat vervelen goed is voor kinderen en wil haar dit ook graag leren, maar ik vrees dat ik hier te laat mee ben. Wat moet ik hiermee?

Advies kindercoach Hermina Terpstra: Wat vervelend voor jullie, deze situatie. Weet: ieder kind vermaakt zichzelf wel eens niet. Dat is niet erg. Als je een patroon ziet, dan is het waardevol je dochter hierin te laten groeien. Jezelf niet kunnen vermaken is iets wat vaak samenhangt met vervelen. Een vervelend gevoel. Als ouder mag je ruimte geven aan de emotie van je kind en grenzen stellen aan het gedrag. Je kind mag zich voelen zoals hij zich voelt. Neem het kind serieus, maar leer het ook relativeren. Hierin kun je zelf het goede voorbeeld geven. Accepteer het vooral, dat haalt de druk van de ketel. Neem het niet over. Stel wel grenzen aan het gedrag. Van wie is het ‘probleem’? Je dochter kan zichzelf niet goed vermaken. Ervaart zij dat zelf ook als een probleem of heb jij er meer last van? Als zij het zelf als een probleem ervaart, dan mag zij daar zelf iets aan doen. Geen oplossingen bieden Jij hoeft je dochter geen oplossingen aan te bieden. Zij is creatief genoeg om zelf een oplossing te bedenken. Geef vertrouwen en begeleid haar in het bedenken van oplossingen. Dat is waardevol voor het ontwikkelen van veerkracht, het zelfbewustzijn en het zelfvertrouwen. Bespreek vooral achteraf samen situaties. Van reflecteren leer je!

14

15

Wat kan ik wél zeggen? Geef erkenning, toon begrip: ‘Ik snap dat het niet fijn is om niet te weten wat je kunt doen. Dat is ook niet leuk. Ik heb dat ook wel eens gehad. Ik begrijp je lieverd.’ ‘Het is wel fijn dat je nu even zelf kunt bepalen wat je met je tijd kunt doen. Wat zou je graag willen doen?’ Toch helpen? Veel ouders die ik spreek, willen toch helpen. Ze willen het gevoel van verveling graag wegnemen en oplossen. Herken je dit? Dan kun je bijvoorbeeld zeggen: • ‘Je kunt mij helpen met een huishoudklusje’ (Vergroten zelfstandigheid) • ‘Hier heb ik een doos. Maak er iets leuks van’ (Creativiteit vergroten) • ‘Wil je spelen met de Playmobil of wil je liever bouwen met Kapla? Waar heb je zin in? (suggesties aanreiken waar een kind zelf uit mag kiezen) • ‘Wat heb je lang niet gedaan en zou je nu kunnen doen?’ (Je dochter stimuleren om zelf tot een oplossing te komen) Heb je vragen of wil je vrijblijvend sparren? Neem gerust contact met mij! Succes! Hermina Terpstra Kindgeluk, coaching voor ouder(s) en kind www.kindgeluk.com | info@kindgeluk.com

Therese Rijken Fotografie

Help,


Skriuwer: Froukje Sijtsma | Fotograaf: Therese Rijken

Molke jaan sûnder boarsten


Wat hie it har prachtich like om har soantsje Rinse (no 8 moanne âld) fuort nei syn berte it boarst te jaan, sa’t se earder ek by dochter Mirthe (9) dien hie. Mar it mocht net sa wêze. Jannie de Haan (39) út Bitgummole moast acht jier lyn har boarsten amputearje litte. ‘Yn 2014 waard by my DCIS, in foarstadium fan boarstkanker, konstatearre’, fertelt Jannie. Dat late derta dat se fan beide boarsten ôfskied nimme moast. ‘It iene om’t it dêryn siet en it oare boarst previntyf, om’t ik gendrager bin.’ It wie in emosjonele en fertrietlike tiid foar har. ‘Je reitsje in diel fan je lichem kwyt, binne benaud foar de sykte, mar ek op oare fronten makket it in soad los.’ Jannie is net mear tegearre mei de heit fan Mirthe. Se learde har tsjintwurdige freon, de heit fan Rinse, yn 2017 kennen. ‘Hy ken my net oars as sûnder boarsten. Wat yntimiteit oanbelanget moast ik in nije balâns fine. Ik wie ommers ek in stik fan myn froulikheid kwyt. Lokkich kinne je je ek op oare lichemsdielen rjochtsje om je seksy te fielen.’ Nei de amputaasje gie Jannie in trajekt yn foar it pleatsen fan boarstprotezes. ‘Ik krige in rekonstruksje ûnder de hûd, ûnder myn boarstspier. Ik krige dêr letter in soad lêst fan en de boel begûn ek te lekken. Ik haw alles fuorthelje litten. Mar as ik fan tefoaren witten hie dat dy protezes ek nochris hiel gefaarlik wêze koenen, dan hie ik se der noait ynsette litten.’ Sa, sûnder protezes, liet Jannie har yn de lêste wike fan har twadde swangerskip ek fêstlizze mei in fotoshoot. ‘In dikke búk, mar wol plat: sûnder boarsten en protezes. Ik bin hiel wiis mei dy foto’s. It makket foar my taastber datst ek sûnder boarsten prachtich yn ferwachting wêze kinst.’ Yn dy perioade kaam ek it besef dat se har twadde berntsje net it boarst jaan kinne soe. Sels wurket Jannie as fasilitêr meiwurker op de ôfdieling Ferloskunde yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêrtroch praat se ek mei froulju dy’t krekt mem

16

17

wurden binne en har bern it boarst jouwe. ‘Ik wist dat it momint komme soe dat ik sels gjin memmemolke jaan koe. Ik haw dêr yn al dy moannen nei talibbe en dêrom haw ik dêr ek net mear fertriet om hân.” Wat se wol lestich fûn, wie dat der by de kreamkursussen fan útgien wurdt dat je je bern sels it boarst jaan kinne. ‘It gie benammen oer it belang fan memmemolke en hoe’t je it bern oanlizze moasten. Ik fûn it alle kearen pynlik as dat ûnderwerp behannele waard. It soe goed wêze at der yn dy tariedende faze ek oandacht komt foar froulju dy’t ien of beide boarsten misse moatte en dus op in oare wize in konneksje meitsje moatte mei harren poppe.’ Guon froulju mei amputearre boarsten sette yn harren befalplan dat de ferpleging de poppe net fuort nei de berte oanlizze moat. Om’t dat konfrontearjend wêze kin. Jannie waard nei de berte fan Rinse fersoarge troch har eigen kollega’s, dat dy wisten fan har medysk dossier. ‘Ik woe wol hiel graach dat Rinse nei de berte fuort op myn hûd dellein wurde soe, sadat er dêr it fleske sykje koe.’ Rinse krijt dus keunstmolke. ‘Ik wit dat der froulju binne dy’t memmemolke donearje oan in molkebank, mar dat is hjir yn it noarden net sa bekend.’ In kollega fan Jannie hie sels oerproduksje en bea har oan om foar lytse Rinse te kolvjen. ‘Dat wie hiel leaf en dat rekke my ek, mar sjoen de koroanabesmettingen doarde ik de ekstra kontakten net oan.’ En dus genietet Jannie fan it libben sa’t it wol kin. ‘Ik haw lêsten foar it earst “plat” nei de sauna west. Ik moast echt in drompel oer, mar earder koe ik dêr ek altyd sa fan genietsje, wêrom no dan net? Minsken seagen wol efkes op, mar elkenien makket yn syn libben ferfelende dingen mei. Ik bin der noch en dat hie ek hiel oars kind, tink ik dan mar.’


Sa prate wy thús: Bart en Janine

Bart (38) en Janine (33) van der Kooi binne troud en ha twa bern: Dorian fan 6 en Thyme fan 2 jier. Heit Bart praat Frysk mei de jonges en mama Janine brûkt har memmetaal Nederlânsk mei de bern. Bart en Janine prate ûnderling Frysk.

Skriuwer: Nynke van der Zee | Foto: Hippe Kiek Fotografie

Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Spaansk, Farsi. Yn de húshâlding fan Bart en Janine binne alderhande talen te hearren. 'Ik bin taalcoach foar flechtlingen út Afganistan', fertelt Bart. 'Fandêr dat ik sûnt koart Farsi lear. En ik praat in aardich wurdsje Spaansk.' Nettsjinsteande dy kleurrike talepracht yn ’e hûs wie Bart just dejinge dy't twifele doe't Janine foarstelde om de bern twatalich grut te bringen. 'Om’t ik as dosinte yn it basisûnderwiis wurke ha, wit ik hoe wichtich twatalichheid is', fertelt se. 'Doe't ik yn ferwachting rekke en Bart it idee foarlei om sawol Frysk as Nederlânsk mei ús bern te praten, moast er dêr wol efkes oan wenne.' 'Ik seach it Nederlânsk as in saaklike, ôfstanlike taal', leit Bart út. 'Ik brûkte it Nederlânsk sels allinnich op myn wurk. Frysk wie de taal fan thús. De taal dy't ik ús bern meijaan woe. Mar gelokkich

hie ik njoggen moanne de tiid om deroer nei te tinken, want úteinlik hie Janine hielendal gelyk.’ As se mei de jonges prate, docht Bart dat dus yn it Frysk, en brûkt Janine steefêst it Nederlânsk, har eigen memmetaal. ‘De jonges switche sûnder problemen tusken beide talen. En se ferbetterje ús ek. As ik bygelyks yn it Frysk tsjin de bern sis dat we ite kinne, dan roppe se: “Nee mama, jij zegt eten”’, laket Janine. ‘Dat is by my krekt sa’, knikt Bart. ‘Ik sei lêsten: “We binne wer thuis.” Doe rôp Thyme: “Heit seit altyd thús.” Se binne dêr hiel skerp yn.’ Wêr't Bart en Janine Frysk mei-inoar prate, brûke Dorian en Thyme ûnderling Nederlânsk as se oan it boartsjen binne. Bart: 'Troch beide talen te brûken, leare de jonges al hiel betiid dat der in hiele protte ferskillende talen binne. En se pikke ôfgryslik rap nije talen op, sa as it Ingelsk. Krekt sa linich as se kopkedûkelje, sa linich binne se ek mei taal. Wy wolle net mear oars!'


Foto: Hippe Kiek Fotografie

FOLGJE Clicks, views, likes, volgers en abonnees: op in trochsnee freedtemiddei fleane de Ingelske en Nederlânske turbotermen ús hjir om ’e earen. Simm (8) en Tomm (6) nimme dan faak wat freontsjes mei nei hûs om ús bisten te fersoargjen of binnen te boartsjen. Oan de ein fan de middei, as de Lego, de K’Nex en de Pokémonkaarten de put derút hawwe en it deade punt fan in enerzjy frettende skoalwike fol swimlessen en fuotbalpraktiken him sa’n bytsje oantsjinnet, dan meie de iPads it lêste oerke foar it jûnsiten noch even oan. Even rêst yn de tinte. Alhoewol, rêst... Sûnder ek mar in sekonde fan de kostbere skermtiid te ferliezen, dûke de wisse mannen op harren tablets. Hast mei de eagen ticht fine dy lytse fingerkes al browsend en swipend flot en fluch wat se sa graach sjen wolle: YouTube fansels. Der bestiet online in groep jonge jonges dy’t bern oan harren YouTube-kanaal witte te binen as miggen op ’e sjerp. Chahid Charrak makket filmkes mei syn goudene Lamborghini, Royalistiq kin alderferskuorrendst goed kompjûterspultsjes spylje en Don de Jong filmet foarôf betochte grapkes. Wat der no krekt oan is om te gnuven nei oare minsken dy’t yn snelle auto’s fan trije ton harren boadskippen dogge, dy’t tjirgjend efter de Nintendo sitte om Mario nei in poddestoel te stjoeren of dy’t in munt fan twa euro fêstlymje op ’e dyk en dan filmje wa’t dêryn trapet: ik folgje it net. Mar die twa boefkes fan ús binne ûnberikber sa gau as de aventoeren fan harren YouTubehelden begjinne te spyljen. By it jûnsiten fleane de sifers Bitoen en my om ’e earen. Simm: “Chahid heeft 326K abonnees heit, weet je wel dat K eigenlijk duizend betekent?” Dat wit heit wol. Tomm: “En sommige video’s van Don hè heit, die worden gewoon 4 of 5 miljoen keer bekeken, wist je dat?” Nee, dat wist heit krekt noch net. Us bern groeie hjoed-de-dei allegear op yn in digitale wrâld fan influencers en YouTubers. En sûnt ik foar myn wurk as sjobisferslachjouwer ek krekt in eigen YouTubekanaal mei myn ynterviews mei bekende Nederlanners en in Instagramaccount begûn bin, is moarns it earste wat myn jonges freegje hoefolle folgers heit hjoed op Instagram hat en hoefolle abonnees derby kaam binne op heit syn YouTube. Ik tink dat ik de jongens moarnier by de bôle wol fertelle kin dat heit der wer in pear folgers en abonnees by hat. Of hawwe jo gjin smartphone of tablet? YouTube: Andries Jelle de Jong Instagram: @andriesjelledejong

18

19

Andries Jelle de Jong (44) hat mei syn frou Bitoen twa Frysk-Fjetnameeske feintsjes.



DOKTERTJE SPELEN Ben heeft geen zin in het lichamelijk onderzoek. Dat hoort bij jongetjes van bijna vier jaar. ‘Zullen we doktertje spelen?’, vraag ik, ‘dan ben ik dokter en jij het kind.’ Ja, spelen, dat wil hij wel. Ben zit op schoot en moeder schuift zijn shirt omhoog. Eerst beluister ik het hart, dat klinkt normaal. Dan wil ik de longen beluisteren en daarvoor moet je diep zuchten. Dat doen kinderen van zijn leeftijd niet. ‘Blaas mijn hand maar weg’, zeg ik. Ik doe het voor. Daarna blaast Ben zo hard hij kan tegen mijn hand. Ik kan zijn longen goed beoordelen. De volgende stap is de buik voelen. Eerst druk ik op zijn neus en maak een piepgeluid. ‘Jij hebt een piepneus. Wist je dat?’ Ben moet lachen. Terwijl ik op zijn neus druk en piep, leg ik een hand op zijn buik. Ben is zo druk met de piepneus dat hij de buik ontspant. Ik kan alles goed voelen. Dan neem ik zijn hand in de mijne en stop zijn duim onder de palm. ‘Nu even tellen hoeveel vingers je hebt: een, twee, drie, vier…. Eh, eentje te weinig.’ Ben moet lachen: ‘Je hebt mijn duim verstopt!’ Intussen beoordeel ik de huid en nagels. ‘Nu ga ik in je oren kijken. Welk oor eerst?’ Ben kiest het rechteroor. ‘Prima keuze,’ zeg ik, ‘kijk jij even naar de andere kant?’ Dat doet hij. Terwijl ik kijk, vraag ik: ‘Hoor je ook een vogeltje?’ en zeg zachtjes: ‘Woefwoef.’ ‘Ik hoor een hondje’, zegt hij. ‘Nu de andere kant’, ga ik verder. Ben draait zijn hoofd. ‘Zit hier een vogeltje?’, vraag ik en intussen miauw ik. ‘Een poesje’, lacht hij. Tot slot wil ik in zijn keel kijken. Dat is altijd vervelend. Ben heeft dit vaker meegemaakt en perst de lippen stijf op elkaar. Ik vraag moeder zijn armen vast te houden en ondertussen druk ik op de neus; die piept weer. Daarover begin ik te praten. Ben kijkt me aan met een blik die zegt dat hij me toch wel een beetje raar vindt. Intussen schuif ik de spatel tussen de lippen en langs de wang naar binnen. Door een reflex gaat de mond open en ik bekijk de keel. Het ziet er ook prima uit. Ik steek mijn hand op en Ben geeft me een high five. ‘Ging goed, hè?’, vraag ik. Ben knikt: ‘Doktertje spelen is leuk!’

Dit wie Tjalling de Vries syn lêste kollum. Hy hat 13 jier prachtige kollums foar de heit&mem skreaun. Tjalling bedankt!

20

21

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).


Us húshâlding Skriuwer: Thea van der Schaaf | Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Eloy


Dit is Eloy, it jonkje fan Etienne en Judith út Drachten. Eloy is fiif jier en in hiel blier en libben mantsje. It is net oan him te sjen dat er oan in hiel seldsum syndroom lijt, it SON-syndroom. Hy ûntwikkelt him dêrtroch folle stadiger as oare bern, en guon dingen sil er noait kinne. Etienne en Judith witte noch mar sûnt hy trije wurden is dat Eloy dy sykte hat. Ek oer it syndroom sels is noch net folle bekend. It waard pas yn 2015 ûntdutsen.

Eloy praat net, mar wit hiel goed dúdlik te meitsjen wat er wol. Etienne: ‘Als Eloy naar de kast loopt, wil hij graag met mij een stukje autorijden. Hij weet de weg preciés. En als ik verkeerd rij, dan merkt hij dat meteen op.’ Eloy hat ek ferwiiskaartsjes wêrmei’t er oanjaan kin dat er bygelyks graach nei de snoezelsouder wol, syn eigen plakje yn ’e hûs. Oer in jier mar wer sjen Doe’t Eloy twa wie, hie er wol in achterstân yn syn ûntwikkeling, mar dat wie net fuort alarmearjend. Der waard noch tocht oan in spiersykte, mar dat wie net it gefal. ‘Oer in jier mar wer sjen’, wie it advys fan de neurolooch. ‘Dat waard ek echt in jier sûnder soargen’, seit Judith. ‘Ik ha oant it ferfolchûndersyk net in tel it gefoel hân dat der wat oan ’e hân wêze soe.’

‘ We herkenden zoveel in de symptomen die bij het syndroom horen.’ Mar dat bliek wol it gefal. Syn achterstân wie grutter wurden en der kaam in DNA-ûndersyk. ‘Er is iets gevonden’, dat binne de wurden dy’t Etienne en Judith bybleaun binne. It die bliken dat Eloy ergens yn syn profyl in heale gromosoom hat wêr’t dat in hielen wêze moatten hie. Al gau waard dúdlik dat it om it SON-syndroom gie. Dat wie in opluchting, seit Etienne. ‘We herkenden zoveel in de symptomen die bij het syndroom horen. Via een netwerk hebben we ook anderen leren kennen met deze afwijking. Je ziet dat daarin geen kind gelijk is. Er zijn kinderen die wel praten, wat Eloy niet doet. Er zijn er ook die niet kunnen lopen. Eloy loopt sinds kort wel, waar we heel blij mee zijn. Het maakt zijn en onze wereld weer wat groter.’

22

23

‘Omdat het syndroom nog maar pas net ontdekt is, is het voor iedereen een zoektocht’, giet Etienne fierder. ‘Wij proberen vooral te zoeken naar hoe we Eloy het beste kunnen helpen. Dat is wel een proces geweest, want ergens wil je de vergelijking zoeken. Maar je wordt realistisch als je leert te focussen op je eigen kind.’ ‘Ik kin my syn earste jierdei noch goed herinnerje’, jout Judith as foarbyld. ‘Ik woe útpakke mei in soad kado’s en taart, sa’tst op Instagram dan sjochst. It waard in ramp. Fierstente folle minsken, taart hoegde er net en hy hat allinne mar gûld. Ik frege my ôf wat dêr no sa leuk oan wêze koe. No wit ik dat wy in kwetsber berntsje ha, en we keuzes foar him meitsje moatte. Wy kenne him it bêste. Wy binne syn stim.’ ‘Daarin zijn Judith en ik echt een team, iets waar ik heel trots op ben’, fertelt Etienne. ‘Ons leven draait om hem, want hij zal zijn leven lang zorg nodig hebben.’ Eloy makket minsken gelokkich De moaiste eigenskip fan Eloy fine syn âlders dat hy minsken sa gelokkich makket mei wa’t hy is. ‘Miskien komt dat omdat er sels sa gelokkich is’, seit Judith. ‘Hy sit noait yn syn holle, want dat kin er net. Hy hat gjin besef fan tiid. Hy libbet yn it no en dêr kinne we allegear noch safolle fan leare. Foar mysels hat dat in mentale striid west fan wol oardel jier. Ik wie ien dy’t altyd prestearje woe, it bêste yn alles wêze en altyd trochgean. En doe kaam Eloy en learde ik dat it ek wol wat minder koe. Dat koe ek net oars, want as ik trochlibbe hie sa’t ik die, dan hie hy net bestean kind. Etienne en ik steane dêr wol itselde yn. Mar it jout wol in druk op de relaasje. We ha ek wol tsjin elkoar útsprutsen dat wy it wol snappe dat net elke relaasje bestean bliuwt mei in soarchyntinsyf berntsje. We binne ús alle dagen bewust fan wat der wol goed giet en genietsje fan alle lytse geloksmominten. In dei dat Eloy net siik is, in dei sûnder soargen, in bakje kofje drinke kinne op in rêstich momint, en ek ris tegearre in jûntsje fuort. En Eloy dy’t kear op kear ús herten stelt. Hiel folle mear is der net nedich om echt gelokkich te wêzen.’


Skriuwer: Klasina van der Werf

Mem, mei ik boartsje? Boartersôfspraken meitsje by it skoalplein is wat dat alle dagen weromkomt, en it is soms in hiele toer. It iene bern wol it leafst alle dagen ôfprate, wylst in oar ien kear yn ’e twa wiken mear as genôch fynt. En dan moat it ek noch slagje om in ôfspraak te meitsjen tusken it sporten, de muzyklessen en wurkjende âlders troch. Hoe giesto dêrmei om?


Mirjam Visser út Mitselwier is sûnt fiif jier bernecoach en hat dêrneist goed tweintich jier ûnderfining as juf yn it basisûnderwiis. ‘Ik bin ek noch Yntern Begelieder en ha altyd al in passy foar bern hân. Dêrneist bin ik mem fan trije bern dy’t no pubers binne. Ik kin my dus goed foarstelle hoe’t âlders harren soms fiele. By in oar liket it altyd fansels te gean, mar dat is lang net altyd it gefal’, seit Mirjam. Se stelt foarop dat elk bern wer oars mei it boartsjen omgiet. ‘Sommige bern ha it boartsjen nedich om de wrâld te ferkennen. Se fine it moai om by in oar te boartsjen om te sjen hoe’t it dêr om en ta giet en watfoar boartersguod in freontsje hat. Mar der binne ek bern dy’t mear de kat út de beam sjogge en dy’t it lekker fine om út skoalle wei thús te boartsjen mei har eigen spul’, leit Mirjam út. Wat har opfalt, is dat foaral âlders it der smoardrok mei ha. Meastal komt dat troch noeden en soargen dy’t se sels ha. ‘Alders binne bang dat har bern gjin freontsjes krije en dat se allinnich komme te stean. Dat wol net ien. Mar do moatst dy altyd ôffreegje wa’t dêr lêst fan hat, bisto dat of dyn bern. Hiel faak komme âlders ta de konklúzje dat it har eigen eangst is.’

24

25

Sjoch nei it bern Dat guon bern nei skoaltiid net altyd mear nocht ha om te boartsjen, hat ek te krijen mei it kontinuroaster. Bern binne al fan healwei njoggenen oant twa oere op skoalle, en ite, wurkje en boartsje mei-inoar. ‘Foar sommige bern is dat wol genôch. Wy libje yn in maatskippij wêryn’t it altyd mar trochgiet. Der binne in soad prikkels. Al moat ik sizze dat de measte bern hiel fleksibel binne. Wol fernimst dat bern geandewei de wike sizze: lit my mar even allinnich. Mar dat is by ús as folwoeksenen faak net oars. Wy ha op in gegeven momint ek ús nocht en ha tiid foar ússels nedich. Myn belangrykste tip foar âlders is dan ek: sjoch nei it bern. As se behoefte ha om te boartsjen, dan freegje se dêr wol om. Bern binne dêr hiel puer yn. Just asto der druk op leist, wurket it net. In oar advys: meitsje ek keuzes yn it oantal sporten, want it is wol belangryk dat der tiid oer is om te boartsjen bûten skoalle om. Dan ûntwikkelje bern har en ûntdekke se dat it net oeral itselde is as thús. Sels hâld ik derfan dat bern lekker bûten boartsje, op ’e kop yn ’e beam hingje, polsstôkspringe en lekker smoarch thúskomme.’


It leafst bûten boartsje Geeske Anna Postma (38) wennet mei har man Robin Bakker (37) en twa dochters Femke (11) en Ylse (7) oan de râne fan it doarp Earnewâld. Se is bliid dat de moaie tiid fan it jier der wer is, want tusken it boartsjen yn de winter en yn de simmer sjocht se in grut ferskil. ‘Winters boartsje de bern binnen en freegje se wol gauris oft se op in skermke meie. It antwurd is dan meastal “nee”. By ús thús is it fiif oere, nei it boartsjen, skermketiid. Mei dit moaie waar tale se minder nei skermkes en boartsje se lekker bûten. Us âldste praat gauris mei har nichtsje ôf, dat is har beste freondinne. Se sitte byinoar yn ’e klasse, yn groep 8. Se rêde harsels goed, fytse nei it doarp en komme dêr wer oare bern tsjin’, fertelt Geeske Anna. De jongste sit yn groep 4 en boartet hast elke dei wer mei in oar. ‘Se prate dat sels op skoalle ôf. Moandeis giet se nei de BSO en freeds hat se – lykas Femke − dânsles, mar foar de rest boartet se alle dagen. En no mei it moaie waar jûns ek, nei it iten, mei de oare bern op it skoalplein. Nee, it is har net gau tefolle. Ik fyn it sels ek wol moai’, laket Geeske Anna. ‘Want as se in boarter ha, fernuverje se har goed en hast der folle minder wurk fan.’ Alle dagen boartsje De âldste dochter fan Gerbranda (32) en har man Eelke Jan de Graaf (34) út Damwâld wol it leafst elke dei boartsje mei berntsjes fan skoalle. Dat kin net altyd, want se giet twa dagen nei de oppas. ‘Us Rinsina (5) kin trije middeis boartsje. Op de dagen dat it kin, sizze we dat moarns al tsjin har en dan moat se sels útfine mei wa. As ik har ophelje út skoalle, by de Sprankeling yn Damwâld, dan komt se al oandraven en ropt se: ik wol mei Lisa boartsje (of mei Femke of Jantine…). Se praat dat sels op skoalle ôf mei it berntsje. By it opheljen wurdt it koartsluten mei de âlder. Soms kin it net. Dan is se wol wat fan slach. Mar meastentiids kin der gewoan boarte wurde en dan is it feest’, fertelt Gerbranda. As Rinsina thús boartet, mei har suske Wiljanna (3) ek meidwaan. En by de oppas boartet se mei twa jonkjes dy’t dêr ek binne. ‘Eins wurdt der elke dei wol boarte. Wy stimulearje dat ek, want wy fine it wichtich dat de bern mei-inoar boartsje. Dêrom dogge we de swimles op sneon. Dan kin se troch de wike gewoan boartsje.’

Elk bern wer oars Maaike Koornstra (41) út Sint-Jabik hat tegearre mei har man Adriaan (44) fjouwer bern (6, 7, 9 en 12), dy’t alle fjouwer op harren eigen manier mei it boartsjen omgean. ‘De âldste twa binne it leafst thús, wylst de jongsten altyd boartsje wolle, en meastal by in oar. By de âldste probearre ik doe’t se âlder waard ek wolris te stimulearjen om by in oar te boartsjen, mar by de jongsten is it krekt oarsom. Dan sis ik: “Hjoed ek ris by ús”’, fertelt Maaike. By de âldsten besocht se it boartsjen noch wolris wat te stjoeren as mem, mar by de jongsten hat se dat hielendal loslitten. ‘As de âlders it goed fine en de bern ek, wa bin ik dan?’ Maaike hat ûntdutsen dat elk bern syn eigen behoeften hat om te boartsjen. ‘De âldste is noch hieltyd it leafst thús, dat sit yn har aard.’ Ek oft it jonges of famkes binne, makket wat dat oangiet gjin ferskil, falt har op, want se ha fan beiden twa. Wol fynt se it hiel wichtich dat de bern tiid ha om te boartsjen. ‘Ik tink dat sommige âlders ûnderskatte hoe belangryk boartsjen is. Dat se sels betinke wat se dogge, dat se harren soms even ferfele, mar faak ek fernuverje.’


SIIK Wy binne siik. Nêst my leit Teije op it grutte bed. Hy hoastet krekt salang oant hy derfan gûle moat. 'Memmy', klinkt it. Mei in klamme hân fei ik syn wiete wangen drûch. Hy wiist nei it nachtkastje dêr’t de lêste dagen steefêst syn blauwe geitebeker stie mei wetter deryn. Omdat ik sûnt juster sels ek siik bin, ha ik dat ferjitten. Ik sis dat ik it fan ûnderen helje sil en dat hy even wachtsje moat. Ik hys mysels omheech. Ik fiel dat ik koarts ha. Myn kiel docht sear. Ik ha in wee gefoel yn myn mage. Ik tink dat ik spuie moat. Der is neat oars foarhannen as it potsje fan Teije dat njonken my op de grûn stiet. Ik pak it op en spui. Ik rin wilens nei de dûs en ferruilje it potsje foar de waskbak. Yn ’e fierte hear ik Teije roppen dat hy drinken ha wol. Ut de geitebeker. Hy kucht wer. Hy gûlt wer. Ik sjoch yn de spegel. Sa bleek ha ik yn tiden net west. Ik spiel myn mûle en it potsje om en rin werom nei it bêd. Ik bin ferjitten wat ik eins dwaan soe. Ik wol wer yn bêd krûpe, dêr’t myn protterke leit mei twa reade wangen boppe de tekkens út. 'Drinken memmy.' En dan wit ik it wer. It komt deroan, sis ik. Ik rin by de trep del. Under sykje ik om syn blauwe geitebeker. Nergens kin ik him fine. Boppe hear ik Teije kuchen en gûlen. Ik sykje fierder. Op it oanrjocht, ûnder de bank, op de tafel, yn de kast. Ik ferflok dy geitebeker en ik brek. Dit soart mominten fyn ik it dreechst. Der binne minsken genôch dy’t sizze dat ik belje kin at der wat is, mar ik doch dat eins net sa faak. Wylst ik in oare beker út de kast pak, tink ik nei oer hoe’t ik dit de rest fan de dei dwaan sil. It wc-papier is hast op, krekt as de bôle. Ik sleep mysels de trep op en krûp wer yn bêd. Ik jou in oaljefantebeker oan Teije, mar ik sjoch al oan syn gesicht dat in oaljefant noait in geit wurde sil. In prúllippe. Gûle. Ik stjoer in freondin in appke at se even om in boadskip kin. 'Ik kom hem wel ophalen, dan kun jij ziek zijn.' Ik mei it dan wol allinne dwaan, dochs blykt mar wer: 'It takes a village to raise a child'.

Sjoukje de Boer (1987) in dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)

26

27


Us heit en ik Heit Jan Postma en Fenna (5) út De Westereen sjogge tegearre oer de see by Wierum.

Heit Hendrik Engbrenghof út Wommels waait efkes hearlik út mei Dianthe en Steven op it strân fan Makkum.

Bennie de Boer (43) mei twaling Yoeri en Noa (8) út Garyp.

Op de foto mei lytse poppe Senne. Op 19 juny is it heit

Op de zeedijk bij Hoek vd Bant. Inmiddels 8

Martin út De Jouwer syn

jaar geleden. Blije en trotse heit Ritske Douma

jierdei, en dan is it tafallich ek

Heit Daniël

uit Metslawier met ondeugende eerstgeboren

nochris syn earste heitedei!

Christiaan Talma

dochter Myrthe. Ze wordt dit jaar 9.

en soan Fokke Christiaan út Damwâld fiere heitedei. Jesse Johannes de Jong út Hantum fynt it altyd geweldich om mei heit Pieter mei op ’e truck! Heit Fedde Huistra en Jesper

Hy moat him dan ek

út Wommels tegearre yn

altyd goed helpe (en

karantêne. Binnen bliuwe falt

neidwaan). Brokjes

ôf, dan mar lekker tegearre

bringe by de "kokes"

de greiden yn.

fynt er geweldich!


Heit Diemer mei de bern, Logan, Foar it op bêd bringen mei

Aiden en Kian Tigchelaar út

heit Sjoerd út Parregea

Hallum, by Roptasyl op de foto.

noch graach efkes krûpe en gek dwaan mei syn jonkjes Jelke en Lútsen.

Tegearre mei heit Wietze Oenema kin Elke Oenema (1,5) út Terbant alles! Sa as nei de stoarm yn Oranjewâld oer in

Heit Marcel Visser út Nij

omwaaide beam hinne rinne.

Beets hearlik op it strân tegearre mei Thije.

Oby Myers, Lily Myers en Oege Kool binne op It Amelân mei harren leave heit Martinus Kool út Dokkum.

Dit jier hawwe ús bern foar it earst mei west op wintersport. Wat ha we in wille hân! Berber op skyles Grutske heit Douwe mei syn

en Jelmer op de slide de pyste

dochter Femke Tolman (2)

del. Dizze foto mei heit Ronald

út Burgum en knuffel Jokie!

de Jong út Jistrum is makke

Femke woe sa graach by heit

nei in dei fol sniewille.

yn de grutte frachtauto sjen. Sjoch se beide strielen!

Heit Pieter Lolkema en dochter Carmen út SintJânsgea rinne tegearre hân yn hân yn it bosk dat prachtige hjerstkleuren hat.

Heit Gerke Zijlstra en dochter Yneke út Ingwierrum tegearre by de skiep, om te sjen at alles goed is.

28

29


Naar school!

Taal, rekenen, sporten, muziek, techniek… op onze basisscholen leer je leren. We inspireren je. Met jou ontdekken we waar je talenten liggen en hoe we ze verder kunnen ontwikkelen. Van de 16 basisscholen en kindcentra van PCBO Leeuwarden is er altijd één in de buurt. Belangrijke waarden bij onze visie en identiteit zijn: betrouwbaar, kwaliteit, verbinding, gastvrij, verwondering. Onze scholen hebben een open karakter en iedereen is van harte welkom. Meer weten? www.pcboleeuwarden.nl

LEEUWARDEN IKC Prins Maurits Bilgaard

IKC Albertine Agnes Valeriuskwartier, Westeinde IKC Máxima Zuiderburen

IKC Johan Willem Friso Huizum-West IKC Prins Constantijn Bloemenbuurt, Oldegalileën

IKC Willem Alexander Aldlân

KOM JIJ BIJ MIJ OP SCHOOL? Leren met Hart, Hoofd en Handen Kindcentra met “Groeikracht” Identiteitsrijk & Wereldburgerschap Talentontwikkeling

ICT & Techniek

OPO Furore & PCBO Smallingerland e.o.

CBS Klaverblad Basisschool voor hoogbegaafde leerlingen

Kon. Wilhelminaschool Transvaal Transvaalwijk

Kon. Wilhelminaschool Fontein Vosseparkwijk

Dr. Algraschool Camminghaburen

IKC De Kinderkoepel Oud-Oost

STIENS CBS De Sprankel

WIRDUM Doarpsskoalle Wurdum GROU CBS Nijdjip AKKRUM Ds. Hasperschool ALDEBOARN CBS De Finne


Ik bliuw by dy

Anke is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Mei it boek ‘Ik bliuw by dy’ krûpe wy op ’e bank en begjinne wy te lêzen. In nij boek is foar Sybrich (3) en Meinte (1) in lyts aventoer! Wêr sil dit ferhaal oer gean? En wat stiet der op ’e plaatsjes? Op ’e foarkant sjogge se in bear en in iikhoarntsje. It boek komt iepen… it aventoer kin begjinne!

‘Ik bliuw by dy’ is in prachtich ferhaal, op rym, oer in grutte bear en in iikhoarntsje. Se binne elkoars beste freonen. Mar soms fielt bear foar iikhoarntsje wolris wat ‘in soad’. As iikhoarntsje tsjin bear seit dat hy efkes allinne wêze wol, is bear wol teloarsteld… Iikhoarntsje genietet fan syn tiid allinnich. ‘Ik bin eigen baas, lekker frij en allinne. Ik kin gean en stean wêr’t ik wol. Wêr ek mar hinne…. Ik hoech neat te dielen, ik winskje wier net mear… behalve… ik mis bear!’ In boek oer freonskip, freonskip dy’t soms fielt as hast wat tefolle. Mar dêr’t de leafde by oerwint! De yllustraasjes fan dit boek binne, yn al har ienfâld, prachtich. Meinte sjocht fan alles yn dit moaie boek. Drok meiwizend, troch gebearen en lûden makket hy dúdlik wat er allegearre sjocht. De bear, it iikhoarntsje, in boat, de taksy… Hy belibbet it boek hielendal mei. Sybrich

begrypt wat der bart tusken bear en iikhoarntsje. Bear is fierstente grut foar de boat! En tegearre op ’e wipwap… dat kin net goed gean. Bear is ommers folle swierder! As it iikhoarntsje op it lêst seit dat hy bear mist, seit Sybrich: ‘Dat is wol jammer, mem…’ De yllustraasjes bringe de emoasjes fan bear en iikhoarntsje goed oer. As folwoeksene fiele je mei bear mei, dy’t alles sa goed bedoelt, en begripe je syn teloarstelling. En ek mei it lytse iikhoarntsje fiele je mei, foar wa’t de freonskip wat benearjend wurdt. Dy’t mei muoite syn grinzen oanjout, dan dochs syn freon mist en it dan wer goedmeitsje wol. It binne minsklike situaasjes, dêr’t wy ús allegear yn werkenne. Gelokkich stapt iikhoarntsje yn ’e taksy en giet hy nei bear. Sybrich: ‘Iikhoarntsje wol wer freontsjes wêze!’ Bear wol earst net safolle fan him witte. Mar gelokkich hâldt iikhoarntsje fol en krûpt er boppe op bear om syn oandacht te fangen. Leafde is alles. Want gelokkich: ‘Wy begjinne wer op ’e nij. Wy reparearje it gat. Wy meitsje wat stikken is, sa dogge wy dat.’ In moai boadskip dêr’t lytse en grutte bern mar ek folwoeksenen wat mei kinne. ‘Ik bliuw by dy, omdat ik fan dy hâld!’ Skreaun troch Anke Dijkstra, mem fan Sybrich en Meinte út Ljouwert

30

31


Nije boeken! € 12,50

Buorkerij (1+)

€ 14,99

In jier op de buorkerij. Maitiids boartsje de lamkes yn it lân, yn de simmer giet de boer yn ’t hea, by ’t hjerst wurdt it lân omploege en yn de winter steane de kij wer waarm en drûch op stâl. In flapboek mei prachtige yllustraasjes fan Jonny Lambert.

Kinst net sliepe, Lytse Bear? (3+)

€ 12,50 Op it bouplak (2+) Wat bart der op it bouplak? Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk. Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles om en ta giet.

Lytse Bear kin net sliepe, om’t er sa bang is yn it tsjuster. Lytse Bear en Grutte Bear besykje fan alles, mar neat helpt. Sels as Grutte Bear de aldergrutste lantearne foar him oanstekt, kin er noch net sliepe, want it bliuwt bûten wol hiel tsjuster. Mar dan wit Grutte Bear ried… In prachtich ferhaal oer bangwêzen en net sliepe kinne. Alwer de 7e printinge fan dit oandwaanlike printeboek! Tineke Bajema: “Grutte Bear en Lytse Bear, dy twa jouwe de grutte én lytse lêzer al gau it gefoel datsto yn it ferhaal lutsen wurdst. In moai printeboek dat alle dagen samar as favoryt fan ’e boekeplanke pakt wurde kin.”


Al dizze boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl of freegje dernei yn dyn boekhannel

€ 16,99

Myn aldermoaiste trekkerboek (2+) Sjoch wat der achter de flapkes sit en harkje nei de lûden op ’e pleats yn dit prachtige trekker-printeboek. Elske Slaaf: “Het boek is zeker een aanrader voor jonge kinderen. Daarnaast heeft het boek mooie kleuren en het verhaal is niet te lang. Ook zijn de plaatjes levensecht en heeft het ook echte geluiden. Er staan veel dieren in, die je zelf kan benoemen en waar je geluiden bij kan maken. De flapjes maken het leuk en al helemaal omdat er achter sommige een geluidje vandaan komt.”

€ 16,99

De Goargels (5-8 jier)

€ 14,99

Superheit (4+) Superheit fertelt it ferhaal fan de stoere beuker Mae dy’t dreamt oer wa’t har donorheit wêze kinne soe. Har donorheit is stoer, sterk en tûk, mar boppedat hiel leaf, want hy hat har memmys holpen om in berntsje te krijen.

32

33

No ek yn it Frysk, dit fantasyrike en spannende aventoer oer Goargels, Brutelers en in jonge mei supereagen, fan Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees. De Goargels heart by de bêstferkeapjende berneboeken fan it lân. Marrit Jongbloed: “It is in prachtich boek om (foar) te lêzen en it nimt dy mei yn de fantasyrike wrâld fan de skriuwer. Wannear’t je de komyk en heit Jochem Myjer in bytsje kenne, dan fine je in soad fan wat him dwaande hâldt werom yn dit boek. Dêrom is it foar folwoeksenen stikem ek wol hiel leuk om út dit boek foar te lêzen.”


Skriuwer: Janna van der Meer

Hoe verdelen we de zorgtaken? ‘ Zij kaartte het aan, hij vond het gezeik.’ Dacht jij ook voor je ging samenwonen: huishoudelijke taken, die doen we samen? Het ideaal van de meeste stellen is om werk en zorg eerlijk te verdelen. Maar de praktijk blijkt weerbarstig. Nog steeds doen vrouwen het merendeel van de taken in huis. En volgens onderzoek wordt dat na de geboorte van een kind alleen maar meer. Vrouwen besteden gemiddeld anderhalf uur per dag meer aan zorgtaken dan hun partner. Daarbij voelen ze zich niet gezien en niet gewaardeerd, omdat het werk dat ze doen vaak onzichtbaar is. Zorgen dat een juf een bloemetje krijgt op de laatste schooldag, wasmiddel op het boodschappenlijstje zetten, tassen inpakken voor een weekendje weg, de gemeenschappelijke agenda bijhouden en ga zo maar door. Er is veel discussie over het gebrek aan

arbeidsparticipatie van Nederlandse vrouwen. Maar hoe zit het eigenlijk met de zorgparticipatie van mannen? Leeuwendeel Ragna en Samuel hebben samen twee kinderen. Hun gezin is een gezamenlijk project. Daar waren ze het vanaf het begin over eens. Toch rustte het leeuwendeel van het huishouden op de schouders van Ragna. Dit frustreerde haar ontzettend. Haar klachten vonden echter weinig weerklank bij Samuel. ‘Ik werkte hard door en probeerde me vooral niet te veel af te laten leiden door het gezinsleven’, vertelt hij in een interview met RTL Nieuws. Zij kaartte het aan, hij vond het ‘gezeik’.


Tips

Maak inzichtelijk wat je allemaal doet. Voelt dat scheef? Doorloop dan de volgende stappen: • Maak ieder een top 3 met taken waar je moeite mee hebt en die jullie kunnen delen, herverdelen of uitbesteden. • De vanaf nu verantwoordelijke partner voert het hele proces van drie stappen uit: zien dat er iets moet gebeuren, plannen en uitvoeren. • Evalueer na een week. • Herhaal met nieuwe taken (maximaal 3).

Zoektocht Bij een rondvraag onder jonge ouders in hun vriendenkring bleek hun getouwtrek over huiselijke taken voor iedereen herkenbaar. Maar niemand wist een oplossing. Het keerpunt kwam toen Ragna langdurig ziek werd. Toen ondervond Samuel hoeveel zijn vrouw eigenlijk deed. Het boek In voor- en tegenspoed (maar alleen als jij de afwas doet) is het verslag van hun gezamenlijke zoektocht naar een eerlijkere verdeling van zorgtaken. Het boek wil daarnaast een handboek zijn voor een nieuwe rolverdeling. Onzichtbaar Daarbij kijken ze nadrukkelijk naar de zogenaamde onzichtbare taken: het denk- en emotiewerk. Werk dat je niet ziet, maar dat wel veel energie kost. Vrouwen voelen zich verantwoordelijk voor het welbevinden van hun gezinsleden. Zij plannen en organiseren het huishouden rondom de behoeften van hun man en kinderen. En zijn daar voortdurend mee bezig. Een eerlijke verdeling van zorgtaken houdt in dat mannen niet alleen taken uitvoeren, maar ook echt verantwoordelijkheid nemen voor het gezinsleven. Denkproces Ragna en Samuel gingen lijstjes maken om te kijken wie nou eigenlijk wat deed. Ze maakten zo het onzichtbare zichtbaar en bespraken wat hun dwarszat. ‘We zorgen voor het welzijn van onze naasten door onder meer te luisteren, praten, troosten,’ schrijft Ragna, ‘dat zijn geen tastbare handelingen. Ook is aan elke fysieke taak een denkproces verbonden. Dat proces kun je onderverdelen in een workflow van drie stappen: zien, plannen en uitvoeren. De taak is pas voltooid als al deze stappen zijn doorlopen.’ Het lukte Ragna en Samuel uiteindelijk om tot een betere

34

35

Belangrijk: • Vraag wat de ander nodig heeft en wees duidelijk over je eigen behoeften. • Spreek waardering uit voor je partners inspanningen. Erkenning is belangrijk! • Wees in elkaar geïnteresseerd. Hoe ervaart je partner jullie gezinsleven?

verdeling te komen, zodat ook Ragna aan haar carrière kon werken. Systeem Het is niet makkelijk, weet Suzan Steeman van WOMEN Inc., een organisatie die zich inzet voor gendergelijkheid. Bovendien zijn keuzes in de verdeling niet helemaal vrij. Beleid en cultuur hebben er bijvoorbeeld ook invloed op. ‘We weten dat veel heterostellen de taken gelijk willen verdelen, maar slechts bij 10% lukt dat.’ Dat doorbreken ligt bij jezelf, de cultuur én het systeem. ‘Er is geen juiste volgorde, maar wat ons betreft begint het bij het systeem en de wetten’, zegt Suzan. Deeltijd Volgens het Centraal Planbureau verdienen Nederlandse moeders, tot zeven jaar na de geboorte van hun eerste kind, 46% minder inkomen dan hun mannelijke partners. Dat komt vooral doordat we koploper deeltijdwerk zijn. Nergens ter wereld is het verschil tussen de seksen zo groot, met 25% mannelijke en 75% vrouwelijke deeltijdwerkers. In deeltijd werken is volgens het SCP-rapport Lekker Vrij?! voor vrouwen een strategie om onder de streep net zoveel vrije tijd over te houden als mannen. Risico’s Er zijn echter wel risico’s aan verbonden. 40% van de huwelijken eindigt momenteel in een echtscheiding. Economische zelfstandigheid is dus geen luxe. Bovendien blijkt uit onderzoek dat stellen die zorgtaken delen, gelukkiger zijn met elkaar. Het gekke is dat je, om gelukkiger te worden, wel eerst ruzie moet maken. Of op zijn minst moeilijke kwesties aan de orde moet durven stellen.


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Mem makket farske munttee. Dat liket Jurre (3) ek wol wat ta,

Jesse (3) is bûten op syn rinfyts en hat de wyn mei. Dat fernimt er, en hy ropt: ‘Mem! De wyn jout my gas!’

en hy freget: ‘Mem, mei ik ek slaad yn ’e tee?’ Femme (5) docht krekt oft se in flinter is. ‘En no bin ik in kalkoen!’ (in kokon)

‘Wêr moat ik letter in frou keapje?’ freget Riemer (6) oan syn mem. Mem antwurdet: ‘In frou keapest net, dy krijst.’ Riemer: ‘Fan wa dan?’ Hidde (3) hat krekt in broerke krigen, Nisse. Spitich genôch mei Hidde it Menthe (5) yt by de buorlju. Se fertelt

lytse broerke eefkes in pear dagen net

dat se sa’n sin hat oan de simmer, want

fêsthâlde fan mem, omdat Hidde de

dan komt de baby. De buorlju binne

wetterpokken hat en dat is gefaarlik

ferbjustere en freegje oft mem noch in

foar lytse poppen. Mar dêr wit Hidde

lytse poppe kriget. ‘Nee,’ seit Menthe,

wol wat op. Hy giet eefkes de keamer út

‘ús mem net, dy nimt dêr ommers

en komt werom mei allegear pleisters

piltsjes foar!’

op ’e pokken plakt. Optein ropt er: ‘Sa mem! No kin it wol!’

Lieke (5) hat krekt har earste wibeltosk derút. De nije tosk kinst al sjen, dat Lieke ropt: ‘Sjoch, de earste “sûpetosk” groeit al!’

Fardau (5) freget oan mem: ‘Mem, sjocht mem wolris ûnder myn bed?’ ‘Net altyd, hoesa Fardau?’ ‘Moai,’ seit Fardau, ‘dan ferstopje ik dêr myn memmedeikado.’


36

37

Hindrik van der Meer

&

In knyn, minemyn, minemyn, minemyn, minemyn. Hat twa hiele lange earen en in tige kreaze sturt en ik soe sa hiel graach wolle dat ik fleane koe sa hurd!


ADVERTORIAL

Nichtjes én beste vriendinnen in familiebedrijf BabyPlanet Het is al bijna 70 jaar geleden dat de pake en beppe van de nichtjes Lotte en Kirsten Klaver hun babywinkel openden in Drachten. In 1987 namen drie zonen de winkel over en inmiddels draait de derde generatie ook mee in het familiebedrijf.

De BabyPlanet winkel in Drachten is een paar keer verhuisd en flink groter geworden. Vier jaar geleden werd er een nieuwe pand gebouwd in Drachten, aan de Martin Luther Kingsingel. Nu is er maar liefst 3000 m2 aan babyspullen te vinden, van de beste babymerken. Van hippe baby- en positiekleding tot een enorme keuze in kinderwagens en meubels. Alles onder één dak. Behalve in Drachten zijn er winkels in Groningen, Assen, Meppel en Sneek én niet te vergeten; een complete webshop. Kirsten: ,,Als jonge tieners hadden we al een bijbaantje in de winkel. Later hebben we beide ook bij andere bedrijven gewerkt, maar kwamen er al gauw achter dat we graag helemaal wilden meedraaien in het familiebedrijf. Lotte en ik zijn nichtjes én beste vriendinnen. Waarom het zo goed werkt tussen ons? We hebben heel duidelijk onze eigen verantwoordelijkheden. In grote lijnen: Lotte staat veel op de werkvloer en houdt zich bezig met de inkoop en de medewerkers. Ik ben meer achter de schermen actief, met het beheer van de webshop, marketing en social media. We hebben een super fijn en groot team om ons heen staan. We doen het echt met z'n allen!” Samen met hun vaders hebben ze zes jaar geleden de missie en visie van het bedrijf herschreven. Kirsten: ,,Wie zijn we en waar staan we écht voor? Op die hoofdvraag wilden we een duidelijk antwoord kunnen geven. En dat weten we nu zó goed. Alle besluiten die we maken voldoen aan de kernwaardes die we destijds bepaald hebben. Gastvrijheid staat voorop, we willen inspireren met onze zes winkelomgevingen, bieden geen-gedoe service en we ademen bevlogenheid. We horen wel eens van klanten dat het als thuiskomen voelt in onze winkels. En dat ze

BabyPlanet Drachten Martin Luther Kingsingel 74 9203 JC Drachten Tel. 0512 512 688 www.babyplanet.nl

ons zo leuk en gezellig vinden op social media! Met ons eerlijke advies en de persoonlijke benadering ontzorgen we aanstaande ouders, zodat zij kunnen genieten van de zwangerschap en babytijd. Alles voor extra blije baby's!” Lotte: ,,In Drachten hebben we een daktuin met een kinderwagentestparcours. En inderdaad, daar kun je een ‘proefritje’ maken met verschillende kinderwagens, zodat je de goede keus maakt.” Bij BabyPlanet doen ze net dat beetje extra voor hun klanten. Kom je de kinderwagen ophalen? Dan zorgen zij ervoor dat je 'm zo de winkel uit kunt rollen mét nog even een extra uitleg. In plaats van dat de kinderwagen meegegeven wordt in een doos en je hem zelf thuis nog in elkaar moet zetten... Lotte: ,,Als je de kinderwagen een jaar in gebruik hebt, kun je bij ons langskomen voor de kinderwagen-APK! We kijken de wagen helemaal na, zodat 'ie weer heerlijk rolt. Maar we lopen ook gewoon even met je mee naar de auto als je je handen vol hebt. We zeggen wel dat net wat extra doen, maar eigenlijk vinden wij het hartstikke vanzelfsprekend!”


autobingo Wat sjochsto om dy hinne? Ast wat sjoen hast dat op it plaatsje stiet, meist der in krúske troch sette!

38

39

beam

fyts

rôze auto

hûn

skiep

stopljocht

tankstasjon

wynmûne

rotonde

trekker

motor

tsjerke


In Fries om utens

(38 jier) Sikkema e k ts y S Namme: a, Spanje nne) : Terrass n y t e n s (9 moa n We er) en Ly ji (3 n Ja io, Mei: Serg


Wêr komst wei en wêr wennest no? Ik kom oarspronklik út Grou, mar wenje yntusken al hast fyftjin jier yn Spanje. De earste seis jier yn Barcelona en dêrnei binne wy ferhuze nei Terrassa. It binnenlân yn, op 30 minuten fan Barcelona. Ik wurkje hjir as freelancer en help Katalaanske ûndernimmers en bedriuwen mei de eksport fan harren produkten en tsjinsten op it gebiet fan tekstyl, moade, dekoraasje en lifestyle. Ek bin ik kontaktpersoan foar Nederlânske bedriuwen dy’t de Spaanske merk op wolle. We ha it hjir goed: meastal moai waar mei in soad sinne, de Katalaanske kust is skitterjend, yn ’e buert binne bergen dêr’t je moai (hurd)rinne kinne en yn ’e winter ha we skypystes op twa oerkes riden. Ik bin grut fan fan de Spaanske wyn en sil ek net gau nee sizze tsjin ergens in hapke ite. Hoe bisto yn Spanje bedarre? Nei myn stúdzje, International Business & Languages, ha ik in pear jier yn Ljouwert oan it wurk west. It aventoer om wer nei it bûtenlân te gean, lokke en fia fia krige ik de kâns om in simmerseizoen by de ANWB yn Barcelona te wurkjen. Under myn stúdzje hie ik al in jier yn Valencia wenne, dus Spanje wie my net frjemd. Ik kaam dy simmer yn oanrekking mei de kuorbalwrâld yn Kataluña, learde Sergio kennen en ha doe it beslút naam om wat langer te bliuwen… Wat is dyn memmetaal? Frysk is myn memmetaal. Thús, yn Grou, waard der Frysk praat. Frysk hat eins altyd sintraal stien yn it wurk fan ús mem: yn it ûnderwiis, by Omrop Fryslân. Je kinne wol sizze dat der by ús thús geef Frysk praat wurdt. Bryfkes op ’e keukentafel wiene en binne skreaun yn it Frysk. De radio en telefyzje steane altyd op Omrop Fryslân. Yn ’e boekekast steane in soad Fryske boeken. De Fryske taal hat altyd en oeral oanwêzich west. Hokker taal/talen prate jimme thús? Spaansk, Frysk en Katalaansk. Sergio, syn famylje en ús freonen hjir prate Spaansk tsjin ús bern. Op ’e kresj en aanst op skoalle is Katalaansk de fiertaal. Ik praat Frysk mei de bern. Sergio en ik prate Spaansk meielkoar.

40

41

Hoe belangryk is Fryslân en/of de Fryske taal foar dy? Ik brûk it alle dagen. It praten mei Jan en Lys. Foarlêze: It ‘Tûzen wurden’-boek en ‘Pykje Fjouwer’ binne hjir favoryt. Audio’s en tekstberjochten fia WhatsApp nei freonen en famylje. De berneferskes op Spotify fan û.o. de Familie van der Meer en Janneke Brakels. Ik bin der grutsk op dat ik Frysk praat en skriuwe kin en fyn it in moaie taal. Ik wurkje in soad gear mei Katalaanske bedriuwen en de smalltalk by in earste gesprek giet faak oer myn namme en wêr’t ik wei kom. De oerienkomsten tusken it Frysk en it Katalaansk komme dan al gau op tafel. Al spilet it Katalaansk hjir in folle gruttere rol as it Frysk yn Fryslân; de taal op skoalle is Katalaansk, bern krije hjir in pear oerkes yn ’e wike Spaansk, krekt as Ingelsk. Ek yn supermerken binne de teksten yn it Katalaansk. En der binne noch altyd, foaral it binnenlân yn, in soad barkes en restaurants mei allinnich in Katalaanske menukaart. Praat Jan ek al in bytsje Frysk? Hy ferstiet alle trije talen prima. Mar syn omgongstaal is Spaansk, ek tsjin my. Ik bin de iennichste yn syn deistich libben dy’t Frysk praat, dus dat sil wol gewoan wêze. Ik bliuw moai Frysk praten, sjongen en foarlêzen en genietsje derfan at Jan Fryske wurden yn syn Spaanske sinnen brûkt, lykas: • Mem, ¿por qué tengo in brutsen earm? (mem, wêrom ha ik in brutsen earm?) • Mem, quiero ir a beppe y comer koeke. (mem, ik wol graach nei beppe en koeke ite) • Lys, tú eres mi suske. (Lys, do bist myn suske). Ik kin hiel bot genietsje fan de taalûntwikkeling fan Jan. Taal is sa bysûnder. Ik praat sels ek meardere talen, mar de ûntwikkeling fan in bern is sa moai om te sjen en mei te meitsjen. Lûdsjes, earste wurdsjes, komplete sinnen, net op wurden komme kinne mar wol trochpraten bliuwe, it werheljen fan wurden fan oaren, dûbele betsjuttingen fan wurden (wyn, do, kin...). It soarget soms foar grappige situaasjes hjir thús. En Jan is noch mar trije, dus der komt ek noch fan alles. Ik soe it hiel moai fine at Jan en Lys oer in pear jier meielkoar yn it Frysk prate. Wa wit!


Al boartsjend kommunisearjen leare Elske is in famke fan hast trije jier mei in Taalontwikkelingsstoornis (TOS). Se is drok dwaande yn it keukentsje. Mem sit dernjonken en sjocht nei har.

‘Mem!’ ropt Elske. ‘Ja Elske? Makkest wat lekkers?’ freget mem. ‘Jooo!’ ropt Elske. Se riert wakker yn in panne om. ‘Sil ik yn dizze panne riere?’ ‘Jo’, knikt Elske. Mem pakt ek in leppel en riert. ‘Is dat foar dy?’ wiist se. Elske skoddet de holle en seit: ‘Noo.’ Se wiist nei mem en stekt dan ien finger op. Se makket noch in lûdsje en wiist dan nei harsels mei twa fingers yn ’e loft. Mem docht de hânbewegingen nei en seit: ‘Krij ik ien hapke en do twa?’ Elske knikt. ‘Mhh lekker!’ seit mem. ‘Wat makkest?’ wol mem witte. ‘Noet!’ ropt Elske bliid.

‘Sop?’ freget mem. ‘Noo Noet!’ ropt Elske fel. ‘Patat?’ seit mem. Elske skoddet de holle en riert fierder yn de panne. ‘It is fêst hiel lekker’, seit mem. Elske is stil. Stoppet mei rieren. Mem lit har efkes gewurde, mar seit dan: ‘Sille we it opskeppe? Hast ek in board?’ Mem sprekt alle sinnen rêstich en stadich út. Elske dûkt daliks it keukentsje yn, op syk nei boarden. Mem en Elske meie grutsk wêze op it petear dat sy krekt tegearre fierd hawwe. Jawis, mem ferstie Elske lang net altiten. Mar se hiene tegearre in echt petear. Hiel weardefol foar de bân tusken Elske en mem.


Mear witte? www.kentalis.nl/watiseentos Boeken oer it Hânen-âldenprogramma

Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch.

Mem holp Elske op in soad flakken: • Se joech Elske de romte om sels in petear te begjinnen. Elske leart sa om inisjatyf te nimmen. • Se lit Elske de lieding nimme. Elske bepaalt wêr’t se mei boartet en wat der bart. • Mem folget har. Se imitearret Elske. Dêrmei lit sy oan Elske sjen dat se nei har harket. Dat stimulearret Elske om te praten en faker yn petear te gean. • Se dogge of sizze om beurten wat. Beurtwikseling is ien fan de betingsten foar kommunikaasje. • Se besiket te beneamen wat Elske sizze wol. Krij ik ien hapke en do twa? Sa jout se Elske letterlik wurden en it goede foarbyld. Ek foeget se taal ta. Sa leart Elske wurden en sinnen om te brûken en te begripen. • Se praat rêstich en stadich op in natuerlike wize. Sa kriget Elske de tiid om de taal te ferwurkjen en te begripen. • Se seit net: ‘Dat seist ferkeard’ of ‘Ik begryp dy net’. Negative feedback kin in bern blokkearje en dan leart it net mear. • Se jout in positive draai oan it gegeven dat se Elske net begrypt (‘It wurdt fêst hiel lekker’). • Elske is dochs teloarsteld en stoppet de ynteraksje. Mem jout har efkes de romte, mar hâldt de ynteraksje yn stân troch it spul fierder te spyljen (‘Sille we opskeppe? Hast ek in board?’) • Mem soarget foar in feilige situaasje wêryn’t Elske it tegearre praten moai fynt. Dat soarget derfoar dat Elske faker yn petear gean sil/tegearre boartsje wol. Sa kin Elske oefenje mei praten en groeie yn har taalûntjouwing.

42

43

Elske en har mem hawwe it Hanen-âldenprogramma folge. Dat programma is yndirekte logopedyske terapy foar âlden mei jonge bern (fanôf 1,5 o/m 6 jier) dy’t net of amper prate en/of muoite hawwe mei ynteraksje. Alden krije mei dat programma mear ynsicht en hânfetten om de kommunikaasje-/ taalûntjouwing fan harren bern te stimulearjen yn it deistige libben. It programma wurdt hielendal fergoede troch de soarchfersekering. De prinsipes fan it Hanen-âldenprogramma binne universeel te brûken om de taal- en spraakûntjouwing fan alle bern te stimulearjen. Tegearre mei wille kommunisearje stiet foarop. Dan leart in bern it measte. It wichtichste is om te sjen nei wat in bern nedich hat, it bern de lieding te jaan en him te stypjen en te ferrykjen wêr’t dat kin en by wat nedich is. Sa binne der ek bern dy’t in soad ferlet hawwe fan mear beweging of it brûken fan harren sintugen. It is wichtich om yn dat ferlet te foarsjen, dat te brûken en sa te begelieden yn in ynteraksje. Bygelyks: lit bern mar springe fan it iene plak nei it oare, doch it tegearre en foegje taal ta. ‘Springe en noch in kear springe, no in grutte sprong, kinsto noch fierder?’ Ast derby stilstiest, dan silst sjen datst al in soad hiel goed dochst. En dat oare, dat kinst leare! Foardatst it witst, dochst it automatysk.


Skriuwer: Dieuwke van der Meer | Fotograaf: Erik Jan Koopmans

FRYSK YN ’E KLASSE


Suzanne Seepma is juf fan groep 7 en 8 fan CBS De Oanrin yn Twizel. Alle wiken jout se in oere oant oardeloere Fryske les oan de bern. Ek studearret se foar dosint Frysk oan NHL Stenden yn Ljouwert. Suzanne: ‘Fryske les fyn ik it moaiste fak om te jaan, foaral om’t ik dan myn eigen ynbring jaan kin. Alle kearen betink ik wer wat oars leuks om te dwaan. Groep 7 en 8 bestiet út 21 bern dy’t allegear de Fryske taal wol ferstean. Twa fan de 21 ha in Nederlânsktalige âlder en ien famke is oarstalich grutbrocht. Ik besykje de Fryske les altyd mei in protte entûsjasme te jaan en de druk net te heech te lizzen. Ik fyn it belangryk dat se der foaral in protte wille oan ha en dat se it moai fine om mei de Fryske taal dwaande te wêzen. Soms lês ik in ferhaal út de Bibel foar yn it Frysk. Dan komt it ferhaal wat tichterby. Ek keppelje ik de bern wolris oan de bern fan groep 3 en 4. Dy bern kinne krekt lêze en tagelyk mei de gruttere bern leare se dan ek de Fryske lûden. Dat dogge we mei in app. Hiel moai fine se dat. Lêsten ha wy in alvestêdeprojekt hân. Doe mochten de bern oer alle stêden wat skriuwe yn it Frysk. En sa betink ik alle kearen wer wat. At der ôfwikseling is, hâlde de bern der ek aardichheid oan.’

Bij Praat mar Toaniel gaan leerlingen op een vrolijke- en inspirerende manier met Friestalige toneelteksten aan de slag. Het lezen en spelen van theaterstukken in het Fries prikkelt hen om vertrouwd te raken met het Fries en zelf meer Fries te lezen en te spreken. In de boekjes voor groep 5 en 6 gaat het vooral om beleving. Oudere kinderen oriënteren zich ook op de taaltechnische kenmerken van de teksten. De boekjes zijn te bestellen fia websjop.afuk.frl Wolsto ek mei dyn klasse op de foto en fertelle oer de Fryske les by jimme yn de klasse? Mail dan nei ynfo@heitenmem.nl

44

45


Kornelia en Tomke binne yn it túnsintrum. Se sykje planten út foar de grientetún. Tomke stiet by in bak mei griene planten. Der hingje kaartsjes oan mei reade tomaten derop. ‘Mmm!’ ropt Tomke, ‘sille we dy keapje?’ ‘Goed idee, set mar trije potten yn de karre’, seit Kornelia. Fierderop steane potten mei paprikaplanten. ‘Meie wy dy ek?’ freget Tomke. ‘Jawis,’ knikt Kornelia, ‘pak mar twa. Ik sykje komkommerplanten op.’ Tomke sjocht ek potten oan in rek hingjen. Dêr sitte planten yn mei wite blomkes. Mar op it plaatsje steane reade ierdbeien. ‘Sjoch,’ seit Tomke, ‘dêr sit in ferkeard kaartsje by.’ ‘Nee hear’, laket Kornelia. ‘Ut dy blomkes groeie ierdbeien. Sille we ek sa’n ierdbeiplant keapje?’ ‘Ja, lekker!’ ropt Tomke. As se thúskomme, stiet Romke by it stek te wachtsjen. ‘Nó mei ik helpe!’ ropt er. Mar Kornelia seit: ‘Ik moat earst oare putsjes dwaan.

Jûn nei it iten plantsje we alles yn de tún.’ Se set de planten achter it hok en giet yn ’e hûs. ‘Sille we yn ’e sânbak boartsje?’ freget Tomke. ‘Nee,’ seit Romke boas, ‘ik wol nó yn de tún.’ Tomke is even stil. Dan ropt er: ‘Ik wit wat Romke! Wy meitsje in tún yn de sânbak.’ ‘Ja!’ ropt Romke bliid. Tomke pakt de kroade. Tegearre tille se de plantsjes deryn. Sa ride se nei de sânbak. Ien foar ien sette se de potsjes yn it sân. Dít moat Kornelia sjen. ‘Kornelia!’ roppe se. ‘Wy ha in ferrassing!’ Kornelia komt bûten. ‘Oooo!’ seit se. ‘Wat ha jim dat moai makke, in grientetún yn de sânbak!’ ‘Ja,’ laket Romke, ‘de tún is klear.’ ‘Jim binne flinke túnmannen’, seit Kornelia. ‘Mar… planten kinne net groeie yn it wite sân. Jûn sette we se mei-inoar yn de swarte ierde. En nó…, no meitsje ik yn dizze prachtige sânbaktún fan jim in moaie foto.’

Skriuwer: Geartsje Douma | Yllustraasje: Luuk Klazenga

De grientetún

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.


Tabe

Namme: Berne op: Wennet yn:

Tabe Soepboer 20 juny 1955 Broeksterwâld

Namme pakesizzer: Tabe van der Veen Berne op: 15 novimber 2016 Wennet yn: Broeksterwâld Betsjutting Tabe: ferneamd/strieljend folk

Tabe Soepboer: ‘Ik sil it fuort mar tajaan; ik bin ferskriklik namsiik. Ferneamen fyn ik gewoan hiel belangryk. Dat wy twa bernsbern krigen mei Tabe yn ’e namme fûn ik moai: de iene hjit Jorrit Tabe (15) en de oare Tabe Jesse (10). Mar dit, in jonkje dy’t krekt as ik allinne mar Tabe hjit, spant de kroan! Ik wie dan ek út ’e skroeven doe’t ik it hearde. Ik wurke destiids as boufakker en wie yn Ljouwert oan it wurk doe’t ús dochter Jeltje belle. Koest my wol opfeie, sa emosjoneel wie ik, triennen fan blidens. Ik ha it ark fuort dellein, bin nei it MCL riden en wie as earste yn it sikehûs. Dat wol net sizze dat ik mear mei Tabe ha as mei myn oare pakesizzers. Ik bin gek op alle berntsjes en se binne my allegearre like leaf. It is allinne sa dat ik dy namme gewoan prachtich fyn. Myn pake wie ek sa namsiik. Guon fan myn omkes en muoikes feroaren Tabe yn Toby, dat fûn hy ferskriklik. Dy pake wie

46

47

trouwens ek in Tabe, der binne no dus trije generaasjes. Miskien giet de namme noch wol fierder werom, dat wit ik net. Ik fyn Tabe in prachtige namme. In echte stoere Fryske namme, hearst him fierder ek hast noait. As boufakker kaam ik oeral, mar oare Tabes kaam ik amper tsjin en as dat barde wie it yn ’e Wâlden. Blykber is de namme dus ek noch typysk Wâldsk. Lytse Tabe komt hjir faak oer de flier. It is in drok baaske dat altyd omfljocht en -draaft en graach yn ’e belangstelling stiet. Hy fynt it ek leuk om mei my yn it hok om te slaan, dan binne wy oan it timmerjen. Op dit stuit meitsje wy in karke. Ik ha by him thús ek in beamhutte makke, dêr spikeret er no sels graach yn om. En wy binne beide gek op stoeien, it kin lytse Tabe net gek genôch gean. En dat jildt eins ek wol in bytsje foar pake.’

Skriuwer: Marrit de Schiffart | Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

FERNEAMD


S

! n e j i r k e t Wer

websjop.afuk.frl


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.