
4 minute read
pake&beppe post
from Pake & Beppe 2021
by heit&mem
Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl
Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert.
Advertisement
post
Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter. Op de cover
Op de cover steane pake Tamme (74) en beppe Lutske (69) Leemburg mei harren pake- en beppesizzers Jenna (8) en Brecht (6) Houwer út Terherne. Lutske: ‘Jenna en Brecht wenje mar ien hûs fierder, dat de famkes rinne hjir yn en út. Der wurde faak koekjes bakt, spultsjes dien, der wurdt nifele en ‘restaurantsje’ boarte. Ek meie se graach mei pake donderjeie en yn it hok spikerje. Wy genietsje dêr sa fan!’ De coverfoto is makke op de skiphelling yn Terherne fan it famyljebedriuw dêr’t Tamme syn hiele wurksume libben wurke hat.

In bysûnder jier
Maart 2020. As alles goed giet, wurde wy ynkoarten foar de earste kear pake en beppe. En dan komt corona. Myn man en ik wurkje no thús en sizze besite efkes ôf. Alles om de sûnens. Op 9 april sitte wy beide oan de keukentafel te wurkjen as wy it appke krije. Wy binne pake en beppe wurden fan Freya. De oare deis de lytse poppe sjen fan efter it rút: kRaamvisite. Gjin krûpke, mar lokwinskje mei in tút troch it rút. Myn ferstân seit dat ik hjir begryp foar hawwe moat, mar myn gefoel ropt hiel wat oars. Ik wol Freya fêsthâlde, rûke, oankrûpe, mar soks mei net. Dan, op 6 maaie, myn jierdei, komme de bern op besite en krij ik Freya foar it earst yn de earms. In moaier jierdeikado ha ik noch nea earder krigen. Yn septimber sille wy foar de twadde kear pake en beppe wurde. Us dochter en har freon krije op 12 septimber in soan: Sjors. En ik mei by de sikehûsbefalling wêze. Dan wurdt lytse Sjors berne. Sjors, sa lyts, sa bysûnder. Grutsk haw ik it lytse mantsje al gau efkes fêst. Ik hâld it net drûch. Wy genietsje folop fan Freya en Sjors. It jier 2020 is foar ús yn alle opsichten in bysûnder jier.
Beppe yn koroanatiid

Foar it earst beppe wurden en dan ek noch yn de koroanatiid. Gelokkich mei ik sa faak komme as ik wol by lytse Tess Rosalyn. Tess is op 19 desimber 2020 berne en fynt it hearlik om by har mem en heit Ires en Kevin te lizzen. It is sa’n leaf skatsje, sa wolkom. Hooplik binne wy gau ferlost fan it freeslike firus, sadat Tess in moaie jeugd temjitte giet.
Thea Hoekstra út Reahûs, grutske beppe fan Tess Rosalyn Postma út Snits

Beide beppe
Myn freondinne Annet Lenters en ik binne yn 2020 beide beppe wurden! Tritich jier lyn binne wy ek tagelyk mem wurden. Ik bin kreamfersoarchster en ik ha doe by myn freondinne kreamd, en no ha ik dat by har dochter Erica dien. Hiel bysûnder dus!
Groetnis fan Tineke Algera út Makkum
Ut ’e skroeven!
Wat wienen wy bliid doe’t wy op sneon 2 jannewaris moarns betiid it berjocht krigen dat Brent berne wie. Daliks deselde sneontemoarn ha wy in besite bringe kinnen yn Warns, einliks noch foardat de kreamhelp der wie. Wat wie dat geweldich. In prachtich lyts mantsje mei alles derop en deroan. Op it rút waard in moaie tekening makke wêrtroch’t elkenien Brent bewûnderje koe. Wy ha de earste wike om ’e dei alle jûnen efkes lâns west. Dat wie yn dizze coronatiid foar ús alle kearen wer in feest. Sa moai om te sjen dat sa’n lyts mantsje der ek daliks by heart. Wy binne út ’e skroeven!

Bauke en Sietske Korenstra, Aldegea DFM.


Hoi pake en beppe!
Iza wol graach hoi sizze tsjin har pake Bertus en beppe Annie út Folsgeare. Iza waard ôfrûne augustus berne en spitigernôch hat se har pake en beppe noch net sjen kinnen, troch koroana. Wy wenje yn Mauritius en it fleanfjild wie hjir 5 moannen sletten en der is no in ferplichte karantêne fan 14 dagen yn in hotel. Pake en beppe wiene fan doel hjir yn septimber te kommen, mar dat wie net mooglik. Wy hoopje dat sy ús lytse famke gau sjen kinne.
Koroana yn de kreamtiid
Op 8 oktober 2020 binne wy foar de earste kear pake en beppe wurden, fan Merle. Wat in lok yn ús libben! Fansels seagen wy dêr elke dei efkes om it hoekje om te genietsjen fan dat wûnder. Mar de lêste dei fan de kreamwike waard Merle har heit siik, koroana. En de dei dêrnei har mem ek. It wienen lichte klachten, mar dochs. No mocht der gjin besite mear komme. Doe krigen wy as pake en beppe ek noch koroana, dat we ha elkoar fysyk 14 dagen net sjoen. Elke dei ha we meiinoar fideobelle, ’t ienige wat noch koe. Lytse Merle hat lokkich gjin lêst hân fan koroanaklachten. En achterôf sjoen koenen de nije heit en mem yn dy tiid sûnder oare drokten yntins fan har genietsje. En foar ús as pake en beppe? Wy ha de skea al lang wer ynhelle!
Hertlike groet, Jaap en Antje Feenstra út Tsjummearum