1 minute read

Soarch en wolwêzen yn eigen taal

Advertisement

We prate it maklikst yn ús memmetaal. Oft dat no it Nederlânsk, Frysk, Biltsk of Dútsk is. Sadree’t we emosjoneel wurde of it om ús gefoelens giet, is dy memmetaal fan grut belang. In protte soarchorganisaasjes hawwe omtinken foar de memmetaal en stimulearje harren klanten ek om har eigen taal te brûken. Sjoch mar ris nei de foarbylden op de website friesindezorg.frl en lês wêrom’t de soarchprofessionals dat sa belangryk fi ne.

Alderein

Benammen yn de âldereinsoarch wurdt der sterk ynsetten op it oansluten by de taal fan de klant. Wannear’t we âlder wurde en der komme problemen mei it ûnthâld, dan falle we werom op ús earste taal. Spesjaal foar de âlderein hat de Afûk dêrom materialen makke foar aktiviteiten yn de eigen taal. Wannear’t it lestich wurdt om de ferhalen fan hjoed-de-dei by te hâlden, kin weromgripen op de eigen ferhalen út it ferline hâldfêst jaan. It docht goed om fertelle te kinnen en de ferhalen te dielen. Op de website friesindezorg.frl/activiteiten wurde de ûnderwerpen dy’t ek op de folgjende siden oan ’e oarder komme fi erder útwurke foar in goed gesprek mei pake en beppe, foar in aktiviteit yn in groep yn it âldereintehûs of wyksintrum of om gewoan sels wer even werom te dûken yn de tiid fan doe.

Pake en beppe fertel ris

Dizze pake&beppe stiet fol ferhalen oer eartiids, oer skoalle, it boartsjen en freonskippen. Dy ferhalen binne belangryk om oantinkens op te heljen oan doe, om wer nije ferhalen op te heljen út in fi er ferline. Op de folgjende siden kinne ek jo dy ferhalen ophelje en fêstlizze foar jo bern(sbern). Oan ’e hân fan de útspraken fan oare pakes en beppes, de werkenbere foto’s en de koarte ferhalen en fi lmkes komme dy ferhalen grif nei boppen.

This article is from: