5 minute read

Deselde passy

Pake Douwe is in

‘maakmannetje’

Advertisement

Douwe van der Veer (70) út Koatstertille is in ‘maakmannetje’. Dy earetitel krige er fan syn pakesizzer Jarno (6). Alle moandeitemiddeis binne pake en Jarno oan it timmerjen yn de wurkpleats. As pake middeis by it skoalplein stiet, hat Jarno al folop ideeën betocht foar nije projekten. Fan stoere plysje-auto’s en raketten oant raceweinen en in eigen gersmeaner.

Grutsk hellet Jarno syn arkbak tefoarskyn, mei dêryn in knyptange, skroevedraaier, hammer en syn eigen sage. Jarno is sljocht op timmerjen. Tegearre mei syn pake makket er de moaiste dingen. ‘Ik ha jierrenlang timmerman west en dêrnei útfierder’, fertelt pake Douwe. ‘Krekt as Jarno wie ik as lyts mantsje alle dagen yn de wurkpleats fan ús heit te finen om myn eigen boartersguod te meitsjen. Ik fyn it prachtich om no tegearre mei Jarno te timmerjen.’

Op ’e knibbels

Yn de wurkpleats fan pake hat Jarno syn eigen wurkbank. Op ’e knibbels leit er der plat foar as er twa plankjes oanelkoar timmerje moat. ‘Fan tefoaren ried ik alfêst ta wat we dy middeis meitsje sille’, fertelt pake. ‘Ik saagje bygelyks alle ûnderdielen foar in frachtwein al út en boarje lytse gatsjes op de plakken dêr’t Jarno de spikers der ynslaan moat. Sa kinne wy út skoalle wei fuort oan ’e slach.’

Noch lang net klear

Beppe soarget tuskentroch foar tee en in koekje. En dat is mar goed ek, want pake en Jarno ha it smoardrok. ‘Soms bellet syn mem oft se Jarno ek wat earder ophelje moat, mar faak kin dat net om’t wy noch net klear binne’, fertelt pake. ‘Alles wat wy meitsje, moat eins fuort dyselde middeis mei nei hûs, sadat er der fuort mei boartsje kin.’

Mei pensjoen

It leafste soe Jarno alle dagen yn de wurkpleats timmerje, saagje en skroeve. Krekt as pake. ‘Doe’t Jarno syn mem lêstendeis in 10-minute-petear op skoalle hie, moast se fan Jarno oan de juffer freegje wannear’t er mei pensjoen koe. Want dat wie ik ommers ek, en dan koenen wy moai de hiele dei tegearre timmerje’, laket pake.

Pake Eelke hat in streekje foar

As lyts jonkje stie Eelke van der Weij (75) yn de winter hast alle dagen op it iis. Tsjintwurdich stiet er oan de kant by Thialf om nei syn pakesizzer Danique (8) te sjen. Danique is sljocht op reedriden, krekt as de oare pakesizzers Fimke (8) en Brecht (6). Pake Eelke hat letterlik en figuerlik in streekje foar.

Ut de kleankast hellet Danique har blau-giele trainingspak fan reedridersklup STD út Sint-Nyk. Itselde pak − mar dan in pear maten grutter − hat pake yn de kast hingjen. Mar leafst 35 jier stie er op it iis as trainer. ‘Twa jier lyn ha ik de redens oan ‘e wylgen hong’, fertelt er. ‘Myn lichem woe net mear. Mar ik fyn it krekt like moai om oan de kant te stean en nei de pakesizzers te sjen. Yn harren eagen sjoch ik dyselde passy.’

Gjin potten brekke

Op de fraach oft er talint hie, skoddet pake de holle. ‘Ik koe knap meikomme mei de jonges út it doarp, mar as it op wedstriden oankaam, dan koe ik gjin potten brekke’, laket er. Dat makket Danique neat út; sy fynt pake noch altyd de bêste reedrider. ‘Tegearre mei beppe mei ik graach komme te sjen by trainingen of wedstrydsjes’, fertelt pake. ‘Dan bin ik wakker grutsk op har. Ek sy kin knap meikomme. Mar it moaiste fyn ik dat se der sa’n aardichheid oan hat. Dat fyn ik belangriker noch as winnen.’

Plat foar de telefyzje

Danique hat yntusken de smaak te pakken en krijt ek les by de Sven Kramer Academie. Dochs hat se gjin posters fan Sven boppe it bêd hingjen. ‘Ik ha ek nea fan fan immen west’, jout pake ta. ‘Yn myn tiid wûnen Ard Schenk en Kees Verkerk alle wedstriden. Dat jier krigen wy thús ús alderearste telefyzje. Ik lei der plat foar om de technyk fan dy mannen ôf te sjen. Dat fûn ik belangriker as wa’t der úteinlik op it poadium stie.’

Iis yn it bloed

Ek al sille syn pakesizzers letter gjin nije Ireen Wüst wurde, pake is mar al te grutsk op harren. ‘It giet derom dat je wille ha op it iis. En dat ha se alle trije. De leafde foar it reedriden sit ús no ienris yn it bloed.’

Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe

Poezen dy’t prate kinne. Mûzen dy’t kattekwea úthelje. En hûntsjes dy’t spannende aventoeren belibje. Yn de fantasywrâld fan Lauren (7) en beppe Willy van der Veen (67) kin alles. Tegearre betinke se oan de keukentafel de moaiste ferhalen en meitsje dêr harren eigen tekeningen by. Kinst der wol in boek oer skriuwe.

Potleaden, stiften, papier en de nytmasine. De keukentafel fan beppe Willy leit fol as Lauren op besite komt. Beide binne se gek op tekenjen en ferhalen betinke. ‘Lauren koe al hiel betiid lêze en hâldt fan taal. Krekt as ik. Tegearre betinke wy de moaiste ferhalen en meitsje dêr ús eigen tekeningen by. As alles klear is, komt der in nytsje yn en krijt Lauren it boekje mei nei hûs, dêr’t it yn de boekekast komt te stean.’

Yn de boekekast

Ek beppe Willy hat yn har eigen boekekast in pear selsmakke boeken. Ditkear sûnder nytsje, mar offi sjeel ynbûn troch útjouwerij EigenZinnig. ‘Ik ha oant no ta twa boeken útjûn: “Giraf wil van zijn vlekken af” en “Muis doet het zelf wel”. En yn It Grutte Foarlêsboek stean twa ferhaaltsjes fan my. In berneboek útjaan liket miskien ienfâldich, mar der komt noch hiel wat by te sjen. Ik ha ferskate kursussen en workshops folge om safi er te kommen.’

In laad fol tekeningen

Dêr’t beppe tiden twifelje kin oer in tekening of in ferhaal, is Lauren folle earder út ’e rie. ‘Dat fyn ik sa moai oan Lauren, dy twifelet net oer alderhande techniken, mar tekenet gewoan. Healwei de tekening tinkt se net: ‘it moat wol moai wurde’, want it wurdt altyd moai. Dêr genietsje ik hiel bot fan. Ik ha hjir thús in laad fol mei tekeningen fan har.’

Tegearre in boek skriuwe

Njonken hûntsjes, katten en mûzen is Laurens favorite bist it hynder. ‘Se dreamt fan in eigen hynder’, wit beppe. ‘En stikem dreame wy tegearre fan ús eigen boek. It plan is dat Lauren de tekeningen makket en ik it ferhaaltsje. Hooplik stiet dat oer in pear jier ek yn ús boekekast.’

This article is from: