Pake & Beppe 2021

Page 1

gratis & fergees

Deselde passy as pake en beppe Pake en beppe fertel Freondinnen ris? foar it libben Foarlêsferhalen

2021


Advertorial

Langer zelfstandig thuis met pluZ

Word pashouder! pluZ is het servicepakket van KwadrantGroep. Bestel de pas vanaf € 19,50 per huishouden per jaar.

Een greep uit ons aanbod: Gratis pluZ- consulent 10% korting op hulpmiddelen Korting op zorgverzekeringen Tuin- en maaltijdservice Workshops over bijvoorbeeld voeding, dementie en levenstestament En nog veel meer...

Ontdek wat pluZ voor u kan betekenen op pluzzorg.nl of bel naar 088 512 1000.


Wês jimmer fleurich, woltemoed. Want o, dat docht it hert sa goed. In golle laits, in fleurich sin, is it beste wat ik dy winskje kin.

&


NR.1

FAN DE REDAKSJE

12

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) Hjir is er dan, ‘de Pake&Beppe’. En wat wie it leuk om dit nûmer gear te stallen! Ik hoopje wier dat ik letter krekt sa’n leave beppe wurde mei as de ynspirearjende beppes yn dit blêd. Sa’n beppe dy’t altyd wat lekkers yn ’e tas hat. Sa’n beppe dy’t oprjochte ynteresse toant foar har beppesizzer en wol in oere mei him of har belje kin om gewoan te kletsen. Sa’n beppe dy’t leuke dingen ûndernimt mei de bernsbern, lykas op side 12. Sa’n beppe dy’t altyd beppesop en waarme gehakballen klear hat at de bernsbern by har ite wolle. Of sa’n beppe dy’t de tiid nimt om har beppesizzer foar te lêzen, lykas yn it ferhaal op side 28. Sa’n beppe ja, sa’n beppe wol ik letter hiel graach wurde…

19

Douwkje Douma (redakteur) Ferline jier ha ús jonges (doe 4 en 5) harren pake en beppe in moarntiid meinaam nei skoalle foar in projekt oer ‘vroeger en nu’. Pake en beppe hienen der wurk fan makke: foto’s mei, en ferhalen en oantinkens opskreaun oer harren skoaltiid. Yn de klasse kamen mei de fragen fan de bern de ferhalen los, oer stikem de skoalbel liede, en útflekkende inkt omdat beppe linkshandich wie. Ik mocht oanskowe en wat wie it weardefol om dy ferhalen te hearren! Fandêr ús oprop oan alle pakes en beppes: fertel ris! Sjoch foar ynspiraasje op side 19.

Kolofon Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Redaksje: Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Douwkje Douwma Ciska Noordmans Hermien van der Meer Fotografy: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl Blooming Image, Femmie van der Sluis-Boersma www.bloomingimage.nl

Distribúsje: De heit&mem kado-edysje wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 10.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. Heit&mem kinst ek folgje fia:

Korreksje Ytsje Steen-Buwalda Printwurk: Ink69 www.ink69.be Redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Klasina van der Werf (tekstskriuwer) Doe’t wy bern krigen, wiene wy yn ’e wolken. Mar wêr’t ik noait by stilstien hie, wie dat we ús berntsje diele moasten. Mei de pakes en beppes. Se fochten der noch krekt net om, mar woene ús poppe wol hiel graach ‘even’ op skoat ha, yn bad dwaan of in fleske jaan. Wy ha ús âlders noait as fêste oppas frege. Ik tocht, dat kinne we net meitsje, fierstente drok. Mar nei de ynterviews mei de pakes en beppes út dizze spesjale edysje tink ik dêr oars oer. Want dy drokte ferjitte se gau genôch, mar de ûnderlinge bân dy’t se opbouwe bliuwt foar altyd!

16

44 Ciska Noordmans (redakteur) By 45 jier freonskip kenst inoar al in hiel skoft. Reny en Maaike op side 44 hawwe sa’n freonskip. En ûnderwilens past dy freonskip as in jas. Se kinne hast yn inoars holle krûpe; in libben sûnder elkoar bestiet net mear. Reny en Maaike rinne harren libben lang tegearre mei-inoar mei. Harren soannen binne freonen wurden, en de bernsbern ha der in ekstra beppe by!

ynhâld 04 Kolofon 06 pake&beppe post 08 Taal kado fan pake en beppe 10 Deselde passy 13 Kollum Baukje Wytsma 14 Gedicht Baukje Wytsma 16 De rol fan pake en beppe yn dizze tiid 19 Pake en beppe fertel ris... 28 Foarlêsferhaal 30 Foarlêsferhaal 32 Bernepraatsjes

4

5

33 Kollum Thys Wadman 34 Us húshâlding mei Pake & Beppe 36 10 Tips om te dwaan mei de pake- en beppesizzer 38 Soarch en wolwêzen yn eigen taal 39 Mear dwaan mei it Frysk? 40 De moaiste ferhalen om foar te lêzen 41 De tsien moaiste Fryske boeken om sels te lêzen 42 Mei de bernsbern op de foto! 44 In freondinne foar it libben 46 Ferske 47 Tomkeferhaaltsje


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

post

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Op de cover steane pake Tamme (74) en beppe Lutske (69) Leemburg mei harren pake- en beppesizzers Jenna (8) en Brecht (6) Houwer út Terherne. Lutske: ‘Jenna en Brecht wenje mar ien hûs fierder, dat de famkes rinne hjir yn en út. Der wurde faak koekjes bakt, spultsjes dien, der wurdt nifele en ‘restaurantsje’ boarte. Ek meie se graach mei pake donderjeie en yn it hok spikerje. Wy genietsje dêr sa fan!’ De coverfoto is makke op de skiphelling yn Terherne fan it famyljebedriuw dêr’t Tamme syn hiele wurksume libben wurke hat.

In bysûnder jier Maart 2020. As alles goed giet, wurde wy ynkoarten foar de earste kear pake en beppe. En dan komt corona. Myn man en ik wurkje no thús en sizze besite efkes ôf. Alles om de sûnens. Op 9 april sitte wy beide oan de keukentafel te wurkjen as wy it appke krije. Wy binne pake en beppe wurden fan Freya. De oare deis de lytse poppe sjen fan efter it rút: kRaamvisite. Gjin krûpke, mar lokwinskje mei in tút troch it rút. Myn ferstân seit dat ik hjir begryp foar hawwe moat, mar myn gefoel ropt hiel wat oars. Ik wol Freya fêsthâlde, rûke, oankrûpe, mar soks mei net. Dan, op 6 maaie, myn jierdei, komme de bern op besite en krij ik Freya foar it earst yn de earms. In moaier jierdeikado ha ik noch nea earder krigen. Yn septimber sille wy foar de twadde kear pake en beppe wurde. Us dochter en har freon krije op 12 septimber in soan: Sjors. En ik mei by de sikehûsbefalling wêze. Dan wurdt lytse Sjors berne. Sjors, sa lyts, sa bysûnder. Grutsk haw ik it lytse mantsje al gau efkes fêst. Ik hâld it net drûch. Wy genietsje folop fan Freya en Sjors. It jier 2020 is foar ús yn alle opsichten in bysûnder jier. Tine Huisman út Gau

Beppe yn koroanatiid Foar it earst beppe wurden en dan ek noch yn de koroanatiid. Gelokkich mei ik sa faak komme as ik wol by lytse Tess Rosalyn. Tess is op 19 desimber 2020 berne en fynt it hearlik om by har mem en heit Ires en Kevin te lizzen. It is sa’n leaf skatsje, sa wolkom. Hooplik binne wy gau ferlost fan it freeslike firus, sadat Tess in moaie jeugd temjitte giet. Thea Hoekstra út Reahûs, grutske beppe fan Tess Rosalyn Postma út Snits


Beide beppe Myn freondinne Annet Lenters en ik binne yn 2020 beide beppe wurden! Tritich jier lyn binne wy ek tagelyk mem wurden. Ik bin kreamfersoarchster en ik ha doe by myn freondinne kreamd, en no ha ik dat by har dochter Erica dien. Hiel bysûnder dus! Groetnis fan Tineke Algera út Makkum

Ut ’e skroeven! Wat wienen wy bliid doe’t wy op sneon 2 jannewaris moarns betiid it berjocht krigen dat Brent berne wie. Daliks deselde sneontemoarn ha wy in besite bringe kinnen yn Warns, einliks noch foardat de kreamhelp der wie. Wat wie dat geweldich. In prachtich lyts mantsje mei alles derop en deroan. Op it rút waard in moaie tekening makke wêrtroch’t elkenien Brent bewûnderje koe. Wy ha de earste wike om ’e dei alle jûnen efkes lâns west. Dat wie yn dizze coronatiid foar ús alle kearen wer in feest. Sa moai om te sjen dat sa’n lyts mantsje der ek daliks by heart. Wy binne út ’e skroeven! Bauke en Sietske Korenstra, Aldegea DFM.

Koroana yn de kreamtiid

Hoi pake en beppe! Iza wol graach hoi sizze tsjin har pake Bertus en beppe Annie út Folsgeare. Iza waard ôfrûne augustus berne en spitigernôch hat se har pake en beppe noch net sjen kinnen, troch koroana. Wy wenje yn Mauritius en it fleanfjild wie hjir 5 moannen sletten en der is no in ferplichte karantêne fan 14 dagen yn in hotel. Pake en beppe wiene fan doel hjir yn septimber te kommen, mar dat wie net mooglik. Wy hoopje dat sy ús lytse famke gau sjen kinne. Freonlike groetnis, Baukje Walsma

6

7

Op 8 oktober 2020 binne wy foar de earste kear pake en beppe wurden, fan Merle. Wat in lok yn ús libben! Fansels seagen wy dêr elke dei efkes om it hoekje om te genietsjen fan dat wûnder. Mar de lêste dei fan de kreamwike waard Merle har heit siik, koroana. En de dei dêrnei har mem ek. It wienen lichte klachten, mar dochs. No mocht der gjin besite mear komme. Doe krigen wy as pake en beppe ek noch koroana, dat we ha elkoar fysyk 14 dagen net sjoen. Elke dei ha we meiinoar fideobelle, ’t ienige wat noch koe. Lytse Merle hat lokkich gjin lêst hân fan koroanaklachten. En achterôf sjoen koenen de nije heit en mem yn dy tiid sûnder oare drokten yntins fan har genietsje. En foar ús as pake en beppe? Wy ha de skea al lang wer ynhelle! Hertlike groet, Jaap en Antje Feenstra út Tsjummearum


Skriuwer: Marrit de Schiffart

Taal kado fan pake en beppe Meartalichheid is hot. Yn it ûnderwiis, de wittenskip, de kulturele wrâld, searjes en films. Yn eigen kring kinst ek meidwaan. Dizze pakes en beppes prate bewust Frysk tsjin bernsbern dy’t net yn Fryslân wenje. ‘Sa jou ik myn beppesizzer in ekstra taal mei, dat is dochs in prachtich kado?’

Jelle Visser en Hilly Hoitema, Ljouwert Jelle en Hilly harren dochter Marike wennet yn Grins, har man is in Drint, berne yn Assen. Hy ferstiet Frysk, mar se prate thús Nederlânsk, ek mei harren dochters Louise (8) en Lidewij (5). Pake Jelle en beppe Hilly prate konsekwint Frysk mei de famkes. ‘It Frysk is de taal fan ús hert en fielt tichtby en waarm. Dat gefoel wolle wy graach trochjaan oan ús bernsbern. Louise en Lidewij fersteane alles wat wy sizze, mar prate Nederlânsk werom.’ Yn it begjin foel it foar Jelle net altyd ta om it Frysk fol te hâlden, ûnbewust skeakele er soms oer op it Nederlânsk, mar ûndertusken is it al in automatisme. Hilly past in dei yn ’e wike op en koe fan it begjin ôf oan just neat oars as Frysk prate. ‘Tsjin lytse poppen Nederlânsk prate fielt raar foar my, al hielendal as dy poppe myn beppesizzer is. Dat komt om’t it Nederlânsk net myn hertetaal is.’ No’t de famkes âlder wurde, ûntdekke se dat der ferskil is fan taal, fernimme Jelle en Hilly. ‘Se brûke soms Fryske wurdsjes en freegje fan guon wurden wat de fertaling is. Se kinne ek al yn it Frysk oant tsien ta telle. Wierskynlik wurde se gjin aktive Fryskpraters en dat hoecht ek net, mar ferstean kinne se it sowieso. In ekstra taal kin it taalgefoel fan bern ferrykje, is it net prachtich dat wy Louise en Lidewij sa’n kado jaan kinne?’


Foardielen meartalichheid Oft it no Poalsk, Arabysk, Ingelsk of Frysk is, dyn pake- en beppesizzers dyn memmetaal meijaan smyt foar de bern in soad foardielen op. • • • •

Meartalige minsken leare flugger in nije taal. Dat komt omdat se (ûnbewust) fierder bouwe op de kennis fan oare talen. Fan meartalichheid krigest in linich ferstân. Der ûntsteane nije ferbiningen yn dyn harsens en dêrmei kinsto flugger ferbannen lizze. Meartalige minsken kinne har makliker fokusje en konsintrearje, omdat se wend binne om te skeakeljen tusken ferskillende talen. Minsken dy’t twa- of meartalich binne, krije minder gau lêst fan demintens. De gemiddelde leeftiid foar demintens leit by ientaligen op 71,4 jier en by meartaligen op 75,5 jier.

Froukje en Johan Schregardus, Twizel Froukje en Johan stappe alle tongersdeis om fiif oere moarns yn ’e auto om op harren bernsbern Tieme (10 moanne) te passen. Tieme wennet mei heit Theo en mem Simone yn Gelderlân en dat is twa oeren riden. Froukje en Johan prate Frysk tsjin Tieme omdat harren soan Theo dat graach wol. Froukje: ‘Theo fynt it belangryk dat Tieme syn Fryske famylje ferstean kin. Bûten in pake en in beppe hat Tieme ek noch trije omkes, twa muoikes en in stik as wat neefkes en nichtsjes dy’t allegearre Frysk prate, dus dan is it maklik as hy dat ferstean kin. Ek foar himsels, want hy sil letter grif wolris mei syn neefkes en nichtsjes boartsje of hjir útfanhûzje.’ Dochs is dat net de ienige reden wêrom’t Froukje Frysk praat mei har jongste beppesizzer. ‘Ik moat earlik tajaan dat ik net oars kin. Ik praat graach Frysk, dat is myn memmetaal, yn dy taal tink ik en uterje ik mysels it bêste. Nederlânsk prate fielt minder fijn. Ik soe der dus neat oan fine as ik Nederlânsk prate moast tsjin Tieme.’ Hoewol’t Theo ek wolris Frysk mei syn soan praat, is de fiertaal by Theo en Simone thús Nederlânsk. Simone komt út Oerisel, mar ferstiet wol Frysk. Froukje laket: ‘Se moat ek wol, want yn de famylje-app wurdt allinne mar Frysk skreaun. Simone goait der tsjintwurdich sels wolris in Frysk wurdsje yn.’ Healwei njoggenen jûns komme Froukje en Johan wer thús fan har oppasdei. It binne lange dagen, mar dat ha se der graach foar oer. ‘Wy krije sa in soad mei fan Tieme en hy fan ús. De Fryske taal yn elk gefal, haha!’

8

9


DESELDE PASSY

Pake Douwe is in ‘maakmannetje’ Douwe van der Veer (70) út Koatstertille is in ‘maakmannetje’. Dy earetitel krige er fan syn pakesizzer Jarno (6). Alle moandeitemiddeis binne pake en Jarno oan it timmerjen yn de wurkpleats. As pake middeis by it skoalplein stiet, hat Jarno al folop ideeën betocht foar nije projekten. Fan stoere plysje-auto’s en raketten oant raceweinen en in eigen gersmeaner.

Skriuwer: Nynke van der Zee Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Grutsk hellet Jarno syn arkbak tefoarskyn, mei dêryn in knyptange, skroevedraaier, hammer en syn eigen sage. Jarno is sljocht op timmerjen. Tegearre mei syn pake makket er de moaiste dingen. ‘Ik ha jierrenlang timmerman west en dêrnei útfierder’, fertelt pake Douwe. ‘Krekt as Jarno wie ik as lyts mantsje alle dagen yn de wurkpleats fan ús heit te finen om myn eigen boartersguod te meitsjen. Ik fyn it prachtich om no tegearre mei Jarno te timmerjen.’ Op ’e knibbels Yn de wurkpleats fan pake hat Jarno syn eigen wurkbank. Op ’e knibbels leit er der plat foar as er twa plankjes oanelkoar timmerje moat. ‘Fan tefoaren ried ik alfêst ta wat we dy middeis meitsje sille’, fertelt pake. ‘Ik saagje bygelyks alle ûnderdielen foar in frachtwein al út en boarje lytse gatsjes op de plakken dêr’t Jarno de spikers der ynslaan moat. Sa kinne wy út skoalle wei fuort oan ’e slach.’ Noch lang net klear Beppe soarget tuskentroch foar tee en in koekje. En dat is mar goed ek, want pake en Jarno ha it smoardrok. ‘Soms bellet syn mem oft se Jarno ek wat earder ophelje moat, mar faak kin dat net om’t wy noch net klear binne’, fertelt pake. ‘Alles wat wy meitsje, moat eins fuort dyselde middeis mei nei hûs, sadat er der fuort mei boartsje kin.’ Mei pensjoen It leafste soe Jarno alle dagen yn de wurkpleats timmerje, saagje en skroeve. Krekt as pake. ‘Doe’t Jarno syn mem lêstendeis in 10-minute-petear op skoalle hie, moast se fan Jarno oan de juffer freegje wannear’t er mei pensjoen koe. Want dat wie ik ommers ek, en dan koenen wy moai de hiele dei tegearre timmerje’, laket pake.


Pake Eelke hat in streekje foar As lyts jonkje stie Eelke van der Weij (75) yn de winter hast alle dagen op it iis. Tsjintwurdich stiet er oan de kant by Thialf om nei syn pakesizzer Danique (8) te sjen. Danique is sljocht op reedriden, krekt as de oare pakesizzers Fimke (8) en Brecht (6). Pake Eelke hat letterlik en figuerlik in streekje foar.

Ut de kleankast hellet Danique har blau-giele trainingspak fan reedridersklup STD út Sint-Nyk. Itselde pak − mar dan in pear maten grutter − hat pake yn de kast hingjen. Mar leafst 35 jier stie er op it iis as trainer. ‘Twa jier lyn ha ik de redens oan ‘e wylgen hong’, fertelt er. ‘Myn lichem woe net mear. Mar ik fyn it krekt like moai om oan de kant te stean en nei de pakesizzers te sjen. Yn harren eagen sjoch ik dyselde passy.’ Gjin potten brekke Op de fraach oft er talint hie, skoddet pake de holle. ‘Ik koe knap meikomme mei de jonges út it doarp, mar as it op wedstriden oankaam, dan koe ik gjin potten brekke’, laket er. Dat makket Danique neat út; sy fynt pake noch altyd de bêste reedrider. ‘Tegearre mei beppe mei ik graach komme te sjen by trainingen of wedstrydsjes’, fertelt pake. ‘Dan bin ik wakker grutsk op har. Ek sy kin knap meikomme. Mar it moaiste fyn ik dat se der sa’n aardichheid oan hat. Dat fyn ik belangriker noch as winnen.’ Plat foar de telefyzje Danique hat yntusken de smaak te pakken en krijt ek les by de Sven Kramer Academie. Dochs hat se gjin posters fan Sven boppe it bêd hingjen. ‘Ik ha ek nea fan fan immen west’, jout pake ta. ‘Yn myn tiid wûnen Ard Schenk en Kees Verkerk alle wedstriden. Dat jier krigen wy thús ús alderearste telefyzje. Ik lei der plat foar om de technyk fan dy mannen ôf te sjen. Dat fûn ik belangriker as wa’t der úteinlik op it poadium stie.’ Iis yn it bloed Ek al sille syn pakesizzers letter gjin nije Ireen Wüst wurde, pake is mar al te grutsk op harren. ‘It giet derom dat je wille ha op it iis. En dat ha se alle trije. De leafde foar it reedriden sit ús no ienris yn it bloed.’

10

11


Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe Poezen dy’t prate kinne. Mûzen dy’t kattekwea úthelje. En hûntsjes dy’t spannende aventoeren belibje. Yn de fantasywrâld fan Lauren (7) en beppe Willy van der Veen (67) kin alles. Tegearre betinke se oan de keukentafel de moaiste ferhalen en meitsje dêr harren eigen tekeningen by. Kinst der wol in boek oer skriuwe.

Potleaden, stiften, papier en de nytmasine. De keukentafel fan beppe Willy leit fol as Lauren op besite komt. Beide binne se gek op tekenjen en ferhalen betinke. ‘Lauren koe al hiel betiid lêze en hâldt fan taal. Krekt as ik. Tegearre betinke wy de moaiste ferhalen en meitsje dêr ús eigen tekeningen by. As alles klear is, komt der in nytsje yn en krijt Lauren it boekje mei nei hûs, dêr’t it yn de boekekast komt te stean.’ Yn de boekekast Ek beppe Willy hat yn har eigen boekekast in pear selsmakke boeken. Ditkear sûnder nytsje, mar offisjeel ynbûn troch útjouwerij EigenZinnig. ‘Ik ha oant no ta twa boeken útjûn: “Giraf wil van zijn vlekken af” en “Muis doet het zelf wel”. En yn It Grutte Foarlêsboek stean twa ferhaaltsjes fan my. In berneboek útjaan liket miskien ienfâldich, mar der komt noch hiel wat by te sjen. Ik ha ferskate kursussen en workshops folge om safier te kommen.’ In laad fol tekeningen Dêr’t beppe tiden twifelje kin oer in tekening of in ferhaal, is Lauren folle earder út ’e rie. ‘Dat fyn ik sa moai oan Lauren, dy twifelet net oer alderhande techniken, mar tekenet gewoan. Healwei de tekening tinkt se net: ‘it moat wol moai wurde’, want it wurdt altyd moai. Dêr genietsje ik hiel bot fan. Ik ha hjir thús in laad fol mei tekeningen fan har.’ Tegearre in boek skriuwe Njonken hûntsjes, katten en mûzen is Laurens favorite bist it hynder. ‘Se dreamt fan in eigen hynder’, wit beppe. ‘En stikem dreame wy tegearre fan ús eigen boek. It plan is dat Lauren de tekeningen makket en ik it ferhaaltsje. Hooplik stiet dat oer in pear jier ek yn ús boekekast.’


In ljocht yn koroanatiid

Skriuwer: Baukje Wytsma Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Lytse bern, ik wurd der fleurich fan, sy wiene der altyd yn myn libben, yn alle soarten en maten om samar te sizzen. Earst de fjirtich bern yn myn klaske yn Ljouwert doe’t ik yn in fier ferline noch juf wie. Prachtich! Doe myn eigen beide dochters en letter de fjouwer beppesizzers dy’t no al wer 31, twa fan 27 en 24 jier binne. Wat ha wy in wille hân doe’t sy lyts wiene en wat hawwe wy in soad belibbe mei elkoar: alle jierfeesten, fakânsjes, útfanhûspartijen, sporteveneminten, oppasdagen- en nachten, aventoeren yn bosk en fjild, neam mar op, want wy binne famyljeminsken. En dat hâldt gelokkich noch net op, want ik bin al wer in pear jier oerbeppe. Ja, oerbeppe! Allinnich sa’n wurd al! Dat klinkt fansels oerâld, mar sa fiel ik dat net, want ik wol fansels, tsjin better witten yn, dat it noch hiel lang duorret, want wy hawwe noch fan alles te dwaan! Ien kear yn de fjirtjin dagen passe wy in dei op lytse Sven (3) en ik sjoch der nei út as er syn favorite giele learskes wer ûnder de kapstok set en fol ferwachting ta de keamer ynstapt. Meast mei in grutte dino ûnder de earm. Ik hâld fan him oant de sinne en de moanne en wer werom en wy prate tegearre oer fan alles wat wy sjogge en ûntdekke, yn en om it hûs. Fan syn heit leart er fan alles oer de natoer en as ik tsjin him sis dat ik in fûgel sjoch, fertelt hy my dat dy fûgel fan merel hjit. En dêr wurd ik dan wer hiel gelokkich fan. En ik lês him foar, soms út myn eigen berneboekjes. Dat fynt er wol moai, mar hy wol earst nei de grutte ‘gereedschapskist’. Dan slaan wy spikers yn in plankje en helje se der wer út mei in knyptange. In grut sukses! Omi seit er tsjin my, want hy hat ommers ek al in oma en in beppe en hy moat fansels net yn ’e war reitsje. Omi. En ik sis Svennie. Syn lytse suske Lauren, midden yn de earste hevige koroanaweach berne, seagen wy foar it earst by harren hûs efter it finster, want wy mochten har doe net iens efkes fêsthâlde. Mar dat hawwe wy letter gelokkich goed ynhelle! It is in feest, dy lytse bern, in ljocht yn de dochs wol wat ferfrjemdzjende stille koroanamoannen fan de lêste tiid.

12

13

Baukje Wytsma (1946), wurke by it ûnderwiis, yn de sjoernalistyk en is noch altyd aktyf as skriuwster fan benammen berneboeken, poëzij en muzykteksten.


Myn hûntsje Ik haw in hiel lyts hûntsje dat hûntsje is fan my. Rin ik troch de strjitte dan rint hy njonken my. Op syn koarte poatsjes springt er op en del en sjocht er frjemde manlju dan wurdt er o sa fel. Ik haw in hiel lyts hûntsje dat hûntsje is fan my. Dat hûntsje is in wûnder, stik bûter yn myn brij. Stean ik soms te sjongen hâldt er syn eagen ticht, syn earkes geane hin-en-wer it is in moai gesicht. Lis ik nachts te sliepen dan leit er op myn sprei, want hy is myn bewaker myn hûntsje past op my. Sa bin ik oeral feilich, ik stean by him yn ’t kryt. Ik haw in hiel lyts hûntsje, ik wol him noait wer kwyt. Baukje Wytsma



‘ Wy genietsje no folle mear fan de bern’ De rol fan pake en beppe yn dizze tiid Skriuwer: Klasina van der Werf

Pakes en beppes binne anno 2021 net allinnich pake en beppe mar faak ek oppas foar harren bernsbern. Wat fine se dêr eins fan en bemuoie se harren ek mei de opfieding? Wy praten mei fjouwer grutske pakes en beppes oer harren dûbeldrol.


‘Wy binne in pake en beppe fan utersten’, seit Jan Rodenhuis (64) fan Surhuzum. Hy wennet mei syn frou Alie (60) yn deselde pleats as de pake- en beppesizzers Sander (9) en Jelmer (7). Dat hat in bewuste kar west, sân jier lyn. Jan en Alie koene dizze pleats tegearre mei harren dochter en skoansoan keapje. Se ha elk har eigen helte, mar it hiem is foar harren allegearre. ‘Us dochter en har man woenen graach dat harren bern alle romte hawwe om op te groeien. Dy romte is hjir. En – bykommend foardiel – de oppas wennet no neist de doar’, seit Jan laitsjend. Bysûnder is dat harren soan en skoandochter no al in jier hielendal oan ’e oare kant fan ’e wrâld (Florida) wenje, mei de bern Eden (4) en Joas (2). ‘Dy bern kenne ús eins allinnich fia it skerm’, seit Alie. Elke freed oppasse Jan en Alie genietsje fan harren rol as pake en beppe. Al fanôf dat de bernsbern lyts wiene, passe se elke freed op. ‘Doe’t it noch pjutten wiene, kamen se hjir moarns yn ’e pyama troch de doar. Dat is it foardiel ast neistinoar wennest’, fertelt Jan. Neffens Alie hat it soms ek neidielen. ‘Wy krije no in protte mei, ek as der bonje is, of as de bern wat útheve. Mar it is foaral leuk en unyk dat de bern sa tichtby wenje. Wy kenne se troch en troch en begripe it ek as de bern even net sa lekker yn har fel sitte.’ Doe’t Sander en Jelmer noch lytser wienen, fûn Jan it prachtich om mei de bern te lêzen. ‘Ik ha skoalmaster west en dat sit der noch altyd wol wat yn. Soms besykje ik de bern ek noch wat te learen, bygelyks as se in fout meitsje mei it skriuwen.’ Alie: ‘Ik tink dan al gau: it is dochs al knap dat we witte wat der stiet? Dan makket dat foutsje neffens my neat mear út.’ ‘Wy binne der foar de leuke dingen’ It moaie fan bernsbern is neffens harren ûnder oaren dat se no mear tiid hawwe foar de bern. Alie: ‘As ik eartiids in apeltaart bakte en de bern woene helpe sei ik: no even net, ik wol graach opsjitte. Wylst ik no tsjin de bernsbern sis: sille we mei-inoar even bakke?’ Neffens Jan is der ien belangryk ferskil. ‘Heit en mem binne je 24 oeren deis. Wy fine it as pake en beppe in feest as de bern hjir komme, mar we witte ek dat se oan ’e ein fan de dei wer fuortgean. Dat jout romte. Dat jildt ek foar de opfieding. Heit en mem fiede op, wy binne der foar de leuke dingen.’ Ien generaasje tefolle Wat it moaie fan pake- en beppesizzers noch mear is? Alie: ‘Hoe lyts se ek binne, se hearre der fuort by. Wy gunne it elkenien om pake en beppe te wurden. It is echt in rykdom.’ Jan en Alie binne beide frij jong pake en beppe wurden. Dat hâldt wol yn dat se op dit stuit njonken it wurk de soarch foar de bern én foar harren eigen âldelju (om de 90 hinne) hawwe. Jan: ‘Dat makket it soms wol in protte. Eins is der no ien generaasje tefolle. Mar wy dogge it beide mei nocht en wille.’

16

17

‘ Wy binne in pake en beppe fan utersten’


‘Wy fine it as pake en beppe in feest as de bern hjir komme, mar we witte ek dat se oan ’e ein fan de dei wer fuortgean.’

In bysûnder gefoel Alle (68) en Klaske (65) Vellenga fan Damwâld hawwe yn seis jier tiid seis pake- en beppesizzers krigen, en de sânde is no op komst. ‘Wy binne frij âld pake en beppe wurden. Op in gegeven momint hat Alle sels sein: “Ik wit net oft wy oait wol pake en beppe wurde.” Mar net sa lang dêrnei kamen ús dochter Janna en har man Sytze thús mei in foto fan de echo. Dêr wienen we wol even stil fan. It wie in hiel bysûnder gefoel’, fertelt Klaske. It wie doe net harren bedoeling om fêst op te passen, want dat is sa bannich, mar it rûn oars. Alle hie lytse Lise op skoat en wie drok mei har oan it ‘praten’ doe’t Janna sei: ‘Heit fynt it wol moai, net? Wolle jimme ek in dei yn ’e wike oppasse?’ ‘Jawol’, sei Alle fuortendaliks. ‘Mar dat wie net de ôfspraak’, murk Klaske op, dy’t doe noch trije dagen yn ’e wike yn ’e soarch wurke. Dochs binne se oerstaach gien. Elke freed setten se om seis oere de wekker, om op ’e tiid yn Grins te wêzen om op harren pakeen beppesizzer te passen. Yntusken hat Lise (5) der in broerke by, Fedde (2). ‘No bin ik wol bliid dat we doe ja sein ha, want we bouwe echt in bân mei de bern op.’ In hiele drokte Mar it bleau net by dy twa bernsbern. Yntusken hiene harren âldste soan Sipke en syn frou Susan twa jonkjes krigen, Jorn (4) en Sven (2). Sy wenje yn Wommels en hiene de fêste oppas al rûn. ‘Mar tuskentroch is der ek gauris wat, dus wy passe faak genôch op’, fertelt Klaske. It is soms in hiele drokte, want Jorn en Sven hawwe der ek noch in lyts suske by krigen, Marrit (4 moanne). Dêr komt noch by dat de jongste soan, Hedman, ek

heit wurden is fan in famke, Linde (1 jier). En de twadde is yn april op komst. Doe’t syn frou Francisca frege oft sy miskien ien dei yn ’e wike oppasse woene op Linde, koenen Alle en Klaske net wegerje. ‘Ast de ien dochst, moat de oare ek’, seit Klaske. Se binne no beide mei pensjoen, dus se hawwe de tiid. Klaske fynt it foaral wichtich dat se it leuk hawwe meielkoar. ‘As âlders seisto tink ik gauwer “no even net”. Ik fiel my as beppe ek mear ferantwurdlik as doe’t ik sels mem wie. Ik bin no banger dat der wat bart.’ Mear tiid foar de bern It falt Alle op dat bern har eartiids mear sels fermeitsje moasten. ‘Doe’t se lyts wiene, setten we de bern yn it loophek of se boarten bûten. It loophek is der noch hieltyd, mar dêr sitte se noait yn. No, dan witsto it wol’, seit Alle. As pake en beppe meitsje se folle mear tiid foar de bern. Meiinoar nifelje en fersideboartsje, it hâldt har jong. Fan Alle – dy’t master fan berop west hat − witte de bern dat pake wol fan grapkes hâldt. Mar hy kin ek streng wêze, bygelyks mei it iten. ‘It boardsje moat leech, dat witte se o sa goed. Fierder bemuoie wy ús net mei de opfieding fan de bern, dat is net ús pakkie-an’, seit Alle. Pake en beppe wêze is hiel oars as heit en mem wêze, fynt Klaske. ‘Wy genietsje der no folle mear fan en fine alles bysûnder wat de bern dogge, it binne lytse wiisnoaskes. As we freeds by ús dochter yn Grins oankomme, stean de bern al entûsjast by de foardoar en fleane se ús om ’e hals. Dat is dochs prachtich?’

18

19


fertel ris...


Yn ús tiid wie alles oars, we hearre it pake en beppe al sizzen: ‘Doe’t pake en beppe nei skoalle gienen, wie der noch gjin digiboerd. Der wie noch gjin kompjûter en ûnder iten moasten we stilsitte en mochten we net by de tafel wei.’

Fertel ris pake en beppe, hoe wie it dan by jim thús? En op skoalle? Wêr boarten jimme mei en wat ieten jimme faak en wat wienen by jim de regels oan tafel? Op de folgjende siden kinne jo in stikje fan jo libbensferhaal diele. Praat deroer mei Fotograaf: Femmie van der Sluis-Boersma, Blooming Image

de pake- en beppesizzers, wat herkenne de bern en wat is no oars as doe?

‘Wy gongen ek wol nei in âlde man fierderop oan de trochgeande wei om tillefyzje te sjen. Foaral op woansdeitemiddei en sneontemiddei.’ Pake Jeen Noch wat ynspiraasje nedich? Lês de ferhalen yn dit tiidskrift of besjoch de filmkes út de tiid dat pake en beppe noch bern wienen troch de QR-koade te scannen. Witte pake en beppe net hoe’t dat wurket, mei in QR-koade? De bern wolle jim fêst wol helpe.

‘Sa koenen je wat langer dwaan mei ien fyts, foardat je wer in oarenien krigen.’ Pake Jeen


‘Foardat ik nei skoalle gong, krige ik in fyts op ’e groei. De fyts wie oan ’e grutte kant. En om by de trapers te kinnen, sieten der houten blokken op ’e trapers fêstskroeve.’

Myn namme is:

Ik bin berne op:

Ik bin berne yn (wenplak):

Ik ha … broers en … sussen

Ik fûn ús heit/mem/broer/sus it leafst omdat:

Ik wie wolris ûndogensk, sa as dy kear dat:


‘En dan skriuwe mei sa’n pen: dan hiest o sa dyn bêst dien en dan wie it fergemy hast slagge en dan foel der noch in drip inkt fan dy pen ôf. No, at in drip inkt op it papier falt, dy wurdt allinne mar grutter en dan wie it wer mislearre.’ Pake Harry

SKOALTIID


‘Als de school inging, luidde de hoofdmeester de bel. Dan moest je in de rij van je klas gaan staan en moest je per klas naar binnen. Klompen en laarzen moesten uit, maar schoenen mocht je aanhouden.’ Oma Gerry

Myn leafste master/juf wie:

Ik gie nei skoalle yn:

Myn leukste skoalfak wie:

Myn stomste skoalfak wie:

Myn master/juf wie wol/net streng, bygelyks dy kear dat:

It alderleukste op skoalle fûn ik:

Myn moaiste skoalherinnering is:


‘Der waard in soad hinkele, toutsjesprongen, knikkere en “toppe”. In top wie in houten gefal dat mei in swypke slein waard, wêrtroch’t de top begûn te draaien en soms metersfier it plein oer fleach. Gefaarlik, want in top tsjin dyn holle krije jûket net.’ Pake Johan

BOARTERSGUOD


‘Foar skoaltiid en yn de pauzes dienen wy wol faak spultsjes op it plein mei syn allen, of mei in grutte groep. Toudûnsje, schipper mag ik overvaren, tikkerke en soksoarte dingen.’ Beppe Ytsje

Ik boarte it faakst mei:

Myn moaiste boartersguod wie:

Ik boarte it leafst:

As we bûten boarten dan diene we meastal:

Myn moaiste herinnering oan myn boartersguod is:

We hellen ek wolris wat út mei it bûtenboartsjen, sa as dy kear dat:


‘Tusken de middei, dan gongen wy út skoalle wei nei hûs, te waarm iten, want boeren ite tusken ’e middei waarm. Dus nei hûs ta rinne, ite en dan wer te rinnen nei skoalle ta.’ Pake Harry

OAN TAFEL!


Myn leaflingsiten is:

We ieten hiel faak:

Ik hâld net fan:

By ús oan tafel sieten:

Wy hienen oan tafel de folgjende regels:

Ik moast altyd helpe mei:

Us heit of mem waard lulk wannear’t ik:

Wy moasten altyd laitsje om:


FOARLÊS­FERHAAL

Pieeeeeuw ... Skriuwer: Elske Schotanus

It jonkje manoeuvrearret behindich troch in holle pipe dêr’t de fjoerwurkbommen lizze dy’t er ûntwike moat. Njoggen is er en hy sit op ’e bank, in tekkentsje oer syn en beppe har fuotten. ‘Sjoch beppe’, seit er sûnder op of om te sjen. ‘Skytmaklik.’ Mei de wiisfinger makket er amper te folgjen maneuvels, mar dan giet it mis. Bam! De fonken spatte alle kanten op, en in swymke teloarstelling lûkt oer syn gesicht. ‘Beppe mei no’, is it en hy triuwt har syn tablet yn ’e hannen. ‘It is echt net muoilik, hear beppe’, seit er as se him it tablet weromjout, en hy oan syn folgjende rit begjint. ‘Wat dochst leaver,’ besiket se him ôf te lieden, ‘game of bûtenboartsje mei dyn freontsjes.’ It jonkje, folslein opslokt troch it spultsje, jout lykwols gjin sjoege.


Se kin it barren op it skerm net byhâlde, en har tinzen dwale ôf. Mei har pake en in buorjonkje sit se yn it hege gers ûnder de appelbeam. Se ha twa moaie, lange, rjochte stokken fûn. ‘Wol pake ús in pylk en bôge meitsje?’ Pake lit har sjen dat de iene stôk fierstente bûchsum is om in geskikte bôge fan te meitsjen. En de oare brekt er samar midstwa ... Oare kant de dyk is in boskje dêr’t iken en bjirken groeie, en dêr’t altyd wol dea hout ûnder leit. Mei har trijen sykje se geskikte stokken, foar elk ien, en foar de pylken wat tinnere. Even letter sitte it buorjonkje en sy as echte yndianen yn kleanmakkerssit ûnder de appelbeam, dêr’t heech boppe harren in protter him hearre lit: ‘Pieeeeeuw ...’ Pake krijt in stoel, en wiist hoe mei jirpelskylmeskes de skors fuort te heljen, kepen te meitsjen ek dy’t it toutsje op syn plak hâlde moatte. ‘En tink om ’e fingers.’ Hoe hiet dat jonkje ek wer? Beppe sjocht him noch sa foar har, in stoer boike mei wyt hier, like wyt as dat fan har beppesizzer neist har. ‘O nee, hin!’ ropt dy en iepenet in oar spultsje, wat mei race-auto’s. It buorjonkje en sy sitte yn it gers, hy hat it puntsje fan ’e tonge in eintsje ta de mûle út, sa docht er syn bêst. Underwilens snijt pake inkelde pylken, dêrnei helpt er mei de toutsjes de bôgen op spanning te bringen. ‘Ik sjit alle protters út ’e beam!’ ropt Harm stoer. Och heden, is ek sa, no wit se it wer: Harm hiet er ... ‘Dat wol ik sjen’, seit pake. ‘Pieeeeeuw ...’ fluitet de protter tusken it blêdte. Fersint se har, of klinkt it spotsk? Harm krijt syn sjitark, spant de bôge, en ... ‘pieeeeeuw’ sûzet de pylk troch de loft. Dy boarret him in pear meter fierderop yn ’e grûn. ‘O nee, hin’, klaget it jonkje neist har op ’e bank. Hy klikt it spultsje fuort, en giet op syk nei wer in oare game. Even sjocht er fansiden. ‘Ik bin wrâldkampioen bôgesjitten, beppe’, is it grutsk. ‘Ik sjit alle wylde bisten kroandea.’ ‘Ik ek’, seit se en komt oerein. ‘Of wol beppe soms sjitte? Wêr giet beppe hinne?’ ‘Geskikte stokken sykje’, seit se, en rint nei de doar. ‘Wat moat beppe no mei stokken?’ It jonkje ferliest syn ynteresse en sit alwer mei de noas boppe-op it skerm. ‘Sjitte’, seit beppe. ‘Dan ha ik fansels stokken noadich. Om in bôge te meitsjen. En pylken.’ It jonkje set grutte eagen op. ‘Echt?’ ‘Echt. Mar ik jei net op wylde bisten, hear. Net iens op protters. Mar ik, ik sjit alle appels út ’e beam. Ha ’k fan myn pake leard.’ ‘Echt?’ ‘Echt.’ It tablet giet oan kant. Syn waarme hân yn harres sette se tegearre nei bûten om stokken. ‘Beppe ...’ ‘Jahaa ...’ ‘Kin beppe my dat ek leare?’


FOARLÊSFERHAAL

Oan de itenstafel ‘Ha, lekker, pake hat aaien sean,’ kraait it âldste famke. ‘Ik fyn aaien net lekker,’ seit de jongste fan fiif, en se lûkt in gesicht as wie in aai kleare fergif. ‘It is wat mei dy,’ skodholje ik. ‘In sean aaike is dochs hearlik? Eartiids krige ik hast noait in aai. En dan moast ik it ek noch mei myn broer diele.’ ‘Dat is al hiel lang lyn, net pake?’ freget de âldste. ‘Wat die pake dan op bôle?’ wol de jongste witte. ‘No eh... sjem en sjokoladepasta en rûgeltsjes en...’ ‘Rûgeltsjes?’ Twa pear grutte ferhearde eagen sjogge my oan. ‘Hagelslach,’ lis ik út. ‘O, ja hagelslach, dat mei ik wol,’ knikt de jongste dy’t nochal in swietbekje is. ‘Sjem makke ús mem sels,’ fertel ik. ‘Fan ierdbeien en strinkjebeien en ek wol fan toarnbeien. Lekker hear! Us mem makke trouwens alles sels, se koe ek hiel goed ynmeitsje.’ ‘Mar pake!’ seit de âldste ferbjustere, ‘wie pake syn mem ek by it kuorkebaljen? Want ús trener seit altyd foar de wedstriid: Jim moatte se ynmeitsje! Hy bedoelt dêrmei dat wy winne moatte mei in hiel soad ferskil.’ ‘Wol fiif punten ferskil,’ demonstrearret de jongste mei útsprate fingers. Wy ha in misbegryp, dat ik fertel: ‘Us heit hie in grutte grientetún. Dat wy hienen altyd tefolle griente. Tsjinwurdich soenen wy dat allegearre yn ’e friezer dwaan, mar wy hienen doe noch gjin friezer. Dêrom moast ús mem dy griente ynmeitsje.’ ‘Hoe ynmeitsje, pake?’ ‘No, earst de griente siede en as it ôfkuolle wie, kaam it yn glêzen weckflessen. Dy weckflessen moasten luchtticht ôfsluten wurde en dan kamen se yn de kelder. Sa hienen wy yn de winter lekkere simmergriente. Mar ear’t de griente yn de wekflessen siet, moast der hiel wat dien wurde: myn broer en ik moasten bygelyks altyd beantsjekopje en -triedzje. Snijbeantsjes hoegden net yn wekflessen, dy kamen yn in brune Keulse pot: earst in laachje sâlt, dan snijbeane, wer sâlt, snijbeane, oant de pot fol wie. Dan in doek op de snijbeane, dêr in passende rûne planke op en dan kaam dêr noch in stien boppe-op.’ ‘Wy krije noait snijbeane, is dat lekker, pake?’ ‘Kinst dy dêr oan snije, pake? Lykas in mes?’ ‘Ja, it is lekker, en nee, kinst dy der net oan snije, mar se moatte snijd wurde. Mei in snijbeanemûne.’ ‘In snijbeanemûne?’ ‘Ja, in lyts mûntsje mei meskes. Dat mûntsje skroefst fêst oan de tafel. Der sitte twa gatten yn ’e mûne: foar de lytse en de gruttere beane. Dan draaie en de beane wurde snijd. Mar wurdst wol wurch fan dat draaien, hear. In buorman fan ús hie dêr syn nocht fan, dêrom sette er in kear de boarmasine oan it mûntsje. Mar dat gie te mâl, stikjes snijbeane fleagen oan de souder ta.’ Skriuwer Anders M. Rozendal

‘Ik wol letter ek sa’n snijbeanemûne ha,’ laket de âldste. De jongste komt mei wat oars: ‘Pake, wit pake wol wat ik hiel, hiel lekker fyn? Wraps!’ Se sjocht my oan fan: weagje it net en sis dat wraps nét lekker binne. ‘Wraps, hearlik,’ knik ik dus mar. ‘Makke pake syn mem ek wraps,’ wol se witte. Ik skodholje. ‘Nee, mar ús mem makke wolris boffert. Boffert mei krinten en rezinen, dát wie dochs lekker!’ ‘Mar fêst sa lekker net as couscous mei stikjes hin, fynsnijde paprika’s, stikjes sipel en oare griente,’ beweart de âldste. Ik jou it op. ‘Dêr hasto fansels gelyk oan. Mar sille jimme no efkes trochite? Aansen is de dei om.’


Een heerlijke warme maaltijd met persoonlijke aandacht Niet koken en toch lekker thuis eten? Vers uit onze keuken, wordt uw maaltijd warm bij u bezorgd. U kunt direct aan tafel en genieten. Ideaal als u (tijdelijk) minder mobiel bent en niet in staat bent om een maaltijd te bereiden of te verwarmen. Dagelijks een verse maaltijd Elke dag, zeven dagen in de week, kunt u de lekkerste warme maaltijden bij ons bestellen. Af en toe een warme maaltijd van ons ontvangen kan natuurlijk ook. U bent niet gebonden aan een abonnement en bestelt wanneer u wilt.

Eenvoudig bestellen Bestellen is heel eenvoudig. Aan de hand van de menukaart kunt u zelf uw maaltijd samenstellen. Uw vaste bezorger helpt u er graag mee. Natuurlijk kunt u of één van uw naasten de maaltijden ook online bestellen.

Maaltijd op maat Van Smaak bereidt en bezorgt al 50 jaar heerlijke en gezonde maaltijden aan huis. U kunt vertrouwen op de beste ingrediënten en uitstekend smakende gerechten die afgestemd worden op uw dieet of allergie.

Hulp voor een ander Kan uw vader of moeder niet meer elke dag een maaltijd bereiden? Ziet u als thuiszorgmedewerker dat zelf koken bij uw cliënt niet meer gaat? Van Smaak helpt u graag deze situatie op te lossen!

Vertrouwd gezicht Iedere dag wordt de warme maaltijd door een vaste chauffeur bij u thuisbezorgd. Een bekend gezicht aan de deur geeft een fijn gevoel. Er is tijd voor een praatje en de bezorger staat met raad en daad voor u klaar. Van Smaak kent de maaltijdbezorger de klant “ Bij persoonlijk. We houden ook een oogje in het zeil. Bij ongewone situaties melden we dat bij de vertrouwenspersoon van de klant.

- Eeltje Stelpstra, chauffeur Van Smaak Heeft u vragen of wilt u meer informatie? Bel onze klantenservice: 088 511 5400 of stuur een e-mail naar info@vansmaak.nl.


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Hidde (3) sit by beppe op ’e bank en moat even hoastje. Hy sjocht beppe oan en seit dan: ‘Ik ha macaroni!’ (hy bedoelt koroana)

Marie (10) stiet mei beppe Dieuwke by de waskline, en besjocht de klean fan beppe ris goed. ‘Is dat beppe har himdsje? Dan rekt dat wol hiel bot út!’

Mem fertelt Rienk (4) dat beppe har wc ferstoppe is. Rienk wit wol in oplossing. ‘Och mem, dan sykje ik him wol even op foar beppe!’ Fenna (2) pûlket yn har noas. Beppe sjocht dat en freget: ‘Wat sit dêr?’ Fenna antwurdet: ‘In gat!’

Luuk (2,5) is by pake op besite. As pake him foaroer bûcht om Luuk te helpen om syn skuon oan te dwaan, seit Luuk:

Dokter Fleur (4) kijkt in pakes oor en zegt: ‘Ik zie het al: oorlog!’

‘Pake hat in gat yn it hier!’

Jurre (3) sil mei pake de auto waskje. ‘Giet de auto no even nei de vaatwasser, pake?’

Joan (7) vraagt aan oma waarom ze geen opa heeft. ‘Dat is gewoon soms zo’, antwoordt oma. Maar Joan heeft wel een tip voor oma. ‘Je moet naar First Dates!’


OP PAKE KINST REKKENJE Rob Jetten sei it al: âlders dy’t harren bern yn dizze twadde lockdown sels ûnderwize moatte en dy’t thús ek noch harren baas tefreden hâlde moatte, sille de bern sjen as libjende ‘enkelbanden’. Jawis, der is wol needopfang, mar dy is bestimd foar de essinsjele of krúsjale beroppen en net foar âlders dy’t op in oare (minder essinsjele of miskien sinleaze?) wize thús oan it wurk moatte. Wat is it dan moai dat ik, pre-pensjonado en eksskoalmaster, byspringe mei by myn pakesizzer Juleine! Sa sit ik dan op tongersdeitemoarn tegearre mei har oan ’e keukentafel. Opdrachtbriefke fan skoalle, potlead en gom lizze al klear. Martsy, de knuffel dy’t tasicht hâlde moat op dit minyskoaltsje, Juleine en ik. Wy binne der ek klear foar, wy kinne los! Of nee, even wachtsje! ‘Wil pake eerst koffie?’ No, dat noasket pake wol, en Juleine makket mei de kofjemasine yn in pear tellen in (prima!) cappuccino, kompleet mei molke út in elektryske molke-opskommer. (Lúks! Ha ’k op myn skoallen noait hân...!)

Skriuwer: Thys Wadman Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Oan ’e slach! Groep 3, dus noch oan it begjin fan it lêsproses. Earst wurdsjes lêze. Hoewol’t ik by it (mei)lêzen wol fyn dat guon wurdsjes net echt oanslute by de ‘bernewrâld’, komme wy der trochhinne. Mar ik wit net wat hjirfan hingjen bliuwt… Dan is skriuwen oan bar, it skriuwskrift leit klear. Ofspraak: as der in rigel klear is, besjocht pake dy. Sjocht it der goed út, dan gean wy fierder. En it moat sein wurde: de earste rigels binne kreas! Mar de alderlêste rigel wie mooglik justjes tefolle, want dy is oeral troch de helplyntsjes hinne sakke. Utgomje slagget net, dan sa mar. Krol derûnder, klear! Efkes pauze. Mar net lang: it rekkenjen wachtet! Hjoed in drege opdracht: blokjes telle yn figuerkes. Juleine telt lûdop. Ik tel mei, mar hear en sjoch wol wêr’t it misgiet. Want… blokjes dy’tst net sjen kinst, hoechst dochs ek net te tellen? Ik fertel datst dy blokjes miskien net sjochst, mar wol meitelle moatst. Oars soenen dy oare blokjes ommers yn ’e loft hingje? Se sjocht my oan en tinkt der wat fan. Dan stekt se − alhiel yn har rol − in finger op. ‘Meester, mag ik even naar de wc?’ Dat ik dêr om laitsje moat, fynt se mar frjemd. It splitsen fan getallen is hjoed de lêste opdracht. Telramt derby en dan is it samar klear! Boppedat ek noch hielendal selsstannich! Ik haw myn eigen bern − lang lyn! − ek yn de klas hân en no’t ik myn pakesizzer sa folgje yn har dwaan en litten is dit winliks in aha-erlebnis. En dêr genietsje ik fan! Nije wike mar wer! Nee, foar pake is dizze learling gjin ‘inkelbân’, mar in hiel bysûndere gearwurking tusken myn pakesizzer en my!

32

33

Thys Wadman (1956), berneboekeskriuwer, muzikant en sûnt ferline jier âld-direkteur basisskoalle, is tydlik wer eefkes ûnderwizer yn syn priveeskoalle. Thys hat trije bern en trije pakesizzers.



mei Pake & Beppe

Wy wenje op ’e stâl De doar by elkoar platrinne dogge se net, mar it is wol fijn dat der altyd immen yn ’e buert is. Soe der wat wêze, dan binne se der foar elkoar, altyd. Tineke (31) en Geertjan (36) namen fiif jier lyn de pleats yn Harich fan harren heit en mem oer, yn goed oerlis. Aleta (58) en Roel Zuiderbaan (62) binne bliid dat it sa koe en wenje no yn ’e prachtich ferboude stâl. De nok sit op fiif meter hichte, yn it sicht twa grutte âlde houten balken dêr’t tsien moaie swarte lampen oan hingje.

Aleta: ‘We hawwe der gjin sekonde spyt fan hân, mar doe’t ús dochter Tineke mei it idee kaam, moast ik der earst wol eefkes oer neitinke hear. Roel woe fuortendaliks wol! Mar ik tocht: byinoar wenje mei de bern, dat is dochs wat foar âlde minsken? Ik wie krekt fyftich!’ Pakesizzer Teije (3) fljocht op syn fytske fan it iene hûs nei it oare. Tineke appt dan gau: ‘Teije komt deroan hear!’ Lytse Lyne (1) leit no noch rêstich by heit en mem yn ’e boks, mar dy sil letter ek har wei nei pake en beppe wol fine! ‘It giet allegear hiel natuerlik. Wy hawwe de iene kant fan ’e pleats, sy de oare. We hawwe beide ús eigen oprit en wy sjogge fan elkoar net wa’t der op besite komt. As de sûker op is, dan is it wol maklik: ien appke is genôch! Mar we hawwe direkt wol ôfpraten: we komme net samar by elkoar del. Dat moatst ek net wolle, we hawwe elk ús eigen libben.’

34

35

Tusken de wenningen sit noch it bedriuwsgebou, dat is wat dat oangiet in moaie buffer. It bedriuw wie fan Roel en Aleta, mar troch sûnensproblemen moasten se spitich genôch stopje. Geert Jan woe wol in diel oernimme, en sa begûn it baltsje doe te rôljen. It is moai dat it plak yn ’e famylje bliuwt en de nije wenning is moai wurden, hjir kinne pake en beppe wol âld wurde. Fiifentweintich jier hawwe Roel en Aleta op ’e pleats yn it hert fan Harich wenne, en no wenje se op ’e stâl!

Skriuwer: Marieke Vinckers Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Us húshâlding


10 tips

om te dwaan mei de pake- en beppesizzer

1

Jas oan, learzen oan en de natuer yn. Lit de bern lekker útraze yn de bosk of by de mar. Boartsje mei tûken, oer avontuerepaadsjes rinne, ferstopje en beppe en pake skrikke litte. En dêrnei … jouwe se harren fêst hiel rêstich del.

Gean tegearre op ûntdekking op de souder fan pake en beppe, wat lizze dêr noch foar skatten? Ferklaaiersklean, boartersguod fan heit of mem, boeken en fêst noch folle mear. Nim it moaiste guod mei nei ûnderen en boartsje mar.

3

Bakke! Koekjes, cakejes of in taart, beppe en pake hawwe fêst in eigen spesjaliteit, har eigen famyljeresept dat fansels oerdroegen wurde moat. En sis no sels, wat is der no lekkerder as ûnderwilens sline fan it beslach en snoepe fan it lekkers.

2

4

Klusjes dwaan yn en om ’e hûs. Beppe helpe mei it itensieden of skjinmeitsjen, pake helpe mei de klusjes om ’e hûs hinne, bern helpe graach, foaral as it net moat. En net ferjitte om ûnderwilens gesellich by te praten.

5

Fotoboeken besjen. Doe’t pake en beppe nei skoalle gienen wie dat hiel oars as no, ek it doarp of de buert seach der oars út. Pak de fotoboeken derby en fertel oer hoe’t it eartiids wie en freegje nei hoe’t it hjoed-de-dei by de bern giet.

6

Nifelje is foar alle leeftiden moai om te dwaan, brûk dêrfoar bygelyks de knopepot, de âlde lapkes of de ynhâld fan de krantebak. Gjin ynspiraasje? Sjoch ris op Pinterest foar de moaiste knutselideeën.

7

In spultsje dwaan mei pake en beppe, watfoar spultsjes ha pake en beppe yn de kast? Memory, Monopoly, ganzenbord of in sjoelbak, sykje meiinoar in spultsje út. Wa wint?

Pak in boek, beppe hat fêst noch wol wat moaie foarlêsboeken yn de kast stean. Pak in boek, in bakje tee en wat lekkers en krûp tegearre op de bank. Beppe of pake hat fêst alle tiid om foar te lêzen.

8


Skriuwer: Douwkje Douma

9

Hutten bouwe. By min waar yn de keamer, by moai waar bûten. Brûk wat der foarhannen is, sa as lekkens, waskrek, tafel, planken, kessens ensfh. En as de hut klear is? Dan is it tiid foar wat drinken en lekkers yn de hut fansels.

36

37

Bouwe mei duplo, lego, blokken, wat der mar is. Wa makket de heechste toer? En wa de moaiste autogaraazje of it leukste poppehûs?

10


Soarch en wolwêzen yn eigen taal We prate it maklikst yn ús memmetaal. Oft dat no it Nederlânsk, Frysk, Biltsk of Dútsk is. Sadree’t we emosjoneel wurde of it om ús gefoelens giet, is dy memmetaal fan grut belang. In protte soarchorganisaasjes hawwe omtinken foar de memmetaal en stimulearje harren klanten ek om har eigen taal te brûken. Sjoch mar ris nei de foarbylden op de website friesindezorg.frl en lês wêrom’t de soarchprofessionals dat sa belangryk fine.

Alderein Benammen yn de âldereinsoarch wurdt der sterk ynsetten op it oansluten by de taal fan de klant. Wannear’t we âlder wurde en der komme problemen mei it ûnthâld, dan falle we werom op ús earste taal. Spesjaal foar de âlderein hat de Afûk dêrom materialen makke foar aktiviteiten yn de eigen taal. Wannear’t it lestich wurdt om de ferhalen fan hjoed-de-dei by te hâlden, kin weromgripen op de eigen ferhalen út it ferline hâldfêst jaan. It docht goed om fertelle te kinnen en de ferhalen te dielen. Op de website friesindezorg.frl/activiteiten wurde de ûnderwerpen dy’t ek op de folgjende siden oan ’e oarder komme fierder útwurke foar in goed gesprek mei pake en beppe, foar in aktiviteit yn in groep yn it âldereintehûs of wyksintrum of om gewoan sels wer even werom te dûken yn de tiid fan doe.

Pake en beppe fertel ris Dizze pake&beppe stiet fol ferhalen oer eartiids, oer skoalle, it boartsjen en freonskippen. Dy ferhalen binne belangryk om oantinkens op te heljen oan doe, om wer nije ferhalen op te heljen út in fier ferline. Op de folgjende siden kinne ek jo dy ferhalen ophelje en fêstlizze foar jo bern(sbern). Oan ’e hân fan de útspraken fan oare pakes en beppes, de werkenbere foto’s en de koarte ferhalen en filmkes komme dy ferhalen grif nei boppen.


Wolst mear dwaan mei it Frysk of ynsjoch krije yn dyn eigen taalgedrach? Der binne ferskate mooglikheden foar dysels, dyn bedriuw of organisaasje of de feriening of klup yn dyn doarp of wyk.

Taal op it wurk Dizze wurksjop is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk. Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is it? En taal op it wurk: hoe fielt dat eins foar dy? Brûksto taal as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich? De wurksjop is bedoeld om ús bewust te wurden fan ús taal en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta eksperimint en aksje. De workshop is geskikt foar alle bedriuwen, organisaasjes en oerheden. Wolst mear witte oer de workshop? Nim kontakt mei ús op fia praatmarfrysk@gmail.com. Psychology fan dyn taal In training oer ‘taalgedrach en -gewoanten’, dy’t in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ training, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêr’tst net by stilstiest.

38

39

De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switchen as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoanten. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan ’e slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifike situaasje en dyn ferhaal. Hast belangstelling foar dizze workshop? Foar dysels, foar dyn doarp of feriening? Sjoch op www.praatmarfrysk.nl/taalpsychology foar mear ynformaasje of stjoer in mail nei praatmarfrysk@gmail.com. Frysk leare? Wolst Frysk ferstean, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte fan de taal, kultuer en skiednis fan Fryslân? De Afûk biedt rûnom yn de provinsje kursussen oan. Sjoch op de website kursus.afuk.frl foar it folsleine kursusoanbod.

Skriuwer: Douwkje Douma

Mear dwaan mei it Frysk?


De moaiste ferhalen

om foar te lêzen oan de bernsbern Elk bern fynt it hearlik om foarlêzen te wurden. Ek âldere bern! It fersterket de ûnderlinge bân, it fergruttet de wurdskat, it taalgefoel wurdt ûntwikkele, mar boppe-al is it hiel leuk en gesellich. Wy ha in oantal moaie foarlêsboeken foar jim opsocht dêr’t losse ferhalen yn steane. In protte foarlêswille tawinske!

€ 26,99

3+

Jip & Janneke (Annie M.G. Schmidt) Alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes Jip en Janneke binne byinoar brocht yn dit boek. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip! Dach Janneke!” Mei in soad yllustraasjes yn swart-wyt én yn kleur. In moai ynbûn boek fol foarlêswille, dat yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Afke: “Wy lêze ús beppesizzer Anna (3) alle kearen at se komt foar út ‘Jip en Janneke yn it Frysk’. Se fynt it prachtich! Se freget der alle kearen wer om.”

4+

€ 17,50

Myn moaiste mearkes ‘Myn moaiste mearkes’ is in prachtich dik mearkeboek. It hat in protte moaie platen, dy’t goed yn ferhâlding binne mei de tekst. Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy’t dy helpe wolle… Dizze spesjale samling ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren. Amanda: “It ferhaal is op in leuke wize skreaun en troch alle tekeningen derby poer geskikt foar beukers. It is grappich skreaun en wykt soms wat ôf fan hoe’t it orizjinele mearke skreaun is. Readkapke stroffelt oer de wolf en bringt grientesop by beppe.”

10+

It Spûkskip (Lida Dykstra) De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet… Mar oft har ferhalen no grappich, grizelich of oangripend binne, skriuwster Lida Dykstra wit de lêzer troch har linige en meinimmende skriuwstyl hieltyd wer te ferrassen.

€ 14,95

Wieke: “In boek mei ferskate ferhalen, geskikt foar bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Foar elk is der wol in ferhaal dat oansprekt.”

Oare moaie boeken mei ferhalen: Tomke’s foarlêsfeest (3+) It Grutte Foarlêsboek II (3+) Bartele Bûse (6+) Sirkus PeM en de ûlewapper (6+) De boel op stelten (9+) Alle boppesteande boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl


De tsien moaiste Fryske boeken om sels te lêzen It deiboek (Janny van der Molen) In twatalich ferhaal oer in Frysk famke fan doe en in ‘Hollânske’ jonge fan no: wat hawwe dy mei-inoar te krijen? Wat is der oan ’e hân mei in skilderij en hokker rol spilet it deiboek fan Jehannes de Groot? In (foar in part wier bard) ferhaal oer striid, moed én echte freonskip. Basearre op de reade striid fan Geertje Kleefstra fan Reduzum oan de ein fan de 19e iuw. Reina: “‘It deiboek’ is in boek oer freonskip, nea opjaan, dyn stim heare litte en inoar helpe. Troch it hinne en wer gean yn ’e tiid en it moai klopjende ferhaal mei spanning deryn is it in prachtich boek om sels te lêzen of foar te lêzen.”

€ 16,50

It sjaaltsje (Hylkje Goïnga)

€ 7,50

Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ’e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.

€ 16,50

Pieter: “It is in moai boekje fanwege dy ferhalen, se lêze maklik. En dêrmei lit ik daliks ien fan de keunsten sjen dy’t Hylkje yn har skriuwen hie. Maklik lêsber skriuwe kinne is in keunst. It giet yn alle tsien ferhalen om situaasjes dy’t elk him yntinke kin. Dy’t jo en my oerkomme kinne. Dat gegeven, neist de maklike lêsberens, makket de keunst noch wat grutter.”

De grize oer de grouwe (Sjoerd Bottema) Goeie ferhalen meie altyd wer op ’e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Berber: “Het is kundig en met precisie geschreven. Er zit humor in en er wordt heel beeldend verteld. Verder is het spannend, maar niet té spannend. Echt een aanrader voor mensen die van volks- en vroegere verhalen houden, maar dan met een twist!”

40

41

Oare prachtige boeken om sels te lêzen: Stinzenplanten in Fryslân We strûpe derûnder (Gjalt de Groot) It kweade wiif fan Hylpen (Mindert Wijnstra) Tsien fan Hylkje (Hylkje Goïnga) It guozzeroer (Rink van der Velde) Jacht op de Codex Frisicus (Willem Schoorstra) De raven (Elske Schotanus) Alle boppesteande boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl


Mei de bernsbern Pake Jaap en Beppe Regina út Wommels op de foto mei Naomi, Thomas, Ezra, Boaz* (it bearke stiet symboal foar Boaz) en Mias.

Beppe Tineke út De Jouwer mei Bente, de jongste beppesizzer fan de famylje.

Pake Jouke en Beppe Sietske út Eastermar binne hiel bliid mei harren earste pake- en beppesizzer Sietske.

Watze mei graach even mei Pake Thom út Wânswert op it oargel spylje en moaie ferskes sjonge.

Pake Gerrit en Beppe Baukje út De Westereen mei Dani yn it bosk.

Pake Thies en Beppe Jacoba út Dokkum koroanaproof op fakânsje nei It Amelân mei Anne, Marrin en Jens.

Pake Bauke út Wytmarsum is moai fuort mei pakesizzer Marije.

Pake Freerk en Beppe Sietske út Burgum mei harren bernsbern Mats.


op de foto! Beppe Geertje út Dolsterhuzen mei Famke en Jelte, hearlik boartsjend yn it sân.

Pake Pieter út Lúnbert mei Sverre yn itselde shirt. Pake Simon en Beppe Hillie út Eastermar mei de jierdeifierende twilling Janna en Mayke en sus Wytske. Beppe Ky út De Jouwer sjocht mei Benthe wat der allegear bart.

Pake Taeke út Hantumerútbuorren hâldt lytse Juna hjir foar it earst fêst.

Pake Geart út Burgum hat help fan pakesizzer Marrit yn it hea.

42

43

Beppe Henderika út Jobbegea hat gesellich alle moandeis en woansdeis beppedei mei Riemer, Jelmer en Jildau.

Beppe Annie út Warten grutsk op de foto mei har jongste oerbeppesizzer Maes.


Skriuwer: Ciska Noordmans Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

In freondinne foar it libben


It foarfal op 12 juny 1979 wie in markearpunt yn it libben fan Reny Mous (59) en Maaike Greydanus (58) út Jirnsum. De twa-ienheid spatte útinoar, mar se binne freondinnen foar it libben. Al mear as 45 jier en foar altyd.

Reny en Maaike treffe inoar yn de earste klasse fan it lhno. Maaike streamt krekt wat letter yn en Reny fynt it nije famke ynteressant, ‘ferfrissend, en oars as alle oare famkes’. It klikt tusken de fammen. ‘We dagen inoar út,’ fertelt Maaike, ‘it wie in fantastyske tiid. By de itensiedersles smieten we it deech tsjin it plafond en wienen slop fan ’t laitsjen as it wer nei ûnderen kaam. En as we ús dan melde moasten by de konsjerzje, hiene wy ’t dêr ek gesellich.’ Reny fertelt: ‘Yn ’t wykein sliepten we byinoar en gongen we op stap nei ’t jeugdsintrum. Altyd hiene we it spikerjaske oan, sjek yn ’t rjochterbûske, ús hier smarden we mei sjippe yn en drûgen we, mei de holle foaroer, foar it straalkacheltsje.’ It libben is soargeleas en de problemen net grutter as te min bûsjild en tefolle freontsjes. De froulju helje har diploma en sille tegearre de wrâld ferbetterje. Sy skriuwe har yn foar de oplieding KVJV – kinder- en jeugdverzorging − en toere op de brommerkes nei Ljouwert. Oant dy dei yn 1979. Reny is wat dryster, ek yn ’t ferkear, en rydt foarop. Yn Ljouwert rekket har stjoer yn ’e knoop mei dat fan in fytser en tegearre bedarje se ûnder de tsjillen fan in frachtwein. Maaike is taskôger. Mei de ambulânse fleane se nei ’t sikehús. Reny har skonk is ferbrizele, mar dat fielt se net. It foarfal bliuwt har altyd by. ‘It ienige wat Maaike sizze koe, wie: Reny, Reny, Reny. Wol 1000 kear. Sy wie yn shock. Ik wie sa bliid dat Maaike by my wie. Ik ha har frege oft se myn bril even oppakke woe.’ Maaike: ‘De bril lei njonken dy fan de fytser. En dy ha ’k net oppakt. Dêr bin ik eins noch beroerd fan.’ It frommeske op ’e fyts oerlibbet it net. Wylst Reny refalidearret, studearret Maaike fierder. Maaike: ‘Ik moast net seure, sei ús heit. My mankearre ommers neat? Mar it fielde sa ûnearlik. Wy soene tegearre en no moast ik allinne. Ik hie fertriet, mar gûle mocht ik net.’ ‘Fansels hiesto slachtofferhelp ha moatten,’ reagearret Reny wylst se de triennen út de eagen wriuwt, ‘dat fyn ik no sa erch achterôf. Yn dy tiid rekken ús libbens wat útinoar. Doe’t ik nei moannen

44

45

refalidaasje wer rinne koe, gong ik ris in dei nei Maaike ta, dy’t doe al op harsels wenne.’ De beide froulju sjogge inoar wer oan. Maaike: ‘We ha gûld. Tegearre hiene we it ûngelok noch noait beprate en ferwurkje kinnen. Sûnt dy tiid wiene we wis: we litte inoar noait mear los.’

‘We ha gûld. Tegearre hiene we it ûngelok noch noait beprate en ferwurkje kinnen.’ Mar der feroare mear. Reny: ‘Earst naam ik Maaike faak by de hân en rûn ik foarop. Troch myn ûngelok feroare dat en kaam it mear yn ’t lykwicht.’ Maaike studearret fierder, mar stapt noait wer op in brommer. Reny en Maaike trouwe, gean mei syn fjouweren op fakânsje, en diele alles mei-inoar. En doe’t Maaike ferhuze nei Jirnsum wie Reny de kening te ryk. Maaike: ‘It giet der net om hoe faak we inoar sjogge, mar dat we witte dat we alles by inoar kwyt kinne. Soms fertel ik Reny wat, en besef ik dêrnei pas hoe heech it my eins siet.’ Reny follet oan: ‘Ik fiel my better mei Maaike. Ek as der wat is, en oeral is wolris wat, ik gean altyd fleuriger by har wei. Lichter.’ Tsjintwurdich diele de froulju de folgjende faze, en it hûs fol mei boartersguod tsjûget dêrfan: se binne beppe wurden. De bernsbern binne in tankber ûnderwerp yn de petearen. De eagen ljochtsje op. Reny: ‘Myn beppesizzers neame har beppe Maaike.’ Maaike: ‘En do bist ek beppe foar myn beppesizzers.’ It jout mar oan hoe’t de twa libbens mei-inoar fergroeid binne. ‘Us bern ha net byinoar op skoalle sitten,’ fertelt Maaike, ‘mar doe’t ús âldste soannen in jier of 16 wiene, lutsen se hieltyd mear nei inoar ta. No binne it bêste maten. Sy binne der foar inoar. Dat fine wy hiel bysûnder, mar tagelyk ek hiel gewoan. Wy snappe wol wêrom’t it sa goed past.’


Hop hop hop, hynke yn galop oer de sleatten, oer de stekken, mar pas op foar ’t SKONKJEBREKKEN. hop hop hop, hynke yn galop!

&


‘Wy geane nei buorman Piter’, seit Kornelia. ‘Doch dyn nije iPad mar út, Tomke.’ Buorman wennet no yn in grut hûs. Auck Peanstra By allegear oare pakes en beppes. Tomke stoppet syn iPad yn de rêchtas. Buorman Piter sit al te wachtsjen yn syn rolstoel. Eefkes letter sitte se oan de tee mei in koekje. ‘Ik ha in nije iPad’, seit Tomke. ‘Wol buorman him eefkes sjen?’ Tomke hellet de iPad út ’e tas en set him oan. ‘Wat is dat no wer foar ding?’ freget buorman. ‘Kinst hjir filmkes op sjen’, leit Tomke út. ‘Ik sykje wol eefkes ien op.’ Buorman sjocht nei in filmke mei autootsjes. ‘Dogge jim dit de hiele dei?’ freget er dan. ‘Wy boarten froeger altyd bûtendoar. Sa’n ding hoech ik net. Neat foar my.’ Tomke siket in spultsje op. ‘Wat is dat no wer?’ freget buorman. ‘Tomke docht in spultsje’, seit Romke. ‘Ik ha al in hieleboel punten’, ropt Tomke bliid. ‘Wol buorman ek in kear?’ ‘Ik bin net gek op dy fratsen’, seit buorman.

46

47

‘Kin dat ding net op ’e kast? Dan kinne wy eefkes gesellich prate. Bist hjir ommers op besite.’ Tomke leit de iPad op de kast. Se krije noch in gleske drinken. Buorman Piter fertelt grapkes. De middei is samar foarby. Kornelia sjocht op har horloazje. ‘Is it al sa let?’ ropt se. ‘Wy moatte fuort, Tomke en Romke.’ Thús sil Tomke syn iPad pakke. Mar wat is dat no? Hy sit net yn de tas. ‘Kornelia, myn iPad is fuort’, ropt er. ‘Hy leit noch op ’e kast by buorman Piter.’ Se drave werom. En dêr sit buorman. Mei de iPad! Hy is drok dwaande mei Tomke syn spultsje. ‘Ik ha de heechste score helle. It record! Fine jim dat net knap fan my?’ ropt er bliid. ‘En sil ik jim noch wat fertelle? Moarn keapje ik ek sa’n ding.’

Skriuwer: Riemkje Pitstra Yllustraasje: Luuk Klazenga

Wêr is Tomke syn iPad?

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.frl en meld dy oan foar de nijsbrief!


Pippi yn it Frysk! Nij!

€ 22,50 websjop.afuk.frl