heit & mem nr. 2 2021

Page 1

gratis & fergees

NR.2 2021

Gearstalde húshâldingen Tips Ongesteld tegen ochtendstress Relatiecoaching op de basisschool MEI FOA RL Ê SFERH A L EN, DE NI JS T E BERNEBOEKEN, Ú T KNIPPL AT EN EN NOCH FOL L E ME A R…


Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Elke dag een mooie dag!

Gewoon geweldig

• kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang

... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân, Harlingen, Smallingerland, Weststellingwerf en De Fryske Marren.

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl

T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl

Vragen? Bel: 088 – 035 0400

kinderwoud.nl

Zwanger?

Tineke Elzinga en Klaske Lyklema zijn er voor jullie in deze bijzondere periode.

Grote avonturen beginnen klein Wij begeleiden je graag tijdens je zwangerschap, je bevalling thuis of in het ziekenhuis en tijdens je kraamperiode.

T/M 9 JANUARI 2022 Ga voor tickets naar:

Contact:

Spreekuurlocaties:

(0512) - 540 510

Drachten

info@verloskundigenpraktijkwolkom.nl

Surhuisterveen

www.verloskundigenpraktijkwolkom.nl

Harkema

NATUURMUSEUMFRYSLAN.NL


Ut it twatalige omkearboekje: A is fan aapke - It biste-alfabet fan útjouwerij Afûk. Skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije Dam.


NR.2

FAN DE REDAKSJE

38

Hieke Rienstra (redakteur) ‘Ik kin it net!’ Wylst ik besykje om it hûs oan kant te krijen, besiket Yfke in oaljefant nei te tekenjen. Krekt fiif jier, en dan sa prachtich tekenje kinne. Fiif jier, en dan no al sa perfeksjonistysk. Fan wa soe sy dat dochs hawwe… Tiid om ris goed nei de tips op side 38 te sjen. Ik hoopje dat sy leare sil dat sy it geweldich docht, dat sy yndie (noch) net alles kin en net oeral de bêste yn hoecht te wêzen. En boppe-al wille hâldt yn it tekenjen. Want mei wille tekenest de moaiste oaljefanten…

34

Ciska Noordmans (redakteur) Doe’t de redaksje my frege foar in petear mei de relaasjecoach, naam ik dy opdracht mei alle wille oan. Dizze kear woe ik graach nei ’t bûtengebiet, foar in Fryske ‘touch’. Ik bedarre yn Turns, in skilderachtich doarpke ûnder de rook fan Snits. Dêr hie ik in moai petear mei Willemijn Tichelaar. Net yn it Frysk, mar eyeopeners all over. Sy dielde har bêste 10 tips mei heit&mem, sjoch side 34.

Kolofon

Redaksje: Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Ciska Noordmans Skriuwers: Sjoukje de Boer Andries Jelle de Jong Carina Klinkvis Marrit de Schiffart Froukje Sijtsma Berber Spliethoff Marieke Vinckers Erwin van der Veen Tjalling de Vries Klasina van der Werf Nynke van der Zee Fotografy: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Korreksje Ytsje Steen-Buwalda Printwurk: Ink69 www.ink69.be Redaksje-adres/útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Distribúsje: Heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 38.500 eksimplaren. Der wurdt

wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. Dizze heit&mem is it twadde nûmer dat yn 2021 ferskynd is. Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte dy’t fia de gemeente yn it Taalkado ferspraat wurdt. Heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. De heit&mem is fansels net allinne foar heiten en memmen bedoeld, mar ek foar alle oare opfieders fan bern fan 0 oant 12 jier. Heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en in protte oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl

Losse nûmers: Losse nûmers kinne besteld wurde fia websjop.afuk.frl, foarsafier op foarried. ISSN: 1878-4437 Heit&mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Nynke van der Zee (skriuwer) Twister, UNO, Monopoly, Ticket to Ride, Yahtzee en De kolonisten van Catan. By ús thús leit de kast fol mei spultsjes. It is noch neat yn fergeliking mei spultsjewinkel De Spellekijn yn Ljouwert. Eigener Annetol Griskov naam my mei yn de wûndere wrâld fan de spultsjes en lei my út dat nimmen oer syn ferlies kin. Hoe âld ast ek bist. Gelokkich mar, want ik bin sels ek net sa’n goeie ferliezer...

24

44

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) ‘Sjit no op! Doch dyn skuon no oan! Aanst komme wy te let op skoalle!’ Foarhinne koe ik moarns in echte stresshin wêze. Oant ús dochter Maaike destiids de legindaryske wurden sei: ‘As mem no wat rêstiger oan docht, dan hoecht mem ek net sa hurd!’ Sûnt dy tiid doch ik it oars. Ik lis alles de jûns fan tefoaren klear, sels de jassen, de tassen en de skuon (want hoe faak oft wy moarns wol net om dy twadde skoech socht hawwe...). En no kin ik earlik sizze dat der wer kalmte is, moarns betiid yn huize Van der Meer. Want moarns is in momint om rêstich wekker te wurden, mei-inoar te iten, in kopke tee te drinken en oer inoars dreamen te fertellen. Ja, wy dogge no moarns lekker rêstich oan, want it is echt wier, dan hoege wy ek net sa hurd. ;) Sjoch op side 44 foar handige tips!

ynhâld 03 A is fan Aapke 04 Kolofon 06 heit&mem post 08 Iten foar skoalbern 11 Kollum Andries Jelle de Jong 12 Gearstalde húshâldingen 15 Help, ik ha bern! 16 Menstruatie op de basisschool 18 Sa prate wy thús 19 Over meertalig opvoeden 21 Bernepraatsjes 22 Us húshâlding 24 Tegearre spultsje dwaan 27 Kollum Sjoukje de Boer

4

5

28 Tomke en ik 30 Afûk-boekpanel 31 Fryske berne-apps 32 Nije boeken! 34 Je relatie heeft topprioriteit 37 Kollum Tjalling de Vries 38 Zelfvertrouwen 40 In Fries om utens 42 Kollum Berber Spliethoff 43 Ferske 44 Tips tegen ochtendstress 46 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

post

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Hoi, ik bin Bjorn Pander, 12 jier en ik wenje yn Balk. Ik sit op it CSG Bogerman yn Balk, 1e klasse Basis/Kader. Myn hobbys binne fiskje, game en fuotbalje. Ik bin al jierren keeper bij V.V. Balk en spylje no by de JO-14. Wat ik letter wurde wol? MODEL!!! Dat liket mij echt leuk! En dan foaral yn ’e kleanyndustry. Posearje, oer de catwalk, op de cover, de hiele wrâld oer! Ik fûn it hartstikke leuk om foar de heit&mem op de foto te kommen. It wie moai waar en de fotograaf wie super aardich en entûsjast oer my.

Frysk op Bonaire Wy wenje no in pear moanne op Bonaire mei ús húshâlding, Renske (keunstneres), John (timmerman) en Fosse (3) en Pelle (6 moanne). We komme hjir foar it aventoer, it moaie waar, de natuer en om te (kite) surfen. De bern kinne hjir alle dagen lekker swimme en wy binne de hiele dei bûten. Grappich om hjir te sjen is dat wy lang net de iennichste Friezen binne dy’t sa tocht hawwe. Geregeld komme wy hjir Friezen om utens tsjin. Wy prate hjir eins noch mear Frysk as doe’t wy yn Harns wennen. Wy ha foar de grap al sein dat wy hjir wol in klupke oprjochtsje kinne. Thús prate we ek Frysk mei de bern, mar op de opfang en aanst op skoalle hearre se ek in protte Papiaments, Spaansk en fansels Nederlânsk. Ik tink dat dat allinnich mar goed is, seker no’t se lyts binne. Ik sil altyd Frysk praten bliuwe tsjin ús bern mar ik wit net wêr’t se letter sels foar kieze. It kin wêze dat se tinke: ‘net ien ferstiet my, ik moat mar Hollânsk prate’. Want Fosse hat wol meimakke dat er yn it Frysk tsjin oare minsken prate en dat de minsken him net snapten. Dan moatte wy it oersette. Ik wit net at dat in bern ûnwis makket. Mar as hy aanst wat âlder is dan kinne wy dat wol útlizze. Yn elk gefal leare wy se Frysk, want ik fyn it hiel belangryk dat de Fryske taal trochjûn wurdt oan de bern.

Oankrûpmomintsje Dizze foto strielet betrouwen út tusken broer en sus: Aelke Theo (8 jier) en Jeltsen (3 jier) Conradi út Dronryp, fleane elkoar regelmjittich yn it hier, mar o, o, se kinne net sûnder elkoar! Dit is sa’n oankrûpmomintsje! Groetnis fan grutske beppe Jeannette

Pake’s naamgenoot Hierbij stuur ik een foto van pake Jaap Spoelstra en zijn jongste kleinkind en naamgenoot Jens Jacob Spoelstra uit Joure. Pake is tige wiis mei dit moaie mantsje! Met vriendelijke groet, Ytje Spoelstra-de Schiffart


Poppe fan de moanne Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

maaie 2021

juny 2021

july 2021

Thom Rodermond út Dronryp (berne op 03.12.2020)

Martinus Verbeek út Brantgum (berne op 05.03.2021)

Eelke Jacob Minkema út Balk (berne op 25.04.2021)

augustus 2021

septimber 2021

Fenna Wijnia út Balk (berne op 11.04.2021)

Dieke Zonderland út Minnertsgea (berne op 25.06.2021)

Wisto dat… • Tomke dit jier 25 jier wurden is? • der twa nije Tomkeskriuwers binne, nammentlik Reina Smeink-Kroodsma en Berber Spliethoff? • wy fergees dyn Fryske bertekaartsje neisjogge? Mail dyn tekst yn Word nei ynfo@heitenmem.nl • der in nije oerset-app te krijen is? Sjoch: oersetter-app.nl

Boerd­ spultsjes mei bern

6

7

Yn ’e stress om de bern op tiid nei skoalle te krijen

Dyn dochter fertelle oer it ûngesteld wêzen

Alle wiken date-night mei dyn partner

Griente as ‘tussendoortje’ foar dyn bern

JA NEE


Skriuwer: Klasina van der Werf Yllustraasjes: Kinderdieetcreatie

Wat dochsto yn it bôletrompke fan dyn bern?


Wat kinst no it bêste yn it bôletrompke fan skoalbern dwaan? En hoe giest om mei bern dy’t altyd mar roppich binne? Wat joust se as se út skoalle komme? Moatte se ek ekstra fitaminen ynnimme? Bernediëtist Marijke Tuinhof (31) fan Dieetstyle yn Dokkum fertelt wat skoalbern nedich ha.

Marijke wit út ûnderfining hoe lestich oft it soms is om bern oan it iten te krijen. Sels hat se twa bern fan krekt 5 en 3 jier. In famke en in jonkje. ‘Mei de âldste giet it iten goed, mar de jongste is in sinnige iter.’ In goed advys foar sûne bern op de basisskoalle (dus net bern mei medyske klachten) is folkoaren bôle, crackers, roggebrea, wraps of in broadsje. ‘Yn elk gefal is it wichtich om foar folkoaren te kiezen, want hoe mear fezels, hoe mear fieding. Ik fergelykje it foar bern altyd mei in ynpakt kadootsje. Folkoaren is in feestje foar it lichem. Bern ha it ek nedich, want se kinne der goed fan poepe. Foar bern mei in prikkelbere term ried ik speltbôle oan, mar dan wol 100% folkoaren. Goed de etiketten lêze, dêr stiet it wol op.’

8

9

Pimp dyn bôle Mar wat smarst dan op ’e bôle? Ek dêryn is Marijke dúdlik. ‘Bûter, nútsjesmoar, meagere tsiis, kipfilet of griente en fruit. Kinst dyn bôle bygelyks “pimpe” mei komkommer, in bledsje slaad, avokado, ierdbei of banaan’, fertelt Marijke. Neffens de “skiif fan fiif” binne jam, appelstroop en sandwichspread net tastien, mar dêr hat Marijke net sa'n muoite mei. ‘It moat ek praktysk wêze.’ Yn hagelslach sitte hielendal gjin fiedingsstoffen, dus dat is net oan te rieden op bôle, mar ek dêryn kinst neffens Marijke in tuskenwei sykje. ‘Bygelyks allinnich hagelslach yn it wykein. Hoechst dyn bern ek net alles te ûntsizzen.’ Ek suvel is hiel belangryk, dat wurdt neffens de diëtist noch wolris fergetten.


� Wat ek hiel lekker is: dadel mei nútsjesmoar, dat priuwt nei Snickers.’

It is goed dat bern healfolle molke, sûpe of soajamolke by it middeisiten krije. ‘Yn elk gefal gjin yoki. Drinkyochert soe noch kinne, mar net tefolle, want dêr sitte swietstoffen yn.’ ‘Ik ha sa’n honger’ ‘Ik ha sa’n honger’, sizze guon bern as se út skoalle komme. Wat dochst dan? ‘Njoggen fan de tsien kear drinke bern dan te min. Toarst en honger lizze ticht byinoar. Op it momint dat bern toarst hawwe, is it eins al te let.’ Wat neffens de bernediëtist ek meispilet, is hoe fluch oft der iten wurdt. Hoe flugger asto ytst, hoe minder gau ast sêd bist. ‘Dêrom bin ik ek net sa bliid mei it kontinuroaster,’ seit Marijke. ‘As mem wol hear,’ laket se, ‘mar fan myn wurk wit ik hoe belangryk it is om stadich te iten en dat giet op skoalle te’n koste fan de boarterstiid. Eins moatst wol tsien oant fyftjin kear kôgje foardatst in hap trochslokst. It ytregelsintrum yn ’e harsens hat tweintich minuten nedich om in goed sinjaal ôf te jaan nei de búk’, leit Marijke út. Wetter is better Oer watst de bern joust as se út skoalle komme is de bernediëtist dúdlik: fruit, griente of in hantsje nuten en drinken. ‘It leafst wetter, mar tee of fruchtesiroop mei ek. En griente en fruit kin fan alles wêze. Fariaasje is it kaaiwurd, safolle mooglik ferskillende

kleuren. Fan snoeptomaatsjes en komkommer oant in banaan of in apel. Manda­r yntsjes binne ek sûn, mar wol lyts, dêr kinne bern wol twa fan hawwe. Wat ek hiel lekker is: dadel mei nútsjesmoar, dat priuwt nei Snickers. En dan it leafst “100% pindakaas”. Paprika en hummus fine ús bern hearlik. Sels let ik ek op wat yn ’e oanbieding is, dat is dan faak it fruit fan it seizoen.’ ‘Sûne koekjes bestean net’ In koekje by de tee is neffens Marijke net mear fan dizze tiid. Sûne koekjes bestean net. Dêr sitte tefolle sûkers en te min fiedingsstoffen yn. ‘En dy fiedingsstoffen binne no krekt sa belangryk. Dêrom is it ek goed om trije of fjouwer opskepleppels griente deis te iten. Meastentiids bliuwt it mar by ien of twa. As bern gewoan normaal ite, dan hawwe se ek gjin ekstra fitaminepillen nedich. Utsein dan bern oant 4 jier (fitamine D) en bern mei in donkere hûdskleur.’ Yn teory heart it allegear hiel logysk, mar hoe krijst dat yn ’e praktyk foarinoar? Hoe soargest derfoar dat dyn bern it krekte oantal fiedingsstoffen binnen kriget? Marijke: ‘Gewoan dwaan, mar net tefolle yn ien kear feroarje. Hâld it foaral gesellich oan tafel. En sa no en dan in snoepke, koek of sjips moat kinne. It bliuwe bern.’


STRONT & STRIE

Opgroeie mei romte, greiden en bisten. Boartsje mei de bok, knuffelje mei kninen, klauterje yn it bosk en in hut meitsje fan âlde gerdinen. It heart as in jongesboek en dat is no krekt wat wy hjir op De Tike oan ’t skriuwen binne. Net écht fansels. Fiktyf. Want hast elke dei liket him hjir ôf te spyljen as in spannende episoade út De Kameleon. Allinnich hjitte Hielke en Sietse by ús Simm (7) en Tomm (5). En wy hawwe gjin ûndogensk motorboatsje, mar in tinkbyldige ark fol bisten. Wy wenje sûnt jannewaris dit jier fiifhûndert meter fierder as de tsien jier dêrfoar. Nee, fuort út De Tike woene wy nea wer. Doe’t myn frou Bitoen en ik as twa Drachtsters yn 2011 yn dit lytse smûke doarpke kamen te wenjen − ik woe graach in geit en dat kin net yn wenbuert De Drait yn Drachten − binne wy hjir geweldich ûntfongen. Waarme minsken. Moai doarp. In praatsje. Inoar wat helpe. Mar tsien jier geiten, in baarch en twa prachtjonkjes fierder krige ik in nij spinsel yn ’e kop: der moasten mar alpaka’s komme. En dat koe net by ús op de Peinderwei: krekt net grûn genôch. Dus doe’t him ein 2020 dy kâns op de Master Iniawei foardie, raasde heit yn syn geefste Frysk: ‘Hebben die kip!’ En mei dy hinnen, geiten, baarch, Yndonezyske rinnende einen, Sineeske grûniikhoarntsjes, kavia’s, hamsters, katten en kninen binne wy mei in soarte fan Ark fan Noach trije sleatten fierder telâne kaam. Mei alles wat krûpt, kloppet, grommet en blettert binne wy hjir sa lokkich as wat. Fansels docht heit al it wurk oan stront en strie, want sa giet dat ommers altyd nei in pear wike mei bern dy’t graach in beestje fersoargje wolle, mar ik fyn it machtich. Dat mien ik: ik soe net graach mear sûnder dy hiele kakofony fan natuerlûden om ús hûs hinne wolle. En wy hawwe it ek nochris ‘moai’ ferdield: ik it swit en de smoarge klauwen, wylst Simm, Tomm en mamma geregeld ús besite traktearje op in toeristysk − en skjin − rûntsje bisteboel.

10

11

Andries Jelle de Jong (43) is troud mei Bitoen en heit fan twa Frysk-Fjetnameeske feintsjes


Gearstalde húshâldingen, hoe dogge je dat? Skriuwer: Froukje Sijtsma Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

It tradisjonele gesin fan heit en mem mei bern makket hieltyd mear plak foar gearstalde gesinnen. Styfmem, bonuspapa, healsuskes of styfbruorkes. Trije Fryske húshâldingen fertelle hoe’t it by harren thús giet.

Hieke, Theo, Tjesse, Dirk Hidde, Amarins & Fenna Hieke van der Wal-Wagenaar (36) út Ternaard learde har freon Theo (43) hast fjouwer jier lyn by tafal kennen by in musikal yn Scheveningen. ‘Twa Friezen neistinoar, it klikte fuort.’ Hieke wist doe noch net dat Theo (single) heit wie. ‘Dêr skrok ik wol fan. Wy hawwe earst de tiid naam om elkoar better kennen te learen.’ Nei twa moannen waard Hieke oan Tjesse en Dirk Hidde foarsteld. ‘Dat wie wol spannend. Hielendal om’t ik sels noch gjin mem wie.’ Mar de bernewinsk wie der wol. ‘As Hieke al bern hân hie, dan hie ik it net mear wold’, fertelt Theo. It gesin waard útwreide mei Amarins en Fenna. ‘De jonges binne ien wykein yn de twa wiken by ús en altyd fan tongersdeis op freed.’ Theo soe de jonges wol mear sjen wolle, sadat de famkes ek mear mei harren bruorren opgroeie. ‘It is altyd in kwestje fan aginda’s neistinoar lizze en ta ôfspraken komme.’ Hieke fertelt dat se in oare bân hat mei har famkes as mei de jonges. ‘Ik ha twa biologyske bern en twa bonusbern, sis ik altyd. De leafde foar de jonges groeit hieltyd mear. Dochs set ik mysels by de jonges wolris wat mear op de eftergrûn. Ik bin net harren biologyske mem, dus guon saken moatte je dan oerlitte oan Theo en syn eks. Ik fyn it dreech as ik de jonges op harren gedrach oansprekke moat, want je wolle ek graach aardich fûn wurde. Dus dêryn lear ik alle dagen wer in bytsje.’ Boeketip fan Hieke: “De mijnen zijn de liefste. Dynamieken in samengestelde gezinnen” fan Magda Hengst en Karin den Hollander.


Barry, Anneke, Patrick, Jasmijn, Tim, Sim, Levi & Indy It is by de famylje ’t Hart yn Ie altyd in gesellige drokte. Jûns skowe der seis bern by de tafel oan. ‘Doe’t Barry en ik inoar kennen learden, wienen we beiden single. Hy hie al twa bern en ik ek’, fertelt Anneke. ‘Wy hawwe it hiel rêstich oan dien. It earste jier ha wy brûkt om inoar better kennen te learen. Pas doe belutsen wy ús bern derby. As it tusken de bern ûnderling of mei ús net klikke soe, dan koe ús relaasje ek gjin stân hâlde. Sa binne wy deryn stapt. Yn it begjin wie it wol hiel bot “dynt” en “mynt” en fûn ik it ek wolris lestich at Barry myn biologyske bern (Patrick en Jasmijn) oanspruts op harren gedrach, mar soks moat groeie. Wilens binne wy ien gesin wurden.’ Tegearre hat it stel noch twa berntsjes, Levi en Indy. ‘Alle seis bern wenje by ús. Barry syn jonges Tim en Sim wennen earst by syn eks yn IJmuiden, mar yn goed oerlis waard dúdlik dat sy hjir better wenje koenen fanwegen bettere begelieding op skoalle.’ Anneke hat goed kontakt mei Barry syn eks. ‘It heart miskien raar, mar se is ien fan myn bêste freondinnen wurden. Se giet sels mei op fakânsje.’ Neffens Anneke is dy bân mei de biologyske mem belangryk. ‘Ik bin ferantwurdlik foar har grutste “besit”. Ik ha har tasein om foar har bern te soargjen as binne it myn eigen.’ Yn Ie wurde it Nederlânsk en it Frysk trochinoar brûkt. ‘Barry praat Nederlânsk tsjin de bern, ik Frysk tsjin myn biologyske bern en Nederlânsk tsjin de jonges. Mar elkenien ferstiet inoar en de talen klinke gewoan trochinoar hinne oan tafel.’

12

13


Anco, Ingrid, Anna-Lynn, Dennis, Daan & Jinthe Foar Anco Stelpstra (24) wie it leafde op it earste gesicht, doe’t er kollega Ingrid Zittema (44) kennen learde. Mar in relaasje mei in frou mei trije bern, dy’t tweintich jier âlder wie, dat like ûnmooglik. Se rekken befreone en de fonk sloech dochs oer. Mei harren dochter Jinthe en de oare trije bern fan Ingrid (twa hjirfan te sjen op 'e foto hjirneist) wenje se yn Hallum. ‘Anco is in grutte man en sjocht der âlder út. Sels wurd ik altyd jonger skat, dus wy skele mar tsien jier, sizze wy dan.’ It ferskil yn jierren spilet foar Anco en Ingrid net. ‘Wy begripe inoar, it sit gewoan goed.’ De bern koenen Anco al, om’t er as freon al oer de flier kaam. De trije âldsten sjogge Anco net as harren heit. ‘Myn âldste dochter is 18. Sy sjocht Anco as in grutte broer mei soarchtaken.’ Se meitsje der sels ek wol grappen oer. ‘Dennis fan 16 neamt my foar de gein wolris “heity”. Dat fyn ik ek wol wer moai’, laket Anco. ‘Mar ik soe net wolle dat se my echt heit neame.’ Foar Anco wie de omslach grut. ‘Earst wenne ik allinnich en no wenje wy mei ús seizen. Mei de âldsten is it ek oars kommunisearjen as mei de jongsten, mar wy hawwe algemiene regels dy’t foar elkenien jilde. Wy fine it foaral ek belangryk dat we wille mei-inoar hawwe.’ De trije bern fan Ingrid binne hiel wiis mei harren lytse suske. ‘Se helpe ek mei en passe wolris op at wy oan it wurk binne. En as it ús jûn wurdt, dan soenen we bêst noch in lytske ha wolle.’


Help,

ik heb geen tijd om dit artikel te lezen De kinderen hebben aandacht nodig en vragen van alles. De was moet gedaan, stofzuigen, wc schoonmaken, boodschapen doen, eten koken, een mailtje voor je werk versturen. Het gaat maar door. Herken je dat je het als ouder te druk hebt om nog iets leuks voor jezelf te doen?

Erwin van der Veen en Carina Klinkvis schreven het prijswinnende boek Opvoedtakel. Ze zijn beide werkzaam in de jeugdhulp­verlening in Friesland en hebben een eenvoudige en doeltreffende methode ontwikkeld die zorgt voor meer rust en positiviteit in huis. Kijk ook op: www.opvoedtakel.nl.

Advies Erwin van der Veen & Carina Klinkvis: Je kind staat natuurlijk op de eerste plaats, je wilt graag een leuke, blije en geduldige ouder zijn en ook nog een aardige partner. Wanneer heb je eens echt tijd voor jezelf, zodat je even op adem kan komen? Wanneer zet jij jezelf op het hoofdpodium? Bovenstaande is waar (bijna) iedere ouder tegenaan loopt. Iedere ouder wil natuurlijk het beste voor zijn of haar kind, maar hoe doe je dat met al die dagelijks terugkomende verplichtingen? Het is belangrijk dat je bewust tijd voor jezelf vrijmaakt en je energiegevers in gaat zetten, in het belang van jezelf en je gezin. Hoe meer je denkt dat je nu écht geen tijd/energie hebt om iets voor jezelf te doen, des te meer is het juist nú nodig om tijd aan jezelf te besteden. Zodat je daarna ruimte en energie hebt om ál die andere dingen te doen. Dat takenlijstje blijft wel bestaan, of je nu wel of geen tijd voor jezelf neemt. Dan kan je er maar beter voor zorgen dat je de energie hebt om ze af te vinken. Met voldoende energie is de berg met klusjes namelijk lang niet

14

15

zo hoog als wanneer je laag in je energie zit. En met voldoende energie is het ook makkelijker om een leuke ouder te zijn. Een hulpmiddel hiervoor is dat je een lijstje maakt van de dingen waar je energie van krijgt. Ook is het belangrijk om met jezelf af te spreken dat je je energiegevers daadwerkelijk in gaat zetten. Als het lastig is om voorbeelden te bedenken, kunnen de volgende vragen je misschien helpen. • Wie zou je kunnen bellen waarvan je zeker weet dat je je opgewekt voelt na het gesprek? • Wat voor leuks zou je kunnen doen als de kinderen naar bed zijn? • Welke leuke dingen deed je voordat je kinderen had en welke activiteiten zou je daarvan nu weer kunnen doen? Binnen het boek Opvoedtakel staan handige hulpmiddelen en tips om te werken aan je eigen energiepeil, zodat je die rustige, geduldige en blije opvoeder kunt zijn. Want een blije opvoeder die zichzelf af en toe op het hoofdpodium kan plaatsen, is een leuke opvoeder.


Skriuwer: Marieke Vinckers

Menstruatie op de basisschool

Gemiddeld worden meisjes voor het eerst ongesteld op de middelbare school, op hun dertiende. De uitzondering daargelaten: die heeft al op de basisschool haar eerste menstruatie, in groep 7 of 8. Joke vertelt dat haar dochter naar de juf ging en zei: ‘Volgens mij ben ik ongesteld geworden.’ Ze kreeg maandverband, mocht naar het personeelstoilet en in de pauze kon ze haar ouders even bellen. Ze kreeg de aandacht die ze verdiende. Is dat altijd zo? Wat is ervoor nodig om jonge meisjes goed te begeleiden en ze gerust te stellen? Je wordt vrouw, dat is mooi!

Ongeveer 1 op de 10 meisjes menstrueert voor het dertiende jaar. Mireille Prins, jeugdverpleegkundige 0-12 bij GGD Fryslân in Heerenveen spreekt tijdens haar schoolbezoek wel eens meiden die al ongesteld zijn op de basisschool. ‘Je ziet het vaak ook wel: er zit fysiek een ander meisje tegenover je.’ Vaak is de borstontwikkeling al op gang gekomen. Ook hebben ze al beharing en soms al een eerste jeugdpuistje. Over het algemeen begint de menstruatie ongeveer een tot anderhalf jaar na het begin van de borstontwikkeling. Mireille: ‘Zo’n meisje is dan net ongesteld, daar kan ze onzeker van zijn. Vaak is het al fijn om te weten dat het normaal is en misschien kent ze wel andere meiden die ook ongesteld zijn. Het helpt zeker ook om school erbij te betrekken en het bespreekbaar te maken.’

Taboe Dat laatste blijkt nog niet zo vanzelfsprekend. Elsbeth Reitzema, programmamedewerker bij Seksuele Vorming van het Kenniscentrum Seksualiteit Rutgers, ziet dat er een taboe heerst omtrent het onderwerp. In een interview met EditieNL (25 mei 2021) zegt ze: ‘De term “ongesteld” heeft een negatieve connotatie, want dat betekent dat je onwel bent. Juist omdat er niet op elke basisschool open over wordt gesproken, kunnen meisjes die voor het eerst menstrueren zich hiervoor schamen.’ Voorlichting op basisscholen is daarom belangrijk, ook voor de jongens. Mireille: ‘En het is belangrijk dat school ervoor zorgt dat er in de meisjestoiletten afsluitbare prullenbakjes staan en dat daar eventueel een voorraadje maandverband ligt.’


‘ Ik schrok me dood. Niet zozeer van het feit dat ze ongesteld was geworden, maar omdat ze het niet had gezegd. Ik liet van schrik de gehaktballen even voor wat ze waren, en ging naast haar zitten.’ Op de website www.tishiergeenhotel.nl (een site voor iedereen met een puber in huis), staan ervaringsverhalen van de schrijvende moeders. Marloes Vreeswijk schrijft over haar elfjarige dochter die haar eerste menstruatie niet durfde te delen thuis: ‘Terwijl ik even later stond te koken, vroeg ik onze Sammie wat ze daar nou van vond, van dat ongesteld zijn en dan nu al. Toen kwamen er heel dikke tranen. Ze was het namelijk al geweest. Drie maanden geleden. Ik schrok me dood. Niet zozeer van het feit dat ze ongesteld was geworden, maar omdat ze het niet had gezegd. Ik liet van schrik de gehaktballen even voor wat ze waren, en ging naast haar zitten. Ze kroop bij me op schoot, snikkend in mijn nek. Ze had het wel willen vertellen, maar ze schaamde zich zo. En ik huilde zachtjes met haar mee. Want ze is nog zo klein, zo’n meisje nog.’ Verzuim Als een meisje zich maandelijks een paar dagen ziek meldt, of niet mee wil doen met de gymles, moet dat voor een school al reden zijn om een gesprek aan te gaan. Het kan namelijk heel goed zijn dat ze zich tijdens haar menstruatieperiode niet lekker voelt, of simpelweg schaamt. Mireille: ‘Als een meisje van jongs af zich al aanleert om thuis te blijven als ze ongesteld is, dan kan het goed zijn dat zij dat haar hele leven blijft doen. Het heeft dus ook echt een preventieve werking om vroegtijdig het gesprek aan te gaan en het kind gerust te stellen. Het toverwoord is openheid.’

16

17

Menstruatie-armoede ‘Er zijn gezinnen die de middelen niet hebben om maandverband en tampons aan te schaffen,’ vertelt Mireille. ‘Als er nog kleine kinderen zijn, dan gaan de luiers vaak voor. Voor mensen met financiële problemen is dit onderwerp nog meer een taboe. Het is juist dan belangrijk om het gesprek aan te gaan met school, voorbij de schaamte. Lukt het niet met school? Dan hoop ik dat ouders de betrokken jeugdverpleegkundige inschakelen. Wij denken mee en kunnen prima met ouders, kind en school in gesprek gaan. Bijvoorbeeld om te voorkomen dat een kind de neiging krijgt om te verzuimen, of om ervoor te zorgen dat meiden moeiteloos aan maandverband en/of tampons komen. En vooral ook om openheid rond het onderwerp te creëren.’

Meer informatie voor meiden en ouders De Pubergids van Kenniscentrum Seksualiteit Rutgers JouwGGD.nl Hier is alles te vinden over gezondheid voor jongeren. Bovendien kunnen jongeren vanaf 12 jaar hier anoniem chatten. Er staan tips en adviezen en er is een ervaringsstudio. seksuelevoorlichting.nl Deze website is met name bedoeld voor leraren die lesgeven over dit onderwerp of daartoe in opleiding zijn. Ook voor leraren die lessen willen vernieuwen of verdiepen of op zoek zijn naar nieuwe materialen en tips. Tishiergeenhotel.nl een site voor iedereen met pubers!


Sa prate wy thús:

Maaike en Beshoy Maaike Dijkstra-Zakhary (33) en Beshoy Zakhary (28) wenje mei harren dochter Noa (4 jier) yn It Hearrenfean. Beshoy komt út Egypte en praat Arabysk mei Noa. Maaike en Noa prate Nederlânsk mei-inoar. Maaike en Beshoy prate ûnderling Ingelsk.

Skriuwer: Hieke Rienstra Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Maaike en Beshoy learden elkoar kennen yn Egypte, doe’t Maaike dêr op fakânsje wie. Nei in skoftsje hinne en wer reizgjen komt Beshoy yn 2016 nei Nederlân. Maaike: ‘Wy ha it wenjen yn beide lannen oerwoegen, mar ik hie wol altyd sokssawat fan: as wy bern krije, dan wol ik leaver dat sy yn Nederlân opgroeie. Lokkich woe Beshoy dat ek. Om’t Beshoy fan hûs út net echt Ingelsk leard hat, en ik gjin Arabysk ken, ha ik him it Ingelsk leard. Wy ha sa stadichoan in bytsje ús eigen Ingelsk ûntwikkele. Beshoy kin yntusken ek goed Nederlânsk en giet alle wiken nei it ROC Friesland College om de taal noch better te learen. Hy ferbetteret my no somtiden sels. As ik oan Noa freegje: “Misschien kun jij deze boodschap wel even sjouwen?”, wurd ik troch him ferbettere: “Nee Maaike, je bedoelt ‘tillen’!”’ Noa waard berne yn 2017. Maaike: ‘Wy hiene foarôf betocht dat it moai wêze soe as Beshoy Arabysk praat mei Noa, sadat sy ek echt opgroeit mei dy taal en mei har famylje yn Egypte kommunisearje kin. Yn de praktyk slûpt der no hieltyd mear Nederlânsk yn de kommunikaasje tusken Beshoy en Noa, om’t er dat no sels ek goed kin. Mar de wyklikse Arabyske les dy’t Beshoy oan Noa jout,

bliuwt. Se fideobelje dan faak mei “Taytah” (beppe) yn Egypte. Noa begrypt it al goed, as Taytah oan ’e ein seit: “Geef mij kusjes!”, dan wiuwt Noa in pear tútsjes nei it skerm. Beshoy en Noa bidde ek alle jûnen yn it Arabysk en lêze tegearre yn in Nederlânske bernebibel. Beshoy is in Koptysk-ortodokse kristen, dat neist de taal krijt Noa ek it leauwen fan him mei. Doe’t Noa in pear moanne âld wie, ha wy yn Egypte west, dêrnei is it troch de pandemy net mear slagge. Hooplik kinne wy Taytah ynkoarten wer yn it echt sjen.’ Maaike is kapster by ‘Berino The Art of Beauty’ yn Grou en fan hûs út Frysk, mar se praat Nederlânsk mei Noa. Maaike: ‘Dêr hawwe wy foar keazen om’t Beshoy it Nederlânsk ek noch goed leare moast. No’t dat aardich rint, komme der ek hieltyd mear Fryske wurdsjes yn ’e hûs. Beshoy wurket by Ausnutria yn It Hearrenfean, en hat op de wurkflier it Frysk ek aardich ûnder de knibbel krigen. Noa krijt it Frysk ek mei fan pake en beppe, dêr’t sy in soad te finen is.’ Noa neamt Beshoy en Maaike ‘heity en memmy’. Maaike: ‘Allinne as ik net hurd genôch antwurdzje, dan ropt se “Mama!”, even sjen oft ik dan wol reagearje.’ Wêr’t al dy talen wol net goed foar binne…


De meestgestelde vragen over meertalig opvoeden Meertalig opvoeden. Hoe doe je dat? Hierbij de meestgestelde vragen mét antwoorden voor je op een rijtje.

Wat als maar een van de ouders de Friese taal spreekt?

Kunnen we ons kind de Friese taal meegeven, ook al spreken we zelf geen Fries? Ja hoor. Er is genoeg hulp om je heen. Denk daarbij aan mooie prentenboeken, websites, apps en televisieprogramma’s. Maar ook Friestalige peuterspeelzalen, kinderopvang, buren en vrienden kunnen voor een Friestalige omgeving zorgen. En dan zijn er natuurlijk ook nog mogelijkheden om als ouder het Fries te leren.

Veel families in Fryslân spreken meer dan één taal en willen net als jij hun kind het beste van twee werelden meegeven. Probeer als Friestalige ouder wel zo consequent mogelijk Fries tegen je kinderen te spreken, dan is de kans groter dat ze dit later ook blijven gebruiken.

Wanneer kunnen we het beste Fries beginnen te spreken?

Zullen mijn kinderen twee talen net zo goed leren als één? Er is geen limiet aan wat een kind aan talen kan leren. In sommige landen spreken hele jonge kinderen drie of vier talen. Meestal helpt de ene taal de andere, en wordt het gemakkelijker om andere talen te leren.

18

19

Hoe eerder, hoe beter. Je kunt gerust vanaf de geboorte al beginnen. Kleine kinderen pikken een taal op zonder dat ze het zelf doorhebben. Hoe jonger ze zijn, hoe makkelijker het voor iedereen is.

Zijn meerdere talen niet verwarrend voor kinderen? Nee! Wanneer kinderen woorden en talen doorelkaar halen, betekent dat niet dat het verwarrend voor hen is. Dit hoort gewoon bij het leerproces. Wanneer ze ongeveer vier jaar zijn, zullen ze de talen beter kunnen scheiden.


Fearkrêftige flinter “Wy fernimme dat sy stiller en mear weromlutsen is. Sy wol leaver net nei skoalle ta wylst sy earder net wachtsje koe om juf wer te sjen! Wy begripe it net. Wat is der mei har oan de hân?” De âlden fan Marieke (7 jier) meitsje har soargen oer harren dochter. Marieke sit yn groep 3 fan de basisskoalle. Tegearre mei har âldere broer fan 9, har jongere suske fan 2 en har heit en mem wennet sy op de Fryske klaai. Al mei al in hechte en leafdefolle húshâlding wêryn’t op it earste gesicht gjin nuveraardichheden binne dy’t Marieke har ûntwikkeling negatyf beynfloedzje kinnen ha. Dochs is der wat oan de hân. Ik gean mei dizze begiene âlden yn petear om mei elkoar te ûndersykjen wat no krekt de oarsaak wêze kin. Earst meitsje wy in tiidline fan Marieke har libben, fan berte oan’t no. Wat hat Marieke yn har koarte libben allegear al meimakke? Wy besykje hjir fan Marieke har eachpunt út nei te sjen: hoe soe sy it belibbe ha? Marieke har suske waard twa jier lyn berne, op it wichtige momint dat Marieke krekt nei de basisskoalle gie. In nije faze yn har libben dus wêryn’t net allinnich ekstern, mar ek thús guon wichtige saken feroaren. Der kaam in lytse poppe by wêrtroch’t Marieke yn de struktuer fan it húshâlden ferskeau fan it jongste nei it middelste bern. Tagelyk krige sy der mei de basisskoalle in nij wichtich plak by neist thús. Ein groep 2 krigen Marieke en fansels ek de rest fan de wrâld te krijen mei Koroana. Sy wie op dat stuit faaks noch te jong om goed te begripen wat der no allegear krekt oan de hân wie. Dochs moast sy har wol foegje yn dizze bysûndere situaasje. Nei krekt kennis makke te hawwen mei skoalle wer in skoft thúsbliuwe om dêrnei wer nei skoalle gean. Mei foegje bedoele wy yn dizze kontekst it fleksibel oanpasse oan de situaasje. Foar sokke grutte feroarings op sa’n jonge leeftiid is in soad fearkrêft nedich. Soe it sa wêze kinne dat Marieke har fearkrêft oerbelêste rekke is? Dêr like it wol op! Hoe kinne wy der no foar soargje dat krekt dy fearkrêft wer werom komt? Ik sykje it petear mei Marieke en sy fertelt my dat har leafste bist in flinter is: “Flinters ha fan dy moaie wjukken en kinne oeral hinne gean wêr’t se mar wolle!” De flinter brûk ik by Marieke, en letter ek by har âlden, as metafoar foar de fearkrêft. Dizze byldzjende wize fan wurkjen dy’t de fantasy priket past hiel goed by har. Wy prate oer flinters en Marieke fertelt my hieltyd mear oer harsels en wat sy nedich hat. It flinterke moat sa no en dan útrêste en siket dan in moaie blom op wêr’t it efkes ta rêst komme kin. Wat wurket foar Marieke ûntspannend? Wat makket har fleurich? En hiel wichtich: wat hat sy hjirby nedich fan har heit en mem? In pear wike letter krij ik in telefoantsje fan Marieke har mem: “Juster rûnen wy nei skoalle en pakte Marieke myn hân. “Kom mem, trochrinne want ik wol noch efkes boartsje op it plein foardat de bel giet.”

As in fearkrêftige flinter fladdere Marieke nei skoalle.

Troch:

Afke Nynke Elting-Dijkstra Pedagooch en skoalmaatskiplik wurker by Cedin

Thuis en school worden op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor onderzoek en behandeling op het gebied van: Jeugdhulp Dyslexiezorg Leerlingenzorg

> Rechtstreeks contact met een psycholoog of orthopedagoog. > Persoonlijke zorg in een kleinschalige setting. > Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe

Een kind aanmelden Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedinzorg.nl


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

‘En nu ophouden, want ik kook van binnen!’, zegt mem tegen Brend (8) en Redmer (6) die een beetje vervelend zijn. Waarop Brend antwoordt: ‘Ik ben benieuwd wat er op het menu staat!’

Thieme (2) sjocht in foto wêrop’t mem in hiele dikke búk hie. Mem fertelt him dat hy dêr by mem yn de búk siet. Wêrop’t Thieme seit: ‘Mem hie Thieme opiten!’ Marte (4) blêdet troch de heit&mem. Marte sjocht nei de letters en lêst: ‘Mem’. Se freget wat der noch mear stiet. Mem seit:

Jens (3): ‘Ik wol jûn sa graach pantoffeltsjes ite, heit!’ (pofferkes)

‘Heit’. Marte lêst lûdop: ‘Heit en mem.’ Efkes is it stil en dan freget Marte: ‘Mar mem, wêrom stean

Fenna vertelt beppe dat ze andere

jim yn dit boekje?’

talen op school heeft geleerd. Namelijk Engels: ‘Hello en goodbye!’ En ze heeft ook Duits geleerd: ‘Auf wiedersehen’. Fenna: ‘En we hadden ook iets van ooievaar.’ ‘Uh,

‘Wolst dat ferske nochris foar beppe sjonge?’ freget beppe. ‘Nee,’ seit Norah, ‘myn tosken binne wurch.’

ooievaar?’, dat begrijpt beppe niet. ‘Ja,’ zo legt Fenna uit, ‘dat hoorde geloof ik bij bonjour.’

Dieke hat in plakje op ’e tean en se raast it út. Nei in hiel skoft treasten seit heit: ‘Dieke, no is it klear, net sa oanstelle.’ Dieke: ‘Ik stel my net oan, it docht sa sear! It docht sa sear as oftst yn dyn bleatsje sûnder klean yn de lava swimst!’

20

21

Mem komt earder thús fan it wurk, want de kolf wie stikken gien. Femke (3): ‘Hee mem! Koe mem it wurk net fine?’


Skriuwer: Ciska Noordmans Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie


Us húshâlding

De Fryske famyljefloggers Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta. ‘Ik wie altyd al aktyf op social media en poste myn berjochten meast yn it Frysk, mar doe’t ik troch Taalplan Frysk frege waard oft ik ek meidwaan woe oan in famyljefloch, kaam dat dochs as in ferrassing. Us lytse Yldau wie der doe krekt, en ik wie noch mei swangerskipsferlof. It oanbod kaam op in wat rûzich momint yn ús libben, dus dêr moasten wy as húshâlding al even oer neitinke, mar myn man sei fuort: ‘Da’s krekt wat foar dy’, en sûnt 15 maart floch ik no alle dagen oer ús libben. Sake fynt it ek prima en is der hielendal oan wend. Lêsten sei hy: ‘Doch mar gewoan hear mem, dat doch ik ek’, doe’t ik yn in winkel oansprutsen waard op myn flochs. Want folgers binne der oeral yn Fryslân. Doe’t wy fan ’t simmer mei de boat oer de Fryske wetters fearen, waarden we regelmjittich oansprutsen en faak wolle minsken mei dy op ’e foto. Op it stuit ha wy 900 abonnees en wurdt elk filmke sa’n 1000 kear besjoen. Da’s bêst in goeie skoare foar in begjinnende famyljefloch! Us folgers binne meast jonge âlders, pakes en beppes, mar we sjogge dat ek hieltyd mear bern ús folgje. Superleuk fansels! Dat dêr wolle wy ek graach mear mei dwaan. Soms wurdt ús floch op de basisskoalle ûnder it fruit-iten sjen litten. No tinke we deroer nei om ek faker nei skoallen te gean mei de flochkamera. Bern fine dat super ynteressant! Ik wol fral graach sjen litte hoe gewoan, mar ek hoe stoer en cool it is om Frysk te praten. En troch de floch krije de folgers ek in byld fan Fryslân, hoe bysûnder ús ‘achtertún’ is. Mei myn floch jou ik ek tips foar leuke útstapkes, in leuk museum of in leuke aktiviteit mei bern. Yn Fryslân is safolle moais te sjen en te belibjen, dat wol ik yn byld bringe mar fral ek trochjaan. En leafst op in natuerlike manier. It moat wol by ús passe; it moat in bytsje stoer wêze, en eigen.’

22

23


Skriuwer: Nynke van der Zee

Tegearre spultsje dwaan

Kinsto oer dyn ferlies? Noch ien stapke mei de pion en do hast it spultsje Mens erger je niet wûn! Wylst sels bliid de hannen yn ’e loft stekst, sjochst oan tafel twa lilke bern sitten. De âldste rint stampfuotsjend de keamer út en de jongste smyt frustrearre syn piontsjes op de grûn. Einiget spultsjedwaan by jim thús ek altyd sa? Efkes trochlêze, want Annetol Griskov fan de Spellekijn jout dy graach 5 tips om fan spultsjedwaan in feestje te meitsjen.


De 5 gouden regels fan Annetol

‘ Bij ons thuis hebben we een gouden regel: de winnaar ruimt het spel op.’

Ast spultsjewinkel De Spellekijn yn Ljouwert binnenkomst, stapst yn in wier spultsjeparadys. Wêr’tst ek sjochst: oeral hingje, lizze of stean spultsjes. Eigener Annetol Griskov helpt dy graach om in passend spultsje te finen. En dat is mar goed ek, want kinst kieze út mear as tsientûzen stiks. ‘Om het juiste spel voor jouw kind te vinden en dat met plezier te spelen, hebben wij het spellenpaleis bedacht’, fertelt Annetol. ‘Dat zijn een aantal handige basisregels om van ieder spel een feestje te maken.’

1. Keapje gjin spultsje út de reklame, mar sykje in spultsje datsto sels leuk fynst om te dwaan. 2. Sykje in spultsje dêr’t dyn bern goed yn is. Brûk in spultsje net om skoaldingen te oefenjen, lykas lêzen of rekkenjen. 3. Kies foar in spultsje datst mei syn allen dwaan kinst, wêrby’t gjin winner is: de saneamde ‘koöperative’ spultsjes. 4. Hâld de tiid yn de gaten en hâld earder op as in spultsje langer duorret as tocht. 5. En as lêste: in dobbelstien smytst net, mar rôlest. Hiel wichtich as basis foar in goed spultsje.

Spulregels De twadde pylder is de kompleksiteit fan it spultsje. ‘Bij een spelletje memory zijn er heel weinig spelregels, maar bij een potje pesten moet een kind veel meer regels onthouden’, jout Annetol as foarbyld. ‘Begin daarom bij jonge kinderen met spelletjes met maar één regel. Hoe ouder een kind wordt, hoe meer regels je kunt toevoegen.’

It spultsjepaleis Krekt as in echt paleis hat it spultsjepaleis in stevich fûnemint nedich. ‘Als ouder vorm jij het fundament’, leit Annetol út. ‘Jij bent de spelleider, dus is het van groot belang dat je het spel zelf leuk vindt. Meestal zien we ouders of grootouders de winkel binnenkomen met een briefje met daarop de naam van een spelletje dat ze graag voor hun kind of kleinkind willen kopen. Vaak is dat een spel dat kinderen op de reclame hebben gezien. Ons advies is altijd: koop nooit een spel dat op tv wordt aangeprezen. Koop altijd een spel dat je zélf leuk vindt om te spelen.’

Taktyk en motoryk De tredde pylder is taktyk: de keunst om foarút te sjen. ‘Tactiek is een kwestie van veel oefenen’, leit Annetol út. ‘Je moet als kind begrijpen wat er gebeurt wanneer je een bepaalde keuze maakt. Neem als voorbeeld dammen, waarbij je soms een damsteen opoffert om daarna je slag te slaan.’ De fjirde en lêste pylder is motoryk. Annetol: ‘Vergis je niet, het verzetten van een pionnetje op een speelbord is voor kleine kinderen al een hele uitdaging. Wanneer je iedere keer het bord aanstoot of je pionnetje laat vallen, zorgt dat voor frustratie. Houd dus ook rekening met de motorische vaardigheden van je kind.’

Spanningsbôge Op dat fûnemint fan it spultsjepaleis stean fjouwer pylders. De earste is de spanningsbôge fan dyn bern. ‘Een spel dat te lang duurt, is de grootste spelbreker’, wit Annetol. ‘Veel ouders verwachten dat hun kind makkelijk een half uur een spelletje kan doen. Zo lang zitten ze immers ook voor de tv of achter de computer. Maar een bordspel vraagt om veel meer concentratie. Bij een kind van twee is die spanningsboog hooguit twee minuten. Hoe ouder ze worden, hoe langer de spanningsboog wordt. Maar vaak is de kriebel in de kont bij een kind sterker dan de wil om het spel af te maken.’

In goeie ferliezer Ta beslút it dak fan it spultsjepaleis. ‘Dat dak moet er natuurlijk af’, laket Annetol. ‘Wanneer een kind wint, mag dat gevierd worden. En verlies mag je betreuren. Maar anders dan bij motoriek, tactiek en spelregels is tegen je verlies kunnen geen kwestie van oefening baart kunst. Niemand kan tegen z’n verlies. Willen winnen zit nu eenmaal in onze genen. Bij het ene kind wat sterker dan bij het andere, maar wie meedoet aan een spel wil uiteindelijk winnen. Wat wel helpt om een betere verliezer te zijn? Bij ons thuis hebben we een gouden regel: de winnaar ruimt het spel op. Dat werkt altijd!’

24

25


advertorial

Spultsjetips fan Spellekijn Sels ek in spultsjepaleis bouwe? Hjirby trije spultsjetips foar ferskate leeftiidsgroepen. Boomgaard Een coöperatief bordspel waarbij de spelers elkaar helpen om de raaf te verslaan. Haal het fruit uit de bomen voordat de raaf aankomt en iedereen heeft verloren. Erg geschikt voor kinderen met grotere of kleinere broers en zussen.

3+

Schat in zicht van Haba

5+

Probeer zoveel mogelijk schatten te verzamelen. Bij dit spel is het niet handig om vooraan te staan want wie als eerste aankomt krijgt het minst aantal punten. Maar wie te laat aankomt krijgt helemaal niks. Super leuk alternatief voor mens-erger-je-niet.

Karuba Spelers zoeken tegelijkertijd hun weg door de jungle om zoveel mogelijk schatten op te halen. Iedereen speelt tegelijk zodat niemand hoeft te wachten om te spelen. Zeer goed puzzelspel.

8+

It alderleukste is fansels om even binnen te rinnen by Spellekijn yn Ljouwert. Mei in assortimint fan mear as 10.000 spultsjes en in persoanlik advys rinne jim grif net mei lege hannen nei bûten!

Spellekijn

Peperstraat 12, 8911 JA Leeuwarden

www.spellekijn.nl


ALLES

‘De heit fan Teije is dea’, seit it dochterke fan in freondin fan my. Sy is fiif jier en siket in ferklearring foar it ûntbrekken fan in man yn ús libben. Der komt aansen in momint wêrop’t ek Teije fragen hat. Of dat oare bern fragen oan Teije stelle. Of miskien al in ferhaal betocht ha en dat oan Teije fertelle as de wierheid. Sels as bern wie ik net oars. Ek al is dat momint no noch net, ik tink der al oer nei. Hoe fertel ik him aansen wat in donorheit is. Hoe lis ik it oare berntsjes út dy’t no al freegje wêr’t syn heit is. Yn de tiid dat ik swanger wie, ha ik in boek foar Teije makke. Dêryn beskriuw ik ús ferhaal. Ik fertel oer de biologyske heit en oer ús freonskip. Der binne foto’s fan ús, fan him en fan my. Artikels dy’t ik lêzen ha foardat ik de keus makke, myn twivels mar foaral ek myn sekerheden om dit sa te dwaan. Somtiden pak ik it boek derby. Dan besjogge we tegearre de foto’s en lês ik lytse stikjes foar. Ik fertel Teije oer him, de donorheit. Om de safolle tiid fideobelje we meielkoar. Teije neamt him dan by de namme en hy herkent him fan it boek. Ik ha fertrouwen yn de takomst. Ik bin oprjocht grutsk op hoe’t wy it dogge. Mar sa no en dan oerfalt my de gedachte dat ik net hoopje dat Teije it my letter kwea ôf nimt. Dat hy miskien in ‘echte’ heit mist. Dat ik allinne net genôch wêze sil. Wy sitte op de bank. De freondin en ik. Teije en har dochterke boartsje mei de duplo. De heit komt by de trep del en rint de wenkeamer yn. It famke draaft nei him ta en ropt ‘myn heit, myn heit’. Hy tilt har fan ’e grûn en lit har sweve troch de loft. Sa at in heit dat dwaan kin. Foar it earst fiel ik it yn myn búk. Ik sjoch nei Teije en bin yn ôfwachting fan syn reaksje. Ik rekkenje op ferwarring, dat hy foar it earst beseffe sil dat der no net in heit foar him is. Mar yn plak dêrfan draaft Teije nei my ta. Hy wiist nei my en ropt lûd ‘myn mem, myn mem’. Hy slacht de hannen om myn nekke. En ik fiel: ik bin mear as genôch.

26

27

Sjoukje de Boer (1987) dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)


Tomke en ik

Jelmer Drenth (3) en Jildau Drint (2) út Hoarnstersweach lêze tegearre út it boekje ‘Tomke útfanhûs’

Tomke giet al 25 jier graach

mei de leafste pjutten op 'e foto.

Tomke is de iennige knuffel dy’t by Alieke van der Burg

Einlings seach Tsjietse Veenstra (3) út

(2) út Koarnjum ûnder de

Bûtenpost Tomke ûnder it Brommelsfestival

tekkens koese mei.

yn it echt. En wat fûn hy dat moai!

Tieme Veenstra (1) út Bûtenpost pakt gauris even syn Tomkeboekje derby.

Wiebe Willem Hamstra (3) út Droegeham hat nei oanlieding fan it boekje ‘Tomke en de toarnbeien’ nei

Hjir krige Noud Boomsma (4)

it Toarnbeifestifal west yn Kollum. Hy

út Drachtsterkompenije foar

wie sa entûsjast, dat er útglied yn in

it earst syn Tomke. En wat

grutte plasse mei blubber. En doe’t de

is er der wiis mei!

echte Tomke ek noch neist him stie, wie er wol even ûnder de yndruk.

Dizze foto is alwer fan 10 jier lyn! De beppe fan Fenna Vrieswijk út Hallum (op ’e foto 1 jier, no 11 jier) hie in Tomkeknuffel en Fenna die altyd de noas fan Tomke yn ‘e mûle. Sa kroep se de hiele keamer troch. Letter hat se sels ek in knuffel krigen en neamde se Tomke ‘Kokkie’. En wat ha wy in protte Tomkeboekjes lêzen!

Jawis ha wy wat mei Tomke! Dit binne Nyls en Brend (5 en 2) út Bitgum. Beppesizzers fan Auck Peanstra. Sels kin se har Tomkeferhaaltsjes spitigernôch net oan harren foarlêze, mar lokkich genietsje sy noch hieltyd fan de aventoeren fan Tomke en Romke!


Ferre & Femma (doe 5 en no 8) út Kollumersweach kamen foar de Reuzen (Royal de Luxe) nei Ljouwert. Mar Tomke wie der ek, dus dêr wienen de reuzen neat by!

Rudmer Hoekstra út Burgum (hjir 8 moanne)

Lucas Lourens (no 5) út Burgum is

by Tomke op skoat.

berne mei it downsyndroom. In grutte ferrassing foar ús. As lytse poppe lei hy in protte yn ’e boks. Ticht by heit en mem én by Tomke. Der waard omraak sobbe op Tomke syn noas. Tomke is hjir oanein boarte.

Verena Lantinga (2,5) uit Heerenveen ging deze zomer voor het eerst naar de peutergroep. Bij binnenkomst greep ze vrijwel meteen naar de Tomke knuffel. Een dikke kus kreeg ik toegezonden en samen met Tomke en de peuterleidster Mirjam stond ze mij uit te zwaaien. Daar ging ik naar mijn werk. Daar ging zij op naar een Tomke fertelt Maaike van der Meer

nieuw avontuur. Als een echte peuter.

(no 9) út Winsum hjir grif in hiel grappich mopke. Dizze foto fan Wybe, Hester, Marije en Fardau Bruining mei Tomke is makke yn augustus 2018 doe’t wy yn ’e stêd wiene om de reuzen te sjen! Wat in feest, wy ha doe alle 3 dagen west. Sa moai fûnen wy it!

Jorryt de Hoop (7 moanne) Thijs Westra (2) út Damwâld is mâl mei de ferhaaltsjes fan Tomke, dêrom koe in foto mei Tomke op it feest net ûntbrekke!

28

29

út Eastermar op it Tomkefeest 18 septimber yn Bûtenpost.

Dizze foto fan Emma (2) út It Hearrenfean mei Tomke is makke op it Brommelsfeest, by de Muzykpleats yn Bûtenpost.


Timen op ’e tegels

Carin is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Op een mooie dag vraagt Timen aan zijn heit of hij mee gaat buiten spelen. Maar heit heeft het veel te druk met zijn werk. Timen mag van heit wel zelf naar buiten maar ‘Wol op ’e stoeptegels bliuwe, it is gefaarlik om der fan ôf te gean’. Dus Timen gaat alleen naar buiten. Zoals beloofd blijft hij ook wel op de tegels, maar dat die tegels een hele reis zouden gaan maken had heit niet verwacht. Hij zet een gevaarlijke achtervolging in maar haalt daarbij zelf een nat pak. ‘Dat hast der no fan heit ast fan ’e tegels ôf giest’. Dit humoristische verhaal over de ondeugende Timen is geschreven door Tjibbe Veldkamp. Het is een herkenbaar, avontuurlijk en grappig verhaal waar Tjibbe Veldkamp ook om bekend staat en wat vooral jongens erg aan zal spreken. In het verhaal zit veel herhaling wat helpt om het beter te begrijpen. Timo van 3 jaar vindt het heel erg leuk dat er allemaal stoere mannen in het verhaal voorkomen zoals een stratenmaker, een vrachtwagenchauffeur en een kapitein. Hij kijkt zijn ogen uit! De prachtige en kleurrijke illustraties zijn gemaakt door Kees de Boer en ondersteunen het verhaal op een heel mooie manier. In de illustraties zitten allerlei grappige details verwerkt die het boek nog leuker maken om (voor) te lezen. Timo kan niet wachten tot de bladzijde komt waarop heit met de step tegen de lantaarnpaal botst en naar het boze hondje die heit zijn nette pak stuk bijt. Er zijn ook veel vervoersmiddelen in het boek te bekijken zoals motoren, een tram, een hijskraan en vrachtschepen. Dit maakt het boek erg geschikt voor peuters en kleuters en met name leuk voor stoere jongens. Er zit alles in wat jongens van die leeftijd prachtig vinden. Zo’n boek waarvan je zou willen dat elk kind er eentje van in zijn kast heeft staan! Carin Wassenaar, moeder van Timo 3 jaar en Milan 5 jaar.


Fryske berne-apps Witsto dat der allegearre ferskillende Fryske berne-apps binne? Foar lytse en grutte bern? Spultsjes, ferskes, ferhaaltsjes… der is fan alles te dwaan! Ut in enkête ûnder Fryske heiten en memmen docht bliken dat noch net elkenien fan it bestean fan dizze apps wit – of yn elk gefal net fan alle. Dy’t se wol brûke, dogge dat benammen om harren bern in grutter ferskaat oan materiaal yn it Frysk oan te bieden. In oersicht:

1+

1+ Tomke Mei de Tomke-app kinne bern fan 2 o/m 6 jier sels ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-filmkes besjen. De spultsjes wurde oan de seizoenen oanpast, sadat der hieltyd wer wat nijs te dwaan is. • • • • • • • • • • • • • • • • • • • Lytskes Op de app “Lytskes” steane njoggen animearre Fryske berneferskes, dy’t earder ferskynd binne op de populêre dvd “Lytskes”. Sjoch mei dyn lytske nei de fleurige en werkenbere bylden, sjong mei de ferskes mei en stimulearje op in aardige manier de taalûntjouwing fan dyn berntsje! • • •

2+

2+

Hantsjes yn ‘e hichte Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en 10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels, mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene ferske is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftyd dêr tuskenyn. • • • • • • • • • • • • • • •

Wat heart wêr? Oeral misse dingen, kinsto se wer op it plak delsette dêr’t se thúshearre? Wat heart wêr is in learsume app foar beukers, dêr’t se boartsjendewei mei leare om foarmen te werkennen en yn ferskillende talen harren wurdskat fergrutsje. • • • • • • • • • • •

4+

2+

It Grutte Foarlêsboek Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’. In app mei prachtige ferhalen, gedichten, ferskes en spultsjes foar bern fan 2 jier ôf. • • • • • • • • • • • • •

30

31

Rinze de Kikkert De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Kinst de ferhaaltsjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Der binne 4 ferskillende: “Rinze op reis”, “Rinze is gek op wetter”, “Rinze syn jierdei” en “Rinze’s AaBee”. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze’s AaBee! • • • • • • • • •


Nije boeken! Mol wol de moanne ha – karton (2+) Mol fynt de moanne it moaiste dat er oait sjoen hat. Mar hoe krijt er ’m nei ûnderen? Dat is noch net sa maklik…

€ 12,25

Daphne: ‘Ik fyn it sels sa’n leaf ferhaaltsje en gelokkich is ús soan fan 3,5 jier ek sljocht op dit boek. It is in moai formaat en lekker fan karton, dat poer geskikt foar ús jonkje. Wy ha de oare prachtige boeken fan Mol ek yn it Frysk. Echte pronkjes yn ús boekekast.’

By beppe útfanhûs (3+)

€ 14,99

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat ûnwenniger Maaike wurdt fan har mem. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe… Wietske Siemensma: ‘De illustraties doen mij denken aan de momenten dat ik bij mijn pake en beppe logeerde. De inrichting van beppes huis dateert uit de jaren ’80 en ’90 van de vorige eeuw. Voor de jongere lezer geen probleem, zij gaan op in het verhaal en alles wat er samen door Maaike en beppe wordt beleefd. Voor de oudere lezer ofwel voorlezer leuk om een kijkje terug te nemen in de tijd en bepaalde voorwerpen te herkennen vanuit je eigen jeugd.”

€ 14,95

De alderleafste lytse bearen 3+ Der wiene ris in mem bear en in heit bear dy’t har trije lytse bearen fertelden dat se de alderleafste lytse bearen fan de hiele wrâld wiene. Mar op in dei begûnen de lytse bearen har ôf te freegjen wa’t no de alderleafste wie. Dat koene se dochs net alle trije wêze… of wol? Wopkje Bergmans: ‘In prachtich printeboek, mei in soad waarmte skreaun, dêr’t in djippere libbensles yn sit. En yn de moaie yllustraasjes kinst de leafde foar de natuer weromfine; allinnich al om de yllustraasjes soest dit printeboek wol ha wolle.’


€ 14,95 It biste-alfabet (4+) It biste-alfabet, skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch dochter Ankemarije. De teksten op rym binne twatalich: Frysk – Nederlânsk. It boekje is omkearber. A is in letter, al krekt sa’n wûnder as de Z, it sjongt en it gûnzet, sist en snettert fan bisten yn it alfabet. A is een letter, ver weg van de Z, dichtbij zijn de dieren van het alfabet.

€ 14,95

Thea de Boer: “En as je dan tinke: no is ’t boekje út, komt der noch in ferrassing: it alfabet stiet oan beide kanten fan it boekje. Benthe (5) hat al gau yn ’e gaten dat der noch in oare kant fan it boekje is. Se lêst de letters foar, en dan kinne je it boekje omdraaie. Dêr binne de ferhaaltsjes yn ’t Nederlânsk te lêzen. De printen binne itselde, mar de rymkes net. Dat makket it boekje ek foar âldere bern ynteressant om te lêzen.”

Hero (8+) Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden. Martha Attema skreau in prachtich ferhaal, basearre op histoaryske feiten en it boek is twatalich: Frysk/Ingelsk.

It neidiel fan ’e twivel (12+) Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei ’t sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it koroanafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no’t se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline?

32

33

€ 16,95

Corrie Kamminga: “Beide talen binne moai fanelkoar skieden troch ferskillende kleuren papier. It boek is frij koart. It ferhaal telt sa’n 65 bledsiden en is yn in pear oerkes út te lêzen. Dêrtroch is it sawol foar de jeugd as foar folwoeksenen dy’t net te lang yn in boek omhingjen bliuwe wolle in prachtich en spannend boek.”


Je relatie heeft topprioriteit Kijk samen met een coach naar je relatie

Na zo’n anderhalf jaar verliefdheid zijn de meeste relaties als de vlucht van een vlinder: het gaat op en neer. Ben je op zoek naar meer verbinding en ben jij bereid om naar jezelf te kijken, samen met je partner en een coach? De relatiecoach leert je om te kijken naar je verwachtingen en de invloed van je eigen opvoeding.


Gemiddeld scheiden stellen na 13 jaar, dan zijn de problemen zo groot dat zij geen andere uitweg meer zien. Een relatie, en zeker een relatie met kinderen, is topsport. Willemijn is altijd blij als jonge stellen het aandurven om in een coachingstraject te stappen. Vrouwen praten vaak al veel met vriendinnen en daardoor lijkt die stap voor hen meestal makkelijker te maken dan voor hun partners. Voor jonge mannen is het vaak eng en ongemakkelijk, zeker als er emoties bij komen kijken. In de praktijk blijkt het reuze mee te vallen en lucht het gesprek enorm op.

‘We verwachten veel van elkaar zonder dat te benoemen’

We verwachten veel van elkaar zonder dat we dat benoemen, vaak ingegeven door de eigen opvoeding. Een beetje gechargeerd gezegd gaan partners ervan uit dat ze zich verbonden hebben aan de prins(es) op het witte paard en verwacht men dat de partner de fiets repareert, een geanimeerde gesprekspartner is met een groot sociaal netwerk, elke dag de sterren van de hemel kookt en ook nog eens een leuke ouder is voor de kinderen. Willemijn: ‘Je moet je bewust worden van je verwachtingen en realiseer je: niemand is perfect. Ik geef stellen altijd als tip mee om de relatie als een gezinslid te zien waarvoor je goed moet zorgen. Zie jezelf als een team en zorg voor elkaar.’ ‘Zorgen voor elkaar is vooral ook luisteren en aandacht geven aan de ander, dat brengt rust en verdieping,’ vult Willemijn aan, ‘een complimentje is zo belangrijk om je gewaardeerd en gezien te voelen. Probeer eens elke dag de kleine dingen te benoemen waar je blij of dankbaar voor bent, door dingen te zeggen zoals “wat heb je lekker gekookt” of “wat fijn dat je dat even voor me hebt gedaan”. Waardering vult de liefdestank van binnen.’ Met de waardering komt ook meer zelfvertrouwen. Om je staande te houden in deze tijd, waarin social media ons van alles willen laten geloven over perfecte gezinnen en we te maken hebben met tientallen keuzes op een dag, kan iedereen wat stabiliteit en waardering goed gebruiken.

‘Alle verandering begint bij jezelf’

‘Ik zie vaak dat partners elkaar willen veranderen,’ zegt Willemijn, ‘maar dat gaat niet. Be the change you want to see. Behandel de ander zoals je zelf graag behandeld wilt worden. En bedenk, dat zit ’m ook in kleine dingen: in de toon, een blik, in de manier waarop jij met de mensen om je heen omgaat. Alle verandering begint bij jezelf, maar met een relatiecoach hoef je het niet alleen te doen!’

Relatiecoaching of relatietherapie wordt niet vergoed door zorgverzekeraars. Prijzen liggen rond de € 125 per uur, een sessie duurt ca. 90 minuten, een coachtraject zo’n zes sessies. Willemijn Tichelaar is relatietherapeut in Tirns en te bereiken via www.willemijntichelaar.nl.

34

35

Skriuwer: Ciska Noordmans

‘Kijk met zachte ogen’, zegt relatiecoach Willemijn Tichelaar uit Tirns; het klinkt prachtig en poëtisch. ‘Ik probeer stellen te leren met nieuwe ogen te kijken naar een oud landschap’, vervolgt zij. ‘Als het samen niet meer gaat, en de gesprekken zijn een herhaling van zetten, dan kan een relatiecoach je helpen als een getuige te kijken, van een afstandje te kijken naar jezelf; je helpen woorden te vinden voor je frustratie en verdriet, en samen met je partner leren te bekijken wat frustratie en verdriet met de ander doet, en daarna te proberen in te voelen wat het verdriet voor de ander betekent. Als je bereid bent om te luisteren, ontstaat opnieuw de verbinding’, legt Willemijn uit.


1

Tien relatietips van Willemijn voor jonge ouders:

Plan een vast moment in de week om te praten over jullie relatie en over het ouderschap. Hoe is het met mij, hoe is het met jou, hoe is het met ons? Wat kom je tegen in het ouderschap, wat zijn je twijfels, wat vind je lastig, maar ook: wat vind je leuk of waar geniet je van?

3

2 Probeer in zo’n gesprek eens vijf minuten te luisteren zonder te reageren en vat daarna samen wat verteld is. Probeer in te voelen wat dat voor hem/ haar betekent. Reageer bijvoorbeeld met: ‘Ik kan me voorstellen dat jij je … voelt’, en bedenk dat de wereld van je partner een andere is dan die van jouzelf.

Zie dat je een team bent en heb zorg voor elkaar. Gun elkaar pleziertjes en steun elkaar waar dat kan. Maak afspraken over uitslapen, tijd voor sport, boekenclub, mannengroepje e.d., om op te kunnen laden. Vul je ‘buffertank’ en zorg dat die van je partner gevuld blijft.

4

Samen zijn is belangrijk. Zoek elke dag een paar kleine momenten van verbinding. Ga tegelijk naar bed, geef elkaar een kus voordat je gaat slapen en ook als je wakker wordt. Oefen met het uitspreken van waardering, hoe klein ook.

5

6

Plan seks, dat is sexyer dan je denkt. Dit zorgt voor rust op andere dagen. Bovendien kun je je verheugen. Hoe lastig ook, leer kinderen zo snel mogelijk in hun eigen kamertje te slapen, desnoods met de deur open. Jullie slaapkamer is van jullie.

Quality time. Plan in elk geval eens per maand een moment voor jullie samen. Thuis of elders. Dek de tafel, kleed je mooi aan, ga uit eten of maak samen een wandeling. Verras elkaar! Nieuwe dingen doen schept verbinding.

7 Maak een wensenlijstje van tien dingen die je samen met je partner zou willen gaan doen, en doe ze in een enveloppe. Geef elkaar die enveloppe en praat er niet over. Elke maand doe je één ding van het lijstje van jou of van je partner, om de beurt. Denk bijvoorbeeld aan een stad die je nog eens wilt bezoeken, samen een salsales volgen, of picknicken.

9 Let op het gebruik van je mobiel en social media. Wees daar consequent in, leg je telefoon aan de kant als je samen op de bank zit. Ook al ben je samen, elke keer dat je op je mobiel kijkt, ben je uit verbinding met degene die naast je zit. Ieder mens wil graag gezien, gehoord en erkend worden.

8 Wat vond ik ook al weer zo leuk aan jou? Vertel je partner regelmatig waarom je voor hem/haar gevallen bent.

10

Grijp tijdig in. Vraag jezelf zo nu en dan af: ben ik gelukkig? Hoe was het voordat er kinderen kwamen? Blijft dezelfde discussie steeds terugkomen en kom je er niet uit, zoek dan hulp. Het is fijn als iemand met je meekijkt. Je brengt je auto ook naar de garage voor een onderhoudsbeurt, en je gaat naar de kapper. Een relatie onderhouden gaat niet vanzelf!


GEEN GAATJES Met de pop stevig onder haar arm komt Iepie binnen en ze gaat meteen met het speelgoed spelen. Haar moeder gaat zitten: ‘Zo, daar zijn we weer.’ Iepie komt elk jaar voor controle. Een paar dagen na haar geboorte, dat was zeven jaar geleden, hoorde ik een geruis bij het hart. Het geruis klonk ruw en hard. Daarom was ik er vrij zeker van dat het om een gaatje tussen de beide hartkamers ging. Een echografie van het hart bevestigde mijn vermoeden. De ouders van Iepie schrokken natuurlijk erg toen ik het vertelde. Iets met het hart is altijd eng. Een gaatje tussen de beide hartkamers is de meest voorkomende aangeboren hartafwijking. Het geeft alleen problemen als het gat groot is. Dat belemmert goed drinken en groeien, vooral in de eerste maanden. Als dat gebeurt, is soms een operatie nodig. Gelukkig groeit bij de meeste kinderen het gaatje in de eerste levensjaren dicht. Het geruis verdwijnt dan. Daarom luisteren we daar regelmatig naar. Iepie had nooit problemen, ze dronk en groeide prima. Vandaag ga ik weer luisteren. Als ik haar vraag hoe het gaat, roept ze hard: ‘Goehoed.’ Moeder is ook tevreden. Iepie kan prima meekomen op school. Ze rent net zo hard als haar vriendinnen. Dan wil ik naar het hart luisteren en vraag: ‘Waar wil je zitten: bij mama op schoot, op de onderzoekbank of op de tafel?’ Om dat laatste moet ze lachen, dat kan toch niet? Ze klimt op de onderzoekbank. Eerst beluister ik de pop. Die werkt goed mee en ik hoor geen gekke dingen. Iepie trekt haar shirt omhoog en ik leg de warm aanvoelende kop van de kinderstethoscoop op haar borstkas. Ik luister aandachtig en hoor de harttonen helder en duidelijk. Het geruis hoor ik niet. Ik leg de stethoscoop op verschillende plekken van de borstkas en hoe goed ik ook luister: geen geruis. ‘Het gaatje is dichtgegroeid,’ zeg ik, ‘ik hoor geen geruis meer.’ ‘Ooh wat fijn’, zegt moeder en ze knuffelt Iepie. Het hart van Iepie is gezond. Ik hoef het niet meer te controleren. We nemen afscheid. Als ze weglopen, hoor ik Iepie tegen moeder zeggen: ‘Net als bij de tandarts, hè mam, pop en ik hebben geen gaatjes.’

36

37

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).


Skriuwer: Klasina v/d Werf Foto’s: Therese Rijken Fotografie

Tips om het zelfvertrouwen van je kind een boost te geven Hoe kun je het zelfvertrouwen van kinderen vergroten? En hoe komt het dat jouw kind onzeker is? Wat voor impact heeft jouw eigen zelfvertrouwen op je zoon of dochter? Hermina Terpstra – kinder- en oudercoach van Kindgeluk uit Leeuwarden – begeleidt kinderen in het ontwikkelen van meer zelfvertrouwen. Ook leert ze ouders hoe ze hun kind hierbij kunnen helpen.


Zelfvertrouwen is het geloof in jezelf om de juiste dingen te denken en te doen. Volgens Hermina Terpstra heeft het vergroten van het zelfvertrouwen dan ook alles te maken met het ontwikkelen van een positieve mindset. ‘Niet ieder kind wordt met evenveel zelfvertrouwen geboren, maar het gaat erom hoe je ermee omgaat. Als je altijd denkt “ik weet het niet”, “ik kan het niet” of “ik durf het niet”, dan lukt het ook niet. Daarom is het zo belangrijk om een positieve mindset te hebben en het te proberen. Daar heb je soms meerdere stappen voor nodig en het is niet erg om fouten te maken. Integendeel, kinderen “moeten” leren dat ze fouten mogen maken zonder dat ze er een slecht gevoel aan overhouden.’ Emotie accepteren Je kiest als mens je eigen gedachtes. Kinderen met weinig zelfvertrouwen hebben vaak irreële angsten. Deze angsten houden hen “klein”, want door het angstige gevoel ga je bepaalde situaties of taken liever uit de weg. ‘Het is belangrijk de emotie die dat losmaakt bij kinderen te accepteren en te erkennen. Vervolgens gaat het erom: hoe kun je het lichter maken? Hoe krijgen kinderen het plezier weer terug? Dat kan door het aangaan van de angst. Door positieve ervaringen krijgen kinderen weer vertrouwen in zichzelf. Kinderen moeten het zelfvertrouwen zelf ontwikkelen. Wel heb je als ouder veel invloed op dit proces. Vaak zie je dat kinderen zich ook spiegelen aan hun ouders,’ legt Hermina uit. Zelf oplossingen bedenken De grote vraag is: laat je je leiden door angsten of ga je voor het grotere doel? Hermina: ‘Het oncomfortabele wordt comfortabeler door te doen. Dat gaat met vallen en opstaan. Een belangrijke tip voor ouders is: laat het kind zelf oplossingen bedenken. Jouw kind kan en weet al heel veel zelf. Speel vooral een begeleidende, adviserende en stimulerende rol. Stel open vragen, vraag door en toon begrip. Zonder begrip geen oplossing. O ja, en “ik weet het niet” bestaat niet. Je weet het nóg niet. Wat kun je doen om het wel te weten? Welke eerste stap kun je zetten?’ Wat ouders ook nog weleens vergeten is dat ze goed voor zichzelf moeten zorgen. Vaak denken ze: als de kinderen het maar fijn hebben. Maar je helpt je kind juist door goed voor jezelf te zorgen en te doen waar je gelukkig van wordt. Kinderen leren van wat jij doet. Jij bent een voorbeeld.’

38

39

Complimenten Het valt de kindercoach op dat de agenda’s van ouders en kinderen tegenwoordig overvol zijn, waardoor er geen balans is tussen inspanning en ontspanning. Kinderen hebben veel te doen na school waardoor ze moe zijn, snel overprikkeld raken, dingen niet of minder snel lukken, met als gevolg dat hun zelfvertrouwen daalt. ‘Het is belangrijk dat jij de grenzen nog stelt voor jouw kind. Maar ook voor jezelf. Want als jij het te druk hebt, voelen kinderen dat feilloos aan.’ Ook de taal die je als ouder gebruikt, heeft invloed op het zelfvertrouwen van jouw zoon of dochter. ‘Complimenten zijn fijn om te krijgen én om te geven. Ze kunnen je zelfvertrouwen een boost geven, je motivatie vergroten en zorgen voor een positief zelfbeeld. Vooral procesgerichte complimenten hebben effect. Bijvoorbeeld: “Ik kan zien dat je geoefend hebt” of “Je hebt flink doorgezet”. Daar leren kinderen meer van dan complimenten die puur over de prestatie gaan.’ Huishoudelijke klusjes Hermina ziet als coach in haar praktijk zowel kinderen als ouders veranderen en groeien in hun ontwikkeling. Samen met hun kind kunnen ouders stappen zetten. Dat geldt bijvoorbeeld ook voor huishoudelijke klusjes. Veel ouders denken dat hun kind deze nog niet goed kan uitvoeren of ze doen het liever zelf omdat het sneller gaat. ‘Bedenk dat ook dit niet helpt om het zelfvertrouwen van je kind te vergroten.’ Tot slot kun je kinderen die bang zijn ook leren zichzelf rustig te houden. Hoe? In elk geval door zich aan te passen aan de situatie en niet mee te gaan in de angst. ‘Als je als ouders ruimte geeft voor de angst, groeit die juist. Mijn tip is dan ook: geef ruimte voor emotie, maar stel grenzen aan het gedrag. Soms moet je kiezen voor lef in plaats van voor de makkelijke weg. Uiteindelijk heeft iedereen er baat bij, want zelfvertrouwen is een belangrijke voorwaarde voor het ervaren van geluk.’ Meer informatie: www.kindgeluk.com


In Fries om utens

Wa bisto en wêr komst wei? Myn namme is Marte Otter, ik bin 36 jier en ik bin berne yn Burchwert. Ik ha in pear jier yn Deinum wenne, wêrnei’t we ferhuzen nei Blessum. Dêr ha ik yn myn middelbere skoaltiid wenne. Ik siet op skoalle yn Frjentsjer, dus dat wie in flink ein fytsen. Wat is dyn memmetaal? Myn memmetaal is Frysk. Us mem is sels yn it Hollânsk grutbrocht en ús heit prate thús Stedsfrysk (Snekers). Tegearre ha se besletten om ús yn it Frysk grut te bringen.

Hoe bisto yn Houten bedarre? Op myn 18e bin ik Sociale Geografie begûn te studearjen yn Utert. Ik spylje sello en bin ûnder myn stúdzje lid wurden fan it Utrechts Studenten Koor en Orkest. Yn it orkest learde ik Andrea kennen. Sy waard myn húsgenoat en letter myn frou. Yntusken ha wy twa bern. De jongste is dizze simmer berne. En ja, ast dan de leafde, in gesin en dyn freonen fûn hast, dan bliuwst hingjen. En dat wylst ik altyd tocht hie dat ik wer werom soe nei Fryslân. Om’t myn frou en ik beide út in doarp komme, woene we wol graach yn in lytser plak wenje as Utert. Dêrom binne wy yn 2014 ferhuze nei Houten. Foar Fryske begripen trouwens mear


� Myn frou ferstiet it Frysk goed en hat my op ús brulloft sels yn it Frysk tasongen!’

in stêd as in doarp, mar it fielt doarpsk oan. Wy wenje flak by it stasjon en binne mei de trein binnen tsien minuten yn Utert. Ik wurkje by de Universiteit Utrecht, wat op fytsôfstân is fan ús hûs, ideaal. Hokker talen prate jimme thús? Mei myn frou praat ik Nederlânsk, mar mei ús twa soannen praat ik Frysk. It Frysk is myn hertetaal, dus ik kin eins ek net oars. Mar ik fyn it ek wichtich dat sy dy taal ferstean en hooplik ek sprekke kinne. Ik fyn it moai om te sjen dat ús âldste soan alles sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk ferstiet. Us heit en mem komme ienris yn ‘e twa wiken in dei oppassen en prate ek Frysk mei de bern. Moai dat se dat meikrije. Myn frou ferstiet it goed en hat my op ús brulloft sels yn it Frysk tasongen! (ta ferbazing fan myn famylje!) Hoe belangryk is Fryslân en/of de Fryske taal foar dy? Alle kearen as wy op besite gean by famylje yn Fryslân en we ride Fryslân binnen, dan genietsje ik fan de widens fan it lân. Dat mis ik hjir wolris. Mar yntusken is dit ek myn thús. It is foaral de emosjonele bân mei ferskate plakken dy’t ik fiel. De taal is belangryk foar my. Mear as ik miskien tocht hie. Doe’t ik nei Utert ferhuze, skamme ik my wolris foar myn aksint. Mar do learst dy oan te passen en nei in pear jier hearde net ien mear dat ik út Fryslân kaam. Yntusken bin ik just grutsk op myn roots en op dat ik Frysk prate kin en fyn ik it moai om dat trochjaan te kinnen oan ús bern. Ik kom hjir geregeld minsken tsjin dy’t ek Frysk binne. Lêsten noch by de toskedokter. Wy skeakelen ûnder de kontrôle fuort oer op it Frysk.

40

41

er Marte Ott Namme: n yn Houte Wennet


TWATALICHHEID YN KAART? Dat is geen ‘weg’, dat is in ‘dyk’. Boas sjocht Jelle syn papa oan. Hy is al de hiele middei dwaande mei in grutte dyk. Der is nimmen dy’t him no noch wiismakket dat dat in ‘weg’ is. Geduldich besiket hy it papa, dy’t krekt thúskaam is, út te lizzen hoe’t it sit. De taalspraakûntjouwing fan bern dy’t twatalich binne, is hiel nijsgjirrich. Fan beide talen ûntwikkelje se in taalnetwurk. Fan beide talen leare se wurden, de sinsbou, hoe’tst it útsprekst en wannear’tst wat brûkst. Yngewikkeld? Hielendal net. De measte bern kinne dit sûnder swierrichheden. De earste pear jier fan harren libben binne bern krekt hiel tagonklik om talen te learen en twatalich opgroeie smyt in protte foardielen op. Oant no ta kinne logopedisten twatalige bern net goed ûndersykje as de logopedist de twadde taal net machtich is. Hoe is de taalûntjouwing yn de thústaal? Sprekt it bern yn de thústaal ek in protte klanken net (goed) út? Hat dit bern in efterstân of ûntwikkelet it him normaal as in twatalich bern? Binne de problemen yn beide talen gelyk? It binne fragen dy’t logopedisten faak net beäntwurdzje kinne. As de logopedist de twadde taal fan it bern net machtich is dan wurdt it in hielendal in toer. Meastentiids wurde bern dan trochstjoerd nei it Audiologysk Sintrum dêr’t se de taalspraakûntjouwing yn beide talen ûndersykje mei in tolk. Mar de measte logopedisten yn in praktyk beskikke net oer in tolk. Dêrom is sûnt koart de Speakaboo app yn ûntwikkeling dy’t al by sa’n tweintich talen brûkt wurde kin, wêrûnder it Frysk. Speakaboo app De Speakaboo-app is in app dêr ‘t logopedisten de spraakûntjouwing by meartalige bern mei yn kaart bringe kinne. Geskikt foar bern fan ûngefear 3 oant 6 jier dy’t benammen de thústaal sprekke of yn elk gefal de thústaal likefolle brûke as it Hollânsk. De logopedist kriget sa in yndruk fan de spraakûntjouwing. Bij de screening wurdt it bern frege in plaatsje te beneamen/nei te sizzen. De app nimt op wat it bern seit. Nei de tiid kin de logopedist alles beharkje en skoare. De app hat in tolkfunksje. De útspraak fan de digitale tolk kin dan fergelike wurde mei de útspraak fan it bern. Ek âlden kinne mei de logopedist de opname beharkje. De logopedist kin harren sa makliker útlis jaan.

De Speakaboo-app is ûntwikkele troch Koninklijke Kentalis. De Fryske ferzje is ûntwikkele troch de Fryske Akademy en stipe troch Stichting De Friesland. Mear witte? Sjoch op: www.kentalis.nl/speakaboo

Berber Spliethoff is skriuwster, logopedist en Taal-Spraakpatolooch.

42

43


Wolkjes

Berber Spliethoff

Ik blaas waarme winter wolkjes de wite wrâld yn. In oaljefant, in hûn, in knyn. Ik sjoch der fan alles yn. Dan sjoch ik dy efter it rút en blaas nei dy in wolketút.

&


SJIT NO RIS OP!

5 tips foar in relaxed moarnsritueel

Checklist foar it moarnsskoft

In jûnsritueel

1

Skriuwer: Dieuwke van der Meer

It moarnsskoft stiet of falt mei in goed jûnsritueel. Skriuw it ritueel út en hingje it op in plak dêr’t alle bern it ek sjen kinne. Aldere bern kinne ek prima sels guon punten fan it listke dwaan. Wat kin der op it listke stean? • Aginda / skoalle-app tsjekke (ha de bern ek wat, moat der noch wat mei?) • Bôle en fruittrompkes klearmeitsje • Gymnastyktassen (of oar guod) klearlizze • Moarnstafel klearmeitsje (is der bôle, belis en fruit?) • Lizze de jassen, skuon, sjaals ensfh. op harren plak? • Dûse • Klean klearlizze

Meitsje foar de bern in checklist foar it moarnsskoft. Foar lytsere bern kinst mei plaatsjes wurkje. Der binne online ek wol guon te finen dy’tst sa útprintsje kinst. Set op de checklist dingen lykas: • Klean oan • Bêd opmeitsje / iepen slaan • Ite / drinke • Kopke / pantsje opromje • Tosken poetse • Hier dwaan • Bril poetse • Skuon oan • Jas en tas klear pakke Wa’t it listke klear hat, kin beleanne wurde mei jûns in ekstra ferhaaltsje, in stikker, skermtiid, leuke muzyk dêr’t jim even op dûnsje of wat oars dat jim bern hiel leuk fine.

2


Bepaal moarns betiid dyn yntinsje
 Sûnder dat wy it yn ’e gaten ha, wurde wy moarns faak al wekker mei negative gedachten om’t de bern gille, rûzje meitsje en net meiwurkje. Faak bliuwst dan yn in negatyf gedachtepatroan hingjen. Dat fernimme de bern ek. Betink no ris moarns betiid bewust: ‘Alles rint soepel en suksesfol’. Meitsje de bern op in rêstige en fijne wize wekker. Jou se in dikke krûp. Besykje rêstich te bliuwen en reagearje fleurich op de bern en meitsje, at se net meiwurkje wolle, der in leuk spultsje fan. Hingje eventueel in post-it yn de badkeamer as reminder foar dysels.

3

‘Sjit no ris op, sa komst noch te let’. ‘Oars giest mar yn de pyama nei skoalle!’

4 Soargje dat alles in fest plak hat

Hoe komst yn ’e goedichheid in bytsje zen it moarnsskoft troch en krigest de bern op tiid op skoalle en dysels op tiid op it wurk?

Gean op tiid fan bêd ôf

5

Hâld der rekken mei dat bern gewoan mear tiid nedich ha om harren klear te meitsjen as folwoeksenen. Dingen lykas iten en oanklaaien duorje krekt even wat langer. Dus it is fijn om moarns dêr ek de tiid foar te nimmen. Do kinst ek mei de bern ôfprate dat se jûns dûse en moarns foardat se nei ûnderen gean fuort de klean oandogge, dy’t as it goed is al klearlizze. Ek kinst mei se ôfprate dat se fuort oan tafel sitten gean at se ûnder komme, om te iten. Nóch handiger is datsto as âlder krekt wat earder as de bern fan bêd ôf giest. Dan hast even in momintsje foar dysels en kinst yn alle rêst dysels en miskien it moarnsiten klearmeitsje.

44

45

It is ideaal as guod datst moarns brûkst in fêst plak hat en byinoar leit. De hierboarstel, de hierilestykjes, de hiergel, it brillepoetsdoekje ensfh. Soargje dat alles op in logysk en fêst plak leit sadat it moarns sa soepel mooglik giet.

Wylsto de jas oan hast, klear om de bern nei skoalle te bringen sit dyn bern noch mei ien sok oan nei de telefyzje te stoarjen. Werkenber?


Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.

‘Wat rûkt it hjir nuver.’ Romke stekt syn noas yn ’e loft. ‘It komt út ’e tún fan Yana Yu wei’, seit er. Yana Yu boartet bûten yn ’e sânbak. ‘It stjonkt hjir in bytsje. Hoe kin dat?’ freget Tomke. ‘De túnman hat kowepoep brocht. Dêr groeit de tún fan’, leit Yana Yu út. Tomke kriget in idee. Hy hellet in ammerke. ‘Mei ik ek wat poep?’ freget hy. ‘Wêrom?’ wol Yana Yu witte. ‘Ik wol útfine oft ik dêr ek fan groeie kin’, seit Tomke. ‘Dan mei it’, fynt Yana Yu. Tomke smart in lyts bytsje poep yn syn hier. En op syn earms en fuotten. Yana Yu komt derby te sjen. ‘Wolle jim net wat?’ seit Tomke. ‘Nee hear, tankjewol’, seit Yana Yu. Romke hoecht ek neat. Hy fynt himsels al grut genôch. ‘Bin ik al grutter?’ freget Tomke nei in skoftsje. ‘Ik sjoch noch neat, mar ik rûk dy wol’, snúft Romke.

Tomke giet mei de holle yn ’e sinne sitten. Fan ’e sinne groeit alles, seit Kornelia altyd. ‘En no?’ freget hy letter nochris. ‘Do bist noch likefolle Tomke as sakrekt’, seit Yana Yu. ‘Wat stjonkt hjir sa?’ Kornelia komt de tún yn. Se sjocht nei Tomke. Hy is hielendal smoarch. ‘Wêr hasto dy mei ynsmard?’ freget se mei de noas tichtknypt. ‘It is mar kowepoep hear’, seit Tomke. ‘Ik wol graach witte oft ik dêr grutter fan groei. Krekt as de tún fan Yana Yu.’ De holle fan Kornelia skoddet en har gesicht laket. ‘Hoe fynst it út’, seit se. ‘Earst mar yn bad. Dêr wurdst net grutter fan, mar wol skjin.’ Tomke is wer as nij. Hy rûkt nei blomkes, fan ’e shampoo. ‘Tinksto dat ik letter grut wurd, Kornelia?’ freget Tomke. ‘Ja hear, en noch folle mear. Watsto mar wolst.’ ‘Moai!’ seit Tomke bliid. ‘Dan wurd ik letter grut én útfiner!’

Skriuwer: Reina Smeink Kroodsma Yllustraasje: Luuk Klazenga

Tomke fynt wat út!


Skriuwer: Marrit de Schiffart Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

FERNEAMD Trijntje

Oerbeppe: Trijntje (Tine) de Boer – Zandstra Berne op: 27 oktober 1940 Wennet yn: Snits

Mem: Elise Trijntje de Jong Berne op: 12 juny 1995 Wennet yn: Snits

Beppe: Trijntje (Tineke) de Jong – de Boer Berne op: 8 novimber 1968 Wennet yn: Snits

Dochter: Lieke Trijntje Drost Berne op: 24 septimber 2019 Wennet yn: Snits

Oerbeppe Tine: ‘Wy sitte hjir mei fjouwer Trijntjes, mar de namme giet noch fierder werom yn de stambeam: ús mem, beppe en oerbeppe hjitten ek Trijntje. Lytse Lieke is dus yn elk gefal de sânde Trijntje yn ús famylje, mar ik tink dat it sels noch fierder weromgiet. Geweldich fyn ik dat. Lieke is myn earste oerbeppesizzer, hiel spesjaal! Ik fyn it hearlik om har te sjen, thús pak ik har foto der ek gauris by, dêr genietsje ik o sa fan.’ Beppe Tineke: ‘Wy soene nochris útsykje moatte by Tresoar oft de namme noch fierder weromgiet. Prachtich, sa’n tradysje dy’t trochjûn wurdt. Doe’t by de gender reveal party bliken die dat Elise in famke krije soe, rekke my dat hiel bot. Fansels, in jonkje of in famke makket neat út, mar dochs waard ik emosjoneel. Dat myn dochter in dochter krije soe, fielde sa ferbûn. Dit wurdt in Trijntje, tocht ik.’ Mem Elise, laitsjend: ‘Wy koene net om it ferneamen hinne, dat begrypst. By de baby shower hiene twa minsken de namme Trijntje

46

47

Betsjutting Trijntje: rein, suver

opskreaun: ús mem en beppe, haha! Dochs ha se beide noait serieus oantrune op dy namme, se lieten ús frij. Ik fyn it moai dat wy sa in stikje skiednis trochjaan kinne, it heart by ús famylje. It is ek fantastysk dat ús beppe it noch meimakket, moai om te sjen hoe grutsk sy is.’ Oerbeppe Tine: ‘Hoewol’t ik offisjeel Trijntje hjit, sei ús heit by myn berte al dat er my Tynke neame woe. Hy wie bang dat Trijntje ôfkoarte wurde soe ta Tryn, dat fûn er ferskriklik. As jongfaam ha ik Tynke feroare yn Tine, dat klinkt wat folwoeksener. Ik fyn mysels no te âld om myn namme noch te feroarjen, mar as dat koe soe ik foar Tryntsje gean.’ Mem Elise: ‘Us namme klinkt yn it Frysk yndied moaier as yn it Nederlânsk.’ Oerbeppe Tine: ‘Doe’t ús beppe troude mei ús pake, krige se fan him in earmbân mei bloedkoralen. Dy giet no oer fan Trijntje op Trijntje. Hy stiet binnen de famylje bekend as de Trijntje-earmbân!’


De aventoeren fan in

! j i N

smokkelbern en in Fryske hynst yn de Twadde Wrâldoarloch, basearre op in wier bard ferhaal. 8 - 88 jier € 14,95

websjop.afuk.frl


Articles inside

Kollum Berber Spliethoff

2min
page 42

Nije boeken

3min
pages 32-33

Tomkeferhaaltsje

1min
page 46

In Fries om utens

2min
pages 40-41

Je relatie heeft topprioriteit

5min
pages 34-36

Zelfvertrouwen

4min
pages 38-39

Tips tegen ochtendstress

2min
pages 44-45

Kollum Tjalling de Vries

2min
page 37

Kollum Sjoukje de Boer

2min
page 27

Tegearre spultsje dwaan

4min
pages 24-26

Fryske berne-apps

2min
page 31

Afûk-boekpanel

1min
page 30

Over meertalig opvoeden

4min
pages 19-20

Us húshâlding

2min
pages 22-23

Sa prate wy thús

2min
page 18

Bernepraatsjes

1min
page 21

Gearstalde húshâldingen

4min
pages 12-14

A is fan Aapke

1min
page 3

Menstruatie op de basisschool

4min
pages 16-17

Kollum Andries Jelle de Jong

1min
page 11

Kolofon

3min
pages 4-5

Iten foar skoalbern

4min
pages 8-10

Help, ik ha bern

2min
page 15

heit&mem post

3min
pages 6-7
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.