
1 minute read
Mear dwaan mei it Frysk?
from Pake & Beppe 2021
by heit&mem
Wolst mear dwaan mei it Frysk of ynsjoch krije yn dyn eigen taalgedrach? Der binne ferskate mooglikheden foar dysels, dyn bedriuw of organisaasje of de feriening of klup yn dyn doarp of wyk.
Taal op it wurk
Advertisement
Dizze wurksjop is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk. Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is it? En taal op it wurk: hoe fi elt dat eins foar dy? Brûksto taal as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich? De wurksjop is bedoeld om ús bewust te wurden fan ús taal en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta eksperimint en aksje. De workshop is geskikt foar alle bedriuwen, organisaasjes en oerheden. Wolst mear witte oer de workshop? Nim kontakt mei ús op fi a praatmarfrysk@gmail.com.
Psychology fan dyn taal
In training oer ‘taalgedrach en -gewoanten’, dy’t in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ training, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêr’tst net by stilstiest. De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switchen as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoanten. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan ’e slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifi ke situaasje en dyn ferhaal.
Hast belangstelling foar dizze workshop? Foar dysels, foar dyn doarp of feriening? Sjoch op www.praatmarfrysk.nl/taalpsychology foar mear ynformaasje of stjoer in mail nei praatmarfrysk@gmail.com.
Frysk leare?
Wolst Frysk ferstean, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte fan de taal, kultuer en skiednis fan Fryslân? De Afûk biedt rûnom yn de provinsje kursussen oan. Sjoch op de website kursus.afuk.frl foar it folsleine kursusoanbod.