3 minute read

Kolofon

NR.1

FAN DE REDAKSJE

Advertisement

12

Dieuwke van der Meer (haadredakteur)

Hjir is er dan, ‘de Pake&Beppe’. En wat wie it leuk om dit nûmer gear te stallen! Ik hoopje wier dat ik letter krekt sa’n leave beppe wurde mei as de ynspirearjende beppes yn dit blêd. Sa’n beppe dy’t altyd wat lekkers yn ’e tas hat. Sa’n beppe dy’t oprjochte ynteresse toant foar har beppesizzer en wol in oere mei him of har belje kin om gewoan te kletsen. Sa’n beppe dy’t leuke dingen ûndernimt mei de bernsbern, lykas op side 12. Sa’n beppe dy’t altyd beppesop en waarme gehakballen klear hat at de bernsbern by har ite wolle. Of sa’n beppe dy’t de tiid nimt om har beppesizzer foar te lêzen, lykas yn it ferhaal op side 28. Sa’n beppe ja, sa’n beppe wol ik letter hiel graach wurde…

Douwkje Douma (redakteur)

Ferline jier ha ús jonges (doe 4 en 5) harren pake en beppe in moarntiid meinaam nei skoalle foar in projekt oer ‘vroeger en nu’. Pake en beppe hienen der wurk fan makke: foto’s mei, en ferhalen en oantinkens opskreaun oer harren skoaltiid. Yn de klasse kamen mei de fragen fan de bern de ferhalen los, oer stikem de skoalbel liede, en útflekkende inkt omdat beppe linkshandich wie. Ik mocht oanskowe en wat wie it weardefol om dy ferhalen te hearren! Fandêr ús oprop oan alle pakes en beppes: fertel ris! Sjoch foar ynspiraasje op side 19.

19

Kolofon

Redaksje:

Dieuwke van der Meer Hieke Rienstra Douwkje Douwma Ciska Noordmans Hermien van der Meer

Fotografy:

Hippe Kiek Fotografi e by Sjoeke www.hippekiek.nl

Blooming Image, Femmie van der Sluis-Boersma www.bloomingimage.nl Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje

Ytsje Steen-Buwalda

Printwurk: Ink69 www.ink69.be

Redaksje-adres/útjouwer:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Distribúsje: De heit&mem kado-edysje wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 10.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

Heit&mem kinst ek folgje fi a:

Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Klasina van der Werf (tekstskriuwer)

Doe’t wy bern krigen, wiene wy yn ’e wolken. Mar wêr’t ik noait by stilstien hie, wie dat we ús berntsje diele moasten. Mei de pakes en beppes. Se fochten der noch krekt net om, mar woene ús poppe wol hiel graach ‘even’ op skoat ha, yn bad dwaan of in fleske jaan. Wy ha ús âlders noait as fêste oppas frege. Ik tocht, dat kinne we net meitsje, fierstente drok. Mar nei de ynterviews mei de pakes en beppes út dizze spesjale edysje tink ik dêr oars oer. Want dy drokte ferjitte se gau genôch, mar de ûnderlinge bân dy’t se opbouwe bliuwt foar altyd!

44 16

Ciska Noordmans (redakteur)

By 45 jier freonskip kenst inoar al in hiel skoft. Reny en Maaike op side 44 hawwe sa’n freonskip. En ûnderwilens past dy freonskip as in jas. Se kinne hast yn inoars holle krûpe; in libben sûnder elkoar bestiet net mear. Reny en Maaike rinne harren libben lang tegearre mei-inoar mei. Harren soannen binne freonen wurden, en de bernsbern ha der in ekstra beppe by!

ynhâld

04 Kolofon 06 pake&beppe post 08 Taal kado fan pake en beppe 10 Deselde passy 13 Kollum Baukje Wytsma 14 Gedicht Baukje Wytsma 16 De rol fan pake en beppe yn dizze tiid 19 Pake en beppe fertel ris... 28 Foarlêsferhaal 30 Foarlêsferhaal 32 Bernepraatsjes 33 Kollum Thys Wadman 34 Us húshâlding mei Pake & Beppe 36 10 Tips om te dwaan mei de pake- en beppesizzer 38 Soarch en wolwêzen yn eigen taal 39 Mear dwaan mei it Frysk? 40 De moaiste ferhalen om foar te lêzen 41 De tsien moaiste Fryske boeken om sels te lêzen 42 Mei de bernsbern op de foto! 44 In freondinne foar it libben 46 Ferske 47 Tomkeferhaaltsje

This article is from: