2 minute read

De moaiste ferhalen om foar te lêzen

De moaiste ferhalen

om foar te lêzen oan de bernsbern

Advertisement

Elk bern fynt it hearlik om foarlêzen te wurden. Ek âldere bern! It fersterket de ûnderlinge bân, it fergruttet de wurdskat, it taalgefoel wurdt ûntwikkele, mar boppe-al is it hiel leuk en gesellich. Wy ha in oantal moaie foarlêsboeken foar jim opsocht dêr’t losse ferhalen yn steane. In protte foarlêswille tawinske!

€ 26,99

3+

Jip & Janneke (Annie M.G. Schmidt)

Alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes Jip en Janneke binne byinoar brocht yn dit boek. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip! Dach Janneke!” Mei in soad yllustraasjes yn swart-wyt én yn kleur. In moai ynbûn boek fol foarlêswille, dat yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.

Afke: “Wy lêze ús beppesizzer Anna (3) alle kearen at se komt foar út ‘Jip en Janneke yn it Frysk’. Se fynt it prachtich! Se freget der alle kearen wer om.”

4+

Myn moaiste mearkes

‘Myn moaiste mearkes’ is in prachtich dik mearkeboek. It hat in protte moaie platen, dy’t goed yn ferhâlding binne mei de tekst. Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy’t dy helpe wolle… Dizze spesjale samling ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.

€ 17,50

Amanda: “It ferhaal is op in leuke wize skreaun en troch alle tekeningen derby poer geskikt foar beukers. It is grappich skreaun en wykt soms wat ôf fan hoe’t it orizjinele mearke skreaun is. Readkapke stroffelt oer de wolf en bringt grientesop by beppe.”

€ 14,95

10+

It Spûkskip (Lida Dykstra)

De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet… Mar oft har ferhalen no grappich, grizelich of oangripend binne, skriuwster Lida Dykstra wit de lêzer troch har linige en meinimmende skriuwstyl hieltyd wer te ferrassen.

Wieke: “In boek mei ferskate ferhalen, geskikt foar bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Foar elk is der wol in ferhaal dat oansprekt.” ferhaal dat oansprekt.”

Oare moaie boeken mei ferhalen:

Tomke’s foarlêsfeest (3+) It Grutte Foarlêsboek II (3+) Bartele Bûse (6+) Sirkus PeM en de ûlewapper (6+) De boel op stelten (9+)

Alle boppesteande boeken binne te bestellen fi a websjop.afuk.frl

This article is from: