Pake & Beppe 2021

Page 6

Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

post

Heit&mem Postbus 53, 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Op de cover steane pake Tamme (74) en beppe Lutske (69) Leemburg mei harren pake- en beppesizzers Jenna (8) en Brecht (6) Houwer út Terherne. Lutske: ‘Jenna en Brecht wenje mar ien hûs fierder, dat de famkes rinne hjir yn en út. Der wurde faak koekjes bakt, spultsjes dien, der wurdt nifele en ‘restaurantsje’ boarte. Ek meie se graach mei pake donderjeie en yn it hok spikerje. Wy genietsje dêr sa fan!’ De coverfoto is makke op de skiphelling yn Terherne fan it famyljebedriuw dêr’t Tamme syn hiele wurksume libben wurke hat.

In bysûnder jier Maart 2020. As alles goed giet, wurde wy ynkoarten foar de earste kear pake en beppe. En dan komt corona. Myn man en ik wurkje no thús en sizze besite efkes ôf. Alles om de sûnens. Op 9 april sitte wy beide oan de keukentafel te wurkjen as wy it appke krije. Wy binne pake en beppe wurden fan Freya. De oare deis de lytse poppe sjen fan efter it rút: kRaamvisite. Gjin krûpke, mar lokwinskje mei in tút troch it rút. Myn ferstân seit dat ik hjir begryp foar hawwe moat, mar myn gefoel ropt hiel wat oars. Ik wol Freya fêsthâlde, rûke, oankrûpe, mar soks mei net. Dan, op 6 maaie, myn jierdei, komme de bern op besite en krij ik Freya foar it earst yn de earms. In moaier jierdeikado ha ik noch nea earder krigen. Yn septimber sille wy foar de twadde kear pake en beppe wurde. Us dochter en har freon krije op 12 septimber in soan: Sjors. En ik mei by de sikehûsbefalling wêze. Dan wurdt lytse Sjors berne. Sjors, sa lyts, sa bysûnder. Grutsk haw ik it lytse mantsje al gau efkes fêst. Ik hâld it net drûch. Wy genietsje folop fan Freya en Sjors. It jier 2020 is foar ús yn alle opsichten in bysûnder jier. Tine Huisman út Gau

Beppe yn koroanatiid Foar it earst beppe wurden en dan ek noch yn de koroanatiid. Gelokkich mei ik sa faak komme as ik wol by lytse Tess Rosalyn. Tess is op 19 desimber 2020 berne en fynt it hearlik om by har mem en heit Ires en Kevin te lizzen. It is sa’n leaf skatsje, sa wolkom. Hooplik binne wy gau ferlost fan it freeslike firus, sadat Tess in moaie jeugd temjitte giet. Thea Hoekstra út Reahûs, grutske beppe fan Tess Rosalyn Postma út Snits


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
Pake & Beppe 2021 by heit&mem - Issuu