In ‘griene’ poppe
Gelokkich wurde wy ús der hieltyd bewuster fan dat wy bydrage kinne oan in better miljeu, ék ast in lytse poppe hast. Hoe? Dat begjint fansels al mei de baby-útset. Hjir in oantal tips!
Skriuwer: Dieuwke van der Meer
Bio-katoen Hieltyd mear (web)winkels rjochtsje harren op biokatoen. Doeken, tekkentsjes en klean kinst allegear fan biologysk katoen keapje. Mar wêrom soenen klean fan biologysk katoen better wêze? Under oaren om’t minsken dy’t yn de gewoane katoenyndustry wurkje faak in ûngesûn en gefaarlik libben ha, bygelyks trochdat yn de net-biologyske katoenteelt in ekstreem soad pestisiden brûkt wurde. Boppedat binne de leanen dy’t de arbeiders dêr betelle krije faak hiel leech, wat in soad earmoede feroarsaket. Fansels hat de natoer ek slim te lijen fan alle gemikaliën. Biologysk katoen wurdt ferboud mei help fan metoaden en materialen dy’t folle minder impekt op mins en miljeu hawwe. By it ferbouwen fan biokatoen wurdt mear méi de natoer wurke yn stee fan te’n koste dêrfan.
Femke Kooistra: “Ik krijg veel kleding voor mijn kinderen en ik koop ook wel kleding tweedehands. Maar als ik iets nieuws koop, koop ik het zoveel mogelijk eco en fairtrade. Dit doe ik omdat ik het goede voorbeeld wil geven en goed voor onze aarde en de medemens wil zorgen. Het is vaak niet eens (veel) duurder dan kleding die niet gemaakt is met zorg voor mens en milieu.”