1 minute read

Ferneamd

Ferneamd Bauke

Namme: Bauke Yde de Groot Berne op: 22 jannewaris 1955 Wennet yn: Drachten

Advertisement

Namme pakesizzer: Bauke Pieter de Groot Berne op: 12 febrewaris 2019 Wennet yn: Ljouwert ferske sjonge en tegearre de wrâld ûntdekke!’ Betsjutting Bauke: striid Betsjutting Yde: warberens Betsjutting Pieter: stien of rots

Foar ‘pake’ Bauke wie de komst fan de lytse Bauke yn alle opsichten hiel bysûnder. Earder hie hy mei syn suske in soad sukses mei de hit ‘Alwer in Fries’, en yn febrewaris 2019 waard er mei de komst fan lytse Bauke opnij ‘ferneamd’, mar no yn in oare betsjutting*.

Bauke is foar de earste kear pake wurden mei de komst fan Bauke Pieter. It lytse mantsje krige by de berte de nammen fan syn beide pakes mei. De lytse pakesizzer is de soan fan Bauke syn soan Marten en skoandochter Saapke út Ljouwert. ‘Hy wurdt meastentiids Bauke neamd’, fertelt grutte Bauke, ‘miskien sille syn heit en mem him letter ek noch wolris by al syn nammen neame, lykas wol faker bart, as it jonkje wat docht dat eins net mei’, grapjaget grutte Bauke.

Doe’t lytse Bauke op de wrâld kaam, hat soan woe my sels fertelle dat ik ferneamd waard mei de komst fan de poppe. Ik hie dêr fan tefoaren noait oer neitocht, mar it die my wol wat. Myn soan sei: ‘As hy krekt sa wurde soe as heit, dan soe dat moai wêze.’ Oft ik grutsk wie? Nee, dat is net it goeie wurd, ik bin der hiel wiis mei. Myn frou en ik hawwe de hiele dei mei in grutte glim op it gesicht omrûn.’

Mei de komst fan lytse Bauke is ek de wrâld fan ‘pake’ Bauke en syn frou feroare. Sy passe ienris yn ’e twa wiken tegearre in dei op. Bauke: ‘Wy hawwe eartiids ek beide op ús eigen bern past, mei elk in heale baan, en dêr ha wy noait spyt fan hân. No sjong ik wolris in ferske foar him en spylje dêrby op ’e gitaar. Muzyk heart der gewoan by. En letter as er in lyts bytsje grutter is, wol ik graach mei him te fytsen. Lytse Bauke yn it fytssitsje foarop oan it stjoer en dan de wyn troch it hier, in Marten fuort belle mei de nije pake en beppe. ‘Hy

* ferneamd = vermaard / beroemd ferneame = vernoemen

This article is from: