3 minute read

8 tips foar in poppeslokparty

Next Article
Ut Dêr is se dan

Ut Dêr is se dan

Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders, dy fi ele mear foar ien grut kreamfeest: in poppeslokparty! Hoe’tst dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy hjir acht tips!

2

Advertisement

1Utnûgingen Wa wolst graach dat der allegear op jim kreamfeest komme? Allinne famylje en freonen, of ek kollega’s? It handichst is om de útnûging fuortendalik mei it bertekaartsje te ferstjoeren. Lit de minsken harren by jim oanmelde as se komme wolle, sadatsto witst hoefolle minsken ast ferwachtsje kinst. It is skande ast tefolle iten en drinken ynslein hast. Ferjit net om ek in eintiid op de útnûging te setten, want do bist dan fansels noch wol kreamfrou!

Lokaasje

Hast thús de romte? En hast de enerzjy en de mooglikheid om it ien en oar sels ta te rieden wat it iten en drinken oanbelanget? Dan kinst de poppeslokparty lekker thús hâlde. Sa hast alles by de hân. Ast der net al te folle drokte fan ha wolst, kinst it feest ek yn in sealtsje of in restaurant hâlde. 3 De oanklaaiïng Fansels meie wat slingers en ballonnen net ûntbrekke op de poppeslokparty. Wolst der wat mear wurk fan meitsje, dan kinst der ek in tema oan hingje. Foar ynspiraasje kinst even op Pinterest sjen.

4De lytse poppe Fansels komt de besite om jim poppe te besjen. Mar foar in lytse poppe betsjut in kreamfeest in protte yndrukken dy’t ferwurke wurde moatte. Nim dêrom ien momint om de poppe oan de kreambesite sjen te litten. Gean mei de poppe op ’e earm efkes de besite bydel en set him of har dêrnei wer op in rêstich plakje del, of lit de poppe lekker by dy yn de draachdoek lizze. Fiel dy net skuldich ast nee sizze moatst, as de besite freget om de poppe fêst te hâlden. Der komme letter noch genôch mominten dat dat wol kin. 5 In plakje foar bern As der in protte bern op dyn poppeslokparty komme, kin it handich wêze dat se harren eigen romte ha. Sa kinne se harren lekker útlibje, drave en gek dwaan en de heiten en memmen kinne efkes rêstich de kofje opdrinke. Hier in springkessen of grutte boublokken, set in tipy del, of meitsje in leuk nifelhoekje foar de bern.

6Kreamkadootsjes Kreambesite wol altyd graach wat meinimme foar de poppe. Do kinst se dêryn frijlitte, mar kinst ek in ferlanglistke opstelle. Wolst leaver gjin boartersguod of klean? Tink dan ris oan in eigenmakke bonneboekje, kreamkost, oppas, húshâldlike help, in fotoshoot, in kadobon of jild foar in goed doel. 7 De hapkes en de drankjes Kinst fansels de catering sels dwaan, mar kinst ek de lokale tsiisboer, bakker of slachter freegje nei wat de mooglikheden binne. En fansels kinst dan ek altyd noch de tradisjonele bak mei mûskes op tafel sette. Alkohol: ja of nee? Ek dat is in ding om efkes mei dyn partner te bepraten.

8De kreamfeestbedankjes Wannear’t de poppeslokparty ôfrûn is en do hooplik hielendal yn ’e wolken bist fan it moaie feest, is it ek leuk om de besite in bedankje mei te jaan nei hûs. Ast wat leuks ynelkoar nifelje wolst, kinst dat al fêst yn dyn swangerskipsferlof dwaan. Kinst fansels ek wat bestelle, of it gewoan by wat simpels hâlde, sa as in sûkelaadsje. Ek ast derfoar kiest om gjin kreamfeest te hâlden, is sa’n bedankje leuk om oan de kreambesite mei te jaan.

Litst leaver de hiele babybuorrel fersoargje troch in oar? Tink dan ris oan: Eetcafé ‘De 2 Gemeenten’ yn Jirnsum myaculinair.nl út Vegelinsoard Let’s Party út Oentsjerk

This article is from: