
2 minute read
De babykeamer fan Marlin Rosa


Advertisement


Neeltsje en Arnold wenje yn Stynsgea mei harren 4 moanne âlde famke Marlin Rosa. Neeltsje hâldt derfan om mei ynterieur dwaande te wêzen en koe no ek hearlik har gong gean op it bernekeammerke. It is in opfallend gehiel wurden, mei in miks fan design, opknapte twaddehânskes en selsmakke meubels.
Neeltsje: ‘Ik fyn it moai om alles yn ’e hûs altyd krekt eefkes wat oars as oars te dwaan, want standert is sa saai. Ik helje in soad ynspiraasje fan ynternet, mar jou der dan altyd myn eigen draai oan. Sa sjogge je no in soad fan dy retro rotanwidskes. Ek wy ha sa’nien twaddehânsk keapje kinnen, mar yn plak fan dy sa te litten, ha ik ’m goud spuite. It lekkentsje ha wy krigen fan ús kreamfersoarchster, Nynke de Boer (www.kraamzorgnynke.frl). Sy jout alle húshâldingen dêr’t sy kreame hat in moai lekkentsje mei de namme fan de poppe kado, dat is dochs in prachtich oantinken?
Op de skeane muorre fan it keammerke sieten isolaasjeplaten dy’t net mear netsjes wiene. In oar soe dy miskien sauzje, mar ik betocht om just dy platen te behingjen en de strippen deromhinne swart te fervjen. Wat je al net betinke as je nachts wekker lizze mei je dikke búk... Arnold moast earst wol eefkes wenne oan it behang, mar lykas altyd fertroude er op my en hy fynt it resultaat no prachtich. Krekt as Marlin, dy fynt it behang ek al wakker nijsgjirrich. As wy har jûns op bêd bringe, meitsje wy altyd earst in rûntsje troch de keamer en sizze dan de aapkes op it behang ek eefkes dach.
De rest fan de keamer hat Arnold moai wyt makke. Ek de famylje hat bydroegen oan Marlin’s keammerke. Sa seach ik in prachtige retro kommoade, mar dy wie krekt wat te leech foar ús. Us heit hat doe in stielen frame makke foar derûnder en ús mem hat ’m matswart skildere. De hângreepkes binne makke fan rôze learen riemen dy’t ik op ’e rommelmerk fûn ha.

It kleanrekje hat ús heit ek makke. Dêr hingje Marlin har moaiste kleantsjes te pronk. De rest komt yn de grutte kast fan pitreid, dy’t ik by in outlet fûn ha. Letter soe ik ’m ek altyd noch swart spuitsje kinne, dan wurdt er wer hiel oars. Sa tink ik altyd nei oer wat ik der letter noch mei kin. De grutte knuffelhûn is bygelyks in fiedingskessen, mar dêr kin Marlin letter ek hearlik tsjinoan sitte en mei boartsje.
Alles byelkoar binne wy hartstikke grutsk op Marlin har keammerke! It is echt in kleurryk gehiel wurden mei in pear moaie eyecatchers, dêr’t ik altyd hiel bliid fan wurd as ik de doar iependoch. Marlin sliept hearlik op har keammerke. Se leit al sûnt se seis wiken âld is yn har eigen bedsje en dêr sliept se faak de hiele nacht troch. Oft dat troch har moaie keammerke komt witte wy net, mar dat sy it hjir nei ’t sin hat, dat is wol dúdlik.’
