
4 minute read
Yn ’e búk, út ’e búk
Yn ’e búk
Marije Steen (31) is 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje as heit&mem foar it earst mei har praat.
Advertisement
‘It wurdt no wol wat swierder allegear. Us famke leit mei har holtsje omheech, dêrtroch sit myn búk my hieltyd mear yn ’e wei. Ik wurd nachts faak wekker, dat komt om’t ik sûkersykte ha en it alarm op de CGM (kontinuë glukoazemeter, red.) nachts regelmjittich ôfgiet. Ik ha dan in hiele lege of hege sûkerwearde en moat der dan earst foar soargje dat de sûkers wer omheech of just omleech gean. Sûnt ik yn ferwachting bin, spuitsje ik wol trije kear safolle ynsuline as dêrfoar. Sa’n swangerskip docht fansels fan alles mei in lichem, it babytsje en de hormoanen yn myn liif soargje derfoar dat myn sûkerspegel hielendal oeral is. Yn ferwachting reitsje wie ek net fanselssprekkend, myn “gemiddelde sûker” moast earst in skoft stabyl wêze foardat wy grien ljocht krigen. Ik hâld derfan om de toutsjes yn hannen te hawwen en ha my hielendal ferdjippe yn myn sykte. Dêrtroch kin ik it reedlik goed ûnder kontrôle hâlde. Ik ha in strak ytskema en besykje sûnt ik fan myn sûkersykte wit al safolle mooglik koalhydraatearm te iten.
hannen.’
Ik ha bêst wol in drege baan by de oerheid en fernaam al gau dat ik dêr earder mei ophâlde moast. It ûnbesoarge swier wêzen mis ik troch myn sûkersykte wol wat, mar gelokkich bin ik yn goede hannen. Ik krij in soad ekstra kontrôles, alle echo’s dy’t ik hân ha plak ik yn in deiboekje, dat no al aardich fol is! Ik wurd mei 38 wiken ynlieden en sil dêrfoar al besykje te kolvjen. Ik wol har in sa goed mooglike start meijaan, om’t it bêst sa wêze kin dat sy it wat dreger hat nei de befalling. Myn partner Onno is ús hús oan it ferbouwen en hy is hast klear mei de boppeferdjipping. Alle babyspullen steane no noch by ús heit en mem en beppe thús. Ik kin net wachtsje om it babykeammerke moai yn te rjochtsjen, ik tink dat it besef pas echt komt as ik sjen kin wêr’t se komt te sliepen. Ik kin it my no noch hast net foarstelle, sa’n lyts wyfke yn ’e hús. Mar se is sa wolkom as it mar kin!’
Ut ’e búk


Op 13 febrewaris 2019 binne Marije en har partner Onno heit en mem wurden fan dochter Joanna Ytsje.
‘Ik bin befallen mei 37,5 wike, yn it sikehús fan Snits. Ik wie útrekkene op 2 maart, mar ik wist fan tefoaren al dat ik mei 38 wiken ynlieden wurde soe. Toch is it dus noch in heale wike earder wurden, Joanna woe der blykber al earder út. Ik fûn de befalling behoarlik pittich. Nei tsien oeren weeën ha ik úteinlik in keizersneed hân. Joanna hie in hege hertslach dy’t mar net dale woe. Fan de operaasje bin ik flot hersteld, dat foel my neat ôf. Bern fan diabeten wurde faak te grut berne, dêr wie by Joanna gelokkich neat fan te sjen.’
Joanna hyt folút Joanna Ytsje. Se is ferneamd nei myn mem, Ytsje. Myn heit hyt Johannes, in namme dy’t faker foarkomt yn ’e famylje. Myn beppe en ik hite beide Anna, dat is myn earste foarnamme. De nammen komme dus echt fan myn kant fan ’e famylje. Onno en ik fûnen Joanna beide in leave, froulike namme en hy komt net sa faak foar. Se sil wol altyd sizze moatte dat je har namme sûnder ‘h’ deryn skriuwe…

Omdat ik boarstfieding jou, ha ik noch aardich lêst fan ’e hormoanen, dy’t wer ynfloed ha op ’e sûkers. Ik sit noch geregeld te heech of te leech, mar ik fyn it wol belangryk dat ik boarstfieding jaan (bliuwe) kin. Ik stribje nei minimaal in healjier. As se net mear sa ôfhinklik is fan memmemolke, is it makliker om mei de boarstfieding op te hâlden, tink ik.
Ik fyn it prachtich om mem te wêzen, en om Onno mei Joanna te sjen. Ik fernuverje my hieltyd oer hoe wûnderlik it is om in berntsje te hawwen, oer it idee fan ‘mem wêzen’ en oer hoe hurd Joanna feroaret. Alles is moai, behalve de gûloerkes en de minne nachten. Joanna hat om de trije oeren wer sin oan molke, dat jildt ek foar de nachten. Dat is lêstich at je trije dagen yn ’e wike wurkje, en der ek hieltyd húshâldlik wurk te dwaan is. Ik fiel my faak wurch, mar as se my oansjocht en laket, bin ik dat ûngemak samar wer ferjitten.’