2 minute read

Kollum Hieke Rienstra

Healwei 3 nachts

Foar de tredde kear fannacht hear ik gegûl fanút de keamer neist ús. Nei in blik op ’e wekker wit ik dat it wer myn beurt is, ik sil dochs echt ús waarme bêd út moatte… Ik slûp op bleate fuotten nei it sliepkeammerke fan ús jonkje om syn grutte sus net wekker te meitsjen en besykje him yn it tsjuster te treasten. Yn myn holle tel ik de oeren dy’t ik aanst noch sliepe kin. As er him hjirnei wer lekker deljout teminsten…

Advertisement

Slieptekoart, noait rêst oan ’e kop, kâlde kofje, it bekende memme-skuldgefoel: ik moat sizze dat ik it mem-wêzen net altyd like maklik fyn. Fansels wist ik fan tefoaren dat it net allinne in rôze wolk wêze soe, mar doe’t ik noch fit en útslept wie, hie ik myn opfiedkwaliteiten en fleksibiliteit dochs stikem krekt wat heger ynskatten. It slagget my noch hieltyd net om 24 oeren deis pedagogysk ferantwurde mem te wêzen, en bern hawwe dat gelyk troch. Bist in kear net op dyn best, dan freegje se krekt noch eefkes wat mear oandacht. En dan meie wy mei ús berntsjes echt net kleie (doch ik dus wol…), se rinne mei alle kurves mei, sliepe en ite oer it

Hieke Rienstra

Troud mei Sytze en mem fan Yfke (3 jier) en Eise (1 jier)

algemien hearlik en binne hast altyd bliid. Nee, oan harren leit it echt net, ik rin gewoan krekt wat te faak tsjin myn eigen grinzen oan. Ik langje regelmjittich nei in momintsje fan rêst, nei in fiere fakânsje, in nacht trochhelje yn de kroech sûnder de hiele wike bykomme te moatten, of nei yn ien ruk in boek útlêze.

Mar dan tink ik oan de babytiid fan ús âldste dochter. Ik wit dat wy doe ek sokke nachten hiene, mar ik kin my der net ien mear foar de geast helje. Sa gau bin ik aanst dizze nachten ek wer ferjitten. Sa gau wurde se grutter en sille se net mear om it hurtsje optild wurde wolle. Sa gau binne ús dagen mei de bern thús aanst foarby en sille se beide nei skoalle gean. Sa gau sil dy skoaltiid ek wer foarby wêze en sille wy thús wer tegearre wenje. Sille wy wer nachtenlang trochsliepe kinne. En sil ik winskje dat it wer eefkes no wie, in trochdewykse nacht yn de winter. Ik sittend yn de leunstoel op it smûke babykeammerke, in lyts wyt kopke op myn skouder en in waarm lyfke hearlik tsjin my oan. Hy is yntusken al lang wer yn dreamelân, mar ik bliuw noch hiel eefkes sa sitten.

This article is from: