De lytse heit & mem 2019/2020

Page 60

8 tips foar in poppeslokparty! Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders, dy fiele mear foar ien grut kreamfeest: in poppeslokparty! Hoe’tst dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy hjir acht tips!

1 2

Utnûgingen Wa wolst graach dat der allegear op jim kreamfeest komme? Allinne famylje en freonen, of ek kollega’s? It handichst is om de útnûging fuortendalik mei it bertekaartsje te ferstjoeren. Lit de minsken harren by jim oanmelde as se komme wolle, sadatsto witst hoefolle minsken ast ferwachtsje kinst. It is skande ast tefolle iten en drinken ynslein hast. Ferjit net om ek in eintiid op de útnûging te setten, want do bist dan fansels noch wol kreamfrou!

Lokaasje

Skriuwer: Dieuwke van der Meer

Hast thús de romte? En hast de enerzjy en de mooglikheid om it ien en oar sels ta te rieden wat it iten en drinken oanbelanget? Dan kinst de poppeslokparty lekker thús hâlde. Sa hast alles by de hân. Ast der net al te folle drokte fan ha wolst, kinst it feest ek yn in sealtsje of in restaurant hâlde.

3

De oanklaaiïng Fansels meie wat slingers en ballonnen net ûntbrekke op de poppeslokparty. Wolst der wat mear wurk fan meitsje, dan kinst der ek in tema oan hingje. Foar ynspiraasje kinst even op Pinterest sjen.


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
De lytse heit & mem 2019/2020 by heit&mem - Issuu