Skriuwer: Hieke Rienstra Foto: Hippe Kiek Fotografie
Yn ’e búk Marije Steen (31) is 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje as heit&mem foar it earst mei har praat.
myn “gemiddelde sûker” moast earst in skoft stabyl wêze foardat wy grien ljocht krigen. Ik hâld derfan om de toutsjes yn hannen te hawwen en ha my hielendal ferdjippe yn myn sykte. Dêrtroch kin ik it reedlik goed ûnder kontrôle hâlde. Ik ha in strak ytskema en besykje sûnt ik fan myn sûkersykte wit al safolle mooglik koalhydraatearm te iten.
‘ Gelokkich bin ik yn goede hannen.’
‘It wurdt no wol wat swierder allegear. Us famke leit mei har holtsje omheech, dêrtroch sit myn búk my hieltyd mear yn ’e wei. Ik wurd nachts faak wekker, dat komt om’t ik sûkersykte ha en it alarm op de CGM (kontinuë glukoazemeter, red.) nachts regelmjittich ôfgiet. Ik ha dan in hiele lege of hege sûkerwearde en moat der dan earst foar soargje dat de sûkers wer omheech of just omleech gean. Sûnt ik yn ferwachting bin, spuitsje ik wol trije kear safolle ynsuline as dêrfoar. Sa’n swangerskip docht fansels fan alles mei in lichem, it babytsje en de hormoanen yn myn liif soargje derfoar dat myn sûkerspegel hielendal oeral is. Yn ferwachting reitsje wie ek net fanselssprekkend,
Ik ha bêst wol in drege baan by de oerheid en fernaam al gau dat ik dêr earder mei ophâlde moast. It ûnbesoarge swier wêzen mis ik troch myn sûkersykte wol wat, mar gelokkich bin ik yn goede hannen. Ik krij in soad ekstra kontrôles, alle echo’s dy’t ik hân ha plak ik yn in deiboekje, dat no al aardich fol is! Ik wurd mei 38 wiken ynlieden en sil dêrfoar al besykje te kolvjen. Ik wol har in sa goed mooglike start meijaan, om’t it bêst sa wêze kin dat sy it wat dreger hat nei de befalling. Myn partner Onno is ús hús oan it ferbouwen en hy is hast klear mei de boppeferdjipping. Alle babyspullen steane no noch by ús heit en mem en beppe thús. Ik kin net wachtsje om it babykeammerke moai yn te rjochtsjen, ik tink dat it besef pas echt komt as ik sjen kin wêr’t se komt te sliepen. Ik kin it my no noch hast net foarstelle, sa’n lyts wyfke yn ’e hús. Mar se is sa wolkom as it mar kin!’