De Lytse heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 8000 eksimplaren fia it Taalkado. It Taalkado is in kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder te stimulearjen. De Lytse heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.