Boekresinsje
Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat Boekresinsje fan Wytske Jongbloed Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis
Wa is der net grutbrocht mei de lytse mol, ik yn elk gefal wol. Doe’t ik sa’n 25 jier lyn op It Pjutteplak yn Wytgaard siet, waard dat boek al oan ús foarlêzen troch de liedster. By my op souder fûn ik sels noch in bypassend knutselwurkje (út 1993) fan de lytse mol.