Lokwinske, jim binne krekt heit&mem wurden!
Gjin befalling is gelyk. By de ien duorret it oeren of sels dagen foar’t it berntsje te wrâld komt en by de oar fl oepe se der hast sûnder muoite út. Guon befalle lekker fertroud thús yn it eigen bêd of yn in waarm bad mei lavindeloalje en guon moatte mei spoed nei it sikehûs om dêr te befallen of in keizersneed te ûndergean. Mar net allinne elke befalling is oars, ek hoe’t wy in befalling belibje is oars foar elkenien. In protte froulju hawwe net in goed gefoel oer de befalling en hawwe dêr noch lang lêst fan. Op side 34 kinst lêze dat dêr wat oan te dwaan is. Bliuw der yn alle gefallen net allinne mei omrinnen. Want do hast dien watsto koest! Do bist wier in geweldich goeie supermem! In befalling is in hiele toer, mar dat jildt ek foar it heit en mem wêzen. Wy hoopje dêrom mei de artikels yn dizze lytse heit&mem dy in eintsje op wei te helpen. Want hoe komst in bytsje fi t de kreamtiid út? Hoe kinst ergonomysk sjoen dyn poppe it bêste fêsthâlde, tille en ferskjinje? En hoe kinst in poppe grutbringe en dêrby rekken hâlde mei it miljeu? Wy jouwe dy tips! Fierderop yn dizze lytse útjefte fan heit&mem fynst ek noch in artikel oer in moaie babykeamer, apps foar lytskes, babyboeken en grappige bernepraatsjes. En op side 50 sjochst allegear moaie poppen dy’t it ôfrûne jier berne binne yn Fryslân. Guon mei ljocht hier, guon mei donker. Guon mei bliere gesichtsjes, guon mei in serieuze blik. Gjin befalling is gelyk, mar dat jildt ek foar ús nije Fryske oanwinsten. Allegear oars, mar allegear unyk, bysûnder en o sa skattich. Genietsje derfan! In protte lêswille tawinske! De redaksje fan heit&mem
PS Wolst noch mear lêze? Heit&mem is ek te fi nen op heitenmem.nl en te folgjen fi a:
1