De lytse heit & mem 2019/2020

Page 22

BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Toen ik zwanger was van de tweede, sprong mijn neefje boven op me, waarop onze dochter riep: ‘Tink derom, sa komme der krassen op ’e baby!’

Bauke (4) freget mem: ‘Hat mem ek in baby yn ’e búk?’ ‘Nee’, seit mem. Bauke: ‘Oh jammer.’

Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren uit memmies.’

Amarins (2) leit in hân op mem har boarst en freget: ‘Dêr sit in baby yn, hè mem?’

As mem, mei al in flinke swangere búk, seit dat se dûse sil, warskôget Lotta (3) dat se har hier net waskje moat. ‘Hoesa net?’ freget mem. ‘No dan krijt de poppe sjampoo yn ’e eagen, en dat prikt!’

Patrick (6) bestudearret oandachtich de 12-wiken-echofoto fan syn tante en seit dan: ‘Ik sjoch it al. It wurdt in jonkje, want de baby hat gjin hier!’

Doe’t mem nei de kreamdagen tegearre mei har dochter (2) de kreamfersoarchster útswaaide, sei it famke: ‘Mem, ik wol dat Esther no ek fuortgiet!’ Esther is har nije suske…


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
De lytse heit & mem 2019/2020 by heit&mem - Issuu