Doarpskrantsje Easterein july 2015

Page 35

dwaan, sis ik tsjin Durk Jorrit. Hoe komst hjir sa by? “Mei myn maat Marcel dy ik eartiids mei oan kwart triatlons. Mar we woene ek wolris wat oars. Marcel hie heard fan de Schuttevaerrace en ik hie krekt in boat kocht. Dat like ús ek wol wat ta.” Se hiene wol heard dat de dielnimmers de boaten fan te foaren hielendal leech hellen. Mar dat fûnen de hearen mar wat stom. Mar healweis de wedstriid waard it wol dúdlik. “It jier derop hawwe de hiele boat stript. Oan’t de doarkes ta!”

Elk skip kriget in rating Dit jier die Durk Jorrit mar leafst foar de seisde kear mei. Neist DJ bestiet de bemanning út twa silers, in draver en in fytser. It skip kriget in saneamde rating, om de wedstriid foar alle dielnimmers sa earlik mooglik te meitsjen. Wat moat ik mei der by foarstelle? “Fan te foaren sjogge we bygelyks nei wat foar silen we meinimme wolle. Want as mear meinimst, hat dat wer ynfloed op dyn rating. Mar net allinnich it materiaal, as de snelheid fan dyn boat telt mei. Ek wurdt der sjoen nei de sporters (leeftiid en man/ frou). Dit jier hawwe besletten in seil (de spinaker) thús te litten. Dêrtroch kamen we leger yn de rating út. Mar it is ek in risiko wasto nimst. Want it waar sil mar oars as de foarspelling wurde en silst mar krekt dit iene seil nedich hawwe….” Mar blykber hiest de goeie


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.