Doarpskrantsje maart 2019

Page 11

Harm (15). Mei de kij, skiep, pony, katten, kninen, hinnen, stabij en in grien-tetún hoege wy ús net te ferfelen en hawwe wy mei syn allen in soad wille. Easterein bin ik noch net ferjitten. Trochdat ús bêrn keatse, bin ik simmerdeis alle wykeinen te finen op de keatsfjilden. Tidens de KNKB-wedstriden kaam ik Annette en Talitha tsjin, wêr’t ik foarhinne by yn de klasse sitten hie. Doe’t se lid wiene fan de keatsskoalle fan Wommels hiene se keatstrainen yn de sporthal yn Easterein. En efkes nei mem om ‘e kofje en de oere is sa om. Us Trea hat no in eigen pony “Buster.” Dizze ha wy fûn op ‘t Skrok. Se is der tige wiis mei. En trije jier lyn krigen wy in jonge stabij. Om dizze wat manieren te learen, binne wy op puppykursus west yn Easterein. Troch de tips dy’t wy krigen ha, ha we no in prachtich hûntsje dy’t goed nei ús lústert. At ik by ús mem om ‘e kofje bin, moat ik ek noch altiten jimme doarpskrantsje lêze. Sa bliuwe je wat op de hichte. En sels tusken de operaasjes troch komt Easterein noch wolris foarby, want Geertje Twijnstra is in kollega fan my. Willem Veninga As soan fan Arjen en Imie Veninga ha ik, Willem Veninga, fan 1972 oant 1999 yn Easterein wenne. Hikke en tein oan de Stittenserleane, wêr ús mem noch hieltyd wennet. Myn oantinkens oan dy tiid binne foaral de skoalle mei in soad muzyk, keatsen en fuotbal. Prachtige ferhalen dy’t master Strikwerda prachtich foarlêze koe. Op myn njoggende bin ik lid wurden fan Wilhelmina en ha dêr oant 2005 mei in soad nocht en wille spile. It hichtepunt foar my wie it 100-jierrich bestean. In musical, reis nei Helgolân en fansels yn 2005 wrâldkampioen yn de twadde divysje. Ek it keatsen hat in belangryk diel fan myn jeugd west. Mei Floris Hiemstra en Hein Hoekstra yn 1988 in twadde priis op de Freule yn Wommels, in hichtepunt wêrfan minsken my noch steeds kinne. Kennelik bin ik uterlik net folle feroare. Nei de basisskoalle gong ik nei de mavo yn Wommels en yn 1988 nei it beheljen fan it diploma ha ik de oplieding ynstallaasjetechnyk folge oan de MTS yn Snits. Doe’t ik dêr slagge wie, wachtte de tsjinstplicht. In jier lang ha ik muzyk makke bij de drumfanfare fan it orkest fan de Keninklike Loftmacht. Spiele ik earst altiten trompet, yn it leger ha ik de oerstap makke nei de bugel en dêr spylje ik noch hieltyd op.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.