{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, maart 2019

DOARPSKRANTSJE


Jong Feinte boekje 2013_Layout 1 22-07-13 10:07 Pagina C2

Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon​

Nûmer 3, 2019 – Maart 2019​

Redaksje​: Bauke de Boer, Paul David Meesters, Nathalie Oliveiro en Gerben van Snits.  

Kopij​ ​Doarpskrantsje​: ​doarpskrante@easterein.nl​ as by Gerben van Snits, Skilplein 15 Webside Easterein.nl​: ​info@easterein.nl​   Twitter​: ​@easterein_frl  Facebook​: ​Fraach&oanbod&sa ​en​ ​Easterein fan earder en no  Advertinsje​? Mail nei ​doarpskrante@easterein.nl​   Rekkennûmer​: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante   Printwurk​: Drukkerij Van der Eems   Foto foarside​: Willy Sybesma   Kopijdatum​: 20 maart  De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.  


Doarpsaginda​ Maart​ 5 maart

14.00 oere 60+ mei wykplysje T. Hoekstra De Skoalleseize

30 septimber

9.00 oere 16.00

Startsnein Martinitsjerke Easterein Bluescruise Tuinzaal Noflik Easterein

Oktober 5 oktober

Kinderdisco groep 1 t/m 6

6 oktober

Kinderdisco groep 7 t/m 8

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsagina? Mail it dan nei doarpskrante@ easterein.nl.

6 maart

Griene container 20.00 oere Jiergearkomste Keatsferiening Easterein De Skoalleseize

7 maart

19.00 oere Crea Café Teakjes túnhûs

8 maart

18.30 oere Bernedisko carnaval, groep 1 o/m 6 De Tsjerne

9 maart

Ald papier 20.00 oere Wilhelmina, konsert mei Koperguod Gasthuiskerk, Boalsert 20.00 oere Bernedisko carnaval, groep 7 en 8 22.00 oere Bernedisko carnaval, fan de 1​e​ klasse ôf De Tsjerne

10 maart

15.00 oere Klaverjassen De Tsjerne

11 o/m 15 maart 13 maart

Sutelaksje T.V. Smash

20 maart

Griene container

21 maart

Grize container

19.00 oere Crea Café Teakjes túnhûs


23 maart

Femuzafestival Drylts 20.00 oere Toaniel Selskip Wommels “Fantasten en Stjonksyskes.” Entree € 10,It Dielshûs, Wommels

27 maart

Grize container Lêste ynleverdatum kopij Doarpskrante 19.45 oere Lêzing “De Kruisviering” troch ds. Dussy Hofstra De Skoalleseize

29 maart

19.30 oere Utfiering “Ronja de rôversdochter” Noflik Easterein

30 maart

20.00 oere Utfiering “Ronja de rôversdochter” Noflik Easterein

31 maart

16.00 oere Bluescruise mei “All Stars Blues Band” Noflik Easterein

April 1 & 2 april 3 april

Hiele dei

Sutelaksje KF Easterein (Molkwarder koeke) Griene container

4 april

19.00 oere Crea Café Teakjes túnhûs

6 april

20.00 oere PubQuiz De Tsjerne

Eltse freed darten yn De Tsjerne fan 20.30 oere ôf. Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. ​ Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei ​doarpskrante@easterein.nl​.


In lyts leske Frysk: De stavering fan de ij / ei Troch Gerben van Snits De útspraak is ek beskiedend foar of’t der in​ ij​ of ​ei skreaun wurdt, mar dit is allinnich yn dialekt goed te hearen… Is de útspraak op ‘e klaai en yn ‘e Wâlden gelyk, dan skriuwe wy ​ij Bygelyks: n​ij tr​ij​e fr​ij​e ben​ij​d kr​ij​e sw​ij​e Wurdt itselde wurd op ‘e klaai útsprutsen mei in ai/oi ​en yn ‘e Wâlden mei in ​ij​, dan wkriuwe wy: ei Bygelyks w​ei​n sl​ei​n b​ei​de sn​ei​n dw​ei​l r​ei​n Tink derom:​ de wurden ​hy​, ​sy​, wy​, ​my​, ​dy​ en ​by​ hawwe yn it Klaaifrysk de útspraak ​ij​, mar wurde mei foarkar skreun mei ​y​. De foarm mei ​ij​ is ek tastien. Boarne: Skriuw mar Frysk, module 1 (Afûk)


Allegear bedankt. Minke en fam. Sandstra

Tennis, probearje it sels ris! Tennis is in sport dy’t alles yn him hat. Goed foar de kondysje, foar sportive aksje en foar geselligens. Foar jong en âld, manlju en froulju. En je kinne it sels ynplanne op de tiid dy’t jo it bêste útkomt. Begjin april giet it seizoen wer los. De tennisbanen mei it tennisgebou yn Easterein lizze der prachtich by. Ferline jier ha wy ek noch yn nije Led-ferljochting ynvestearre. Tennissen op gravel is en bliuwt it aldermoaiste. Der kin gjin inkelde keunstbaan tsjin op, ek al hawwe dat soarte banen wol it foardiel dat der ek yn de winter op spile wurde kin. “Maak kennis met tennis” Under dizze neamer kin elk earst ris útfine oft 5 de sport by jo past. Under deskundige begelieding fan ús nije tennislearaar kinne jo it probearje. Dus meld je frijbliuwend earst ris oan by it bestjoer. En sjoch ek efkes op ús webside foar alle ynformaasje. ​www.tvsmash-easterein.nl/ Sutelaksje yn de wike fan 11 maart Yn de wike fan 11 maart komme wy wer mei peaske-aaikes lâns. Wy binne der bliid mei dat jimme ús elk jier stypje mei it keapjen. It Bestjoer


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Hoe is it mei… broer en sus Willem en Jannie Veninga Jannie van der Ploeg-Veninga Jannewaris 1970 bin ik berne oan de Skoallestrjitte yn Easterein. Ik bin Jannie van der Ploeg-Veninga, dochter fan Arjen en Imie Veninga. Al gau binne wy nei de Stittenserleane ferhúzje. Bûten boartsje achter op it Dobbelân wie prachtich. Knikkerje, blikspuit, we hiene dêr alle romte. Simmerdeis op sneontejûn kaam de iiskokarre. Dan krigen wy in softiisko, dat wie altyd geweldich. Op de legere skoalle ha ik in moaie tiid hân. We wiene mei 10 famkes en hiene in soad wille. We gongen nei de gymnastyk, krigen blokfluitles fan meester Hingst en natuerlik it famkeskoar net te ferjitten. Doe’t ik 9 jier wie, krige ik muzykles by it korps Wilhelmina. Ik spile op in bugel, helle myn diploma’s en ha doe moaie jierren hân by it korps. Nei de legere skoalle gong ik 4 jier nei de mavo yn Wommels en dêrnei 2 jier nei de havo yn Snits. Doe’t ik 18 jier wie, bin ik begûn mei de oplieding foar operaasje-assistente yn Ljouwert. Dit wie 3 jier en ik ha dêr yn in flatsje wenne. Op moandeitejûn koe ik meiride mei de famylje Bruinsma, sa’t ik noch wol lid bliuwe koe fan it muzykkorps. Yn 1991 wie myn oplieding klear en bin ik ferhuze fan de stêd nei it lytse doarpke Rie. Dêr bin ik doe lid wurden fan it muzykkorps. Sûnt 1993 wenje ik op in pleats krekt bûten it doarp, mei myn man Ale, Ineke (19), Trea (17) en


Harm (15). Mei de kij, skiep, pony, katten, kninen, hinnen, stabij en in grien-tetún hoege wy ús net te ferfelen en hawwe wy mei syn allen in soad wille. Easterein bin ik noch net ferjitten. Trochdat ús bêrn keatse, bin ik simmerdeis alle wykeinen te finen op de keatsfjilden. Tidens de KNKB-wedstriden kaam ik Annette en Talitha tsjin, wêr’t ik foarhinne by yn de klasse sitten hie. Doe’t se lid wiene fan de keatsskoalle fan Wommels hiene se keatstrainen yn de sporthal yn Easterein. En efkes nei mem om ‘e kofje en de oere is sa om. Us Trea hat no in eigen pony “Buster.” Dizze ha wy fûn op ‘t Skrok. Se is der tige wiis mei. En trije jier lyn krigen wy in jonge stabij. Om dizze wat manieren te learen, binne wy op puppykursus west yn Easterein. Troch de tips dy’t wy krigen ha, ha we no in prachtich hûntsje dy’t goed nei ús lústert. At ik by ús mem om ‘e kofje bin, moat ik ek noch altiten jimme doarpskrantsje lêze. Sa bliuwe je wat op de hichte. En sels tusken de operaasjes troch komt Easterein noch wolris foarby, want Geertje Twijnstra is in kollega fan my. Willem Veninga As soan fan Arjen en Imie Veninga ha ik, Willem Veninga, fan 1972 oant 1999 yn Easterein wenne. Hikke en tein oan de Stittenserleane, wêr ús mem noch hieltyd wennet. Myn oantinkens oan dy tiid binne foaral de skoalle mei in soad muzyk, keatsen en fuotbal. Prachtige ferhalen dy’t master Strikwerda prachtich foarlêze koe. Op myn njoggende bin ik lid wurden fan Wilhelmina en ha dêr oant 2005 mei in soad nocht en wille spile. It hichtepunt foar my wie it 100-jierrich bestean. In musical, reis nei Helgolân en fansels yn 2005 wrâldkampioen yn de twadde divysje. Ek it keatsen hat in belangryk diel fan myn jeugd west. Mei Floris Hiemstra en Hein Hoekstra yn 1988 in twadde priis op de Freule yn Wommels, in hichtepunt wêrfan minsken my noch steeds kinne. Kennelik bin ik uterlik net folle feroare. Nei de basisskoalle gong ik nei de mavo yn Wommels en yn 1988 nei it beheljen fan it diploma ha ik de oplieding ynstallaasjetechnyk folge oan de MTS yn Snits. Doe’t ik dêr slagge wie, wachtte de tsjinstplicht. In jier lang ha ik muzyk makke bij de drumfanfare fan it orkest fan de Keninklike Loftmacht. Spiele ik earst altiten trompet, yn it leger ha ik de oerstap makke nei de bugel en dêr spylje ik noch hieltyd op.


Ik bin wurksum yn it Hearrenfean by Installatiedesk. Wy ûndersteune ynstallateurs op it gebied fan tekenje, kalkulearje, ûntwerpe en berekkenje fan ynstallaasjes, tige ôfwikseljend.

Ik wenje no yn Wytmarsum mei myn Frou Houkje en Grieta (18) en Hilde (15). Alle fjouwer spylje wy by muzykferiening Nij Libben yn it doarp en ik bin dêr foarsitter fan. It bestjoeren ha ik grif fan myn heit meikrigen. As bestjoerslid fan Femuza, de organisaasje van zang en muzykferienings yn Súdwest Fryslân, prebearje wy oandacht foar kultuer yn de gemeente te krijen en organisearje wy ferskate aktiviteiten foar koaren en korpsen. Sûnt de fúzje fan in diel fan Littenseradiel mei Súdwest-Fryslân makket ek Wilhelmina hjir diel fan út en kom ik de leden ek dêr wer tsjin. Wij komme nog faak bij ús mem yn Easterein, in plakje mei foar my goede oantinkens.

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Kom langs!

En word ‘Gast van de Raad’ Wat doet de gemeenteraad?

De gemeenteraad neemt beslissingen over:

Zorg

Wonen

Groen

Cultuur

Verkeer

Veiligheid

Het college van burgemeester en wethouders gaat met die beslissingen aan de slag. De gemeenteraad controleert of het college de besluiten op een goede manier uitvoert.

Kom langs!

Wil jij wel eens een kijkje achter de schermen? Dat kan! Als speciale ‘Gast van de Raad’ heten we je van harte welkom voorafgaand aan een raadsvergadering. Je wordt om 18.00 uur verwacht in het gemeentehuis in Sneek. Onder het genot van een broodje en drinken vertellen we je meer over de gemeenteraad, de politieke partijen en de raadsagenda van de avond. Aansluitend maak je kennis met de raadsleden en het college en mag je de raadsvergadering bijwonen. De komende datums voor ‘Gast van de Raad’ zijn op donderdag: 4 april, 9 mei en 6 juni. Je kunt je aanmelden via griffie@sudwestfryslan.nl. Je bent van harte welkom!

Niets missen!?

Ben je benieuwd wat er tijdens een raadsvergadering of commissievergadering wordt besproken? Via griffie@sudwestfryslan.nl kun je je abonneren op de vergaderstukken. Zo mis je niets!

Contact

Volg ons

14 0515 of griffie@sudwestfryslan.nl sudwestfryslan.nl/onderwerp/gemeenteraad/ Volg de gemeenteraad op: Twitter: @gemeenteraadSWF Facebook.com/gemeenteraadSWF


Ut de âlde doaze

Coöperatie Groenvoederdrogerij Oosterend, Sibadawei 22. Yn 1946 is de gersdrûgerij oprjochte. Yn 1968 is de drûgerij fusearre mei dy fan Mantgum. De gebouwen binne yn 1969 kocht troch Bos meganisaasje B.V.

FUORT MAR LOS JONGEREINTOANIEL SPILET 

RONJA DE RÔVERSDOCHTER Op 29 en 30 maart 2019 binne de úfieringsjûnen fan de jongereinôfdieling fan Toanielselskip Fuort Mar Los. Mei 18 jongereinspilers, twa begelieders en it bestjoer, binne we sûnt oktober oan it repetearjen foar it stik, “Ronja de Rôversdochter.” De bewurking dy’t wy sjen litte sille bliuwt ticht by it oarspronklike klassike ferhaal oer Ronja, dochter fan in rôverhaadman. It ferhaal spilet in pear hûndert jier lyn doe’t der noch mysterieuze wêzens yn de bosken wennen en der oeral gefaar op de loer lei. It giet oer libjen en dea


gean, wille en fertriet, goed en kwea, leafde en striid. Oer hoe’t jonge minsken leare moatte fan âlde minsken en hoe’t âlde minsken leare kinne fan jonge minsken. Mei in hiele protte wille binne we mei syn allen eltse wike dwaande om de rollen te oefenjen, de klean en spullen by elkoar te sykjen en it dekor te meitsjen. It belooft in hiel spektakel te wurden! Der binne ek dit jier wer in oantal nije spilers dy’t it tige goed dogge en jim ferasse sille mei harren talint. Mar ek de spilers fan foargeande jierren sille jim sjen litte dat se wer nije dingen leard ha en hieltyd better wurde. Wy sille jim meinimme nei in lang ferline tiid doe’t it libben rûch wie en fol gefaar, mar mei tema’s dy’t wy hjoed de dei noch altyd herkenne. We sille foar jim sjonge en dûnsje yn in grut dekor en nije dingen útprobearje dy’t wy sels ek tige spannend fine. Dus wy, de spilers, regy en bestjoer fan it jongereintoniel, nûgje jim allegearre fan herte út om op 29 of 30 maart te kommen nei ús útfiering fan “Ronja de Rôversdochter”!


Basisschool de Foareker heeft besloten om in de avonduren en weekenden de hekken van het schoolplein op slot te zetten. Hierdoor was de AED niet meer vrij toegankelijk!! Daarom heeft het Doarpsbelang besloten om de AED te verplaatsen, vanaf 14-02-2019 hangt de AED op de (zij-)muur van de ​A. Joustrastrjitte 16 ​(straat tegenover de school). De AED van Easterein is aangesloten bij hartslagnu.nl, dit is een landelijk platform voor burgerhulpverlening bij een hartstilstand. Waar je ook bent, er is altijd hulp van burgers en AED’s in de buurt. Ook jij kunt je aanmelden. Hoe werkt het? Iemand wordt onwel en 112 wordt gebeld. De centralist stelt vast dat het gaat om een mogelijke hartstilstand. Er wordt een ambulance gestuurd. Tegelijkertijd worden aangesloten burgerhulpverleners opgeroepen om een AED op te halen, naar het slachtoffer te gaan en te gaan reanimeren totdat de ambulance er is. Zie voor meer informatie op hartslagnu.nl


Yn Easterein stiet in hús… Troch Gerben van Snits Op ‘e hôfsleane, mei rom sicht oer de landerijen, is yn 1998 in rom hús boud. Sûnt trije jier wennet hjir de famylje Kooistra, gjin ûnbekenden yn it doarp. Al yn ’93 hawwe sy in hús bouwe litten oan ‘e singel en dêr hawwe sy altyd mei in soad nocht wenne. “Wy wiene net op ‘e syk nei in oar hús, mar doe’t dit te keap kaam, hawwe wy it hús besjoen en wy wiene ferkocht,” seit Dieuwke Kooistra. ... en yn dat hús der wenje... Dieuwke en har man Hans ha in drok libben en in ôfspraak is net gau makke. Dizze jûn wurd ik yn de romme keamer ûntfangen troch Dieuwke en dochter Martina (21). Hans is yn ferbân mei de iepen dagen fan De Diken, in skoalle foar praktykûnderwiis yn Snits, drok oan it wurk as haadkonsjerzje. Dieuwke komt oarspronklik fan Itens en Hans is berne yn Zaandam. Doe’t hy alve wie, binne syn âlden nei Easterein ferfearn, wêr’t syn mem, ien fan de Joustra’s, wei kaam. Al betiid hawwe Hans en Dieuwke inoar kinnen leart. Doe’t Dieuwke op har 16​e ek by bakker Van den Brug oan de van Eysingaleane te wurkjen kaam, wer’t Hans al wurke, hawwe sy ferkearing krigen. Doe’t de bakkerij der mei ophâlde soe, hawwe sy der oer tocht om de saak oer te nimme, mar dat is him net wurden.


De trije bern, Jacco (23), Martina en Sydrik (18) wenje noch thús, al sit Jacco op keamers yn Wageningen. “Hy kin goed leare en hat der in protte aardichheid oan,” seit mem grutsk. Hy docht de Master Management, Economics & Consumer Studies en dreamt der fan om staazje te rinnen yn Amearika. Hy hat it net fan in frjemd om ta it lân út, wylst syn suster staazje rûn hat yn Winterberg foar harren oplieding yn de hoareka. “Ik wie bliid wer thús te wêze!” Dieuwke foeget dêr oan ta: “Mar wy hawwe der wol de wintersportfakânsje oan oer hâlden, elts jier wer.” Sydrik studearret Life Science (biomedisch analist) en wol graach dosint biology wurde. Wat hâldt jimme yn it deistich libben dwaande? Dieuwke en Martina binne kollega’s, al sjogge sy inoar net in soad. “Us wurktiden binne oars,” seit Dieuwke. “Ik wurkje fan fiif oere ôf as banketbakker by Posthuma, meast yn Wommels en Martina yn de ferkeap, meast yn Boalsert as Snits.” Martina kombinearret dizze baan mei it wurk by Noflik. “Seis oere fan bêd fyn ik slimmer as seis oere der op. Dan kom ik fan it wurk en mem moat noch begjinne… It wurk by Noflik is moai en ik lear in soad minsken kinnen. De measte minsken keapje in hús en komme dan faak wol in kear by ús iten. Ek doch ik noch in oplieding ta HRM-meiwurker by NHL-Stenden.”


Wat betsjut Easterein foar jimme? “Alles!” seit Martina. “Ik wol hjir net graach wer wei. Ik haw hjir it wurk, freonen, haw tsien jier op volleybal sitten, de heale famylje wennet hjirre…” Dieuwke: “Allinnich foar de boadskippen moatte wy nei Wommels.” Hans is ûnderwylst ek thúskaam en Dieuwke sil nei it volleybal. Jacco hat efkes om ‘e hoeke sjoen en giet te reedriden en Sydrik komt der ek efkes by sitte. It is dúdlik dat sport by de famylje Kooistra belangryk is, want Hans en Dieuwke sitte ek op keatsen en Hans by it kickboksen yn it doarp. Sydrik fertsjinwurdiget de muzikale kant fan ‘e famylje mei syn keunsten mei de bariton saks en piano. Hans en Dieuwke binne ferweve mei it doarp. Beide binne bestjoerlik behoarlik aktyf. Hans komt los en fertelt entûsjast oer de pleatslike Fûgelwacht en it digitale wurk yn it doarp. Hy makket it boekje fan ‘e Fûgelwacht (oplage: 250 stiks, ien kear yn it jier), wurket tegearre mei Silvia oan de webside fan it doarp en sit achter de Twitteraccount fan Easterein (@easterein_frl, 375 folgers). Hy skriuwt stikjes foar de Fûgelwacht en stjoert stikken yn foar de doarpskrante. “Myn dream? In sulveren ljipaai op ‘e telefyzje. Dy krije je allinnich at je it earste ljipaai fan Fryslân fûn ha. In Easterein haw ik al wol trije kear de earste west, mar dat soe echt moai wêze.” Mar earst is der oare drokte: “Wy binne 1 drok dwaande mei in eardswellewâl te meitsje yn it Skrok, by de wetterpuozze en de fûgelsjochhut by Wommels, tegearre mei Fûgelwacht Wommels, Natuurmonumenten en oaren. Dit moat foar it briedseizoen klear wêze.” It is wol dúdlik dat je net samar del hoege te kommen en te hoopjen dat elkenien thús is. Hast op elk oere fan de dei en nacht is der wol ien oan it wurk, nei skoalle, oan ’t sporten, frijwilligerswurk of drok mei oare saken. Foto fan famylje Kooistra: Copyright Willy Sybesma 1

Oeverzwaluwmuur.


Bêste doarpsgenoaten, Moai nijs oer Kening op Sokken! Yn it foarige nûmer hellen wy de kaartferkeap al oan, mar no is dat konkreet! Fanôf 10 maart 2019 kinne de kaarten besteld wurde fia: -

info@kfeasterein.nl Wilma Sjaarda, 0515-851878 Noflik Easterein

De foarstellings binne op: Woansdei 29 maaie 2019 Freed 31 maaie 2019 Sneon 1 juny 2019 Snein 2 juny 2019

20.00 oere try-out 20.00 oere premjêre 20.00 oere foarstelling 16.00 oere foarstelling

€10,00 €12,50 €12,50 €12,50

Wêz der gau by, want ‘wie het eerst komt, die het eerst maalt’! Wy binne as kommisje no drok dwaande mei de PR. Sa hawwe we ûnder oare de posters klear en dy sille oeral opdûke. It is dúdlik, jim kinne der net mear ûnderút! Sa komme wy stapke foar stapke tichterby it klapstik. Op 24 maaie 2019 hâlde we in badeintsje-race. Jim kinne in lotsje keapje foar €2,00 per stik as 3 foar €5,00. It lotsje korrespondearret mei it nûmer op in badeintsje. Alle badeintsjes wurde tagelyk yn de Skippersbuorren loslitten en sy meie dan de trechter yn swimme. Hokker badeintsjes hjir as earste yn komme, winne prachtige prizen! Fierder meitsje wy hjir in gesellich barren fan mei in hapke en in snapke. Stiet it al yn jim aginda? Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer


KOS_A4-2_Opmaak 1 07-02-19 16:43 Pagina 1

KEATSMUSICAL

WOANSDEI 29 MAAIE 2019 20.00 oere try out

FREED 31 MAAIE 2019 20.00 oere premjêre

SNEON 1 JUNY 2019 20.00 oere foarstelling

SNEIN 2 JUNY 2019

www.KfEASTErEIn.nL

16.00 oere foarstelling

Kening op sokken

PLAK: noflik Easterein FOARFERKEAP: Kaarten te ferkrijen fia info@kfeasterein.nl, by wilma Sjaarda (0515 851 878) of by noflik Easterein KOSTEN: Try out € 10,00 | de oare foarstellings € 12,50 per tagongskaart SPILERS: Minsken út Easterein fanút ferskate ferienings en keatsleafhawwers SKREAUN TROCH: rients Gratama, muzyk fan Peter Sijbenga en Addy Scheele


K

LEKKER BÛTEN L BEWEGE • DWAANDE MEI DE BA MEI ELKOAR • DAT IS...

6

KEATSEN! Jeugd fan ûngefear 6 o/m 16 jier is wolkom op de sportfjilden yn Easterein!

Liket it dy leuk om dizze sport te prebearjen? KOM MAR RIS DEL OP IN TRAINING, PREBEARJE MEI ALTYD!

Foar mear ynformaasje kinne jim maile nei info@kfeasterein.nl

WWW.KF EASTE R E IN.N L

 

 


Keatsferiening Easterein​ - O ​ prjochte yn 1904   Utnoeging ledegearkomste KF Easterein op   6 maart 2019 

Bêste minsken,   Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan  Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende  keatsseizoen.   De gearkomste sil plakfine op ​woansdei 6 maart 2019 om 20.00 oere​ yn “De  Skoalleseize”.      Wurklist:  1. Iepening  2. Meidielings en ynkommen stikken  3. Oantekens fan de ledegearkomste op 7 maart 2018  4. Finansjeel ferslach:  -rekken 2018  -begrutting 2019  5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid   6. Presintaasje jierferslach 2018  7. Skoft  8. Bestjoersferkiezing:   - Oftredend en ferkiesber Dirk-Yde Sjaarda, foarsitter  - Oftredend Mattie Dijkstra, fise-foarsitter  Romine Jelsma  Foardracht - Oftredend Wilma Sjaarda, skriuwer  Foardracht Fakatuere  9. Stikken KNKB-gearkomste op 14 maart 2019   10.  Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:   - meidielings fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits  ​- ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize” - ôfskied kommisjeleden - fakatueres: stân fan saken  - webside  11.  Wedstriidaginda 2019  12.  Lustrumjier – Kening op Sokken  13. Omfreegjen  14. Sluting      Graach oant sjen op 6 maart!    KF Easterein     

 


Nijs Easterein Rocks Snein 17 febrewaris fรปn foar de twadde kear de muzykkwis plak. Untanks it moaie waar kamen mar leafst 17 groepen nei Noflik ta om harren muzikale kennis te testen.

Gezocht! Een bijrijpony Ik ben Rixt Brouwer, woon in Easterein en ben twaalf jaar. Ik ben op zoek naar een pony (geen Shetlander) om 1 of 2x in de week op te rijden. Zelf heb ik ongeveer 5 jaar rij-ervaring. Ik vind het geen probleem om ook te verzorgen en de stal uit te mesten. Bent u iemand met een pony of weet u iemand met een pony die een bijrijdster wel kan gebruiken? Ik hoor het graag! U kunt mij appen of bellen op dit telefoon-nummer: 06-83371969 Het liefst tussen 14:30 en 20:00


De pinne… Henk Duimelaar en Marjolein van Petten

Beste dorpsgenoten, Ons is gevraagd een stukje te schrijven voor het ‘doarpskrantsje’ van Easterein. Hoogste tijd, want wij wonen inmiddels al een jaar in dit prachtige dorp. Wij zijn Henk Duimelaar en Marjolein van Petten, allebei 50’ers. Samen met onze hond Murphy wonen wij aan de Van Eysingaleane 11, het voormalige huis van dokter Loor. Wij zijn de eerste bewoners van dit huis zonder een artsenopleiding, want sinds 1871 hebben hier altijd huisartsen gewoond en gewerkt. Ook wij zijn import. Henk is opgegroeid in Den Haag en Marjolein heeft in Haarlem en Heerhugowaard gewoond. Marjolein heeft 3 kinderen die in Alkmaar wonen. Samen hebben wij geen kinderen, maar wij beschouwen onze borderterriër als ons kind, en zo gedraagt hij zich ook! Henk werkt als accountant bij Deloitte, afwisselend op de kantoren Amsterdam en Leeuwarden. Marjolein werkte bij de luchtverkeersleiding op Schiphol, maar is gestopt vanwege het bereiken van de functionele leeftijd.


Samen hebben wij lang gezocht naar een fijn huis voor ons beiden, eerst in Noord-Holland, maar uiteindelijk ook in Friesland. Toen ons oog op dit prachtige huis viel, waren we snel verkocht. Onze families dachten dat wij kandidaat waren voor het programma ‘Ik vertrek,’ maar wij vinden het helemaal niet ver weg. Het huis is wel een avontuur en ook wat groot voor ons tweetjes, daarom willen wij dit jaar een kleinschalige bed & breakfast beginnen. Wij weten dat wij niet de enige zijn in het dorp, maar de contacten zijn goed. En wij denken dat er genoeg ruimte is voor meer accommodatie, want Friesland is hot. Het wonen in Easterein bevalt ons heel goed. Vanaf het begin zijn wij liefdevol opgenomen in de straatapp ‘Huize Van Eysinga’ en de fysieke activiteiten, en dat is niet alleen maar bier drinken. De Friese taal zijn wij nog niet machtig, maar Henk is onlangs met de cursus ‘Lear mar Frysk’ gestart. Onze gezamenlijke hobby is tuinieren en daarmee kunnen wij onze energie wel kwijt in de grote tuin. Er staan enkele fruitbomen en inmiddels is de eerste oogst van appels en peren verwerkt in allerlei tartes tartin. Dat is wel een liefhebberij van Marjolein. Verder vinden wij het leuk om te klussen in het huis; daarvoor is genoeg beschikbaar. Het dorp vinden wij geweldig. De mensen zijn vriendelijk, zeggen altijd even gedag en zijn in voor een praatje. Wij vinden het leuk om daar deel van uit te maken!

Passage Easterein – Christelijke Maatschappelijke Vrouwenbeweging Op woensdag 27 maart om 19.45 komt ds. Dussy Hofstra uit Ijlst in de Skoalleseize te Easterein. Zij houdt een lezing over "De Kruisviering." We horen wat de "kruisviering" in houdt en waar die wordt gehouden. Iedereen is van harte welkom.


Wy sille jimme net ferklappe wat ús opsje A,B,C en D wiene, sa kin wy oar jier swierder ark meinimme yn’e bus. ?

D! NIEUW IN FRIESLAN

elen ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr rument of zou je aan het juiste adres! De middei instjeugd eende Speel jij almei nt dat je and op de plaat setten! ieslmei t instrume hehele chooúsl Frder ks ie uz De jeugd! Wat hawwe wy De middei takeerste les op M de f j na bi va je lt n ee sp be Dan zikanten en geluidstechniek. en zeer ervaren mu

! Sjoch ek ris op n i e r e t s a E n i s e l r ookerritgHiintgast avoor meer informatie, nl Nuwww.easterein.nl nd. Bel of mail G muziekschoolfriesla t@ ri er g / 8 7 5 1 2 06 184

ken Jeen hout slepe enle nei ôfrinmsin ‘jeugd fjoerwurksjo’!! Dit wie leuk jongens sione lfs licht- en , bas of ze krijgt les van profes gitaar, dru , zang rd, oa yb ke , no Pia . en ler en famkes!! Oar jier dogge we de sjo in oerke letter sadat it donker is en lt wi ag gra komme we mei in potsje mear…miskien wol 2!! De Tsjerne Nei de fjoerwurksjo wie it beregesellich yn de Tsjerne wer elk in pilske drinke koe mei syn allen op it nije jier. By dizze winskje wy jimme in sûn en lokkich nijjier!! Groetnis De Aldjiersploech

olfriesland.nl o h c s k e zi u .m w w w kapsalon kapsalon

Kniplokaeltsje ’t’t Kniplokaeltsje

Skilplein11 Skilplein 8734GW GW Easterein Easterein 8734 Tel.:0515 0515- -33 3323 2320 20 Tel.:

Oant sjen! sjen! Oant

Op freed freed fan fan Op 18.00 -- 20.00 20.00 oere oere 18.00 sûnder ôfspraak! ôfspraak! sûnder

visite-afspr.kaartje.indd 11 visite-afspr.kaartje.indd

Skilplein 11 Skilplein 8734 GW GW Easterein Easterein 8734 (0515) 33 33 23 23 20 20 TT (0515)

05-12-2013 11:04:34 11:04:34 05-12-2013

Oant sjen! sjen! Oant


La vida es como es

La vida es como es y cuando me vaya espero que llevarás los recuerdos de mi vida en una maleta para que siempre la puedas abrir y para que cuando alguien te pregunte quien era yo puedas responder sin tristeza porque sabes que donde estoy ahora te puedo ver con alegría

Het leven is zoals het is en als ik ga hoop ik dat jij de herinneringen van mijn leven meeneemt in een koffer zodat je deze altijd kunt openen en als iemand vraagt wie ik was je kunt antwoorden zonder verdriet omdat je weet dat waar ik nu ben ik je kan zien met vreugde

Voor papa Nathalie Oliveiro

Foar altiten yn ús hert

Samuël Oliveiro Tige dank foar al de kaarten, blommen, besykjes en berjochten dy’t wy ûntfange mochten tidens it siikwêzen en ferstjerren fan myn man, ús heit en pake. Jimme steun en meilibjen hat ús goeddien. Fam. Oliveiro


Doarpsbelang Hâld Faesje It is noch mar heal febrewaris en we ha al in pear prachtige maaitiidsdagen te pakken. En dan wurdt der folop gebrûk makke fan in kuier oer de Alddyk. Dy leit der, nei in grutte opknapbeurt troch de gemeente, no wer prachtich by. Algemiene Ledenfergadering 11 april by Noflik Op 11 april hâlde wy ús jierlikse ledenfergadering. Ha jim noch punten foar de agenda, jouw se dan graach efkes troch. En we hoopje dat jim de tiid fine om der by te wêzen. Opleverjen Boomgaard 3 No’t de lêste wenningen bout binne yn it plan Boomgaard 3, is it tiid foar it definityf opleverjen fan it bouplan. In dillegaasje fan de buert hat y.o.m. doarpsbelang in petear mei de gemeente hân. Ferkearsfeiligens, ûntsluting foar helptsjinsten, drompels en oare saken binne bepraat. No is de gemeente oan set.


De opknapte Alddyk Opknappen Wynserdyk De Wynserdyk sil fanôf Hidaard in grutte opknapbeurt krije. Yn oerliz mei doarpsbelang en oanwenners binne de plannen bepraat en oanpast. De feiligens stiet foarop, mar ek de bedriuwen en it bedriuwsferkear moatte der wol mei út de fuotten kinne. Yn oerliz is ôfpraat dat it wurk yn de twadde helte fan 2019 útfierd wurdt. Wenningbou Nei’t we ferline jier de wethâlder Offringa op besite hân ha, wurdt der fanút de gemeente ûndersocht wêr en hoe Easterein noch útwreidzje kin. Mids febrewaris ha wy op it gemeentehûs nochris in taljochting jûn op de mooglikheden dy’t wy sjogge. Der hat yntusken in grut ûndersyk plak fûn nei de takomstige wenningbehoefte yn ús gemeente en de útkomsten derfan binne geunstig. Yn elts gefal wurdt der no minder rjochtlinich riddeneart fanút eardere krimpscenario’s. “Alle goede dingen komme langsum”; it belangrykste is dat se komme. AED ferpleatse De AED by de skoalle is ferpleatst yn ferbân mei de berikberheid. Sjoch fiederop yn dizze doarpskrante. Berend Santema, Grietsje Bouma, Annemieke Dinkla, Baukje de Jong, Broer Harmen Abma, Simon van der Velde en Thalitha Dijkstra

Mensen die nooit de tijd hebben, doen het minst.    Georg Christoph Lichtenberg (1742 –  1799) 


Snypsnaren: De Betuwe yn Easterein Troch Jan Hiemstra Yn 1946 wie op de radio ‘Eens zal de Betuwe in bloei weer staan’ in hit. Lang net elkenien hie in radio, mar de measte minsken koene de melody mei njuentsje (= neuriën). Eastereiners hoegden net nei de Betuwe om de bloeiende fruitbeammen te sjen, want it doarp hie syn Betuwe yn it lyts. Sûnt 1940 begûn it sicht fan de súdwestkant ôf op Easterein hyltiid mear te feroarjen. Yn de greiden efter de pleats fan De Gavere (no sa ûngefear it wenplak fan Tjeerd en Mattie Dijkstra) stiene gjin kij mear, mar beammen. It hôf fan Rienk van der Valk Fan 1940 ôf kaam dêr in nije manier om de grûn te brûken. Normaal wie de Fryske knipklaai geskikt foar de feehâlderij. It ferbouwen fan ierappels, graan en biten wie op sokke grûn net mooglik. Mar fruitbeammen soene kinne. Op de drege klaai tusken de rivieren yn de Betuwe, op de Siuwske klaai en op de swiere Limboarchse lössgrûn stiene se by de rûs en dêr sieten de Nederlânske fruitkwekers. Op de klaai yn Fryslân wiene se net en dat moast mooglik wêze neffens de lânboufoarljochters. Rienk Reinders van der Valk pakte dizze gedachte op en de greide waard in fruithôf. Fan greide ta hôf Om de grûn as hôf te brûken moast der nochal wat feroarje. Der moasten populieren oanplante wurde as wynkearder en dwers troch it hôf waarden ek noch hagen oanplante. Sa ûntstiene der wynstille perselen der ‘t de ferskate soarten apel-, parre- en prommebeammen plante waarden. Fariaasje wie noadich, want de fruchten moasten net allegearre tagelyk ryp wêze en de iene soarte koe langer bewarre bliuwe as de oare. Mar wat je mei ierappels of biten wol ha, ha je mei fruchtbeammen net: yn de maitiid siedzje en yn de neisimmer de frucht fan it lân helje. By fruchtbeammen duorret it in tal fan jierren eart se fruchtdrage. De ûndernimmer hie dan gjin ynkomsten, mar de húshâlding koe net op in houtsje bite! Van der Valk hie dat goed yn de gaten en ferboude dêrom yn de begjinjierren griente foar de ferkeap. Beisykje Ûnder en lâns de fruitbeammen kamen beibeamkes. Oan de beibeamkes ha ik noch myn oantinkens. As bern fan in jier of 12 fregen wy as wy


beisykje mochten, want dêr koene je in pear sinten mei fertsjinje. Fûn Van der Valk je flink genôch dan koe it nei skoaltiid wurde. Der waard je earst foardien hoe ’t it moast, want de beien moasten heel bliuwe. Dêrnei sieten je mei in bakje ûnder de beamkes om de ripen der ôf te plukken. It wiene foaral swarte beien, want dy waarden brûkt foar kassis, bessenjenever en jam. Wie it bakje sljocht fol dan moast it yn in gruttere bak leechkipere wurde. Soks waard registrearre, sadat der wer in bedrach as beleanning byskreaun wurde koene. Dat leegjen gong net samar: der mochten gjin ûnripe beien en bledsjes ynsitte en se mochten net kapot wêze. Hiene je it net goed dien dan folge der in reprimande en moasten je je libben betterje of oars ûntslach. Dat lêste woene je net, want dan soene de grauwe dûbeltsjes it bakje misse. It foarwurk Foardat it fruit oan beammen en strûken siet wie der al hiel wat oan foarôf gongen. Nei ‘t de beamkes plante wiene moasten se groeie. Se mochten ek net al te heech wurde, want hoe heger hoe dreger de frucht der ôf te krijen is. Dêrom waarden de beamkes snoeid om der model yn te krijen en bloesem. Dat snoeien wie winter- en ieremaitiidswurk. Waard it dan sa stadichoan maaie dan kamen de blommen yn de beammen: de roze yn de apel- en de wite yn de parre- en prommebeammen. Dat waard foar tal fan Eastereiners in ‘gouden’ tiid. De sneinskuier Yn de bloeitiid hoegde it sneinske kuierke net oer de slabatten om of lâns de Wommelserdyk, mar stelde Van der Valk it hôf iepen en koene de Eastereiners der in slach trochhinne. Dat wie foar de measten in mearke (=sprookje). Yn it hôf hearske in oerweldigjende stilte, wylst de blommen oan de fruchtbeammen strielen. It nesteljen fan in roek of in ekster yn de hege populieren makke it mearke kompleet. It transport It transport yn de tún rûn oer rails. Yn ús bernefantasieën lei der in kompleet spoarwegenet. It wiene smelle rails, dy’t troch izeren dwersstikjes mei-inoar ferbûn wiene. It ark moast op karkes (‘lorrys’) ferfierd wurde en ek it ‘plukte’ fruit gong der oerhinne. Soks moast natuerlik hiel foarsichtich. Dêrom fûnen wy de heakske bochten yn it railsysteem in wûnder fan snoadens. Op de hoeken siet in izeren draaiskiif


om de lorrys alle kanten útdraaie te kinnen. De skiif draaide oer stielen kûgels dy’t goed yn it fet hâlden waarden om it roastkjen tsjin te gean. (Ûndogenske jonges stielen wolris sa ’n kûgel ûnder in draaiskiif wei om dy letter as boster by it knikkerjen te brûken.) It spuitsjen Ynsekten, en benammen bijen, yn in hôf binne nedich foar bestowing en fruchtfoarming. Der binne lykwols ek in protte ynsekten dy’t allinne mar lestich binne. Se lizze aaikes yn de blommen en op it fruit en de rûpkes dy’t út de aaikes komme ferrinnewearje de jong frucht. As der dan net genôch natuerlike bestriders fan dit rûpeguod binne, dan binne je as fruitkweker net gau oan de winst ta. Dus aksje en spuitsje. Dat spuitsjen barde mei bestridingsmiddels dy’t wy hjoed-de-dei fergif neame, want de rûpen gongen der dea fan. Yn de spuiterstiid seagen Rienk van der Valk en syn feint Piet de Groot der as geasten út: kleur gielich en strak yn it fel. Mar is resultaat waard wol dat de grouste apels en parren der kamen. Se wiene faaks sa moai dat op fruitkeuringen rûn de kryst ‘R.R. van der Valk, fruitkweker te Oosterend’ mei de earste priis nei hûs gong. It plukken en bewarjen It measte fruit kaam yn de neisimmer en de hjerst fan de beammen. Dan wie it topdrokte. It plukken wie hanwurk, en hannen kamen je tekoart. Foar hiel wat Eastereiners wie in putsje by Van der Valk de ‘twadde tak’. De ‘húsfrou’ hie noch gjin baan en wie yn dizze tiid oan it plukken. Dat jilde ek foar ‘jeugdige’ AOW-ers en minsken dy’t moarns ier de kost al ferstsjinne hiene en middeis in ekstra bûssint fertsjinje woene. Wiene de apels plukt dan waarden se foar it grutste part bewarre, want se koene net allegearre tagelyk opiten wurde. Yn de begjinjierren waard it fruit yn de skuorre fan de âld pleats opslein, mar it klimaat om it fruit lang goed te hâlden wie dêr net geskikt. Dêrom waard der in nije loads mei klimaatbehearsking boud. Geregeld waard der dan in partij fruit foar de ferkeap klearmakke en dy gong dan mei frachtrider Sjuk Sandstra nei de feiling yn Ljouwert. Wat net nei de feiling koe lykwols best opiten wurde en dat hiene de doarpslju al gau yn de gaten. It fruit dat der wat snústerich útseach waard oan harren ferkocht.


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! Altijd gegaran • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


De hobby van….Sake Strikwerda Door Paul David Meesters

“Ik ben besmet geraakt met het vinyl virus” Ruim 6 jaar geleden verhuisde Sake Strikwerda met zijn vrouw Janny van het Skrok naar hun huidige woonhuis in Easterein. Hun tweede zoon Steven stond inmiddels aan het hoofd van de boerderij, die Sake’s overgrootvader in 1868 was begonnen. Er lopen nu zo’n 110 koeien rond. Sake mag nu dan in het dorp wonen, hij komt nog dagelijks op de boerderij waar hij vaak een melkronde voor zijn rekening neemt zodat zijn zoon wat meer tijd voor het gezin heeft. Maar voor dit interview praten we niet over het boerenleven, maar over de grote hobby van Sake: zijn muziekverzameling. Of beter gezegd: zijn muziekinstallatie. Want in een nis van de woonkamer staat een audio installatie opgesteld waar je wel even stil van wordt. Het is een kleine muziekfabriek, met alle apparatuur en de dikke kabels die de onderdelen verbinden. De buizenversterker van het Italiaanse merk Unison Research is bovendien een lust voor het oog, met buizen die vóór gebruik minstens tien minuten moeten opwarmen voor het beste geSake bij zijn LP wasmachine luid. En pronkstuk zijn de twee handgemaakte geluidsboxen (voor de liefhebbers: van het Deense merk GamuT), Sake’s laatste aanwinst. Aangeschaft bij speciaalzaak Audio21 in Wapenveld. Afgelopen september kwam de winkeleigenaar de boxen, die in een speciale kist werden vervoerd, eigenhandig installeren. Want daar komt een hoop meten en uitbalanceren aan te pas.


Sake is inmiddels 69, maar we moeten terug naar zijn zestiende of zeventiende jaar voor de start van deze wat uit de hand gelopen liefhebberij. In zijn ouderlijk huis stond destijds een buizenradio met ingebouwde platenspeler. Daarop draaide Sake zijn eerste zelf gekochte single: “We love you” van de Rolling Stones. Even later werd er een koffergrammofoon aangeschaft. Daarvan herinnert hij zich dat hij zijn eerste langspeelplaat erop draaide: “Goud van Oud”. Toen zijn vader en moeder op een zaterdag (het was 10 april, maar het jaar weet Sake niet meer) op bezoek waren bij zijn grootouders (die toen op Zonnehoek aan de Wynserdyk woonden) trok Sake de stoute schoenen aan. Hij fietste met de koffergrammofoon naar Sneek, waar hij bij de zaak van Minkema het apparaat inruilde voor een versie met twee geluidsboxen. Dat stereogeluid klonk prachtig, ook zijn ouders konden het waarderen! Vanaf dat moment volgde een lange weg naar het neusje van de zalm aan apparaten die Sake vandaag de dag in huis heeft. Hij was met regelmaat in muziekzaken in Sneek te vinden, waar hij vaak eerder aangeschafte apparaten in kon ruilen voor nieuwere waar, want “van het één kwam het ander”. En met de jaren namen de technische mogelijkheden natuurlijk toe. Om het geluid zo storingsvrij mogelijk over te brengen haalde Sake speciale isolerende geluidskabels in huis, sloot hij een netfilter aan en legde hij een aparte groep in de elektriciteitskast aan voor zijn muziekapparatuur. Sake vertelt lachend hoeveel geld hij in de loop van de tijd aan zijn hobby heeft besteed: “Het kost een lieve duit, je kan er een goeie auto van kopen”. Janny voegt daar met een dikke knipoog aan toe: “je moet er nou maar eens mee ophouden”. Sake startte dus met vinyl en zweert daar nog steeds bij. Toen in 1983 de eerste Cd op de markt kwam, heeft hij die een aantal jaar ook wel verzameld. Maar het Cd-geluid haalde het voor Sake uiteindelijk toch niet bij vinyl. Ondertussen had Sake wel een deel van zijn langspeelplaten op de rommelmarkt verkocht, iets waar hij later spijt van kreeg. Maar met wat speurwerk wist hij later van alle verkochte platen weer exemplaren terug te vinden. Vooral bij tweedehands platenwinkel Déjà Vu in Leeuwarden deed hij mooie vondsten. Sake heeft op de zolderverdieping nu zo’n 400 lp’s staan, overzichtelijk alfabetisch gerangschikt. Bijna alle genres zijn er vertegenwoordigd:


van orgelmuziek tot moderne pop. Sake heeft een brede muzikale smaak. En hij verzorgt z’n lp’s heel secuur. Hij heeft een heuse platenwasmachine, waar platen weer als nieuw uit tevoorschijn komen. Zolang er maar geen krassen op komen kan je er heel veel jaren plezier van hebben. Vrijwel dagelijks luistert Sake een paar uur muziek. Met Janny heeft hij een mooie verdeling afgesproken. Als hij na het Journaal zijn platen in de huiskamer opzet, trekt Janny zich terug op een luie stoel in de keuken om tv te kijken. De muur tussen woonkamer en keuken werd bij een verbouwing trouwens speciaal geïsoleerd, zodat het meeste geluid binnenskamers blijft. Sake kan helemaal opgaan in de muziek, of het nu een orgelconcert van Bach is of “Dark side of the moon” van Pink Floyd. Met oudste zoon Simon Paul bezocht hij een tijdje terug trouwens een concert van Pink Floyds zanger Roger Waters, in de Amsterdamse Ziggo Dome. Dat was een prachtavond. Hij deelt zijn muziekliefde trouwens graag met anderen. Dus als iemand een avondje wil komen luisteren op de hofsleane: Sake is ervoor beschikbaar!


De koksmûtse: Slagroomtruffels Door Annebeth de Jong Ingrediënten Voor ongeveer 30 slagroomtruffels - 300 gram pure chocolade - 150 milliliter slagroom (op kamertemperatuur) - 150 gram roomboter (op kamertemperatuur) - 150 gram poedersuiker - 1/2 theelepel vanille-aroma - 150 gram cacaopoeder Nog extra nodig: - cocktailprikkers

Bereiding Stap 1 – Maak de vulling Mix de boter met de poedersuiker tot een luchtige crème. Voeg tijdens het mixen de slagroom en het vanille-aroma beetje voor beetje toe. Schep deze vulling in een spuitzak en spuit ongeveer 30 bolletjes op een met plasticfolie bedekte schaal. Indien je geen spuitzak hebt kan je 2 lepeltjes gebruiken. Steek in ieder bolletje vulling een cocktailprikker. Zet de schaal ongeveer 10-15 minuten in de vriezer. Stap 2 – Dippen in chocolade Doe de cacaopoeder in een diep bord of schaal. Smelt de chocolade (au bain-marie of met perioden van maximaal 20 seconden in de magnetron op +/-700 Watt, waarbij je tussendoor steeds goed roert). Tempereren is niet nodig. Haal de bolletjes vulling uit de vriezer (op een warme dag kan je ze beter in gedeelten, bijvoorbeeld per 5, uit de vriezer halen). Dip ze één voor één in de chocolade en bedek met cacaopoeder. Pak hiervoor de vulling bij de cocktailprikker vast en dip de vulling in de chocolade. Zorg dat de vulling volledig bedekt is met chocolade. Tik met de cocktailprikker op de zijkant van de kom met chocolade om de overtollige chocolade te verwijderen. Zet de truffel daarna in het bord met cacaopoeder en bedek de hele truffel met het


cacaopoeder. Laat de truffel staan totdat de chocolade hard is geworden. Daarna kan je de truffel op een bord of schaaltje leggen en de cocktailprikker verwijderen. Tip: De slagroomtruffels kan je ongeveer een week bewaren in de koelkast. Bewaar ze in de vriezer als je ze langer wilt bewaren.

Lees meer: bakweek.nl/slagroomtruffels/#more-943

Ut de húshâlding fan…

Ha jo in idee wa’t dizze bern binne?


Altiten al ris witte wollen hoe it klaverjassen wurket? Of gewoan lekker in potsje spylje?

Kom dan nei Ăşs klaverjasmiddei!

Jou je op mei in groepke fan 4 of allinne.

Jou it troch!


INSTALLATIEBEDRIJF

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG DE JONG INSTALLATIEBEDRIJF wooncomfort VoorVoor meermeer wooncomfort van van kelder tot dak kelder tot dak

DE JONGINSTALLATIEBED Voor meer wooncomfort van kelder tot dak

DE JON

Fabrykswei 7 Easterein Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

T. 0515 - 331 512

Uw totaal installateur Fabrykswei 7 Easterein Uw totaal installateur Voor meer wooncomfort T. 0515 - 331 512 www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl

www.dejonginstallatiebedrijf.nl van kelder tot dak info@dejonginstallatiebedrijf.nl

Uw totaal installateur www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512 Uw totaal installateur www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Nieuws uit de Bibliotheek Digitaal Café Op maandag 4 maart, 25 maart en 1 april is er weer Digitaal Café in de Bieb in Wommels. Iedereen die vragen heeft over het gebruik van tablet, telefoon of laptop kan deze meenemen en aanschuiven van 14.00 tot 15.00 uur. Op 4 maart is er bij het Digitaal Café speciale aandacht voor het werken met iCloud: de online opslagmogelijkheid voor Apple-gebruikers. Boekbespreking De leesgroep praat op donderdag 14 maart over het boek ​De acht bergen ​van Paolo Cognetti. Over een 11-jarige jongen die met zijn ouders de passie voor het Noord-Italiaanse gebergte deelt. Wees erbij om mee te praten, vanaf 20.00 uur in de torenkamer van de kerk. Creatief Café Haken, breien, borduren of wat je verder maar onder handen hebt: op maandagmiddag 18 maart treffen de creatievelingen elkaar weer bij het Creatief Café. Van 14.00 tot 15.30 uur, natuurlijk met koffie of thee erbij.

Bedankje Graag wil ik iedereen bedanken voor alle aandacht, bloemen, cadeaus en kaarten die ik van jullie mocht ontvangen op mijn 90​ste​ verjaardag. Daarvoor mijn hartelijke dank, het was geweldig!! H.gr. S. Stilma – Boschma Tjerne 9, Wommels

Ut de húshâlding fan… Oplossing Dizze trije bern komme út de húshâlding fan famylje Jelsma, fan links nei rjochts Jan Simon, Romine en Wilma.


Noot van de redactie: Door is een misverstand is deze pagina niet in het vorige nummer geplaatst. Onze excuses!

Gezocht: Vrijwilligers die willen helpen met de Nederlandse taal Het Digi-Taalhuis is een plek voor mensen die hulp nodig hebben bij de Nederlandse taal of die digitaal hulp nodig hebben. Wij komen graag met mensen in contact die het plezierig vinden om andere mensen hierbij te helpen. Je krijgt van ons een opleiding, ondersteuning in de vorm van een taalcoördinator, heel veel andere collega’s die al in Workum, Bolsward en Makkum bezig zijn en natuurlijk het lesmateriaal. Vind je het leuk mensen te ondersteunen in hun behoefte de Nederlandse taal beter te leren beheersen in zowel het lezen als schrijven en spreken? Neem dan contact op met t.kleiker@bmf.nl​ ​of meld je even aan in de bibliotheek van Wommels. Het gaat om de woensdagmiddag van 14.00 uur tot 16.30 uur.

Wie niet goed kan lezen of schrijven, moeite heeft met rekenen of niet met de computer kan werken, kan veel problemen ondervinden in het dagelijks leven. Lezen is belangrijk, vaak zelfs noodzakelijk, bijvoorbeeld op het werk om instructies of bijsluiters te lezen. Steeds vaker zijn lezen en digitale vaardigheden gecombineerd nodig. Bijvoorbeeld om een aanvraag in te dienen of een betaling of bestelling te doen via internet. Wil jij je vaardigheden verbeteren of ken je iemand die dit wil? Ook jij bent van harte welkom in de Bibliotheek van Wommels.

"Wat wy yn ús hert bewarje, kinne we net ferlieze"

Alie Bergsma-van Essen

Tank foar alle bliken fan meilibjen nei it ferstjerren fan ús leave (skoan-)mem en bysûndere (oer-)beppe.

fam. Bergsma


tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl,

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

Doch it foar dyn doarp! 06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

B O U W E N &StapVoer: ERBOUWEN Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

U kunt ook online reserveren.

Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


Yn bedriuw Troch Gerben van Snits In nij bedriuw, mar gjin ûnbekende. Autobedrijf Witteveen & Brouwer hat ein septimber de duorren sluten fan de festiging yn Easterein, mar de eardere bedriuwslieder, Theunis Hofstee, is 1 jannewaris mei syn eigen bedriuw Autobedrijf Theunis Hofstee op it selde stee begûn. Theunis is hikke en tein yn Easterein, mar wennet sûnt 1995 yn Dronryp. “It is moai om de bining mei it doarp te hâlden, ek myn âlden wenje hjir noch.” Nêst syn oplieding oan de MTS (mar net yn de autotechnyk) yn Snits wurke Theunis as sneonshelp by Witteveen en Brouwer. “As pompbetsjinner, auto’s waskje en ek it autoriden haw ik doe leard. Stadichoan bin ik sa yn it bedriuw groeid en doe’t ik myn oplieding klear hie, koe ik direkt oan it wurk. Kursussen dwaan en hieltyd wer trochleare. Yn 1997 is it bedriuw fan de van Eysingaleane ferhuze nei de Sibadawei en bin ik sjef wurkpleats wurden en de lêste seis jier sels bedriuwslieder. De eigner kaam mar in pear kear yn it jier del.” En no sels eigner… “Ik haw der al in pear jier oer nei tocht om it bedriuw oer te nimmen, mar de baas wie der noch net klear foar. Dochs seagen je wol dat er it lêste jier oan it ôfbouwen wie. Doe’t it ein septimber foarby wie, moast ik ek op syk nei oar wurk. Tolve dagen haw ik it útholden by in grut bedriuw. Der wiene te folle lagen yn it bedriuw en it doarre te lang foar in klant holpen waard. Sa woe ik net wurkje en sa koe ik de klanten net nei tefredenens helpe.” By Autobedrijf Theunis Hofstra giet it der oars oan ta. “Alle kontakten rinne fia my. Ik nim de tillefoan oan, sit by de resepsje, plan it wurk yn, fakturearje, ensafuorthinne. Hjirtroch hat de klant koarte lyntsjes


en kin ik effisjint wurkje. De klanten kinne my en ek de monteur is werom. Klanten freegje sels nei Hylke. Geweldich fyn ik dat!” Theunis hiert it pân fan Witteveen, mar hat de ynventaris oernommen. Sadwaande is alles by Autobedrijf Teunis Hofstee mooglik wat foarhinne by Witteveen & Brouwer koe. “Allinnich it spuitsje fan in auto nei skea bestede wy út.” Is it as bedriuwslieder oars dan as eigner? “It is in hiel soad regelwurk om in bedriuw op te sette. By lytse bedriuwen is it net sa swier om it oer te setten op in nije namme, mar by de belestingtsjinst, fersekeringen, de bank en gemeente rint it net sa gau. Dochs is dat no hast klear. Foar it echte boekhâldkundige wurk haw ik in pear oeren ien yn tsjinst, mar foar al it oare wurk, lykas magazynwurk, bestelle fan ûnderdielen, opsette fan priisopjeften en fakturearring doch ik allegearre sels. It boekhâldkundige wurk doch ik ek in soad thús, oer in befeilige ferbining. It is sa’n 60 oant 70 oeren wurk yn ‘e wike, mar einliks die ik dat al as bedriuwslieder. Der is allinnich in stikje administraasje by kommen, mar foar de rest sit it ekstra wurk allinnich yn de opstartfase. It is moai wurk. Je moatte it wol leuk fine, dan fleane de dagen om. Salaris moat nea in driuwfear wêze. At der nije minske komme te wurkjen, dan sjogge je gau genôch oft se geskikt binne foar dit fak!” Mar komst sels wol ta oan it sleuteljen? “As bedriuwslieder hie ik fjouwer monteurs, doe kaam ik hielendal net oan it sleuteljen ta. No wurkje ik wer trije oeren deis oan in auto. Hylke is fulltime oan it wurk en yn maaie komt der in nije monteur. It is mar krekt hoe drok at it wurdt, miskien komt der foar de simmer noch wol in monteur by. No hawwe wy it drok genôch! Hoe nijer in auto, hoe leaver oft wy it hawwe. De nijste techniken, hjir byoplieding yn folgje, dêr hawwe wy echt nocht yn. We lizze ek graach oan de klant út wêrom’t wy wat dien hawwe, litte it graach


sjen. Us klanten moatte ús fertrouwe en op ús rekkenje kinne. Kwaliteit moat heech wêze en dus soargje wy foar fakpersoniel.” En de ferkeap? “Fansels! Mar om hjir wat auto’s del te setten, ha je in flink bedriuwskapitaal nedich. It komt seker wol, mar moat opboud wurde. De earste fiif auto’s hawwe wy al ferkocht. It sykje fan auto’s yn opdracht fan in klant is in fak apart, mar it is wol leuk wurk,” seit Theunis beskieden. “Der sit in soad wurk yn en je moatte goed oanfiele wat in klant ha wol. Je moatte der mei spylje om in klant tefreden te krijen.” Klanttefredenens, op hokker manier ek, it is wol dúdlik dat dat by Autobedrijf Theunis Hofstee heech yn it findel stiet. Dat sil him oan Theunis syn entûsjasme foar it fak net lizze!


Wilhelminanijs Krystkonsert Wat wie it wer in prachtich konsert krystnacht; de muzikale kerststal. En wat in talinten hat Easterein! Wy wolle hjir graach Joke Krist betanke foar harren dirigearjen fan it konsert! Super Joke! Hast it geweldich dien. Konsert Koperkleuren yn de Gasthuiskerk Boalsert Sneon 9 maart l 20.00 oere l foarferkeap € 7,50 Op sneon 9 maart stiet der wer in prachtich konsert op ús programma. In dûbelkonsert mei koperensemble Koperguod. Koperguod stiet ûnder lieding fan Andries Kramer. Jimme fêst wol ferneamd as ús âld-dirigint en muzykmaster op skoalle. Ek in oantal Wilhelmina’s binne hjir aktyf. In moaie gearwurking like ús sa ta. Viktor Hartmann De leden fan Koperguod binne hiel wat mânsk en sille de muzyk fan de wrâld ferneamde Schilderijententoonstelling spylje fan Modest Moessorgski. By de skilderijen fan Viktor Hartmann hat Moessorgski muzyk makke. Der wurdt hiel wat fan de koperblazers frege om dit spylje te kinnen. Lord of the Ring & Les Miserables Wilhelmina byt har fêst yn de muzikale fertolking fan Lord of the Ring. Wa kin de boeken fan Tolkien as de films net?! Wy besykje no op muzikale wize de karakters fan de Hobbits del te setten, fan Gandalf en fan syn hynder Shadowfax. Dêrneist spylje we û.o. muzyk út musical Les Miserables. Ek dizze muzyk is skreaun n.o.f. de ferneamde roman fan Viktor Hugo. Wat bliuwt dat ek prachtige muzyk!


Kom ek nei Koperkleuren! It wurdt in prachtige jûn wêrby it ferskaat oan mooglikheden en de ferskate klankkleuren fan de koperen blaasynstruminten oan bod komme. Kaarten binne yn de foarferkeap te krijen foar € 7,50 en oan de seal € 10,-. Bern oan’t en mei 12 jier binne fergees. Kaarten binne te krijen fia de leden as fia ús webside. Femuzafestival op 23 maart Sûnt 1 jannewaris heart Easterein by de gemeente SúdwestFryslân. Dat betsjut foar Wilhelmina dat wy ek oan de aktiviteiten fan muzykfederaasje Femuza mei dwaan kinne. Femuza organisearret elk jier in festival foar koaren, korpsen en jeugdorkesten. It festival foar korpsen fynt dit jier op plak sneon 23 maart yn Drylts. It is net samar efkes spylje, want der sit ek in sjuery dy in ‘kritisch’ ferslach skriuwt. Dat wy moatte ús dêr ek wer fan ús beste kant sjen litte. Wilhelmina spilet ûngefear rûn 17.45 oere. Dan noch efkes dit… It nije jier is foar Wilhelmina echt in nij begjin. In nij jier mei in nije dirigint. It bestjoer hat it mar drok mei harren syktocht nei in oare stokjeswaaijer. Undertusken ha wy twa diriginten ree fûn dy’t ús hjirby helpe sille mei ús konsert. Wilbert Zwiers op 9 maart en Anne van der Berg sil op 23 maart it stokje swaaie. Fryske Boekewike Witte jo it noch? Twa jier kamen de leden fan Wilhelmina by de doaren lâns y.f.m de Fryske Boekewike. Dit jier komme we ek wer del en wol op tongers-dei 11 april. Fan te foaren krije jimme in folder yn de bus mei de boeken wêrút jimme kieze kinne. En ek no is in diel fan de opbringst foar it korps.


Sponsorcliks – dĂŞr sit muzyk yn! In nije broek by de Wehkamp, (foar) in date fia Parship, in wyntsje (foar jo date fia Parship) online by de Jumbo bestelle. Je kinne it sa gek net betinke. Mar doch fan Ă´f no jimme ynternetoankeapen fia de link sponsorcliks op Ăşs webside. Want foar elke oankeap fia dizze link Ăťntfangt Wilhelmina in saneamde kommisje. Dus wurdt der thĂşs sein; hast alwer wat nijs? Dan is jo antwurd; foar it goeie doel, leave đ&#x;˜‰

Sjoch ek ris op Easterein.nl Speurtocht De Tsjerne in Easterein Zaterdag 13 april Groep 1 tot en met groep 8 Starttijd wordt bekend gemaakt naar aanleiding van opgave Start +/- 15.00 Groepje + begeleider opgeven voor 6 april Door te mailen naar info@detsjerne.nl Max 6 pers. per groepje inc. begeleiding


Wilhelmini’s Blazersklas

Nei de krystfakânsje ha alle bern fan groep 5 fan De Foareker wer in bugel of trompet fan Wilhelmina krigen. Se krije moandeitemiddeis op skoalle muzykles fan Andries Kramer. Se koene hast net wachtsje om it ynstrumint út de tas te heljen. It foel earst net ta om lûd út it ynstrumint te krijen, mar no kinne se al in ferske spylje by in CD. En guon kinne ek al in solo spylje. Miskien sitte der wol in pear talinten tusken. Dat soe moai wêze fansels. Wilhelmini’s De Wilhelmini’s ha 19 jannewaris meidien oan in echt festival foar jeugdkorpsen. Dit waard organisearre troch Femuza. Se moasten alles sels dwaan. Dus ek de presintaasje. It yntro waard spile op trije grutte oaljefetten. Dat makke it publyk daliks nijsgjirrich. Under it spyljen fan de oare stikken wiene in oantal sels makke filmkes te sjen, dy’t by de muzyk pasten. Fan alle leden wie in foto makke. Ek dy kamen foarby. Sa ha se harren allegearre foarsteld oan it publyk. Spitich dat der mar ien priis wie. Want ús Wilhelmini’s û.l.f. Joke Krist ha it gewoan hiel goed dien. En hielendal sûnder help fan leden fan it grutte korps. Tjitske Joustra en Hessel Santema binne nei de Krystfakânsje ek trochskowed nei it grutte korps. Se spylje oan de pauze ta mei. En jimme kinne se op 9 maart op it konsert yn Boalsert yn aksje sjen.

Ut namme fan de jeugdkorpskommisje, Durkje en Folkje


nieuwsgierig

Wie vraagt komt verder. Nieuwsgierig zijn wij naar de ontwikkelingen in ons vakgebied, naar wat daar achter de horizon van de grafische wereld gebeurt. Nieuwsgierig zijn wij vooral ook naar u. Uw bedrijf, uw wensen en uw doelen. Samen gaan we op weg, zodat wij voelen en ervaren wat u drijft. Dat is de weg naar succes. Door onze blik op de toekomst, lopen we nooit achter de feiten aan. Wij durven te investeren, want wij zien overal kansen. Welkom bij van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje maart 2019  

Doarpskrantsje Easterein maart 2019

Doarpskrantsje maart 2019  

Doarpskrantsje Easterein maart 2019

Advertisement