Doarpskrantsje Easterein - juny 2018

Page 5

Redaksjenijs Bêste doarpsgenoaten, Wat is it dochs altyd moai om te hearren dat de minsken dy’t de Doarpskrante lêze, it sa’n leuk krantsje fine! Wy as redaksje dogge eltse kear wer ús bêst om der wat moais fan te meitsjen, en dat komt ek troch alles wat Easterein sels oanlevert. Dit is myn lêste krantsje as redaksjelid, ik hâld der mei op. Der binne safolle oare dingen dy’t ik ek leuk fyn, en dan moat je tiid fry meitsje. Fansels hiel spitich, want it is leuk om te dwaan. Mar wat ik eins noch spitiger fyn, is dat der safolle minsken wiis mei ús krantsje binne, mar dat we der mar net nije redaksjeleden by krije kinne! Fansels bliuwe der noch 4 super redaksjeleden oer, ha alle fertrouwen yn hun dat se it foar elkoar krije, mar it is wol skraapjen. En ik wit hiel goed dat alle ferienings yn deselde fiver fiskje, mar toch… Dus noch ien kear! Wa komt Bauke, Nathalie, Germ en PaulDavid helpen de Doarpskrante te behâlden? Jong, âld (wat is âld?), Frysk, Nederlânsk? It makket allegearneat út! De ferwachtingen lizze net heech, wy dogge ek allegearmar wat we leukfine, en meielkoarkom je in hiel ein! Redaksje, tige tank foar noflike gearwurking en de gesellige jûntsjes, en ik sjoch út nei alle kommende Doarpskranten dy’t by ús op de matte falle sille! Groetnis Elisabeth Breeuwsma

De kollekte foar it FONDS GEHANDICAPTENSPORT hat € 479,35 opbrocht. Allegear tige tank dêrfoar! Groetnis fan Baukje Overal-Hempenius.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.