{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, juny 2018

DOARPSKRANTSJE


Jong Feinte boekje 2013_Layout 1 22-07-13 10:07 Pagina C2

Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Redaksje: Bauke de Boer, Nathalie Oliveiro, Elisabeth Breeuwsma, Paul David Meesters en Gerben van Snits. Kopy doarpskrante: doarpskrante@easterein.nl as by Elisabeth Breeuwsma Foarbuorren 4 Webside Easterein.nl : info@easterein.nl Twitter : @easterein_frl/ Facebook : Fraach&oanbod&sa Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennรปmer : NL70RABO0349501726 u.f.f. Doarpskrante Printwurk : Drukkerij van der Eems Foto foarkant : Willy Sybesma Kolofoan : Elisabeth Breeuwsma Kopijdatum : o/m woansdei 27 juny


Doarpsaginda Juni 1 juni

16.00 oere

Keatspartij Federaasje jeugdôfdieling De Skoalleseize

2 juni

10.00 oere

Reünie Bogerman Wommels Bogerman Wommels

3 juni

13.30 oere

KF Easterein âlder-/bernpartij De Skoalleseize Sneintejûnssjongen Martinitsjerke

19.30 oere

9 juni

9.00 oere

Oud papier Wilhelmina

10 juni

12.00 oere

KF Easterein Okkemapartij De Skoalleseize

21 juni

Hiele dei 18.00 oere

Doarpsfeest Fersammelje foar fertrek nei it Grut Frysk Diktee De Skoalleseize

22 juni

Hiele dei

Doarpsfeest

27 juni

Hiele dei 15.00 oere

Kopijdatum Doarpskrante KF Easterein jongereinpartij De Skoalleseize

12.00 oere

Ledenpartij Battle KF Easterein vs KF Wommels De Skoalleseize Motortoertocht Easterein Fersammelje by de Tsjerne

Juli 1 juli

12.15 oere

8 juli

13.00 oere

KF Easterein seniorenledenpartij De Skoalleseize

Ha jo ek iets foar de doarpsaginda? Mail it nei ​doarpskrante@easterein.nl


Redaksjenijs Bêste doarpsgenoaten, Wat is it dochs altyd moai om te hearren dat de minsken dy’t de Doarpskrante lêze, it sa’n leuk krantsje fine! Wy as redaksje dogge eltse kear wer ús bêst om der wat moais fan te meitsjen, en dat komt ek troch alles wat Easterein sels oanlevert. Dit is myn lêste krantsje as redaksjelid, ik hâld der mei op. Der binne safolle oare dingen dy’t ik ek leuk fyn, en dan moat je tiid fry meitsje. Fansels hiel spitich, want it is leuk om te dwaan. Mar wat ik eins noch spitiger fyn, is dat der safolle minsken wiis mei ús krantsje binne, mar dat we der mar net nije redaksjeleden by krije kinne! Fansels bliuwe der noch 4 super redaksjeleden oer, ha alle fertrouwen yn hun dat se it foar elkoar krije, mar it is wol skraapjen. En ik wit hiel goed dat alle ferienings yn deselde fiver fiskje, mar toch… Dus noch ien kear! Wa komt Bauke, Nathalie, Germ en PaulDavid helpen de Doarpskrante te behâlden? Jong, âld (wat is âld?), Frysk, Nederlânsk? It makket allegearneat út! De ferwachtingen lizze net heech, wy dogge ek allegearmar wat we leukfine, en meielkoarkom je in hiel ein! Redaksje, tige tank foar noflike gearwurking en de gesellige jûntsjes, en ik sjoch út nei alle kommende Doarpskranten dy’t by ús op de matte falle sille! Groetnis Elisabeth Breeuwsma

De kollekte foar it FONDS GEHANDICAPTENSPORT hat € 479,35 opbrocht. Allegear tige tank dêrfoar! Groetnis fan Baukje Overal-Hempenius.


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

Hallo allemaal… Wie een beetje muzikaal is en regelmatig naar bekende series kijkt, die zingt nu waarschijnlijk al de rest van het lied. Wat fijn dat je er bent! We hebben dit als thema uitgezocht voor de Tentdienst van dit jaar. Want ook het komende Dorpsfeest hopen we daar weer mee af te sluiten. Wat we ons bij dit thema hebben voorgesteld? Dat moet u natuurlijk zelf komen meemaken, maar een tipje van de sluier wil ik hier graag oplichten. Het gaat om welkom zijn. Het gaat om die bekende hoge drempel waar je maar niet overheen durft te komen. Die drempel ligt er op de eerste dag dat je als kind naar school gaat. Maar die drempel ligt er nog steeds op de eerste dag van je baantje. Hij ligt er ook als je na jaren toch weer eens gaat sporten of wanneer je misschien wel voor het eerst in een kerk komt kijken. Zou het wel kunnen? Sla ik geen gek figuur…? Die drempels zijn best lastig. Ieder komt ze op z’n weg door het leven zo her en der weer tegen. En ze blijven lastig. In elk geval prettig te weten dat iedereen ze kent. Deze zondag hopen we de drempel in elk geval laag te houden. De kerk komt naar de tent. We zingen echte meezingers. Er is koffie, thee, fris en iets lekkers. Wilhelmina speelt. En ook voor wie geen kerkliedjes kent: één zingt u in elk geval gemakkelijk mee… De dienst begint om 10.00 uur in de tent! ds. Riemer Praamsma


Motortoertocht Easterein

SNEIN 1 JULY 12.15 FERSAMMELJE BY DE TSJERNE NEI DE RIT KINNE WE YN DE TSJERNE TE PLAK FOAR IN HAPKE EN IN SNAPKE

GRAAG OPJAAN FOAR MOANDEI 25 JUNY Martin-elisabeth@home.nl as 06-21256243 Groetnis Lies, Hille, Boudewijn en Elisabeth

MOTORLEAFHAWWERS, OANT 1 JULY!!


Fjouwer glimkjende skuonnen Troch Nathalie Oliveiro It fielt as juster, maaie foarich jier. Ik moast my haaste, sa op dy snein betiid yn 'e middei. Op myn skates nei syn hús. Dêr wachten beide hearen op my. De iene lyts en wat breder fan bou, de oare lang en slank. Sfear meitsje, dêr wisten beiden wol fan. It wie flak foar in optreden en dêr stiene se. Strak yn it pak. Fioel ûnder it earm, blêdmuzyk mei en dêr gongen we. At hja op de dyk hâlden wurde wolle, is dat dizze tiid fan 't jier beslist net dreech. It is in hiele kulturele reis dy't we troch Fryslân meitsje kinne. Fan Lost yn de greenhouse, mar leafst 32 manifestaasjes fan Under de Toer, At the watergate, it Oranjewoud Festival mei ûnder oare de eksposysje Muziekgestoord fan Rob van den Broek, Taal op it Spoar en aanst yn septimber-oktober teaterstik De Stormruiter. Yn it kader fan KH2018 falt der safolle te belibjen, dat komst hast de dyk net wer ôf. En it kloppet wat se sizze, it is de mienskip dy’t it foar inoar kriget. Net allinnich, mar mei inoar. Tegearre kinne we de pracht fan ús kultuer sjen litte en der foar soargje dat oaren mei genietsje kinne. 'U heeft uw bestemming bereikt'. Nei trije kertier ride, wiene we der. Hy joech my it doaske mei de kaartsjes en it jild. De hearen troffen de lêste nedige tariedings. De stimmen waarden smard, de fioel stimd en de piano ynspile. Efkes letter siet it publyk klear, fol spanning te wachtsjen. In holle om it hoekje. Ik knikte werom, it startsein. Stilte. En dêr kamen se, beide hearen, grutsk, fier. It iennichste wat der no noch ta die, wie muzyk, én dy prachtich fjouwer glimkjende skuonnen.


Geke hat ein februari fan dit jier wer de útbetelling fan de wederverkopers vergoeding oan de ferskate ferieningen oermakke. Yn totaal giet Geke € 420,29 oermeitsjen nei, ODI, Passage, De Soos, Jeu de Boule, 60+, KF.Easterein, de Tsjerne en SDS. GEKE is in enerzjy koöperatie mei as doel de leefberens yn Easterein te versterkjen en Easterein duorsumer te meitsjen. Troch mei-inoar enerzjy yn te keapjen fia ENERGIE VanOns kriget de koöperatie in jierlikse fergoeding (+/- € 75,-) per oansluting. Dit jild wurdt foar de helte oan de ferieningen útkeard yn Easterein om de leefberens te fergrutsjen. Hjirby kinst sels oanjaan nei hokfoar feriening dit jild gean moat. De oare helte wurdt wer ynvestearre yn (duorsume) projekten ( postcoderoos ) yn Easterein. Wolst do dyn klup ek steune ? Slút dy dan oan bij GEKE en nim stroom en gas ôf fan ENERGIE VanOns ( foarhinne NLD ). Geke is offisjeel wederverkoper fan gas en stroom fan ENERGIE VanOns. www.energie.vanons.org

Postcoderoos project Op 23 maaie hat GEKE har jiergearkomste hâlden en hat de leden in foarstel dien om in postcoderoos projekt op te starten om sinnepanielen te pleatsen op it dak fan in lisboksstâl welke yn it postcodegebied leit mei de sifers 8734. Ek de postkoade´s dy't om


8734 hinne lizze. kin hjir oan mei dwaan. Dit projekt is by útstek geskikt foar minsken dy't sels ek graach sinnepanielen ha wolle mar hjir gjin geskikt dak foar ha omdat it yn it skaad of yn beskermd doarpsgesicht leit of de drokte der net fan ha wolle. Partikulieren, ferienigingen, bedriuwen, tsjerken, elkenien kin hjir oan meidwaan. Jo dielnimming is belangryk omdat de ierde opwaarmet en litte we yn Easterein derom begjinne mei it opwekken fan lokale en dourzume enerzjy. Boppedat krije jo ek noch 15 jier lang koarting op jo enerzjy rekken. Wolle jo hjir mear fan witte, dan wolle wij ynkoarten alles nochris útlêze mei foarbylden tiedens in ynfojûn yn de Skoalleseize. Bestjoer GEKE http://www.geke-easterein.nl

DOCH IT FOAR DYN DOARP EN KLUP


PARSEBERJOCHT KEATSKAMP KF EASTEREIN Fiifde edysje Keatskamp Easterein Fan moandei 30 april oant woansdei 2 maaie binne de bern fan Easterein yn aksje mei keatsen. Op de fjilden binne der in soad searys makke, mar troch it minne waar ha we ek foar it earst yn de seal west. De bern ha in protte spultsjes dien, mar ek taktyk besprekke en sels fideo analyze. Dit jier is it alwer de fiifde edysje fan keatskamp Easterein en it tema wie dan ek FEEST! Dêrom ha we it noch moaier en geselliger makke as foarige jierren: haadklassekeatser Hans Wassenaar kaam as Mystery Guest, der wie in springkessen, elk bern krych in prachtich felgiel shirt en it fertroude diploma mei tips, tops en in aksjefoto derop. Sels Hea fan Omrop Fryslân is west om it fêst te lizzen. Yn koarten: trije machtich moaie dagen mooglik makke troch in hiel soad frijwillige hannen. In kamp om grutsk op te wêzen! Op kfeasterein.nl - Twitter @KFEasterein en Facebook Keatskamp KF Easterein binne mear filmkes en foto’s te sjen.


Bibliotheeknieuws De hele maand juni is er verkoop van afgeschreven boeken etc. Sla je slag voor in de caravan of bij de tent. Losse exemplaren of een hele tas vol voor maar € 5,00. In het kader van de Fryske Foarlêswike van komt Eric’s poppenkastvoorstelling ‘Romke en de Snoezewoef’ naar Wommels. Deze leuke voorstelling is bestemd voor kinderen van 2 tot 6 jaar. Op 20 juni om 15.30 uur. Actie in samenwerking met zwembad de Klomp: ga je zwemmen na de voorstelling dan krijg je een ijsje gratis. Dus geef je snel op aan de balie of via onze website. Op 29 juni is de laatste Coderdojo voor de vakantie. Kom een keertje meedoen. Voor jeugd vanaf 7 jaar maken we programmeren niet alleen een leerzame maar vooral een supercoole ervaring  Opgeven via onze website, meedoen is gratis.


Wilhelmina Nijs Tige tank! Moandei 28 maaie kamen de leden fan Wilhelmina by de doarren del yn ferbân met de jierlikse Anjerkollekte. De helte fan de opbringst fan de kollekte giet nei it korps. Mar we kinne by it Anjerfonds ek oanspraak dwaan foar finansjele temjittekoming by de oanskaf fan nije ynstruminten. We wolle elkenien dy’t in bydrage dien hat tige tank sizze! Nije leden Yn it foarige doarpskrantsje koene jimme al lêze dat wy op syk binne nei nije muzikanten. Fia it berjocht op Facebook krigen wy reaksje fan heit Geert (bas) en dochter Marte (tromboane) út Mantgum. Sy ha ien repetysje mei blaast en wiene sa entûsjast dat se gelyk lid wurden binne! Hasto ynteresse – as kinst ien dy’t op syk is nei in tige gesellich muzikaal korps? – kom dan gerêst ris del op in repetysje op moandei te jûn op 19.30 oere yn de Skoalleseize. Sneintejûnssjongen en Tintetsjinst De kommende moanne stean der noch in trije tal konserten foar ús op it programma. Kommende snein wurkje wy mei oan it sneintejûnssjongen om 19.30 oere yn de Martinitsjerke. Dizze jûn is tegearre mei sjongeres Loekie Roosdorp en har pianist. En fansels binne wy ek wer te hearren de tintetsjinst (doarpsfeesten) op snein 24 juny.

Grutsk! op 30 juny Op sneon 30 juny 2018 sille wy nei Ljouwert ta om mei te dwaan oan Grutsk! Grutsk! fynt plak yn it kader fan de Kulturele Haadstêd 2018. De hiele stêd stiet dizze dei in teken fan Blaasmuzyk, ShowMars en Percussie en Majorette, Twirl en Color Guard tegearre mei koaren en dûnsgroepen. Op in stik as sân poadia troch de hiele stêd sille de hiele dei optredens plakfine. Mear ynformaasje oer Grutsk is te finen op www.grutske.fr Wilhelmina spilet fan 15.50 oere – 16.40 yn de muzykkoepel yn de Prinsentún.


Nijs fan de boarterstúnkommisje Underhald fan de boarterstunen fan Easterein dit jier Op 9 en 10 maart wie it NL DOET. Wy ha it opknappen fan de boarterstunen hjir foar oanmelden mei as doel: It iizerwurk dat begûn te ruskjen oanpakke, ek wiene der twa skommels stikken. In pear wiken foar NL DOET ha wy mei noch wat frijwilligers al it izerwurk los helle en dit fuort brocht. Stefan hie wat kunde dy’t dit wol strale en poedercoate koe, dus dêr is it hinne brocht. Boarterstún Vrijburg Op 10 maart wie alles kreas yn ‘e ferve wer werom en ha we mei in soad frijwilligers alles wer te plak setten. Sa ha we yn de boarterstún oan de Vrijburg de wipwap hielendal opnij ferfje litten. Al it izerwurk fan de klim- en glydsbaan kombi is dien. De grutte plaat dêr’t alles sawat oan fêst siet, wie wat in probleem foar de spuiterij omdat hjirre in spesjale laach oer hinne siet. Hjirtroch wie dizze lesten pas klear, dizze ha we no dus ek wer monteert en doe koe de glydsbaan by famylje Sijszeling efterhús wei helle wurde en ophongen wurde. De boppeste balke fan de skommels is ferve en der binne nije skommels op kommen. Foar de rest binne alle boarterstastellen skjin makke, is al it ûntúch fuort helle en Okkema hie in hiele bult houtsnipkes neist de boarterstún brocht. Dizze ha we moai ferdield oer de hiele boarterstún. It jiskefet wie in skofke lyn al fersetten omdat dy hieltyd sljochtfol siet mei hûnestront, dizze ha we lege en doe stie de boarterstún oan de Vrijburg der wer kreas bij!

Boarterstún Risplân/Singel

Yn de boarterstún oan It Risplan/De Singel ha we ek hiel wat dien. Fan de skommel ha we de boppeste balke opnij ferve en binne de skommels ferfongen. It fûgelnest hat de selde balke in nij ferflaachje krigen en der binne bepaalde smoarge dielen skjin spuite mei in hegedrukspuit. It seiskante klimtastel is wer hielendal fan ûnderôf wer opsetten. Foar de feroaring ha we de rekstok en de ring omdraaid. Ien fan de ringen is fuort, mocht immen witte wêr’t dy is dan hearre wy it graach. Under it “waggelpad” binne ek wat nije houtsnipkes kommen. Der wiene noch wat grutte gaten neist dit paad en de minsken fan de 4 nije wenten oan de Singel wat grûn oer. Dit ha we dan mar moai brûke kinnen. Noch twa nije sitsjes op de wipwap en it wurk wie foar earst wer klear. Bij de nije gemeente ha we in oanfraach dien om de grutte plassen wetter fuort


te heljen troch drainage of sa. We wachtsje ôf. Tige by tige! Al mei al wie der in soad wurk te dwaan, mar troch dat der in soad frijwilligers ús derby holpen ha, wie it goed te dwaan. Tige tank dêrfoar minsken! Ek woene wy bedanke: Couperus en de buertferiening “de hofkesjongers” foar de sponsoring fan underdielen, ark, kofje ensfh. It wie in gesellige dei en de boarterstunen steane der neffens ús wer kreas foar! Groetnis de boarterstúnkommisje Stefan van Krimpen en Piter Jellema


De Pinne: Familie Ruiter Even voorstellen... Wij zijn Kerst (47) en Hetty (44) Ruiter en wij hebben 2 mooie dochters. Maaike is 16 jaar en Femke is 11 jaar. Wij wonen sinds 5 december 2017 aan het Heechhiem in Easterein.   Wij komen uit Sneek, maar waren toe aan rust en ruimte! Dus gingen we op zoek naar een woning rondom Sneek. We komen voor ons werk geregeld in deze omgeving en waren altijd erg gecharmeerd van de Greidhoeke. We vonden een mooie woning aan ‘t Heechhiem en dus hebben we de stap gezet. Het wonen hier voelt erg goed en we zijn dan ook erg blij met deze stap. Wij hebben ook een hond genaamd Robby, waardoor we veel in en rond het dorp wandelen, het is hier echt een prachtige omgeving.   Wij zijn vijf dagen in de week erg druk met ons bedrijf. In Sneek hebben wij een fietsenwinkel genaamd Twa Tsjillen. Het is daardoor erg fijn om hier te wonen, de rust en ruimte, even weg van de drukte. Onze meiden vinden het ook erg fijn om hier te wonen, Maaike doet de havo op het Bogerman in Sneek en Femke zit nog in groep 8 van CBS de Vuurvlinder in Sneek. Wij houden in ons vrije tijd van tuinieren, wandelen en natuurlijk van fietsen! Kerst mag graag in het hok wat knutselen en we zijn nog druk om het huis en de tuin helemaal naar onze zin te maken.


Snypsnaren Troch Jan Hiemstra As it waar moaier waard en simmerske temperatueren berikte, woe de Eastereiner jeugd graach swimme. Der wiene lykwols twa problemen: de measten koene net swimme en der wie gjin swimbad. Mar sa as it sa faak yn it libbet giet: ‘As it net kin sa as it moat, dan moat it sa as it kin’. En hoe koe it? It swimplak Wetter wie der genôch yn en om it doarp en yn de brede Eastereiner opfeart soene je swimme kinne moatte. Dat wie de oplossing. De Skippersbuorren del, de pleatsen fan Hiemstra en Sjaarda (no Kuiper) foarby oant sawat de ôfsplitsing fan de Itenzer feart. Dêr waard op it stik lân fan Hiemstra it swimplak kreëarre. De greppels waarden de ‘ferklaaiershokjes’: de earste greppel fan de feart ôf foar de jonges en de greppels wat fierder it lân yn foar de famkes. De greppels moasten sa fier fan inoar ôflizze dat je ‘neat’ wat der ta die fan inoar sjen koene. Mar ek tusken de soartgenoaten wie it ferklaaien noch net sa ienfâldich. Je moasten de frjemdste kaprioalen úthelje om foar te wêzen dat je soartgenoaten ‘wat’ fan je seagen. In grutte baddoek om it liif wie de manier. Wiene je dan ien kear yn broek (de jonges) as pak (de famkes) dan koene je it wetter yn. It ‘swimbad’ It ‘bad’ begûn yn de wâl, dy ’t troch de bûtenboardmotor fan in molkboatsje útfretten wie. Je stapten foarsichtich oant de ankels ta yn it wetter en koene sitten gean. Je waanden je dan oan it strân, mar it sân wie kleverige knipklei. Oan de temperatuer fan it wetten koene je sa wat wenne. Wiene je der dan ‘trochhinne’ dan moasten je fierder en daalden je ôf nei de sydkant fan de feart; dan fielden je de blauwe modder tusken de teannen trochgean. Dan waard de sprong yn it djippe, it midden fan de feart, weage. Echt djip de opfeart net, de âldere bern koene de holle boppe wetter hâlde as se yn it midden op de boaiem stiene. Dêrnei kaam


de kar: of je gongen werom, of je hellen allegearre kaprioalen út, dy ’t op swimmen lieken, om sa fierder te kommen. As soks slagge soks waard de oare kant fan de feart berikt en stiene je dêr yn de blauwe drek. Diene je dit foar de earste kear dan sloech by de measten it hert yn de kiel, want je moasten wer werom. De swimmers dy ’t de feart net oerdoarsten kamen dan ek net fierder as wat yn de wâl omgrieme mei de yllúzje dat se swommen hiene. It wetter wie dan skier troch de klaaidieltsjes. It swimwetter It wetter wie it ‘normale’ sleatswetter. Der siet yn alle gefallen gjin gloar, gemysk ôffal en plestik yn. Wat der allegearre wol yn siet wie faaks in komplete ferrassing. It wie foar it grutste part it wetter dat as reinwetter del kommen wie, mar der wiene wol wat ‘yngrediïnten’ bykommen. Yn it doarp waard it ‘smoarge’ wetter ‘gewoan’ yn de sleat smiten; in part fan de jarre kaam troch de jarresleat yn it bûtenwetter; de húsketontsjes waarden yn de feart skjin spield; de slachters lieten it bloed en de ynhâld fan de pânse rjochtstreeks yn de feart rinne en soks barde ek mei it spielwetter út it suvelfabryk. Siet it wat tsjin dan kamen je ûnder it ‘swimmen’ noch allegearre ‘hearlikheden’ tsjin sa as fersûpte jongkatten en jonghûnen mei as hichtepunt in kadaver fan in ferdronken bist der’t de ielen al yn sieten te ‘smikkeljen en te smullen’. Koart kriemd: botte fris wie it wetter net, mar je diene it dermei en ik ha nea fan grutte rampen heard. Foar guon jonges dy ’t swimme koene en ek doarsten te doeken wie it ‘geweldich’ om fan de Itenzer draai of de draai tusken Sjaarda en Hiemstra ôf te doeken, en dêrnei mei in kopfol blauwe drek boppe te kommen. Dan hie it dochs mar syn foardiel dat der gjin tegeltsjes op de boaium fan de feart leine! De gemeente Der waard by de feart foaral omgriemd, mar de measte bern learden it swimmen net. Se koene op syn heechst de kop in bytsje boppe wetter hâlde en op syn ‘hûntsjes’ troch it wetter bewege. Dat it lykwols nedich wie foar bern út wetterrike streken om swimme te kinnen, bliek wol út it


Boekje 2013_Layout 1 19-04-13 12:58 Pagina 15

Ut de húshâlding fan…

Sjogge jimme wa’t dit binne?


tal ferdrinkingsgefallen; ek yn Easterein. Dit sil begjin fyftiger jierren grif in reden west ha foar de gemeenteried om jild foar skoalswimmen beskikber te stellen. Ein 1953 sil it beslút nommen wêze dat alle bern út de sechsde klasse (groep 8) swimles ha moasten. Dat wie binnen de ferhâldingen fan doe in hiel foarútstribjend beslút. Sels siet ik yn 1954 – 1955 yn de sechsde klasse en wie ien fan de earste learlingen dy ’t swimles krigen. Under it winterhealjier moasten wy alle tongersdeitemiddeis mei de reade LAB-bus nei de ‘Overdekte’ oan it Jacob Catsplein yn Ljouwert. De overdekte De reis nei en it tahâlden yn de Overdekte wie net foar alle learlingen it grutste plezier. De âlderwetske bussen stonken behoarlik nei diseloalje. Kamen je yn it swimbad dan kaam in enoarme gloargeur je temjitte. Der wiene dan ek bern dy ’t siik as in hûn oankamen en dêrnei noch de ‘freugden’ fan it ferbliuw meimakken, want se koene net allegearre tagelyk les krije. Fan de publyksromte tribune ôf koene je dan de kaprioalen fan de leskrijende learlingen bewûnderje en dêr wat omskarrelje. Sels gong ik dan wolris nei it treppehûs der ’t foto ’s fan ferneamde Ljouwerter swimmers hongen. De swimles De swimles koe net samar begjinne. By de yngong fan it bad krigen de bern in stikje sjippe en nei it ferklaaien moasten je earst ûnder de dûs. De iene kear yn de wike sneons yn de tobbe wie net genôch om skjingenôch yn it bad te kommen. Dêrnei moasten je je opstelle en waarden keurd. De lessen begûnen yn it begjin mei oefeningen wêrby je mei de búk op banken leine: ‘kniebuigen, spreiden en sluiten’ moast de beweging foar de skonken (= benen) wurde en dat waard der goed yndruid. Hiene je soks oerlibben dan gongen je mei in sinken bus op de rêch en in plankje foar de hannen it wetter yn om ‘swimmend’ fan it midden út de sydkanten te berikken.


It swimeksamen De bedoeling fan de swimlessen wie dat de bern swimmen learden en oan de ein fan de searje fan 20 lessen de ‘Zwemproef’ foar it diploma ôfleine. De measten hiene harren eangst foar it wetter oerwûn, mar it foldwaan oan de easken: 75 m ‘schoolslag’, 50 m ‘rugslag’ en 1 minút ‘watertrappelen’ foel net ta. Twa bern kamen mei it diploma út Ljouwert: Jentje de Jong en iksels. Yn myn gefal is it net it begjin fan in romrofte swimkarriêre wurden. Ik makke foaral fan it wetter yn de sleatten gebrûk as der in laachje iis op lei.


De hobby van Anne Meijer Door Paul David Meesters ‘Een poppenhuis maakt me rustig’

De Doarpskrante neemt ditmaal een kijkje achter de gevel van het ´Sinnehiem´, de oude schoolmeesterswoning aan het Skilplein. Nu zeven jaar geleden kwam Anne samen met haar man Frans en zoon Roeland hier wonen. Ondanks twee Friese ouders (haar moeder werd geboren op het Makkumer wedstrijdskûtsje) woonde Anne altijd in het westen van het land. Maar toen ze naar meer rust en een ander levenstempo ging verlangen, was Friesland voor haar en Frans een logische keuze. Via een korte tussenstap in Burgum kwamen ze in Easterein terecht, waar de sfeer van het Sinnehiem precies was wat ze zochten. Hoewel het huis uit 1880 stamt, zijn Anne en Frans pas de vierde bewoners. Eerst twee hoofdonderwijzers en daarna kapitein Scheltema, die veel oudere dorpsbewoners nog wel moeten kennen. Anne had altijd al graag mooie oude spullen om zich heen, maar pas in Easterein kwam haar liefde voor antieke poppenhuizen echt tot bloei. Wie er op bezoek komt, kan ze dan ook niet mislopen, want een grote open kast vol poppenhuizen is het pronkstuk van het Sinnehiem. Hoe verschillend elk poppenhuis ook is, er zit wel een samenhang in Anne’s verzameling. De meeste poppenhuizen


stammen uit de periode rond 1850, dus nog voor de Industriële Revolutie. Het leven uit die tijd loopt als een rode draad door Anne’s verzameling heen. Zo zijn er winkeltjes (waaronder een prachtige stoffenwinkel met stofrollen in miniatuur), keukens, huiskamers en – die mag op deze plek natuurlijk niet ontbreken – een klaslokaal. Tegenover de pronk poppenhuizen van de gegoede dames waren er altijd ook poppenhuizen die het gewone leven van alledag lieten zien. Zo werd kinderen toen geleerd wat er komt kijken bij een keuken, een huishouding of een winkel. Daarom hoort een poppenhuis wat Anne betreft ook niet achter glas thuis: je moet het aan kunnen raken, ermee kunnen spelen. En dan is het eens per jaar ook voor de poppenhuizen tijd voor de grote schoonmaak en wordt er afgestoft.

De poppenhuizen nemen een speciale plaats in Anne’s leven in. Ze is van huis uit een dromerig iemand. Als ze met haar huizen in de weer is, geeft dat alle ruimte aan haar fantasie. Ze leeft dan als het ware zelf weer in de tijd van de poppenhuizen. Dat brengt haar rust en geeft haar energie: ‘Je knapt er gewoon van op’. De poppenhuizen vertegenwoordigen voor haar ook een wereld zonder jachtigheid, waar mensen juist het kleine konden waarderen. Ze vindt dat ook terug in de kinderboeken uit die tijd, die ze graag leest. Iets daarvan herkent ze ook in het dorpsleven in Easterein, bijvoorbeeld aan het plezier van


de kinderen die met elkaar buiten spelen of een klein meisje dat achter haar speelgoed kinderwagentje over het dorpsplein loopt. Inmiddels heeft Anne een flinke collectie poppenhuizen en varianten daarop, zoals pakhuizen waar vooral jongens graag mee mochten spelen. En ze heeft ladenvol aan inventaris, van kleine Droste blikjes tot tafelservies. Dat komt allemaal van pas als ze een poppenhuis aan het inrichten en aankleden is. Veel van haar spullen komt ze op het spoor via veilingen of het internet. En omgekeerd verkoopt ze daar ook wel weer wat. Langs die weg heeft Anne inmiddels ook diverse contacten met andere liefhebbers, tot in België toe. ‘Ik heb al flink wat mensen aangestoken’. Anne ziet ook wel dat sommigen daar erg ver in gaan en alles op alles zetten om een bepaald object op de kop te tikken. Maar dat soort verzamelaarsgekte kent ze niet. Voor haar is het verzamelen geen doel op zich maar een middel om een eigen wereld om zich heen te scheppen. Lachend vertelt Anne dat het eigenlijk Frans zijn schuld is dat zij er nu zo’n enorme verzameling op na houdt. Want als ze wel eens twijfelt wanneer ze bij haar speurtochten iets moois tegenkomt, geeft Frans haar vaak het zetje om tot aankoop over te gaan. Poppenhuizen waren naast Nederland vooral ook in Duitsland en Engeland populair. Anne is er nog niet achter of er ook een eigen Friese poppenhuiscultuur bestond. Ooit las ze dat het oudste poppenhuis van Europa uit Dokkum afkomstig zou zijn, maar haar zoektocht hiernaar liep tot dusver dood. Als iemand daarover meer mocht weten, houdt Anne zich nadrukkelijk aanbevolen! Sowieso zijn geïnteresseerden welkom om een kijkje te nemen bij haar verzameling. Dat is een kwestie van de oude bel in het schoolmeestershuis laten rinkelen.

Ut de húshâlding fan OPLOSSING Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Folkert en Lies Vellinga: Klaske, Yme en Linda.


Hoe is it mei… Gerdyke van der Heide

Ik bin Gerdyke van der Heide, 38 jier en wenje no goed 14 jier yn Wommels op de Jister. Mei ús gesin, Jan Jelle Kuipers en ús famkes Feya 10 jier en Marit 7 jier ald. Op 4 desimber 1979 bin ik berne as âldste dochter fan Jan en Aly van der Heide, op it Heechhiem dêr’t ik opgroeid bin mei myn broer Wieger Jan. Wy wennen neist de âld skoalle, welke sloopt waard om huzen te bouwen. Ik wit noch dat wy yn dy âld skoalle boarten, wat net mocht fansels, mar hiel spannend wie, dat grutte lege en heal ferfallen gebou. Pracht plak om ferstoppertsje te boartsjen. De beukerskoalle wie op Vrijburg en wy rûnen altiten mei in groepke buertbern nei de beukerskoalle ta. Fytse mocht net… Wy boarten altiten bûten op de dyk, auto’s riden der hast net, soms kaam der in grutte frachtauto fan de Velling’s foarby. Wat makke dat in yndruk. De grûn neist de dyk moast ôfgroeven wurde, wat koene wy der moai yn de klaai grave opsyk nei âlde kopkes en pantsjes. We fûnen ek wol âlde smook pipen. Ofrûne krokusfakânsje ha we efkes reedride kinnen op it iis op Skrok en de iisbaan. Mar wat ha wy eartiids in wille hân op it iis yn en om Easterein, as de brêgen ticht wiene en we iglohutten bouwe koene op it iis. Eltse wike gong ik nei de gymnastyk yn de sporthal, mei as hichtepunt de jierlikse útfiering, dan die ús Beppe Betsie ek mei! Letter mocht ik op follybal, dêr’t ik in macht moaie tiid hân ha. Yn de tuskentiid binne we ferhúze nei de Singel, in hiele nije wyk. Dêr’t myn alders no noch wenje. Nei de legere skoalle gong ik nei de mavo yn Wommels en letter nei it mbo yn Snits, mei syn allen op de fiets. Nei it mbo bin ik noch in jier yn Ljouwert nei skoalle west. Mar it wurk yn de Horeca lokke mear. Sa ha ik Jan Jelle ek kinnen leart. Op ’t stuit wurkje ik yn Makkum foar De Vries, dêr wurde hiele grútte jachten boud dy’t de hiele wrald oer gean. Ik wurkje dêr yn de kantine en fersoargje it ontbijt en lunch foar de meiwurkers. Ek fersoargje we de lunches dy’t besteld wurde op kantoar foar fergaderingen en oerlizzen. Wy komme wol gau ris yn Easterein op besite by âlders en freonen. Elts jier binne we der mei de doarpsfeesten ek by. Oant sjen!


Gymnastiekvereniging ODI Easterein stopt na 80 jaar. Het bestuur van de in 1938 opgerichte gymnastiekvereniging ODI heeft tijdens de laatste jaarvergadering in samenspraak met de huidige leden besloten dat na 80 jaar het doek na 1 juli valt voor de gymnastiekvereniging. Menig Eastereiner heeft in meer of mindere mate deel uitgemaakt van de Gymnastiek vereniging ODI. Als jeugdlid, lid van de damesgroep, bestuurslid, sponsor/donateur of als afnemer van onze jaarlijkse ¨Sûkerbôle Sûtelaksje¨. Door het teruglopende ledenaantal zowel in de damesgroep als bij de jeugdleden, de aflopende gemeentelijke subsidies en het gebrek aan nieuwe bestuursleden die de huidige vacatures op kunnen vullen, is het voortbestaan van de vereniging niet langer haalbaar. We willen een ieder bedanken voor zijn/haar inzet en terugkijken op 80 mooie jaren. Het bestuur Gymnastiekvereniging ODI


Persbericht Gemeenteraad Súdwest-Fryslân Sneek, 1 mei 2018 ‘Praat met de raad’ 5 juni 2018 It Dielshûs in Wommels In ‘It Dielshûs’ in Wommels wordt op dinsdag 5 juni a.s. 'Praat met de raad' gehouden. Dit vindt plaats vanaf 19.30 uur en duurt tot ca. 20.30 uur. ‘Praat met de raad’ wordt deze keer speciaal georganiseerd voor de inwoners in de regio van Wommels. Voor 'Praat met de raad' geldt een vrije inloop; aanmelden vooraf is dus niet nodig. ‘Praat met de raad’ is een belangrijke activiteit van de gemeenteraad die een aantal malen per jaar wordt gehouden op verschillende locaties in de gemeente Súdwest-Fryslân. Het biedt inwoners de mogelijkheid om hun raadsleden, hun volksvertegenwoordigers, beter te leren kennen. Omgekeerd krijgen raadsleden op deze manier meer informatie uit de verschillende regio's van onze gemeente. Tijdens de bijeenkomst is er voor maximaal drie inwoners de gelegenheid om een onderwerp publiekelijk, op de zeepkist, aan de orde te stellen. Deze zeepkistpraatjes duren hooguit vijf minuten per persoon. De raadsleden kunnen daarna over onder andere deze onderwerpen met de inwoners in gesprek gaan. De inwoners die deelnemen aan 'Praat met de raad' bepalen dus zelf waarover zij met raadsleden willen spreken.

Gemeente Súdwest Fryslân

0515 48 90 00

Postbus 10.000 8600 HA Sneek


DE KOKSMÛTSE  

Dit heb je nodig:

Door​ ​Annebeth de Jong

● ● ● ●

Plaatkoek met noten en  kokos 

● ●

100 gram zelfrijzend bakmeel   100 gram suiker  100 gram (room)boter  100 gram geraspte kokos  1 blikje gecondenseerde  melk   100-150 gram diverse  noten   4 eetlepels pure  chocolade drops (deze  smelten niet, maar blijven  heel bij het bakken 

Zo maak je ze: 1.

2. 3.

Bron: 

4.

www.kooktijdschrift.nl   5.

6.

7. 8. 9.

Verwarm de oven voor op 180 graden   Smelt de boter  Meng voor de bodem de  suiker, kokos en het  zelfrijzende bakmeel en  voeg de boter toe, maak  hier een deeg van  Vet een brownievorm of  ovenschaal in en verdeel    het deeg over de bodem  Zet de bodem 10 minuten  in de oven en laat  vervolgens iets afkoelen   Strooi de chocolade drops  over de bodem, giet hier  de gecondenseerde melk  over   Strooi de noten erover   Zet terug in de oven voor  20 minuten   Af laten koelen en in  blokjes snijden  


WILHELMINI’S NIJS Efkes foarstelle

Meie we efkes oan jimme foarstelle; jeugdkorps de Wilhelmini’s. Yn maart binne der wer nije bern by it jeugdkorps kaam. Dit binne Sophie Laferte (sop-saks), Eelkje de Jong (alt-saks), Marike Dijkstra (altsaks), Theunis Ynema (bugel), Geertje v.d. Weide (bugel), Johannes Kolkman (trombone). Sa as jimme sjen kinne, wurdt de groep jeugdleden hieltyd mar grutter! As de bern harren A-diploma ha en al tydsje yn it jeugdkorps mei blazen, dan meie se ek mei it ‘grutte’ korps meidwaan. Se bliuwe dan oan’t it skoft om 20.30 oere.

Wilhelmini’s en BIS?

Hessel Santema (bugel) en Mette van der Eems (sopraansaksefoan) binne net allinnich aktyf by de Wilhelmini’s, mar se binne dit jier ek te finen op it poadium fan it Berne IepenLoft Spul yn Easterwierrum. Ek diriginte Joke Krist is aktyf by BIS. Sy nimt de muzikale lieding foar har rekken. Mear ynformaasje oer BIS is te finen op www. berneiepenloftspul.nl.


Rekôrpoging diktee skriuwe Troch Gerben van Snits Yn it teken fan Kulturele Haadstêd wol Ljouwert/Fryslân besykje om mei mear as 1.000 dielnimmers in rekôr te setten foar it skriuwe fan in diktee yn ‘e iepen loft. As doarp wêr’t in soad Frysk sprutsen en lêzen wurdt (sjoch mar nei ús Doarpskrantsje), soe it moai wêze om mei te dwaan oan dit diktee. In bekende Fries skriuwt in koarte en net sa swiere tekst ûnder it motto “It diktee 2018 moat in feestje wêze.” It diktee fynt plak op 21 juny op it Aldehouster Tsjerkhôf yn Ljouwert en begjint om 19.00 oere. It duorret oant likernôch 21.00 oere en is fergees. Foar mear ynformaasje en opjefte sjoch op ​fryskdiktee.nl​. Dogge jo ek mei? Lit it dan witte mei in berjocht oan ​VanSnits@Outlook.com en set 21 juny fêst yn ‘e aginda! It is miskien leuk om mei-inoar te riden; fertrek om 18.00 oere fanôf it parkearplak by de sportfjilden. Om ris wat mear to leare oer de stavering fan Fryske wurden as oer de nije staveringsregels, sjoch ris op ​taalweb.frl​.


Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein - juny 2018  

Doarpskrantsje Easterein - juny 2018

Doarpskrantsje Easterein - juny 2018  

Doarpskrantsje Easterein - juny 2018

Advertisement