Doarpskrantsje desimber 2020

Page 23

Bêste minsken, Nei rom 18 jier as direkteur fan kbs De Foareker set ik in punt efter myn libben yn it ûnderwiis, lyk as de foto al oanjout. Ik ha earst rom 24 jier as learkrêft oan ferskate skoallen yn Ljouwert west en de lêste perioade as skoallieder hjir yn Easterein. Mei in soad nocht en wille sjoch ik werom op myn tiid yn it ûnderwiis en as ik it oerdwaan koe, soe ik wer kieze foar it ûnderwiis. Bern begeliede yn harren ûntwikkeling is mear as ynteressant, want de ien ûntwikkelt him oars as in oar. Each hawwe foar de ferskillen en somtiden kieze foar in oare oanpak wêrtroch der wer groei ûntstiet, is it moaiste wat der is. In soad bern en harren âlders ha ik meimakke. De earste bern hjir binne ek al wer âlder. Mei de measten fan harren ha ik in goed kontakt hân en nim dat myn fierdere libben moai mei. Ik winskje jimme allegear alle goeds ta. De nije direkteur is mefrou Lineke Bakker, sy sil har ek wol foarstelle yn dit krantsje. Ek fan ôf dit plak winskje ik har in soad wille en súkses ta. Oant sjen! Jan Keuning


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.