Doarpskrantsje desimber 2019

Page 28

Snypsnaren (Lânferhuzers) Troch Jan Hiemstra

‘Amearika, do lân fan dream en winsken’ is gjin sinterklazeferske en ek gjin krystliet. It is wol in tekst der ’t hoop en langstme (= verlangen) út sprekt en dêrom by de desimbermoanne past. De dichter fan de tekst is Tsjibbe Gearts van der Meulen (18241906). Hy gie yn 1881 trije moanne nei Amearika ûnder mear op besite by syn broer dy ’t yn 1849 emigrearre. It wie de tiid fan de feepest en de ierappelsykje mei as gefolch grutte earmoede. De minsken woene hjir wei foar in bettere takomst. Besykje de tekst te lêzen en ek de muoilike melody yn jimme op te nimmen. De oarlochsekonomy No nim ik in grutte stap. Doe ’t de twadde wrâldoarloch yn 1945 foarby wie, wie it yn ús part fan de wrâld en dus ek yn Easterein net al te rom. De minsken wiene bliid dat se frij wiene, mar der wie hast neat te keap. Yn alle troch de Dútsers besette gebieten wie hiel wat fernield en hearske earmoede. Der wie wol jild, dat wie yn de oarloch wol printe, mar as je neat keapje kinne ha je neat oan jild. Ruilje wie de ienige oplossing. Doe ’t ús heit en mem yn de oarloch trouden koene se allinne mar by de goudsmid oan in trouring komme troch âld goud yn te leverjen. Foar heit wie der net in nij pak te keap; in âld pak waard keard, dat betsjut dat de binnenkant de bûtenkant waard. De jildsanearring Minister fan finânsjes Lieftinck hie goed yn de gaten dat it jild wer wearde krije moast. Hy naam in krasse maatregel. Alle Nederlanners koene op 26 septimber 1945 oer ien nij tientsje beskikke en dêr koe allinne mar mei betelje wurde. Al it (âlde) jild waard ûnjildich en moast ynleverje wurde. Oan it jild op ‘e bank stie, koene de minsken tydlik net komme.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.