Page 1

EASTEREIN desimber 2019

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 11 – Desimber 2019 Redaksje: Bauke de Boer Nathalie Oliveiro Paul David Meesters Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa en Easterein fan earder en no Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Printwurk: Drukkerij Van der Eems Foto foarside: Argyf Bauke de Boer Opmaak: Froukje Dijkstra

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekstof beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Sinteklaas en syn Piten, dy oeral pipernuten del smiten Berntsjes mei in bliid gesicht, om in surprise, kadokes mei gedicht Inoar mei kryst in pakje jaan, as in ‘gulle’ jefte dwaan Alle doarpskrantsjes fan dit jier, ha wy makke mei in protte nocht en fertier De redaksje hopet dat jimme ek genoaten ha, fan alle ynterviews, nijs, foto’s ensa Dêrom hâlde wy op ús hantsje, foar in ‘frijwillige’ bydrage foar dit krantsje Yn jannewaris belje wy oan, in bedrach fan € 5,- past ús tige skoan Fijne feestdagen alfêst en foar alle krantsjes yn it nije jier dogge wy wer tige ús bêst!!

Kopijdatum: Moandei 23 desimber Let op! Dit kear wat earder y.f.m. de feestdagen.


Doarpsaginda Desimber 1 desimber

9:30-10:30

Tsjerketsjinst mei foargonger ds. M. de Jager Martinitsjerke

4 desimber

hiele dei

Grize container

6 desimber

20:30

Darten Tsjerne

7 desimber

9:15-10:15

Ald papier Wilhelmina

8 desimber

9:30-10:30 19:00

Tsjerketsjinst mei ds. M. Ariesen Fiering Wrâldljochtsjesdei Martinitsjerke

11 desimber

hiele dei 19:30-20:30

Griene container Passage Skoalleseize

13 desimber

20:30

Darten, Tsjerne

15 desimber

9:30-10:30

Tsjerketsjinst mei mw. H. Mulder-Vogelzang Martinitsjerke Sneintejûnssjongen mei Charivari en Qlassy Martinitsjerke

19:30

18 desimber

hiele dei

Grize container

20 desimber

16:00-17:00

Adventsviering Skoalleseize Krystgala gr. 1/6 Tsjerne Darten: Koppeltoernooi Tsjerne

18:30-20:00 20:30


21 desimber

hiele dei 20:00-21.30 21.45-01.00

22 desimber

9:30-10:30 16:00-17:00

23 desimber 24 desimber

hiele dei 21:30

25 desimber 26 desimber 27 desimber

Jannewaris 1 jannewaris

Griene container Krystgala gr. 7 en 8 Tsjerne Fanôf 1e klas Tsjerketsjinst mei ds. C. Corperaal Boalsert Martinitsjerke Bluesecruise Eastersnein mei 88 & the Offbeats Restaurant Bergsma Krystfakânsje VO en BO Krystnachttsjinst Martinitsjerke Earste Krystdei Twadde Krystdei

20:30

Darten Tsjerne

Nijjiersdei!

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl



HELDEN Jazeker HELDEN met hoofdletters geschreven. Zomaar uit je eigen dorp, uit je eigen straat. Op zondag 10 november. Een zonnige maar koude dag. Mijn man wilde even met de scoot naar buiten. Een blokje om. Dikke jas aan, muts op, handschoenen aan want het was erg koud. Hij was aan het rondrijden op de parkeerplaats bij de sportvelden. Op een ongelukkig moment komt hij met z´n achterwiel in de grasrand naast de sloot. En ja hoor hij kiept met scoot en al achterover in de sloot. Koppie onder. Hij roept om hulp. Op het sportveld waren een paar jongens aan het voetballen. Zij hoorden hem roepen en hebben mijn man uit de sloot gevist. Wat een prestatie, want mijn man is geen lichtgewicht en dan nog die natte kleren. Ze hebben nog meer hulp erbij geroepen en uiteindelijk een drijfnatte en verkleumde echtgenoot naar huis in de rolstoel. De scoot is ook nog door ze op de kant gesleept. Schoon gespoten en thuis afgeleverd. Wij hebben geen woorden genoeg om ze allemaal te danken. Maar toch dank, dank, dank. Peter en Jacinta Vos de Wael

Tige tank Hjirby wolle wy elkenien tanksizze foar alle omtinken yn hokker foarm dan ek, yn de tiid fan ús siik wêzen. Ek wolle wy elkenien Noflike Krystdagen en in sûn 2020 tawinskje. Piet en Gerrie de Boer


Fan it Bestjoer De lêste moanne fan it jier is ek foar doarpsbelang in drokke tiid. It winterskoft wêryn it betiid tsjuster is en de jûnen lang, lient him by útstek om te fergaderjen oer winsken en plannen dy’t us doarp oangean. Derby is de gemeente wol ien fan de belangrykste gesprekspartners. Mar ek it oerliz mei de oare doarpen freget mear en mear omtinken. Om ynformaasje te dielen; meielkoar op te arbeidzjen; en sa nedich de krêften te bundeljen. We sjogge dat it wurket! Doarpsarchyf opsette Wy ha de fraach krigen om it ynitiatyf te nimmen om te kommen ta in ‘Doarpsarchyf Easterein’. Der is by de ynwenners en by ferieningen in protte histoarysk materiaal, dat de muoite wurdich is om bewarre te bliuwen. Dat is grif ek festlein. Der liket net in goed totaal ynsicht op dit gehiel. Mar wis is dat meardere minsken harren der wol mei dwaande hâlde fanút ferskillende rollen en posysjes. De fraach is of wy komme kinne ta in wurkgroep dy’t ien en oar yn kaart bringt en dy’t ek sjocht nei wat der mooglik noch beskikber komme kin. Sa hat û.o. K.F. Reitsma ek in protte materiaal neilitten dat noch fierder syn plak fine moat. Dizze wurkgroep kin ek besjen wat digitaliseard wurde kin en in earste opset meitsje fan it Doarpsarchyf. Ha jo ynteresse om hjir oan mei te dwaan? Meld it dan by it bestjoer. Ledenwerfaksje De measte húshâldingen yn Easterein binne lid fan it doarpsbelang. Wy besykje sa goed mooglik yn de gaten te hâlden wanneart der nije ynwenners bijkomme om harren te freegjen lid te wurden. Dat is best lestich om goed bij te hâlden. Derom ha wij dit jier in ekstra rûntsje makke langs alle adressen sûnder lidmaatskip. En mei súkses; in protte nije ynwenners binne no ek lid.

Hâld Faesje EASTEREIN

Kontribúsje 2019 Foar alle leden dy’t ús dêrta machtige ha wurdt It jierlikse ledejild foar Doarpsbelang “Hald Faesje” fan € 7,00 yn desimber ôfskreaun fan jo bankrekening. Opknapbeurt Griene Leane De kaai fan de Griene Leane leit der foar in part beroerd bij. De wal sakket út en ek it strjitwurk is ûnegaal. Wy ha dit in pear jier lyn al bij de gemeente oankaart. Littenseradiel hie der gjin sin mear oan. Mar ús nije gemeente sil it


opknappen no al oppakke. It stiet foar 2020 op de wurklist. Yn desimber sille we alfêst mei de oanwenjenden om tafel om te bepraten hokker winsken der binne. Wurdt ferfolgt. Slachte marathon Bij de Slachte marathon en rintocht is de oanklaaiing en it fertier op it dykfek fan de Gouden Ingel oant de pleats fan Ate en Maaike Dijkstra oan Easterein tawezen. Mei de kommisje binne we al oan’t betinken hoe dat ynfulling krije kin.

It bestjoer fan Doarpsbelang Hald Faasje winsket alle Eastereinders fijne Krystdagen en in lokkich en sûn 2020 ta. Berend Santema, Annemieke Dinkla, Broer Harmen Abma, Baukje de Jong, Simon van der Velde, Sjoukje van der Eems en Catharina Veenstra

Hertlik tank De kollekte foar it Nat. MS Fonds hat dit jier € 484,01 opbrocht. In geweldige opbringst, € 100 mear as foarrich jier. Dêr hawwe jimme as ynwenners fan Easterein foar soarge. Hertlik tank dêrfoar. Ek alle kollektanten tige tank foar jimme ynset. Anneke Elgersma, kollekte koördinator



Yntocht Sinteklaas 23 novimber, in prachtige dei wêrop Sinteklaas wer oan kaam op de Skippersbuorren mei syn piten. Alle bern en harren âlders stoen fol spanning te wachtsjen op de boat fan Sinteklaas. Se ha in goeie reis hân nei Easterein en tige sin om alle bern wer even werom te sjen, kadootsjes te bringen en net te ferjitten it prachtige feest in Restaurant Bergsma.

Wat Sinteklaas net ferwachte hie wie dat der in prachtige dame fereale op him wie en graach mei him trouwe woe. Sinteklaas seach dit wol sitten en sa beloofden se elkoar it JA wurd. De bern ha hun tige fermakke op it troufeest fan Sinteklaas. Sinteklaas, de piten en de Sinteklazekommisje sjogge werom op in tige slagge dei. We wolle Restaurant Bergsma bedanke foar de gastfrijheid en ek Wilhelmina foar de muzikale ûndersteuning. Groet, Annemieke, Tineke, Houkje, Jikke en Baukje


Hoe is it mei… Johan Schaafsma Yn novimber krige ik fan Bauke de Boer it fersyk om in stikje te skriuwen foar de doarpskrante fan Easterein. Ik bin Johan Schaafsma, berne yn 1957 op Wynserdyk nr. 10. Fanôf 1966 hawwe wy op’e buorkerij op Wynserdyk 26 wenne. Yn 1980 bin ik trout mei Klaasje en sûnt dy tiid wenje ik yn Stiens. Yn 1981 is ús soan Luitzen berne en ús dochter Fokje is berne yn 1984. Dy binne al in skoftke de doar út. Luitzen wennet mei syn freondinne Wiesje yn Ljouwert en Fokje is trout mei Marcel en wennet yn Grins. Yn 2020 wurde wy as alles goed giet pake en beppe mar dat betsjut ek dat wy in generaasje opskowe. Mar âld binne wy noch net want op it stuit binne wy beide noch oan it wurk. Ik wurkje al mear as 40 jier by de Rabobank en Klaasje wurket by de Bruna in Ljouwert. Wy komme noch frij faak yn Easterein omdat ús mem, myn broer en twa susters mei harren húshâldingen der allegearre noch wenje. Koartom ik bin de ienichste fan ús gesin dy’t ‘emigreerd’ is. As jo yn in oar plak wenje tink je dat alles yn it plak wer’t je wei komme gelyk bliuwt, mar dat is net sa. In soad minsken kin ik net mear mar guon ek noch wol fansels. En at wy de Pôle omrinne is de skippersbuorren gâns smeller dan as er wie doe’t ik tsien jier wie. Ik ha goeie oantinkens oan de legere skoalle behalve oan ien ding, en dat wie de jierlijkse sportdei. Dan moasten wy ferskate dissiplinen ôfwurkje, sa as heechspringe, hurddrave, fierspringe en sa. En eltse dissipline waard wurdearre mei in A,B,C, D, of E al nei gelang de prestaasje. It gemiddelde waard dan in diploma mei A,B,C,D, of E. Ik wie yn dy tiid net echt meager en moast de grutst mooglike ynspanning oan ‘e dei lizze om net mei diploma A (it leechste) thús te


kommen. Foar safier oft ik it noch wit, wie de ienichste dy’t diploma E helle hat Hendrika de Koe. Ik fûn dat doe in hast boppeminsklike prestaasje. De moaie ferhalen fan master Kornelis binne ek in moai oantinken oan de legere skoalle. Hy koe prachtich byldjzend fertelle oer Wodan en Donar en oer de Batafieren. Nei de legere skoalle bin ik nei de Mavo yn Wommels gien, doe nei de MEAO yn Ljouwert, yn tsjinst en út tsjinst wei oan it wurk. Ik haw doe’t ik al in skoftke by de bank wurke ek noch myn HBO diploma helle, best wol swier om dat neist it wurk te dwaan, mar wol yn fjouwer jier helle, dat dan wol wer. Dus jimme begripe dat ik der best wol grutsk op bin. Fierder binne wy wol in protte fuort, mei fakânsje: in tripke nei in grutte stêd, nei it Amelân (ús favorite eilân) of nei it bûtenlân (Ingelân fine wei it moaiste fakansjelân). Mar ek Skotlân, Denemarken en Italië fine wy prachtich. Ek rinne wy in protte, fytse wy faak, lêze ús in breuk en geane wy mei freonen graach nei teater of film of museum. Dus wy ferfele ús net. It belangrykste is dat wy sûn binne dus oant no ta giet alles kresjendo.

Ut de fan... â húsh lding it? Wa binne d


N8 #8 ìð N#7 J ;

;

ʜʜ$IJæƈƲæƈĶ ˢ £ŏæƎƎƹʜ $ IJ æ ƈ Ʋ ææƈƈ Ķ ˢ ££ŏŏ æƎ æ Ǝ ƎƎƹƹ ʜ PÜŇŔđĬđŔŎğ÷ŇĢ÷ ÜŎŔ÷Ň÷đĬ P Ü Ň Ŕ đ Ĭ đ Ŕ Ŏ ğğ÷÷ ŇĢ Ň ĢĢ÷÷ Ü ÜŎŔ÷Ň÷đĬ

;

ìô îë = J g8SJ J N

;

;


De Pinne Wy binne Hans Haarsma en Berdien Galama en mei ús twa famkes, Marin en Nika, wenje wy sûnt ein maart fan dit jier oan ’e Wynserdyk, op nûmer 28. In pracht plak, in pleats op ’e romte, sa at wy eartiids ek grut wurden binne. Wy binne beide hikke en tein oan ’e Hemdyk tusken Blauhús en Tsjerkwert. Tegearre ha wy sa’n 10 jier lien in hús yn Wommels kocht. Omdat Hans graach efterhús bezig wêze mei, sochten wy iets wat mear op ’e romte lei en wer in hok of skuorre by siet. It hús yn Wommels wie rap ferkocht, dat sadwaande moasten wy op syk nei tiidelike wenromte. Uteinlik ha wy in healjier yn Lollum wenne foardat we nei Easterein ferhúze binne. Yn it deistiche libben is Hans werkplaatschef by GroeNoord, in lânboumechanisatiebedriuw yn Boalsert. Fjirder hâld Hans sich bezig mei it meitsjen fan kapotte machines, de techniek fan auto’s en trekkers en rûnom ús hús is fansels ek fan alles te dwaan. Straks sille wy begjinne mei de ferbou fan it wenhús, dus dan mei Hans ek graach de hannen ut ’e mouwen stekke. Ik, Berdien, bin leerkracht op de Sint Michaëlskoalle yn Harns. Eltse wike volleybal ik by Covos, tige leuk om te dwaan. Fierder mei ik graach lêze, gedichten skriuwe, toniel spylje en sjonge, al stiet it measte op in leech pitsje omdat de bern noch lyts binne. Gelokkich kin ik op skoalle in protte kreativiteit kwyt yn myn wurk as juf, sa jou ik dêr lieding oan it skoalkoor. Marin is 4 jier en giet sûnt in pear wiken yn Easterein nei de Foareker, dit fynt se prachtich! Se mei graach bûten boartsje, boartsje mei de poppen, fytse en gymnastieke. Ús Nika is 9 moanne âld en is in bliere faam dy’t graach op ’e grún rûnkrûpe mei. Al mei al fiele wy ús al aardich thús yn Easterein, al wenje wy bûtenút en op ússels. It fjilt hjir foar ús as in nij begjin en we hope dat we in moaie tiid temjitte gean!


René Visser, oliebollenbakker Door Paul David Meesters

“We moeten erop letten dat we nog een paar bollen voor onszelf overhouden” Eén keer per jaar verandert René Visser het schuurtje van zijn huis aan de Griene Leane in een keuken. Dat is op 31 december als hij aan het oliebollen bakken slaat voor iedereen die een bestelling bij hem heeft geplaatst. Zo’n zes jaar terug bracht zijn vrouw Corine hem op het idee en inmiddels is het een traditie geworden. Het eerste jaar gingen er al meteen zo’n 500 oliebollen in het vet. Sindsdien is het blijven lopen als een trein. Afgelopen jaar kwam de teller op 800 bollen uit en het zou goed kunnen dat dat record dit jaar alweer gebroken wordt. De meeste klanten komen uit Easterein, maar er zijn ook bestellingen bij uit Wommels en een paar oud-collega’s uit de horeca rijden graag om om René’s bakkunst te proeven. De grootste bestelling staat tot nu toe op naam van een keet uit Schettens, die 120 bollen voor z’n rekening nam. Het is natuurlijk een flinke klus om zo’n hoeveelheid gebakken te krijgen. Voor de 800 bollen van afgelopen jaar waren minstens 10 emmers beslag nodig. En er kwam zo’n 15 liter olie aan te pas. Als dat niet voldoende blijkt moet Corine even snel naar Wommels heen en weer om de voorraden aan te vullen. René heeft in de loop van de jaren geëxperimenteerd met onder meer ananasspeculaasbollen en chocolade oliebollen. Dit jaar biedt hij weer zijn vertrouwde trio aan: naturel bollen, krenten-rozijnenbollen en appel-kaneelbollen. Op Oudejaarsdag gaat René’s wekker al om 5 uur af. Even ontbijten, de twee honden uitlaten en daarna moet het beslag worden gemaakt. Een paar jaar terug dacht René slim te zijn door het beslag al een dag eerder te maken en dat in de emmers in een koude kamer te laten rijzen. Dat rijzen ging een beetje te voorspoedig: de volgende ochtend bleken de deksels van de emmers geploft en zat de hele kamer onder het beslag. Corine en René kunnen er nu smakelijk om lachen, maar destijds was het alle hens aan dek om nieuw beslag te maken en de klanten niet teleur te stellen. Een ander voorval was toen René een keukenmachine had geïnstalleerd om het allemaal wat sneller te laten gaan: de machine raakte van de enorme hoeveelheden beslag overbelast en het moest verder met een handmixer. Nog een paniekmomentje deed zich voor toen René door de wekker heen sliep en pas om 10 uur wakker werd. Maar ook toen lukte


het hem toch om de bollen op tijd voor de klanten klaar te hebben. Het oliebollenbakken is trouwens geen solo project van René. Corine fungeert als manusje van alles en bezorgt soms zelfs bollen thuis. En ook hun twee dochters, Robin en Sanne, helpen volop mee met het inpakken van de bollen. René volgde na de lagere school de Bakkerij-Horeca Vakschool in Leeuwarden. Toen hij daar op zijn zestiende jaar afzwaaide ging hij aan de slag bij de koekfabriek van Modderman in Rotsterhaule. Vervolgens moest hij in militaire dienst waar hij bij de keukenploeg terecht kwam, een leuke tijd. Eenmaal uit dienst werd hij keukenhulp bij restaurant Seesicht in Sneek. Zonder dat hij dat tevoren wist was dat een gouden keus: zijn toekomstige vrouw Corine werkte daar in de bediening! Corine is geboren op de Streek in Easterein. Het was Corine die René stimuleerde om de opleiding voor zelfstandig werkend kok te gaan volgen. Na een eerste stage bij Onder de Linden in Sneek kon hij voor zijn tweede leerbedrijf alleen terecht op Ameland. Dat betekende dat de voorbereidingen voor hun huwelijk vooral op Corine’s schouders terecht kwamen. René was al blij dat hij vrij kreeg voor zijn trouwdag… In 2006 kwamen René en Corine, inmiddels twee dochters rijker, in Easterein te wonen. Er volgden nadien een hele reeks restaurants waar René korter of langer als kok werkte. Zo’n 9 jaar terug kreeg René de kans om in café Bergsma, toen nog gerund door Ab & Yvon, een professionele keuken op te zetten. Dat deed hij met veel plezier, hij bleef er in totaal 5 jaar werken. Daarna volgden weer diverse andere horecagelegenheden. Afgelopen jaar stond René opnieuw korte tijd in de keuken van Noflik. Sinds drie maanden heeft hij een nieuwe baan in Bolsward, bij tapas restaurant ‘Harre Tapas’. Daar werkt hij nu met veel plezier. De sfeer is er goed en hij kan zijn kookcreativiteit er volop kwijt. Voor wie René’s oliebollen ook dit jaar wil proeven: met een briefje op het raam, een berichtje op het Doarps Nijs bord en een aankondiging op de Facebookpagina laat René binnenkort weten dat er weer besteld kan worden. En bestellen is echt nodig, want wie op de dag zelf spontaan langskomt vist achter het net. De bestellingen zijn op te halen tussen 12 en 4 uur. Daarna is het opruimen geblazen en kan het gezin aan de eigen Oudjaarsviering toekomen. En als alle bestelde bollen afgeleverd zijn blijft er vaak maar weinig over: “We moeten erop letten dat we nog een paar bollen voor onszelf overhouden”.


‘èĵòþe • FÅ”ɽÊ‹Æ¡É­Æ¡Ç«È¥ +WJJI IJXNRGJW TJWJ

Â…

ƒ

'$ % 1 (U

8SJTS IJXNRGJW TJWJ

>SYWJJ Æ›

Â…

'$ % 7 ; 8

‡

8SJTS IJXNRGJW TJWJ

6

#Â 1 !" ))

ƒ ƒ

$

.#

)( ! .# $ )(

!" #K


Fûgelwacht Easterein De tiid fljocht foarby. It jier 2019 fret syn lêste dagen op. Tiid foar de fûgelwacht Easterein om de balâns op te meitsje en te sjen nei it nije jier 2020. In tige slagge jier wêryn wy de jeugdfûgelwacht wat mear fan de grûn ôf krigen hawwe. In lytse 15 jeugdleden binne no aktyf foar de fûgelwacht. Wolst ek by dit moaie klubke? Do kinst dy opjaan by Doede Kooistra. Foar mar €2,50 yn it jier bist lid fan de jeugdfûgelwacht. Yn 2020 ha wy as fûgelwacht wer “ûnder betinkst” ferskate aktiviteiten op papier stean. Yn de 2e wike fan de foarmoanne, dat sil de 13e wêze, komme de leden fan de fûgelwacht lâns mei hearlike koeke. Op 25 jannewaris binne we fan doel om mei de jeugd fan Easterein fûgelhokjes te bouwen yn de Tsjerne. Hâld de facebookpagina fûgelwacht Easterein yn de gaten. Dêr komt straks mear ynfo op te stean wat kosten, tiid en opjefte oanbelanget. Op 27 maart 2020 om 20.00 oere hat de fûgelwacht Easterein syn legendaryske jiergearkomst yn de Skoalleseize. Op dizze gearkomst sil Abel de Boer in presentaasje hâlde oer herkenning fan predaasje, predaasjespoaren ensh. Ek ha we dan wer ús ferlotting mei in ferskaat oan prizen. Hast eltsenien giet wol mei in priis nei hûs. Ek sille we op dizze gearkomst ôfskied nimme moatte fan ús haadfûgel Gerard van Asselt. We sille ynkoarten op syk nei in nije haadfûgel foar dizze moaie feriening. Lokkich ha we Bauke Dijkstra al ree fûn om als neisoarchfûgel de neisoarch, it kontakt mei de boeren en leanwurkers op him te nimmen. Fierder sille we yn 2020 in snoekfiskkompetysje opsette wêr’t in ferskaat oan snoekfisktechniken nei foaren komme. In snein te dea aasfiskje, in snein te fertikale, in snein te trollen en in snein te fireballen. Wa wurdt winner fan dizze techniken? Fansels ek wer op jacht nei it 1e aaike fan Fryslân, de fûgelwacht en de legere skoalle. Wa stjitte Gep Bakker en Sander Velzen fan dizze keizerlike troan ôf? Yn juny it seefiskjen. Fanôf Lauwerseach de Noardsee op om makreel te fangen. Altiid in tige gesellige aktiviteit. Sa at jim sjogge is der genôch te dwaan yn 2020 by de fûgelwacht Easterein. Wolst ek meidwaan en/as lid wurde fan de fûgelwacht dan kinst dy opjaan by ús pongfûgel Gep Bakker. Wy winskje alle âld bestjoerfûgels, rare fûgels, boeren, leanwurkers, leden, nije leden en alle oare Eastereiners lokkige Krystdagen en in goed en sûn 2020 ta. Bestjoer fan fûgelwacht Easterein: Gerard, Hans, Gep, Doede, Peter en Bauke


Dit meist net misse yn de Tsjerne! Fan de Kryst oant ‘e mei april 2020 ha we wer in moai programma foar jim klear makke. Dit meie jim SEKER NET MISSE! Dus we sjogge jim graach! Krystgala We klaaie de Tsjerne oan yn in noflik krystsfearke. Dus kom yn jim moaiste klean, wêr jim lekker yn dûnsje kinne. Freed 20 desimber Sneon 21 desimber

Groep 1 t/m 6 18.30 - 20.00 oere Groep 7 en 8 20.00 - 21.30 oere Fanôf 1e klasse 21.45 - 01.00 oere

Ald & Nij Tegearre mei de Aldjiersploech pakke we dit jier grutser út as oars. Hoe en wat stiet ynkoarten op ús Facebookpagina en op de posters yn it doarp. Yn elts gefal is de Tsjerne wer iepen fan 01.00 oere ôf. Dus kom gesellich langs foar in drankje en elkoar nijjierswinskje. Piamaparty Das net yngewikkeld, mar wol hartstikke leuk! Nim dyn knuffie of pantoffels ek lekker mei, dan kinst nei de disco drekt op bêd! Freed 10 jannewaris Sneon 11 jannewaris

Groep 1 t/m 6 Groep 7 en 8

18.30 - 20.00 oere 20.00 - 21.30 oere

BINGO - Sneon 1 febrewaris Jaaaaaaaaaaaaaaa!!! De bingo is der wer! Dizze kear ha wy ek muzykrondes tuskentroch en we slaan wer leuke prizen yn! De tiid meitsje we noch bekend.


Bernedisco Freed 7 febrewaris Groep 1 t/m 6 18.30 - 20.00 oere Sneon 8 febrewarisGroep 7 en 8 20.00 - 21.30 oere Darttoernooi - Sneon 15 febrewaris De jeugd is begjin fan de middeis oan de beurt mei it pylkje goaien op it boerd. De folwoeksenen begjinne rûn 17.00. De tiid meitsje we eksakt noch bekend. Set him yn dyn aginda. Bernebingo Freed 6 maart Sneon 7 maart

Groep 1 t/m 6 Groep 7 en 8

18.30 - 20.00 oere 20.00 - 21.30 oere

Pubquiz – Sneon 21 maart Foarich jier in grut sukses. Dêrom dit jier wer in pubquiz! We slaan ek hjir moaie prizen foar yn. De tiid meitsje we noch bekend. Set him yn dyn aginda. Beachparty As ôfsluter fan it seizoen hâlde we in echte beachparty. We skroeve de kachel op ta tropyske temperatueren! Kom yn dyn coolste simmer outfit. De sinnebril hast hjir echt wol nedich! Freed 17 april Sneon 18 april

Groep 1 t/m 6 Groep 7 en 8

18.30 - 20.00 oere 20.00 - 21.30 oere

Alle freeds Eltse freed binne jim fansels ek fan herte wolkom om in pilske te drinken. De darters smite ûndertusken even wat pylkjes yn it boerd. We binne iepen fan 20.00 oere ôf. Wês wolkom! info@detjserne.nl Sjoch op ús Facebook side foar de aktuele ynformaasje oer de aktiviteiten.


Passage christelijke maatschappelijke vrouwenvereniging Woensdag 11 december 2019 om 19.45 in de Martinikerk te Easterein

ADVENT - Thema: HET FEEST VAN HET LICHT Dit is een verhaal over het Joodse Chanoekafeest en hoe wij kerstfeest vieren. We gaan in deze avonduren op zoek naar het ‘LICHT’. Iedereen die met ons mee wil zoeken is van harte welkom. Het bestuur


Fuort Mar Los spilet ‘DE KAT YN DE KELDER, in klucht fan Pol Anrys Der falt in protte te laitsjen om it nije stik fan Fuort Mar Los. Set dêrom fêst de datum fan de foarstellingen yn jim aginda! Freed 28 en sneon 29 febrewaris 2020.

f.l.n.r boppeste rige: Boudewijn, Akke, Berend, Rigt, Ype. Underste rige: Elisabeth, Siebolt, Baukje, Geert, Karin en regisseuse Trudy de Vos

Ek de jongerein fan FUORT MAR LOS is al LOS! Under lieding fan Theresia Zeinstra binne se dwaande mei it stik ‘Om op te fretten’. De foarstellingen sille ein maart wêze. Wy hâlde jim op ’e hichte fan alle ûntwikkelingen!


Tsjerkenijs – Wrâldljochtsjesdei 2019 Eltse 2e snein yn desimber wurdt Wrâldljochtsjesdei hâlden. Op dizze dei, om 19.00 oere, stekke minsken oer de hiele wrâld in kears oan om ferstoarne bern (jong en âld) te betinken. De wrâld wurdt sa letterlik efkes wat ljochter foar minsken dy’t in bern, broerke as suske ferlern ha. Dit jier wurdt dizze Wrâldljochtsjesdei hâlden op 8 desimber. Ek yn Easterein komme we byinoar om 19.00 uur yn de Martinitsjerke om kearskes oan te stekken en stil te stean by alle ferstoarne bern. Yn dizze byienkomst sil der romte wêze foar sprutsen wurden, gedichten en muzyk. Nei ôfrin is der gelegenheid om even op te waarmjen en nei te praten mei in kopke kofje as tee. It is ek mogelik om sels in bydrage te leverjen yn de foarm fan in liet, gedicht of in persoanlik ferhaal. Dat kinne jo by ús oanjaan fia Geertje van der Meer, geertjevandermeer@ziggo.nl of by Folkje Visser, O515-332269 of folkje1956@hotmail.com Fanôf 18.30 is de tsjerke iepen.


Adventsviering Vrijdag 20 december 2019 om 16.00 uur in de Skoalleseize te Easterein. Wij nodigen de senioren van harte uit om samen met ons de adventsviering te vieren, en zoals elk jaar gezamenlijk af te sluiten met een overheerlijke broodmaaltijd. De uitnodiging kunt u binnenkort weer in de brievenbus verwachten. Diaconie Martini Tsjerke Easterein

Kerstpakkettenactie 2019 De diaconie van Easterein is steeds bezig om projecten dichtbij en veraf financieel te ondersteunen. Het is fijn om dit werk te kunnen doen. Met de feestdagen van december in het vooruitzicht willen we graag weer kerstpakketten brengen bij mensen in ons eigen dorp die rond moeten komen van een minimuminkomen. Behoort u of behoren jullie bij deze groep? Dan kunt u het antwoordstrookje voor 13 december in een gesloten envelop bij Folkje Visser in de brievenbus doen. Zet dan op de envelop “diaconie”. Deze actie is ook bedoeld voor mensen die geen lid zijn van de kerk in Easterein. Wij zullen uw gegevens vertrouwelijk behandelen en na gebruik vernietigen. Dat betekent dat we elk jaar opnieuw uw aanmelding nodig hebben. Dus ook mensen die in 2018 een kerstpakket van de kerk hebben ontvangen kunnen zich nu weer aanmelden.

# --------------------------------------------------------------------------------------Antwoordstrookje (inleveren in een dichte envelop) bij: Folkje Visser, Koaifinne 4 Easterein Naam | adres: ___________________________________________________


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


Mei World Servants nei Sierra Leone Oankommende simmerfakânsje gean ik (Selma de Boer) foar 3e wiken nei Afrika mei de organisaasje World Servants. World Servants is in organisaasje die wurkfakânsjes organiseard foar jongeren. Dizze projekten soarchje derfoar dat mienskippen yn ûntwikkelingslânnen wer in stapke fierder komme. Troch in freondin bin ik by de aksjegroep Wjelsryp-Winsum kaam. Us aksjegroep bestiet út sân minsken. Twa fan dizze groep gean nei Rwanda om in nij gebou foar de bern fan de basisskoalle te meitsjen. De rest giet nei Sierra Leone, wêrûnder ik. Yn Sierra Leone sille wy mei de lokale befolking 3e lokalen, in leararenkeamer en in kantoar bouwe. De 461 bern krije no noch les yn in wenhûs. It liket my hiel bysûnder om de bern bliid te meitsjen mei dizze nije skoalle. Troch ferskillende aksjes wolle wy de totale dielnimmerbydrage fan €18.445,- binnen helje. De aksjes dy’t no op ‘e planning stean, binne: in stamppotbuffet, waxine-ljochtsjesferkeap, dive2change (nijjiersdûk) en noch folle mear. Der stiet no ek in flessenbak oan it ein fan ‘e reed by fam. De Jong. Ek soenen wy âld izer of in soad flessen altiid ophelje kinne by jimme thús, hjirfoar kin der kontakt opnommen wurde mei my. It soe super wêze at jim ús helpe wolle om dit bedrach binnen te heljen! Op ûndersteand linkje stiet mear informaasje. Ideeën of fragen binne altiid wolkom, myn kontaktgegevens stean hjirûnder. www.worldservants.nl/wjelsrypwinsum (Dit is ús aksjeplatform, hjir kin jild stoarten wurde en der stiet ek op hoe it mei ús ‘e aksjes giet.) Selma de Boer Email: Selmadeboer2001@gmail.com Tel: 06-31499131


Snypsnaren (Lânferhuzers) Troch Jan Hiemstra

‘Amearika, do lân fan dream en winsken’ is gjin sinterklazeferske en ek gjin krystliet. It is wol in tekst der ’t hoop en langstme (= verlangen) út sprekt en dêrom by de desimbermoanne past. De dichter fan de tekst is Tsjibbe Gearts van der Meulen (18241906). Hy gie yn 1881 trije moanne nei Amearika ûnder mear op besite by syn broer dy ’t yn 1849 emigrearre. It wie de tiid fan de feepest en de ierappelsykje mei as gefolch grutte earmoede. De minsken woene hjir wei foar in bettere takomst. Besykje de tekst te lêzen en ek de muoilike melody yn jimme op te nimmen. De oarlochsekonomy No nim ik in grutte stap. Doe ’t de twadde wrâldoarloch yn 1945 foarby wie, wie it yn ús part fan de wrâld en dus ek yn Easterein net al te rom. De minsken wiene bliid dat se frij wiene, mar der wie hast neat te keap. Yn alle troch de Dútsers besette gebieten wie hiel wat fernield en hearske earmoede. Der wie wol jild, dat wie yn de oarloch wol printe, mar as je neat keapje kinne ha je neat oan jild. Ruilje wie de ienige oplossing. Doe ’t ús heit en mem yn de oarloch trouden koene se allinne mar by de goudsmid oan in trouring komme troch âld goud yn te leverjen. Foar heit wie der net in nij pak te keap; in âld pak waard keard, dat betsjut dat de binnenkant de bûtenkant waard. De jildsanearring Minister fan finânsjes Lieftinck hie goed yn de gaten dat it jild wer wearde krije moast. Hy naam in krasse maatregel. Alle Nederlanners koene op 26 septimber 1945 oer ien nij tientsje beskikke en dêr koe allinne mar mei betelje wurde. Al it (âlde) jild waard ûnjildich en moast ynleverje wurde. Oan it jild op ‘e bank stie, koene de minsken tydlik net komme.


Mei al dy bankbiljetten yn ‘e bûse wiene der tal fan minsken dy ‘t harren ryk rekkenen. Sa ek ús heit. Hy hie by weinmakker Reitsma (dy ’t ek fytsen en radio ’s ferkocht) oan de Wommelserdyk in nije radio besteld. Nei it yngripen fan Lieftinck moast de tocht op ‘e nij makke wurde, mar no om de radio ôf te bestellen, want der moast earst noch belesting betelle wurde. It hat oant 1952 ta duorre eart der by ús in radio kaam! De nei-oarlochske tiid Nei de oarloch wie der gjin jild, gjin guod en gjin wurk. Wat der oan guod wie koe allinne mar op bonnen (distribúsjesysteem) kocht wurde. Bestelden je in oranjekoeke by de bakker dan moasten je bonnen en in pakje margarine ynleverje. Tusken de lannen oan beide kanten fan it izeren gerdyn ûntstie argewaasje en Berlyn waard blokkearre, der wie eangst foar de atoombom en it kommunisme (de ‘kâlde oarloch’ bruts út); ús lân rekke yn de ûnôfhinkelikheidsstriid yn ‘Nederlânks’- Indië betize, der ‘t ek tal fan jonges út ús doarp hinne moasten en de Korea-oarloch bruts út. De takomst seach der net botte fleurich út. In ljochtpuntsje wie dat de Amerikanen yn de gaten hiene dat it sa net koe. Easterein en hiel West-Europa soene der nea boppe op komme as der gjin help fan bûten kaam. Dy kaam der as Marshall-help. De grutte úttocht Stadichoan kamen de minsken der wol wat boppe-op, mar it gong de measten net hurd genôch. Foar it plattelân foel de Marshall-help net altyd like posityf út. Der koene trekkers en de oare masinen oantúgd wurde. Foar hynders en boere-arbeiders kaam der dêrtroch minder wurk. De hynders bedarren by de hynsteslachter en de arbeiders kamen by de DUW (dienst uitvoering werken) of yn de WW. De wenningbou en it opknappen fan besteande wenten rûn net hurd. De foarútsichten wiene dan ek net al te bêst. Dat fûn it regear ek. Mei goed 9 miljoen ynwenners flak nei de oarloch waard it, neffens de opfettingen fan doe, wol tige fol yn ús lân. Dêrom stimulearre de regearing de minsken om harren hinne te sjen. Mei Kanada, de Feriene Steaten, Australië, Nij Seelân en Súd Afrika waarden kontrakten sluten, sadat Nederlanners dy’t neat mankearren ferfarre koene. Dêr waard grou gebrûk fan makke, ek troch tal fan ús doarpsgenoaten. Yn de fyftiger jierren ferlieten der sa ‘n 11 húshâldingen en sa ‘n 6 ienlingen (yn it totaal sa ‘n 70 persoanen) it doarp. Neist de hoop op in bettere takomst wie der ek faaks in persoanlik drama yn it spul. Guon hiene it hjir net bolwurkje kinnen, guon seagen gouden kânsen foar harren sels, mar foaral foar harren bern. By de ienlingen spile it elemint ‘aventoer’ ek noch in rol.



Nederlânske emigranten fan 1950 oant en mei 1959 nei bestimmingsplannen hiele perioade allinne yn 1952 (it topjier) Australië 106.216 16.300 Kanada 127.859 21.481 Nij Seelân 19.857 5.089 Feriene Steaten 59.850 4.151 Súd Afrika 29.127 4.693 totaal 342.909 51.714

De tarieding It emigrearjen barde by de measten net yn in hite hei (= opwelling). Wie de takomst yn it lân der ’t se wennen net wis, der ’t se hinne gongen wie dy faaks noch ûnwisser, mar dêr wie mear hoop op in goede ôfrin. Al yn de 19e ieu wisten de measten wat se efterlieten, mar hiene amper in idee oer wat der kaam. Se gongen fuort mei de gedachte nea wer werom te kommen. Dit gefoel hiele hiel wat emigranten nei de twadde wrâldoarloch ek noch. It waard in ôfskied foar goed. Allinne dy ’t dan yn it nije lân goed ‘buorke’ hiene, soene wol wer ris weromkomme kinne. De foarljochting fan de ryksoerheid en de emigraasjelannen mocht noch posityf wêze, it bleau in hiele stap. De tarieding begûn faaks mei in kursus Ingelsk, want sûnder koene je wol thúsbliuwe. De measten gongen mei de boat en yn ferskate gefallen waard it meublilêr yn grutte houten kisten pakt om mei ferfearn te wurden. Dat koe lykwols net by elkenien lije en dan waard de ‘ynboedel’ ferboelguodde. Soks wie al in hiele sensaasje yn it doarp. Myn eigen belibbing As yn it doarp bekind waard dat der immen of in húshâlding fan doel wie te emigrearjen dan levere soks hiel wat emoasje op. Ik ha ferskate bern yn myn legereskoalletiid fuortgean sjoen, wêrfan my in pear tige bybleaun binne. Ien dêrfan is Beitske Postma. Se wenne oan de Skippersbuorren deun by ús. Ik hie mei har op de beukerskoalle en yn de earste klassen fan de legere skoalle sitten. Har heit Jaring hie foar har hûs in beurtskip lizzen der ’t er mei op Snits fear. Mei noch twa frachtriders yn it doarp wie dit tefolle fan it goede. De boat waard yn 1949 ferkocht. It slagge heit net om fêst wurk te finen en mei frou Gee en de sân bern waard yn 1952 de ‘sprong oer it djippe’ nei Amearika makke. Yn de tiid dêrnei skreau Beitske nei har âlde klasse noch wolris in briefke, mei ek al rillegau wat Ingelske wurden der yn. Soks fûnen wy hiel bysûnder.


Fertrek Rienstra’s Ek de stap fan Rients Rienstra mei syn húshâlding (‘grutte Rients’ foar de Eastereiners) is my oant de dei fan hjoed bybleaun. It wie in grutte húshâlding mei noch jonge, mar ek al folwoeksen bern. Yn it grutte hûs oan de Wynserdyk nr 10 hie dochter Anna it postkantoar. De loads achter dit hûs wie foar de foeraazjehannel fan Rienstra. Neist dy hannel hie Rienstra in túnderij op it stikje grûn flak foar de Bargekop. Yn 1951 ferfear dizze húshâlding fan heit, mem en tsien bern. Ien fan de bern dy ’t dominy wie, gong net mei. Der koe hast neat meinommen wurde: elk ien koffer, mei in tekken en twa boeken. Dat betsjutte dat al it oare guod ‘fuort’ moast. Der wie hiel wat foar it boelguod. Oan sa ’n ferkeap gong in besichtiging foarôf en dan rûnen der allegearre nijsgjirrige minsken troch jo hûs, waard jo guod besjoen en betaast. Foar de Rienstra ’s moat soks in traumatyske ûnderfining west ha. It boelguod sels wie spektakel. In opropper rôp de kavels om en de minsken koene biede. Nei it …eenmaal, …andermaal, …ferkocht notearre de notaris wa ’t de nije eigener fan de ‘kavel’ (it oanbeane guod) wurden wie en dy koe dan nei ôfrin fan it boelguod betelje en krige it kochte mei. Ik wie der as lyts mantsje by, want heit hie my tasein in fyts foar my te keapjen. Der wie sa’n moaie donkerreade sportfyts fan soan Henk yn de oanbieding! Dy wie wol wat oan de grutte kant, mar ik hie der sa ’n sin oan! En heit mar biede, mar der kaam hieltyd wer ien dy ’t mear jaan woe. Uteinlik waard de fyts kocht troch boer De Jong foar soan Hindrik dy‘t de fyts al rille gau in race-uterlik joech, der op nei Bogerman fytste en der ferskate âlvestêde-tochten op riden hat. Mar myn fyts kaam der toch! In âld frouljusfytske mei in hânrem. Ek dat fytske wie noch te grut foar my, mar dêr wist Arend Leeman, de timmer-man, wol ried mei. Op de trapers kamen in pear fikse blokken en ik koe fytse! Rients Rienstra Rients Rienstra wie in man fan statuer. Hy wie bygelyks foarsitter fan it korps, mar ek foarsitter fan it muzykbûn. It wie in Frysksinnich man dy ‘t miskien wol mear nocht oan syn (neat opbringende) bestjoerlike taken hie, as oan it wurk der ’t de húshâlding fan rûnkomme moast. Fan dizze ferhuzing is my tige bybleaun dat op de lêste jûn dat de Rienstra ’s noch yn harren hûs wennen, it korps der hinnegie om in serenade te bringen. Soks barde yn Easterein by belangrike saken sa as in 40-jierrich houlik en de weromkomst fan in militêr út Indië. Uteinlik gong no de âld-foarsitter fuort! Under dy serenade sille grif in pear marsen, in licht stikje, in tal koralen en as ôfsluting ‘Wat de toekomst brenge moge’ en it Wilhelmus spile wêze. De reis nei Kanada koe begjinne. No ’t ik dit byld nei 68-jier wer op it netflues krij, skuort it op ‘e nij troch my hinne.


Ane en Janke Yn itselde jier dat de Rienstra ’s ferfearen stutsen Ane en Janke Jacobi-Strikwerda mei harren bern Siebren en Sake ek de oseaan oer nei Kalifornië. Dit wie in hiel oare emigraasje as dy fan Rienstra’s. Ane hie in tal fan jierren as militêr yn Nederlânsk-Indië sitten en Janke wenne yn dy tiid mei de twa bern oan de Skippersbuorren nr 1. Doe ’t er wer werom-kaam wie der op Jacobi ’s pleats gjin wurk foar de fiif soannen en foar benammen Ane mei aventoer yn it bloed wie Nederlân te lyts wurden. Nei ’t de ferhuzerskisten ynpakt wiene, wie der noch wat rokerij yn de hûs. Marten Bouma en ik krigen wat bokjes en sigaretten. Wy binne doe efter in kuilbult by Bauke de Jong (no Tsjerkebuorren 5) sitten gongen en ha elk in bokje opsmookt. Ik acht en Marten njoggen jier âld. Je kinne der mar op tiid bywêze, mar as ik der oan werom tink fiel ik no noch hoe mislik ik doe wie. Sikke en Durkje Mei de namme fan Marten Bouma kom ik op de húshâlding fan Sikke en Durkje Bouma. Dit wie de lêste grutte húshâlding (heit en men mei 12 bern) dy ’t ein fyftiger jierren (1959) ferfear nei Australië. De twa âldsten (Marten en Auke) wiene doe ’t se fuortgongen, krekt as heit, al timmer-feint. Yn it jier fan Simmer 2000 ha twa fan de bern, Auke en Klaas, by ús te gast west. Marten en Auke hiene it fak yn Australië fuortendaliks wer oppakt en benammen Auke die de minsken dêr fersteld stean dat hy as 16-17 jierrige al oer sa ’n kennis en kunde, leard op de ambachtsskoalle yn Snits, beskikte. Hjir werom hiene de ‘jonges’ harren eagen útsjoen oer de rykdom dy ’t se yn it lân, dat se ferlitten hiene, oantroffen. Doe waard my dúdlik dat de rigel út de Lânferhuzerssang ‘Do hast my brea en wolfeart brocht’ lang net foar alle lânferhuzers jilden hat. Hiel wat emigranten hiene it hjir mear as rêden as se hjir bleaun wiene.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Sake en Janny Strikwerda. Fan links nei rjochts: Janny, Sjouke, Gerben, Simon-Paul en Steven.


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Wilhelmina-nijs It wie in geweldich feest, Easterein Rocks op 9 novimber! Foar ús as korps in unieke ûnderfining, tegearre mei de oare muzikanten, it koar en it entûsjaste publyk. De jûn begon mei de Wilhelmini’s yn it foarprogramma. Sy spielen “Gonna fly now’, Liquido, en as topper ‘I will survive’ tegearre mei Esmee Metz (sang) en Marike Dijkstra (gitaar). Fanôf 22.00 oant 1.00 oere hat it A-orkest ferskeidene nûmers begelieden, as Carmina Burana, Walking on sunshine, Lit ús gean (Sebeare) en Somebody to Love (Queen). Foar ‘It paad werom’ kaam de mystery guest noch lâns en song Piter Wilkens syn eigen ferske. Mei sûzjende earen en in super foldien gefoel ha wy noch gesellich neipraten yn café Bergsma. Op 23 novimber kaam Sinteklaas en syn Piten mei boat nei de bern fan Easterein. Wilhelmina siet al klear yn it café om har te ûntfangen. Wylst Sinteklaas mei Sinteklazina trouwen gie, klonken de Sinteklazeferskes troch de seal fol bern, dy’t út folle boarst meisongen! Us nije dirigent Anne van der Berg hat spitigernôch witte litten om persoanlike omstannichheden stopje te moatten by ús. Wy ha keazen foar in interimperioade oant de simmerfekânsje en Wilbert Zwier ree fûn om ús dizze perioade te begelieden. Wy ha alle fertrouwen yn in fijne, muzikale tiid mei him. Op 12 jannewaris om 16.00 oere sille wy in Nijjierskonsert jaan, mei it thema ‘Magysk 2020’. Alfêst iets om op de (nije) kalinder te setten! Fijne en muzikale feestdagen tawinske!

Nei de finale fan FeRstival! Hoi ik bin Tjitske Joustra (12) en ik ha mei dien oan de foardracht wedstriid FeRstival. Der diene noch tsien oare bern oan mei en der giene trije bern troch nei de finale en der wiene noch trije groepen Starters A, starters B, trochsetters en toppers. Ik siet yn de groep starters A en ik wie twadde wurden mei it gedicht ‘Oerspand’ fan Berber Spliethoff. En toen bin ik troch gien nei de finale op 14 desimber yn Hjearrefean yn it Posthús theater en dan gean ik striden foar de fryske titel mei in nij gedicht fan Auck Peanstra ‘Blikjebeppe’.


Op reis mei… Karin, Judy, Tineke en Wilma Troch Nathalie Oliveiro

‘’Wy binne wol fan de uitjes, mar dit wie wol it grutste én it leukste uitje’’. Yn 2013 gean fjouwer froulju Karin Sjaarda, Judy Bergsma, Tineke Kamstra en Wilma Sjaarda it aventoer oan: fiif dagen op stedentrip nei New York. ‘’At we it dogge, dogge we it goed’’ en dêrom in reis fan tsien oeren nei New York, mei Wilma as saneamd reisleider, Karin as reisplanner en Judy en Tineke as animaasjeteam, en foar de ideeën. ‘’We folle elkoar goed oan’’, aldus de froulju. Freondin Vera de Vries kin spitigernôch net mei, mar om’t de froulju har net misse kinne, giet der in badeintsje mei. And off they go! Freed trije maaie is it safier, op nei Amerika. Moarns betiid ride de froulju nei Schiphol. Se meitsje op it parkearplak noch efkes gau in foto fan harren fjouwer koffers en kinne dernei al gau ynchecke. Se binne der klear foar! Om 13:05 geane se de loft yn en 14:50 oere lokale tiid lâne se yn New York. Bliid dat de froulju der binne, gean se richting de bân om de koffers op te heljen. Mar, wat blykt? Dy komme net. ‘’Schiphol hie de grutste stoaring ever yn de loopbaan fan de bagaazjebânen, mar dat wisten we toen noch net’’. Op Facebook komt in foto mei de koffers mei de tekst ‘’Opsporing gezocht… laatst gezien Schiphol Amsterdam’’. Is dat efkes bale! De freondinnen hiene ekstra grutte koffers mei, want se soene shoppe. Gegevens wurde achterlitten op in kantoorke op it fleanfjild, wernei se nei New Jersey gean, nei hotel Ramada Inn, om dêr te oernachtsjen. En dêr? Direkt mar op syk nei it heechnedige spul, lykas in toskeboarstel, ûnderbroeken en natuerlik in pyama. Grif hoopje se dat se de koffers de oare dei werom hawwe. Fjouwer maaie De reis wie tot op de dei útstippele om safolle mooglik út de stedentrip te heljen. De dei nei oankomst stiet der in boattocht op de planning. Dizze giet om Manhattan hinne, ûnder trije belangrike brêgen troch, de Brooklyn-, Manhattanen Williamsbrêge. It blike in bysûndere tocht te wurden. It wie skitterjend waar en de hiele stêd wie goed te besjen. Mei de ramp fan âlve septimber yn ‘e tinzen, it besef fan wat doe bard is, it besykjen fan it museum Ground Zero wat noch op de planning stiet en it útsicht op ‘e boat makke it twa minuten stilwêzen


om 20:00 oere Hollânske tiid ekstra spesjaal. ‘’Sjochst ek it frijheidsbyld, en op it momint dat wy dêr wiene, waarden de twintowers krekt wer herbouwd’’. Nei de Downtown Tour mei in mar wat drokke gids gean de froulju dy jûns nei Ground Zero, it plak dêr’t foar de terroristyske oanslagen fan âlve septimber it World Trade Centre stie. Ien kear yn it hotel krije se in tillefoantsje: Ien koffer is wer te plak, dy fan Karin. De oare trije koffers wiene der noch hieltyd net en sa moatte de froulju in pear dagen yn Karin har klean rinne. ‘’Opsich de bêste koffer om as earst werom te krijen, want eltsenien paste myn klean wol’’, aldus Karin. ‘’We gongen oversized troch New York’’, laitsje de froulju. Ground Zero Snein fiif maaie wurdt de trip ferfolge en besykje se it Tribute Centre fan 9/11. Wat se dêr seagen, makket djippe yndruk op Karin, Judy, Tineke en Wilma. ‘’We wiene der alle fjouwer stil fan, fan de gelûdsfragminten fan lêste tillefoantsjes dy’st dêr hearst, de bearkes dy’t fûn binne op de grûn, wie hiene der alle fjouwer in brok fan yn ‘e keel’’. Awesome! Nei it serieuze part is der tiid foar fertier en sille de froulju te shoppen, se witte net wannear’t de oare koffers komme. En wêr kinst dat no it bêste dwaan ast dochs yn New York bist? Times Square natuerlik! Se dogge in wedstrydsje om te sjen wa’t it earst der wêze kin, it soe op twa manieren kinne moatte miene Karin en Tineke, mei as gefolch dat Judy en Wilma wachtsje moatte oant dy oare twa der eindelik ek binne. Time Square is awesome! Allegear ljochten, billboards, de grutte trep, in aardige agint dy wol mei it pykje op de foto wol


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


en sels in H&M dêr’t der per ûngelok in broek by Judy yn de tas telâne komt en se de winkel útrinne sûnder dat it alarm ôfgiet as dat se oanholden wurde. Ut benaudheid, bang foar de worst case scenario, wurdt it broekje yn de prullenbak foar de Mc Donalds goait. ‘’Se binne hartstikke streng yn New York’’. As sûkeladeferslaafden kinne se de ferlieding net wjerstean om efkes te sjen yn de M&M store. ‘’Fantastysk, allegear buizen op kleur sortearre, alle smaken’’ Dernei nei it Rockefeller Centre, wat in útsicht op de 80e ferdjipping! Geluksmomentje De oare deis, mei harren eigen klean oan, want ja de oare koffers binne ek wer werom, dogge se de Uptown tour. A dream come true foar Tineke, want dizze tour giet neist Harlem, ek lâns Central Park. Judy: ‘’Do woest echt yn de sinne lizze, yn Central Park”, Tineke: ‘’Ja, ik hoegde net in soad, mar dát wie myn últime droom”. Opmerklik is de stilte. Wylst it park midden yn de stêd leit, is dêr neat fan te merken. “De stêd is kneiterdrok, en hja hearre niks”. It pykje hat ek gelok, it mei efkes te swimmen yn it park. ‘’Wat ha wy in wille hân, in hiel soad wille’’. Rûn 19:30 komme se by it Empire State Building oan. Prachtich, al dy ljochten fine de froulju. Taksysjauffeur Nei alle drokte fan de foarige dagen beslute de froulju it rêstich oan te dwaan. Se gean nei Hudson Bay, dêr’t se genietsje fan it skitterjende útsicht. Noch efkes shoppe yn Newport Mall en dan is it tiid om te gean. Yn de taksy nei it John F. Kennedy fleanfjild ha se in moai petear mei de taksysjauffeur Timothy French. ‘’It wie in echte New Yorker, en dat is wol hiel leuk dan’’. De froulju krije te hearren hoe’t hy 9/11 beleefd hat, it wie bysûnder. ‘’Hast in hiel soad op telefyzje sjoen, mar écht mei ien te praten dy’t it meimakke hat’’. De froulju binne rekke troch syn ferhaal. ‘’Wy wiene in soad mei 9/11 dwaande, dat monumint, it wie hiel yndrukwekkend’’. Acht maaie moarns sette de froulju, in hiele erfaring riker, wer foet op Hollânske grûn. No earst mar sliepe! It belangrykste wat de froulju leard ha? • Alles is te keap • Net drok meitsje om de koffer! We kinne yn New York sûnder koffer, dus we kinne al hielendal nei Skylge sûnder koffer. • We ha ús rêde kinnen yn sa’n grutte stêd • We ha dingen dien dy’t bûten ús komfortzône leine en it is allegear goed kaam.



Bibliotheeknieuws Andere openingstijden, Kerstengelen, Opstellingenwerk en Digitaal Café Op 2 december is er Digitaal Café. Van 14.00 uur tot 15.00 uur staan er vrijwilligers klaar om belangstellenden te ontvangen. Voor al je vragen over smartphone, tablet, laptop of pc. We gaan Kerstengelen haken tijdens het Creatief Café op maandag 16 december. Neem een haaknaald mee en je eigen garen. Sjoukje Boersma van de Wolstube uit Harlingen geeft een workshop engelen haken. Ze neemt ook mooi garen mee (te koop). We beginnen om 14.00 uur. Ferdivedaasje op freed is er iedere tweede vrijdag van de maand van 16.00 - 17.30 uur. Op 13 december komt Anneke Meiners vertellen over Opstellingenwerk. Ze laat zien wat je plek is in je familie, je gezin of in je werk. Kom koffie drinken, samenzijn, luisteren en/of meepraten. Opgeven is niet nodig en iedereen is welkom. BELANGRIJK • BELANGRIJK • BELANGRIJK • BELANGRIJK • BELANGRIJK In het nieuwe jaar passen we de openingstijden voor u aan. Op maandag en vrijdag zijn we open van 14.00 - 18.00 uur en op woensdag doorlopend van 10.00 - 18.00 uur. Dus ietsje later open op de middag en op woensdagochtend open in plaats van op vrijdagavond.


Ut de âlde doaze

Foto boppe is rûn 80/90er jierren makke. De oare 2 foto's binne fan de jierren ’60. It mantsje túsken Sinteklaas en swarte pyt is Bauke de Boer.


“Easterein, dat nooit!”

Ut de Texelse Courant fan 5 novimber 2019



De koksmûtse: IJstaart met karamel en chocolade Door Annebeth de Jong

Lekker voor de kerstdagen !

Ingrediënten Voor het ijs zonder ijsmachine • 1 blikje gezoete gecondenseerde melk (397 ml) • 500 ml slagroom (met 400 ml lukt het ook) • ½ vanillestokje, het merg (heb ik niet gebruikt) Verder nodig • 1 recept karamelsaus (karamel gemaakt d.m.v. blikje gecondenseerde melk te laten koken in een pan heet water, de karamel is op deze manier wel wat dikker, maar erg makkelijk om zo te maken) • 100 gr pure chocolade, gesmolten Benodigdheden Cakevorm, mixer, beslagkom en vershoudfolie Bereiding • Bekleed een cakevorm van 25 centimeter met plasticfolie en laat dit aan de zijkanten overhangen. Doe de gecondenseerde melk, de slagroom en het vanillemerg in een kom en klop dit tot een romig geheel, tot het de dikte van lobbig geklopte slagroom heeft. • Verdeel een dun laagje van het roommengsel over de bodem van de vorm en strijk dit glad. Sprenkel daar met een lepel wat gesmolten chocolade en karamelsaus over. Schep daar weer voorzichtig een dun laagje van het roommengsel op en strijk weer glad. Ga zo door tot de vorm vol zit. Houd van de karamelsaus wat over voor de garnering tijdens het serveren. • Klap het overhangende plasticfolie naar binnen en zet de vorm minimaal 1 nacht in de vriezer. Haal voor het serveren de ijstaart met behulp van het plasticfolie uit de vorm en plaats deze op een schaal. Verwijder het folie voorzichtig en maak de ijstaart af met de overgebleven karamelsaus. Bron: https://rutgerbakt.nl/ijs-recepten/ijstaart-met-karamel-en-chocolade-recept


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.