Doarpskrantsje Easterein - april 2018

Page 16

‘Hans fs Liesbeth’

Hy gûchelet mei kompjûters en roasters op it Bogerman Kollege yn Snits, sy wurket ek yn Snits mar dan mei medisinen yn it Antonius Sikehûs. Hy is 51, sy 36, hy hâldt fan rinnen yn it lân op syk nei aaien, sy rint leaver op in ferhurde dyk en sjocht net op of om nei in fûgel. Hy bokst, sy folleyballet, mar wat se gemien hawwe? Gek fan it spultsje mei it lytse baltsje, it keatsbaltsje wol te ferstean. Beide al jierrenlang frijwilliger foar de KF Easterein, dit jier stappe se tagelyk út de jeugdkommisje, omdat harren perioade der op sit. Wolle jim ek ff in stikje der oer skriuwe foar it jierferslach wurdt ús frege troch Wilma fia de mail. Tsja… Do ff?? appt Hans my werom. Lêst de LINDA. wolris? freegje ik Hans. Nee hoesa, spannende ferhalen? krij ik werom. Haha, it is de keatsferiening he Hans app ik werom, mar we meitsje der wol wat leuks fan… Dus Hans, ik sil dy en de oare lêzers earst efkes útlizze wat ik der mei bedoelde, it tydskrift de LINDA. of hast wyls sels al 1 kocht? H:​ Spitigernôch, dy bêste Sinteklaas hat my oerslein dit jier. L​: Yn elke LINDA. (ja ydd fan Linda de Mol) stiet in petear mei 2 minsken, mei (fyn ik) in leuke manier fan fraach en antwurd jaan en tegearre mei wat leuke foto’s mei ik dat altyd graach lêze.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.