Heit & Mem nr. 1 2022

Page 45

Suzanne Seepma is juf fan groep 7 en 8 fan CBS De Oanrin yn Twizel. Alle wiken jout se in oere oant oardeloere Fryske les oan de bern. Ek studearret se foar dosint Frysk oan NHL Stenden yn Ljouwert. Suzanne: ‘Fryske les fyn ik it moaiste fak om te jaan, foaral om’t ik dan myn eigen ynbring jaan kin. Alle kearen betink ik wer wat oars leuks om te dwaan. Groep 7 en 8 bestiet út 21 bern dy’t allegear de Fryske taal wol ferstean. Twa fan de 21 ha in Nederlânsktalige âlder en ien famke is oarstalich grutbrocht. Ik besykje de Fryske les altyd mei in protte entûsjasme te jaan en de druk net te heech te lizzen. Ik fyn it belangryk dat se der foaral in protte wille oan ha en dat se it moai fine om mei de Fryske taal dwaande te wêzen. Soms lês ik in ferhaal út de Bibel foar yn it Frysk. Dan komt it ferhaal wat tichterby. Ek keppelje ik de bern wolris oan de bern fan groep 3 en 4. Dy bern kinne krekt lêze en tagelyk mei de gruttere bern leare se dan ek de Fryske lûden. Dat dogge we mei in app. Hiel moai fine se dat. Lêsten ha wy in alvestêdeprojekt hân. Doe mochten de bern oer alle stêden wat skriuwe yn it Frysk. En sa betink ik alle kearen wer wat. At der ôfwikseling is, hâlde de bern der ek aardichheid oan.’

Bij Praat mar Toaniel gaan leerlingen op een vrolijke- en inspirerende manier met Friestalige toneelteksten aan de slag. Het lezen en spelen van theaterstukken in het Fries prikkelt hen om vertrouwd te raken met het Fries en zelf meer Fries te lezen en te spreken. In de boekjes voor groep 5 en 6 gaat het vooral om beleving. Oudere kinderen oriënteren zich ook op de taaltechnische kenmerken van de teksten. De boekjes zijn te bestellen fia websjop.afuk.frl Wolsto ek mei dyn klasse op de foto en fertelle oer de Fryske les by jimme yn de klasse? Mail dan nei ynfo@heitenmem.nl

44

45


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.