1 minute read

Afûk-boekpanel

Next Article
Us heit en ik

Us heit en ik

Nije boeken!

€ 12,50

Advertisement

Buorkerij (1+)

In jier op de buorkerij. Maitiids boartsje de lamkes yn it lân, yn de simmer giet de boer yn ’t hea, by ’t hjerst wurdt it lân omploege en yn de winter steane de kij wer waarm en drûch op stâl. In flapboek mei prachtige yllustraasjes fan Jonny Lambert.

€ 14,99

Kinst net sliepe, Lytse Bear? (3+)

€ 12,50

Op it bouplak (2+)

Wat bart der op it bouplak? Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk. Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles om en ta giet. Lytse Bear kin net sliepe, om’t er sa bang is yn it tsjuster. Lytse Bear en Grutte Bear besykje fan alles, mar neat helpt. Sels as Grutte Bear de aldergrutste lantearne foar him oanstekt, kin er noch net sliepe, want it bliuwt bûten wol hiel tsjuster. Mar dan wit Grutte Bear ried… In prachtich ferhaal oer bangwêzen en net sliepe kinne. Alwer de 7e printinge fan dit oandwaanlike printeboek!

Tineke Bajema: “Grutte Bear en Lytse Bear, dy twa jouwe de grutte én lytse lêzer al gau it gefoel datsto yn it ferhaal lutsen wurdst. In moai printeboek dat alle dagen samar as favoryt fan ’e boekeplanke pakt wurde kin.”

This article is from: