
3 minute read
Frysk yn ’e klasse
by heit&mem
Suzanne Seepma is juf fan groep 7 en 8 fan CBS De Oanrin yn Twizel. Alle wiken jout se in oere oant oardeloere Fryske les oan de bern. Ek studearret se foar dosint Frysk oan NHL Stenden yn Ljouwert.
Suzanne: ‘Fryske les fyn ik it moaiste fak om te jaan, foaral om’t ik dan myn eigen ynbring jaan kin. Alle kearen betink ik wer wat oars leuks om te dwaan. Groep 7 en 8 bestiet út 21 bern dy’t allegear de Fryske taal wol ferstean. Twa fan de 21 ha in Nederlânsktalige âlder en ien famke is oarstalich grutbrocht. Ik besykje de Fryske les altyd mei in protte entûsjasme te jaan en de druk net te heech te lizzen. Ik fyn it belangryk dat se der foaral in protte wille oan ha en dat se it moai fine om mei de Fryske taal dwaande te wêzen. Soms lês ik in ferhaal út de Bibel foar yn it Frysk. Dan komt it ferhaal wat tichterby. Ek keppelje ik de bern wolris oan de bern fan groep 3 en 4. Dy bern kinne krekt lêze en tagelyk mei de gruttere bern leare se dan ek de Fryske lûden. Dat dogge we mei in app. Hiel moai fine se dat. Lêsten ha wy in alvestêdeprojekt hân. Doe mochten de bern oer alle stêden wat skriuwe yn it Frysk. En sa betink ik alle kearen wer wat. At der ôfwikseling is, hâlde de bern der ek aardichheid oan.’
Advertisement
Bij Praat mar Toaniel gaan leerlingen op een vrolijke- en inspirerende manier met Friestalige toneelteksten aan de slag. Het lezen en spelen van theaterstukken in het Fries prikkelt hen om vertrouwd te raken met het Fries en zelf meer Fries te lezen en te spreken. In de boekjes voor groep 5 en 6 gaat het vooral om beleving. Oudere kinderen oriënteren zich ook op de taaltechnische kenmerken van de teksten. De boekjes zijn te bestellen fia websjop.afuk.frl
Wolsto ek mei dyn klasse op de foto en fertelle oer de Fryske les by jimme yn de klasse? Mail dan nei ynfo@heitenmem.nl
De grientetún

Sjoch op www.tomke.frl foar mear ferhaaltsjes, filmkes en nifelwurkjes oer Tomke en syn freontsjes.
Kornelia en Tomke binne yn it túnsintrum. Se sykje planten út foar de grientetún. Tomke stiet by in bak mei griene planten. Der hingje kaartsjes oan mei reade tomaten derop. ‘Mmm!’ ropt Tomke, ‘sille we dy keapje?’ ‘Goed idee, set mar trije potten yn de karre’, seit Kornelia. Fierderop steane potten mei paprikaplanten. ‘Meie wy dy ek?’ freget Tomke. ‘Jawis,’ knikt Kornelia, ‘pak mar twa. Ik sykje komkommerplanten op.’ Tomke sjocht ek potten oan in rek hingjen. Dêr sitte planten yn mei wite blomkes. Mar op it plaatsje steane reade ierdbeien. ‘Sjoch,’ seit Tomke, ‘dêr sit in ferkeard kaartsje by.’ ‘Nee hear’, laket Kornelia. ‘Ut dy blomkes groeie ierdbeien. Sille we ek sa’n ierdbeiplant keapje?’ ‘Ja, lekker!’ ropt Tomke.
As se thúskomme, stiet Romke by it stek te wachtsjen. ‘Nó mei ik helpe!’ ropt er. Mar Kornelia seit: ‘Ik moat earst oare putsjes dwaan. Jûn nei it iten plantsje we alles yn de tún.’ Se set de planten achter it hok en giet yn ’e hûs. ‘Sille we yn ’e sânbak boartsje?’ freget Tomke. ‘Nee,’ seit Romke boas, ‘ik wol nó yn de tún.’ Tomke is even stil. Dan ropt er: ‘Ik wit wat Romke! Wy meitsje in tún yn de sânbak.’ ‘Ja!’ ropt Romke bliid. Tomke pakt de kroade. Tegearre tille se de plantsjes deryn. Sa ride se nei de sânbak. Ien foar ien sette se de potsjes yn it sân. Dít moat Kornelia sjen. ‘Kornelia!’ roppe se. ‘Wy ha in ferrassing!’ Kornelia komt bûten. ‘Oooo!’ seit se. ‘Wat ha jim dat moai makke, in grientetún yn de sânbak!’ ‘Ja,’ laket Romke, ‘de tún is klear.’ ‘Jim binne flinke túnmannen’, seit Kornelia. ‘Mar… planten kinne net groeie yn it wite sân. Jûn sette we se mei-inoar yn de swarte ierde. En nó…, no meitsje ik yn dizze prachtige sânbaktún fan jim in moaie foto.’