Flaput januari 2017 mailen

Page 26

Vriendenkring

1860 ----------------- 2016

Desimber 2016, it ein fan it jier, mar foar ús it begjin fan in moai seizoen. Wy ha twa prachtige jûnen hân, wer’t de jeugd, jongeren én 'âldere jongeren' út ús doarpen twa moaie foarstellingen opfiert hawwe. Dizze jûnen wienen der wer in soad doarpsgenoaten om nei de talinten te sjen, mar ek pakes, beppes, omkes en tantes en freonen út de omkriten wienen fan de partij. Wy binne tige GRUTSK op ús jonge spilers en hoopje dat se kommend jier allegear wer mei dwaan sille! Wy binne ek grutsk op alle frijwilligers dy’t it mei ús mooglik meitsje om de toanieljûnen ta in sukses te bringen. De schmink en it kapwurk wurde bygelyks troch professionals dien dy’t de moaiste kreaasjes meitsje. Sy steane alle jûnen foar de spilers klear mei kwasten en hierlak en dogge dit frijwillich. Tige tank hjirfoar! Ek foar it lûd en ljocht binne der in oantal mannen dy’t altyd foar ús klear stean. It moaie hjir oan is dat de jonge generaasje de âldere generaasje oan it opfolgjen is. Wiene earst Theun en Wiebren de baas oer de knoppen, op dit stuit sitte Kevin en Hendrik meastal op dat plak! Dus net alinne yn it spyljen, mar ek efter de skermen is de jeugd oanwezich. Yn maart hoopje wy wer gebrûk meitsje te kinnen fan ús frijwilligers as we it stik “nachtwurk bij deityd”, regissearre troch Brecht Wassenaar, opfiere. Foar no wolle wy eltsenien Noflike krystdagen en in sûn en kultureel 2017 tawinskje!

Titus

26

-

Theun

-

Louis

-

Richt

-

Lieuwkje


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.