Page 1

EASTEREIN, oktober 2017

DOARPSKRANTSJE


Jong Feinte boekje 2013_Layout 1 22-07-13 10:07 Pagina C2

Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nr 9 2017

‘’Ik kin net oer gedonder, mar noch folle minder sonder’’. Trinus Riemersma, fers 73


–

mails dy’t wy krije fan ferienings.


Easterein Rocks 6 = Feest!! Sneon 4 novimber is it safier. Easterein Rocks 6! De muzikanten fan Easterein Rocks binne al drok mei it oefenjen útein setten. It tema fan dit jier is Feest! En dêr sitte genôch nûmers tusken wêrby de seal op ‘e kop kin! En lit dat no krekt de bedoeling wêze. Nije muzikanten Dit jier stean der mar leafst 27 muzikanten op it poadium! En we binne ek tige bliid dat we der wer in pear nije gesichten by ha. Dit binne dit jier ús nije Eastereiner Johannes Hazenberg (drums), Easterein Junior Rocker Nynke van der Eems (toetsen), Hedwich Kooistra (saksofoan), en de dames Marijke de Boer en Hester Kingma (beide sang) kamen op ús oprop yn de doarpskrante ôf. Easterein Rocks Junior Ek de Junioren meie dit jier net ûntbrekke en ek sy bringe in feestrepertoire foar jimme. Janneke Overal, Mette Stap, Susanna Sijbesma, Mare Kooistra, Senay Sixma, Berend Santema, Jente en Marike Dijkstra en Pieter Wijnia foarmje dit jier de junior band. Sarah en Lisa Sara Orsel en Lisa Sijbesma stiene op 3 juny yn de finale fan Sjong 2017. Sjong is in Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. Sara en Lisa sille de sels skriuwen tekst op it orizjineel: Remedy fan Adele tidens Easterein Rocks sjonge. Ynbring troch Eastereiners Wy wolle dit feestje graach tegearre mei jimme fiere. Wat makket datsto los giest op de dûnsflier? In oantal Eastereiners ha oan ús oprop gehoar jûn en ús witte litten wat foar harren it feest kompleet makket. Wa’t dat binne? Hâld ús Facebookpagina yn ‘e gaten as kom gewoan del op 4 novimber! Kaartferkeap Kaarten foar Easterein Rocks binne sawol yn de foarferkeap (€8,-) as by de doar (€10,-) te krijen. De kaartferkeap start op 21 oktober yn Noflik. Easterein Rocks 6; we meitsje der in Feest fan!


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

Toch maar even uitleggen‌

laten zien waar het ons inhoudelijk om gaat‌ En zo is er nog wel meer. U


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


‘’Easterein, dêr kin’ je net om hinne’’ Yn petear mei boargemaster Liemburg Troch Nathalie Oliveiro

Begjin septimber hiene Yvonne van Beem en ik de ear om efkes op de kofje te meien by Johanneke Liemburg. Sa’t eltsenien wit, hâldt ús gemeente oer in pear moannen op te bestean en dêrmei leit ús boargemaster ek har stokje del. Alle reden om dit bysûndere petear te hawwen. Johanneke Liemburg (1952), berne yn Terwispel, begûn yn de sjoernalistyk, by de Ljouwerter Krante. Fanwege har polityk bewustwêzen keas se der yn 1973 foar politikology te studearjen yn Amsterdam. Se slute har oan by de PvdA en yn 1976 krige se in baan by de Fryske Kultuerried. ‘’Doe bin ik echt aktyf wurden’’. Johanneke kaam yn Provinsjale Steaten, waard deputearre, foar sân jier, en yn 1994 gong se nei de Twadde Keamer, dêr siet se fjouwer jier. Doe hie se har nocht fan de polityk. Se waard oannommen by in emansipaasje buro. Fanút de partij kaam doe de fraach: ‘’De funksje boargemaster fan Littenseradiel, is dat net wat foar dy?’’ Se moast der wol efkes oer neitinke en tocht by harsels: ‘’Lit ik mar sollisitearje’’. In kar dêr’t se nea spyt fan hân hat. Yn febrewaris 2002 ferhuze Johanneke mei har gesin nei Wommels en net nei de amtswenning yn Mantgum:‘’Dan sit je tichtby it gemeentehûs en ha je dêr ek it foardiel fan, dat je bygelyks op it fytske nei it wurk kinne’’. Santjin jier boargemaster, wat wiene de hichtepunten? ‘’Der binne foar my ferskillende hichtepunten, mar jo dogge it noait allinne. Dit is in beskieden gemeente. Der binne gjin ambysjes as:we moatte enoarme nijbouplannen hawwe, of grutte yndustriële fêstigingen. De krêft fan dizze gemeente sit him yn de mienskip en it lânskip. It wie belangryk dat sa te hâlden. Doe’t ik hjir kaam, fûn ik dat Wommels der wat suterich by lei yn fergeliking mei de oare doarpen. Fanút it gemeentehús wie men miskien bang om it haadplak foar te lûken. De klompebuert, de trochgong neist Van der Velde nei de jachthaven, wie net ferhurde, it wie in soad púnpaad. En sa stie bygelyks de merke, dy’t doe by it tsiispakhûs wie, op it punt te ferdwinen. Der wiene twa tinten, fan in grienteboer en in tsiisboer. Dy lêste soe der mei ophâlde om’t er te min klanten hie. Mar der wiene plannen om de Terp op te knappen. Sa’n merke heart neffens my yn it hert fan it doarp. Der is doe mei de tsiisboer sprutsen en frege at er it jier derop miskien ferpleatse woe nei de terp. Dat is bard en doe kamen der ek oare kreammen by. No is


der eltse tiisdei in gesellige merke op de Terp. It is lyts, mar hiel gesellich. In echte moetingsplak, en minsken dogge goede saken. Derneist is der yn de gemeente sa’n soad bard: Der binne doarpshuzen boud, ferboud, fytspaden oanleind, in keunstgersfjild yn Easterein, mar dy prestaasjes binne net fan my persoanlik . Grutste prestaasje ‘’As’t no fregest, wat is de grutste prestaasje? Dan soe ik sizze dat de list mei saken dy’t der yn de gemeente barre moatte hast hielendal ôfwurke is. De amtners ha elk jier in oerlis mei de doarpen en ien kear yn de twa jier geane wy as kolleezje fan boargemaster en wethâlders nei de doarpen ta. Doe’t ik hjir kaam wie der in hiele waslist mei saken dy’t ferkeard wiene en no witte se net mear wêr’t se oer prate moatte. We wurkje no mei listen foar sawol it amtlik as bestjoerlik oerlis, en dêr komme de praktyske en gruttere saken op te stean. Troch goede ôfspraken te meitsjen, is sa stadichoan it hiele listje ôfwurke. ‘’ Djiptepunt ‘’We hawwe eins mar ien djiptepunt hân en dat is de bestjoerskrisis yn 2006. Foar my wie it djiptepunt yn 2007. It is eins in wûnder dat ik dêr trochhinne


kaam bin. De lytst mooglike mearderheid fan de ried hold neffens my totaal gjin rekken mei de minderheid en dêr ha ik doe wat fan sein. Doe rjochte alle agresje him op my, mei in moasje fan wantrouwen as gefolch. Yn de measte situaasjes treedt in boargemaster dan ôf. Ik hie de steun fan de minderheid, ek fan de amtlike organisaasje en fielde my steund troch de befolking. Doe ha ik trochsetten. Hoe ‘t ik dêr trochhinne kaam bin? Troch oare dingen te dwaan, sa as it skriuwen fan in boek. Op in bepaald stuit wienen wy hieltyd op it nijs, en doe sei myn soan : ‘’Mem moat net mear op tillevyzje’’. Minsken hearre net wat der sein wurdt, se sjogge allinnich mar rúzje. Dat adfys haw ik folge en ik ha al myn enerzjy stoarten op dat boek. Dêrtroch kaam it oare wat op de eftergrûn. Ik die gewoan myn wurk, mar op in wat oare manier, saakliker. Efterôf tink ik, dat ik dêrtroch it lykwicht holden ha, en dat we doe ek dy faze goed ôfsluten hawwe. Ik ha doe in notysje makke foar de ried en dy is akseptearre. Dernei ha ik it fertrouwen wer wûn.’’ Tichtby de minsk ‘’Wat ik belangryk fyn, is dat de ynwenners fan de gemeente, harren ferhaal kwyt kinne. Dat se nei it gemeentehús doare, dat se doare in ôfspraak te meitsjen. Ik ha altiten besocht om leechdrompelich te wêzen en ek nei amtners út te strielen: Wy binne der foar de ynwenners fan ús gemeente. Dus, wês net fuortendaliks lilk, mar ha ek ris begryp foar in oar. Ek ha ik besocht te soargjen foar in goede sfear yn de gemeenteried. Dat nettsjinsteande politike ferskillen, we dochs as minsken it gefoel krije dat we foar ien saak wurkje: de gemeente. Dat ha ik tige belangryk fûn en dat is neffens my aardich slagge. Mar dat komt ek om’t dizze mienskip sa selsredsum is. Minsken hawwe hjir op de doarpen mar in hiel lyts bytsje steun nedich en dan rint it wer.’’ Easterein, in spannend doarp ‘’Mei Easterein ha ik fan alles meimakke. It is in hiel eigengereid doarp, dat hiel goed syn eigen beantsjes dopje kin. Wat der by de Skoalleseize ûntstien is en de bestjoerskrêft dêr achter, ik fyn it geweldich. Ik fyn it in hiel moai doarp en dat kafee is natuerlik fantastysk. De stried om it keunstgersfjild, dat hawwe jimme dochs mar foar inoar krigen. Easterein, en ek it doarpsbelang, is altiten beret en wit wat it oerbringe moat. Saaklik, kinst der altiten in berop op dwaan. We hawwe de riedsleden fan Súdwest-Fryslân in rûnrit oanbean troch de fyftjin doarpen dy’t nei de gemeente SWF gean. Ien tillefoantsje nei it doarpsbelang en der stiet fuortendaliks ien klear om rûn te lieden. It is gewoan in hiel selsstannich doarp dat goed wit wat der yn de wrâld te keap is.’’


Weryndieling ‘’Mei de diskusjes oer de weryndieling waard der ek soarch útsprutsen oer it Iepenloftspul. Dat Iepenloftspul hinget hielendal net fan de gemeente ôf, dat dogge jimme sels, ha ik doe sein. ‘’Ja’’, sizze se dan, ‘’mar jo binne der wol altiten’’. En dat is it no krekt. It iennichste mei de weryndieling dêr’t ik in bytsje bang foar bin, is dat de ôfstân tusken gemeente en ynwenners grutter wurdt. Trochdat je in protte oeral komme, sprekke de minsken je ek makliker oan. Sa wie ik ôfrûne sneon by it Greidhoek’ Festival, ik banjere dêr wat troch de modder, mei learzens oan en in bierke yn ‘e hân. Dan komme minsken nei je ta en begjinne se in petear. Op sokke jûnen hearre je in hiele protte en dat makket de ôfstân ta de gemeente in stik lytser.‘’ Lit fan dy hearre Boargemaster Liemburg ropt de minsken op fan harren hearre te litten: ‘’Wês net benaud nei de gemeente te gean. Ast it gefoel hast, dit stiet wol op papier mar dit kloppet net, sykje it hegerop. At in amtner dan seit: ‘’Dit binne myn regels’’, wit dan dat regels feroare wurde kinne. Gean dan nei in riedslid of in wethâlder.’’ Liemburg hopet dat doarpen de moed hawwe. Neffens har is it by de oerheid net altiten ûnwil, mar soms ek ûnmacht. En seit se: ‘’Mei syn allen binne de doarpen sterk. Der binne in protte ferskillende doarpen, mar de problematyk is itselde: Hoe hâlde we de eigenheid yn dizze moderne tiid? Fan je hearre litte is by in grutte gemeente wat yngewikkelder, mar it prinsipe is itselde. De minsken binne hjir tige belutsen en kinne harren wurdsje goed dwaan. Se krije saken foar inoar om’t se kânsen sjogge. En de wil, ek by de bestjoeren, is der wol, mar it giet net fansels. It bliuwt minskewurk. Nei 31 desimber dit jier sil Johanneke Liemburg der mei ophâlde. En dan? ‘’Ik wol earst it hûs goed opromje. Dernei hoopje ik dat ik mysels noch wat nuttich meitsje kin en dat ik de ûnderfining dy’t ik ha, noch brûke kin.’’ Tapaslike wurden om ús boargemaster te omskriuwen kin ik wol fine. Wy hawwe harren kennen leard as in teamplayer, trochsetter, direkt, minsken by inoar bringe en: ien fan ús. Mar, Trinus Riemersma, favoryt by Liemburg, kin it wis folle better mei syn fers 73: ‘’Ik kin net oer gedonder, mar noch folle minder sonder’’. Boargemaster Johanneke Liemburg, út namme fan Easterein, alfêst tige by tige foar al jo ynset!


Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

U kunt ook online reserveren.

Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Berend Santema yn de rol fan stamgast Geert by Elk Sinus (troch Anneke en Elisabeth)

Tjerkje fan de Klieuw, wa kin har net? Bist der sels nea west, dan kinst Tjerkje en har “kafee” fêst wol fan de ferhalen fan oaren. Hjir is in muzykteater  stik oer makke. Fier foar dat de foarstellingen los giene, wiene se alle 15 al útferkocht. Hoe kin dat dochs? Wol in bekent ferhaal mar in reedlik ûnbekende produksje. Miskyn wit Berend Santema it antwurd, spiler yn it stik Elk Sines. Hoe kin it dat dit theaterstik sa snel útferkocht is, noch foar dat it hiel barren los moast gean Werskynlik  komt dat omdat it in  ienmalige  produksje is tinkt Berend. Tjerkje is  rûnom  bekend  en einliks noch folle grutter dan as immen tinke kint hie. Elts die nei it stik komt hat op de Klieuw west as kin it fan ferhalen, en die ferhalen hâlde sa’n personaazje yn stân. En dat hat dochs wol in grutte impact hân. Audysje…. Folkert Sybrandij hat it ferhaal op papier setten en hjir is in produksje fan makke, der wiene audysjes foar en toen tocht Berend “ hjir wol ik oan mei dwaan”! Dat tocht Berend dus net….. Hy hie it wol  lêzen  yn de krante, hie ek altyd noch wolris nocht yn wat in gruttere produksje, hie de tiid ek wol en tocht ek  noch, “dit stik soe it dan wol  wêze  moatte”. Mar dochs hat hy it fleane litten mei it idee dat se fêst net op in amateur spiler, sa as hy himsels sjocht, sieten te wachtsjen. Boppedat nimt it ek noch in hiel soad tiid yn beslach. It moast mar net wêze ûndanks dat Jetske wol fûn dat hy it probearje moast. Oant Berend nei in  skofke  in mail fan Hinke Kuiper kryt, sy sit yn de produksje fan Elk Sines, se wiene noch op syk nei in pear mannen, as dit net wat foar Berend wie? No ja, dat wie krekt it triuwke wat hy nedich hie , it moast dochs mar wêze! It audysje dwaan wie wol ferrekte leuk, se moasten mei in groepke mannen ferskate persoanen del setten. Nei wike as wat waard Berend belle, it wie net in grutte rol mar hy hie dochs wol dat wat se sochten foar it stik.


Sa kaam Berend oan syn rol as stamgast Geert. In drokke tiid fan repetysje folgt. Spylje en sjonge, eltse wike wol in pear kear. Wy wiene wol benijd as Berend wol wist dat hy sjonge koe? Hy net, mar Jetske wol! En it is  noch  leuk  ek! Berend sjongt no ek folle better as trije moanne werom ;-) Der wurd wol in soad fan je frege, mar dat is wer as je foar kieze en je krije der ek in protte foar werom. Hiele dagen fan repetysjes. De fakânsje nei Dútslân koe fan’t simmer net annulearre wurde, mar oars paste dat eins net. Op it

stuit fan dit skriuwen binne de helte fan de foarstellingen west en Berend is oer enthousiast! It is sa geweldich om mei te dwaan. De ferwachting leit ek best wol heech en dat jout ek wol in kik. Foar eltse repetysje dogge se bepaalde oefeningen om wat in oppepper te krijen, sa as ynsjonge, lichemsbeweging en dan gean se los. 15 foarstellingen mei  eltse  foarstelling 235 minsken. De  ploeg  wer Berend mei  spylet  is geweldich en it  publyk  is net minder  leuk.  Elts  hat syn reden om nei Elk Sines te gean. Berend hat eartiids sels ek wol op de Klieuw west en Tjerkje wie dochs wol in frou mei in sterke persoanlikheid en dat komt yn it stik hiel goed nei foaren. No wurd de rol ek sublym del set troch Klaasje Postma. Berend hat foarhinne troch de wike wol gauris op de Klieuw west, dan wie


it net erg drok en sieten se wat te klaverjassen. In brún kafee wie it net, in hynder koe der gjin kwea yn dwaan, aldus Berend. It makket ús fansels tige  nijsgjirrich  hoe it wie op de Klieuw, mar foaral ek Tjerkje. Ien fan dizze twa reporters hat al nei it stik west en is helemaal meinommen yn Tjerkje har libben, tige tige bysûnder! Leit der no in nije karriêre op de loer, smakket dit nei mear?? Sa mâl hoeft it net seit Berend, hjir oan mei dwaan hat sa wêze moatten. Wy binne it der oer iens dat dit muzykteater in “gouden“ set west is wêr de besikers en  spilers  noch  lang  oer nei  prate kinne. En foar Berend is it in foarrjocht dat hy oan in stik mei spylje mei wat yn it ferline sa ticht by him ôfspile hat!

Geen kapotte of verwassen items, onderkleding, panty’s etc.

landrover landrover en en 4 x4 specialist 4 x4 specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


twangneuroot dy’t mient dat elk tsjin har is en in bistedokter. Klinkt it jo

wêr’t se yn 2010 begûn mei

t, makket neffens har net sa folle út. “De pasjinten yn ‘Lamelos’ binne wol hiel apart hear. It is net bepaald in dokumintêre.”


Nijs fan de oranjeferiening Oranje en Heitelân It jierlikse ledejild fan Oranje en Heitelân fan €1,15 O geane we wer yn oktober ra nje ân ôfskriuwen at jo ús in machtiging derfoar jûn e n H e it el hawwe. De doarpsfeesten binne folgjend jier op tongersdei 21 juny en freed 22 juny. Dizze dagen fan de doarpsfeesten kinne jim alfêst yn jim aginda sette... Groetnis, Oranjeferiening Oranje & Heitelân Boudewijn, Abe Jan, Jelte, Ruurd, Klaas, Christian, Hieke, Vera en Tineke

PASSAGE avond woensdag 25 okt. 2017 om 19.45 in de Skoalleseize te Easterein. Vanavond komt Ds. H.T.Wagenaar uit Jorwerd. Hij geeft een lezing in het Frysk over zijn boek,”Op ús eigen wize”.   Dit boek gaat over taal en cultuur, zeven verhalen uit het bijbelboek Handelingen.   Iedereen die hier meer over wil horen is van Harte Welkom.   Het Bestuur.


verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl

D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie er ervaren muzikanten en speelt vanaf deluieedsrsttechniek. lfs licht- en ge fessionele en ze ms, zang, bas of ze Je krijgt les van pro yboard, gitaar, dru ke , no Pia . en ler lt graag wi

! n i e r e t s a E n i s e Nu ookerritgHiintgast avoorrlmeer informatie, nl Bel of mail G ekschoolfriesland. zi u m t@ ri er g / 8 7 06 184 21 5

riesland.nl lf o o h c s k e zi u .m www


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra De measte bern dy ’t yn Easterein yn de earste klasse (no groep 3) op de legere skoalle kamen hiene al op de beukerskoalle sitten. Al fier foar de oarloch wie der yn it ‘fjirde lokaal’ fan de legere skoalle in bewarskoalle. Dêr siet ús heit likernôch 1920 al op. Yn myn tiid, doe ’t ik tusken 1947 en 1949 by juffer Anneke van der Meer yn de klasse siet, gongen de beukers twa jier op de beukerskoalle tsjinoer de legere skoalle, it gebou dat no It Kniplokaeltsje is. Dit gebou hat in rike histoarje. It gebou De doar der ’t ik as jonkje troch gong en de doar fan no soene deselde noch wol ris wêze kinne. Troch de doar kamen je yn in romte mei in stiennen flier. Oan de sydkant sieten de heakken foar de jassen en stiene de klompebakken, want alle bern kamen noch op klompen op skoalle. It ‘rûkte’ altyd wat yn dit haltsje, want it pishoekje foar de jonges wie hjir, mar ek it húske mei in tontsje, en it tontsje út húske fan de buorlju waard fia dit haltsje ferfongen. Dat lêste wie noch in oerbliuwsel fan ‘âlde’ tiden doe ‘t it hûs fan de buorlju noch it skoalhûs wie. It skoalhaad koe binnentroch yn de skoalle komme. Yn de hal wie in houten trep nei boppen. Dêr mochten wy as pjutten net opkomme, mar doe ’t ik wat âlder wie, ha ik wolris stout west. Ik kaam doe op in souder, mei in sliepromte mei bedstee. Der stie noch in âlde grutte tromme fan Wilhelmina! In bytsje gebouwenskiednis It gebou hie net allinne skoalle west mar en in wenhûs mei in winkel. Mar yn it begjin fan de 19e ieu wie it wol as iepenbiere skoalle setten. Yn 1884 waard der oan de Hidaarderdyk (no Wynserdyk) in nije iepenbiere skoalle iepene en stie it gebou der dochs mar. It waard brûkt as fergaderromte, Yn it wenhûs mocht it skoalhaad fan ‘e iepenbiere skoalle master Baars, de tsjerkeoargelist en ûndertusken mei pensjoen, wenje bliuwe. Oan de Hidaarderdyk stie ommers in nij skoalhûs foar de skoalle. De âlde iepenbiere skoalle waard yn 1892 ferboud ta lapkewinkel en wenromte foar Willem Kamminga. Doe ’t de soan fan Willem Kamminga yn 1928 nei Huzum ferhuze kaam dit moai út. It fjirde lokaal fan de School met den Bijbel, moast troch de legere skoalle sels brûkt wurde, want fanwege it grutte tal learlingen waard der in fjirde learkrêft beneamd. Wat wie der no handiger om it gebou op ‘e nij as skoalle yn te rjochtsjen. Sa barde it dat de bewarskoalle fan út it fjirde lokaal der yn 1929 ynkaam en der


Boekje 2013_Layout 1 19-04-13 12:58 Pagina 50


as beukerskoalle oant 1964 yn sitten hat. It lokaal Sa as it lokaal der nei de ferbouwing yn 1928 útseach sil it der sûnder mis yn 1947 noch útsjoen ha. Foar it gebou stiene doe ek al de linebeammen, mei as gefolch dat it der nochal skimerich wie. Lampeljocht wie djoer; de fjouwer elektryske lampen dy ’t mei in snoer oan de souder hongen brânden allinne mar op as net oars mear koe. Yn dit lokaal stiene trije rigen fan fiif houten banken en dêr sieten de bern yn. Tritich bern yn de klasse (en soms mear) wie net ûngewoan. Yn de muorre oan de kant fan Ús Gebou sieten noch gjin ruten; dêr stiene twa mânske kasten mei al it boartersguod en alles wat der mar noadich wie foar it ûnderwiis. Winterdeis brânde der in grutte kachel yn it lokaal. De brânje wie opslein yn in kelder ûnder de flier, mei in lûk yn it lokaal. Dit wit ik sa goed om ’t ik dêr, as dochs wol in hiele krasse pedagogyske maatregel, in kear yn opsletten waard. Je moasten oanpakt wurde as je dwers wiene! It ûnderwiis Doe ’t ik op de bewarskoalle kaam wie it al folle mear in beukerskoalle mei in learplan wurden. Natuerlik waard der moarns earst in stichtlik ferske songen en bidden. Bibelferhalen waarden der neffens my net alle dagen ferteld. Miskien wie de skoalle dêrom ek akseptabel foar de minsken dy ’t harren bern letter nei de iepenbiere skoalle yn Itens stjoerden. De ein fan de wike waard lykwols altyd ôfsluten mei it lied ‘No ’t wy nei hûs gean ….’ en in godstsjinstige lading hie. De tekst kin ik net mear; de melody ha ik noch altyd yn de holle. Nei it begjin moarns waard der mei blokjes boarte, waard der plakt (sa ha ik noch in plaat thús oer de ynhuldiging fan keninginne Juliana wêrop mei gluton as lym allegearre kleurde rûntsjes plakt binne), waarden der matsjes knipt, waard der tekene en waard der songen. Kleutergymnastyk kaam doe net yn it wurdboek foar. Yn in lokaal mei trije rigel fan fiif banken en sa ‘n 30 beukers wie sok ek net mooglik. Healwei de moarn wie der ‘speelkwartier’ en dan mochten wy der efkes út. Ik fleach dan it paadsje foar de legere skoalle lâns en it brechje oer nei hûs, foar in stikje koeke, want dêr koene je yn dy tiid net sûnder. Sânbak It brechje oer de feart by it ‘t Heechhiem 7 wie der yn de oarloch kommen. De Dútskers fûnen dat bûten wêzen en gymnastyk in ûnderdiel fan it learplan wêze moast. Dêrom waard der foar de beukerskoalle in sânbak oanlein, mar


net deunby de skoalle. Op dêr te kommen moasten je lâns it paadsje dat foar de ruten fan de legere skoalle lâns rûn, oer it krekt neamde brechje, dan linksôf en oer in tegelpaadsje lâns de feart nei de sânbak yn de hoeke lâns de feart oan de sydkant fan no Skilplein 22. Yn it begjin fan de fyftiger jierren is dizze sânbak op ‘e nij oanlein, mei der in romte by (fan asbest!) der ’t ek by reinich waar ûnderdak boarte wurde koe. Spitigernôch wie de drainaazje net al te bêst en fûnen de doarpskatten dit wol in hiele moaie kattebak. In ôfrastering holp net genôch, mar wie foar de jeugd fan dy tiid wol noflik dy ’t it pleintsje foar dizze sânbak brûkten om te fuotbaljen. Der is no neat mear fan werom te finen, mar op Schoolbank.nl stiet noch in foto.

Bibliotheeknieuws Ferdivedaasje op freed: vrijdag 6 oktober de uitreiking van twee boekversies door dhr Jelle Miedema van de update van ‘Prekadastraal Wommels’. We beginnen om 16.00 uur. De toegang is gratis. De volgende Ferdivedaasje op freed is op 3 november. Digi-Taalhuis is weer open. Iedere woensdagmiddag zitten onze geschoolde taalvrijwilligers klaar om u te helpen met de Nederlandse taal. Weet u iemand die wel wat hulp kan gebruiken? Geef door dat ze bij ons terecht kunnen van 14.00 – 16.30 uur. Kinderboekenweek 2017 Kom langs tijdens ons openingsfeest op 4 oktober in de MonsterBiebSalon met o.a. Spin of Spook en Schminken. Woensdag 11 oktober komt de Spookbus langs. Van 14.00 – 14.30 uur kun je een kijkje nemen in deze spannende bus. Coderdojo (programmeren voor jeugd) is er weer op vrijdag 27 oktober. Aanmelden tegen die tijd via onze website. Maandag 2 oktober opent wethouder Marja Reijndorp het tabletcafé. Hier ben je iedere eerste en laatste maandag van de maand welkom. Tussen 14.00 – 15.00 uur zijn er vrijwilligers aanwezig om je te helpen met vragen over tablet, smartphone of computer.


Freed 13 oktober 2017! Jongerein: 18.30-20.00: Groep 1 t/m 5 20.30-24.00: Fanôf groep 6 TAGONG FERGEES MAAR…. KOM FERKLAAID AS DE LETTER

t

of

j

MEI… ORIZJINALITEITSPRIIS!

Sneon 14 oktober 2017!

13, 14 en 15 oktober

jubileum de tsjerne! easterein

DUO: IT TAKES TWO!! Oanfang: 21.00 TAGONG FERGEES

Snein 15 oktober 2017! SHANTYKOOR STERK SPUL! 16.00-18.00 TAGONG FERGEES


Wist u dat….. …’

’ het hoog tijd


…’

… de a ti e at o te eu e …

W


INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG DE JONG Voor meer wooncomfort van kelder tot dak

DE JONG

Voor meer wooncomfort

Fabrykswei 7 Easterein

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512 Uw totaal installateur www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrÄłf.nl


Wy sille jimme net ferklappe wat ús opsje A,B,C en D wiene, sa kin wy oar jier swierder ark meinimme yn’e bus. De middei mei de jeugd De jeugd! Wat hawwe wy ús der mei op de plaat setten! De hele middei takken en hout slepe en nei ôfrin in ‘jeugd fjoerwurksjo’!! Dit wie leuk jongens en famkes!! Oar jier dogge we de sjo in oerke letter sadat it donker is en komme we mei in potsje mear…miskien wol 2!!

Sjoch ek ris op www.easterein.nl

De Tsjerne Nei de fjoerwurksjo wie it beregesellich yn de Tsjerne wer elk in pilske drinke koe mei syn allen op it nije jier. By dizze winskje wy jimme in sûn en lokkich nijjier!! Groetnis De Aldjiersploech

kapsalon kapsalon

Kniplokaeltsje ’t’t Kniplokaeltsje

Skilplein11 Skilplein 8734GW GW Easterein Easterein 8734 Tel.:0515 0515- -33 3323 2320 20 Tel.:

Oant sjen! sjen! Oant

Op freed freed fan fan Op 18.00 -- 20.00 20.00 oere oere 18.00 sûnder ôfspraak! ôfspraak! sûnder

visite-afspr.kaartje.indd 11 visite-afspr.kaartje.indd

Skilplein 11 Skilplein 8734 GW GW Easterein Easterein 8734 (0515) 33 33 23 23 20 20 TT (0515)

05-12-2013 11:04:34 11:04:34 05-12-2013

Oant sjen! sjen! Oant


Hoe is it no mei - Robbert Gorter (Yn gearwurking mei Bauke de Boer)

Voor dat ik deze rubriek ontving heb ik mij de vraag gesteld, hoe ik de vragen beantwoord, en of ik ze beantwoord. In beide gevallen heb ik dat gedaan. En met dit in het achterhoofd, is het niet de bedoeling om personen die ik noem in een kwaad daglicht te stellen, te kwetsen, of op een andere manier een soort van gram wil halen. Alles is geschreven op basis van mijn ervaringen/ belevingen in de hoedanigheid van de vraagstelling. Efkes foarstelle wa jo / jimme binne en wer’t jo/jimme no wenje. Naam: Robbert Gorter Geboren: 22-06-1981 Geboorteplaats: Bogota, Colombia Woonplaats: Sneek Vader van: Sara Jolie (8), Roan Flynn (6), en Matz Viggo (5) Gorter. Geen relatie, maar wel FWB (Friends With Benefits). En dat kan ik een hele hoop mensen aanraden. Dat scheelt een tros smoesjes, en een dozijn aan gedoe. Gelukkig in cijfer: 8! 2 jaar geleden zou ik niet eens een 4 hebben gehaald, en dat kan Tsjeard Dijkstra beamen hoe ik mij toen voelde. Yn wat fan perioade ha jo/jimme yn Easterein wenne en wer. In 1981 ben ik naar Easterein gekomen, vanuit Colombia. Als laatste van 4 kinderen, ben ik in 1999 verhuisd naar mijn huidige woonplaats. De rest was “allang” uitgevlogen. Hoe wie de berne tiid doe yn it doarp en op skoalle. Ik durf wel te stellen dat ik met een fantastische generatie ben opgegroeid. We hadden van alles wat. Kwajongens, kaats- en voetbaltalent, muzikaal onderlegt, slim/verstand. Een mooie mengelmoes. En natuurlijk was er weleens onmin, en haalden we dingen uit die eigenlijk niet door de spreekwoordelijke beugel konden, maar dat was overal. Maar de tijd was anders, dan nu. Wij voetbalden, lagen onder heggen, zaten achter bomen, en tot vervelends aan toe schoten we witte bessen op ieders ruit, of naar binnen, en we trokken de weilanden in met een polsstok. School vond ik vooral een paradijs om vooral niet op te letten, en heel veel


te spelen/genieten van mijn vrije tijd. Maar ik heb nooit het idee gehad dat de leerkrachten dat als hinder hebben gezien, omdat ik een vrolijke dromer was. Ik weet nog dat de muzikale uurtjes bij dhr. P.H. Hingst, de beste waren. Ik had volgens hem, en overige volwassen van het koor, een prachtige stem. En daarom heb ik menig hoofdrolletje gehad in musicals. De muzikale uitschieter voor mij was toch wel dat ene kerstfeest, waar ik het lied: “Oerol op’e grutte wrâld” zong in een bomvolle kerk, daarna volgt vlak erachter de uitvoering in Zwolle waar we vanuit school “één zwaluw maakt zomer” zongen, met Gerda Havertong als spreekster. Wij waren met een clubje van 4 kinderen, en daar was in ieder geval Wiebe Santema bij (de rest is mij ontschoten), en Phillips Hingst reed ons. Na de tijd zijn we patat of iets dergelijks gaan eten, en stuiten we in een v/d/ Valk Hotel op de selectie van de huidige landskampioen, waar ik een dergelijk lied zachtjes inzette, waarvan onze chauffeur het niet echt een goed idee vond omdat door te zetten, al dan niet hardop te zingen. Achteraf, heb ik spijt als haren op mijn hoofd, om mijn zang, muziek, en cabaret, -lessen/”ervaring” af te kappen. Want ik had op een gegeven moment echt wel door dat ik aardig kon zingen, en ook wel teksten vlot oppakte, zonder mij heel hard op de borst te kloppen. Bij dhr. J. Strikwerda was ik vooral geboeid tijdens één van zijn prachtige verhalen, hoe hij met zijn krijtje om pielde, elke keer dat hij zijn keel schraapte om de ernst te laten overkomen van het verhaal, en wanneer het een open einde was, dat ie dan heel ver zijn wenkbrauwen optrok. Bij dhr. A. v Asselt had ik altijd het idee dat de stempel van zelfbenoemde schoolhoofd hem parten speelde, al vond ik het wel een wijze man. Hij was tenslotte ook mijn meester, maar net wat te vaak boos op de verkeerde momenten. Waar


Strikwerda het charisma had/heeft van een echt schoolhoofd en het vaker het non-verbaal afkon, dat miste ik bij v Asselt. De leerkrachten, mevr. Lolkema, Duipmans, Bruinsma, en juf Gryt waren allen gelukkig met mij in de klas, al zeg ik het zelf. Ik weet mij van Bruinsma nog te herinneren dat zij een schaar gebruikte met het ritme van een specht, al tikkend op haar bureau, om de orde weer terug te krijgen in de les. Juf Gryt, kon hele grote ogen opzetten, je bij je arm nemen, en dat wist je dat je op scherp stond. Lolkema kon je eigen niet kwaad krijgen, maar wanneer dat dan wel het geval was, liep ze rood aan. En Duipmans ervoer ik als een zachte vrouw die het beste in je naar boven probeerde te halen. En wist je het toch te verzieken dan kreeg je wel een reprimande maar dat was nooit een uitbundige waar je dagenlang wakker van lag. En als ik dan toch wat vervelends moet noemen, dan is dat over een leerkracht (invalkracht) waar ik de naam niet meer van weet (volgens mij Jantje Postma ofzo). Ik ben ik een keer door haar overstuur naar huis gerend omdat ze echt iets naars had gezegd. Tegenwoordig valt dat onder de noemer, etnische minderheid. Het schoolplein was opgedeeld, en iedereen wist zijn “plek�. Kon je een aardig balletje slaan dan was in ieder geval het middelste perk van jou. Wilde je gewoon wat om dartelen, dan kon dat aan de rand, of achter het fietsenhok. Binne der ek noch kontakten mei minsken doe en no . Ja,ik heb met een aantal mensen contact in Easterein. En die lijst wordt met afstand aangevoerd door Harm Auke Dijkstra. We spreken elkaar (terwijl ik dit schrijf en ff mijn app open, kom ik tot de ontdekking dat ik hem sinds wk 34 niet meer heb gesproken. Hahahahaha) geregeld via de app, en in de zomerdagen wil hij nog weleens op zijn racefietsje aanwaaien. En in de aanloop naar het dorpsfeest is er over de app voorpret. Ha jo/jimme goede herinneringen oan Easterein. Ik heb absoluut goede herinneringen aan Easterein, al vind ik wel dat de tijd ook zijn doorslag heeft gehad. Er gebeurt nu te veel onder de radar. En vroeger was er een betere socialere controle. Maar dit is mijn mening, vanaf een gezonde afstand, en van wat ik hoor, wanneer ik niet bij Hampie/Harm ben. Binne jo/jimme ek aktief west bij in feriening yn it doarp. De zin actief kun je omschrijven als: Ik voetbalde bij SDS, zat op het korps, en heb een periode bij het toneel gespeeld, omdat er een revue op poten


werd gezet. Iets met een kaatsjubileum, in de tent tijdens de dorpsfeesten, dacht ik mij te herinneren. Wat dogge jo/jimme yn it deistich libben en wat binne de hobby’s. In het dagelijkse leven ben ik opperman bij Nota Infra, te Sneek. En ik ervaar de beste tijd van mijn leven op arbeidsgebied. Het is zwaar werken, en ik maak ook lange dagen, maar dat is het meer dan waard. Iedereen weet dat ik al best wat werkgevers heb gehad, en bedrijven heb gezien. Ik moet wel echt zeggen dat ik geen top job heb, maar ik ben iedere dag buiten, en kom op plekken waar de natuur onwaarschijnlijk mooi is, en de meeste mensen het bestaan niet van weten. Nu ik in deze wereld zit, merk ik wel dat er nog steeds een bepaalde “gedragscode” aan de branche kleeft. Zo kwam er een vrouw langs rond het middaguur tijdens een van de warmere dagen, met de vraag of wij ook trek hadden in bier. Toen dacht ik echt: Onder welke steen kom jij vandaan! Folgje jo/jimme Easterein ek fia: www.easterein.nl Ik volg Easterein op afstand dus ben ik gebonden aan onder andere aan de website.

Hier had uw advertentie kunnen staan informeer naar de mogelijkheden bij de redactie


Boekje 2013_Layout 1 19-04-13 12:58 Pagina 15

Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Nijs fan de Sinteklaaskommisje Witte jimme it noch, it Sinteklaasfeest fan foarich jier? De discoboat fan Sinteklaas en it draai-oargel op de Skippersbuorren? En dat de swarte piten harren skuon kwyt wienen en op klompen rûnen? En dat we ûnderweis skuondoazen tsjin kamen mei mar 1 skoech? En dat de oare skuon yn in soppanne yn de keuken fan Noflik stie? En dat it korps sa fals spiele? Ûntank al dizze tsjinslaggen waard it in feest yn Noflik!! Hindrik en Kim, nochris tige tank! En in feest wurdt it dit jier wer!! We meie Sinteklaas op 25 novimber wer ûntfange. Hoe en wat witte we noch net. Hjiroer letter mear. Mar om alfêst yn de stimming te kommen: Yn de wike fan 16-20 oktober komme we by de doarren del om spekulaasbrokken te ferkeapjen. Dus set it op de kalinder: 16-20 oktober ferkeap spekulaasbrokken 25 novimber yntocht Sinteklaas Groet, Annemieke, Cisca, Lysbet, Hieke en Karin


De Pinne – Teake en Houkje de Boer Hoi allegear, Wy binne Teake en Houkje de Boer. En teagearre mei ús soan Jurre binne wy sûnt maart nije bewenners yn Easterein. Wy wenje op’e Van Eysingaleane, wat ús tige goed befalt. Teake is opgroeid yn Waaksens en Houkje yn Lollum. Tegearre ha wy earst ’n oantal jier yn Nijlân wenne. Teake is ûnôfhinklik túnman en hat tegearre mei syn broer Jildert út Wommels ’n bedriuw: Túnman Teake. Dêrneist docht Teake oan reedriden bij STB (Boalsert) en simmers mei hy graach skeelerje. Wy hâlde fan gesellichheid, en meie graach by famylje en freonen wêze. Houkje is ferpleechkundige en wurket as praktykûndersteuner yn’e dokterspraktyk yn Wytmarsum. Sporte mei ek Houkje graach dwaan, bootcampe fynt se op dit stuit it moaist! Dit docht se mei ’n groepke op it strân yn Makkum. Oant sjen yn Easterein! Groetnis, Teake, Houkje en Jurre. (foto maaie 2016)


(fan “

”)


ER_A3_Opmaak 1 26-09-17 17:18 Pagina 1

Sneon 4 novimber 2017

! T S E E F = 6 a: Yn it foarprogramm

Easterein Rocks

Junior

Noflik Easterein Seal iepen 20.30 oere

Tagong € 10 | Foarferkeap € 8

Easterein Rocks


Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl,

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


Kleurplaat


Vuur

Als het startschot klinkt, duiken we in het diepe. We bijten ons vast in het doel. Water kan ons vuur niet blussen, want wij lopen letterlijk het vuur uit de sloffen om aan uw wensen te voldoen, omdat we vakidioten zijn. We houden van ons werk en laten het vuur in ons branden om van het vonkje een vlam te maken: van idee tot tastbaar product. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje oktober 2017  

Doarpskrantsje Easterein oktober 2017

Doarpskrantsje oktober 2017  

Doarpskrantsje Easterein oktober 2017

Advertisement