Page 1

EASTEREIN, Novimber 2014

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon novimber 2014 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant: Willy Sybesma Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter

@easterein_frl Facebook

Fraach&oanbod&sa

Advertinsje Wolle jo advertearje nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl u.f.m. advertinsje.

Printwurk Drukkerij Van der Eems

Twee wolven Bij het vuur voor zijn Tipi zit een oude Cherokee indiaan met zijn kleinzoon op schoot. Elke dag leert hij zijn klein zoon lessen over het leven. Zo ook vandaag. "Binnen in me is een gevecht gaande", zegt hij tegen de jongen. "Het is een afschuwelijk gevecht tussen twee wolven. De ene wolf is slecht - hij bestaat uit woede, jaloezie, hebzucht, verwaandheid, schuld, wrok, leugens, valse trots en superioriteit. De andere wolf is goed - hij is blijdschap, vrede, liefde, hoop, kalmte, vriendelijkheid en vrijgevigheid. Binnen in jou is dezelfde strijd aan de gang en datzelfde geldt voor ieder mens." De jongen denkt daar even over na en vraagt dan aan zijn grootvader: "Welke wolf zal het gevecht winnen?" De oude man glimlacht en antwoordt: "Degene die je voedt."

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar: woansdei 3 desimber


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Aginda 15 nov. jier 12 dec. 13 dec.

Halloween Spooktocht!

Groep 7&8 o/m ûngefear 24

19:00 – 01.00 Bernedisko Hardstyle party

groep 1 o/m 6 1ste klas o/m ûngefear 17 jier

Fakatuere Mei yngong fan it nije Tsjerne seizoen (septimber 2015) binne wy opsyk nei ‘n entûsjast nij bestjoerslid hokker it sekretariaat op sich nimme wol. De funksje beslacht de folgjende taken: - It ferwurkjen fan ynkommen post/e-mails en eft. tillefoan; - It ûnderhâlden fan it kontakt mei ús frijwilligers en it meitsjen fan in barroaster; - it ûnderhâlden fan kontakt mei de skjinmakster; - It byhâlden fan de folsleine planning (Tsjerne, klubs, darters/biljarters); - it skriuwen fan nijsberjochten foar lokale media (u.o. doarpskrante, webside). Neist boppeneamde taken bist fjirder ûnderdiel fan it bestjoer en draaist in pear kear yn it seizoen bartsjinsten. Foar mear ynformaasje en reaksjes kinne jim e-maile nei: info@detsjerne.nl Groetnis fan it bestjoer, Gerrit, Marten, Jorine, Jelmer, Ieda, Sjouke en Jetske


Tralies Verhalen van een gevangenisbewaarder – Freddy Scheltema Troch Amarins de Haan

It is sneintemiddei 12 oktober. Mei ús matenploech sille we nei de earder finzenis De Blokhuispoort yn Ljouwert. Freddy Scheltema presintearret hjoed – hiel yn stiel – syn tredde boek ‘Tralies’. Der binne mar leafst rom 100 belangstellenden. Freonen en kunde, kollega’s en fansels famylje. Mar hjir en dêr ek in frjemd kopke. Eltsenien is benijd nei dit boek, nei de ferhalen oer it finzenislibben en dat we dan ek noch op it plak stean wêr alles plak fûn hat, makket it dûbel bysûnder. It is tiidsdei 4 novimber. Ik bin ûnderweis nei Freddy foar in ynterview oer syn boek. Eins in bytsje núver. Want Fred is in maat fan my en ik wit best in protte fan him en syn boek. Hoe faak hawwe net yn it kafee oan ‘e rûne tafel sitten en we de ferhalen oer dit boek oanheart. We binne in goeie moanne fjirder nei dat it boek útkaam is. Eins haw ik miskien noch wol gelok dat hy tiid foar my hat. De oanfragen foar ynterviews streame binnen. Sa stie der al op de foarkant fan Op ‘e Skille, binne der al opnames foar in ynterview west mei GPTV, moat hy ‘it lân yn’ foar presintaasjes en is der belle troch de Panorama. Ja minsken, it blêd oer auto’s en frouwen! En no dus ek Freddy Scheltema... Wurdst al wat ferwaand Fred? (Fred laket) Nee hear, mar ik bin wol hiel grutsk dat der sa’n oandacht foar is. Ik bin sels al grutsk op it resultaat en dat it dan sa ûntfongen wurdt. Ik doar no ek te sizzen; dit is in goed boek. Der sit humor en faart yn, mar it


giet ek wolris oer de skreef. Ik bin ek in hiel tiid ûnseker west. Dan siet ik mar wer by de útjouwer. Sa ûnwis as dit wol goed wie en as we it wol útjaan moasten. Wêrom woedest dit boek graach skriuwe? Dat hat yn earste ynstânsje te krijen mei it slúten fan De Blokhuispoort. Ik haw hjir 21 jier wurke. Ik woe de ferhalen dy’t ik dêr belibbe ha, foar mysels opskriuwe. En doe ik dwaande wie tocht ik, it moat in kompleet ferhaal wurde; it moat ek gean oer hoe ik 32 jier lyn by fersin yn dit wurk fersylt rekke bin. It boek bestiet út allegearre losse ferhalen, mar dat is wol de reade tried troch it boek. En dêrby komt dat der sa’n protte boeken oer misdaad binne. Mar dat giet altyd oer de daad sels en de rjochtsaak dy’t dêr op folget. Mar as dit dien is, dan giet it fjirder. Foar de beoardielde stoppet it net en dat woe ik ek sjen litte. Hoe wy frijheidsstraffen humaan yn útfiering bringe. Dyn leafde foar dyn wurk sjoch ik yn it boek werom Mei boeven omgean is myn passy. Eltse dei tink ik, we meitsje der wat fan. Us taak is dochs eins wol te soargen dat dizze minsken net wer werom falle. Dat se hjirnei in bestean opbouwe kinne. It liket yn de finzenis in ferlerne tiid, mar kinst ek probearje der wat fan te meitsjen. De boeven moatte sitte, mar it is myn wurk. En dêr wol ik ek wille yn hawwe. Ik wurkje no wer yn Feanhúzen en der ha ik in bajesband opsetten of we sporte mei elkoar. Mar se gean ek gewoan nei de arbeid as skoalle. Bist no nea bang? Wat is bang? Soms wolris benaud. As der samar in eksploazje fan geweld is en je dêr tusken stean. As doe dy kear dat ik ien fertelle moast, dat de rjochter in útspraak fan 20 jier dien hie. Dan wist nea hoe as ien reagere sil. En de nachtstilte. Dan rinst troch sa’n tsjustere bajes. Mar oer it algemien net. Ik sprek de taal fan de boeven, ik jou fertrouwen en in soad romte. Mar ik stel ek regels. Hast alle ferhalen sels meimakke? No moat ik wol hiel earlik wêze. Der is ien ferhaal wêr ik sels net by wie. Mar dat wie sa’n moai ferhaal, dat net yn it boek ûntbrekke mocht. Ik haw myn kollega frege as ik it brûke mocht en dat wie gelokkich gjin probleam. Dochs wie ik ek wol wat senuweftich foar de reaksjes fan kollega’s. Alle ferhalen binne echt bard, mar ik haw der wol myn ferhaal fan makke. Dat betsjut dat hjir en dêr de feiten wat oars binne en nammen binne fansels ek feroare. Mar de reaksjes fan myn kollega’s binne oerweldichjend!


Wat stiet der no op dyn c.v., skriuwer? Nee hear! Penitiair ynrjochtingswurker. In skriuwer binne jo pas as je der fan libje kinne. Ik fyn skriuwen leuk. Ik skrea myn earste boek doe ik 12 jier wie. Kameleonachtich boekje. Ik woe altyd sportsjoernalist wurde. Dêrom fûn ik skriuwe foar de Treffer ek sa leuk. Ik moat wat kreatyfs dwaan. As it no skriuwe is as muzyk meitsje. It is dúdelik. Dit is in kreatyf man. Mei passy. Foar boeven, muzyk en skriuwen. En dat alles komt yn dit boek nei foarren. Ik moat earlik wêze dat ik noch yn it boek dwaande bin. Mar as ik wer in momint fyn om in ferhaal te lêzen, dan kin ik it hast net oan de kant lizze. It is in boek mei in laits en in trien, in echt ‘kijkje achter de Tralies’.

Op de foarkant fan Op ‘e Skille De Panorama: ‘Een meeslepend boek’ Reaksje fan in âld finzene: ‘Een boek met verhalen uit het hart geschreven. Een juweel’

Binne jo ek benijd nei it boek fan ús doarpsgenoat Freddy Scheltema? ‘Tralies, Verhalen van een gevangenisbewaarder’ leit by Van der Velde yn Wommels en is te krijen fia Bol.com. Ek leuk foar yn de skoech.... Oh ja, de Panorama mei it stikje oer Tralies leit 19 novimber yn ‘e winkel.


Nijs út Nij Stapert

Door Annagreet Krommendijk Hartelijk dank voor de uitnodiging dat ik ‘it Nijs’ uit Nij Stapert in jullie mooie Doarpskrante Easterein mag verzorgen. Er is zoveel te vertellen over Nij Stapert; als het nu gaat over de dagelijkse zorg en dienstverlening of over de actualiteit van alle dag. Vanmorgen 5 november jl. kopt de Leeuwarder Courant met het nieuws dat Zorggroep Pasana drie verzorgingshuizen sluit en zoals te verwachten was zijn ook wij gebeld door de pers. Kern van onze boodschap is dat we in de woonzorgcentra van Zorggroep Tellens nog een beperkt aantal appartementen beschikbaar zijn, maar over de hele stichting is dat hooguit 3%. Sluiting is niet aan de orde! Door wet en regelgeving is de zogenaamde indicatie om te komen wonen in een woonzorgcentrum lastiger geworden. Met andere woorden, beschermd wonen met 24 uur zorg moet echt nodig zijn. Toch vinden we altijd een weg om dit mogelijk te maken. Nij Stapert kent 34 zorgappartementen, 2 hotelappartementen (voor kortdurend verblijf na bijvoorbeeld herstel van een operatie of logeren) en 54 aanleunwoningen waar we ook (thuis)zorg bieden. We vinden het belangrijk dat als het thuis echt niet meer gaat en ouderen moeten verhuizen naar een woonzorgcentrum dat zij, in de voor hen moeilijke omstandigheden, zich wolkom voelen. Dit doen we door liefdevolle zorg en geborgenheid te geven. We vinden het ook belangrijk dat het eten en drinken lekker is (welke zorginstelling heeft vandaag de dag nog een eigen keuken?!) en dat er elke dag wat te doen is. Van verhalenverteller, puzzelen, voorlezen, zangkoor, klassieke muziek tot spelactiviteiten. Het is er! Wordt vervolgd! Voor diegene die me nog niet kennen: ik ben Annagreet Krommendijk en inmiddels al weer 7 jaar locatiemanager van Nij Stapert en Nij Dekama in de mooie gemeente Littenseradiel met heel veel plezier.


Easterein - fraach & oanbod & sa Sûnt begjin dit jier is der in Facebookside spesjaal foar Eastereinders wêrop je guod oanbiede kinne, in fraach stelle as bygelyks in oprop pleatse kinne. Der is fan alles mooglik.

Der binne al 229 Eastereinders lid en it is hielendal leuk. Der wurdt fan alles en noch wat oanbean en frege. It grutte ferskil mei Marktplaats is dat hjir ek noch in ‘gunfaktor’ yn it spul is. Foar neat, as in lyts pryske as bygelyks foar in kratsje bier wurdt der handele.


Binne je (noch) net lid mar bin je wol nijsgjirrich om ris efkes te sjen dan moat je in Facebookaccount haw en je dernei oanmelde by ‘Easterein - fraach & oanbod & sa’. As je net lid wurde wolle fan Facebook kinne je miskien mei de buorman/frou mei gnuve... Gewoan in kear dwaan!

kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


“Bring de keatsers by it keatsen!”

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

Op snein 2 novimber wie it wrâld ferneamde jonges- en mannekoar Dzvinochok út Kiev by ús te gast yn Easterein. Om acht oere ha se in konsert jûn yn de Martiny tsjerke. Al fuort daliks by it hearren fan it earste nûmer wie wol dúdlik dat dit in koar is wat by de bêsten fan de Europa heart. It klonk as in klokje. Alle stikken wienen ien foar ien peareltsjes. De presintaasje wie yn hannen fan ús eigen Janna Reitsma. De jonges en mannen ha allegear by gastgesinnen yn Easterein, Itens en Hidaard sliept.

Moandeitemoarn op ekskurzje nei trije moderne pleatsen yn Easterein. By fam. Kuiper, De Jong en Bouma stienen de doarren iepen. De boeren en boerinnen ha entûsjast oer harren bedriuw ferteld. Foar de jonges in hiele erfaring. Tuskentroch ha se har útlibbe op it fuotbalfjild fan SDS. Allinnich dêrom wolle se graach werom komme.

De muzykkommisje


Doarpsaginda Sneon 15 novimber Snein 16 novimber

19.00-01.00 Spooktocht, De Tsjerne Folkmiddei mei Rolling Home en Other Roads, Noflik Easterein

Woansdei 19 novimber 19.45 Tongersdei 20 novimber 19.00

De Passage, spreker mevr J. Oost De Skoalleseize Creacafé, Teakjes Túnhûs

Sneon 22 novimber

13.30

Sinteklaas, Skippersbuorren

Snein 30 novimber

16.00

Bluesecruise: The Bluesbusters & Mystery Guest Crea Café, Teakjes Túnhûs

Tongersdei 4 desimber 19.00

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cade vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Langs deze weg willen wij iedereen bedanken voor de belangstelling tijdens haar ziekte en na het overlijden van mijn lieve vrouw, Mem en Beppe. Trijntje Jellema-Hiemstra, Het is ons tot grote steun geweest. Bote Jellema ,kinderen en kleinkinderen.

Nijs fan Passage Woensdag 19 nov.2014 in de Skoalleseize te Easterein ‘s avonds om 19.45 uur. Mevr. Jantsje Oost uit Buitenpost komt met het onderwerp: “ IVICH JOUT DE SEE IT SÂN WEROM “ Zij vertelt over dertien zelf gemaakte wandkleden en dertien gedichten met muziek over het LEVEN (wat je zoal meemaakt b.v. verlies en relatie). Iedereen is welkom.

Foart mar los De toanielferiening is wer los, drok dwaande foar kommend seizoen. Ofrûne jier koenen we troch omstannichheden de toanielútfierings net trochgean litte. Mar we hawwe der sin yn, mei in nij stik. Berend, Rigt, Akke, Siebolt, Jitske, Tjerk, Rémon en Karin bringe yn maart 2015 it stik ‘Famylje Bruinsma yn de bocht / Groetnis fan de Veluwe’ op de planken, ûnder lieding fan regisseur Sybe van der Ploeg út Frjentsjer. Fanôf 10 novimber repetearje sy twa kear yn de wike sadat jimme op 6 as 7 maart 2015 in moaie jûn ha kinne. Bestjoer toanielferiening Fuort mar los, Eppie, Halbe, Karin, Ype en Yvonne


feefoer + keunstdonghannel Iepeningstiden loads:

Tiisdei: 7.30 - 12.00 en 13.00 - 15.00 Woansdeitemiddei: 13.00 - 17.00 Sneontemoarns: 8.15 - 12.00

ek foar al jo (lyts)fee… • hynders (Ynfo op ús webside) • skiep struiguod • geiten • (haksele) strie • kninen • spuonnen • hinnen • seachsel • hûnen • flaaks • katten Foer fan Vellinga:

‘Dát giet de goede kant út!’

GEBR. VELLINGA B.V. Tel. 0515-33 15 65 Sibadawei 26A, Easterein www.gebrvellinga.nl e-mail: gebr.vellinga@hetnet.nl


! ! !

! ! !

@covoseasterein

Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai

!

Freed 21 novimber 2014 wurdt yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de EARSTE LUSTRUMK edysje fan it NIJE Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai hâlden. It begjint om 19.00 oere en der sille sa’n 15-18 teams mei dwaan.

!

It wykein fan 27 en 28 septimber binne de útnoegings de doar út gien en hoopje fansels op in prachtige dielnimmerslist fan 18 teams!

!

In groep entûsjaste minsken út ferskate sportrûnten fan de Gemeente Littenseradiel hat ûnder de flagge fan follybalferiening COVOS Easterein it toernoai opsetten. Doel is om mei in sûne miks fan ynspanning en ûntspanning in moaie ynfolling oan dizze jûn te jaan. De earste trije edysjes is dat tige slagge!

!

Ynspanning yn de seal, wêr sportyf foar elts punt striden wurdt. En ûntspanning nei de tiid by de priisútrikking en wer oer de wedstriden neipetearre wurde kin ûnder it genot fan … Doel is om de bal ‘sprekke’ te litten mei yn de holle de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’. Elts team wol fansels graach winne, mar mei inoar makkest in wedstriid.

!

Wolle jimme tsjûge wêze fan de prestaasjes fan de teams, kom dan op 21 novimber 2014 nei Sporthal De Greidhoeke yn Easterein!

! De Kommisje !

Twitter: @covoseasterein

landrover landrover en en 4 x4 specialist 4 x4 specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Frysk damjen yn bibleteek Wommels De lange winteravonden komen er weer aan, tijd voor een spelletje. Weer eens iets nieuws leren? Vrijdagavond 15 november vanaf zeven uur geeft Jelle Wiersma een demonstratie Fries dammen in de bibliotheek van Wommels. Het Fries dammen is een unieke sport en verschilt wat de spelregels betreft nogal van het Hollands dammen. Veel denksporters vinden de Friese variant, met zijn slaan oer alles (over alles), veel moeilijker te spelen als de Hollandse. Zo is remise spelen ook een uitzondering bij het Fries dammen dit in tegenstelling tot de Hollandse variant. Kom gerust eens kijken in de bibliotheek van Wommels en speel gezellig een spelletje mee of kom gewoon even kijken. Priisfraach By it frysk damjen wurdt skean, mar ek rjocht煤t en oerdwers slein. Mearslach giet foar. De wearde fan in daam is heger as in skiif, mar leger as fan twa skiven. Kin in daam as in skiif deselsde wearde slaan, dan giet de damslach foar. Foar dit probleem jild: Wyt begjint en wint Probear it probleemke yn de 么fbielding op te lossen en kom 14 novimber yn de bibleteek om in lyts priiske op te heljen. En as jim der dan toch binne dan kinne jim it opnimme tsjin Jelle Wiersma. De bern mei trije skiven by Jelle der 么fhelje en de grutte minske twa skiven. Wa wint kriget in grutte priis.


Man en bist - De slangen fan Geert Couperus Troch Anneke van Beem

Ik ha it al ris oer ratten, kninen, hinnen en pony’s han. It is tiid foar in wat spannender bist. Ik sil nei Geert Couperus. Hy hat fjouwer slangen. Ik bin best al wat senuweftich, mar werom? Se sitte yn in koai en Geeske past op in soad bern, dus it is grif fertroud. Jannieke giet mei nei de Slangen meneer, se hat har boek oer wylde bisten mei en sil ek in fraach stelle. Mei in lytse kribel yn ‘e bûk belje ik oan. Hoe is dit sa kommen, werom ha jim slangen? Se wienen by kunde en die hienen slangen. Bert wie doe 7 jier. Bert fûn it sa leuk en die woe se graach ha. It wie mear in ympulsive aksje. Sa is it kommen. Se bin der dus ek al wer sa’n 13 jier. Hokker slangen bin dit? Ratten slangen, se komme út Florida, der hjit it corensnake. Ratelslangen binne wurchslangen. Geert hat twa koppeltsjes. In mantsje en in wyfke en dat oare span, wit se noch net wat fan soart it is. Der ha ek ris acht aaien west. Klaas Kamstra en Geert ha it ris sjoen, doe twa slangen oan it pearen wienen. Se wienen ûnder de yndruk, sear bysûnder. Se draaie yn elkoar en dan siket hij har op… nei in dei of 80/100 komme de aaien út. De slang ferstopt de aaien op in fêst plak yn ‘e bak, foar in konstante temperatuer. Der bin fjouwer fan út kommen, twa bin spitigernôch dea gongen en twa hat Geert self grut brocht. Sa’n 1,5 jier ha se doe de lytse slangen han. Dizze slangen kin wol 20 jier wurde. Wat ite sa al? Se krije 1 kear yn ‘e wike in mûske. Geert hie it foar hjoed bewarre, dus we wienen tsjûgje fan hoe dat giet. De slang wurdt út it terrarium helle, komt dan efkes yn in oar bakje en kryt dan it mûske. De slang wjirmet harren der dan omhinne en yn in minút as 4-5 is de mûs fuort. Letter sjogge je dan in dikke bult yn it liif fan de slang. Nei ûngever trije dagen hat de slang de mûs feroarbere. Ik freegje werom Geert de slangen net freten jout yn it terrarium? Hy fertelt, dat de slang dan Geert syn geur assosjearret mei it fretten en dat hij se dan net sa mear út it terrarium pakke kin om bygelyks efkes sjen te litten. Dan tinke se dat se wat krije. Fandêr it fretten yn ‘e bak. Se drinke wetter. Ha je in soad drokte fan dizze bisten? Nee. Se krije wat wetter en ien kear yn ‘e wike in mûske. De trochgong (stront) helje sa no en dan út it terrarium en klear. Se kin ek rustich op fakânsje, sûnder dat der ien op de bisten pasje moat. Se krije ommers ien


kear yn ‘e wike fretten en rêde harren sels. Self bin ik wol benijd as se al ris ûntkaam binne .... Ja, ien kear. Jûns hienen se doe fretten krigen. En moarns stie it terrarium iepen. De slangen wienen doe noch lyts. Se hienen sels de skodoar iepen dien. Geert hat Bert foarsichtich wekker makke. Se ha beide socht mar se hienen har goed ferstoppe. Geert moast keatse en Bert hat se wer werom fûn. Sûnt dy tiid sitte der fjouwer slotsjes op de koai. Sadat se der net mear út kinne.

De slang is in nachtbeast, jûns ha se wat mear enerzjy. Dan reagje se wat yn it terrarium om. Om fretten sykje se net mear. Se wit wol, dat se wol fretten krije fan Geert. Ek giet de slang frijwol op reuk ôf. Se sjogge frijwol neat. Jannieke stelt de leste fraach… nei se sein hat dat se it dochs wol spannend fynt… sil we op de foto? En sa gebeurt it, Geert en Anneke op de foto mei in slang fan 1,40 meter… i did it! it wie in tige slagge middei. Geert bedankt, ik ha in soad leart.


Tige slagge konsert fan muzykkorps Wilhelmina It bliek in skot yn de roas te wezen ús tema foar it donateurskonsert: ‘Werom nei de Midsieuwen!’ Alhiel yn styl. De muzikanten ferklaaid as ridder, monnik, jonkfrou, waskfrou….ensfh. In selskip wat je hjoed-de-dei net mear tsjinkomme. Ek de seal wie prachtich fersierd. It ôfwikseljende programma foel by it publyk tige yn ‘e smaak. Spyljende en al sjongende opkomme, in dûnske, it melangoalyske lûd fan de doedelzak en de snarentrom……it makke de jûn hiel sfearfol. Ek it optreden fan de jeugdleden wie in ferrassing. Sommigen noch mar amper op les en dan al sa’n moaie klank en al sokke stikjes spylje kinne. Dat beloofd wat. Al mei al ha we in tige slagge jûn hân mei in seal fol minsken. Dêr wiene we fansels tige bliid mei. Dit smakket nei mear….

Blazersklas Yn gearwurking mei de basisskoalle ‘de Foareker’ is muzykdosint Andries Kramer oant de hjerstfakânsje ta yn groep 6 dwaande west mei Algemene Muzikale Vorming. No hat dizze groep sa’n trije wike lyn allegear in ynstrumint krige fan it korps. De earste 4 noaten hawwe se leard en der komt sa no en dan ien by. Prachtich om te sjen en te hearren! Hooplik sitte hjir ek wer oankommende muzikanten by foar ús korps. Oant in oare kear mar wer.


!

Herfstwoordzoeker!


De Pinne – in stikje troch ynwenners fan Easterein Dit kear yn ‘De Pinne’: Jan en Johanna Hooiveld

Wa weinje der no eins yn de eardere beukerskoalle op Frijburch? Na Roel Nauta (van ‘De Pinne’ uit het vorige dorpskrantje) kreeg de voormalige kleuterschool in januari 1996 een andere bewoner: Jan Rezel, uit Leeuwarden. Hij was al een tijdje op zoek naar een woning met een royale hobbyruimte in de Fryske Greiden, met een grote voorkeur voor de mooie groene gemeente Littenseradiel. Jan had namelijk een aantal jaren in Baaium gewoond en vond Littenseradiel de mooiste gemeente van Friesland. In eagje fallen litten Hij had al in een eerder stadium een oogje op de school in Easterein laten vallen maar ja, een garage zat er niet bij. Was natuurlijk wel te maken, van de tweede klas….. maar ja, wel veel werk en: wat zou Johanna ervan vinden? Die wilde liever niet in een school wonen. Want, omdat zij in het onderwijs werkt was ze de hele dag al in een school. Toch nog maar eens verder zoeken. In protte brekwurk, mar dan hawwe je ek wat Uiteindelijk werd de knoop doorgehakt. Jan had een hobbyruimte nodig en een stalling voor zijn auto’s. En met een beetje breekwerk en wat aanpassingen was die ruimte zo gemaakt. In eerste instantie werd het huis alleen maar opgeknapt met behang, verf , gordijnen en een flinke boenbeurt voor de linoleum schoolvloer, wat tijdens de verhuizing nog een hele glijpartij opleverde. En: de garage werd aangelegd natuurlijk. Er werd een overheaddeur in de gevel gemaakt en een oprit daar naar toe. Tusken Snits en Easterein Johanna woonde nog in Sneek, toch wel lekker dichtbij en mocht samenwonen een feit worden dan zagen we wel weer. Easterein was ook niet ver van Leeuwarden, waar Jan toen nog werkte. Dit was goed te bereizen, beter dan zijn latere werkplekken in Zwolle, Veenhuizen en zelfs nog twee jaar in Utrecht….! Het ene weekend ging Jan naar Johanna in Sneek, het andere weekend was Johanna in Easterein. (Dan haalde Jan roombroodjes bij de bakker, die er jammer genoeg nu niet meer is.) In eerste instantie werd de mogelijkheid om samen te gaan wonen nog niet gevonden. Johanna wilde toch wel graag in Sneek blijven wonen, waar


haar werk was, de sport en de band waar zij in speelde. Wel werd er in 1999 getrouwd. Er werd ook nog even gezocht naar een geschikte gezamenlijke woning in Sneek. In eerste instantie werd deze ook nog gevonden maar uiteindelijk trok de verkoper zich terug. Alles dûbel, it kin handich wêze Johanna had her en der al eens verteld dat ze pas bij Jan in ging trekken als ze een nieuwe bewoner voor haar huis gevonden had en tja, die nieuwe bewoner bood zich natuurlijk gelijk spontaan aan! Twee jaar na het trouwen, in de Kerstvakantie 2001, had Johanna haar huis in Sneek leeggemaakt en trok ze met één busje vol met spullen in bij Jan. Nu had het huis ineens twee boekenkasten, twee banken, twee bedden, twee stereo-installaties, twee aanrechtdoekjes…. (gelukkig maar één kerstboom). Alles vond uiteindelijk een plekje. En een stereo-installatie met vier boxen gaf maar een wat mooi geluid….! Se bliuwe mar bouwe en ferbouwe Nu is het ondertussen al weer 13 jaar later. Er kwam in het huis een nieuwe keuken, nieuwe deuren, een schuifpui, een kastenwand met vitrines in de hal voor de modelauto’s van Jan, de tuin ging op de schop, het laadperron van Roel werd gesloopt en de zijdeur dichtgemetseld, het huis werd rondom opnieuw gevoegd, er kwam een nieuwe badkamer, kozijnen, dak, schelpenisolatie onder de vloer, CV-ketel…. En de laatste uitbreiding werd een carport. Een grote wens van Jan zodat hij in de winter geen ramen meer hoefde te krabben. Want ja, de garage staat al vol! Er is altijd wel een hobbyauto en bovendien staat de auto van Johanna in de winter binnen. Efter de hage In de loop van de jaren is het huis een steeds mooiere stek geworden met veel ruimte en privacy. Er zijn Eastereinders die zich nog steeds afvragen wie er nu eigenlijk achter die haag wonen….! Dat zijn dus Jan Rezel en Johanna Hooiveld! Die haag is trouwens een feest op zich en groeit als kool. Twee keer per jaar wordt de omgeving daarom opgeschrikt door het geluid van een motormaaier vanwege noodzakelijk snoeiwerk. Dat is intussen echt werk voor een professional geworden! Dat de speeltuin zo vlak bij is komt nu, met acht kleinkinderen erbij, ook heel goed uit. Al met al: Vrijburg 1 is een daalders plakje met veel ruimte, zowel zon als schaduw en in de tuin zijn altijd veel vogels die zich hier, net als wij, ondertussen een fijn eigen nest hebben gemaakt!


Ferbouwing basisskoalle De Foareker op skema troch Yvonne van Beem

Sa as jim yn it krantsje fan oktober lêze koene boartsje de bern op it stuit op in lytser plein mar werom is dat eins? Wat gebeurt der allegearre oan it ein fan de Skoallestrjitte? Tiid foar wat fragen oan direkteur Jan Keuning. Wêrom wurdt der ferboud? Hoe nedich wie dit? De skoalle mocht fan de gemeente, der wienen ryksjilden beskikber, in ferbouwing dwaan op it mêd fan ûnderwiiskundige oanpassings. Te tinken falt oan in IB-keamer (IB stiet foar Interne Begeleider), wurkplakken foar dosinten en learlingen, in keuken ek foar learlingen om iten siede te kinnen. Om noch jierren goed ûnderwiis te fersoargjen is dizze ferbou needsaaklik. De lêste ferbou wie yn 1998.

Wat wurdt der krekt ferboud? De dosintekeamer wurdt grutter, der komt dus in IB-keamer, ek in direksjekeamer, de âlde direksjeromte wurdt splitst yn in nije reproromte en in


húske foar de famkes. Der komt in nije yngong en yn de hal is der plak foar de klúskes foar de jassen. De âlde hal wurdt ferboud ta in stille wurkromte foar learlingen. De oerkaping by de beukeryngong komt te ferfallen, op dizze wize wurdt de yngong fan de nijbou as haadyngong sjoen. Ha jim der in soad lêst fan mei it lesjaan? Wy binne mear as tefreden oer de gearwurking mei it boubedriuw, we hawwe praktysk gjin lêst tidens de wurksumheden. As der al leven wêze moat, dogge se dat op tiden dat der gjin bern binne. Nei de ferbouwing is it plein fansels lytser. Komt der foar de bern dan miskien ek wat nijs op it plein? In ekstra tastel bygelyks as in túnbank? Fanselssprekkend wurdt it plein lytser (90 kante meter). De wetlike noarm jout oan dat er genôch romte is foar mear as 130 bern. Der is op dit stuit gjin jild foar ekstra boarterstastellen. De earste nije stien is ek lein. Hoe is dat gongen en is it ek in spesjale stien? De earste stien is lein troch ús jongste learlingen, de twalling Sanne Frouk en Bauke Jan Dijkstra. Se hawwe tegearre in bakstien lein. Letter komt yn de yngong in plakette mei harren nammen te hingjen. Alle oare bern wienen ek op it bouplak oanwêzich. It wie in hiel aardich barren.

Wannear is de ferbouwing klear? De ferbou leit aardich op skema, de ferwachting is dat it foar de kryst klear wêze sil.


NU UW CV-KETEL VERVANGEN IS

* Actieperiode 1 mei tot 14 juni 2014. Vraag naar de voorwaarden

GRATIS 10 JAAR COMFORTGARANTIE*

Ook toe aan een nieuwe cv-ketel? Wij adviseren u graag! Uw ATAG SelectDealer:

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

en? t willen leren bespel en m ru st in n ee g aa ment of zou je gr s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee lt vanaf de Dan ben je bij M zikanten en spee . ervaren mu en geluidstechniek fessionele en zeer bas of zelfs licht, ng za , ms Je krijgt les van pro dru r, no, keyboard, gitaa graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu moaiol GkerritgHiintgast avoorr meer informesatlaien,d.nl lfri Bel of errit@muziekschoo g / 8 7 5 1 2 4 8 1 6 0

riesland.nl lf o o h c s k e zi u .m www


Kickoff Easterein Rocks V We binne wer los! Tradisjoneel start Easterein Rocks altyd mei in kickoff foar de muzikanten. Efkes gesellich by elkoar wêze. It bestjoer leit dan de ideeën foar de nije edysje foar oan de muzikanten en nûmers dy’t we spylje sille, wurde dan ek bekend makke. En dan ‘jamme’ om alfêst yn de sfear te kommen. Snein 2 novimber wie it safier; de kickoff Easterein Rocks V. Hast alle muzikanten wienen der en we hawwe der wer nocht oan! De muzykkribels binne alwer in folle hevichheid oanwêzich! Dit kear wienen we te gast by Hindrik & Kim. We kinne sizze; it wie noflik! Tige tank foar jimme gastfrijheid en oan ’t maart! Easterein Rocks Junior yn it foarprogramma Omdat we dit kear mar lefst foar de fyfde kear op de búne stean, woenen we graach wer werom nei hoe it oait ûnstien is. Back to basic. Dus werom nei it kafe. Mar wol mei in lyts oar sauske. Hoe we dat dogge en mei hokker muzyk, dat fertelle we fansels noch net. Mar omdat it wol de fyfde kear is, woenen we der noch in ekstra tintsje oan jaan. En dat dogge we mei de Junior Rockers yn it foarprogramma! Fantastysk dat dizze bern like entûsjast binne. Wy hawwe der yn elts gefal wer nocht oan en binne sels al in bytsje senuweftich. Dus net ferjitte sneon 21 maart Easterein Rocks V


Tema doarpsfeesten 2015 Oranjeferiening Oranje & Heitelân komt meastentiids mei it tema foar de doarpsfeesten yn febrewaris fan itselde jier. Om jimme mear tiid te jaan om goed beslein op it iis te kommen, ûnder oare mei de optocht, meitsjen wy no al it tema foar de doarpsfeesten 2015 bekend.

!

Het tema fan de doarpsfeesten 2015 is

‘Warner Bros’

!! !! !! !! !! Tink hjirby oan tekenfilms, films, stripfigueren, filmstjerren, fideospultsjes, ensfh. 
 !Sukses mei de tariedings !!! Oprop

Hawwe jo nijsgjirrige bisten, wol jo bern yn Bern En Bist. Of ha jo wat oars wat jo kwyt wolle. Mail nei annekevanbeem@hotmail.com En wa wit kom ik ris efkes bij jo del.

Sjoch ek ris op WWW.EASTEREIN.NL


Chilipipers

Troch Nathalie Oliveiro It wie drekt wer dúdlik dat ik yn Nederlân wie. It lekkere sinnige Spanje moast ik wer ferruilje foar ús platte lân. Foar’t ik fuort gong stûn 37 graden op ‘e teller... In pear oeren letter hie ik noch net in foet op Nederlânske grûn setten of de hurde wyn helle alle waarmte út myn liif. ‘Ha ik der no sels om frege?’, tocht ik. ‘Wa sjocht der dan ek De Hel van ‘63 op ‘e weromreis fanút Málaga?’ Werom ik krekt dy film op myn I-pod setten hie, ik ha gjin flau idee. Miskien hie ik better Toscaanse Bruiloft sjen kinnen. It Deensk Nasjonaal Keamerorkest hat lêsten in test dien. Dirigint en chilifanaat Claus Pilgaard woe graach witte wat de kombinaasje ‘muzyk + chilipipers’ opleverje soe. Wat ha se dien? Under it spyljen fan de tango Jalousie binne se efkes stoppe, ha se wrâlds hytste chilipiper yn ‘e mûle dien en gongen se fierder mei it stik. Op 31 oktober lêsttlyn ha se it resultaat op youtube setten. In hylarysk gesicht, foaral foar it publyk. Krekt foar de opname sei harren fiolist en konsertmaster Erik Heide: ‘’chilipepers zijn een prima ingrediënt om te hebben in veel aspecten van je leven, ook in de muziek.” Soe hy dit nei it eksperimint noch hieltyd tocht ha? Hoe gek ek, ik bin it wol mei hear Heide iens. In bytsje pit ha we allegear nedich. Net beslist in letterlike piper, mar miskien wol yn ‘e foarm fan in barren wat ús skuort út de sleur fan de dei. Jierren kin foarby gean, sûnder dat we echt dogge wat we wolle, sûnder dat we doarre ús dream achternei te gean... Yn de film Last Holiday tinkt Georga Byrd, de haadpersoan, in slimme sykte te hawwen. Se pakt har ‘Wish Book’ en giet alles dwaan wêr’t se al sa lang nei ferlangde. Sy hie in setsje (in ‘piper’) nedich om echt ‘ja’ tsjin it libben te sizzen. De dingen dy’t ús skerp hâlde, binne net altiten de maklikste, mar as we wolle, kinne se ús helpe om te groeien. Myn ferbliuw yn Spanje wie moai (brúloft, tapas, freonen en... strân) en wat wie it hyt! Net allinnich fan de sinne, mar ek fan in pear ‘pipers’ dy’t op myn paad kamen. Ik bin wer werom yn Nederlân. Wat klinkt dat ek gewoan. Mar at ik dan tink oan de MH17, dan besef ik dat eltse dei in kado is. Wat is it fyn om wer thús, yn it kâlde Fryslân te wêzen. P.s.: Wat soe der barre at ús Wilhelmina dit eksperimint ek dwaan soe? *knypeach*


Nieuws van Tennisvereniging Smash! Het Mix-Team van Tennisvereniging Smash is tijdens de afgelopen KNLTB Najaarscompetitie kampioen geworden in de 4e Klasse. De najaarscompetitie bestond uit 6 wedstrijden tegen 3 teams en er werd een uit- en een thuiswedstrijd gespeeld. De tegenstanders van Smash waren TV De Kreilen uit Oudega Smallingerland, T.S.O. uit Surhuisterveen en T.V. Peize uit het gelijknamige Peize, Drenthe. Tijdens een mix-wedstrijd worden 5 wedstrijden gespeeld: een Heren-Dubbel, een Dames-Dubbel, een Gemengd-Dubbel, een Heren-Enkel en een Dames-Enkel. Smash wist maar liefst 24 van de in totaal 30 gespeelde wedstrijden te winnen en liet daarbij de nummer twee ver achter zich. verbeteren procesmanagement Het najaars-mix-team bestond uit een samensmelting van twee mix-teams van Smash en om de beurt kon iedereen een paar wedstrijden spelen.

doeltreffend en pragmatisch

Een mooie prestatie en Easterein is weer een kampioen rijker! Van harte www.fakwurk.nl gefeliciteerd Anna Marije de Jager, Boukje Heeringa, Brechtsje Zuiderbaan, Hennie Nijdam, Richtje Meulenaar, Tjitske de Jager, Albert Jan Joustra, Anton Grendel, Harry Kronemeijer, Paul Reitsma en Pieter Jan Hofstee!

Altijd al willen weten wat een hashtag is? -

praktische trainingen social media voor ZZP’ers en MKB’ers beginners en gevorderden laagdrempelig en betaalbaar

www.eerstehulpbijsocialmedia.nl


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


SOOS
 


Dinsdag 4 november jongstleden was de eerste bijeenkomst van de ‘Soos’ in ons mooie clubgebouw.
 We hebben nog plaatsen vrij voor zowel het klaverjassen als de koersbal. Andere activiteiten zijn in overleg ook mogelijk. Het gaat om een stuk gezelligheid onder elkaar. Voor de kosten hoeft u het niet te laten. Ongeveer € 1,10 per week + al of niet een consumptie. Kom vrijblijvend sfeer snuiven. Op dit moment hebben we 41 leden. Hieronder de data waarop we actief zijn. Aanvang 13.45 uur.


!

November

December

Januari

Februari

Maart

4

2

6 = 60+

3

3

11

9

13

10

10

18 = 60+

16

20

17

17

25

23

27

25 = 60+

24

30 


60+ = GEEN SOOS
 


H.Panneman
 (secretaris senioren recreatie)

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl

31


Als MRW Accountants van de partij is…

…staat u er nooit alleen voor! GORREDIJK T 0513 - 46 91 30 SNEEK T 0515 - 42 98 00 WOLVEGA T 0561 - 61 67 15

www.mrw.nl -

info@mrw.nl


jubilaris kaarten

geboortekaartjes

boeken

printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

Sneek Smidsstraat 5

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein - novimber 2014  

Doarpskrantsje Easterein - novimber 2014  

Advertisement