Doarpskrantsje maart 2017

Page 24

Brouwer en Hiemstra winne singel darten yn de Tsjerne bron: www.easterein.nl

Wat in prachtige opjefte foar it singel darttoernoai ôfrûne sneon yn de Tsjerne. 11 jeugdleden oant en mei 16 jier en 32 senioaren gongen me ielkoar de striid oan. Fanôf 13.00 de jeugd en dêr koene je de striid fiele. Wat waard der foeleinich striden. Der wiene 3 prizen. Silvan de Schiffart hie de 3de priis, Niels Hiemstra de twadde en de winner by de jeugd wie Jelmer Brouwer. De senioaren setten om goed 17.00 út ein. Ek hjir moaie partijen en der waard ek noch wolris in 180 goait. Jeroen Houweling, Lieuwe Mulder, Peter Stuiver, Danny Roos en Gert jan Hiemstra wisten alle trije pylken yn de 60 te goaien. De heechste dei-finish wie foar Kees van der Horst. Hy goaide 126 út mei 19, t19 en bull. De prizen gongen nei: 3de priis Siep van Dijk en Danny Roos, in 2de priis foar Lieuwe Mulder en de winner fan it singel darttoernoai wie Gert jan Hiemstra. Ek waard der noch efkes koppele. Hjir wie by de ferliezers in 2de priis foar Kees van der Horst en Wytse Hofstee en in 1ste ferliezers foar Simon Kingma en Auke Jellema. By de winners wie de 2de priis foar Bote Jellema en Marten Reen en de 1ste priis foar Stefan van der Weg en Danny Roos.

Tige, tige tank! In jannewaris ha wy in berop op jimme dien om de doarpskrante te sponsorjen en dat ha jimme mei syn allen rom dien. Der is moai bedrach ophelle. Hjir binne we hiel bliid mei en we sjogge dit dan ek as in stikje wurdearring en sille der ek yn 2017 wer in nijsgjirrich krantsje fan te meitsje. Mar dat kin fansels ek net sûnder de advertearders, de doarpskranterûnbringers en alle minsken út it doarp. Elkenien dan ek tige tank! Redaksje doarpskrante Easterein


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.