Doarpskrantsje maaie 2015

Page 36

harren liuwen gelyk nei it ‘hiernamaals’ gean. In widdo is ‘nutteleas’ yn de eagen fan famylje en maatskippij dêr, it leechste fan it leechste. Ik kin my dat echt net foarstelle. Doe’t ik hearde fan it projekt tocht ik, ‘’hjir wol ik graach foar fytse!’’ Dit is foar my echt in ‘vrouwen voor vrouwen’ aksje. Widows Home Varanasi jout dizze froulju kâns op in nije takomst, se krije ûnderdak en leare in fak. It projekt helpt se yn harren eigen ûnderhâld te foarsjen. Ek de bern dy’t mei de widdofroulju meikomme, krije ûnderwiis oanbean, ik fyn dat geweldich. Widows Home Varanasi stypje? NL88 ABNA 0436 518 376 t.n.v. E.G.S. o.v.v. ‘Sponsortocht Nathalie’. Donaasjes oan dit goede doel binne ôf te lûken bij de belesting. Werom gean jimme nei Santiago de Compostela? De Sint Jakobsroute dy’t wy fytsen gean, is fan oarsprong in pylgertocht. De tocht dy’t de widdofroulju ôflizze foar’t se achterlitten wurde yn Varanasi is dat ek. Us reis stiet hjir symboal foar. Dêr komt by dat Daniëlle en ik kin inoar kinne fan de stúdzje Spaans, sa is ús freonskip ûntstien. De kar wie gau makke! Wat binne de ferwachtingen? Dat dit in fantastysk aventoer wurde sil! We ride aansten troch moaie lânskippen ride, leare nije minsken kinnen en sille grinzen ferlizze. Hoefolle tiid hawwe jimme om der hinne te fytsen? Foar dizze reis ha wy fjouwer wiken. Wy sille elke dei ûngefear hûndert kilometer fytse, mei sa no en dan in rêstdei. Ik bin echt benijd hoe’t it rinne sil. Ik bin sels noch nea yn Frankryk west en it noarden fan Spanje is ek hielendal nij foar my. Wat gean jimme dwaan as jimme der binne? Wike frij? In freugdedûnske! Ik tink dat we hiel lûd roppe en jûchje sille! Daniëlle moat in pear dagen letter wer oan it wurk, ik hoopje dêr noch in wike as twa te bliuwen. Myn âld piano learaar Aleksander Makarov wennet dêr mei syn famylje, wat sil dat it bliid wersjen wêze nei tsien jier. Ha jimme al sliepplak regele? Hoe gean jimme dat dwaan? Om it sa low-budget mooglik te hâlden, sliepe we op campings, by freonen, yn pylgersoernachtingen en miskien wol by in Franske boer op it hiem. Wy


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.