Doarpskrantsje Easterein febrewaris 2016

Page 14

Vloggen & Valentijn Troch Nathalie Oliveiro

In kaart troch de brievebus! Wat bin ik bliid, ik hâld fan ‘echte’ post. It is fan in anonime ôfstjoerder. Oft ik dy en dy dei nei in bepaald kafee yn Grins komme wol. De persoan kin ik werkenne oan de klean: goud mei pears. Wol in doarde kombinaasje, fyn ik. Ik kin der sa net opkomme wa fan myn freonen as bekenden dat drage soene foar in soarte fan blind-date... Vloggen, oftewol video-bloggen, is hielendal hip. It is it deiboek skriuwen fan no. De NRC beskriuwt it fenomeen yn artikel ‘Hé broer, stap in, waar moet je heen?’ fan 15 desimber 2015 as folgjend: ‘’filmpjes maken van dagelijkse bezigheden die vervolgens op internet worden gezet’’. Dêr’t dyn deiboek yn it ferline privee wie, is it mei vloggen just de bedoeling dat elkenien it besjen kin. Hoewol’t der yn 2006 al (bekende) minsken oan it vloggen wiene, sûnt 2014 is de rage pas echt fan start gongen. Wat ik sels it aardige fyn fan dizze nije trend is dat wy efter de skermen fan ús idoal sjen kinne. Sa folgje ik bygelyks ien fan myn favorite dûnsers yn Ruslân. En, lear ik dingen dy’t ik oars nea witten hie. Yn de dokumintêre 3Doc:Shinewereld folget BNN Hollânske vloggers dy’t suksesfol binne. Ast it goed dochtst, kinst der fan rûnkomme. Lykas Enzo Knol, berne yn 1993. Elke dei set er twa filmkes op Youtube. Ientsje mei bielden fan de dei en ien fan Minecraft (in kompjoeterspul). De vlogs (filmkes) binne faaks grappich, net serieus en neffens my ferstrekt Knol skynber ûnbelangrike ynformaasje. Dochs hat er mear as 12.000 folgers, wêrûnder in soad skoallebern. Ik freegje my ôf oft it sa populêr is omdat de druk fan skoalle en wurk tsjinwurdich sa heech is. Foar wa’t in Fryske vlog sjen wol, sjonger Jelle B hâldt sa no en dan ek in filmdeiboek by. Op de side fan Omrop Fryslân binne wat serieuzere vlogs te finen, oer bygelyks de natuer. Mei de hannen yn it hier lês ik de mysterieuze kaart nochris. Pears, goud, Grins. Ik wit echt net wat te dwaan. Sil ik gean? Sil ik net gean? Miskien is it


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.