{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, maaie 2016

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro

nรปmer

Foto foarkant Greet Bouma Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennรปmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar tongersdei 26 maaie

6

2016


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Doarpsaginda Sneon 30 april

14.30 22.00

2,3 en 4 maaie Woansdei 4 maaie

SDS 1 - QVC1 Bandjûn Noflik, Melrose Keatskamp KF Easterein

19.15

Tongersdei 5 maaie Moandei 9 maaie

14.30 -16.00

Woansdei 11 maaie

15.00

Freed 13 maaie Sneon 14 maaie

19.00

Snein 15 maaie

10.00 14.30 16.30 20.30 12.00

Woansdei 18 maaie

20.00

Freed 20 maaie Sneon 21 en snein 22 maaie Snein 22 maaie 20.00 Moandei 23 maaie

19.00

Freed 27 maaie

16.00

Deadebetinkst fanût "Kunstcentrum in de kerk" (Wynserdyk) KF Easterein, Witteveen & Brouwer partij ODI - valpreventie door fysiotherapeute in sporthal Kniplokaeltsjepartij Jeugdleden KF Easterein Foarjiersjûn-toernoai TV Smash Âld papier KNKB Froulju 1e klas, Skoalleseize SDS1 - Oudehaske Jan Nota, Skoalleseize Rocknacht Easterein Pearkekeatsen leden KF Easterein Jiergearkomste doarpsbelang , Noflik Easterein Boatreiske 60+ Keunstrûte Littenseradiel Konsert Wilhelmina mei Balt de Vries Martinitsjerke Jeugdkonsert Wilhelmina, De Skoalleseize Slotmiddei/jûn jeugd SDS

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl


12 JUNY 2016 EASTEREINER MOTORTOERTOCHT! We ha in lustrum te fieren! Foar de 5e kear kin de motor wer út it hok om in moai ritsje te meitsjen mei in gesellige neisit. Sjoche wy jimme 12 Juny om 12.00 op Skrok 2A?? Opjaan foar moandei 6 Juny @ Martin-elisabeth@home.nl as 06-21 25 62 43 (Elisabeth) Lustrum miel

*

€ 10,- p.p.

bern € 5,- p.p

Konsumpsje

*

€ 1,- (bier-wyn)

€ 0,50 (fris)

Mei dwaan is op eigen risiko en neffens de wetlike ferkearsregels. Last but not least ; we sette ôf mei in folle tank!! Groetnis, Lies Sandstra Elisabeth Breeuwsma Hille Meijer Boudewijn Kramer


O.l.v. fysiotherapeute Romy Bos Maandag 9 mei van 14.30 uur tot 16.00 uur Sporthal de Greidhoeke Easterein Doelgroep 50+ (ook niet-leden) Deelname is gratis, aanmelden niet nodig! (evt consumpties voor eigen rekening) Aangeboden door gymnastiekvereniging ODI

Website: gymeasterein.wordpress.com Word ook lid! Nieuwe leden zijn altijd welkom, er mag altijd twee keer gratis aan de les worden meegedaan, om te kijken of het bevalt. De les voor 50+ wordt op de maandagmiddag van 15.00 tot 16.00 (behalve in de schoolvakanties) gegeven in de sporthal van Easterein. Er kan nu ingestroomd worden, tot aan de zomervakantie betaalt u het actietarief van â‚Ź 30,-!!!! Neem voor meer informatie contact op met het bestuur. E- mail: gymeasterein@gmail.com De middag valpreventie wordt mede mogelijk gemaakt door een financiĂŤle bijdrage van Stipepunt Easterein


Nieuws van gymvereniging O.D.I. Easterein. Vrijdag 15 april zijn we met een afvaardiging van bestuur en leden naar het Poiesz-gala in Leeuwarden geweest. Het was een reuze gezellige avond waarbij bekend werd gemaakt hoeveel geld de jeugdsponsoractie heeft opgeleverd. Voor ODI is dat het prachtige bedrag van € 1013,- geworden!!! Hier zijn we reuze blij mee en we willen dan ook iedereen bedanken die ons met de muntjes heeft gesteund. Hiervan kunnen we iets extra’s bekostigen, bijvoorbeeld materiaal. Maar we gaan door! Op dinsdag 23 en woensdag 24 mei komen we langs de deuren met heerlijke suiker- en rozijnenbroden. Altijd lekker bij de koffie. De sutelaksje hebben we echt nodig om als vereniging draaiende te blijven. En in de maand juni is bij Jumbo de opbrengst van de statiegeldflessen voor ODI, we hebben een jaar op de wachtlijst gestaan. Dus allemaal alvast flessen sparen (of bonnetjes) ! Binnenkort zal de bak weer aan de weg staan bij de afslag naar Hendrik en Annebeth de Jong. Groeten van het bestuur, Wybrich Ynema (voorzitter) 0515 – 33 21 32 Geertje van der Weerdt (secretaris) 0515 – 33 23 87 Annebeth de Jong (penningmeester) 0515 – 33 13 43 Hannah van Krimpen (kleding, alg. zaken) 0515 – 33 35 04 Aurelia Koopman (algemene zaken) 06 – 48 77 78 09

https://www.facebook.com/ODIEasterein GEZOCHT: Huishoudelijke hulp. Wegens privé omstandigheden moet onze huishoudelijke hulp er helaas mee stoppen. Het gaat om 1 dagdeel per week en in het seizoen evt. 2 dagdelen. Tel: 0515-33 11 36 of info@hetkleineparadijs.nl


De âlde doaze

Hint: Fan de bern op dizze foto wennet der noch mar ien yn Easterein! Sjogge jim wa as dit binne? De foto is makke rĂťn 1954.

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


geke

GRIENE ENERZJY

kOÖPERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


Frijheidsmars Troch Nathalie Oliveiro As twajierrich famke bin ik mei myn famylje nei in konsert fan Evgeny Kissin west, in leginde út Ruslân dy't as gjin oar pianospylje kin. Ik tink dat ik wol stelle kin dat wat Bruce Springsteen foar jimme is, is Kissin foar my. It hearren fan muzyk docht wat mei minsken. At in no klassyk, rock as pop is, elk hat der wat mei. Op ien as oare wize rekket it ús allegearre, natuerlik mei elk syn as har eigen belibbing by de ferskatene stylen. Sa is it neffens my ek my frijheid. It abstrakte wurd ropt by elk bepaalde emoasjes op. By de ien heftiger as by de oar. Ek kin it lykas muzyk ús oansette om yn aksje te kommen. Dûnsje, sjonge, hannen op de earen, springe, gûle, raze, swije, flechtsje nei in oar lân... begjinnend oan dyn frijheidsmars. Foar flechtlingen is de tocht nei bygelyks Nederlân harren reis opwei nei de frijheid. Harren hoop is sa grut dat se de drege, ûnminsklike omstannichheden

folhâlde. De dream en sucht nei frijheid is grutter dan al it oare. Net foar elk is dizze frijheidsmars sa letterlik as ekstreem. Mar wol smachte wy stik foar stik dernei. Wy kinne frijheid fine yn in boek, yn it trainen foar de Slachte, yn it tiid frijmeitsje foar de oar, yn it prate oer ús djipste pine. Foar frijheid yn hokker foarm dan ek, moatte wy fjochtsje. Smartphone út dwaan, ûnder it hurddrave it swit út de eagen wriuwe en trochsette, prioriteiten stelle, ús grutskens oan de kant skowe. Frijheid hat altiten in priis en sil ús hoe dan ek sear dwaan. No, sa'n tweintichplus jier letter, en hiel wat heuvels, stoarmen en libbensûnderfining riker, doar ik wer te dreamen by it hearren fan myn Russyske Bruce Springsteen. Syn muzyk set my oan om te begjinnen oan myn eigen frijheidsmars. Dreech sil it somtiden wol wêze, mar ik kin net wachtsjen om al it moaist mei te meitsjen ûnderweis!


Rocknacht Easterein

Eastereiners! Hjirby wolle wy elkenien wer efkes op ’e hichte bringe dat ‘Rocknacht Easterein’ der wer oan komt. Elk jier hawwe wy moaie rockbands yn’e tinte spyljen. Wy binne dit jier wer hiel bliid mei de twa bands dy’t by ús spylje: de Metallica tribute band: ‘Damaged Justice’. Troch in soad kranten en leafhawwers wurdt it ek wol dé bêste tribute band fan Metallica neamt dus dat sil siker prachtich wurde! Dêrneist wurd it ek in machtich feest mei: ‘The Bounty Hunters’! Johannes Rypma hat mei syn band machtige moaie rock covers op it programma mar spilet ek moai yn op it publyk sadat it alle kanten op kin mei de muzyk! De priis omleech!  Dit jier hawwe wy de entree priis omleech dien! Wy wolle it graach leuk hâlde foar elk wa’t der efkes op út wol. Ast der rap bij bist dan kinst foar € 8,- al in foarferkeap kaart helje!   Bierpriuwerij Wy ha dit jier ek wat nijs! Wy begjinne betiid 14 maaie want om 20.30 hawwe wy in bierpriuwerij! Elk kin gesellich del komme om ferskate orizjinele bierkes te priuwen! Lyk hjirnei sille de bands fan start gean!   Hjir is noch wat ynformaasje oer it feest Rocknacht Easterein op sneon 14 maaie foarferkeap €8,- kassa €12,by Jumbo Wommels, Tramhalte Boalsert, rocknachteasterein@hotmail.com  of gewoan efkes delkomme by

Petra (Eeskwert 15) , Kees ( Stittenserleane 3) of op ‘e pleats (wynserdyk 26a) ( Hjir sil it feest plakfine!) Oanfang: 20.30 mei bierpriuwerij! foar mear ynfo of oare fragen, www.rocknachteasterein.nl WÊS NET KJEL MAR KOM GEWOAN EFKES DEL! ;D   Groetnis, Petra Yntema            organisaasje Rocknacht Easterein


Feest in Nij Stapert Feest uit en thuis Van 26 t/m 29 mei gaan alle bewoners van Nij Stapert uit en toch thuis, een aantal fantastische ontspanningsdagen beleven. Deze zullen plaatsvinden in de feesttent die bij Nij Stapert zal komen te staan. De dagen zullen bol staan van activiteiten voor de bewoners, familie, vrijwilligers, het dorp en omgeving, voor iedereen die eens een kijkje wil komen nemen in Nij Stapert. De aftrap wordt gegeven met een grote bingo voor de bewoners, aansluitend een BBQ voor alle vrijwilligers die altijd klaar staan voor Nij Stapert. Bruiloft! Op vrijdag vieren we een echte bruiloft, met een echte bruiloftstaart, een huwelijksvoltrekking en met een bruiloftsmaal. ’s Middags krijgen we een modeshow waarin de medewerkers hun eigen bruidskleding showen. Tegen de avond een receptie voor de medewerkers van Nij Stapert voor het bruiloftspaar. Open dag Op 28 mei van 11.00 uur tot 16.00 uur houden we een Open Dag. Op deze zaterdag wordt er een gezellige hobbymarkt georganiseerd voor jong en oud rondom en in Nij Stapert. Voor een ieder wat wils een gezellige dag en voor iedereen die eens een kijkje wil komen nemen in Nij Stapert. Kom gezellig langs De zondagochtend zal in het teken staan van muziek met middags een leuke High Tea voor de bewoners van Nij Stapert. We zien u graag op de Open dag op 28 mei van 11.00 tot 16.00 uur om een kijkje te komen nemen. Team Nij Stapert

De âlde doaze Oplossing: fan links nei rjochts Bert van Asselt, Tynke Joustra, Geeske Joustra en Jan van Asselt


Boekstart Vertelkastje Bibliotheek Wommels De juf van de bibliotheek gaat met behulp van het Vertelkastje het verhaal van Kleine Kangoeroe vertellen aan kinderen van 3 tot 6 jaar. En daarna gaan we kleuren! De wereld is groot, veel en veel groter dan de buidel van Mama Kangoeroe. Maar Kleine Kangoeroe blijft liever dicht bij mama. Dat is veiliger, warmer en makkelijker. Mama probeert Kleine Kangoeroe met een duwtje in de rug te laten zien hoe mooi die wereld buiten haar buidel is. Eerst wil dat niet zo best lukken, maar dan‌ BoekStart Het voorlezen met het vertelkastje vindt plaats in het kader van BoekStart, een programma dat het lezen met heel jonge kinderen bevordert. Met de baby of peuter op schoot een boekje ontdekken is leerzaam. Het stimuleert de taal- en spraakontwikkeling van het kind, zo blijkt uit onderzoek. Het verhoogt de concentratie en het versterkt de band tussen kinderen en hun ouders. Allemaal zaken waar de baby of peuter ook later plezier van heeft. Kosten: gratis, 13 mei 2016, van 15:00 tot 15:30 uur

In opstekker! Ik wil graag mijn waardering uitspreken voor alle betrokken vrijwilligers van de Skoalleseize. Sowieso voor al het vrijwilligerswerk wat de Eastereiners verzetten (de besturen, de Tsjerne, de sport en binnen alle andere verenigingen). In dit geval even specifiek aandacht voor de club mannen van de maandagochtend in en rondom de Skoalleseize. De grote hoeveelheid taken en klussen verdwijnen wekelijks als sneeuw voor de zon. Het lijkt soms zo vanzelfsprekend, maar dat is het niet! Daarom mijn respect van een trotse Eastereiner! Anoniem


Meivakantie Op woensdag 27 april Koningsdag (officiële feestdag) en tijdens de meivakantie van 2 t/m 6 mei is Huisartsenpraktijk Hoepman gesloten. De praktijk zal worden waargenomen door dokter J.W. Meerdink te Wommels. Houdt u hier alstublieft rekening mee bij het bestellen van uw medicatie! VoorEr meer informatie: kan er maarwww.huisartseasterein.nl één de beste zijn.

Al 7 jaar!

Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

GENIETEN VAN ATAG One! ÉN BESPAREN A MET DE ZON

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One

+

XXL Een ATAG zonlichtsysteem voor: GRATIS WARM WATER LAGE ENERGIEREKENING

A

& ENERGIE BESPAREN EN! Er is al SU eenBS ATAG vanaf: ONTVANG IDIE cv-ketel

€ 2050,-

HOGER RENDEMENT DAN SPAARREKENING MILIEUVRIENDELIJK WAARDESTIJGING WONING Uw ATAG zonspecialist: ATAG E325EC + One

/5

OILER ECONORM 200

VOORBEELD: ZONNEB

SUBSIDIE × ACTIE “GELD TERUG”

€ 890,€ 250,-

incl. installatie!

€ 1.140,Vraag naar de voorwaarden UW VOORDE*EL

WWW.ATAGZON.NL

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG

Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716 E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Froulju dames 1 Kampioen Promotieklasse A Troch Vera de Vries

Sneon 16 april wie ús lêste wedstriid. In wedstriid die wy winne moasten mei 4-0 fan Swette Switters. (  Twa jier tebek hiene we hjir in echte kampioenswedstriid tsjin, die wij spitigernôch ferlern ha en sy de kampioen wiene en wij mei lege hannen stiene). Op harren is 4-0 winne is al in prestaasje, sa faak dogge je dat net. En hielendal net yn in echte derby. Earder dit seizen wiene wij ek al te sterk foar Swette Switters út Skearnegoutum. Mar sneon slagge it allegearre. Om  18.30 oere wiene wij dan ek al klear mei de wedstriid.  Us konkurrinten, nûmer 2 en nûmer 3 moasten ek tsjin inoar. It moaiste senario wie Dat leevoc (de nûmer 2)  mei 3-2 ferlieze of winnen moast fan AVC (de nûmer 3). Us coach Meinte Bergstra hie kontant hân mei Klaas de Jager die foar ús nei Ljouwert woe om te sjen hoe it dêr gong. Undertusken wisten wy al dat it 2-1 foar Leevoc stie. De spanning siet der noch hieltyd yn... it kin noch! Om 19.00 oere belle dêr Klaas mei de meidieling dat it 2-2 stie en dat troch dizze tuskenstân wie dus de kampioenen wiene! De blommen krigen we, it bier stie ynienen op tafel en We are the champions knalde út de radio bij Titus! Wat machtich moai!! Letter op ‘e jûn ha jim ús miskien wol troch it doarp riden sjoen! Sandstra hie foar ús de bak lege en woe wol mei ús troch it doarp ride! Nochris tige tank hjirfoar! It wie in moai Feestje! Takom jier spylje we dus 3e divsie, mei 2 skiedsrjochters en 2 lijnrjochters! We sille wol wat oan al die oare drokte wennen moatte! Stean der ynienen ek in pear minsken!


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Young Talent Award: yn petear mei Greetje Couperus Troch Nathalie Oliveiro

De 18-jierrige Greetje Couperus hâldt fan alles wat mei hier te krijen hat. Se folget de kappersoplieding oan it ROC Friese Poort te Ljouwert, rint staazje en wurket by Beauty Centre Hair Affair yn Snits. Koartlyn, 14 maart, hast meidien oan in wedstriid. Kinst hjir wat oer fertelle? It begûn bij de Creaparty by ús op skoalle, dit is in wedstriid fan ús oplieding wer je yn twatallen wurkje oan in totaalplaatsje binnen it tema Avant Garde. Der diene sa’n 500 learlingen mei. Douwina Rypkema en ik binne earste wurden én útkeazen om mei te dwaan oan de Keune Haircosmetics Young Talent Award. Nominearre foar de Keune Young Talent Award en doe? Tusken de Creaparty en de Young Talent Award siet twa wiken, dat it gong allegearre aardich gau. Op skoalle koene wy mar trije kear oefene en fierder moasten wy alles thús dwaan, lykas in grut moodbord meitsje en foar de klean soarchje. Wat wie de opdracht? Woansdei 30 maart mocht ik mei noch twa learlingen nei Soest, nei it haadkantoar fan Keune om dêr sjen te litten wat we kinne. Wy moasten dêr knippe, kleurje en it hier en de klean hielendal ôfstyle. Der wie in visagiste om de make-up te fersoargjen. It tema wie Luxurious Minimalism: it moast in lúkse útstrieling ha, mar tagelyk lyts en maklik wêze. Hast ek fans meibrocht? Der wiene twa dosinten fan skoalle mei en de sjauffeur is de hiele dei mei west. Fia Whatsapp krigen we in filmke fan de klasse! Echt super leaf!


Hoe ferrûn de grutte dei? We binne 6:15 út Easterein riden nei Ljouwert. Dêr stie in buske mei sjauffeur foar ús klear, tegearre mei in dosint fan skoalle. Doe binne wy nei Soest riden. Dêr kamen we om 8:45 oan en moasten we drekst mei alle oare nominearren de dei trochnimme. Earst knippe en kleurje, doe in pauze fan in healoerke en doe gong de planning troch mei de visagie en it ôfstylen fan it kapsel en de klean. Nei dit alles noch gau wat foto’s meitsje en troch nei it poadium om de trochrin te dwaan. Doe begûn it echte part ek al. De âlders, sjuery en

dosinten sieten rûn de catwalk en hjir moasten we allegearre ús model en moodbord sjen litte en ús ynspiraasje útlizze oan de sjuery. Spitigernôch ha ik net wûn, wol ha ik as feedback meikrigen dat se my tige goed fûnen mei de techniken. Priuwt dizze ûnderfining nei mear? Dit priuwt siker nei mear! Dit lit dochs mar sjen dat ik dit echt wol en der ik echt foar gean sil. Yn ‘e takomst hoopje ik noch mear fan dizze moaie ûnderfiningen op dwaan te kinnen.


Wilhelmina wer kampioen yn de twadde divyzje! troch Elisabeth Breeuwsma en Yvonne van Beem Fol entûsjasme giet Siep Stoffelsma, foarsitter fan Wilhelmina, by ús oan tafel sitten. Mei alle rjocht fansels, want sa as de measten wol witte is ús Eastereiner korps Wilhelmina sneon 9 april foar de 2e kear op ’e rige Nederlansk kampioen wurden op it “Open Nederlandse Fanfare Kampioenschap” yn de Lawei yn Drachten. In swingende dirigint! Alle lof foar de leden fan Wilhelmina, want sy moatte de muzyk meitsje, mar de grutste lof giet dochs nei dirigint Pieter, fynt Siep. Hy hat it mooglik makke dat de blazers en slachwurkers it stik sa goed útfiert hawwe troch it ûnderste út de kanne te heljen. De Ljouwterkrante hie it oer “De af en toe swingende Bosma leidde zijn muzikanten soeverein naar de overwinning”. à la The Voice Wilhelmina is dan ek al fanôf jannewaris mei dit muzykstik oan it oefenjen, stúdzjedagen en in Try-out mei oare korpsen. It maksimale moast der út helle wurde. Elts korps dy't oan it ONFK mei die, hie itselde stik muzyk te spyljen. Troch lotsjen wurdt de folgoarder fan de korpsen bepaald. De sjuery kin neat sjen en moat oardiele op harren gehoar. Lykas The Voice of Holland dus, allinnich sûnder draaiende stuollen. Wilhelmina docht mei harren 36 leden en in pear gastspilers wer mei oan it kampioenskip foar in hiele grutte beker en de ivige roem. Dat it korps fan Easterein safolle “bûten” leden hat, komt troch de gesellichheid mei syn allen en it nivo fan it korps. Wilhelmina docht bygelyks ek mei oan konkoersen sa as takom jier it WMC yn Kerkrade, want dan kin je eventueel promovearje en wer yn in klasse heger komme te spyljen. Troch sykte as in ûnfolsleine besetting wurdt der ek hulp fan minsken fan bûten Easterein frege oars is de balâns yn it korps fuort. Binne der ek bepaalde rituelen foar sa'n grut optreden? Wy wiene wol benijd as der ek spesjale rituelen binne foar sa’n belangryk


optreden, mar neffens de foarsitter falt dat wol mei, as it is him net opfallen. Elts giet der op syn wize mei om. Nei it optreden is de ûntlading wol grut, de iene is bliid omdat it sa goed gong en de oare baalt omdat dy miskien in noat mist hat. Der wurdt in protte neipraat en lústere nei oare korpsen hoe't sy it der fanôf bringe. Alle dielnimmers fiere ommers itselde stik út. “Soms hearst grutte ferskillen” seit Siep “ mar de sjuery bepaald, en dan kinne we der noch wolris neist sitte mei ús oardiel welk korps hiel goed oerkaam as net”. Mar alle korpsen binne sawat ien grutte famylje ûnderinoar en der wurdt dan ek in protte neipraat en men is ek faaks bereid om in oar korps te helpen. Wilhelmina op de tillefyzje Wat ek hiel bysûnder is, is dat alle optredens sûnt in pear jier live te folgjen binne op de webside fan Omrop Fryslân. Der ha yn 2 dagen 27.239 minsken nei de livestream sjoen, besteande út 38 korpsen fan totaal 1754 muzikanten ferdielt oer 5 ferskate divyzjes. Neffens Siep syn berekkening binne der ûngefear 900 minsken dy it optreden fan Wilhelmina besjoen en lústere ha en yn De Lawei wiene sa’n 700 minsken. Fansels is it ien grut feest as de útslach bekend is en Wilhelmina foar de 2e kear kampioen wurdt mei 91.33 punten. Neist de beker winne se û.o. noch in masterclass en konsert mei Gerd Wenskink, in waardebon om muzyk te downloaden en in bon te besteden bij BANDMUSICSHOP. Yn de lounge romte fan De Lawei wurdt toasten en dernei sjinees iten op de oerwinning. Dy ivige roem hat Wilhelmina wol fertsjinne as se foar de 2e kear op ’e rige kampioen fan Nederlân wurden binne! Easterein kin mar wer grutsk op harren korps wêze!

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


Grut - Nijs fan Wilhelmina

It Open Nederlands Fanfare Kampioenschap Sneon 9 april it ONFK konkoers in de Lawei te Drachten. Hjoed moast it barre nei al dat oefenjen. Om 13.00 oere wie de lotting. Wy wiene nûmer 4 fan de 6 dy’t yn de 2e difyzje meidiene. Kinne we earst noch wol wat relaxe. Om 15.00 oere ynblaze en dan it grutte poadium op. It gong wer poer best. Publyk wie entûsjast en dan wurdt it spannend, want 17.15 oere de priisútrikking. We sitte mei spanning te wachtsjen yn’e seal. Ddan wurde de punten bekend makke, en we binne wer EARST, lyk as foarich jier. Der giet in gejuich op, wat in feest! De GRUTTE BEKER giet wer mei nei Easterein. Dernei noch mei ús allen nei de sinees te iten en feestfiere. De beker pronket no wer yn ús medaljekast. We meie der noch in jier nei sjen. Konsert mei Balt de Vries Sneintejûn 22 maaie 20.00 oere spylje wij yn ‹e Martinitsjerke fan Easterein mei Balt de Vries. Jeugdkonsert Moandeitejûn 23 maaie sille de leden fan ús jeugdkorps - de Wilhelminis - en de learlingen fan de basisskoalle dy’t de ôfrûne moannen les hân ha, wat stikjes foar ús spylje. Jimme binne allegearre wolkom. Dus kom 23 maaie jûns om 19.00 oere nei de Skoalleseize om nei dizze jonge muzikanten te lústerjen. Simmerkonsert Set ek alfêst yn jimme aginda: sneon 9 july hawwe we ús einkonsert fan dit seizoen. Om 19.30 oere bij kafee Noflik bûtendoar: korps mei sjongeres Jitske Draaijer. Oant in oare kear! Groetnis, Korps Wilhelmina


Skilderkeunst .... Al sûnt in jier as trije bestiet de skilderklub ‘’fleurich en kleurich’’. Wa dy namme betocht hat, wit ik net, mar it klinkt wol skilderachtich. We wurkje mei kleurige oaljeferve (inkelden mei akryl), en de measte skilderijen sjogge der fleurich út. De groep fan it earste jier is yntusken ôfswaaid, de oare twa geane noch op folle krêft troch, ien kear yn de trije fjouwer wiken. En elke kear falle we wer fan de iene ferbazing yn de oare: der binne thús de moaiste dingen wer makke ! De moaiste dingen: Rembrandt, Jan Steen, Marten Sybesma, se soenen der grif grutsk op wêze! Dat binne wy ek: nea witten dat we sa skilderje koene, ik kin myn heale keamer der mei behingje, en myn bern binne suver grutsk op my... Sok praat! Mar it fernaamst is de wille fan it skilderjen, de spanning fan: soe it wol wat wurde? Der bedarret ek wolris ien yn de kontener, mar hast altyd helpe we inoar der wol troch: in wolkje blau, in poepke griis, en klear is it wer ... Jo moasten dat ris fan tichteby sjen: de gespannen gesichten, de minutenlange stilte, de sucht fan ferlichting .... Jo moasten dat dochs ris fan tichteby sjen kinne, de prachtige skilderijen: de lânskippen, de bistekoppen, de fûgels foaral .... Dan fiele jo ek it geduld, de nocht en wille, ja de leafde, dy achter dy skilderijen skûl geane. Wolno, jo kinne it allegearre sjen as stikje fan de KEUNSTRUTE 2016, dy’t op sneon 21 en snein 22 maaie o.s. holden wurdt. Oeral yn ús gemeente binne eksposysjes ; ateliers, pleatsen en tsjerken ha de doarren iepen; keunstners litte de moaiste bylden, skilderstikken, tekstile foarmen sjen of se binne der mei oan ‘t wurk. Ik soe jim oanriede: der hinne! Jo binne oeral wolkom! Jan Strikwerda


In ferhaal troch Anke Blanksma Hoi myn namme is Anke Blanksma en ik bin frege om foar dit doarpskrantsje myn ferhaaltsje te dwaan en it giet oer boartsjen yn Easterein. Buitenspelen in Easterein Meisjes en jongens die vaak buiten spelen bijvoorbeeld op het schoolplein,speeltuin en sportveld (overal eigenlijk wel). Iedereen is aan het voetballen, waveboarden, springtouwen, op de rekstok en nog veel meer. Sommige kinderen zitten vaak ook binnen en sommigen spelen vaak buiten. Zelf ben ik vaak buiten met een vriendin dat is altijd heel leuk. We zijn op school ook weer aan het knikkeren dat is ook leuk. Ik heb zelf geen hele zak vol maar een paar knikkers maar ja sommigen hebben 3 bakken vol en sommigen een klein potje vol. Veel van mijn vrienden vinden waveboarden leuker want we zijn ook weer aan het waveboarden op school dat is ook leuk. Jammer genoeg heeft niet iedereen een waveboard dus die vraagt dan aan iemand anders. Ik heb er zelf wel ĂŠĂŠn. Wat de meesten doen is voetballen op school, maar dat mag alleen op dinsdag en donderdag. En tafel is ook leuk en wat nog leuker is is belletje lellen. Er zijn ook andere plekjes in Easterein waar je leuk kunt spelen. Ik zal hier een paar vertellen. Bij het sportveld bijvoorbeeld, daar kun je lekker voetballen. Maar als er een wedstrijd is kun je niet door het veld heen voetballen. Een ander leuke plek is naast Noflik, daar hebben we een geheim plekje. We spelen daar niet super vaak meer maar dat is wel een leuk plekje. Ook bij het likehofke kun je leuk spelen. Maar er is ook veel modder. Een tijdje geleden zijn we ook aan het polstokspringen geweest. Ik ben zelf niet de beste maar vind dit wel heel leuk. We zijn vanaf de school naar de molen geweest. Dit hebben we samen gedaan met liset en marije. Vorig jaar hebben we ook nog het slingertouw gehad. Dit is bij de nijbouw. Maar hij is nu kapot en dat vind ik jammer hij is namelijk in de sloot gevallen.


STOARMEN, MIST EN EANGST (PART I) In greep út it seemanslibben fan Sikke Scheltema

Troch Nathalie Oliveiro

Sikke Scheltema is berne op 19 augustus 1934 yn Arum, is de op ien nei âldste fan acht bern. Op it jierdeifeestje fan syn buorfamke trof er Yt út Wolsum. Dat klikte. No binne se alwer 57 jier troud. Se ha trije bern: Freddy (55), Sjoukje (54) en Coby (52) en binne pake en beppe fan seis lytsbern dêr’t se folop fan genietsje. Jongesdream Hoewol’t it net yn ‘e famylje sit, Sikke wist al hiel jong dat er de see op woe. ‘It wie in jongesdream’. De Mavo dat wie neat foar him, dêr wie der fierstente drok foar. Doe is er op 13-jierrige leeftiid op in opliedingsskip yn Amsterdam-Noard telâne kaam. ‘Dêr hiene we in Spartaanse opfoeding, oarder en dissipline’. Twa jier letter wie er klear en gong er de see op: ‘Ik bin mei 15 jier it seegat útgongen, dat wie doe frij normaal’. Dernei hat er yn Grins de seefeartskoalle dien om stjoerman te wurden, earst in blok fan 9 moannen en letter nochris 3 moannen. It seemansaventoer begûn net sûnder muoite. ‘Der kaam in grutte tsjinslach, want ik waard op see altiten seesiik’. Sikke hat doe twivele, moast er trochgean as der mei ophâlde? ‘Mar ik ha dochs trochsetten’. It waard stadichoan hieltyd better, nei in drege perioade fan 4 jier oergroeide hy it seesiik wêzen. Dat de skippen ek hieltyd grutter waarden holp hjir wis oan mei. Kapitein Scheltema Sikke foer as stjoerman op de Wegro, fan de famylje Wester Groen. Syn


dei bestie û.o. út stjoere, wachtrinne en skjinmeitsje. Op in dei krigen menear Wester, de kapitein fan it skip en syn broer de reder rúzje. ‘It wiene grinslanders, stiifkoppen.’ It gong hurd tsjin hurd en der wie plots in nije kapitein nedich. Sikke die syn wurk as stjoerman sa goed dat hy frege waard om kapitein fan de Wegro te wurden. ‘Ik wie 23 jier. Dat wie dus hiel jong, yn dy tiid ek al. Dat kaam net faak foar.’ As kapitein waard alles oars en fan it ien op it oare momint wie de jongeman ferantwurdlik foar it hiele barren op it skip. Kapitein Scheltema woe net nei de grutte feart. ‘Dy skippen wiene my fierstente grut’. Hy keas foar de kustfeart, de saneamde lytse hannelsfeart dêr’t je meinammen ôfreizgje nei West-Europa, Middellânske see en de Eastsee. Letter waarden dizze skippen grutter en doe kaam hja ek wol yn Brits Guyana, Afrika. ‘World-Wide sil ik mar sizze’, sa fertelt Sikke. Hoe grutter de boaten waarden, hoe fierder de reizen wiene. Fakânsje en famylje Der wiene noch gjin fakânsjeregelingen en wannear at Sikke thúskomme soe, wist er net. ‘Je gong like lang troch dat je tochten ‘no wol ik ek wol wer ris nei hús en dan monstere je ôf’. Yn seemanstermen betsjutte dat ûnstlach nimme. ‘Je seine dan tsjin de kaptein, ik wol net mear’. Troch it gebrek oan regelingen, hat Sikke spitich genôch ek spesjale famyljemominten mist. Wylst de seeman yn Nantes siet, waard yn Easterein âldste soan Freddy berne. ‘Doe wie ik der net iens by. Pas doe’t er 6 wiken wie, koe ik him yn myn earmen hâlde’. Letter is it better wurden, doe kaam de regeling: 4 moanne farre en 2 moannen thús. Dit wie in hiele ferbettering. Sa koene de fakânsjes regele wurde en wie Sikke faker mei de feestdagen by syn gesin. ‘De bern moasten mei Kryst wolris wat dwaan en ik wie der noait, mem wie der altiten. ‘Yt wie gewoan de mem, en ik (heit) kaam op ‘’besite’’. At de bern fakânsje hiene, gongen se ek mei. Ien simmerfakânsje foeren se fanút Rotterdam nei Liverpool, Ingelân en fan dêrút soene se nei oare Europeeske lannen reizgje. Ienkear dêr besleaten de havenarbeiders 6 wiken te staken en koene de Scheltema’s net mei it skip fuort. Se ha doe mar leuke útstapkes makke nei bygelyks Manchesterzoo. ‘Doe’t de staking ofrûn wie, moasten de bern mei it fleantúch wer werom, skoalle soe wer begjinne’. Hoe’t it ús seeman fierder ferrint, lêze jimme de folgjende kear yn part II fan Stoarmen, Mist en Eangst


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra Dick de Waal, in Amsterdamske oarlochsjonge Op 5 maaie wurdt jierliks noch altyd de ‘nasjonale’ befrijing fierd. Fryslân waard al op 15 april befrijd doe ’t de Kanadezen Ljouwert ‘ynnamen’. Ferline jier ha wy ‘de befrijers’ by wize fan betinking troch Easterein riden sjoen. Foar my in bysûnder momint. Lâns it plak der ’t ik yn april 1945 as lyts mantsje op de leuning fan de brêge op it Plein stie, kamen no wer ‘deselde’ befrijers lâns. Doe stie ús mem neist my en ‘ús’ Amsterdamske oarlochsjonge Dicky de Waal. Dizze jonge wie yn begjin febrewaris 1945 by ús kommen en oer him wol ik it no ha. Stêd en oarloch Dicky wenne yn de oarloch mei heit en mem, en suster Loes oan de Geuzekade yn Amsterdam. Yn 1944 begong mei D-day de befrijing fan Europa. It suden fan ús lân wie ûndertusken befrijd. Mar yn de grutte stêden yn it westen kniep it botte. It iten wie krap, mar koe troch in systeem fan bonkaarten en ‘gaarkeukens’ noch reedlik ferdield wurde. Der wiene lykwols tal fan Amsterdammers dy ‘t der op útlutsen om harren besittingen op it plattelân te ferruiljen tsjin iten. Dat die de heit fan Dicky ek. Op in fyts mei kusjebannen gong er nei de boeren en hie dan sâlt by him om te ferruiljen. Hy wurke op in bedriuw dat kowefellen opkocht en om dy dan goed te hâlden waarden se yn it sâlt setten. Fan kowefellen wurdt lear loaid en de Dútskers hiene dêr belang. Dêrom waard der dan ek sâlt beskikber steld. Om dan de need wat te ferlichtsjen ‘mochten’ jo wol wat sâlt meinimme! Oan de ein fan de fytstocht kaam heit De Waal faaks mei in sekje weet (=tarwe) thús. Yn de kofjemole waard it meald en der koe dan wer wat fan bakt wurde. De hongerwinter It begûn lykwols hieltyd mear te knipen. It sop út de ‘gaarkeuken’ waard wetteriger, mar je hiene dan dochs wat yn de mage. As de panne der ’t Dicky’s mem mei út de ’gaarkeuken’ komt har foar de foardoar út de hannen glûpt, wurde de leppels derby pakt en leit de húshâlding op knibbels om de restanten fanôf it trottoir op te iten. Elkenien hie honger, want der wie net mear genôch. Loesje gie sa no en dan troch bemiddeling fan de tsjerke út iten by minsken der ’t noch wat wie. Mar ek de opgroeiende Dick waard in oanslach op de itenspanne. Ek hy mocht wolris earne oars út iten oant yn de Watersgraafmeer (de plak fan it âlde Ajaxstadion) ta. Yn in tiid dat de trams


net mear rieden en der gjin fyts mear te besjitten wie, wie soks in ein rinnen foar in jonkje mei de honger yn de hals. De minsken hiene net allinne honger, mar se hiene it ek kâld. Brânstof wie der net mear en oeral der ’t yn Amsterdam noch in stikje hout te finen wie waard it sloopt. Dan jilde ek foar de trambylzen. Dêr siet dan ek noch tarre yn en dêrtroch woene se noch better brâne yn de needkacheltsjes dy ’t fan âlde blikken makke wiene. Yn dy kacheltsjes hoegde net in soad brânstof en se koene ek noch brûkt wurde om wat op te sieden. As it koe waard der in ‘lekkernij’ makke troch bygelyks sûkerbyt te ‘stoken’ (op it fjoer ‘sudderje’ te litten). Dat waard dan in soarte sjerp en dat koene de minsken dan ite. Fuort Mar it koe sa net langer no ’t der hieltyd minder iten, gas, elektrisiteit en brânstof foar de gewoane Amsterdammers wie. Dan moatte je wat. Heit en mem De Waal wiene sliepende leden fan de ‘Nederduits Hervormde Kerk’ sa as Dick my letter fertelde. De Amsterdamske tsjerke besocht plakken te finen yn dy dielen fan it lân der ’t it iten net krap wie sa as op it plattelân fan Fryslân. Dêrom kaam Fryslân yn oanmerking foar it opnimmen fan Amsterdamske bern. Heit en Mem De Waal besprieken mei de 11-jierrige Dick dat dit it bêste foar him en de húshâlding wie. Hy soe syn bonkaart meikrije yn de hoop dat dy by takomstige pleechâlden net noadich wie. De bonkaart koe dan wer nei Amsterdam stjoerd wurde, sadat heit, mem en Loes wat ‘mear’ krije koene. De tarieding fan de reis Fanút Amsterdam-Súd rieden der frachtauto ’s oer de Ôfslútdyk nei Fryslân. Op de laadbak fan de vrachtauto wie in ‘kape’ boud tsjin rein en sinneskyn. It earste part fan tocht waard lykwols rinnendewei fan de Geuzekade nei Amsterdam-Súd ôflein, mei in kofferke mei wat klean, in bonkaart en in stamkaart der yn, yn ‘e hân. As je dan yn Súd kamen wiene je der net wis fan dat de frachtauto ek ried. Wie it waar te moai dan wie it risiko te grut dat de auto op de Ôfslútdyk troch Ingelske jagers besketten waard. Trije kear hat Dick mei de honger yn de hals de tocht Geuzekade Amsterdam-Súd makke en trije kear moast er wer werom om ’t it te gefaarlik wurde koe. Trije kear fiif kilometer hinne en fiif kilometer. De boatreis Nei dy trije kear waarden de beakens fersetten. It waard net mear in frachtautoreis, mar in boatreis. Efter it Sintraal Stasjon, yn it IJ lei begjin febrewaris 1945 de boat klear om de bern nei Fryslân te bringen. Dick giet


hjir no hinne en as de boat 5 febrewaris yn de middei fuortgiet is it min waar. Oan boat is der strie útstruit yn it rom fan it skip en dêryn kinne se dan lizze. Dan stiene der noch in pear grutte tonnen om te ‘skiten en te spuien’. Fia de Oranjeslûzen, it Iselmar en Koarnwertersân gong de boat nei Harns. Troch it oerstjoere waar gong it skip nochal op en del en waarden hiel wat bern ‘seesyk’. De tonnen rekken al gau fol en de stank wie net mear te fernearen. Dick gong dan ek nei boppen om, al hoe siik er ek wie, dochs mar leaver yn de frisse lucht te stean. Yn Harns Nei in nacht farren kaam de boat yn Harns oan. De bern mochten fan boat en waarden opfongen yn in gymnastyklokaal. Der stiet it iten klear: wite bôle mei leverwoarst. Se meie safolle ite as se kinne, guon kinne gjin maat en wurde sa siik as in hûn. Dy earme maachjes wiene gjin iten mear wend. De bern hiene gjin idee wat der no fierders mei harren barre soe. Nachts sliepten se yn de skoalle. De oare moarns waard der in seleksje makke en waarden se op in feewein setten om ‘útsutele’ te wurden . Sa kaam Dick mei in stel foar him ûnbekende bern foar In ûnbekende takomst yn Easterein.

Yn juny gean ik fierder mei Dick yn Easterein.

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


In artikel út de Noordwesthoek fan 2 maart 1945

Kinderen uit de Randstad arriveren per schip in de Harlinger haven om vervolgens te worden ondergebracht in omliggende dorpen. Foto: Collectie Mevr. G. de Jong

In dezelfde periode arriveerde er een paar maal een transport met kinderen uit de Randstad. Ze kwamen per schip in Harlingen. Op 9 februari kwam het eerste transport van 280 kinderen. Ze werden in Harlingen opgevangen in de R.K. Huishoudschool en doorgestuurd naar andere plaatsen. Aangezien Harlingen, evenals de eilanden, gold als Sperrgebiete mocht de stad zelf geen vluchtelingen opnemen. In februari en maart zijn er enkele van dit soort transporten geweest. “Als wassen beeldjes heb ik ze zien liggen in het stroo van het St. Anna-gesticht. En overdag zaten ze er. Veertig tot vijftig kinderen in één schoollokaal. En ’t was er stil….Geen stoeien of ravotten, geen kwajongensstreken. Als ze eten zagen, glansden de gezichtjes. Thuis kregen ze suikerbieten, vertelde een klein meisje me. Rauw, maar soms ook gestoofd, als peertjes. Dat was lekker! En soms kon moeder ook wel bloembollen kopen, maar niet dikwijls. Want daarvoor moest je heel lang in de rij staan”, schrijft


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Samar in moarn op de peuterskoalle Lekker mei syn allen boartsje yn de sânbak.

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


Twa Eastereiner fammen sa fier fuort Troch Amarins de Haan

Reizigjen sit Eastereiners yn it bloed. We flitterje oerol hinne. De ien wat langer, de oar wat koarter. De ien fynt Wommels al fier genôch, de oar pakt it fleantúch. Jelien Pompstra en Tineke de Jager binne sa aventoerlik. Sy litte Easterein sels foar langere tiid efter harren en binne op dit stuit oan de oare kant fan de wrâld te finen. Hoe soe it harren fergean? In petearke mei Jelien Pompstra Wer bisto momentiel en wat dochst der? Op it momint bin ik rûnom Japan, en dêrnei bin ik yn Hakodate. Ik bin oan board fan de ms Volendam, in cruiseskip fan Holland America Line. Ik wurkje hjir by de resepsje wêrby ik gasten help dy fragen, klachten of opmerkingen ha.    Werom bist hjir (dit plak/ lan) nei ta gien? Dit is foar myn staazje om de oplieding ‘International Hotel Management‘(hotelskoalle) fan it Stenden yn Ljouwert of te ronden. Ik kaam yn kontakt mei wurkje op it skip fia Stenden sels en seech der in moaie útdaging yn. Derneist jout it in soad moochlikheden om wat fan de wrâld te sjen.    Hoe lang bliuwst hjir? De staazje is yn totaal 10 moanne. Omdat wy op it skip 7 dagen yn ‘e wike wurkje en gemiddeld 10 oeren per dei, wurdt it opsplitst yn twa keer 4 moanne, mei in ‘fakansje‘ fan 2 moanne thús. De earste fjouwer moanne bin ik op de ms Prinsendam west, en dus no op de ms Volendam.   Wer libbest fan? Krijst staazjefergoeding? Ik wurd hjir per dei yn dollars betelle, derneist krij ik nog in studiefinanciering fan de duo (sa as elke student). Fierder hoech ik nea te beteljen qua kost en ynwenning en fleant it bedriuw mei fan


en nei it skip. Mei dizze staazjefergoeding mei ik net klaaie, mar sa as ik al sei; hjir tsjinoer wurkje ik ek 7 dagen yn ‹ e wike/ 10 oeren per dei.   Binne der mear stazjêres? Oan board fan dit skip bin gjin oare stazjêres. Der bin wol mear fan myn oplieding, mar dy sitte op in oar skip.  Hast wol tiid om wat fan it lân te sjen? Learst de bevolking ek goed kinnen? As myn wurkroaster it ta lit, mei ik fan board wêr ik wol. Us roaster roteart elke wike, wertroch eltsenien yn ús ofdieling te kâns krijt om sa no en dan der op út te gean. Ek al komme we op in soad moaie plakken, we bin der faaks mar in dei, wêrfan wy in pear oerkes frij ha, dus om de lokale bevolking te ontmoetsjen komme we faaks hast net iens oan ta.   Wat hast meimakken (anekdote as sa) Der is safolle wat ik sjoen ha, it meast resente en meast bijzondere tagelyk wat ik my no kin betinke is it beklimmen fan de Chinese Muur yn Tianjin (Beijing). Dat is wol iets unyks tink ik. Moaie omjouwing, mar in soad treppen ;). Fierder tink dat it oer it algemeen een moaie ervaring is sjoen de plakken die ik west bin: Noord-Europa, geheel Zuid-Europa plus een deel fan it Midden-Oosten (Israel), Oerstek fan de Atlantische Oceaan, de Caribbean, de Amazone yn Brazilie, en no Indonesie, Vietnam, Cambodia, Thailand, China, Japan & asen oer de Stille Oceaan nei Alaska.   Wat hiedest net ferwachte? Ik hie net tocht dat ik it sa leuk soe fiene; it faren self. Foaral omdat je soms dagen ha mei allinich mar wetter om je hinne, en je faaks op plakken binne wer je net samar nei hus fleane kinne. Safier ha ik der my der nog net san soargen oer makke, lokkich ha ik der ek nog gjin reden foar han.   Wat is it grutte ferskil mei Fryslân It skip is krekt in doarp, likas Easterein, mar sels mei mear ynwenners. Mar it grutte ferskil is de ferskillende kulturen. It grutste deel fan de wurknimmers komme ut de FIlipijnen & Indonesie. Fierder bin it Amerikanen, Canadezen, Europeanen. Der mat je rekkening mei halde... Minsken dy my kinne witte wol dat ik it bekje op e goeie plak ha, mar der mat ik hjir wol bij oppasse. En dat is hielendal net ferkeard hjer ;) Wat mist it meast? Op dit momint toch wol myn famylje. Dat komt foaral omdat myn sus en har freon yn ferwachting binne. Ek al halde se my goed op e hichte


mei foto›s en de letste nijtsjes, it is wol jammer om it net hielendal mei te meitsjen. Ik bin lokkich wol wer thus foardat se utrekkene is. Wannear komst wer werom? Of komst net wer werom :) Myn contract eindig op 29 juni. Miskien dat ik der nog een fakansje achteroan plak, mar kom sowieso yn juli thus. Foar hoelang ik thus bliuw wit ik nog net. Ik wol sowieso eerst myn skoalle ofmeitsje, mar tink dat ik wol wer oan board sil stappe dernei.   Kinne wy dyn avontoeren ek folgje? Ik bin net sa‘n skriuwer fierder, dus ha gjin blog of iets dergelijks. Ik diel soms wat foto‘s op Facebook of Instagram, mar dat is it ek.   As ik wer yn Easterein bin dan sil ik as earste….. Wetter ut ‘e kraan drinke & sliepe sûnder wekker te setten   Ik doch de groetnis oan… Myn famylje & myn ‘tjiks‘, Dames 1 & coach fan Covos die kampioen wurden binne (TOPPERS!), en oan Opa ut Snits!  

Lans dize wei wol ik, Kobus Nauta, myn doarpsgenoten betankje foar alle belangstelling, kaarten in hiele protte, blommen en fruit. Die ik krigen ha nei myn operaesje. Ek al wenje wij hjir nog net sa lang. It die ús tige goed. En ik bin al hast wer better. Tankje wol. Kobus Nauta


In petearke mei Tineke de Jager Wer bisto mominteel en wat dochst der? Ik sit mominteel yn Surfers Paradise Australie. Ik rin hjir ‘staazje’. Bin al ôfstudearre, mar woe graach ûnderfining opdwaan yn in oar lân. Ik wurkje hjir no yn in hotel.    Werom bist hjir (dit plak/ lân) nei ta gien?  Doe ik mien Master die, waard der sein dat der opsjes wiene om in staazje te dwaan yn Amerika of yn Australie, omdat de oplieding der kontanten hie. Doe ik dat hearde wie ik eigentlik daliks ferkocht om nei Australie te gean. Dus doe is de sollisitaasje proseduere begûn en sa bin ik yn Surfer Paradise belâne!    Hoe lang bliuwst hjir?  Ik wyt noch net presys hoe lang ik hjir bliuw. Hinget even fan de staazje of. Fierder gean ik dernei noch reizgjen troch Australie, Nei Sealân en Azie.     Wer libbest fan? Krigest staazjefergoeding? Ik krij in fêst bedrach per moanne as staazjefergoeding en ik ha in appartemint yn it hotel wat se ek foar mei betelje. Opsich, ast net te folle leuke dingen dost nest dien deistige boadskippen dan soest it wol rêde kenne mei it bedrach wast krigest. Allinnich ik wol graach ek fan alles noch sjen en leuke dingen dwaan, dus ik libje ek fan mien sparrekken mominteel.  Binne der mear stazjêrs Ja, mominteel binne der 4 stazjêrs. Wêrfan 2 Nederlânds en 1 Dúts. We dogge in heel soad leuke dingen mei inoar. De


twa Nederlândske stazjêrs​dogge dit foar harren Hotelskoalle en it Dútse famke rint hjir foar finansjeel.   Hast wol tiid om wat fan it lân te sjen? Learst de befolking ek goed kinnen? Ik he elke wike 2 dagen frij, soms efter inoar soms net. Probearje faak wol wat te dwaan op myn frije dagen, sa as inderdaad nei plakjes gean. Bin no nei Snappers Rock, Byron Bay, Burleigh Heads, Brisbane en Killarney Glenn west. En bin nei sa›n typyske Australian Farm west. Gelokkich leit Surfers Paradise frij sintraal en kinst oeral frij makkelik hinne. Yn Surfers Paradise binne foar nammentlik toeristen en de lokale minsken dy hjir sitte binne faak minsken dy studearje en dus net echt Australiers.     Wat hiest net ferwachte? Doe ik hjir oankaam, seage ik it hotel. Dat wie totaal net wat ik derfan ferwachte hie. Mar goed, elke ûnderfining is in ûnderfining.    Wat is it grutte ferskil mei Fryslân? It alter grutste ferskil is natuerlik it klimaat! It is hjir 90% fan de tiid moai waar! Mominteel wurd it hjir winter en dan merkt wol datst jûns in lange broek mei in lang shirt oan kinst, mar middeis leist noch gewoan yn ‹e bikiny op it strân! Fierder, is it hjir allegearre gewoan heel relaxt, mar ik sit ek yn de fakânsje bestimming fan Australie.     Wat mist it meast? Mien freonen en famylje: Autodrop!  Mar fierder, mis ik net sa›n soad hjir. Hast hjir wer hele oare dingen en in oare kultuer, wat ik allinnich mar interessant fyn!    Wannear komst wer werom? Of komst net wer werom :) Ik kom fest wol wer werom! Ik wyt allinnich net presys wannear en foar hoelang. Sa at it no ûngefear stjit bin ik rûn April 2017 wer yn Fryslân! Mar wist it natuerlik nea!    


Kinne wy dyn aventoeren ek folgje? Ik he net echt in blog ofsa wer ik myn ferhalen opset. Op Facebook set ik sa no en dan wol es wat foto‘s fan plakken wer ik west bin! Mar omdat ik 40 oeren yn de wike wurkje, dat is net hiel interesssant om oer te fertellen..   As ik wer yn Easterein bin dan sil ik as earste…..  Mien freondintsjes sjen!!   Ik doch de groetnis oan…  Elkenien dy dit lêst! :) 

Te keap: Hok/garaazje mei stroom Skippersbuorren 6 Easterein

Foar ynljochtings en fragen kinne jo skilje nei: Jelle Brouwer Tel. 332269 of o6-38896267


SKOALLESEIZE Zoekt Kantine vrijwilligers (m/v) In de Skoalleseize worden het hele jaar door verschillende activiteiten georganiseerd. Die activiteiten trekken veel mensen van binnen, maar ook van buiten het dorp naar Easterein. Al die bezoekers willen graag consumpties kopen in de kantine. De kantine is de kurk waarop de Skoalleseize drijft. Vanuit de kantine-inkomsten wordt alles betaald en onderhouden. De Skoalleseize zorgt voor echte leefbaarheid in het dorp, het is dĂŠ plek waar veel mensen elkaar treffen. We zijn op zoek naar mensen (leeftijd van 18 jaar-99 jaar) die 1 keer (maar vaker mag ook) een paar uurtjes (door de week of in het weekend) achter de bar willen staan. Dit doe je samen met een ervaren barvrijwilliger. Het is echt niet moeilijk werk en het is een heel leuke manier om (nieuwe) dorpsgenoten te leren kennen. . Kun/wil je een keer meehelpen? Heel graag ontvang ik je reactie op sjoukje@vandereems.nl maar bellen mag natuurlijk ook: Sjoukje van der Eems mobiel 06-30053014

landrover landrover en en 4 x4 specialist 4 x4 specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


It wurk fan Vera de Vries troch Anneke van Beem

Ik sjoch Vera wol gau ris rinnen mei harren eigen Wout, mar faaks rinne der ek oare bern by. Vera is gastâlder. Dat makket my nijsgjirrich. Ik bin gek op myn wurk, mar foaral ek op myn kollega’s. Hoe fielt Vera dat? Mist se it autoritsje nei hûs ek of fint se dit hearlik, sa thús op je wurk. Wa is Vera? Vera is 29 jier en wennet mei Harm Dijskstra en harren Wout oan de Wynserdyk. Vera komt oarspronklik ut Skearnegoutum en wennet no sa’n njoggen jier yn Easterein. Jimme kin har miskien wol fan it volleybal en sûnt foarich jier sit Vera ek yn it oranje bestjoer. Wat foar oplieding hast dien? Nei de basisskoalle hat Vera op it Bogerman yn Snits sitten en dernei op nei Ljouwert. Dêr hat se de 3 jierrige kappersoplieding folge. “ It wie leuk” , sa seit Vera, mar doe krige se al wat lêst fan it skouder en hat besletten om direkt SPW kinderopvang (sosjaal pedagogysk wurk) der efter oan te dwaan. “Letter doch je dat faaks dochs net mear”. Se hat de oplieding yn twa jier dien. Der stiet trije foar. In staazje by de Pippies yn Wommels koe Vera alle modulen helje en wie se hearder klear. Vera har lêste staazje hat se yn Heeg dien, by in begjinnend berne-opfang. Fia dy lokaasjemanager koe Vera oan it wurk yn Heerenveen by in berne-opfang. Der wiene fjouwer groepen en Vera siet op de groep Wiske. Jim riede it fêst al, de oare groepen wiene Suske, Tobias en Schanulleke. Oerdei hiene je de soarch foar tolve bern mei twa liedsters. Spitich moast der in groep ticht omdat der minder bern nei de opfang kamen en moast Wiske ticht. De berne-opfang stiet ticht by in skoalle en der kaam in BSO (buitenschoolse opfang, dat is foar de bern dy út skoalle komme en heit en mem binne noch oan it wurk). Vera koe dêr oan de slach, mar se wie doe 21 jier en it wurk wie fan 13.30 oere – 18.00 oere. Dus dat wie krekt wat te min en soms siet se hast langer yn ’e auto as op’t wurk. En der kaam op it goeie momint in oanbod fan minsken dy se koe fan de groep Wiske. Se hie harren soan yn ’e groep hân en dizze minsken krigen no in twilling en sochten ien foar 30 oeren yn ’e wike. En sa is Vera foar har sels begûn. Trije dagen yn ’e wike by de húshâlding yn Tsjalbert en twa dagen koe se wer nei har âlde stekje yn Heech.


Hoe is’t kommen, datst no gastâlder thús bist? Der wiene memmen hjir yn’e buorren dy fregen fan, kin wij de bern ek by dy bringe? En sa is’t kommen, Heech is opsein, de húshâlding yn Tjalbert is earst noch oanhâlden. Mar doe de twilling nei skoalle gie, is Vera hielendal foar har sels thús oan it wurk gongen, De tiisdei is yn prinsipe har frije dei, mar ik ha wol yn ’e gaten; de doar by Vera stiet altyd iepen. Fan ‘e wike hat se ek noch op de bern yn Tjalbert past, op in jûn, en yn de fakânsje komme se ek noch hiel graach nei Easterein. Vera is hiel aktyf mei de bern, se wurket mei tema’s en alle bern dogge mei. Sa wie no it tema ferfier en ik sjoch in moaie trein opferve troch myn lytse neefke Niels dy krekt in kwaste fest hâlde kin. Machtich moai. Ek komt der ûngefear fjouwer kear yn jier in nijsbrief út om de heiten en memmen op de hichte te hâlden fan wat se dien ha, dwaan gean, gekke útspraken, nije bern of oare nijsgjirriche saken. Vera fertelt mei leafde oer har wurk en mist it kontakt mei kollega’s net. Se hat noch twa âlde kollega’s wer se wol ris efkes mei oerleit of ideeën útwikselet. En dat is noflik. Der is gjin dei itselde. Der komme bern op moandei en woansdei, oaren wer op moandei en bygelyks freed. It kin allegearre. Ik kin my foarstelle, dat je de bern graach by Vera bringe. IT IS DER MACHTICH MOAI. Vera tige tank.


Slachtemarathon 2016, één groot FEEST!!! Op 4 juni wordt voor de vijfde keer de Slachtemarathon gehouden, een lustrum. En dat moet gevierd worden!! Tijdens deze culture marathon door Fryslân is het thema: feest. Een feest waarbij alles mag en van alles kan. Zo zal de hele route versierd worden met vlaggetjes. En viert elk dijkvak een feestje. Ook in ons eigen dijkvak zijn we van plan om er een feest van te maken. Lever een vlaggetje in! Voor het Eastereiner dijkvak zijn de jeugdclubs al druk bezig geweest met het maken van vlaggetjes. En ook op de Foareker gaan er vlaggetjes gemaakt worden. Maar lijkt het je nou leuk om ook een vlaggetje te maken voor ons dijkvak, wacht niet langer en leef je uit!! Omdat we met onze vlaggenlijn ook willen laten zien wat voor een dorp Easterein is zijn we ook op zoek naar oude sportshirts van alle verschillende sportverenigingen in Easterein die ook als ‘vlag’ in de lijn verwerkt zullen worden. En heb je een ander idee waarmee je Easterein aan de vlaggenlijn wilt laten zien dan kan dat natuurlijk ook!! Je kunt je vlaggetje, shirts of heel iets anders inleveren inleveren bij Marcel Janssen, Singel 34 of bij Talitha Dijkstra, Skrok 8. Het Eastereiner Circus In het dijkvak van Easterein zal er op 4 juni het Eastereiner circus optreden!! Top circus artiesten uit Easterein zullen die dag hun kunsten voor de wandelaars en het publiek vertonen. Daarnaast zal er nog meer gebeuren in ons dijkvak maar dat houden we nog een beetje geheim. Gezocht: creatieve vrijwilligers! Maar dat kunnen we natuurlijk niet zonder de hulp van creatieve handige vrijwilligers!! We zoeken vrijwilligers die ons willen helpen met het maken van de versiering voor 4 juni en ons ook kunnen helpen met het opbouwen. Maar ook zijn we op zoek naar vrijwilligers die op 4 juni zelfs kunnen helpen in de kraampjes, langs de route en als verkeersregelaars. Dus loopt je niet mee met de Slachte, geef je dan gauw op als vrijwilliger. En dan kunnen we er met z’n allen een onvergetelijk feest van maken! Namens de Slachtecommissie van Hald Faesje, Marcel Janssen, Talitha Dijkstra, Annemieke Dinkla


De kij der út Foarhinne wie it in karakterestyk byld dat der kij yn de greide stûn. Tsjinwurdich sjogge jo dat net safolle mear. De boeren krije sels € 1.00 subsydzje per 100 kg molke bij in weidegang fan 120 dagen. Boer Yntema oan de Wynserdyk goait els jier om dizze tiid de kij der wol út en makket der dan in moai barren fan. Hy noeget de bern fan de legere skoalle der by út . De bern fyne it in pracht om te sjen hoe mâl de kij it dan dogge.


Hoe giet it mei ……. Klaas Bouma en Lolkje Kuiper Moandeitejûn giet de tillefoan. Mei Bauke de Boer. Bauke de Boer? Dy hat ús noch nea belle! Al ridlik gau waard dúdlik wêrom hy belle. Hy woe graach in ferhaal ha fan ús as âld Eastereinders. Leuk, want wy binne en bliuwe âld Eastereinders en krije fan ús famylje faaks it ‘wel en wee’ mei fan de Eastereinders. Lolkje is nei har MEAO-oplieding yn 1976 ferhûze nei Arnhem om’t hja dêr in baan krige. Se hat dêr rom 4 jier as direksjesekretaresse wurke by de ferplegingsstjinst fan it Psychiatryske Sikenhûs “Wolfheze” yn Wolfheze. Klaas gie yn dat jier studearjen oan de HEAO-oplieding yn Grins. Yn de wykeinen wiene hja altyd yn Easterein, om’t Klaas op sneon syn Heit en Mem holp yn de slachterij, ûnder oaren brocht hy it fleis rûn (earst op de fyts, doe op de Puch en letter yn de oranje Ein). Klaas is nei syn stúdsje yn 1979 by in grutte fersekeringsmaatskippij yn Utrecht oan it wurk gien en hat yn de jûnsoeren (4 jier) in AMBI-oplieding (kompjoeteroplieding) dien. Wy wennen doe op in ienkeamerflat yn Zeist. Op 10-10-1979 binne wy, mei hiel moai waar, troud yn Easterein. Rom in jier letter binne wy ferhûze nei Nieuwegein wêr’t wy in iengesinswenning hiere koene. Dat wie yn die tiid hiel bysûnder om’t de wenningen doe djoer en krap wiene. Yn 1985 is ús dochter Minke berne. Omdat wy beide in moaie jeugd hân hiene yn in lytse mienskip waarden wy wat unrêstich yn Nieuwegein. It like ús dochs better dat Minke opgroeie soe yn in yts minder grut stêdgebiet. Dat sadwaande binne wy yn 1989 ferhûze nei Zeewolde, wêr’t wy no noch hieltyd mei in protte wille wenje. Eins gie it ús sa wol privee as saaklik foar de wyn. Wy hiene beide in baan nei ús sin, it gie foarspoedich. Lolkje hie in baan as sekretaresse yn in ferpleechhûs en Klaas hie in ynternasjonale baan yn de automatisearing. Ek Minke groeide út ta in selsstannige jonge frou. Om sa mar te sizzen “geen vuiltje aan de lucht”. Ein 2001 krige Klaas in protte lêst fan ferskate lichaamlike klachten, sûnder dat se dêr in oarsaak foar oan wize koene. Syn lichaam funksjonearre gewoan net mear sa as it it dwaan moast. Begjin 2002 kamen se der achter dat it Multiple Sclerose (MS) wie en dat hie absolút in ympakt op ús libben.


Klaas koe net mear wurkje (en dat is yts wat je je net foarstelle kinne) en ek lichaamlik siet hy yn in soarte fan achtbaan mei ferskate MS-ferskinsels (wurch, gefoelsstoornissen, pine, kramp en spasmen). Koart sein, in hiele lêstige perioade wêr’t wy as gesin lokkich goed trochhinne kaam binne. Undertusken is ús libben yn in rêsticher faarwetter kaam. Troch in reorganisaasje ferlear Lolkje har wurk en troch de sykte fan Klaas sitte wy no yn in soarte fan ‘vervroegd pensioen’. It hat ús yn it begjin muoite koste om ús nije libben ynfolling te jaan. De sykte is ûndertusken ridlikerwize stabyl en binnen de beperkings dy’t MS jout (MS is in sykte wêr it hiele gesin de gefolgen fan underfynt) ha wy ús libben wer goed op de rit. No wol mei wat mear frijwilligerswurk en hobby’s (skilderjen, fotografearje, lêze, blomskikke en fytse). En last but not least, wy binne ûndertusken Pake en Beppe van in famke (2 jier) en in lytse jonge (fan in pear moanne). Wy passe ien kear yn’e wike op en genietsje dêr o sa fan. Wat dat oangiet realisearje wy ús hoe moai it is om ticht by jo bern te wenjen. Dat is yts, wat wy eartiids dochs wol sa no en dan mist ha.

Nijs van Jeu de Boules vereniging Deun Bij. Op dinsdagmiddag 12 april zijn wij weer begonnen met onze wekelijkse middag Jeu de Boules. Lijkt het u leuk om ook mee te doen dan bent u natuurlijk altijd welkom. Ook als u op middag niet kunt dan is er ook een mogelijkheid om op donderdagavond vanaf 19.00 uur langs te komen om eens een wedstrijdje mee te spelen. Voor beginners zijn er Jeu de Boules ballen aanwezig. Hopelijk tot ziens bij de Skoalle Seize. Groet, het bestuur


Efkes foarstellen

Huite, Andrea & Henni fan it Heechhiem 7 Alwer 6 jier yn Easterein Na alweer zes jaar in Easterein te wonen, was het toch echt eens tijd om ons aan jullie ‘Mede Eastereiners’ voor te stellen. Wij zijn Huite, Andrea & Henni en wonen op ‘t Heechhiem 7. Wa is Huite?

Na een paar jaar in Duitsland te hebben gewoond is Huite weer teruggekeerd naar Friesland. Hij is dagelijks te vinden in Harlingen waar hij, met alle plezier, werkt bij De Boer en de Groot als terrein beheerder. In zijn vrije tijd gaat Huite graag vissen en als hij iets vangt wordt de vis diezelfde avond bereid op zijn zelfgebouwde ‘Smoker’. In de zomer vinden wij het ook heerlijk om met onze boot te varen op het IJsselmeer, maar aangezien wij nog steeds aan het verbouwen zijn hebben wij vaak tijd te kort. En wa is Andrea? Ik werk in de zorg bij stichting Fokus in Leeuwarden. Na een heel leven in Duitsland te hebben gewoond, was het een grote stap om naar een vreemd land te verhuizen. Ik werkte in Duitsland bij een melkveebedrijf met een Nederlandse eigenaar en had al een beetje taalkennis opgedaan, maar des ondanks was het moeilijk om de Nederlandse taal te leren. Mede hierdoor ben ik weer naar school gegaan en heb ik met succes de opleiding SPW4 afgerond. In mijn vrije tijd ben ik graag in de tuin bezig en ben ik een hoop aan het wande-


len. Dit moet ook omdat ik dit jaar voor het eerst deelneem aan de Slachtemarathon. Verder ben ik veel bezig met onze kippen, vooral om ze op ons erf te houden, want ze houden van een kleine wandeling door het dorp ;) En dan is dêr Henni! Onze dochter Henni is bezig met de opleiding HBO-Verpleegkunde op de NHL in Leeuwarden. Ze zit inmiddels alweer in het tweede jaar en loopt momenteel stage in Nij Stapert. Verder is Henni fanatiek en met veel plezier bezig met de pony’s. Jullie hebben haar en Jelmer vast al door het dorp zien rijden. Wij hopen dat jullie nu een beetje een beeld hebben van wie wij zijn en wat ons zoal bezighoudt. Tot kijk in het dorp! :)

Dodenherdenking 4 mei 2016 te Easterein De jaarlijkse dodenherdenking voor de schoolkinderen uit Easterein is dit jaar op woensdag 4 mei. Vanzelfsprekend zijn andere belangstellenden meer dan welkom! De herdenking begint dit jaar om 19.30 uur in het Kunstcentrum ‘In de Kerk’ . Dit is de voormalige gereformeerde kerk aan de Wynserdyk te Easterein. Het centrum is al eerder open (vanaf 19.15 uur) en kunt u genieten van toepasselijk orgelspel. De commissie “herdenking 4 mei”


drive

We trekken graag een sprintje om aan uw wensen te voldoen. Uw drukwerk regelen wij vol kracht en overgave. Wij gaan ervoor en hebben er plezier in. Dat is onze kracht. Enthousiasme voedt ons bloed. Van begin tot eind werkt ons team van bevlogen, betrokken toppers aan uw product. Het eindresultaat telt, maar ook de weg ernaar toe. Prestatie vloeit voort uit passie, gedrevenheid en betrokkenheid. Wij denken graag met u mee, want samen komen we verder. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN / BOLSWARD

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein maaie 2016  

Doarpskrantsje Easterein maaie 2016

Doarpskrantsje Easterein maaie 2016  

Doarpskrantsje Easterein maaie 2016

Advertisement