{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, juny 2016

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro

nรปmer

Foto foarkant Elisabeth Breeuwsma Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennรปmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar tongersdei 30 juny

6

2016


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Doarpsaginda Freed 3 juny

16.00

Sneon 4 juny Woansdei 8 juny

slachtemarathon 15.00/17.00

Sneon 11 juny Snein 12 juny

12.00 11.00

Eastereiner motertoertocht Keatsen - KNKB manlju 1e en 2e klas

14.00

Learlingen De Foareker frij (stúdzjedei personiel) groep 1/4 De Foareker frij groep 5/8 sportdei Bruce Springsteen, Den Haag

Tiisdei 14 juny

13.30

22,23,24 juny Snein 26 juny

Keatsen - jeugdleden keatspartij Âld papier

Moandei 13 juny

Sneon 18 juny Snein 19 juny

Keatsen - Van Krimpen Jeugdkeatspartij -federaasje

Keatsen - Posthumus ledenpartij Keatsen - Sandstra transport en Fakwurk Âlder/bern partij DOARPSFEEST!

9.30

Tintetsjinst

Snein 26 juny - 2 july

Tennis - Smash toernooi

Freed 1 july Sneon 2 july Snein 3 july

Keatsen - Boeren PC - Skoalleseize Nijsgjirrich Easterein Keatsen- KNKB Pupillen jongens

10.00

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl


Nijs fan tennisferiening Smash! Van zondag 26 juni t/m zaterdag 2 juli is Easterein wederom het toneel voor het meest gezellige tennistoernooi van Friesland en omstreken: het Smashtoernooi! Afhankelijk van de deelname, zal het toernooi zondag 26- of maandag 27 juni van start gaan. Op zaterdag 2 juli is de traditionele finale-zaterdag. Er kan weer gedubbeld worden in diverse categorieën: HD56, HD56 40+, HD78, HD78 50+, DD56, DD78, GD56 en GD78. Kortom, voor elk type speler is er plaats in dit populaire toernooi waarbij meedoen belangrijker is dan winnen! Nou ja… als winnaar opgenomen worden in de Smash Wall of Fame is natuurlijk ook een zeer gewilde trofee. Het Smashtoernooi is ooit begonnen als het Detach-Toernooi, een bondstoernooi. Later is dit overgegaan in een invitatietoernooi, het huidige Smashtoernooi. Inmiddels wordt het Smashtoernooi alweer voor de 31ste keer georganiseerd. Een toernooi met een rijke historie dus! Voor spelers en publiek opnieuw een prachtige week in het vooruitzicht! Surf naar www.tvsmash-easterein.nl/smashtoernooi2016 voor meer informatie en de mogelijkheden om je op te geven. Rechtstreeks opgeven via www.toernooi.nl is ook mogelijk, zoek het toernooi dan op met de term “smashtoernooi”. Graag tot ziens tijdens het 31ste Smash Invitatietoernooi van 26 juni t/m 2 juli in Easterein!


Nijs fan de Fûgelwacht Tegearre Sûnt ein maart is de Fûgelwacht drok mei it neisoargjen. Elke moandeitejûn sprekke we om 19.00 oere ôf om yn ús wacht de aaien te fine en te markearren. Mar net allinnich binne we de moandeitejûn op paad, ek troch de wike binne der in tal neisoargers drok dwaande om de nêsten te finen. Yn ús wacht haw we mais wer faak de ljipaaien lizze en dizze minder dan ek net sa dreech te finen. Wer de tiid foaral yn sitten giet binnen de skriezen en tjirken yn it gers. En foardat de earste snee der ôf giet is it fansels dat we sa folle mooglik nêsten fûn en markearre haw, sadat de boer der om hinne meane kin. Yn it rayon fan Flapper (Hidaard) tochten we (lês: Gerard van Asselt) de measte aaien wol fûn te hawwen, mar by it meanen dy bliken dat dit net it gefal wie. By it meanen hat Flapper noch ien skriezen- en twa tjirkenêsten derby fûn.

De ôfrûne wike haw jimme sjen kinnen dat Flapper om de nêsten hinne meant hat. Yn totaal stiene der 14 fan dy grutte plôken. Geweldich! Tegearre (de wacht en de boer) dogge we ús bêst en komme we der wol! Fûgelwacht Easterein Foto Klaas Kamstra


opropoprop We binne op syk nei minsken die it leuke fine om mei te wurkje oan it doarpskrantsje. Hast ideeën foar ûnderwerpen? As wolst eltse moanne wol in stikje skriuwe? We hearre it graach. Der is genoch te dwaan. Miskien kin it ek wol in staagzjeplak wêze as in opdracht wer je punten foar krije kinne foar skoalle. Liket it dy wat as wolst mear witte? Nim kontakt op mei ien fan de redaksjeleden as stjoer in mailtsje nei yvonnevanbeem@hotmail.com

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


geke

GRIENE ENERZJY

kOÖPERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


Hoe is it no mei…

Dizze kear; Klaas Kooistra en Froukje Kooistra - Inia

Troch Bauke de Boer Klaas Kooistra

It is dit jier al wer 17 jier ferlyn dat wy, Froukje en ik, nei de Jutryp ferhuzen. It wie noch yn de tiid dat wy earst it boerespul oan ‘e Riperwei nûmer 12   kochten en dernei besochten elk ús hûs yn Easterein te ferkeapjen. Hjoed de dei hiene wy grif in oare folchoarder keazen. Soks keapje betsjut ek ferbouwe; in nij dak op it hûs en in nij dak op ‘e skuorre. Ek alles wat der ûnder it dak fan it hûs sit hat yn de ôfrûne jierren in beurt hân. No de skuorre noch foar in part… Och wannear is in minsk klear yn sokke gefallen? Seker as jo alles sels dwaan wolle... Dat witte guon Eastereinders grif noch; bouwe en ferbouwe wie en bliuwt in hobby en der kinne wy dan ek jierren mei foarút. Krekt bûten it doarp en de stêd en mei in jachthaven efterhûs, is en bliuwt it in prachtich plak om te wenjen, hjirre. Yn it twillingdoarp Jutryp-Hommerts binne in protte aktiviteiten en ferieningen en, wat jo net ferwachtsje soene; der binne mear as tritich ûndernimmers! Myn belutsenens by it doarp is benammen fia de tsjerke en as tsjerkrintmaster, by it tsjerke wurk. Wy ha ek in tige gesellige buert en in bloeiende buertferiening. Ek dochter Jildau wennet hjir mei har man en twa famkes.  Sels wurkje ik no trije jier net mear by in baas, mar ferfeel my gjin momint. Oerdei ‹hiempiele›, klusse en lytsboer wêze, mei op dit stuit 64 skiep en lammen mei-inoar. Boppedat wurde noch genôch dagen ynfolle as  z.z.p.’er  mei advyswurk oangeande drainage en as sekretaris fan de biogasbranche organisaasje fan Nederlân (BBO). As sjongende hobbyboer by Con Amore Musica en it mannedûbbelkwartet ‹De sjongers fan it Spitael› hoege wy ús hjir dus net te


ferfelen. Fansels moat net ferjitten wurde dat der sûnt de tiid yn Easterein ek noch 13 pakesizzers bykommen binne; in ryk bestean, mei noch hast myn grutste rykdom: myn sûnens! Fansels kom ik noch gauris yn Easterein. Der wenje ommers bern, bernsbern en freonen fan ús. Ek besykje ik no en dan it hôf en stiet noch in hûs op Griene leane 17. It wennet hjir tige nei’t sin, mar Easterein hat en hâld in bysûnder plak yn it libben en tinken fan al den dei. Froukje Kooistra- Inia Al moast it fansels earst gâns wenne, dochs befalt it hjir tige. It is hjir goed wenjen en libjen. Wy binne bliid mei-inoar en mei ús sûnens. Al moast ik ferline jier in nier misse en ha wy dochs wol even in spannende tiid hân. Sa is sûnens in feest en besykje wy dernjonken ek te fieren wat der te fieren falt.  Wy hawwe hjir in prachtich plak wat Klaas ferklost en ik meast yn ‘e ferve setten ha. Wy kinne hjir ek hearlik farre mei ús boatsje wat hjirefter yn ‘e haven leit. Boppedat bin ik samar (ek op ‘e fyts) yn Snits wer’t ek myn mem wennet en yn Drylts by myn broer. Ik wurkje al mear as 12,5 jier mei in soad foldwaning yn Bloemkamp. Dit kombinearre ik mei myn gastfrou wêzen yn myn Bedsteé en Brochje (De Wylgepleats). Us twillingdoarpen hawwe in grutte mienskipssin. Sels bin ik krekt út ‘e tsjerkeried en ha no wer wat mear tiid foar oare hobby’s. Sa mei ik graach lêze en bin hjir al mear as 10 jier belutsen by in lêsgroep. Wy organisearje hjirmei no en dan ris in útstapke en binne koartby nei ‘Skûlje yn Jorwerd’ west.  Wiis bin ik ek mei ús tún mei in protte hortensia’s en de fûgels en wylde planten om ús pleats. Op ús earrebarre nêst strykt no en dan ris wat langer as koarte in earrebarre del, mar is noch nea ta brieden kaam. Yn ‘e maitiid is it  lammefangen altyd wer in moaie en ferwûnderjende tiid.


Yn ‘e simmer geane wy der mei ús caravan op út; mar dan moatte de hea pakjes fansels wol earst binne wêze ! Ek dat is altyd in gesellich en spesjaal barren. Wy, Klaas en ik, hâlde beide fan rinnen, mar net yn organisearre foarm. Op ús eigen tempo hawwe wy sa it Pieterpad rûn en wolle no it fûgeltrekpaad lâns. By’t hjerst ha wy al in stikmannich bûtenlânske stêden besjoen.   Wy ferfele ús noch lang net, fiele ús hjir tige thús en ûnderfine dat rûnom freonlike minsken wenje; hjirre ek.  Mei in besite oan it hôf yn Easterein komt dochs ek altyd wer it witten fan in goede tiid werom. Dat de jierren ferrinne blykt as de letters op de stien minder te lêzen wurde.    By ’t âlder wurden heard no ienris dat der mear noed komt mei jins âlden, wat ek ús oandacht freget. Mei ús 7 bern mei oanhang en ús 13 pake- en beppesizzers is der altyd wol in reden ta besite. En omdat de measten fan har yn Easterein en Wommels wenje, komme wy gauris dy kant út. En fansels gean ik nei de kapper Metzstyle yn Wommels !


Nijs fan de biblioteek Boekverkoop Vanaf maandag 6 juni kunt u weer volop afgeschreven boeken kopen in de bibliotheek van Wommels. Vul nu uw vakantievoorraad aan! Lekker lezen en niet terugbrengen. Een hele tas vol (zelf meenemen) voor slechts ₏ 5,-. Trouwens vraag ook eens naar ebooks van uw bibliotheek, ook lekker handig op vakantie. Gratis lenen voor leden van de bibliotheek. Juni – Spannende Boeken Weken in de bibliotheek De Nederlandse misdaadliteratuur centraal, Het Moordspel en een spannende quiz Bloed in de polder is het motto van de Spannende Boeken Weken, die plaatsvinden van 3 t/m 19 juni en geheel in het teken van de Hollandse thriller staan. Nederland als plaats delict werpt een andere blik op de Hollandse gezelligheid en tolerantie. Zowel in fictie als in de realiteit, getuige true crime boeken zoals De ontvoering van Alfred Heineken (Peter R. de Vries) en Mocro Maffia (Wouter Laumans en Marijn Schrijver). De naderende vakantietijd leent zich uitstekend voor het lezen van een misdaadroman van eigen bodem, thuis of op reis; de bibliotheek biedt volop keus. Wie zelf wel eens een moord wil oplossen kan meedoen aan de vijfde editie van Het Moordspel. En voor wie zijn kennis over de misdaadliteratuur wil toetsen is er een pittige quiz.


De opbringst fan de kollekte fan de hartstichting wie dit jier € 467,80. Út namme fan de hartstichting en Hiekje Meijer, tige tank.

Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar! Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

GENIETEN VAN ATAG One! ÉN BESPAREN A MET DE ZON

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One

+

XXL Een ATAG zonlichtsysteem voor: GRATIS WARM WATER LAGE ENERGIEREKENING

A

& ENERGIE BESPAREN EN! Er is al SU eenBS ATAG vanaf: ONTVANG IDIE cv-ketel

€ 2050,-

HOGER RENDEMENT DAN SPAARREKENING MILIEUVRIENDELIJK WAARDESTIJGING WONING Uw ATAG zonspecialist: ATAG E325EC + One

/5

OILER ECONORM 200

VOORBEELD: ZONNEB

SUBSIDIE × ACTIE “GELD TERUG”

€ 890,€ 250,-

incl. installatie!

€ 1.140,Vraag naar de voorwaarden UW VOORDE*EL

WWW.ATAGZON.NL

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG

Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716 E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Bermtoerist

Troch Nathalie Oliveiro Petearkes ôflústerje is net sa netsjes, ik wit it. Mar, soms kinst der neat oan dwaan, dan hearst it gewoan. Sa wie it lêst ek. Ik wie ûnderweis nei hús en der wiene twa bern foar my drok oan it praten. Ientsje op de fyts en de oare op ‘e stoepe. ‘Ja’, sei it famke op de fyts ‘sommigen sizze dat dit ien draai is’ en se makke in rûntsje mei har trapers. Har freondintsje lústere oandachtich. ‘Mar’, gong it famke fierder, ‘dat is hielendal net sa, dít is ien draai’ en se liet sjen hoe’t it neffens har no echt siet. Yn de jierren sechstich ûntstie der in nije trend: picknicke lâns de kant fan de sneldyk om moaie auto’s te besjen. Gewoan omdat it koe. Kinst it dy foarstelle? Op sneintemiddei, lekker mei de famylje as freonen nei de ôfslútdyk? Doe wie it hielendal hip en ek noch gesellich. It Nederlânske fenomeen soe yn 1965 ferbean wurde, mar dy gesellichheid is noch hieltyd lâns de kant fan de dyk te finen. Tink mar ris oan de alvestêdetocht, wat in minsken dy’t je dan oanmoedige. En aanst mei de Slachtemarathon is der wer in protte te belibjen. Prachtich. Bermtoerisme hat ek oare foarmen oannommen, op meardere plakken sjochst symptomen fan in ‘meiplokkultuer’. De lusten dy wolle we wol, mar de lasten? Doch mar net. At it te dreech wurdt, drave we fuort om dêrnei mei wat oars as mei inoar wat te begjinnen. Freelancers dy’t der yn en wer út gean, bedriuwen wolle gjin fêstichheid. Ferskes mei teksten as ‘leafste, dit is in aventoerke foar ien nacht, ik bin echt’ sjonge we mei sûnder der by nei te tinken wat de gefolgen dêr fan binne. It liket as kieze we foar no en net foar letter, foar it koarte en net it lange. Dogge we dit om’t we de race sels net oandoare en fan de kant mei sjen wolle? Om te learen? As is it miskien om’t we wurch as ferwûne binne en we efkes bekomme moatte? ‘Ast net mear fierder kinst, doch dan efkes rêstich oan’, song Douwe Bob sa moai tidens it Eurosongfestival. Witte werom we dogge wat we dogge is wichtich, der earlik oer wêze tsjin ússels en oaren, is wêzentlik. Mei in glimp op myn gesicht kom ik by hús oan. Wat wie dat petearke dochs grappich, sa hearlik earlik. Foar my mei it bermtoerisme fan simmer 2016 wol wêze: Tinken as in bern, genietsje fan alles om je hinne en je drok meitsje om de skynber ûnbelangrike saken yn it libben, as it rûntsjedraaien fan fytstrapers.


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


KAMPIOENEN SDS Dit jier wiene der ferskate teams fan SDS die kampioen wurden binne. SDSvr1 en ek A1. Op sneon 15 maaie nei in spannende striid yn Balk is ek SDS3 kampioen wurden!!!! Ek felisitearre wij alle jeugdteams dy dit jier kampioen wurden binne.

No goeie, Myn namme is Hendrik Zijlstra. Ik wenje yn Easterein en wurkje bij Centrum de Mik yn Wommels. Myn hobby is it garjen fan kopertried/buis, ensfh. Der helje ik dan it plastik omwei en sa fermeitsje ik my jÝns yn`t hok. Binne jo oan it ferbouwen en hawwe jim noch âlde kabels/ buis of triedden lizzen? Smyt dizze dan net fuort mar bring it mei of skilje my efkes dan helje ik it op. Tel: 06-12 51 79 39


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


De bern fan groep 5 oant te mei 8 binne tongersdei 12 maaie mei de bus nei it Rijksmuseum yn Amsterdam west. Yn de wiken der foar binne se dwaande west mei ferskate kunstprojekten. Jim kinne it hjirûnder besjen en lêze!

Crea kunst Hoi allemaal, Ik ben Nyka. De laatste tijd hebben we erg veel gewerkt aan kunst. Op school hebben we allerlei soorten ‘KUNSTWERKEN’ gemaakt. We zijn ook naar het Rijksmuseum geweest. Maar nu even terug naar school. We hebben de sterren nacht gemaakt. We zijn met Piet Mondriaan bezig geweest en Vincent van Gogh. En zo kan ik nog wel uren doorgaan nou dat was mijn verhaal. Hopelijk vonden jullie dit ver haal leuk. Geschreven door : Nyka Ottens

Rijksmuseum Wij zijn donderdag naar het Rijksmuseum geweest . Het was bijzonder mooi dat dat eigenlijk kan, zo mooi het lijkt wel een foto. Mijn oom doet dat ook schilderen. Meestal een stilleven schilderij, dat is bijvoorbeeld een schaal met fruit of een kleed met eten, dat is een stilleven schilderij. Er was ook een mini poppen huisje, dat is echt schattig En een sterren hemel. Het is echt bijzonder hoe ze dat doen. Echt die mini figuren in een kleed of in het plafond. Het lijkt mij echt onmogelijk als ik dat doe, lijkt het denk ik, rare kunst Maar mijn zus en oom kunnen dat wel. Mijn zus is ook schilder, die krijgt regelmatig les van mijn oom en ik leer het zo’n beetje van me zelf  Susanna Sijbesma


RIJKS MUSEUM

DE BUS REIS DUURDE BEST LANG. MAAR TOEN WE ER WAREN, WAT EEN GROOT GEBOUW ! ER WAS EEN MOOIE ROND LEIDING. EN IK HEB DE NACHTWACHT GEZIEN! EINDE. GEMAAKT DOOR GERBEN JELLEMA groep 6

Het Rijksmuseum Hoi wij zijn donderdag 12 mei naar het Rijksmuseum geweest. We hebben veel geleerd en gezien . We hebben 1 ½ meter van de nachtwacht afgezeten. Dat vond ik wel bijzonder. Onze leider heette Morena van der Duin. De kinderen die bij haar in de groep zaten Anke, Liset, Marije, Judith, Menna, Susanna, Nyka, Daniël, Jesper ,Bartele, Gerben Berend, Meine, Jesse en juf Doutzen. We zijn bij het stil leven geweest. We moesten een zelfportret maken van hoe je er uit zag in de 17e eeuw  Anke en Liset groep 6


Wilhelminanijs

Snein 22 maaie hiene we sneintejûnssjongen yn de Martinitsjerke fan Easterein mei Balt de Vries. Dizze kear yn gearwurking mei it gelegenheidskoar û.l.f. Sjoukje Heins-Scheltema. We hawwe in prachtige jûn han mei moaie Ingelske Hymns. Moandei 23 maaie hiene we alwer in geselliche slagge jûn yn de Skoalleseize. Der wie it slotkonsert fan de blazersklas groep 5 fan de basisskoalle. Dizze berne krije elke woansdeitemoarn muzykles fan Andries Kramer en ‘syn hulpen Durkje v/d Eems en Wil Wytsma’. Mar leafst 15 jonge blazers spielen de stjerren fan de hiemel. Se hiene der allegearre wol nocht oan dat wie te sjen. Wat in wille! Us jeugdkorps de Wilhelminis û.l.f. Joke Krist liet ek fan

harren hearre. In seal fol minsken; âlders, pakes en beppes, freonnen. It wie geweldich, sa’n belangstelling! Dan noch efkes foar yn de aginda. Op sneon 9 july hawwe we ús einkonsert jûns 19.30 bij Noflik Easterein. We spyle bûtendoar, mei meiwurking fan sjongeres Jitske Draayer. Oan’t sjen, Korps Wilhelmina


Nieuws van gymnastiekvereniging ODI Op maandag 9 mei gaf fysiothereapeute Romy Bos een les valpreventie in de sporthal. Er waren 17 deelnemers, ondanks het prachtige weer een mooie opkomst! Romy behandelde eerst theorie en gaf tips om de kans op een valpartij te verkleinen. Ze deed dit aan de hand van een gelamineerde flyer, die de deelnemers mee naar huis kregen, als geheugensteuntje. Daarna het actieve deel. Eerst in de zaal lopen. Het was goed te merken, dat wanneer men afgeleid werd bijvoorbeeld door het dragen van een dienblad, het moeilijker werd om de aandacht bij het lopen te houden en de kans op struikelen toe nam. Er werden kracht- en balansoefeningen gedaan en later ook valbewegingen op de mat. De middag werd afgesloten met een kopje koffie/thee in de kantine. Al met al een leerzame en gezellige middag! Het belangrijkste: blijf in beweging, dat kan natuurlijk op vele manieren, maar in groepsverband is dat natuurlijk veel leuker en u heeft een ‘stok achter de deur’. Bovendien doet onze gymjuf ook kracht- en balansoefeningen tijdens de gymles. U bent van harte welkom op de maandagmiddag van 15.00 tot 16.00 in de sporthal! Om maar met een citaat van Romy af te sluiten: Rust, Roest! Statiegeldflessenactie Graag ook nog even uw aandacht voor de Statiegeldflessenactie: In de maand juni is de opbrengst van de bus bij de flessenautomaat in Jumbo Wommels voor ons. Ook staat er een bak aan de van Eysingaleane 16 om flessen in te doen. Alvast hartelijk dank voor uw bijdrage! Gymnastiekvereniging ODI www.gymeasterein.wordpress.com gymeasterein@gmail.com


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra Nei de pleechgesinnen Yn Easterein waarden de bern, en dus ek Dick de Waal, ôflevere yn de beukerskoalle. (No it Kniplokaeltsje.) Ek hjir stie it iten klear. In bus mei molke fan de ko en bôle; dreech iten foar guon dy ’t neat mear wend wiene. Nei ferrin fan tiid waarden de nammen fan bern en pleechâlden ôfroppen. Dick moast nei Pieter en Jantsje (Hiemstra). Dy reis wie net sa fier. Mei it kofferke yn de hân gong er oer it gielstiennen paadsje, lâns de skoalle en oer it brechje nei de helte fan wat no ’t Heechhiem 7 is. Letter sei Dick tsjin my: ‘Ik mocht tussen hen inlopen en dat gaf me een geborgen gevoel’. Doe waard Dick siik. De reis út Amsterdam, de nacht oan boat, de nacht yn Harns en de tocht nei Easterein hiene foar in jonkje fan goed alve jier mei in strieminne kondysje, tefolle ferge. Dokter Hofstee moast komme en dy konstatearre hongeroedeem. It lichem siet fol swollerij en wie opset. Us mem hat Dick opwoutere. Hy koe allinne noch mar poppe-iten ferneare. Yn Easterein Dick kaam der wer boppe-op. Hy moast ynboargerje en wenne oan it doarpslibben. De famylje De Waal wenne yn Amsterdam oan de Geuzekade yn in nijbouwente op de earste ferdjipping. Dizze bestie út twa sliepkeamers, in keamer-ensuite der ’t Dick sliep, in keukentsje, in waranda mei de ‘koalekast’, in lyts balkontsje en in dûs. Foar de fytsen wie gjin romte; dy moasten alle jûnen de trep optôge wurde. Mar der ’t er kaam wie net mear romte: in gonkje, in keamer mei twa bedsteden en in kast der tuskenyn, ûnder de bedsteden de kelder. Oan de ein fan de gong de trep nei boppen en op de souder in sliepromte: it krûpyntsje, dat foar Dick wie. Mar de fyts hoegde yn alle gefallen net nei boppen, want dy koe yn it ‘skuonmakkershokje’ op de grûn. Nei skoalle It oanpassen fan bern giet it hurdst as se nei skoalle geane. As jo as Amsterdamske jonge yn in plusfourpakje (mar wol op klompen) tusken de Fryskpratende doarpsbern komme, dy ’t ek noch Frysk praten bliuwe, dan is soks in hiele oergong. Dick sei it sa: ‘Toen ik er kwam wist ik niet eens wat de Friese taal was; de hele wereld was Amsterdam!’ Net allinne it Frysk wie in probleem, mar ek de klasse der ‘t Dick yn moast. Hy bedarre fan in septimber- op in aprilskoalle. Wie er no sechsde- (groep


acht) of fyfde- (groep sân) klasser? Hy siet op in iepenbiere skoalle en kaam op in kristlike skoalle der ’t de dei mei gebed en it sjongen fan in psalmof gesangfers begûn waard. Dêrnei waard in ferhaal út de bibel ferteld. De skoallemoarn waard mei gebed ôfsluten om middeis wer mei gebed iepene te wurden om oan de ein fan de middei mei gebed ôf te sluten. Soks wie wol in hiele nije gewaarwurding. En dan moasten je ek noch ‘psalm’ferskes út de holle leare. Bûten de skoalle It libben wie mear as allinne skoalle. Neffens Dick koe er yn de koarstmooglike tiid Frysk prate. Hy boarte folop mei de bern en wit him de nammen fan de Vollema ’s en Folkert Faber te herinnerjen. Mem, ‘tante Jans’, stjoerde him nei de winkellju om boadskippen en dat kaam altyd goed. Dochs bleau hy de stedsjonge; syn mem hie syn bêste klean yn it kofferke dien. En dan kinne klompen it stedske net hielendal maskearje. Al gau moast Dick melkerstiid mei in molkammerke yn de hân nei de pleats fan Sake van der Veer (no de wenbuorkerij oan de ein fan de Stittenserleane). Der moast molke helle wurde, net allinne om te drinken mar ek foar it meitsjen fan bûter. Fermaaklik foar Dick wie dat de molke mei in mingel (= liter) út de bus helle waard. Dick makke safolle ‘nije’ dingen mei dat er him nea ferfeelde. Dan efkes by de smid lâns om te sjen hoe ’t in hynder beslein waard, dêrnei by ‘oom Piet’ yn de skuonmakkerij sitte der ’t doe twa feinten oan it wurk wiene om âlde skuon op te laapjen, mei nei de needslachting yn Wommels, by Sake van der Veer oan it wurk om mei in nuet hynder foar de swylmasine de lêste bytsjes hea byinoar te harkjen en de hikke foar de kij iepen te hâlde. Allegearre saken der ’t in stedsjonge net fan wist dat se bestiene. Sneins wie it hiel rêstich yn it doarp. Ek Dick moat sneins nei tsjerke, want dat moast elkenien. Ein fan de oarloch Op 15 april 1945 waard Fryslân befrijd. Troch Easterein lutsen de Kanadeeske tanks dy ’t fan de Wommelser kant it doarp binnen kamen. Op it Plein stiene ús mem, Dick en ik! De Fryske befrijing wie sa 20 dagen foar de fiifde maaie, mar doe wie it oer. Dick hie wol nei hûs kinnen, mar yn Amsterdam wie ek fan alles neat. Dêrom is er oant ein augustus ta yn Easterein bleaun. Syn âldelju moasten de saken earst op oarder ha. Dick wie er yn Easterein net ûnwennich en dat sil ek in reden west ha om noch in skoftke te bliuwen. ‘Ik pas mij gemakkelijk aan’, is syn sizzen.


Kontakten mei thús Yn de oarloch wie der sa no en dan oer de post kontakt mei syn âldelju. Yn it foarste plak moast de bonkaart weromstjoerd wurde, want dy wie hjir net noadich. Heit De Waal hat twa kear op de fyts fanút Amsterdam op en del west om by de soan op besite te gean. Doe ’t oarloch foarby wie kamen heit, mem en suster Loes by ús op besite. Der waard in boatsje hierd fan Rinze Sijsling, en …. al roeiende nei Wiuwert fearn. It heucht my noch om ’t ik de hiele tiid mei myn hannen troch it wetter sljurke en giele plompen út it wetter besocht te ‘plukken’. It hichtepunt fan de reis waard in besite oan de mummys. Ik ha der gjin kompleks fan oerhâlden. Wer werom Ein augustus 1945 gong Dick werom nei Amsterdam. ‘Oom Piet’ brocht him mei de boat fan Jaring Postma nei Snits. Dêr waard de doe yntusken tolfjierrige Dick op de boat nei De Lemmer setten en yn De Lemmer moast it mantsje him mar rêde om mei de Lemsterboat yn Amsterdam te kommen. Doe ’t er wer yn Amsterdam kaam wie it in hiele oare Dick. It donkere hier wie troch it bûtenlibben blond wurden en de ûnderfiningen yn Fryslân wiene djip yn de siel griffe. Nei 70 jier sjocht Dick noch mei tankberens werom op de tiid dy ‘t er yn Easterein trochbrocht hat. It wie in moaie maitiid en in moaie simmer. As ik yn Amsterdam bleaun wie, hie ik der net mear west!

De Alde Doaze

Wa binne dizze knappe keardels? Sjogge jimme it?


De pastorijtún in echte Vlaskamptún Troch de dames Van Beem

Menno Landstra oan de Tsjerkebuorren hat in echte Vlaskamp tún, no heare wij jimme tinken, fan ‘wa is die meneer Vlaskamp?’ En wat is dêr sa bysûnder oan sa’n tún? ‘ Krekt de fragen die wy ek hiene en dan is der mar ien manier om der efter te kommen op nei de Tsjerkebuorren foar in petear. Yn maart is de tún trije wykeinen iepen west foar it publyk. Der binne doe goed 320 minsken west.  In boppe ferwachting heech oantal. Mar hoe sit it no krekt mei Vlaskamp en de pastorijtún? Gerrit Vlaskamp wie in Nederlânske hovenier.  Hij hat foaral tunen en parken yn Fryslân en Grins oanlein.   Bekende tunen/ parken fan him binne bygelyks de Wilhelmina parken yn Snits en Grou, it Westerpark yn Ljouwert en dus ek de tún fan de pastorij yn Easterein. Wij mochten mei Menno in rûntsje meitsje troch syn alderprachtichste tún. Hoe ist sa kommen? Menno hat 13 jier lien de pastorij kocht, hij kaam út Amsterdam en woe graach wer in tún. Yn Amsterdam hie der ek wol wat tún, mar hij woe wat grutter. De pastorij stie yn’e krante. Hij hat west te sjen en wie daliks wei fan de doe wat  ferwaarleaze tún. Op in dei wie der oan it wurk yn’e tún doe der in mefrou it hiem op kaam en die sei: «Witte jo wol, dat dit in Vlaskamp tún is?».  No nee, dat wie net bekend. Mar sa is it begûnen. De mefrou wie fiere famylje fan Vlaskamp en se wiene dwaande om alle tunen fan Vlaskamp wer op de kaart te setten.   Menno hat him der hielendal yn ferdjippe en hat der mei mear minsken folle oer praat en opsocht. Op in stuit hiene se al foar mear dan 300 tunen fan Vlaskamp werom fûn oan de hân fan bestellisten bij kwekerij Bosgra.  Dizze tunen binne hast allegearre ferdwûnen.

Wat is typysk Vlaskamp? Wat faaks werom komt yn in Vlaskamp tún is in brune beuk, der binne golvjende rûne paden en der stiet faaks in plataan.   De pastorijtún is sa'n 153 jier âld. We sitte hearlik op de feranda en Menno wit folle fan de tún en fan beammen


en planten. Is dat altyd al sa west of is dat sa kaam om›t der no sels sa›n grutte tún hat? Hij hâld altyd al fan tunen, mar no mei sa›n grutte tún is it hielendal in hobby wurden. Je binne der gewoan in soad tiid oan kwyt, mar it ûntspant ek freeslik. De pastorijtún hat hy sels yn eare herstelt. In echtpear wie hjir fan ûnder de yndruk en hat freegje as Menno ek harren tún oanpakke woe. No ûntwerpt hy ek tunen yn binnen- en bûtenlân. Fruit en griente út eigen tún Der sit by dize prachtige pastorij en tún ek noch in moestún. We meie efkes sjen en der kin je te kust en te keur. Menno hat him hielendal opnij oanlein, in skut derom hinne (Om de wyn te kearen en it leifruit te begelieden) en de klaai útgroeven. Nije grûn derop en no ferbout hij folle griente en fruit sels. Menno:  «Eigenlijk is de groentetuin het domein van zoon Michel, hij zaait, stekt en oogst. Want dat smaakt toch heel anders als dat van de supermarkt!». Nei de moestún geane we in rûntsje troch de tún, fanôf de dyk sjoch je echt wol dat it moai is, mar at je der binne is it fantastysk. Menno wit der sa moai oer te fertellen, der bin safolle ferskiedende blommen en planten en beammen. Sels it gers wurd mei leafde meant. De snieklokjes en de krokuskes bin krekt útbloeit en dan kin it gers der wer ôf. Oan de oare kant fan de tún sitte wat (kievitsbloemen (Fritillaria meleagris) en dan wurd dat gers noch efkes net meant. As lêste meie we nei de grutte kas. Der steane allegearre blompotten mei stekjes deryn foar de moestún en plantsjes út bygelyks Armenië, Azerbaijan en Iran. Se hoege mar twa kear yn›t jier wetter en bloeie trije dagen. Der komt in prachtich moaie swarte iris út. It is klearebare hobby. «Daar hou ik van». We kinne noch oeren nei dizze man lústerje, wat in passy en wat in kennis. Foar de minsken dy nijsgjirrich wurden binne, Menno sil  dit jier ek de tún iepen stelle mei Nijsgjirrich Easterein yn july. Wy sizze: gewoan efkes sjen!


Kleurplaat


Blauhuster Túnfeest Ook dit jaar is het weer tijd voor het Blauhuster Túnfeest. Het feest wordt traditioneel in het weekend het dichtst bij de langste dag van het jaar gehouden en dat is dit jaar op zaterdag 18 en zondag 19 juni! Voor de 54e editie van het Túnfeest zijn we er wederom in geslaagd een gevarieerd programma samen te stellen. Op zaterdag 18 Juni zal de CCR tribute band ‘The Fortunate Sons’ de avond vullen met alle klassiekers van CCR. ‘Bad Moon Rising’, ‘Have you ever seen the rain’ en ‘Down on the corner’ is slechts een kleine greep uit het eindeloze repertoire van de jaren ’60 en ’70 klassiekers. Op zondag 19 Juni hebben we maar liefst twee coverbands op de bühne staan. Deadline: Een coverband uit het topsegment met al meer dan 25 jaar podiumervaring! Beat it: ‘The Music Maxperience’ van Nederland. Met hun uitgebreide repertoire en led- en lasershow wordt het gegarandeerd een feest! Voor de liefhebbers is er op zaterdagmiddag weer steevast het oldtimertreffen Blauwhuis en op de zondagmiddag is er een heus Blauhuster Kampioenschap ‘Kupke Stekke’. Tot dan!

advertentie


Keningsdei 2016

Troch Oranje en Heitelân “Jûns foar Keningsdei in spektakulêre survivaltocht troch Easterein. Wy organisearje in hiel útdaagjende survivaltocht troch de buorren. Mei gebrûk fan de eleminten yn it lânskip, geskikt foar de sportive en aktive Eastereiner. Oerwin dysels en doch mei.’’ Sa stie it oankundige op ús programma, Easterein.nl en Facebook mar spitich genôch …… it waar wie de grutte spulbrekker. Troch de rein, hurde wyn en in fiersten te lege temperatuer wie it ûnferantwurde om de survivaltocht trochgean te litten. Mar wat yn ‘t fet is, bedjert net. Wy hoopje dat de survivaltocht op in oar momint dit jier, noch plakhawwe kin. It jeugdkorps fan Wilhelmina (De Wilhelmini’s), ûnder lieding fan Joke Krist spilen ferskate muzykstikken yn de kantine. Ek koe elkenien syn guod útstalle efter de kantine foar de frijmerk. Ek wie it wer it begjin fan it keatsseizoen. Troch de minne waarfoarsizzingen koene de keatsers kieze mei wat foar bal se keatse woene; de sêfte as gewoane bal. Hjirtroch wiene der trije ferskillende klassen: froulju sêfte bal,  manlju sêfte bal,  manlju en 2 froulju mei de gewoane bal. Hjirûnder de priiswinners op in rychje. froulju sêfte bal; 1e priis foar Jitske Plantinga/Jitske Veldman manlju sêfte bal; 1 e priis foar  Rémon Tie Bouma/Paul de Bruin manlju en 2 froulju mei de gewoane bal; 1e priis foar Jan Schurer, Hendrik Okkema en Jacob Sjirk Joustra Yn de Skoalleseize waard wer klaverjast. Nei trije beammen wie de winner bekind. De 1e priis wie foar Gerke Jellema. By de jeu de boules gong nei it goaien fan de ballen mei de priis nei hûs: frou Djoke Dijkstra. De bern fan groep 1 oant mei 4 koene draakjes (vliegers) yn inoar setten en dizze noch beplakken, bestikkerje en kleurje. Neidat dat klear wie, waarden se oplitten op it fuotbalfjild. In moai gesicht, al dy gekleurde draakjes yn de loft. Nei ôfrin krigen alle bern in iisko. De bern fan groep 4 oant mei 8 soene ek de survivaltocht dwaan. Dêrfoar yn it plak hiene wy in trijetal spultsjes yn de sporthal betocht; kuorbaljen, blokje-fuotbal en in soarte fan apekoai. Hartstikke leuk en elkenien die goed


mei. Nei ôfrin krigen ek sy in hearlike iisko. Natuerlik koe der nei ôfrin fan al dizze aktiviteiten in drankje dronken wurde yn de Skoalleseize! In hiele oare Keningsdei dan wy yn út foarút betocht hiene mar gelokkich troch wat ymprovisaasje, wie it wer in tige slagge dei!!

Richtlijnen intekenlijst Dorpsfeesten 2016 Oranjevereniging Oranje en Heitelân Ook deze dorpsfeesten starten we op woensdagavond met de optocht. Daarna kun je tot max 0.00 uur een drankje komen drinken in de tent. Wat wij vragen is een vrijwillige bijdrage, rekening houdend met onderstaande activiteiten. Inwonende jeugd vanaf 18 jaar met een eigen inkomen kan zelf op de lijst intekenen, zodat Easterein zijn feestprogramma grotendeels hier mee kan bekostigen. De volgende zaken worden geregeld c.q. zijn nagenoeg gratis, te weten:  

    

Huur tent, vergunningen, ed. Drie muziekavonden in de tent. Bij niet intekenen op de lijst: € 10,-p.p/avond. Matinee met muziek. Prijzen voor de activiteiten (kaatsen, volleybal, jeu de boules, spelletjes). Spelletjes voor de basisschool-jeugd. Draaimolen, consumptiebonnen en prijzen/attenties kinderspelen. Startgeld optocht: bij het meedoen aan de optocht krijg je zogenaamd startgeld. De categorie (lopende nummers, kleine wagens en grote wagens) bepaalt de hoogte van het bedrag. Het bedrag wordt opgeteld bij de prijs die je ontvangt door de beoordeling van de jury.

Vaak is het vooral voor nieuwe inwoners moeilijk te bepalen wat nu een redelijk bedrag is. Dat is vaak afhankelijk hoe iedereen het feest beleeft en/of uit hoeveel leden een gezin bestaat. Het behoort ook tot de charme van dit ‘lijstlopen’; ieder geeft wat hij/zij er voor over heeft. Bovenstaand staat wat je er dit jaar allemaal voor ‘krijgt’.


Froulju SDS kampioen!

troch Hester Kingma, Amarins Tjalsma en Yvonne van Beem Der binne dit jier in stik mannich teams kampioen wurden by SDS. Hartstikke moai fansels. Ien der fan is it froulju team. Eartiids hat der ek wolris in frouljuteam west mar as dy ea kampioen wurden binne wisten we net. Dit ‘histoaryske kampioenskip’ wie dan ek in reden om de froulju efkes wat fragen te stellen. Dit is wol in unike prestaasje want binne jimme net it 1e frouljuteam fan SDS dat kampioen wurden is?  It is siker in unike prestaasje, want sa faak bart it net dat in frouljuteam binnen SDS kampioen wurd. Derneist is it pas it twadde jier, dat it team yn dizze gearstalling spilet. Wy hearden dat jierren wer werom, foarige ieu, wolris in frouljuteam binnen SDS kampioen wurden is. Hoe binne jimme eins kampioen wurden? Mei gemak as frij dreech (sa as PSV). Mei oare wurden: wat foar seizoen hawwe jimme hawn? Yn de earste helte fan it seizoen begûn we sterk. We ha doe ien wedstriid krekt ferlern mei 1-2.  Mei in dikke 7 punten foarsprong binne wy de winterstop yngong. We ha trije wiken ‘frij’ hân, foardat we wer ‘oan de bak’ moasten. Op moandeitejûn hiene we trainen op it keunstgers yn Snits en op woansdeitejûn wiene we oan it spinnen en hiene we krêfttraining yn Sportskoalle Akkermans. Derneist ha we ek noch in stik as trije oefenwedstriden spiele. Nettsjinsteande de tarieding begûn we de twadde helte fan it seizoen wat minder goed. Sa as tsjin Frentsjer, we kaam mei 1-3 efter, mar wûn it út einlik nei de rêst wol mei 6-3. Spitigernôch, gongen der dochs in pear net ûnbelangrike wedstriden ferlern. Sa as tsjin NOK (3-5). Hiene we dy wedstriid wûn, dan hiene we de wedstriid dernei tsjin de nr. 2 QVC kampioen wurde kinnen. Dat feestje gie net troch en it puntenferskil wie doe noch mar 4. We moasten winne tsjin QVC, sadat sy net fierder op ús yn rûn en wy de wedstriid derop op’e nij kampioen wurde koene. Ek dit gong net sa as ferwachte. Troch in reade kaart en in penalty yn de 40e minút, ferlearen we yn de lêste minuten krekt mei 1-2. Wer troch it puntenferskil noch mar 1 waard en it kampioenskip wer iepen lei. Dit wie foar ús in teken om efkes ‘een tandje erbij te zetten’. Dit hawwe wy ek dien, troch in pear wiken stevich te trainen. Der mocht fan de lêste trije wedstriden gjin ien mear ferlern gean. Doe krigen we it berjocht binnen dat QVC ferlern hie fan Makkum. Wer troch wy noch mar ien wedstriid hoegden te winnen om kampioen te wurden.


Hoe haw jimme it fiert? Op moandeitejûn spielden wy ús kampioenswedstriid tsjin Wergea. Der wiene in soad supporters oanwêzich, mar sels hawwe wy dêr net in soad fan mei krigen om’t wy foaral fokust wiene op de bal en it spul. Spitigernôch koene we net yn de Skoalleseize om’t it korps dêr oan it oefenje wie. Wy hawwe it feestje doe yn de Greidhoeke by Titus fierd (oant in oere as ien) en dit wie ek goed foar elkoar! It earste rûntsje krigen we fan ús grutte sponsor Auke Bruinsma. Derneist ha we ek gebak, sjampanje en prachtige kampioenshirtsjes krigen. Hoe komt it folgjend seizoen? Folgjend seizoen begjinne wy yn de 4e klasse. Dit sil wol in grutte útdaging wurde foar ús as team, mar allegearre tinke we dat der wol in stapke by kin. Der sitte in oantal teams yn wer’t we wol earder tsjin spiele ha. Ferline jier ha we bygelyks noch tsjin Mulier en Dronryp yn de beker spiele en dy wûn we beide, mei 5-0 en 1-7. We tinke dat we wol leuk mei draaie kinne yn de 4e klasse mei dit team. Hawwe jimme foar it folgjend seizoen genôch froulju? Kinne jimme it team wat behâlde? Foar folgjend seizoen ha we lokkich noch genôch froulju om it team yn libben te hâlden. Der sille, spitigernôch, wol in oantal froulju stopje fanwegen de stúdzje of wurk, mar wy tinke en hoopje dat we folgjend jier wer in sterk team op it fjild sette kinne. Ek krije wy in pear nije spilers derby dy troch streame fan út de jeugd. Wat is der eins sa leuk oan fuotbal? Hester: “It spultsje fuotbal is myn libben. Ik spylje no 3 jier by SDS, mar ik bin der efter kaam dat ik der net mear sûnder kin. At we gjin wedstriid ha, bin ik noch op it fuotbalfjild te fienen, mar dan as supporter. Ik fyn it in fantastyske sport, wêr ik lekker myn enerzjy en fanatisme yn kwyt kin. Ek fyn ik it aardich om oare spilers oan te stjoeren, om der foar te soargjen dat sy ek mear selsfertrouwen krije en lol hâlde yn it spul.” Amarins: “Ik fyn it gewoan in machtich moai spultsje, de man útskeakelje, ien útspielje, in assist jaan, sels skoare etc. Mar it moaiste is dochs wol it teamferbân, je wurkje mei in team earne nei ta. Je moat inoar helpe, wat foar inoar oer ha, want allinnich kinne en kom je der net. En at je dan as resultaat soks as in kampioenskip berikje is fansels hielendal prachtich!” Sin oan it keunstgers? We ha siker sin yn it keunstgers. Fansels is op echt gers fuotbalje it moaiste wat der is. Mar oan it keunstgers sit ek folle foardielen, sa as trainingen en wedstriden dy net mear wurde ôflaske en net mear nei Snits hoege yn de winterstop! Wy hoopje as team dat wy der in soad


gebrûk fan meie meitsje. Wolle jimme miskien noch minsken betankje? Nei 5 jier de MD4, MC1&2 coacht en traint te hawwen en sûnt 2 jier mei hert en siel it frouljuflaggenskip traint te hawwen giet Paul Walstra ús ferlitten. Dit fine wy hiel spitich. Paul hat altyd foar ús klear stien en wist fan alles foar ús te regeljen, fan sponsoring oant trainingspakken, wintertraining by sawol sportskoalle Akkermans as op it keunstgers yn Snits, mar ek fuotballen wer’t wy mei trainden. Derneist wie der trije kear yn de wike op de sportfjilden yn Easterein te finen. Dit wurdearren we tige. We sille him gean missen en wolle him betanke, want ek troch him spylje wy folgjend jier yn de 4e klasse!

Nijsgjirrich Easterein

Op sneon 2 july sille we wer Nijsgjirrich Easterein hâlde. Iepen tunen en oare nijsgjirrichheden. Dit kin u.a. ek garaazjeferkeap wêze, in moaie hobby as sameling. Wat jo mar diele wolle mei oare minsken. Wa mei dwaan wol graach efkes berjocht dwaan op til. nr. 0515-23 91 01 of epboer@ziggo.nl   Groetnis fan de organisaasje


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


Nijs fan de túnbouwferiening Easterein It seizoen om te siedzjen en te plantsjen is wer begûn en we rekkenje wer op in goede opbringst, mar it komt ek wol foar dat der in soarte griente tagelyk klear is, no hiene we betocht, is der griente oer dit op in tafel te lizzen foar de Eastereinders die wat farske griente fan de tún ha wolle. Jimme kinne dit mei nimme foar in lytse fergoeding troch wat yn in potsje te dwaan, dit is foar de feriening. Jimme kinne ek de túnkers oansprekke en freegje oft der wat oer is, dan is it farsk fan de tún. Miskien krije jimme hjirtroch ek sin om sels de griente te ferbouwen, skroom net en lit it hearre by it bestjoer of leden fan de túnbouferiening Easterein. Sicco Scheltema 0515 33 1 235 Halbe Overal hoveral@home.nl

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


Bern en BIS!

Troch Nathalie Oliveiro Sechtjin juny is it safier, de premjêre fan it Berne Iepenloftspul ‘De Geast fan Spultsjelittens’. Tegearre mei fjouwerentritich oare bern binne Siebo (12), Mette (11) en Senay (11) al in hiel skoft twa kear yn ‘e wike oan it oefenjen. Se sille mei de útfieringen alles út de holle dwaan: de dûnskes, de teksten en it sjongen fansels. En dan hawwe se ek noch amperoan (as hielendal gjin) lêst fan poadiumfrees, super knap! Spesjaal foar jimme stelde ik de BIS-ers in pear fragen: SIEBO BOERSMA Lekkerste moarnsbrochje? Aaien mei spek Favorite seary/film/vlogger? Disney channel / Grease / Enzo Knol Plannen foar de simmer? Natuerlik optrede, op fakânsje, keatse en wat swimme Trije wurden om dysels te omskriuwen? Kin net stil sitte, kreatyf, moed en oantreklik *haha* Wa/wat is dyn ynspiraasje? Tony Neef En... dyn dreamen foar letter? Musikalstjêr yn in Disneymusical en spylje yn teater Carré METTE STAP Lekkerste moarnsbrochje? Wafels Favorite seary/film/vlogger? Make It Pop / Scary Movie / Dutch Tuber Plannen foar de simmer? Op fakânsje nei Frankryk Trije wurden om dysels te omskriuwen? Kreatyf, sportyf en linich. Wa/wat is dyn ynspiraasje? Epke Zonderland En... dyn dreamen foar letter? Ik soe graach in ferneamd turnster wurde wolle SENAY SIXMA Lekkerste moarnsbrochje? Croissantjes Favorite seary/film/vlogger? Nickelodeon / Carry Slee films / Dylan Haegens Plannen foar de simmer? Miskien nei Skylge Trije wurden om dysels te omskriuwen? Sosjaal, betrouber, leaf. Wa/wat is dyn ynspiraasje? Myn famylje En... dyn dreamen foar letter? Dat wit ik noch net


Welke rol hast yn it BIS? Siebo: De Geast van Spultje Littens / âlde Klaas Mette: Ik bin in boufakker Senay: Sjonger en dûnser Is dit de earste kear datst meidochst? Kinst der wat oer fertelle? Siebo: Nee myn twadde kear, ik spile foarich jier yn Friezz, doe wie ik prins Hans Mette: Ja, it is myn earste kear. Ik fyn it leuk en gesellich Senay: It is leuk om te dwaan en gesellich Wat fynst it leukst? En wat it dreechst? Siebo: It oefenje fyn ik super leuk. De jûns optrede is it dreechst want ik moat earst hiel lang wachtsje Mette: De ferskes fyn ik it leukst en it dreechst fyn ik de teksten leare Senay: It leukst? Alles! It dreechst fyn ik dat je oan it ein elkenien misse moat Favorite ferske? Siebo: Hynsterblommen Mette: Plat (dêr ha ik in solo yn) Senay: 5 minuten Hast ek in gewoante foar datst op toaniel giest? Siebo: Efkes alles trochlêze, in dûnske dwaan en nei it húske gean Mette: Nee, einliks net Senay: Nee Leukste sêne? Siebo: Ridderkeboartsje Mette: Sêne 11. Yn dizze sêne spylje ik in rol en dûnsje en sjong ik mei de bouploech Senay: Ik fyn alle sênes leuk Werom móatte de minsken beslist nei it BIS? Siebo: Omdat it in ûnderfining is dy’t je noait mear ferjitte kinne Mette: It is leuk en gesellich en it is machtich moai om te sjen Senay: Omdat it in super leuk stik is


Folgjend jier wer? Siebo: Nee, kinst mar twa kear meidwaan, it is allinnich foar groep 7/8 Mette: Dat wit ik noch net Senay: Ja!

- FONDS GEHANDICAPTENSPORT It is alwer efkes lyn dat 12 froulju yn aksje wienen foar it goeie doel. En hast allegear ha jim wat yn de blauwe kollektebus dien. Meielkoar â‚Ź 489,05. Wat in moaie opbringst !!! Tige Tank en graach oant takom jier. mei fr.gr. fan Baukje Overal - Hempenius.

landrover landrover en en 4 x4 specialist 4 x4 specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


4 kear de 11-steden   troch Anneke van Beem Geert Hiemstra Geert Hiemstra hat dit jier de 11stêden foar de seisde kear run. Yn 2006 foar it earst en hie hij it dierbere brevet helle. Doe hat it 4 jier duorre foar dat de twadde tocht rún waard.  Yn  2010 is Geert wer begûn en hat no net wer in jier oerslein. Se rinne yn fiif dagen de 11-steden en op de lêste dei is it gelokkich noch mar 28 km. Geert rint mei in man as tolve de 11- stêden die  it selde tempo wat ha en om goed 13.30 oere wolle se einliks wol wer oan weaze. Dit jier wie it prachtich moai waar en wie it net te dreech. In moaie oefening foar de Slachte. Mar ik tink dat dat foar Geert in makje wêze sil.  Ek hat Jelle de Boer dit jier de tocht rún. Ieda de Boer Ieda de Boer is dit jier mei de step de 11 stêden bylâns west. Wij as redaksje hiene mar twa fragen. Werom dogge je dit? Ieda hat de tocht al trije kear fytst. En woe wol wat oars. Foarich jier hat der in maat mei  stept en Ieda hat sein, oar jier gean ik mei dy mei en sa is it bart. Hoe gong it? It wie SUPER leuk, it waar foel ta en it gong GEWELDICH. It trainen wie swider as de tocht en oar jier gean ik wer. Sa seit in entûsjaste Ieda. It wie makkeliker as op de fyts! De doelstelling wie yn 18 oeren, mar it is slagge yn 17.40 minuten.


Elisabeth Us eigen Elies hat de tocht dizze kear foar de tredde kear op de motor bylâns west mei in klupke út Easterein. Om 7.15 oere binne se út ein set en yn Snits tocht Elisabeth al efkes; wer bin ik oan begûn; want it waar wie net echt moai, mar fan ophâlden is nea gjin sprake west. Om 12 oere waard it waar stadich oan better en om goed 14.30 oere  wiene se wer teplak yn Ljouwert. Hester Kingma en Jeska Terpstra Hester Kingma en Jeska Terpsta ha dit jier tegearre fytst.  It wie Hester har seis kear en Jesca har earste kear. Hoe wie jimme dei?  Hester en Jeska hawwe in moaie dei hân. Yn Holwert like it mear op in rin 11 stêden, troch opstoppingen hawwe se hast twa km rinne moatten. Gelokkich foel it mei it waar wol wat ta. De buien gongen moai om harren hinne. Jeska is om en fytst oar jier siker wer. Hester wol oar jier graach ek steppe of rinne en giet foar it hiele brevet en in tocht op redens, dat soe echt super wêze.

Wy lokwinskje elk dy op hokker wize de tocht ek maris dien hat en winskje de trekkerriders folle sukses op 3 en 4 juny!!!!!!


Twatal, duo, animaasje koppel….. troch Elisabeth Breeuwsma Fanôf dat se noch hieeel lyts wiene, is dit duo al in bysûnder animaasje stel. By de measte lêzers wol ferneamd fan harren optreden as Monique Smit en Tim Douwsma, Shrek en Fiona as de foarstelling fan Romke en Jeltsje. En no hat dit stel harren debút makke bûten ús doarp….. Janneke Overal en Siebo Boersma ha sneon tegearre in lied sjongen yn de grutte Martini tsjerke fan Boalsert by de betinking fan Gysbert Japicx.

Wa is Gysbert Japicx? It is no 350 jier nei de dea fan Gysbert Japicx, dizze man hat him yn syn libben (1603-1666) as skoalmaster en foargonger in protte yn set foar de Fryske taal troch in soad gedichten en ferskes yn it Frysk te skriuwen en te dielen. Sneon 21 maaie is it betinkingsjier fan Gysbert Japicx út ein set yn de grutte Martini tsjerke fan Boalsert. Deuntsje foar dy Troch Hindrik van der Meer út Jorwert, fêst wol ferneamd by jimme mei syn Fryske berneferskes sa as “kwek kwek minemyn” en “retteketet tsjing boem” , binne Janneke en Siebo benadere om in lied te sjongen by de iepening fan it betinkingsjier fan Gysbert Japicx.


In middei mei ús Fryske taal foarop. Alle praters, sa as deputearre Sietske Poepjes, die harren útlieten oer de moaie Fryske taal. Mar der wie ek in hiel grut koar die lieden sjongen fan as oer Gysbert Japicx ûnder begelieding fan Hindrik van der Meer. It wie nochal in folwoeksen barren wêrby Siebo en Janneke dan ek echt de iennichste bern wiene, mar se ha nei harren moaie sjongen in hiel grut applaus, in moai Fryske boek en in protte skouderklopkes krigen. In lyts petearke mei Janneke: Hoe wie it om ûnder begelieding fan Hindrik van der Meer te sjongen? Hiel leuk, ik ha yn elk gefal in hiel soad fan him leart, sa as de goeie toan hichte te finen, as hoe we bepaalde Fryske wurden útsprekke moatte en om it ritme goed yn de holle te krijen. Hat Hindrik jimme ek fertelt oer Gysbert Japicx? Net safolle, mar ik ha wol in dvd sjoen wer Gysbert Japicx yn foar kaam. Wat fûnst fan de Boalserter Martini tsjerke? Ik fûn it in hieeele grutte tsjerke en erch moai. We moasten wol hiel lang wachtsje dus ha we wol in pear rûntsjes yn en om de tsjerke west. Fan bûten wie de tsjerke noch grutter! Gelokkich hiene se dêr ek wifi….. Wolst dit wol weris dwaan? Jawol. It wie hiel leuk om mei Hindrik te oefenjen en om te sjongen yn die grutte tsjerke mei in protte minsken.

Oplossing Alde doaze: Halbe, Bauke en Klaas Overal.


In hiele bysûndere 4 maaie…. Troch Elisabeth Breeuwsma

Koart lyn hearde ik dat de nije eigeners fan Foarbuorren 10 in hiele bysûndere fûnst dien hiene yn harren fakânsjehúske. Fansels wie dat in moaie reden om kontakt op te nimmen mei Gerda Sas-Bergstra. Hjir ûnder har ferhaal. Famylje Sas- Bergstra Wij zijn de familie Sas-Bergstra uit Nijmegen. Onlangs we hebben het huisje op de Foarbuorren 10 overgenomen van mijn ouders. Mijn moeder, Tiny Bergstra-Baukema is in oktober 2015 overleden. Mijn vader, Nol Bergstra, is niet meer in staat alleen naar Friesland te gaan. Bonnen út de oarloch Op 3 mei kwamen wij voor het eerst sinds lange tijd weer in Friesland. Er moest veel opgeruimd en gestoft worden. Op 4 mei trof onze dochter Julia brieven, bonnen en boekjes aan uit de oorlog. Hoe bijzonder, en dat op 4 mei! s› Middags liep mijn oom Theo Bergstra binnen en begon verhalen te vertellen over de bonnen uit de oorlog. Bern út de grutte stêd Kinderen uit grote steden werden veelal ondergebracht in Friesland, Groningen en Drenthe. Dit omdat in deze provincies meer voedsel was dan in grote steden. De boeren hadden melk en kaas en verbouwden vaak ook groenten op het land. Haije Bergstra Mijn pake, Haije Bergstra, was hoofdcoördinator betreft de opvang van kinderen uit de grote steden. Hij zorgde ervoor dat de kinderen verdeeld werden over (opvang)gezinnen in Friesland. Het ging vaak zeker om tientallen kinderen. Doordat de o.a. kruidenierswaren op de bon waren kreeg elk opvanggezin via mijn pake extra bonnen. Zo liggen er nu, ruim 70 jaar later, nóg tientallen bonnen die over zijn gebleven uit de oorlog bij ons in het kastje op de Foarbuorren........


Darttoernooi yn ‘eTsjerne Sneon 12 maart wie der foar it earst sûnt tiden wer in darttoernooi organisearre yn gearwurking mei dartclub de Spearders út Easterein. Der wie romte foar 6 dartbuorden yn ‘e seal, dus der wie foar keazen om maksimaal 30 dielnimmers ta te litten. Nei wat oan en ôfmeldings kaam it totaal úteinlik op 25 man darters, in prachtich moai dielnimmersfjild. Der waard mei in protte nocht en wille striden.... In friske, in bierke en in hapke iten hat elk in pracht moai toernooi belibbe. Ut 5 poules fan 5 man kamen 16 finalisten wa de krúsfinales darte mochten. Nei hiel wat switdrippen en striid kamen der twa finalisten út de striid, dit wiene it jonge en grutte talint Bote Jellema en de âld feteraan en routienier Geart Couperus, hja mochten yn ‘e finale stride om it 1e plakje, wa pakt as earste de 4 ‘legs’?? It wie Bote die brutaal in inisjatyf naam... 0-1, 0-2 en sels 0-3 ... Darten bliuwt in apart spultsje, en kin alle kanten útgean. It lêste pylkje moat yn de dûbeld foardat hja wûn ha. Geart gie de striid oan, joech net op wist werom te kommen 1-3, 2-3 en ek 3-3... De lêste ‘leg’ dus, wa pakt dizze?? De comeback fan Geart sette troch, en wist ek de 4e en lêste ‘leg’ op rige te pakken en de spannende wedstriid te winnen mei 4-3. Podium: 1e priis: Geart Couperus 2e priis: Bote Jellema 3e priis: Sieb van Dijk en Jurgen Reen Winner ‘Bounty’ priis Der waard ek striden om de ‘Bounty’ priis, in priis hokfoar mear bekend is yn it poker wrâldsje. Ut de lêste 16 finalisten wurdt der ien persoan lotte (nimmen wit wa dit is en wurdt mei de priisútrikking bekend makke). Dit is dus de bounty... Dyjinge die de bounty útskeakelet wint de dizze priis. Klaas Kamstra wie lotte oan’t ‘bounty’, en hja kinne it sa net betinke, mar syn omkesizzer Albert Jan Kamstra hat Klaas útskeakele en gie der fan troch mei in pûde droegen woarsten (nee gjin bounty) ;-)


In prachtige moaie jûn mei ek hege gemiddelden en útgoaien. Yn totaal is der 5x in 180er goait (Peter Stuiver, Albert Jan Kamstra 2x, Jugen Reen en Jesse Eringa). De heechste útgoaien wiene der foar Marten Faber mei 152 (T20 T20 D16) en Bote Jellema 140 (T20 T20 D10) Wy sille dit siker faker organisearje!!

De Pinne – Wa is Baukje Stavinga? Troch Bauke de Boer

Myn namme is Baukje Stavinga en sûnt april 2015 wenje ik op Skippersbuorren nûmer 1. Ik bin berne yn Poppenwier wêr’t gjin skoalle wie, sadat wy nei Raerd moasten, alle dagen op’ e fyts. Letter (ek op’e fyts) nei Snits foar it ferfolchûnderwiis. Wy wiene thús mei syn fiven as bern, twa jonges en trije famkes. Ik wie de âldste. Lykas safolle oaren wist ik net wat ik nei de MULO dwaan soe. Ik koe goed tekenje, mar myn âlders fûnen de keunstakademy wat foar ‘aparte figueren’ dy’t meastal gjin droech brea fertsjinnen as se de stúdzje dien hiene. Sadwaande rekke ik as assistinte fan (ús eigen!) toskedokter oan it wurk yn Snits.  It wie gjin maklike man en nei in jier hie ik skjin myn nocht. Lytse poppen Ik ha de oplieding dien foar kreamfersoarchster en dat wie krekt wat foar my.  Alle kearen wer nije minsken en nije lytse poppen! Ik ha it in skoft dien en in prachtige tiid hân. Letter, nei myn trouwen die ik 2 húshâldingen yn’ e moanne en hie ik 10 dagen frij.  Ek nei’t ik bern krigen ha, ha ik by freonen en kunde noch wol holpen. Tegearre mei in freondinne ha ik noch in skoftke in partikulier bedriuwke hân en dat foldie ek wol goed. It boek kreamsoarch wie út Doe’t ik 40 wie, hie ik it gefoel dat ik it ‘boek in bytsje út’ hie wat de kreamsoarch oanbelange. Ek krige ik hieltyd mear muoite mei it feit datst faak nachts en wykeins ûnderweis wie. Sels fyn ik datst sa’n bysûndere tiid foar minsken dy’t in poppe krigen ha, ek bysûnder meitsje moast en dat koe ik op in stuit  net mear echt opbringe. Ik ha doe de oplieding foar medysk sekretaresse dien en troch staazje yn it sikehûs yn Ljouwert bedarre ik earst yn de apoteek, letter  by de geastlike fersoarging en noch letter op de dialyze ôfdieling. De lêste hat my in fêst kontrakt oplevere en ik ha der oant april 2016 mei in protte nocht wurke. 


In sportfrou Sport hat ek altyd myn belangstelling hân. Us heit wie haadklasse keatser en faak wiene wy as bern alle wykeinen mei heit en mem mei nei it keatsen yn alle úthoeken fan Fryslân. Heit hat yn 1954 de PC wûn, mar ik wie doe noch sa lyts, dat ik der net safolle fan meikrigen ha. Sels ha ik ek jierren keatst, oan follybal dien, tennis en pilates. Ik mei ek graach rinne en fytse en dêr ha ik no ek mear tiid foar fansels. Reizgjen en toanielspyljen As hobby ha ik fierder: reizgjen en toanielspyljen. Ast mei oare kultueren yn’ e kunde komst, sjochst der ek mei oare eagen nei.  In suske fan my is nei Tunesie emigrearre en om dy reden bin ik geregeld even nei har ta west. Op dit momint binne dêr hast gjin toeristen mear troch alle ûnrêst  fan IS,  mar wy ha der in moaie tiid hân. Ek fûn ik Porto Rico, Ierlân, Portugal en Grikelân bysûnder.  Wat it toanielspyljen oanbelanget:  doe’t ik sechstjin wie, waard ik yn Poppenwier frege foar in ienakter. It wie doe de gewoante, dat ast goed foldiest, it oare jier wol yn ‘it grutte stik’ meispylje koest en sa is de ferslaving begûn.  Fjoer! Doe’t ik nei myn trouwen yn Jirnsum telâne kaam, ha ik it dêr wer oppakt. Dat wie wat in oar ferhaal, want dy spilen mei yn kriichferbân mei karmasters dy’t dy dan beoardielden en punten joegen. Jierren oanien wie it wer in nije útdaging om der wer wat moais fan te meitsjen.  In befreone regisseur frege my 5 jier lyn om te spyljen.  It wie in stik foar 2 minsken, in man en in frou en sels mocht ik der in man by sykje. Ik hie Sjoerd Stenekes wolris spyljen sjoen, en omdat wy eartiids op deselde skoalle sieten yn Snits, ha ik him doe frege.  De foarstelling soe  plak fine yn de Fermanje yn Jirnsum, dy’t yn dy tiid brûkt waard foar eksposysjes en oare saken.  It wie in grut sukses en wy besleaten doe ‘Teatergroep FJOER’ op te rjochtsjen.  Yn de tuskentiid ha wy alle jierren hast in premjêrestik. Ynearsten spylje wy 3 of 4 kear yn


De Trilker yn Poppenwier, dêrnei op oare plakken. Ek alle kearen mei oare spilers. Omdat ik sels in fertaalburo oan hûs ha (Letterfretter) koe ik sels de stikken oersette yn it Frysk en ek tegearre mei de regisseur útsykje.  Net allinnich fjoer op de planken Sjoerd en ik ha nei dy tiid wer tegearre yn FJOER spile en dat ‘fjoer’ spile ek troch op it persoanlike flak. Wy binne úteinlik tegearre  wenjen gien. Nei ferrin fan tiid like ús in eigen hûs wol wat ta. It foel alle kearen ôf. Wy woene gjin hûs wêr’t noch fan alles oan dien wurde moast en dan is it faak lestich om wat nei’t sin te finen.  Sjoerd syn soan, dy’t makelaar is, joech ús de tip fan dit hûs yn Easterein en dit ha wy doe kocht.  Wy wenje hjir no in jier en it foldocht goed. Easterein is in moai plakje  wat foar in grut part komt troch it beskerme doarpsgesicht yn it sintrum.  Sels sit ik yn it bestjoer fan Fuort Mar Los as skriuwster en bin sûnt 1 april mei pensjoen.  Fansels is der altyd wol wurk mei it oersetten fan toanielstikken en oare opdrachten, mar der is fierder ek genôch tiid oer foar leuke dingen! Foarearst stiet der noch in lang wykein nei Skylge op’ e planning  en in fakânsje nei Agadir yn Marokko. Foaral Marrakesh liket my bysûnder ta. Al mei al noch fol plannen en enerzjy!


Team basisskoalle De Foareker kampioen fan Littenseradiel Tiisdei 10 maaie wie it jierlikse skoalfuotbaltoernooi foar basisskoallen fan de gemeente Littenseradiel. De jonges fan de Foareker Easterein ha op dizze moaie middei it best prestearre en meie har dêrom foar ien jier kampioen fan Littenseradiel nimme. Ek it famkesteam 2 hat tige best prestearre. Sy binne twadde wurden yn de famkespoule. Oan Jelmer Brouwer (11 jier) in pear fragen hoe as it allegearre gongen is. Hoe binne jimme kampioen wurden? Jelmer: ”We moesten als eerste tegen It Fûnemint 2 (Wommels). Daar hebben we 5-0 van gewonnen. Toen tegen Kûbaard, De Reinbôge, 3-0 gewonnen. Toen tegen Easterlittens Earnewjuk 3-1 gewonnen en toen tegen Hijlaard en daar hebben we 7-0 van gewonnen. Na deze wedstrijden mochten we de finale spelen tegen De Opslach uit Wommels”. Jelmer: ”Ik had wel wat spanning maar het was niet zo moeilijk want we hadden 7 of 8-1 gewonnen, nadat we hadden gewonnen rende iedereen op ons af.” Wie sieten der allegearre yn it kampioensteam? Redmer, Arjen, Niels, Jente, Redmer, Tiemen, Tjalle-Durk, Siebo, Thijs en ik. Onze coaches waren Bauke en Tristan. Wat hawwe jimme wûn? We kregen een wisselbeker, een medaille en een vaantje.


STOARMEN, MIST EN EANGST (PART II)

In greep út it seemanslibben fan Sikke Scheltema Troch Nathalie Oliveiro Yn maaie hawwe jimme lêze kinnen hoe’t foar Sikke Scheltema (81) it seemanskip begûn. Oer syn jongesdream, it kapitein wurden en de fakânsjes mei syn famylje. Lês fierder en ûntdek mear spannende aventoeren fan ús seeman. Wrâldreizgers Yn al de jierren as seeman hat Sikke hiel wat fan de wrâld sjoen. Doe’t er pas troud wie, is syn frou Yt in healjier mei west. Hy hie in prachtige akkommodaasje oan board mei alles der op en der oan. ‘’It wie foar Yt maklik om mei my mei te gean, myn skoanheit ha ik noait kinnen. Myn skoanmem wie iennichste dochter en myn frou ek, dus sy koe dus ek wol efkes fuort. Har mem wie altiten by har. En se is ek wolris mei west sûnder bern. Efkes in koart reiske mei. Beppe paste op en sa wisten we dat it wol goed kaam’’. Se gongen nei hiel it Middelânske seegebied. Doe hiel West-Europa. Ingelân, Ierlân, Skotlân, Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. ‘’Ek foeren we nei de Wite See, dat wie echt kommunistysk natuerlik. Derneist binne we yn Libanon, Turkije, hiel Algarye en Tunesië west, eins oeral’’. Ingelân en Skotlân binne favoryt fan Sikke, om de minsken en it lânskip. Yn Frankryk gongen se net oan lân. ‘’De taal wiene we net machtich en sy sprutsen net ingelsk’’. De tiid fan Spaanske diktator Franco hat er ek meimakke. ‘’Dêr hawwe we gjin oarlochsgeweld fan meikrigen, mar it wie dêr wol tige streng allegear’’. Achter de DDR fûn Sikke it freeslik. Yn Polen, Oast-Dútslân en Rúslân stie der altiten ien soldaat by de kop (de gangway) en ien by de efterkant fan it skip, dei en nacht. At de seelju der ôf woene, moasten se alles ôfleverje oan de soldaat. Der waard presys byholden wannear at se


fuort gongen en werom wiene. De tiid waard opskreaun en at se werom kamen, koene se harren spul wer krije. ‘’Der wie ek ien dy’t allegear foto’s makke hie hjir en dêr, no dy wie alles kwyt’’.

Deabenaud en drege mominten Yn it begjin hiene se op see hielendal gjin radar. Der binne dêrtroch in protte minsken stoarn yn ‘e Noardsee. ‘’Dat it skip sonk, mist wie yn dy tiid tige eangstich’’. It wie ris in kear potticht fan de mist by de Dútske eilannegroep Nordeney. Twa skippen kamen yn oanfarring tichtby it plak dêr’t Sikke mei syn bemanning foer. ‘’Dat hearden we dan, dan ha se allegear blaze en sa’’. Der wie altiten in jongen dy moast foar op de bak stean te lústerjen at der mist wie. ‘’Op in kear sei er ‘’ik sjoch in boatsje’’, doe wie der in rêdingsboat fan ien fan dy boaten fol mei minsken. Wy hawwe se doe oppikt’’. Mei dizze moderne navigaasjeynstruminten is it foarút gongen. Mei mist moasten se eartiids altiten hiel langsum fare, froeger wie mist hiel slim, tsjinwurdich kin it folle sneller. ‘’No kinst, ast in skip sjochst ek efkes kontakt meitsje, it is allegear folle better wurden’’.


Stoarm kaam ek geregeld foar. Kollega’s fan Sikke binne mei man en macht fergongen.’’Doe hiene je fan dy houten lûkjes dy’t dan ynsloegen. Dêr kaam dan wetter yn’’. ‘’Myn frou, dat is ek wer sa typysk, hat noait benaud west’’. Tegearre ha Sikke en Yt in kear yn in orkaankrêft sitten, midden yn de Golf fan Biskaje. Se koene doe net mear fare en moasten sa stil mooglik lizzen bliuwe. Se foeren sa langsum mooglik, mar in hiel lyts bytsje dat it skip noch krekt stjoere koe en moasten doe ôfwachtsje oant de stoarm ophâlde soe en se wer trochfarre koene. Sikke: ‘’Ik hie dus in twapersoansbêd yn dy stoarm. Wy moasten ek wachtrinne. En doe lei Yt allinnich yn dat grutte bêd, dat wie se net went. Se fleach natuerlik fan alle kanten yn dat bêd. Doe hie ik in tekken oprôle, it plak dêr’t ik dan lei tilde ik op en die it tekken derûnder. Dan koe sy rêstich trochsliepe’’. Yt is noait benaud west. Doe’t se de bern krigen hat, dernei wie se wol seesiik. Dat wie nei twa as trije dagen wer oer. Nijsgjirrich hoe lang at kapitein Scheltema úteinlik farre hat en wat syn hichtepunt as seeman wie? Dat en mear folgjende kear yn it lêste part fan Stoarmen, Mist en Eangst.


drive

We trekken graag een sprintje om aan uw wensen te voldoen. Uw drukwerk regelen wij vol kracht en overgave. Wij gaan ervoor en hebben er plezier in. Dat is onze kracht. Enthousiasme voedt ons bloed. Van begin tot eind werkt ons team van bevlogen, betrokken toppers aan uw product. Het eindresultaat telt, maar ook de weg ernaar toe. Prestatie vloeit voort uit passie, gedrevenheid en betrokkenheid. Wij denken graag met u mee, want samen komen we verder. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN / BOLSWARD

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein juny 2016  

Doarpskrantsje Easterein juny 2016

Doarpskrantsje Easterein juny 2016  

Doarpskrantsje Easterein juny 2016

Advertisement