Page 1

EASTEREIN, jannewaris 2015

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon jannewaris 2015 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant: Jan Strikwerda Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7

Ald jiersdei De stunt wie grut De bestjoerders lyts Fryske tradysjes bin se kwyt Se sitte op it plus en stinne Wer moat wy mei ús frustraasje hinne Och gedeputeerden jim moatte hjir om tinken Takommend jier helje wy in boat út Earnewâld Dat ding is doch al âld Mar it is jim no al sein Hy stiet foar it kafee yn Easterein! Enno Bruinsma

Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter

@easterein_frl Facebook

Fraach&oanbod&sa

Advertinsje Wolle jo advertearje nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl u.f.m. advertinsje.

Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar: tongersdei 29 jannewaris


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Doarpsaginda 14-1-2015

19.45

Lezing met dia's van Hr. Meirink over zijn werk als begeleider van landbouwers met sierteelt in Rusland en Siberië Skoalleseize, iedereen is van harte welkom

15-1-2015

20.00

Presentaasje Enerzjykoöperaasje GEKE, Skoalleseize

17-1-2015

20.30

New years Chicago, bluesfestival Noflik Easterein

24-1-2015

Band Downtown, Noflik Easterein

25-1-2015

16.00

Bluescruise mei Blues Avenue Noflik Easterein

8-2-2015

16.00

Konsert Wilhelmina mei Gerrit

Breteler, Martinitsjerke

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Meidieling Toanielferiening Fuort mar los As je lid binne fan de toanielferiening (en je betelje dit fia automatyske ynkasso) sil it donateursjild rûn 1 febrewaris 2015 wer ôfskreaun wurde. De útfierings binne op 6 en 7 maart.


Jeie dêr kin ik echt fan genietsje! troch Yvonne van Beem en Eppie Heins

Wyld wurdt in protte iten mei de krystdagen, mar wa binne de minsken die der foar soargje dat je in stikje hazze ite kinne? Dat ha ik my altiid al ris ôffrege en de man die al myn fragen wol beantwurdsje kin is Eppie Heins. In jeier yn ieren en sinen. Hoe lang bist al jager? Hoe bist hjir mei yn de kunde kommen? As jonkje fan in jier as 6-8 gie ik, yn Wommels, wolris nei breajager Teake Bootsma (lytse Teake) en frege om lege patroanhulzen. Wy seagen him troch de buorren fytsen mei it gewear op ‘e skouder, pear hazzen en einen oan it stjoer, en dat fûnen wy tige yntressant. Letter, doe ik in jier as 12-13 wie moast ik op in jûn myn heit helpe te wudzjen op de folkstún. Dêr kamen doe ek twa jagers, Jolle de Jong en Tseard Nijdam, en dy skeaten dêr, op fersyk fan de túnkers(skea), einen en ik fûn dat machtich moai. Dat ik frege oft ik kear mei mocht te jeien. Jolle sei; “Do meist fan ‘e hjerst wol in kear mei as wy op de pleats komme”. De pleats wie by fam. v/d Weg yn ‘e Súdhoeke wêr ik as bern, as lytsfeint, wol oant wurk wie. Dy hjerst, op in sneontemiddei bin ik mei west en waarden der 3 hazzen en 4 einen sketten en moast ik de hazzen sjouwe. Mar die hazzen waarden ûnderweis hieltyd swierder, dat ik wie bliid dat wy wer by de pleats wiene. En de manlju mar gnyskje. Sa bin ik mei de jacht yn de kunde kaam. Fanôf die tiid gong ik wol faker mei as driuwer. As jonges wiene wy in protte yn it fjild; aaisykje, fiskje, mûzje, poere, foeken sette ensf.. Alles wat mocht, mar ek wol saken wat net mocht. Mar wy wiene altyd bûten en yn it fjild. Wer moat je oan foldwaan as je jeie wolle? Wat binne de (spul)rigels? Mar yn 1990 seine twa maten tsjin my; “Sille wy de jachtcursus dwaan?”. En dat ha wy dien, it teoretyske diel yn Akkrum en de praktyk op de sjitbaan yn Biddinghúzen. En yn 1991 binne wy alle trije slagge foar it eksamen yn Arnhem. It is in pittige oplieding en de kosten derfan binne tsjinwurdich al gau tusken de 2500-3000 euro. Mar dan binne jo der noch net. Jo moatte ek noch in jachtakte ha, oars meie jo gjin jachtgewear yn hûs ha. En in jachtakte kin jo allinne krije as jo oantoane kinne dat jo 40 ha. lân oanien ha wêr’t jo jeie kinne, dus ek noch tastimming fan de boer ha om te jeien. De easken om in gewear(en) yn hûs te hawwen binne tige strang en krije dan ek alle jierren wapenkontrôle thús at jo dêr wol oan foldogge. Hazzen, guozzen, einen sjitte jo mei in hagelgewear, meastentiids cal. 12.


Hagelpatroanen(stiel) binne der in ferskate gradaasjes. Mar dat is in technysk ferhaal en net yn in pear wurden út te lizzen. It komt der ynkoarten op del dat jo hazzen en guozzen mei wat swierdere (hagel)patroanen sjitte dan einen. Fierders kin/moat men mei in kûgelgewear jeie. Mar ek dan bin der ferskillen. Bygelyks, in licht kaliber kûgelgewear(.22) wurdt faaks brûkt op swarte krieën(sitte wat fierder fuort) mar mei wer net brûkt wurde op grut wyld lykas wylde bargen, herten ensf. Dêr ha jo in swier kaliber kûgelgewear foar nedich. Wy jeie hast altyd, as maten mei ús trijen. Faaks komt der dan noch in hûneman/driuwer en driuwer by. Yn elts gefal wolle wy net mei tefolle minsken it fjild yn. Fine wy sels neat oan en de measten minsken ha dêr ek wat op tsjin. Jo kin hast net sûnder hûn jeie want in ein ‘falt altyd oan de oare kant’ fan de grutte feart of der midden yn. En as in hazze oansketten is(bard ek wolris) en in hiel ein trochrint dan moat de hûn de hazze ophelje. Mar der binne ek boeren die gjin hûn yn harren fjild ha wolle fanwegen besmettingsgefaar ensf. Wat is jim “jachtgebiet”? Wy ha op ferskate plakken jachtfjild, bygelyks yn de Súdhoeke, Boazum, Skrins, Easterlittens, Winsum Baard, Wjelsryp en Tzum, mei-inoar in lytse 600 ha. Dat wy kinne gauris in pear kear fuort! Wat is de relaasje mei de measte boeren? Hoe stean sy hjir tsjinoer? Wy binne altyd te gast by de boer. Wy meie mei de boer syn tastimming op syn lân jeie. Dat hâldt yn dat jo in goed en regelmjittich kontakt mei de boeren ha moatte. Foar jo it fjild yn geane efkes in praatsje mei de boer, bg. hoe liket it yn it fjild ensf. Mar ek at jo in dea skiep yn de feart fine, as sokssawat, efkes melde by de boer! En at in boer lêst hat fan swannen en guozzen dan skillet hy de jager om dêr wat oan te dwaan. Dan moat de jager earst allegear fergunnings regelje en faaks jûns nei it wurk noch efkes it fjild yn. Wannear mei der jeit wurde? Mar jo kinne/meie net it hiele jier troch jeie. Bygelyks, einen mei op jage


wurde fan 15 augustus o/m 31 jannewaris, hazzen fan 15 oktober o/m 31 desimber. Mar dan geane jo net it lân yn en sjit alles mar dea, sa as guon minsken tinke. Soe net best wêze en sjit alle hazzen mar dea, want wat moatte jo dan it folgjende jier? Nee sa wurket it net! Troch it aaisykjen, neisoarch ensf. en de kontakten mei boeren, witte jo wol aardich wat der yn it fjild libbet. At der bg. leverbot, as in oare sykte, yn de hazzen west hat/is dan kin it barre dat de jager beslút dat jier net op hazzen te jeien! En wy ha de ôfspraak, dat at jo op “post” sitte, ien hazze sjitte, twa rinne litte. Mar ek goed sjen wat de oare jagers sjitte tidens de drift, want die hazzen moatte jo wol meitelle fansels! En ik fyn altyd wer in prachtich gesicht, dat at jo hiel stil efter in hikke stean, de hazzen op 1 meter by jo del rinne. Ik tink dan by mysels: Goeie krystdagen en miskien oant takom jier!” It wyld moat in kans ha Einen sjitte jo net yn ‘e sleat en net út in auto, dat mei ek net. It wyld moat in kâns ha, einen moatte earst fleane en dêrnei pas sjitte. Wy ha as regel, dat wy by einen allinnich de jerken en de “miskleuren” prebearje te sjitten. Wa fan ús trijen in brúne eintsje sjit, wat barre kin fansels, moat foar “straf” € 5,- yn ‘e pot lizze. Ek bin ik somtiden yn it fjild en dan wurd der hielendal net sketten. Weidelijk jeie betsjut dat men it wyld goed oansprekke kinne moat, dus it wyld net op in te grutte ôfstân sjitte. In skot hagel hat net in wide sprieding, sa as de measte minsken tinke, mar is in langhalige kolom. It effekt van in skot hagel ferliest al nei 40 meter sterk oan krêft en dan moatte jo einliks net mear sjitte! De oantallen, wat in jager ferantwurde sjitte kin, binne sterk ôfhinklik fan it seizoen(waar ensf.). Foarbyld: As jo witte dat der ûngefear 20 hazzen yn in pleats(fjild) sitte kin jo, rekken hâlde dat der oars yn it jier ek noch in pear ferûngelokje, 3-4 hazzen sjitte. Dan ha jo, en hâlde jo, in sûne hazzestân yn it fjild! Guozzen is gjin jacht mar skeabestriding en mei allinnich mei in provinsjale ûntheffing. Mar ek hjir jilde strange regels. Sa meie jo gjin lokkebrea brûke en wurde jo dêr mei trappearre, dan bin jo de jachtakte foarearst 1-2 jier kwyt! Soks wurd bepaald troch de kommissaris fan de plysje. Wylde kninen(bin hjir net), houtdo, swarte krie, ka, foks en Kanadeeske goes meie jo it hiele jier troch sjitte om skea te foarkommen en te bestriden. En exoten lykas nijlgoes, muskusrôt, beverrôt, waskbear, marterhûn ensf. falle net ûnder de wet en meie mei alle middels bestriden wurde. En meist sels ek graach in stikje wyld? It wyld wat wy sjitte is foar it grutste part foar eigen konsumpsje. Foar dat wy echt los geane ha wy oerlis oer bygelyks hoefolle hazzen wy sels nedich binne. Net dat wy sels alles opite, der binne bg. boeren dyt 1-2 hazzen ha wolle ensf.. En at de hiele famylje 1e krystdei op besite komt, dan steane der 2 brette hazzen op tafel en dy geane skjin op!


Der giet ek wol wyld yn de friezer sadat wy, at wy sin ha, ek noch wolris wyld ite. Foar in hazze krijt de jager by de poelier om en de by € 8,-. Mar as jo dêr wyld keapje wolle dan moat men foar ien hazzerêch al gau € 28,- betelje! Sels mei ik alle wyld wol mar eine- en guozzeboarststikken yn reepkes snije, marinearen en dan as bief bakke en mei sjampinjons en sipeltsjes fyn ik (frou en bern ek) in wiere traktaasje! Wat is de takomst fan it jeien? De jacht leit de lêste jierren ûnder in fergrutglês. In protte minsken fine tsjinwurdich alles begrutlik, sjoch mar nei bg. de biste-ambulânse dy’t útrukke moat foar in seefûgel mei in lamme flerk! As nei de brânwar dy’t mei 2 auto’s, sirenes oan, útrukke om in kat út in beam te heljen. Soks fyn ik te gek foar wurden, rin allegear troch en de kat komt der sels wol wer út at hy honger krijt! Ek de diskusjes oer de jacht wurde troch tsjinstanners fiert op basis fan emoasjes en net op de feiten! At it jo kar is om fegetarysk te iten dan fyn ik soks prima, mar fal my dan net oan as ik in stik fleis ite wol. En minsken dy’t fleis, frikandel, hamburgers en kipnuggets ensf. ite, betink dan dat dêrfoar ek in bist deamakke is! Eltsenien hat de mûle fol oer eko en biologysk iten. Wat is der no biologysker dan wyld? Nederlân hat, útsein it Waadgebiet, gjin echte natoer mear. Al it oare, sa as de Veluwe ensf, binne oars net as parken mei in “stek” dêr omhinne. En parken moatte jo ûnderhâlde. Kreklyk as men bosken, heide, greide ensf. ûnderhâld, sa heart men de bisten ek te ûnderhalden. Dan krijt men in grut ferskaat oan bisten en sûne populaasjes. Dan is it ek net slim dat dêr, as it kin, sa no en dan wat útnommen wurdt foar eigen gebrûk! Men ferjit wol dat de minske ek in ûnderdiel fan dyselde natoer is! Dit jier stiet der (al)wer in nije natoerwet op it program. At dizze wet oannommen wurdt, sa as er der no leit, it foar jagers betsjutte sil dat de burokrasy en papierwinkel noch grutter wurde sil. Lykas aaisikers moatte wy dan it sketten wyld ek yn it fjild mei in appke trochjaan. Wêr bliuwt dan noch it frije fjild yn dit (frije)lân? Ta beslút: “Plezierjacht” bestiet net, mar driuwt op it wetter! Dat is in wurd betocht troch tsjinstanners fan de jacht. Wy ha it dôchs ek noait oer “plezieractivisten”, of soene sokke minsken der ek wêze? Jeie mei plezier(nocht, wille) dat bestiet wol en dêr kin ik echt fan genietsje!


Bern en ..... All Stars Troch Nathalie Oliveiro

Meastentiids at ik mei bern wurkje, ha ik myn dûnspet op, mar dizze kear net. Hjoed ha ik nammentlik Anke Blanksma en Daniel van der Weerdt op besite foar in fraachpetear. It begjint al tige goed: se ha in Loomketting en -earmbân foar my makke. Wat leaf! Anke en Daniel sille ús fertelle oer dûnsgroep All Stars. Dizze foarmje se tegearre mei Tjitske, Eelkje, Marin, Sophie en Marike. Dêr letter mear oer, mar earst... … in foarstelrûntsje! Daniel is acht jier, sit yn groep fiif en is de jongste thús, hy hat noch in twallingsus, Judith. Anke is njoggen jier, sit yn groep seis en is ienichst bern. Hoewol't se yn ferskillende groepen sitte, hawwe se wol les yn itselde lokaal. Daniel sit achter Anke. Anke&Daniel: 'We binne BFF' (Best Friends Forever). Se kinne elkoar al in aardich skoft, fanôf groep twa. Anke kaam foar it earst op skoalle doe't juf Petra der foar de lêtste kear wie. Beide hawwe se de leavelingskleur grien. All Stars All Stars is in dûnsgroep ûnder lieding fan Nathalie Oliveiro (yours truly) en part fan de Martinitsjerke. At se in projekt hawwe, oefenje de bern elke tiisdei nei skoalletiid. Anke: 'Dan leare we in dûns en dy trede wy dan op, dy litte we dan sjen oan de minsken'. Tritich novimber lêstlyn hiene se harren earste optreden. Beide fûnen it best wol spannend. 'Foardat ik op moat, bin ik altyd hiel senuweftich en at ik dan wetter nim, bin ik minder senuweftich, fertelt Anke. Daniel hat in nijsgjirrige gewoante foardat er optrede moat. 'Dan yt ik meastal in banaan', seit er. Wat kinne de minsken noch mear ferwachtsje fan All Stars? Anke: 'No, ien ding wit ik wol seker, dat de groep de All Stars hiel cool dûnsje


kin...' Daniel: 'Dat it harstikke leuk is...' Anke: '...dus at se in kear hearre dat der ergens in optreden fan All Stars is, dan moatte se der echt hinne, want dat is echt hiel cool'. Daniel: '...en je straalt als een zonnebloem'. Wat soene jimme graach wolle mei All Stars? Daniel: 'Dat it noch cooler wurdt, en grutter.' Anke: 'Dat we folle ferneamder wurde, dat we byfoarbyld optrede yn Grins ofsa.' At Anke kieze mei, hat se mei in dûnsoptreden it leafst in wat losse broek oan, dy't net te stiif is, mei in leuke trui en in festje der oer, én in mutske. Se wol leaver gjin rôze klean. Daniel: 'Ik wol grien!'. Hjir is Anke it grif mei iens. 'Dûnsje is net allinnich foar jongeren, mar ek foar âlderen' Dat dizze bern in protte fan dûnsje hâlde, is wol te hearren. Entûsjast fertelle se der oer. Anke: 'Ik hâld gewoan hiel erch fan dûnsje want altyd at ik muzyk hear, begjin ik direkt te dûnsjen'. Daniel hat sels in eigen dûnsstyl. Hoe't dy hiet? De Daanstyl fansels. By dûnsje heart wis muzyk en al gau kom ik der efter dat we in ACDC-fan yn 'e hús ha. Anke hâldt fan Rap&Rock en dan kin dizze band fansels net ûntbrekke. Har leavelingsferske fan rap is in klassiker, nammentlik 'Paparazzi' (fan Xzibit). Ariane Grande en One Direction binne har idoalen. Daniel fynt Ariane Grande en Pitbull super cool. Dizze bern witte goed wat hip is, ha jim wol yn de gaten. 'Nou, kom op dan met dat dansen!' Wat in wille ha we hân. We hawwe it net allinnich hân oer All Stars, mar ek oer Xoomy, de musikal Ruth wêr't se yn sjonge sille, de maneezje wêr't Daniel letter wenje wol, oer harren takomstplannen (ja, dy binne der al), oer Breakdance en sels noch oer it pony, ik bedoel, de hûn dy Anke krije sil at se tsien is. Dizze Best Friends Forever sitte fol mei dreamen, enerzjy en passy en ik kin mar ien ding sizze: at alle ynterviews sa leuke binne, dan wol ik neat oars mear! Ek yn 2015 sille we mei All Stars dûnsje! Foar mear ynformaasje as opjefte (it is foar alle bern fan de basisskoalle), mail nei: nathalieoliveiro@gmail.com.


Aginda foar de moanne febrewaris: 31 jan. 6 feb. 7 feb. 14 feb.

kapsalon

Après ski party 20.30 – 01.00 Bernedisko 19.00 – 20.30 Disco party 19.30 – 22.00 Valentijnsfeest 20:30 – 01.00

fanôf 1e klas middelbare skoalle groep 1 o/m 6 groep 7&8 fanôf 1e klas middelbare skoalle

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


“Bring de keatsers by it keatsen!”

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai – ‘it lustrum’ Freed 21 novimber is yn Sporthal de Greidhoeke yn Easterein de lustrumedysje fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai (yn ’e nije opset, foarhinne Kulturele Rie) hâlden. We hienen it maksimale oantal dielnimmers, 18 teams! Mei in pear debutanten en in skerpe yndieling hat men har tige fermakke mei oantreklik, hilarysk en sportyf follybal! It toernoai waard mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel, Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland en Grafische Groep van der Eems. Mei grutte tank oan ús foarsitter en inisjatyfnimmer fan dit toernoai kinne we weromsjen op in tige slagge, sportive en gesellige lustrumedysje. By de priisútrikking wurde de dielnimmers tank sein en dat hja de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’ prachtich yn praktyk brocht ha! Yn 2015 sil it toernoai op freed 20-11-2015 plakfine (ûnder foarbehâld)! Binne jo benijd nei de útslach? Sjoch dan op www.easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cade vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Bernehoekje

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


feefoer + keunstdonghannel Iepeningstiden loads:

Tiisdei: 7.30 - 12.00 en 13.00 - 15.00 Woansdeitemiddei: 13.00 - 17.00 Sneontemoarns: 8.15 - 12.00

ek foar al jo (lyts)fee… • hynders (Ynfo op ús webside) • skiep struiguod • geiten • (haksele) strie • kninen • spuonnen • hinnen • seachsel • hûnen • flaaks • katten Foer fan Vellinga:

‘Dát giet de goede kant út!’

GEBR. VELLINGA B.V. Tel. 0515-33 15 65 Sibadawei 26A, Easterein www.gebrvellinga.nl e-mail: gebr.vellinga@hetnet.nl


De Pinne – in stikje troch ynwenners fan Easterein Dit kear yn ‘De Pinne’: Sjoerd en Ruurdtje de Vries Troch Bauke de Boer

Nij oan de Van Eijsingaleane Wij zijn Sjoerd en Ruudtje de Vries en wonen sinds 27 augustus 2014 aan de Van Eysingaleane 6. Wij hebben al op verschillende plekken in Friesland gewoond. Het grootste gedeelte van ons leven hebben we in de Hommerts gewoond. Hier hebben we met veel liefde een boerderij gerund. De pleats ferkeapje en op nei Drachten Tien jaar geleden hebben we de boerderij verkocht en zijn we richting Drachten verhuisd. Hier hebben we ook met veel plezier gewoond, maar wel ver verbeterprocesmanagement bij onze kinderen vandaan. en Zij hebben inmiddels hun plekje gevonden in de gemeente Littenseradiel. Easterein, harren nije thús en pragmatisch Als je dan ook nogdoeltreffend pake en beppe wordt en de schoonzoon heeft een boerwww.fakwurk.nl derij waar je regelmatig helpt,dan begint het toch weer te kriebelen !!! Dus het besluit om nog een keer te verhuizen is dan gemakkelijk genomen. Een huis in Easterein leek ons een mooie oplossing!! Wommels mooi dichtbij voor de boodschappen, en de weidse vergezichten wat we in de Hommerts ook gewend waren.

Altijd al willen weten wat een hashtag is? -

praktische trainingen social media voor ZZP’ers en MKB’ers beginners en gevorderden laagdrempelig en betaalbaar

www.eerstehulpbijsocialmedia.nl


De koalen fan Joustra Branje

Troch Elisabeth Breeuwsma

Krekt in swart-wyt film…… Je hûs ferwaarmje middels koalen yn in koalekachel. It is in noflike waarmte, ein septimber, begjin oktober kin de kachel oan en hoeft net earder wer út as it nedich is. Koalen gloeie op trochdat se fan ûnder út de kachel soerstof krije en dat waarmet folle langer as hout, brânt dei en nacht, fandêr dat der ek in konstante waarmte yn hûs is. Yn de bergen fan Frankryk en België wurde noch it measten koalen brûkt, omdat it faaks lestich is om dêr in gaslieding hinne te lizzen. Hjir yn Nederlân binne we fan dat alles al fersjoen en is, meinammen troch it gemak fan gas en cv, it ferwaarmjen fan koalen ôfrinnend.

Stoke op koalen……in autentyk barren Wêr it eartiids sa’n 500 ton yn it jier wie, levert Willem Rienstra no noch 140 ton nútsjes 3 en 4 (nútsjes binne koalen) oan syn klanten. Hy is dan ek noch de iennichste yn Noard Nederlân dy’t koalen besoarget. Fanút Dútslân


wurde de koalen troch Monsma fan de koalenfabryk mei in frachtwein nei Easterein brocht. As ik by Willem kom, steane der fan it begjin oan’t ein fan de loads, fjouwer transportbânen klear om de fracht yn de grutte bulk (efter yn de loads) te krijen. Dizze kear hast 25 ton oan nútsjes 4, die binne in bytsje lytser as nútsjes 3 en de meast ferkocht. Lawaai….. Omdat Willem net mear sa faak in transport koalen as eartiids binnen kryt, is it altyd wer spannend as alles noch wol wurket, it is dan ek net mear it nijste materiaal…… Monsma fan St. Jabik komt moai op tiid mei syn fracht oansetten. Willem

set de bânen oan, it lûkje fan de bak giet iepen en dêr rûgelt stadich oan tsien ton oan moaie, glinsterjende swarte koalen oer de fjouwer transportbânen. Alles wurket en it is in kabaal fan jewelste! Útsjen as Swarte pyt Nei in dik oere is de fracht lost. Tiid foar Willem om alles wer skjin te meitsjen. Foar de kommende tiid kin hy noch hiel wat koalen besoargje. Mei koarten moatte de koalen seeft en opsekke wurde, dat hat miskyn wat minder kabaal, mar it smoarget des te mear……. Dan is it ek wat dúdliker werom swarte pyt sa hjit……


M没zenlabyrint As je de P么le omrinne en net mei de holle yn de wolken rinne as allinne op it paad lette mar in kear neist it paad sjogge dan kinne je sjen dat der in protte warbere m没skes (warskynlik) dwaande binne om in moai labyrint fan paadsjes en holtsjes te meitsjen. Foar de boeren is it wat minder mar it is fassinearjend om te sjen.


Nijs fan Hâld Faesje Grof smoargens Regelmjittich wurdt der op ’e oprit oan ’e Stittenserleane (neist it tsjerkepaad) guod by it ‘grof smoargens’ fan de bewenner lein. Dat is fansels net de bedoeling. It grof smoargens dat troch de bewenner melden is by Omrin, wurdt ophelle. De rest bliuwt lizzen. Bern út it doarp geane der somtiden mei boartsjen en ferslepe it guod, it bliuwt earne lizzen en sa wurdt ús doarp der net moaier op. Eltsenien dy’t grof smoargens hat, kin dat melde by Omrin. Ien kear yn de moanne wurdt it ophelle. Jo kinne op de ôffalkalinder of op de app fan Omrin lêze op hokker dagen it grof smoargens ophelle wurdt. Moarns kinne jo it guod op jo eigen oprit of hiem lizze en dan wurdt it troch Omrin ophelle. Boppedat kin eltsenien it sels ek by it stoart yn Boalsert bringe. Ynwenners fan Easterein, hâld ús doarp moai en skjin ! Lyts leed melding Wolle jo in ‘lyts leed’ melding dwaan, bygelyks omdat der in tegel fan de stoepe skeef leit, dan kinne jo dat dwaan fia it meldingsformulier fan de gemeente. Jo kinne it formulier fine op ’e side fan de gemeente Littenseradiel. Graach wol doarpsbelang alle frijwilligers betankje dy’t ôfrûne jier foar doarpsbelang yn it spier west binne. Minsken tige tank, sûnder jimme hulp kinne we net ! Bestjoer doarpsbelang Hâld Faesje

ging foar de ke startjûn fan foar de Útnoeging

feestlike startjûn fan

gersdei op tongersdei newaris 2015

15 jannewaris 2015 om oere 20.00 oere oalleseize yn’e Skoalleseize

Mei-inoar op wei nei betelbere, eigen en duorsume enerzjy yn Mei-inoar op wei nei betelbere, Easterein. Dat is itendoel fan GEKE. eigen duorsume enerzjy yn Ko Kollektief enerzjy ynkeapje Easterein. Dat is it en doel fan GEKE. dêrtroch ek Ko noch ynvestearje Kollektief enerzjy ynkeapje en dêrtroch dy ek noch ynvestearje kinne yn projekten ‘t duorsum kinne yn projekten binne foar Easterein en syn dy ‘t duorsum ynwenners.binne foar Easterein en syn ynwenners.

Sjoch op www.geke-easterein.nl Sjoch op www.geke-easterein.nl foar mear ynformaasje. foar mear ynformaasje.


Easterein Rocks Nijs De oefeningen binne begûn. Op 4 jannewaris binne 26 muzikanten mei Eastereinder roots úteinset yn de Muzykboerderij yn Boalswert. Dus set alfêst yn de aginda: 21 maart Kafee Noflik Easterein Rocks 5 Mei yn it foarprogramma: Easterein Rocks Junior band Webside: eastereinrocks.nl I Twitter: @eastereinrocks l Facebook: eastereinrocks

Ûs libben, lykas dat fan in soad Eastereinders sil nea mear it selde wêze sûnder Gerben. Hy hawt sels net witten yn hoefolle herten hy syn fuotstappen set hawt, dat die pas blyken nei syn ûnferwachte ferstjeren op 9 jannewaris 2014. Wurden sjitte tekoart om te betankjen foar jo kaart,oanrin as oare attinsje dy’t wy it ôfrûne jier krigen. It hawt ús goed dien, tige tank derfoar. Wy sette de skouders der ûnder en gean troch mei Gerben as foarbyld yn tal fan dingen dy’t wy dogge, hy sil noait út ús tinzen wêze. Wy winskje hjirby eltsenien in sûn 2015. Fam J Terpstra- Zandvliet  Bern en bernsbern “Zonnehoek”


De Speelgoedbank

Troch Anneke van Beem Wilma Mulder is frijwillichster by De Speelgoedbank Yn desimber krige ik in e-mail fan Wilma Mulder fan de Wynserdyk. In mail oer De Speelgoedbank yn Snits. De Speelgoedbank is iepene op 26 oktober 2013. Wilma is hjir meastal 1 kear yn ’e wike te finen as frijwillichster. Op besite by De Speelgoedbank Wat De Speelgoedbank presys ynhâld en wat der allegear gebeurd, kinne jim letter ris lêze. Ik sil besykje om yn jannewaris as yn febrewaris ris mei wilma mei te gean. Spitigernôch slagget dat yn desimber net, yn ferbân mei topdrokte op myn wurk. Boartersguod oer? Wolle jim no al wat mear ynformaasje, sjoch dan ris op hun facebookpagina, De Speelgoedbank Friesland. En ha jo boartersguod oer en wit jimme net wat jim der mei moatte? Dit kinne jo ynleverje kin by Wilma Mulder (better bekend as mefrou Roos) oan de Wynserdyk.

Útslach kleurwedstryd (troch Anneke van Beem)

It wie in toer om út alle prachtige kleurplaten in kar te meitsjen. Bedankt foar alle tekeningen. We ha besletten, dat yn de kategory lytsere Bern, Tryntsje de Jong wûn hat en yn de kategory wat gruttere bern Jarno van der Wey. Yn beide kleurplaten wiene de bisten prachtich ynkleure en goed te ûnderskieden. De prizen bin mogelik makke troch Monkey Town Frjentsjer. Se komme yn jannewaris jim kant op.


De Aldjiersploech Easterein Troch Anneke van Beem

It is midden desimber, de 16de. De mannen fan de âldjiersploech binne der op út. Soe it slagje..en wat sille se eins ophelje? De âldjiersploech bestiet al sa’n 15 jier. De earste jierren allinnich in stunt en letter it mei-inoar fjoerwurk op de brêge om 01.00 oere. Neffens my in grut sukses. Wat is der no moaier as in grut fjoerwurkspektakel mei it hiele doarp, dan allinnich in pear astronauten ôfstekke. Ik stel Gerard van Asselt in pear fragen. Dizze klup bestiet sa’n 15 jier, hoe is it begongen en sietest der altyd al by? It is sa’n 15 jier lien begongen, mei Hans Kooistra, Robert Hoekstra en noch in pear. Acht jier lyn fûnen Gerard, Dirk Yde en Marten dat sy der ek by moasten, om it allegearre wer op nij op te pakken. Se misten de tradysjes, de brânjebult, it slepen en it karbid sjitten. It waard profesjoneler. It fjoerwurk waard sels ynkocht, mei eigen jild, jild fan stippers en se gienen mei de pet rûn op de brêge. De basis fan dizze klup is no de fjoerwurksjo en in stunt. Der komme no sa’n 400 minsken op de brêge. Alles wurd ôfsetten en feilichheid stiet heech yn it faandel. Wa sitte der yn it bestjoer? Op dit stuit sitte Jan Simon, Marten, Gerard, Jan Joost, Pier, Dirk Yde, Johannes en Bauke yn it deistich bestjoer. As stille krêft Hans Kooistra. Hast ek in spesjale funksje? Gerard is wol in bytsje spesjaal foar it fjoerwurk en dat is altyd in sport om foar de begrutting in moai spektakel del te setten. Els jier wer wat moaier, grutter. It fjoerwurk wurd helle yn Frjentsjer by de Vuurwerk Gigant.


Wat foar stunt kinst dy it bêste heuge en hoe giet soks?(wannear begjinne jim mei de tariedingen) De tariedingen begjinne faaks yn oktober, dan komme se wer foar it earst byelkoar. It idee ûntsiet faaks spontaan, wat is de aktualiteit, wat spilet der op dit stuit yn ’e gemeente. Der wurdt in bierke dronken en dan komt der fansels wat út. Der bin yn al dy jierren al ferskiedende dingen ophelle. De mammoet, de telegraaf út Wommels, it wilhelminastek út Wommels, grutte hynders, kij, mar it is allegear begongen mei de kameleonboat. Wat kinne we dit jier ferwachtsje, is it al slagge of moat der noch in soad gebeure? Dit jier sil it gean oer de wynmolens. Hoe as wat is op dit stuit noch net bekent (23 desimber). Wol is it justerjûn slagge om de ‘I love Fryslân’- letters op te heljen dy’t by it pankoekskip yn Ljouwert stienen. Op 16 desimber hienen se ek alris in loopke hân doe’t de letters noch rûnom de nije haak fan Ljouwert stienen. Op moandei hienen se it foarwurk dien en de skroefkes los draait. Doe se der op tiisdei wer kamen, wienen de letters fuort. Gelokkich dûkten se wer op yn Ljouwert. Wol mei in ekstra fytsslot derom. Mar it wie samar klear… Op dit stuit steane de letters krekt as oars wer by Sjaarda op de pleats. De mannen bin bliid, dat dit altyd wer kin. Wat Gerard oangiet is dit wol in unike stunt. De letters fan I love Fryslân… en dat it al yn ’e skuorre stiet foar de kryst is alhiel bysûnder. Hoe dit ôfrinne sil, dat ha jim allegear sjoen mei de ieuwikseling, dat wit ik op it stuit fan skriuwen noch net…. De mannen fan de âldjiersploech winskje els in prachtich moai 2015 en betanket eltsenien foar de donaasje.


Hoe is it no mei… Dizze kear yn ‘Hoe is it no mei’ ; frou M. Houtsma Troch Bauke de Boer

Wy hawwe fan 1955 oan’t 1992 yn Easterein wenne. Der binne al ús fjouwer bern ek berne, trije jonges en ien famke. De buorkerij oan de Skoallestrjitte / Grieneleane tsjinne foar 1955 as houtstek wer san 30 minsken oan’t wurk wienen. De frou fan it postkantoar Yn 1957 bin ik begûn mei it postkantoar oan de Grieneleane. Eltse dei om 6.30 oere kaam de postboade de boel skiften. De postboade naam ek it jild fan klanten mei dat stoarten wurden moast, omdat der doe noch gjin bank wie yn Easterein. It postkantoar wie iepen fan 9.00 oere oan’t 12.30 oere en fan 15.00 oere oan’t 17.30 oere.

Wat moasto hjir?! Ik hie der wol in feilich plak efter kûgelfrijglês en in stielen doar. Bin ek nea


bang west yn die tiid. Je hienen doe noch wol fertrouwen yn de minsken. Wol haw ik in kear in klant ta litten om troch it kantoar te kommen omdat die graach nei it huske moast, sei der, mar dat wie mei kweade bedoeling. Op de gong kaam hy dêr myn man Jouke tsjin. Jouke sei “Wat moast do hjir?!”. De man gie troch de foardoar der wer út. In ko troch it rút Ek wie der nochris in bysûnder gefal doe’t der in lossleine ko bij slachter Bouma útnaaide en dwers troch it rút fleach. It wie tige aventoerlik en eltse dei wie der wol wat te belibjen. Mei it jild op stok Jûns it jild mei yn in bak ûnder it bêd. Letter op de dei gong it jild yn in postsek. Hjir kaam in reade lakstimpel om dizze derút te kinnen, omdat der it jild yn siet fan ûndernimmers fan Eastereinders en omkriten. It jild lei doe noch op strjitte De bus fanôf Frjentsjer naam op de rûte út de oare doarpen - en ek út Easterein - de postsekken mei it jild mei. Dizze stienen gewoan op de strjitte. En brocht se op it busstasjon. Dêr stie it somtiden wol in heal oere foardat it ophelle waard troch ien op de bakfyts, dy it dan nei it haadkantoar brocht. In pratende televyzje Yn it efterein fan de pleats hie myn man Jouke in elektroanikasaak fanôf 1958. As hy efkes fuort wie, moast ik dêr ek wol bijspringe. Ik haw noch wol in moaie anekdoate. Doe de earste televyzje mei ôfstânsbetsjinning der kaam, wie Jouke wol yn foar in grapke. Sjoerd en Ulbe kamen wol gauris yn de saak. Jouke sei “Ik haw no in praat televyzje. As jimme no mei de foet stampe dan begjint de televyzje te praten”. Doe drukte Jouke stikem op de ôfstânsbetsjinning. Dat ferhaal gong gau troch de buorren, sadat der op in jûn minsken lâns kamen om dat te sjen en harkjen. Mar spitigernôch wie der jûns allinnich mar in testbyld. Wommels is gjin Easterein Ik wenje no alwer 22 jier yn Wommels, mar dit is gjin Easterein. Ik haw hjir in moai plakje oan de Koartebaan mei yn de eftertún it swimbad De Klomp. Dêr’t ik simmers eltse dei bin te swimmen bin. Ik haw op myn 65e ik swimles nommen. Myn oare hobbys binne fytse , lêze, puzzeljen yn de tún dwaande wêze. Moarns om 8.00 oere dan begjin ik mei gymnastykles en de geheu-


gentest op ‘e televyzje. Yn Easterein doch ik mei oan Jeu de boules en koersbal en de soos wat se hjir yn Wommels net ha. Omdat Easterein wat lytser is en mear bining mei inoar hawwe, hawwe wy dêrtroch in moai en goed libben hân. In sulveren ridderoarder! Ek bin ik tige grutsk dat ik yn 1993 in sulveren ridderoarder krigen haw fan de boargemaster. Op it ein fan dit gesprek sei se “Ik haw it gelokkich altyd drok en ferfeel my nea. Hjirby de groetnis fan my en ik winskje alle Eastereinders in sûn en lokkich 2015 ta!”


Plúmke

Troch Nathalie Oliveiro Soms ferfeel ik my. Yn tsjerke. Net om it gebou of om wêr at it foar stiet, mar sa ier op ‘e moarn is it bytiden gewoan dreech om in gesprekspartner te finen. Juster wie dat oars en wie ik mei in wat âldere man oan de praat. Wat seach hy der kreas út! Doe’t ik dat tsjin him sei, fleurde er hielendal op. It wie krekt as wie syn moaie griene strik (lês: stropdas) de stiel en hy de blom, strieljend yn de sinne. Oer blomkes sprutsen. Dizze kear nei it krystkonsert krigen we gjin blomkes, mar in rollade. Wat in ferrassing wie dat! Blomkes hiene se wol yn dat park yn Alkmaar wêr’t se begjin desimber in baby fûnen. It libben yn har wie al fuort en de hoop dy’t dit famke earst hie, de takomst dy’t op har wachtte, wie no as it grien fan ‘e literatuer: dea. Dat lytse leave blomke kin no spitichgenôch net mear bloeie... Dat yn parken ferskriklike as nijsgjirrige saken barre, blykt wol yn Enschede. Dêr fine we dakleazen. Dizze kear net yn in jiskepûde, mar yn de saneamde ‘sheltersuit’: in wettertichte jas mei sliepsek der oan fêst. Bas Timmer hat dizze ûntworpen en útdielt oan hûndert minsken dy’t op stritte libje. Neffens him mei der yn Nederlân gjinien stjêre op strjitte. Hy wol no graach winterpakken meitsje foar in gesin mei bern dy’t ergens yn ‘e stêd strúne. Soene it sheltersuits mei fleurige blomkes wurde? Us petearke wie hast klear en syn frou kaam der oan. ‘Ik ha in plúmke krigen’, sei de freonlike man grutsk en hy lake nei my. Syn sinnestrieltsjes wiene oansteklik, ik waard der wier bliid fan en tocht ‘lytse dingen binne grut’. Myn winsk foar it nije jier is dan ek dat jimme in soad plúmkes krije én fuortjaan meie. Sa wurdt de wrâld miskien dochs noch ‘a better place’.


Wilhelmina nijs Op snein 14 desimber moarns om 9 oere wie it yn de Martinitsjerke al in drokte fan belang. Hast alle bern út groep 6 fan de Foareker wienen mei harren ynstrumint dêr kommen, want se soenen meiwurkje oan de tsjerketsjinst. Der wie û.l.f. muzykdosint Andries Kramer drok repeteard de lêste wiken op ferskillende ferskes wêr’t ds. Riemer Praamsma tapaslike teksten op makke hie. Sa koenen se écht de gemeentesang begeliede. No en dat gyng poerbêst. Se hawwe ek noch in pear oare stikjes spile, mei solisten derby. Al mei al in prachtich optreden. De bern út groep 6 kinne har oant 5 jannewaris opjaan om eft. fierder te gean it bespyljen fan in ynstrumint. Andries Kramer giet yn jannewaris no wer fierder mei groep 5. We sille der meiertiid wol mear oer hearre. It ‘grutte korps’ siet der sneintemiddei 21 desimber om fjouwer oere hielendal klear foar. It Krystkonsert yn in sfearfol fersierde tsjerke. Mei prachtige krystmuzyk, sawol hiele bekende melodyen oant filmmuzyk út ‘Frozen’, ôfwikseljend mei gedichten, samensang en it krystferhaal, kinne we op in hiel moai konsert weromsjen. Benammen de útfiering fan ‘Stille Nacht…’ makke grutte yndruk op de oanwêzigen. Op moandei 5 jannewaris begjinne we mei frisse moed oan ús folgjende projekt: in optreden yn gearwurking mei Gerrit Breteler. Dit Midwinterkonsert is op snein 8 febrewaris middeis om fjouwer oere yn de Martinitsjerke. Alfêst tige wolkom. Mei de bêste muzikale winsken foar it kommende jier, foar jim allegear! Dirigint en leden Wilhelmina.

Sjoch ek ris op WWW.EASTEREIN.NL


Kryst Sa as de measte jierren bin we ek dit jier wer wekker blaast op earst krystdei. Hearlik dommelje mei in moai krystmuzykje. De kryst is wer begongen. Blazers fan Wilhelmina tige tank!!!! Fan ‘e moarn Muzyk Stadich oan wurd ik wekker Ja, it is echt Muzyk Ik wurd bliid En gelokkich It is kryst. Ingeltsjes bedankt! Anna Joke Bakker


Nijs út Nij Stapert De activiteiten in Nij Stapert voor ouderen in de gemeente Littenseradiel Met een abonnement op activiteiten kunt u deelnemen aan een gevarieerd aanbod van allerlei activiteiten. U kiest zelf aan welke activiteit(en) u wilt deelnemen. Wat heeft het abonnement u te bieden? Het biedt u een dagelijks aanbod van allerlei gezellig activiteiten. Indien u een abonnement heeft bent u dagelijks welkom, ook als het alleen om een kopje koffie of een activiteiten gaat. Bijna alles is mogelijk. Het kost € 6,50 per maand. Als u lid wordt ontvangt u een activiteitenpas. Voor grotere activiteiten zoals reisjes en uitstapjes wordt een eigen bijdrage gevraagd. Voor wie? Het abonnement is bedoeld voor belangstellenden uit Wommels en omstreken. Uit welke activiteiten kunt u zoal kiezen? -

Vrouwen en mannensoos

-

Puzzeluurtje

-

Beter Bewegen voor Ouderen

-

Tekenen en Schilderen

-

Biljartclub

-

Gezellige middag met de ene keer bingo, muziek, toneel of film

-

Creatief

-

Spelmiddag

Wilt u eerst informatie of eerst gewoon eerst eens komen kijken, dan kunt u via de receptie een afspraak maken met de activiteiten begeleiding of via www.zorggoeptellens.nl kunt u alvast kijken wat de geplande activiteiten zijn. Mocht u vervoer nodig hebben dan kunt u onze belbus Efkes d’r op út, gehaald en gebracht worden. Woonzorgcentrum Nij Stapert, 0515 334141 Annagreet Krommendijk, locatiemanager Namens alle medewerkers van Nij Stapert wensen wij u een gelukkig 2015


Dorcas nijs It giet goed mei it ynsammeljen. Ik bin al ferskillende kearen mei in auto fol pûden nei in depot riden. Eltsenien is der bliid mei! Yn myn stikje wat yn it doarpskrantsje fan oktober stie, haw ik it adres fan de fam. De Groot yn Boalsert as ynleverdepot neamt. Mar de famylje De Groot stoppet op 1 jannewaris mei harren wurk foar Dorcas, wat hja hiel lang dien hawwe. Fanôf no bring ik it guod nei de Dorcaswinkel, Wijde Noorderhorne 17, yn Snits. As dêr romte en ferlet is, wurdt it dêr sorteare en wurdt besjoen wat men dêrfan yn de winkel ferkeapje kin. Sa binne der wer ynkomsten wêr’t ferfier en projekten mei finansieret wurde. Ha jo der beswier tsjin dat jo klean yn de winkel yn Snits ferkocht wurde, set dit dan dúdlik op in briefke of stikker op de pûde. Der is ek in ynsammeldepot yn Offenwier, wêr’t ik it no ek wol hinne bring. Dit is by: famylje F. Bloemhof, Fiifgeawei 34, Offenwier. Tillefoan: 06-12707126. Ha jo in hiel soad klean dan kinne jo dit sels ek nei Offenwier bringe, as dat mogelik is. Mar it kin fansels ek yn de kessenboks dy’t yn myn steech stiet, want dêr is dy foar. Klean, skuon, bêdeguod, handoeken, boartersguod, alles, skjin en hiel, kin brûkt wurde. Is it foar jo net mogelik om it by my te bringen, skilje dan nei 333151 en ik helje it by jo wei. Help mei, sadat Dorcas helpen bliuwe kin. Tynke Joustra, Wynserdyk 31, Easterein.

Hjirby wol ik eltsenien betanke foar alle boekjes, kaarten, lekkers, bouwdoazen ensf. Tidens myn revalidaasje fan myn knibbel. It is noch lang net better, mar it giet de goeie kant út. Boudewijn Kramer


Folle lok en seine mei Kaartje2go Troch Amarins de Haan

Sinteklaas is noch mar krekt it lân út, mar by Van der Eems liket dizze man alwer ferjitten. It is 6.00 oere moarns. Yn de drukkerij brânt alwer ljocht. De kommende wiken stiet hjir nammentlik alles yn it teken fan de kryst. Krystkaarten wol te ferstean. Ik sit oan de keukentafel by Durk Jorrit en Sjoukje. Moarn is it âldjiersdei, net allinnich Sinteklaas, mar ek de krystdrokte is wer dien. De rêst is wer werom yn huize Van der Eems. Hoewol... de swarte labrador Basco draaft my op rôze sokken foarby en de bern der efteroan. Mei kryst bestiet de drukkerij út twa bedriuwen Drukkerij Van der Eems. Al mear as 100 jier in begrip yn Easterein en ûndertusken yn de fiere omkriten. “Mei kryst hawwe eins twa bedriuwen”, fertelt Durk Jorrit. “De drukkerij ûnder lieding fan Jan Jetze en kaartje2go, wêr ik my yn dizze wiken dwaande mei hâld. Somtiden is it sa drok, dat we fan elkoar net witte wat er spilet en moatte we elkoar gewoan byprate”. Om 6.00 oere giet it ljocht oan, om 22.00 oere wer út Ferwurket de drukkerij oars sa’n 5.000 oant 6.000 oarders (bestellingen) deis, mei kryst is dit hiel wat mear. In dizze dagen draait alles hjir om krystkaarten. Se binne 7 dagen yn ‘e wike oan it wurk. De earste krystkaarten rûgelje om 6.00 oere moarns út de drukpers en jûns om 22.00 oere giet it ljocht yn de drukkerij wer út. “It binne spannende dagen, alles stiet yn it teken fan kaarten. Undertusken is it in ‘geoliede’ masine, mar it bliuwt spannend. Ek al is it hiel drok, mar we hawwe gjin stres. En soenen we dat wol hawwe, dan sit dit bynammen yn it feit dat we nea sizze kinne hoefolle kaarten der deis komme as dat der in ûnferwachte steuring is. Mar ek dêr binne we ûndertusken op tarieden. We hawwe ekstra ûnderdielen op foaried en we hawwe fansels broer Cor efter de hân, dy’t by HP wurket en dit mooglik ferhelpe kin”. Yn it ûnthâld printe; swarte moandei De erfaring komt mei de jierren. Sjoukje heucht har it earste jier dat se krystkaarten drukten. In swarte moandei... “We wisten net wat we ferwachtsje koenen. No deis wurkje we ek yn it wykein troch, mar doe noch net. Doe Durk Jorrit op moandei de kompjûter oansette, wist der net wat him oerkaam. Ik haw Durk Jorrit noch nea stressed sjoen. Doe wol. Ik seach


de panyk yn syn eagen. Sjoukje, sei der, alle minsken dysto yn Easterein tsjin komst, meist hjir wol hinne stjoere! Dit is net best! Mar ek dat is klear kaam en alle kaarten binne op ‘e tiid ferstjoert”. Mei dizze dagen in bot ekstra minsken oan it wurk Neist de fêste krêften, binne dizze wiken sa’n 16 ekstra minsken oan it wurk. It binne minsken út de omkriten; bynammen út Easterein as Wommels. “We kinne dizze minsken, dat makket it makkelik. Ek omdat we nea witte hoefolle kaarten der komme. It kin sa wêze dat we middeis in pear ekstra hannen nedich hawwe. In tillefoantsje is genôch en se kin hjir dan al yn in kertier wêze. Omdat we al dizze minsken hjir net kwyt kinne, hiere we twa wiken in ekstra romte fan Bos yn de âlde molkfabryk”. Kaarten yn alle soarten en maten Grutte kaarten, lytse kaarten, kaarten mei in ekstra glânslaach, kaarten mei as sûnder slúfke. It kin allegearre. De kompjûter ferdielt de kaarten sa, sadat der safolle mooglik kaarten op ien fel drukt wurde. Kaarten wurde soart by soart drukt, das it meast effisjint. De kompjûter bepaalt dus eins wannear hokker kaarten út de printer komme. It measte wurk sit yn it ferstjoeren fan de kaarten. It giet net allinnich om losse kaarten. Mar der wurde ek pakketsjes besteld. Dizze kaarten moatte ynpakt wurde, somtiden slúfkes derby, in adresdrager derby en dan giet


alles op de post. De post komt eltse dei om 19 oere en by ekstra drokte sels twa kear deis! Dikke plom! Ek lette se op de kwaliteit fan de kaarten. As minsken in pakketsje fan tsien kaarten bestelle, moatte se allegearre goed wêze. “Us foutenmarge moat hiel lyts wêze en dat slagget ek. Lyk as alle kaarten op ‘e tiid ferstjoere. En dat is mei dank oan alle ús meiwurkers. Dêr binne we ek mar wat grutsk op! Kanjers binne it, stik foar stik. Net allinnich ús tidelike meiwurkers, mar wy wolle seker ek in dikke plom jaan oan ús fêste krêften!” Ik bin djip ûnder de yndruk. Hjir bart wol wat! Noch ien fraach. Komme der wolris kaarten fan ferneamde minsken foarby? Durk Jorrit laket “Dêr kin ik fansels neat oer sizze Amarins!” Hè, wat spitich no.... Kaarten, kaarten en nochris kaarten Dit jier hawt Van der Eems mar leafst 23% mear kaarten as foarich jier drukt! De kaarten wurde net allinich fanút Nederlân besteld, mar der komme ek oarder út België en Dútslân. Efkes wat feiten op in rychje: - 135.000 oarders (bestellingen) - 1.350.000 kaarten - 230 km kaarten as we se êfter elkoar oan lizze soenen - 10.000 kg oan papier - 150.000 kaarten op de drokste dei op de post - 780.000 MB oan data


NU UW CV-KETEL VERVANGEN IS

* Actieperiode 1 mei tot 14 juni 2014. Vraag naar de voorwaarden

GRATIS 10 JAAR COMFORTGARANTIE*

Ook toe aan een nieuwe cv-ketel? Wij adviseren u graag! Uw ATAG SelectDealer:

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


“Túnbou feriening Easterein” Nijs yn de regionale en landelike kranten ;

“In de wachtrij voor een moestuin” Net yn Easterein, de túnbou feriening Easterein siket nije túnleafhawwers die ek in stikje tún hiere wolle, en dan fan eigen grienten ite kinne. Der binne kavels fan +/- 50 en 100 m2 die men hiere kin. De kosten fan +/- 100 m2 is +/- € 12,50 per jier dit is incl. kontribúsje Opjaan en ûtlis by; Sicco Scheltema tel.0515331235 Halbe Overal tel.0515332011 @ mail hoveral@home.nl


Tsjerkenijs

Protestantse gemeente te Easterein

erein

‘Who cares?’ Zondag 18 januari mogen we weer genieten van een bijzondere themadienst. Deze themadienst wordt geheel verzorgd door gospelkoor The Young nie een inzamelingsactie voor de voedselbank in Christian Singers uit Leeuwarden. Het gospelkoor et een aantal vrijwilligers zijn we bij alle deuren in Easterein langs geweest om staat onder leiding van Wilco Kloosterman. Het ultaat was echt overweldigend. Gewoon super dat onze dorpsgenoten zo gul datgeholpen uitgevoerd wordtdie is ‘Who geruime verkondigt eel veelthema mensen hebben deze Cares?’. hulp zo Al hard nodig tijd hebben. gospelkoor The Young Christian Singers op muzikale wijze het evangelie. Met dit themaprogramma, ens de diaconie van Easterein. ‘Who Cares?’, is dat niet anders. Laat u inspireren door het thema. Laat u verrassen door de muziek. Laat u inspireren door Gods woord in de schriftlezingen, samenzang en overdenking. De dienst begint gewoon om 9.30 uur. U bent van harte welkom! Twittermaaltijd

met z’n Woensdagavond allen hebben ingezameld, de stellingen en over dozen hebben gedaan 4 februari in schuiven, verdeeld drie adressen, maar asd over de geweldige hoeveelheid. Een prestatie van formaat. Wij willen jullie liefst 22 mensen aan voor een twittermaaltijd! Een twittermaaltijd is heel en alle anderen die hebben meegewerkt, dan ook nogmaals hartelijk bedanken eenvoudig, een maaltijd van een avond lang waarbij iedereen een klein dank aan de inwoners van Easterein. gerecht en een korte tekst, spreuk of vraag van hooguit 140 lettertekens e spullen. meeneemt. Een leuke manier om elkaar op een ontspannen manier te

ontmoeten! Nog zin om aan te schuiven? Een mailtje naar ikdoemee@kerkeasterein.nl is genoeg!

Nieuw jaar Met het nieuwe jaar laat je het oude achter. Dat geeft lucht, maar doet ook pijn. Gelovigen vinden daarbij steun in het gebed. In je gebed houden je herinneringen hun waarde en mag je verdriet er zijn. Zo leg je het oude jaar in Gods hand en heb je voor het nieuwe je eigen handen vrij. Zo wens ik wens u een echt nieuw jaar.

h is de diaconie van de Martinikerk, al geruime tijd bezig met de voorbereiding orp. Deze op vrijdag 19 december in de Skoalleseize. Aanvang ds.viering RiemerisPraamsma soonlijke uitnodiging met opgaveformulier/emailadres. Wij hopen u te zien op

ikwerda


Puzzel


Bouwbedriuw van der Werf is útein setten mei de bou fan in loads mei wenhûs oan de Sibadawei. De planning is dat fan it maitiid klear wêze sil. It bedriuw bestiet dan ek 10 jier!


Folwoeksenen allinnich wolkom ûnder begelieding! Ek yn 2015 bringt de JONGEREIN fan FUORT MAR LOS wer in toanielstik op ‘e planken. Dit jier wurdt it toanielstik gruttendiels troch de jongerein sels betocht en se skriuwe harren eigen teksten. Ek de titel fan it stik is troch harren sels betocht: BERN BOPPE. It toanielstik spilet sich ôf yn it jier 2025 de wrâld sjocht der dan hiel oars út as no. Bern binne de baas! En wêrom? Hiel ienfâldich: as bern de baas binne, giet it allegearre folle better! Bern fiede harren âlders op: betiid op bêd, putsjes yn ‘e hûs dwaan en húswurk meitsje. En bern dy’t gjin âlders hawwe? Dy kinne in heit as mem adoptearje. It stik is geskikt foar bern, mar folwoeksenen binne fansels ek tige wolkom, mits se begelieden wurde troch ien as meardere bern. Ynformaasje oer de datum fan ‘e foarstelling en ferkeap fan kaarten folget letter yn jannewaris. Ut namme fan de jongerein van Fuort Mar Los, Akke Veldman


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Als MRW Accountants van de partij is…

…staat u er nooit alleen voor! GORREDIJK T 0513 - 46 91 30 SNEEK T 0515 - 42 98 00 WOLVEGA T 0561 - 61 67 15

www.mrw.nl -

info@mrw.nl


jubilaris kaarten boeken

geboortekaartjes printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrante Easterein - jannewaris 2015  

Doarpskrante Easterein - jannewaris 2015  

Advertisement