Page 1

EASTEREIN, febrewaris 2017

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nr 2 2017 * It kaam oars as it soe * Myn mystery is no wer oplost * It wurdt leuk! * De gezelligste vereniging van Fryslân

Samar wat stikjes tekst út it doarpkrantsje. Al nijsgjirrich wurden? Kopy doarpskrante: doarpskrante@easterein.nl, as by Hinke Kuiper, Hofsleane 21 Kopy doarpswebsite: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl/Facebook:Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk: Drukkerij Van der Eems Foto foarkant: Bauke de Boer Kopydatum: de kopy moat foar woansdei 22 febrewaris by ús wêze. It folgende krantsje komt út op freed 3 maart.


DOARPSAGINDA Sneon 4 febrewaris CoVos DS 1 - VC 058 DS 1 CoVos HS 1 - VC Bolsward HS 1 Jeugdtoaniel FML “Heksen”

Sporthal De Greidhoeke Sporthal De Greidhoeke Noflik Easterein

19.30 19.30 19.30

Snein 5 febrewaris Live Muzykkwis Easterein Rocks

Noflik Easterein

16.00

Tongersdei 9 febrewaris Elektrysk ôffal (oanmelde) Sneon 11 febrewaris Ald papier (Wilhelmina) Singel darttoernoai (jeugd oant 16 jier) SDS 1 - Willemsoord 1 Singel darttoernoai (senioren) Dûbbelkonsert "FABRASStic"

Hiele dei

Troch it hiele doarp De Tsjerne MFS De Skoalleseize De Tsjerne Noflik Easterein

09.00 13.00 14.30 17.00 20.00

Troch it hiele doarp

07.00

Taekjes Túnhûs

19.15

Noflik Easterein

22.00

fanfare Wilhelmina en brassband Greidebrass

Moandei 13 febrewaris Grof túnôffal (op’e tiid oanmelde) Tongersdei 16 febrewaris Krea Kafee (ynrinjûn) Sneon 18 febrewaris Q-music ‘De foute party’ Woansdei 22 febrewaris Kopy ynleverje doarpskrante Snein 26 febrewaris Bluescruise Eastersnein the Thomas Toussaint Band

Hiele dei

Noflik Easterein

16.00


DOARPSAGINDA Tongersdei 2 maart Krea Kafee (ynrinjûn)

Taekjes Túnhûs

19.15

Sneon 4 maart CoVos DS 1 - C.S.V. DS 1 CoVos HS 1 - ODS HS 1

Sporthal De Greidhoeke Sporthal De Greidhoeke

17.30 19.30

Snein 5 maart Wilhelmina (gearwurking famyljetsjinst)

Martini tsjerke

09.30

Boppesteande ynformaasje helje wy fan Easterein.nl (aginda) en fanút de mails dy’t wy krije fan ferienings. Ha jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Van ‘Ik kan het toch niet’, naar ‘Ik kan het!’

Stjoerkrêft verzorgt leerbegeleiding voor kinderen vanaf 8 jaar.

Ik Leer Leren training: Hoe leer, plan, organiseer, motiveer jij jezelf tijdens het leren? In de Ik Leer Leren training ontdek je alles over jouw eigen manier van leren. De training biedt slimme handvatten voor makkelijker en efficiënter leren. Oftewel leren hoe te leren. Bijles of extra hulp nodig voor een bepaald vak? Ook daarvoor kun je terecht bij Stjoerkrêft. Extra hulp voor leerlingen in de basisschool of voortgezet onderwijs en bijles in meerdere vakken. Antje van Schepen – Koopmans, Easterein 06-113 153 75 info@stjoerkreft.nl www.stjoerkreft.nl


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Easterein Rocks Nijs Dock ek mei, oan de live muzykkwis! Datum Tiid Presintaasje Meidwaan

snein 5 febrewaris 2017 16.00 oere yn de seal fan Noflik Freddy Scheltema en Pieter de Boer € 2.50 p.p

* Dochst net mei, mar wolst der efkes út. Ek dan bist fan herte wolkom!* * De tagong is fergees * Kommende snein, 5 febrewaris, set de alderearste live muzykkwis útein. En op it stuit fan skriuwen fan dit berjocht hawwe harren al 15 teams opjûn. En net allinnich út Easterein, mar ek út Wommels en omkriten. Prachtich fine we dat! Yn ferskate omlopen wurdt de muzykkennis fan de dielnimmers testen. Sa moatte der albumhoezen rieden wurde, binne der muzykfragminten spile troch de ER muzikanten as oersettingen fan sjongteksten fan it Ingelsk nei Hollansk as oarsom. En fansels is der muzyk tusken de omlopen troch en ek nei de tiid is der muzyk. Hasto dy noch net opjûn, mar kribelet it toch? Opjaan kin noch! Stjoer in mailtsje nei eastereinrocks@gmail.com en jou de namme fan jimme team en de teamleden troch. In groepke moat út minimaal 2 en maksimaal 4 persoanen bestean. De kosten binne € 2.50 per persoan. It wurdt leuk! Oant 5 febrewaris! Gerben, Amarins, Rene, Carin en Jan Rinse

organisearret:

05-02-2017


Bibliotheeknieuws In het kader van de maand van de spiritualiteit hebben we op donderdagavond 9 februari een workshop Compassie voor jezelf en de ander. Saskia Leene staat met ons stil bij het bijzondere vermogen om intens mee te leven met anderen. De avond begint om 20.00 uur en duurt tot 21.30 uur. Kosten naar draagkracht; u bepaalt wat u betaalt. Maandag 13 februari een activiteit voor kinderen van 3 – 7 jaar. Spelen met boek en muziek. Samen met Hinke Schwering-Strien van Muziekbeestje ga je muziek maken en genieten van het verhaal van de kleine walvis. Opgeven graag via de website of in de bibliotheek want er kunnen niet onbeperkt kinderen meedoen. Maandag 20 februari is het weer Haak maar Aan van 14.00 – 15.30 uur. Garen en haaksters van harte welkom. Vanaf maart kunnen mensen die moeite hebben met lezen of schrijven, rekenen of met de computer werken, terecht in het DigiTaalhuis. Op woensdagmiddag van 14.00-16.30 uur. Het DigiTaalhuis is mede tot stand gekomen dankzij de gemeente Littenseradiel. Via speciale oefenprogramma’s en met behulp van getrainde medewerkers, kunnen laaggeletterden zich ontwikkelen. Wie niet goed kan lezen of schrijven, moeite heeft met rekenen of niet met de computer kan werken, kan veel problemen ondervinden in het dagelijks leven. Lezen is belangrijk, vaak zelfs noodzakelijk, bijvoorbeeld op het werk om instructies of bijsluiters te lezen. Steeds vaker zijn lezen en digitale vaardigheden gecombineerd nodig. Bijvoorbeeld om een aanvraag in te dienen of een betaling of bestelling te doen via internet. Het Digi-Taalhuis biedt de mogelijkheid deze vaardigheden te verbeteren.

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Themabijeenkomsten voor mantelzorgers Mantelzorgers in Littenseradiel willen graag meer weten over de dingen die ze dagelijks tegenkomen bij hun zorg voor een partner, ouder, kind, ander familielid, vriend, kennis of buur. Dit bleek tijdens de informatiemarkt in november, op de Dag van de Mantelzorg. Deelname is gratis Hoe houdt u energie voor andere zaken, bijvoorbeeld als u mantelzorg combineert met een baan? Hoe zit het met uw rechten en plichten, zowel financieel als juridisch? Om antwoord te kunnen geven op deze vragen, organiseert de gemeente Littenseradiel vier themabijeenkomsten. De ene keer ’s middags, de andere keer ’s avonds. Deelname is gratis. Meer informatie vindt u hieronder. U bent van harte uitgenodigd.

Themabijeenkomst “In gesprek over mantelzorg en vitaliteit” De zorg voor een naaste kost vaak veel energie, terwijl ook voor een mantelzorger de dagelijkse dingen gewoon doorgaan. Hoe houdt u goede energie en voorkomt u dat u uitgeblust raakt? Tijdens deze bijeenkomst praten mantelzorgers daar met elkaar over. Ze geven elkaar informatie en tips. 1 maart 2017 van 14.00 – 16.00 uur in Dorpshuis Us Honk, Terp 3, 8636 VB in Britswert of 7 maart 2017 van 19.30 – 21.30 uur in Dorpshuis Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE in Spannum. Aanmelden Aanmelden kan tot 15 februari 2017 bij de heer B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of telefoon: (0515) 334460. Vermeld duidelijk uw naam en naar welke dag uw voorkeur uit gaat.

Themabijeenkomst “Financiële regelingen voor mantelzorgers” Geldzaken zijn soms ingewikkeld. Tijdens deze bijeenkomst worden mantelzorgers op gemakkelijk te begrijpen wijze geïnformeerd over de financiële regelingen waar zij of hun zorgvrager mee te maken krijgen. 12 april 2017 van 19.30 – 21.30 uur in Dorpshuis Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE in Spannum of 2 mei 2017 van 14.00 – 16.00 uur in Dorpshuis Us Honk, Terp 3, 8636 VB in Britswert. Aanmelden Aanmelden kan tot 15 maart 2017 bij de heer B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of telefoon: (0515) 334460. Vermeld duidelijk uw naam en naar welke dag uw voorkeur uit gaat.

Temagearkomsten foar mantelsoargers Mantelsoargers yn Littenseradiel wolle graach mear witte oer de dingen dy’t sy alle dagen tsjinkomme by harren soarch foar in partner, âlder, bern oare famyljelid, freon, kunde of buorlju. Dit die bliken mei de ynformaasjemerk yn novimber, op de Dei fan de Mantelsoarch. Dielname is fergees Hoe hâlde jo enerzjy foar oare saken, bygelyks as jo mantelsoarch kombinearje mei in baan? Hoe sit it mei rjochten en plichten, sawol finansjeel as juridysk? Om antwurd jaan te kinnen op dizze fragen, organisearret de gemeente Littenseradiel fjouwer temagearkomsten. De iene kear middeis, de oare keer jûns. Dielname is fergees. Mear ynformaasje fine jo hjirûnder. Jo binne fan herte útnûge.

Temagearkomste “Yn petear oer mantelsoarch en fitaliteit” De soarch foar in neiste kostet faak in protte enerzjy, wylst ek foar in mantelsoarger de deistige dingen gewoan trochgean. Hoe hâlde jo goede enerzjy en foarkomme jo dat jo útblust reitsje? Under dizze gearkomste prate mantelsoargers dêr mei-inoar oer. Sy jouwe inoar ynformaasje en tips. 1 maart 2017 fan 14.00 – 16.00 oere yn Dorpshûs Us Honk, Terp 3, 8636 VB yn Britswert of 7 maart 2017 fan 19.30 – 21.30 oere yn Dorpshûs Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE yn Spannum Oanmelde Oanmelde kin oant 15 febrewaris de hear B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of tillefoan: (0515) 334460. Fermeld dúdlik jo namme en nei hokker dei jo foarkar útgiet.


Temagearkomste “Finansjele regelingen foar mantelsoargers” Jildsaken binne somtiden dreech. Under dizze gearkomste wurde mantelsoargers op maklik te begripen wize ynformearre oer de finansjele regelingen wêr’t sy of harren soarchfreger mei te meitsjen krije. 12 april 2017 fan 19.30 – 21.30 oere Dorpshûs Us Gebou, Tsjerkebuorren 12A, 8843 KE yn Spannum of 2 maaie 2017 fan 14.00 – 16.00 oere yn Dorpshûs Us Honk, Terp 3, 8636 VB yn Britswert. Oanmelde Oanmelde kin oant 15 maart 2017 by de hear B. Damhuis, e-mail: b.damhuis@littenseradiel.nl of tillefoan: (0515) 334460. Fermeld dúdlik jo namme en nei hokker dei jo foarkar útgiet.

Nieuws van gymvereniging O.D.I. Easterein. Het is al weer even een tijdje geleden maar we willen graag even de aandacht vragen voor het volgende: Gymnastiekdemonstratie: is dit jaar op zaterdag 18 maart (’s ochtends). De leden zijn al druk bezig met de voorbereidingen. Het belooft weer een mooi spektakel te worden, dus hou die ochtend vrij ! Nog een datum die alvast in de agenda kan is maandag 3 april. Dan wordt de jaarlijkse ledenvergadering gehouden om 19.30 uur in sportkafé de Greidhoeke. Iedereen van harte welkom. Groeten van het bestuur, Hannah van Krimpen(voorzitter) Geertje van der Weerdt (secretaris) Annebeth de Jong (penningmeester) Suzan Xuxia (algemene zaken) Aurelia Koopman (algemene zaken) https://www.facebook.com/ODIEasterein

0515-333504 0515-332387 0515-331343 06-55683581 06-48777809


Berjocht fan de Aldjiersploech It is alwer in moanskoft lyn, mar hjir ús ferslach rûnom de jierwikseling. As tige organisearre ploech, by inoar raapte mannen, stiene we ek dit jier wer op skerp. We ha dit jier der foar keazen om yn gearwurking mei de Tsjerne tradysjes wer op te pakken en it feest op in wat oare wize te presentearjen en it fjoerwurk op in oar plak. Wêrom in oar plak?It gie eins altyd goed op ‘e brêge mar dochs is dit wol midden yn it doarp. It lân fan Kuiper biedt ús alle romte oan, om jimme it fjoerwurk te presentearjen. De sjo op in oar plak Us earste kear yn it lân hjir, wit we wat we oare jier noch better oanklaaie moatte. Dat is rekkening hâlde mei de wyn, en it publyk út de reak hâlde. It fjoerwurk noch breder presentearje sadat it effekt noch moaier is. We sil oare jier ek better te ferstean wêze  kwa oankundiging en ek in einsinjaal jaan. Wy tinke dat we dan oar jier jimme hielendal bedjerre kinne mei noch spektakulairder fjoerwurk. It kaam oars as it soe De stunt wie dit jier nochal in puntsje, al ha wy der dochs wer ien foarinoar bokse kinnen! Sjoch de foto hjirûnder. Tekst en útlis hoege wy net te jaan.


Wy sille jimme net ferklappe wat ús opsje A,B,C en D wiene, sa kin wy oar jier swierder ark meinimme yn’e bus. De middei mei de jeugd De jeugd! Wat hawwe wy ús der mei op de plaat setten! De hele middei takken en hout slepe en nei ôfrin in ‘jeugd fjoerwurksjo’!! Dit wie leuk jongens en famkes!! Oar jier dogge we de sjo in oerke letter sadat it donker is en komme we mei in potsje mear…miskien wol 2!! De Tsjerne Nei de fjoerwurksjo wie it beregesellich yn de Tsjerne wer elk in pilske drinke koe mei syn allen op it nije jier. By dizze winskje wy jimme in sûn en lokkich nijjier!! Groetnis De Aldjiersploech

kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


Nijs fan de spilers fan ‘Fuort Mar Los’

Yn maart binne de jierlikse útfierings fan toanielferiening Fuort mar los. Dit jier mar leafst 3 útfierings! Om dy útfierings sa goed mooglik ferrinne te litten binne we al fan ein oktober ôf oan it repetearjen. Oant de jierwikseling 1x yn de wike, mar sûnt begjin jannewaris sit it gas der op en oefenje we 2x yn de wike. Wat in drokte sille jimme wol tinke. Kloppet, foar de haadrolspilers is it yndie in hiele opjefte. Respekt foar harren! Mar foar in grut tal spilers is it te behappen, wêrûnder ik ;-) It stik ‘Twa’ lient him nammentlik goed om sa te repetearjen dat de spilersgroep eins noait kompleet hoecht te wêzen mei de repetysjes. Op dizze manier sjoch ik myn kollega-spilers en it hiele stik pas heal febrewaris foar it earst kompleet. Dus dat makket it foar my ek nijsgjirrich. Binne jimme ek nijsgjirrich, kom dan 17, 18 as 19 maart nei ‘Twa’ yn Noflik Easterein. Karin Sjaarda Kaarten Sneon 21 Jannewaris wie de kaartferkeap yn Noflik. Hjir binne aardich minsken op ôf kommen, mar der binne noch wat plakken frij. Jo kinne dus noch kaarten keapje (foar alle trije foarstellings). De kaarten kinne jo by Eppie Heins (Populiereleane 5) as Antje Stenekes (‘t Kleaster 8) ophelje. Der binne dit jier minder plakken beskikber as oare jierren, 90 plakken per foarstelling. Dêrom is it fan belang dat jo fan tefoaren kaarten keapje, dan binne jo wis fan in plakje (op de jûn sels wurde gjin kaarten ferkocht). Ek at jo donateur binne wolle wy graach dat jo de kaarten fan te foaren ophelje. Wês der op tiid by want fol = fol. Foarstellings De begjintiden fan freed en snein binne oars as yn de foarige doarpskrite fermeld stiene. Hjirûnder steane de krekte tiden. Freed 17 maart 20.00 oere Sneon 18 maart 20.00 oere Snein 19 maart 16.00 oere


Bêrn TWA is in tragi-komeedzje, it hâldt yn dat der om lake wurde kin mar dat der ek in serieuze boadskip yn sit. Wolle jo der mei de bêrn hinne, hâld hjir dan wol rekken mei. Foar mear ynformaasje kinne jo by immen fan it haadbestjoer terjochte as in mailtsje stjoere nei info@letterfretter.nl. Baukje Stavinga, Ype Tiemersma, Eppie Heins, Sjierkje Plantinga, Antje Stenekes

Donateursjild Fuort Mar Los It donateursjild (automatyske ynkasso) foar toanielferieniging “Fuort Mar Los” sil mids febrewaris ôfskreaun wurde.

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


In spannend jier foar de Fryske hynst Urbanis K (troch Yvonne van Beem)

It Fryske hynder Urbanis K bringt my dizze freedtemoarn by Hindrik en Taekje Kuiper. It hynder wie te sjen by de hynstekeuring op sneon 14 jannewaris yn it WTC yn Ljouwert. Urbanis K siet by de lêste tweintich fan syn jiergong en mei no foardroegen wurde foar de keuring. Mar wat betsjut dat no eins? Hoe komme je safier en hoe giet it no fierder? Ik haw allegearre fragen en kin net wachtsje om Hindrik it himd fan it liif te freegjen.

Alderearst fan herte lokwinske mei dizze prestaasje. Ik bin hiel benijd hoe’t je hjir komme. Do moast it is sa sjen: elts jier wurde der ûngefear 2500 hynstefôltsjes berne. Dêrfan wurde 300 oanmelden, troch de fokker as eigener, foar de earste besichtiging. Sa moat de bou fan it hynder perfekt wêze, moat hy ek goed rinne en drave kinne, de röntgenfoto’s fan de fuotten moatte goed wêze, it sperma moat goed wêze, de ynteelt moat net te heech wêze en it sibskip moat leech wêze. Dit lêste is hiel wichtich omdat de populaasje fan Fryske hynders net hiel grut is. Dit is allegearre goed fêstlein en wurdt bewekke troch it Stamboek. Dan falle der wer in oantal ôf. Uteinlik bliuwe der in stik as 20 oer dy’t moo-


glik yn oanmerking komme om in stamboekhynst te wurden. Urbanis K sit dus by de lêste seleksje. Dat is de reden dat wy it hynder sjen litte mochten yn it WTC. Sis mar in presintaasje fan de nije lichting hynsten. Wy mochten noch net mei dwaan oan de keuring sels, dat kin pas as de hynst echt goed kart is. Wat is no de folgjende stap? No begjint it pas! It hynder moat no earst trije perioaden foarride wurde yn Ermelo. Dan krije je oanwizingen wat better moat. As dat úteinlik goed is, mei Urbanis K yn septimber nei Ermelo foar de saneamde 70-dagen test. Earst foar 35 dagen ûnder it sadel (dat is mei in ruter) en at dat goed is, foar de twadde 35 dagen ûnder it sadel ôfwikseljend mei it foar de karre rinne. As Urbanis K de 70 dagen goed trochstien hat, dan kin de flagge út, want dan is hy goedkard as stamboekhynst. Dit betsjut dat de fraach nei Urbanis K tanimt. Dan pas kriget hy ek in nije Fryske namme. Dizze namme wurdt troch it Stamboek bepaald. Hoe grut is de kâns dat it hynder trochgiet? Dat is muoilik te sizzen. Tsien jier lyn ha we ek in hynst safier hân, mar dy is  úteinlik  net goedkard. Dat is fansels wol in domper. Je dogge dochs in behoarlike  ynveasterring. Je dogge der alles oan wat yn je fermogen leit, mar fierder binne je oerlevere  oan it hynder en de sjuery. We binne no wat  foarsichtiger. It hynder wurdt traint yn in  trainingsstâl, op syn gongen (stap,  draf, galop)  ûnder  it  sadel  mar ek foar de karre. Yn Ermelo moat er dan wer sjen litte as er it neffens de sjuery goed docht. Giet dat wat earlik? Hoe objektyf is sa’n sjuery? Dat is wol earlik, dêr moast fanút gean. De sjuery makket der in hiele stúdzje fan op basis fan de papieren dy by de hynst heare en op syn bewegingen.


Dat fyn ik muoilik  te leauwen. Smaak is nea  objektyf. Je moatte dan al ôfspraken meitsje oer wat moai en goed is en dat liket my net maklik.  Je moatte dus as fokker ek witte wêr’t se by it Stamboek nei sykje. Hokker kant wol hja út mei de hynders. It is  yndied  lestich, dus moatte jo ek wol wat gelok ha. Je  besykje  sa goed mooglik te fokken en dan hoopje in kear op in topper. Mar it bliuwt in hiele toer om in stamboekhynst te krijen. Ik sit no hast tweintich jier yn de hynders en elts jier ha ik in stik as trije hynstefôlen, mar it is noch nea slagge.  As in hynst bygelyks net goed stappe kin, kin it samar wêze dat der derom ôfkard wurdt. Wannear giet Urbanis nei Ermelo? Meie jim der ek by wêze? Ein septimber is dat. Oant dy tiid wurdt er traind en dan moat it barre.  We geane der wol hinne te sjen op spesjale ‘kijkdagen’, mar do meist fierders net yn de stâllen as by dyn hynst komme. Nei de earste 35 dagen folget der wer in skifting en nei de folgjende 35 dagen wer. Dan binne we al desimber. At hy dat hellet, wurdt it in stamboekhynst en mei der meidwaan oan de keuring in it WTC. Ik nim oan dat der ek in keuring is foar de merjes? Wurket dat krekt sa as by de hynsten? Ja, dy is der ek, dat is yn ús regio de fokdei yn Blauhûs, ein augustus. Op dy dei wurde hynstefôllen en merjes keurd. De bêsten meie nei de sintrale keuring yn oktober yn Drachten (hynstesintrum). It Fryske hynder libbet wol yn Fryslan en yn ‘e wrâld. We dogge ek noch in rûntsjes troch de stâllen. Machtich. Yn Easterein steane allinne merjes. In hynst derby is net mooglik, dy flochtet dan dwers troch de stekken. Seis hynders binne drachtich en de earsten moatte yn febre-


waris smite. In spannende tiid. As it in hynstefôltsje is, kin it samar wêze dat Hindrik ferskate telefoantsjes kriget fan oare fokkers om it hynder te dielen. Dan diele je de ynvestearrings, mar ek de mooglike opbringsten. Dat is hiel gebrûklik yn dizze takke fan sport. Wat wol opfalt yn it praat en yn de dokuminten dy’t ik sjen mei, is dat it benammen oer de hynsten giet, lyk as is de merje hielendal net wichtich. Yn in stikje stiet efter de namme Urbanis (Andries x Rindert). Dan snap ik it al net mear. It blykt dat Andries de heit is en Rindert de heit fan Urbanis syn mem. Wêrom wurdt net gewoan de mem neamd? Is dy minder fan belang? De merje is dúdlik wol wichtich. De sjuery sjocht as der fok yn de merjelijn sit. De mem fan Urbanis K hat bygelyks trije stjerren fokt wêrfan ien al kroan is. De beppe fan Urbanis hat acht stjerren fokt. Yn hynstetermen dûbel preferent. Dus it is seker wol wichtich dat der in goede merjelijn efter in hynst sit. Je ha dus net samar in stamboekhynst yn jo stal, der komt hiel wat by sjen. Oan it ein fan it jier witte we hoe’t it mei Urbanis K ôfrun is. De foto’s binne makke troch Johanna Faber (www.johannafaber.nl)


Skoske rinne Ein jannewaris wiene der noch in pear kâlde wiken mei prachtich winterwaar. Spitich genôch wie it reedriden op de fearten net alhiel fertrout mar “skoske rinne” koe fansels wol. In grutte groep bern wiene dan ek op de fearten te finen.


TE HIER Oan de Wynserdyk, isolearre Garage Boxen - Hobbyromte fan 48 m². Foar ynljochtingen kinne jo skilje mei 06-53360461


Snypsnaren

Troch Jan Hiemstra Hennaarderadeeltocht Yn begjin 2012, ik wie 68-jier, ried ik de Hennaarderadeeltocht; yn begjin 1954, ik wie 10-jier en siet yn de fiifde klasse, ried ik dizze tocht foar it earst. Dat wie it jier wêryn Jeen van der Berg de alvestêdetocht wûn. Mei it ploechje jonges, der ’t wy doe alle middeis mei op it iis stiene, soene wy de Hennaarderadeeltocht ride. Wy krigen der in frije dei foar. Gelokkich hiene wy in begelieder: Wierd Hiemstra, in âlde man fan wol sa ‘n 35-jier. Hy moast de gekte der by ús wat úthelje. Om acht oere moarns gongen wy op ‘e fyts nei Wommels mei iten en drinken by ús. Tusken de middei, sa wie de planning, soene wy thús oan it miel kinne en dernei fierder. Mar dochs: doe ’t wy oan de ein fan de rûte wer yn Wommels kamen en ik de redens ôfbûn, koe ik hast net mear rinne. Heit sil se nei de middei grif stiif opbûn ha, mar de lytse 70 km (alle opfearten diene noch mei) wie wol tige op de ‘lytse’ poatsjes oankommen. Ik sweefde fan de Trekfeart by de brêge nei it kafee oan it Noard en krige tsjin it ynleverjen fan it stimpelbriefke de medalje. Doe ’t ik de tocht yn 2012 wer ried hoegde ik gjin frij te freegjen. Dizze falt dan krekt yn myn 1000 wiken fakânsje. Under de tocht hie ik net fan it iis west en oan de ein fan de tocht koe ik sa út de Noaren stappe. Heit hie se net te stiif opbûn! Ik sweefde net oer de dyk nei it Noard; de 58-jier âldere ‘poaten’ hiene wat minder te leien hân. Ik miste it ploechje jonges, mar gelokkich fûn ik ûnderweis in maat om mei op te riden. It wie net in trochdewyksedei, mar in sneintemoarn. Ik hie al sa faak op snein op it iis stien, mar om op dy dei de Hennaarderadeeltocht te riden hie net yn my opkommen. Gouden winter Dy winter fan 1953 op 1954 liigde der net om. Ik wie in betide learling en siet as 10-jierige yn de fiifde klasse fan de legere skoalle. It wie de earste winter yn de nije skoalle. De moderne oaljekachels koene de lokalen mar krekt waarm hâlde. Wy belibben in ‘gouden tiid’. As jonges wiene wy der alle dagen op út want it iis wie tige sterk. De IJWC Hennaarderadeel yn de persoan fan omke Yep Kamstra hie der oerhinne west en de wekken ôfsetten. De banen wiene fage. De tiid fan de baanfagers dy ’t foar in pear sinten winterdeis mei skoboerd en biezem op de baan stiene en fan de riders dêrfoar in pear luzige sinten krigen wie foarby. Harm Schaafsma ferkocht de kaartsjes fan de IJWC en trune der by elke húshâlding op oan safolle kaartsjes te keapjen as der riders wiene. Ús heit kocht altyd trije: ien foar my, ien foar Douwe en ien


foar Jetske. Gongen je it iis op dan waard it kaartsje east op it jek spjelde en koe elkenien sjen dat dyn bydrage foar de baan betelle wie. Heit hie graach mei ús it iis opgongen, mar troch syn manke heup koe er net mear ride. Dat hie oars west: as skoaljonge wûn er op twa ferskillende redens de priis. Jong op it iis Ik hie it riden al leard doe ’t ik noch mar in jier as fjouwer-fiif wie. Fan sinterklaas hie ik pear reedsjes krigen. Heit sette it learwurk der op en yn de skuonmakkerij waard ik ûnderbûn. Efkes op ‘e rêch it paadsje oer nei de feart der ’t no de dyk fan de Skippersbuorren nei de Skoalseize rint en dan achter de skammel. Op dy reedsjes ha letter generaasjes it riden leard. Se binne der noch en hingje by my yn it trepsgat, mei it learwurk derop fan heit. Sels it doaske der ’t se ynsieten is der noch!

De redens en it doaske út plm. 1948 de en de Hennaarderadeeltocht-medalje út 1954. Dat learwurk, al is it net mear it earste, sjocht der noch geef út, want wy krigen de konsynjes dat wy de izers as wy fan it iis kamen ôfdroegje moasten. Oan


de ein fan de winter moasten dan learwurk en izers yn it fet setten wurde. Heit wist dat in protte minsken soks net diene, mar fûn dat net slim. Foar in skuonmakker wiene yn in doarp der ’t winterdeis foar it grutste part op klompen en learzens rûn waard, en der ek noch in kollega wie, de ynkomsten net botte heech. As der dan winterdeis nije hak- en teanlearen setten wurde koene dan wie soks in moai ynstruierke. Ek foar de timmerman en de smid levere it iis wurk op. Redens waarden stomp en moasten op in brede sânstien slipe wurde. De izers waarden earst út de houten helle, fêstsetten yn in ramt en dêrnei skean oer de rûndraaiende stien helle. Dy izers waarden skean slipe: de binnenkant skerpe en de bûtenkant ôfrinnend. De binnenkant wie foar de ôfset; mei sa ’n wize fan slypjen koene je noait yn in bocht oerstappe, want je kamen altyd mei ien ‘glêde’ kant op it iis. De ridersplakken De measte bern learden it riden op in feartsje by hûs. No wie it net altyd like moai om dêrop it riden te learen. Rioelearring bestie der net. It smoarge wetter rûn nei de feart of waard der út de smoarwetteramer opsmiten. Dan lei der op it moaie hurde iis yn de koartste tiid in grutte grize kwalster. Der koe net al te gau op Skippersbuorren, Griene leane, Wynserfeart of Sebeare riden wurde, want it bûterfabryk wie noch folop yn bedriuw en de molkfarders besochten sa lang as mooglik de fargeul iepen te hâlden. As se dan einliks belies joegen dan wiene it yn dizze sleatten allegearre skossen dy ’t wat flak stutsen en riden wurde moasten. Woe it net al te bêst winterje dan wiene lytse lânsleatsjes of in leech, sa as by Jan Heeg, hjoed Bouma, faaks mooglikheden. Foar in iisbaan moasten je nei Wommels of Rien en soks diene je net sa gau. De moestúnfeart It stik feart der ’t gjin molkboatsjes troch kamen wie de feart om dominy ’s tún. By in ‘bytsje’ winter waard dit al gau ús ‘el dorado’. De brêge tusken tsjerkhôf en pastorij wie heech genôch, mar ûnder it brechje tusken de tún en de moestún moasten wy efkes troch de knibbels. Op it rûntsje om


dominy ’s tún binne rekôrs yn tiid en rûntsjes brutsen. Oan de ein fan sa ’n dei kamen wy as it al oan it tsjusterjen wie mei reade hollen en it swit op ‘e hûd thús. Dan stie der in beker poeiermolke klear en seagen wy al wer út nei de oare dei. In ‘echte’ winter It wie earst ‘echt’ winter as der tochten riden wurde koene sa as yn begjin 1954. De hiele wrâld wie dan uzes! Earst efkes nei mem foar in bakje tee en in stik koeke, en dan nei de Skippersbuorrenfeart en gong it los. As alles betrouber wie koene wy alle kanten út, mar wy krigen de konsynjes hiel foarsichtich te wêzen. Benammen de Frjentsjerterfeart wie grut en gefaarlik. Op 23 desimber 1940 (yn de oarloch) wiene der by de Jeneverpôle fjouwer jongelju ûnder it iis sketten en ferdronken. Us tochten gongen dêr ek lâns en mei ynmoed waard nei it plak sjoen. Dit wie dan it rûntsje oer Rien, Littens, Krúswetter en trekfeart, Sebeare en wer nei it doarp. Tichter by hûs gongen wy nei Itens op en del of oer de Kleasterfeart nei Hidaard en soms oant Bolswert ta en werom. Ek oer Reahûs en Turns nei Snits hearde ta de favoriten. Faaks hiene de heiten en memmen al yn eangst sitten, want dan waard it al knap tsjuster foar’t wy wer thús wiene. As ik no noch wolris lâns it binnenpaad fan Reahûs nei Easterein fyts dan ha ik it winterbyld noch altyd foar eagen. Ik tink dan oan de tochten dy ’t oan de Skippersbuorren begiene as poarte nei de wide kâlde en soms wite wrâld.

sŽŽƌĂĂŶŬŽŶĚŝŐŝŶŐΎΎΎsŽŽƌĂĂŶŬŽŶĚŝŐŝŶŐ ŽŶĚĞƌĚĂŐϮϬĂƉƌŝů dƵƐƐĞŶϭϳ͘ϬϬĞŶϭϵ͘ϬϬ 'ƌŽƚĞŚƵŝƐĂĂŶŚƵŝƐĂĐƚŝĞǀŽŽƌĚĞ

sŽĞĚƐĞůďĂŶŬŽůƐǁĂƌĚ ĞnjĞĂĐƚŝĞǁŽƌĚƚŽƉƚŽƵǁŐĞnjĞƚĚŽŽƌĚĞĚŝĂĐŽŶŝĞ͘ EĂĚĞƌďĞƌŝĐŚƚǀŽůŐƚ͘ 




Lêzing Alvestêdetocht troch Henk Kroes Soe it der nochris fan komme? Wy witte it net en ek Henk Kroes net. Wol kin hy fertelle oer hoe’t hy de lêste tochten belibbe hat as rider, iismaster en foarsitter fan de Alvestêdetocht. It Senioren Platform Littenseradiel is bliid dat hy dat foar ús dwaan wol op 16 febrewaris 2017. Henk Kroes, opgroeid mei wetter en iis, fertelt oer syn ûnderfiningen mei reedriden op natueriis en de organisaasje fan de Alvestêdetocht. Hy wie iismaster by de de Alvetêdetochten fan 1985 en 1986 en foarsitter yn 1997. Benammen de tocht fan ’85 wie tige spannend. Alles wie nij. De lêste tocht wie 22 jier lyn en der wie nimmen yn it bestjoer dy’t earder in tocht meimakke hie. Boppedat wie it dy deis taai waar. Hy hat sels yn 1963 meiriden, mar organisearjen is hiel wat oars as dielnimme. De ferantwurdlikheid foar de feilichheid fan de dielnimmers leit in swiere lêst op it bestjoer. Hy fertelt ek oer de tocht fan 1996 doe’t elkenien oer him hinne foel, omdat hy sels hiel entûsjast wie, mar de rayonhaden it op it lêste momint net fertroud fûnen. Efterôf bliek dat lykwols in prachtige generale te wêzen foar de tocht fan 1997 dy’t op 4 jannewaris ferriden wurde koe. Hy kundige de tocht doe oan mei de wurden “it giet oan” . Nei 20 jier wurdt hy dêr noch altiten, oeral wêr’t er komt, op oansprutsen. Wêr Wannear Tiid Kosten Oanmelde

: Kafee “Noflik” te Easterein : tongersdei 16 febrewaris 2017 : 14.00 – 16.00 ûre : € 5,--, incl. kofje as tee : foar 14 febrewaris 2017

Graach oanmelde per email: info@seniorenlittenseradiel.nl (Tel.: 058-2501303)


Wilhelmina nijs Blazersklas Nei de krystfakânsje is Andries Kramer wer úteinsetten mei in blazersklas op de Foareker. Alle bern fan groep 5 krije in heal jier lang muzykles. Tagelyk kinne se wat se leare daliks yn praktyk bringe om ‘t se ek allegear in bugel as trompet fan Wilhelmina mei nei hûs nimme mochten. We stelle it tige op priis dat we ek dit jier wer alle meiwurking krije fan de Foareker en hoopje dat dizze bern it muzykmeitsjen op in blaasynstrumint sá moai fine sille dat se graach troch gean wolle mei blazen. Dubbelconcert 11 februari Fanfare Wilhelmina en Brassband Greidebrass samen op het podium, voor het concert FABRASStic!. Het bijzondere van dit duo concert is dat beide orkesten gezamenlijk op het podium zitten en afwisselend apart en samen spelen. Het idee van het concert is dat er een muzikale strijd uitgebeeld zal worden tussen de twee kampen ‘brassband’ en ‘fanfare’. Zij gunnen elkaar het licht niet in de ogen en vinden elkaars muziek maar niets. Gedurende het concert komen de muzikanten er één-voor-één (letterlijk) achter dat het allemaal zo gek nog niet is wat de ander doet. Dit mondt dan ook uit in een mooie samenwerking aan het einde van het concert. Waar? Bij Noflik Easterein, Sibadaweg 2 Easterein, Datum: 11 februari 2017 Aanvang: 20:00 start concert Entree: gratis, verloting in de pauze


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Nieuws van de Tennisvereniging Zin in een verrassend, actief en gezond 2017? Doe eens wat anders en meld je aan bij tennisvereniging Smash. Het nieuwe seizoen staat voor de deur. Opnieuw bieden wij een kennismakingspakket aan met de tennissport, zodat je een weloverwogen keus kunt maken of het bij je past. En dat zou heel goed kunnen! Voor elk wat wils. Van recreatief- tot competitie spelen. Hoe vaak en hoe lang en wanneer je wilt spelen kun jezelf bepalen. Met de app is altijd wel een maatje te vinden, en op de les- en toss avonden zul je er ook achter komen dat we ons terecht “de gezelligste vereniging van Fryslân” mogen noemen. Heb je belangstelling, kijk dan op onze site voor meer info, of bel 0515 331826. Een nieuw dak op het clubgebouw Het oude asbestdak is eind vorig jaar vervangen door een nieuw dak. Het is het sluitstuk op de totale renovatie van het clubgebouw. Wij zijn de Gemeente Littenseradiel en het RABO projectenfonds zeer erkentelijk voor de subsidie en bijdrage. Dat scheelt een slok op de borrel! En ook Bouwbedrijf Bootsma verdient een pluim voor de uitvoering van het project. Wij nodigen een ieder graag uit om eens langs te komen als de baan open is. Oranjefonds NL-Doe dag Zaterdag 18 maart (dus niet 11 maart!) hopen we weer op veel vrijwilligers die willen mee helpen de banen op orde te brengen en de omheining en het terras op te knappen. Je kunt je aanmelden via de website van Smash of via Nederland doet. Algemene Ledenvergadering 10 februari De Algemene Ledenvergadering wordt gehouden op vrijdagavond 10 februari, om 19.30 uur in de kantine van Smash Sponsoractie week van 13 maart Evenals vorig jaar houden we een sponsoractie. In de week van 13-18 maart hopen we bij u langs te komen.


In Memoriam 23 januari

Nij Stapert Wommels.

Een bijeenkomst waarin we samen met familie, bewoners en medewerkers hen gedenken , die niet meer onder ons zijn, maar wel in onze harten. We beleven in Nij Stapert vrolijke en verdrietige momenten met elkaar. Soms moeten we afscheid nemen van bewoners, familieleden of vrienden, die naar een ziekenhuis of verpleeghuis gaan. Ook moeten we regelmatig afscheid nemen vanwege het overlijden van een bewoners. Telkens weer afscheid nemen raakt ons. Er is weer een lege plek. We willen en kunnen hen niet zomaar vergeten. Onze herinneringen, gevoelens van gemis en van dankbaarheid gelden ook voor hen. Afscheid is de geboorte van een herinnering. Een herinnering die leven doet. Met deze herdenkingsbijeenkomst hopen we dit het bijdraagt aan het een plaatsje geven van het verdriet. We herinneren met deze bijeenkomst cliënten van Nij Stapert die langer dan drie maanden in Nij Stapert hebben gewoond.  Dank u wel voor wie u was............We zullen u nooit vergeten. Gedicht: van Pieteke de Boer,  Ik wol sa graach mei dy laitsje Om dy, om eat wasto seist Mar dyn wurden klinke net mear Allinich noch yn myn holle Ik wol sa graach mei dy krûpe Mei myn liif tsjin dat fan dy Myn earms om dy hinne slaan en dyn herteklop wer fiele Ik wol sa graach mei dy prate oer alles wat mij dwaande hâldt Lusterje nei dyn betinksten En my waarmje oan dyn stim  Langstme mei dy sil altyd bliuwe Nei wat wie en net mear is ’t libben is net mear itselde wit dat ik dy altyd mis.


Bernehoekje

Troch Anneke van Beem Pip rent bezorgd naar tante perenboom toe. weet je waar Woezel is gebleven? hijgt ze. Tante Perenboom kijkt om zich heen, nee! jullie zouden toch verstoppertje doen? Pip knikt. Ja, maar, ik heb al achter alle struiken gekeken en achter alle bomen en zelfs achter ons hondenhok! Tante kijkt nog goed om zich heen. Misschien moet je wat beter zoeken, stelt tante gerust. Weet jij dan waar Woezel is? vraagt Pip. Ja, ik wel! lacht tante Perenboom. Maar jij moet nu eerst goed gaan zoeken! Pip zucht. Ze wordt altijd heel bezorgt als Woezel even kwijt is. Pip kijkt nog eens op alle plekjes in de tovertuin, in de picknickweide, de zandbak, bij de schommels en ook achter de schutting, waar buur-kat woont. Woezel is nu echt weg! Pip huilt bijna. Ze moet Woezel nu vinden! Waar is Woezel nou? blaft Pip boos tegen tante Perenboom, zodat ze haar traantjes kan verbergen. Opeens springt Woezel achter tante Perenboom vandaan. Boe! hier ben ik, lacht hij. Pip lacht ook, jij bent hem! gilt pip dan. Pip schiet meteen achter tante Perenboom. Je zal me nu nooit vinden, denkt ze lachend.

Hier had uw advertentie kunnen staan informeer naar de mogelijkheden bij de redactie


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


Aafje Boonstra stopt als fysiotherapeute in Wommels Na een sollicitatiegesprek in de roeiboot tijdens een vaartochtje door de Bolswarder vaart, ben ik in oktober 1980 bij Koos Eigenhuis in de fysiotherapie praktijk aan it Bosk in Wommels komen werken; daarvoor heb ik in Leeuwarden en Menaldum gewerkt. Na het Bildts (geboren en getogen in Sint Jabik) en het ABN werd het Fries voor mij de taal die ik het meeste sprak in het contact met de patiënten en de dorpsbewoners van Wommels, waar ik sinds januari 1980 woonde. Toen ik in 1988 ging verhuizen naar de Wâlden en onze tweeling werd geboren ben ik in Wommels blijven werken: hier was een fijne werksfeer en we namen ruim de tijd voor een behandeling, dit paste goed bij mij. Na werken in loondienst gingen Koos en ik samenwerken in een maatschap. Helaas is Koos op 30 december 2007 plotseling overleden; een moeilijke periode volgde: naast het gemis moest ik zorgen dat de praktijk door bleef draaien. Gelukkig trof ik een goede collega en maat in Peter Merrelaar. We maakten plannen voor een forse verbouwing en hebben in 2010 de opening van de vernieuwde praktijk gevierd; met 2 collega's in loondienst erbij was er nu genoeg ruimte gecreëerd voor een optimale behandeling van onze cliënten. Naast veel nascholing en verdiepingscursussen tijdens mijn loopbaan, heb ik de opleiding oedeemtherapie gevolgd, zodat ik met deze specialisatie mensen met klachten op dit gebied kon behandelen, heel boeiend en vaak met mooie resultaten. Na 38 jaar werken heb ik besloten te stoppen per 1 maart. Het werk gaf me veel voldoening en de vele contacten en gesprekken zijn voor mij heel waardevol geweest. Maar nu ik de 60 ben gepasseerd is het tijd voor andere dingen en geef ik vol vertrouwen het stokje door aan een jongere generatie; als ik de pensionado's om me heen zo hoor is het geen probleem om de dagen te vullen! Ik wil hierbij iedereen die ik in de praktijk heb gezien bedanken voor het vertrouwen. It giet jimme allegearre goed!


Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


De winners fan de Heksenbiezem aksje... Yn ús prachtige Easterein ha we besite hâwn fan healwize en in bytsje domme heksen, se ha nammentlik 3 Heksenbiezems yn it doarp slingerje litten... Mar om’t it ferbean is om sûnder diploma op in Heksenbiezem te fleanen, koenen se ynlevere wurde by Ria Dijkstra. De winners krigen yn ruil hjirfoar in frijkaart foar de musical “Heksen” op 4 febrewaris 2017 yn Noflik Easterein. In yllegaal ritsje op in Heksenbiezem is net mear mooglik, alle biezems binne wer terjochte. De winners fan in frijkaart binne: Jelmer Brouwer (Koaifinne), Frans Stap (Hôfsleane) en Berend Santema jr. (Hôfsleane). Tige lokwinske en alfêst in hiele noflike toanieljûn tawinske.


De bizon fan Lytse Wierrum Troch Nathalie

Alwer op it fytske. Dizze kear net binnentroch, lâns Reahús en Tirns, it soe ommers glêd wurde, mar op ús mem har keningsreau ryd ik troch Itens en sa fierder richting Snits. Wylst de moanne helder skynt, ik lekker trochtraapje, sjoch ik dêr, at ik in lyts eintsje út Rien bin, ynienen in bizon yn de fierte. In grutte swarte bizon. Ferwûndere fyts ik fierder, ik sjoch wer nei rjochts, mar wêr is er no bleaun? Seach ik dat no wol goed as ha ik dat mar betocht? Dizze simmer learde ik yn Spanje de sin ‘Es lo que hay’, letterlik betsjut dat ‘It is, wat it is’. Dizze sin hear ik yn it Spaans faaks at myn freonen fertelle oer in situaasje dêr’t se neat oan feroarje kinne. Omstannichheden moatte akseptearre wurde, want tsja, it is no ien kear sa’t it is. Foar de famkes, lês: tige jonge famkes, dy’t mei Tyler Boo (ien fan syn aliassen) online yn petear gongen wie it net sa’t it wie. As better sein: sa’t se tochten dat it wie. Mei harren naïviteit tochten se gesellich te praten mei in jonge fan harren eigen leeftiid, alve as tolve, miskien trettjin. Foar’t se it wisten, waarden se dwongen harren sels sjen te litten op de webcam, sûnder klean. Famylje soe oars wat oerkomme, wie de bedreiging. It wie net wat it like foar de famkes, it wie in hel. Trump, dy’t eins al tefolle oandacht krige hat, beskuldige CNN fan it meitsjen fan ‘fake news’. Soe hy en alle poppekast derom hinne nep wêze? Soe alle ophef oer him wol meifalle, as sille de gefolgen fan syn ynauguraasje aanst just slimmer blike dan dat it no liket? Is it, wat it is? Want wat is dat eins is? Bejout er him op tei-iis? De tiid sil it ús leare... In pear dagen letter beslút ik jûns wer fia de grutte dyk nei Snits te fytsen. Ik wol beslist witte at ik it no goed sjoen hie, dy bizon. Ik bin efkes ûnderweis, Rien foarby, sjoch oan myn rjochterkant... en hja hear, dêr is er wer: de bizon fan Lytse Wierrum! Jûns en nachts feroarje de tsjerke


en beammen fan it doarp yn in wiere bizon. Myn mystearje is wer oplost en ik bin efter ien ding kaam: Net alles is wat it liket. Somtiden is it (folle) slimmer... en somtiden? Somtiden blike de saken yn it ljocht fan de dei net tsjuster te wêzen, mar te soargjen foar hoop, gelok, en leafde.

Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar! Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

GENIETEN VAN Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One! ÉN BESPAREN MET DE ZON A A+

Een ATAG zonlichtsysteem voor: XXL GRATIS WARM WATER LAGE ENERGIEREKENING

A

& ENERGIE BESPAREN EN! NG SUBSIDIE ONTVA Er is al een ATAG cv-ketel vanaf: M 200/5 NOR ELD: ZONNEBOILER ECO VOORBE

€ 2050,-

HOGER RENDEMENT DAN SPAARREKENING MILIEUVRIENDELIJK WAARDESTIJGING WONING Uw ATAG zonspecialist:

ATAG One

SUBSIDIE × ACTIE “GELD TERUG” EL UW VOORDEincl.

ATAG E325EC + One

€ 890,€ 250,-

€ 1.140,-

installatie!

* Vraag naar de voorwaarden

WWW.ATAGZON.NL

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG

Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716 E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Vuur

Als het startschot klinkt, duiken we in het diepe. We bijten ons vast in het doel. Water kan ons vuur niet blussen, want wij lopen letterlijk het vuur uit de sloffen om aan uw wensen te voldoen, omdat we vakidioten zijn. We houden van ons werk en laten het vuur in ons branden om van het vonkje een vlam te maken: van idee tot tastbaar product. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsjefebrewaris2017web  

Doarpskrantsje Easterein febrewaris 2017

Doarpskrantsjefebrewaris2017web  

Doarpskrantsje Easterein febrewaris 2017

Advertisement