{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, april 2015

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon april 2015 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant: Paul de Bruin (Easterein Rocks) Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkenn没mer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

jier

meitsje we alwer in doarpskrantsje. En derom dizze kear in echte "centerfold"om dit te fieren!

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar: tongersdei 23 april


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Aginda foar de moanne april/maaie: 10 apr. 11 apr.

18 apr. 1 maaie 2 maaie

Bernedisko groep 1 o/m 6 19.00 – 20.30 SDS benefietjûn 18.00 – 20.30 jeugdleden basisskoalle 21.00 – 01.00 jeugdleden fanôf middelbere skoalle Iepen foar elkenien om efkes in spultsje te dwaan of in boarreltsje te drinken. 20.30 – 01.00 Bernedisko groep 1 o/m 6 19.00 – 20.30 Slotfeest mei schuimparty! 18.00 – 20.30 groep 7&8 20.30 – 01.00 fanôf 1e klas middelbere skoalle

Paintparty foar stichting keunstgersfjild SDS!!! Sneon 11 april organisearret de Tsjerne in paintparty te goede fan it noch te kommen keunstgersfjild fan SDS. In feestjûn foar de jongerein, wer't mei fervespuiten de feestjende bern ûnder spesjale, ljochtjouwende paintparty ferve komme te sitten!! Doch âlde klean oan, wite klean jouwe ‘t moaiste effekt! De entree is EUR 5,00. De folsleine opbringst fan it entree jild giet nei de stichting keunstgersfjild SDS. We sille de jûn yn twa delen hâlde: 18:00 - 20:30 oere (jeugdleden SDS dy’t noch op de basisskoalle sitte) 21:00 - 01:00 oere (jeugdleden SDS fanôf middelbere skoalle) Ek NET leden fan SDS binne fan herte wolkom, dus nim gerêst dyn freontsjes as freondintsjes mei.. Wy hope op in pracht jûn mei in soad besikers!!

Fol=Fol... Alles yn it kader fan stichting keunstgersfjild SDS!!


Easterein Rocks 5: in grut feest

It lustrum fan Easterein Rockswie op sneon 21 maart ien grut feest. Foar de fiifde kear stiene 26 muzikanten mei Eastereiner roots op ien poadium. It repertoire hie wêr in soad ferrassingen: fan hiel tear yn Clown fan Emeli Sandé oant loeihurde rock fan Killin in the name of… fan Rage against the machine. Muzikaal miskien wol it bêste Easterein Rocks edysje. It optreden, mei favorite nûmers fan de muzikanten, koe rekkenje op in soad respons fan it entûsjaste publyk. Easterein Rocks Junior Ek it foarprogramma, Easterein Rocks Junior, mei bern fan 9 oant 14 jier, wie in grut sukses. Dizze begjinnende popmuzikanten brochten in geweldige show yn kafee Noflik. De tsien jonge artysten makken in ûnferjitlike yndruk. Tige tank Wy wolle alle muzikanten en junior muzikanten tank sizze foar harren entûsjaste ynset. Paul de Bruin wolle we tank sizze foar de prachtige foto’s. Fansels meie we ek it publyk net ferjitte. Machtich dat jimme der wiene en dit lustrum mei ús fiere woene. But last but sekers not least; Hendrik en Kim & crue Noflik! Jimme dogge jimme ear oan, it wie Noflik. Tige tank foar de gastfrijheid en de goeie soargen! It wie wer in ER edysje foar yn de boekjes. Easterein Rocks Kommisje, Fred, Tjitte Jelle, Simon-Paul, Pieter en Amarins Webside: eastereinrocks.nl I Twitter: @eastereinrocks l Facebook: eastereinrocks  

Schets: Nathalie Oliveiro


Doarpsaginda Woansdei 8-4

20.00

Tongersdei 16-4

20.00

Jiergearkomst doarpsbelang H창ld Faesje, De Skoalleseize Jierfergadering Uitvaartverzorger de Laatste Eer Easterein, Noflik Easterein

Woansdei 22-4

20.00

Jiergearkomst ODI, De Skoalleseize

Snein 26-4

16.00

Bluescruise, BJ Hegen and friends Noflik Easterein

Moandei 27-4 woansdei 29-4

Keningsdei 20.45

Lezing van Paul Boghards over "de bouwontwikkeling Van het langhuis naar de Friese schuur". Deze lezing is niet op it Skrok, zoals eerder vermeldt maar in het dorpshuis in Itens na de bestuursvergadering van het dorpsbelang. De lezing is ook toegangelijk voor mensen uit Easterein.

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Groot Amswert is genomineerd voor de verkiezing van accommodatie van het jaar

Iets waar we enorm trots op zijn. Maar genomineerd is nog niet gewonnen! Alleen met jullie stem kunnen we de verkiezing winnen. (via www.groepen.nl) stemmen kan tot 15 april!


Aaisykjen

Troch Elisabeth Breeuwsma TROUW-14/01/2015. Friesland mag geen kievitseieren rapen, zo heeft de Raad van State gisteren bepaald. De provincie heeft onvoldoende onderzocht of de populatie kieviten in Friesland nog levensvatbaar is

Presys in jier lyn ha ik in stikje skriuwen oer de aaisiker en it hiel barren der omhinne. Sa as der nei it earste aai ta libbe wurd, de spanning en sfear der omhinne. En doe barde dit…. Fansels wiene de leafhawwers al in pear jier bang dat dit barre soe, dochs kaam it noch slim ûnferwachts op harren dak……. Boas, fertriet, ûnbegryp…..it komt allegearre nei boppe by de aaisiker. Yn myn eagen logysk. Efkes in petear mei de foarsitter fan de fûgelwacht, Jan Rinse Blanksma. Wat ‘s gebeurt? De Faunabescherming fynt dat der net mear aaisocht wurde mei, want dêr giet de ljippestân fan efterút. Dêr sit in lyts stikje wierheid yn, want de aaisiker nimt fansels in ljipaike mei, mar wat foar de fûgelwacht én de ljippestân noch folle wichtiger is, dat is de neisoarch. En trochdat Niesen (fan de Faunabescherming) fynt dat die neisoarch ék noch ferbean wurde moat, wurd it hiele aaisykjen op de eftergrûn set. Pykjes

De fûgelwacht docht in protte wêr neffens Jan Rinse net genôch nei sjoen wurd. Der wurde stokjes setten yn it lân fan de boer sadat dizze bf sleepslange (dit is in slang oan de jarretank dy’t de stront oer it lân ferdielt) as meane kin. De piken wurde beskerme, de resultaten wurde byhâlden en der is goed kontakt mei de boer. Oan de resultaten, hokker úteinlik nei de BFVW gean, is te sjen dat de ljippestân de lêste jierren gelyk bliuwen is, mar siker net efterút gien is, wat Faunabscherming beweart. De resultaten fan de fûgelwacht meie net brûkt wurde troch de Raad van State, omdat dat te eigen is. Dit moat troch in ûnôfhinklike ynstânsje (SOVON) barre. En doe? Massaal binne de fûgelleafhawwers nei Wirdum ôfset wer in byjienkomst fan de BFVW plak fûn. Hjir is advisearre dat elke fûgelwacht syn eigen rayon byhâld, dat wol sizze, der mei socht wurde, net meinimme, en dernei gewoan neisoarge wurde. De fûgelwacht fan Easterein hat bepaald dat se gewoan it 1e aaike yn eare hâlde wolle, en dy moat dan binnen de wacht


fûn wurde. Op de foto sette, mar foaral net meinimme! De selde regels jilde foar de jeugdkrite. It is de bedoeling dat der aanst wer gewoan neisoarge wurdt, want dat is it âlderbelangrykste foar de ljippestân! De spanning De spanning wie der wol, mar oars. De bougrûn fan Hilhorst waard al 2 wiken goed yn de gaten hâlden troch sawat wol 15 sikers fan de fûgelwacht. Der binne guon die allinnich al 26 km op die bou rûn ha (46 km yn totaal) mar dat wie dan ek in moaie oefening foar dizze bêste siker, want hy sil de 11-stedentocht rinne…… Úteinlik moast der nei dy twa wiken, op 21 maart noch ien loopke dien wurde, wer 6 oer moarns op paad, en jawol, nei trije oeren en hast in sin as in baarch, wurdt der dan dochs einliks it 1e aaike fan de wacht fûn troch Martin mei Jan Rinse en Paul as tsjûgen. De blydskip wie wer as foarhinne, de druk is dêr ôf! Snein 22 maart is it aaike symboalysk oanbean oan de fûgelwacht en yndronken. Takomst Jan Rinse tinkt en hopet dat der takom jier yn 2016 wer gewoan aaisocht wurde mei hjir yn Fryslân. De fryske tradysje, want dat is it, die moat yn eare hâlden wurde!


Gymnastiekvereniging ODI Easterein Op 21 maart werd de jaarlijkse gymnastiekdemonstratie gehouden, deze werd erg goed bezocht! Het thema was ‘Disney’, op leuke muziek en met spetterende lichteffecten werden de oefeningen uitgevoerd. De kinderen deden oefeningen op muziek uit o.a. de films ‘Frozen’, ‘the Lion King’ en ‘Mulan’. Ook de damesgroep liet een prachtige oefening zien op muziek uit ‘The sound of music’! Op 18 en 19 mei houden we weer onze jaarlijkse ‘sutelaksje’ en komen we weer langs met de suiker- en krentenbroden! Nieuwe leden zijn altijd welkom, er mag altijd twee keer gratis aan de les worden meegedaan, om te kijken of het bevalt. De lessen worden op de maandagmiddag gegeven in de sporthal van Easterein. Er kan nu ingestroomd worden, tot aan de zomervakantie betaal je het actietarief van € 30,-!!!! Neem voor meer informatie contact op met het bestuur. E-mail: gymeasterein@gmail.com

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


geke

GRIENE ENERZJY

kOĂ–PERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Dodenherdenking 4 mei 2015 te Easterein De jaarlijkse dodenherdenking voor de schoolkinderen uit Easterein is dit jaar op maandag 4 mei. Vanzelfsprekend zijn andere belangstellenden meer dan welkom! De herdenking begint dit jaar om 19.30 uur in het Kunstcentrum ‘In de Kerk’ dit is de voormalige gereformeerde kerk aan de Wynserdyk te Easterein. Het centrum is al eerder open (vanaf 19.15 uur) en kunt u genieten van toepasselijk orgelspel. De commissie Herdenking 4 mei

kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


“Bring de keatsers by it keatsen!”

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Hoe is it no mei…

troch Bauke de Boer Dizze kear yn ‘Hoe is it no mei’ ; Nynke Schaap - Blankestijn. Beste Eastereiners, Ooit heb ik een interview gegeven met als titel ‘de tweede helft van...’, toen was ik 40. Nu ben ik 60 en vraag ik me af hoe je dit artikel eigenlijk moet noemen... De tiid hâld gjin skoft?, de trein dendert voort?, ..of toch echt de derde helft? Wat maakt het uit, wat is tijd. Het is een abstract begrip. Wat ertoe doet is wat je in die tijd beleefd en wat dàt met je doet. Opgroeie yn Easterein 10 jaar Easterein, van 1979 tot en met 1989, het lijkt langer dan 25 jaar Dronryp. Anke en Hoite zijn er geboren en Anne-Marije is daar grotendeels opgegroeid. Jaren waarin de kinderen hun grootste ontwikkeling hebben doorgemaakt. Unwennich fan Easterein Het kantoor van de Firma Schaap was een paar jaar eerder al naar Dronryp verhuisd en daarom volgden wij ook. Een fijn nieuw huis, midden in het land en toch ook weer in het dorp. Het voordeel van wonen bij het bedrijf was dat we Nammen zo vaker zagen, maar mensen wat heb ik Easterein gemist! Het heeft lang geduurd voor ik me dan ook thuis ging voelen op onze nieuwe plek. Fan frijwilligerswurk nei wurk Ik heb altijd gewerkt, weliswaar niet altijd betaald. Met kinderen op de basisschool deed ik dat vrijwillig. Dit stelde mij in staat thuis te zijn waar zij mij nodig hadden en te vergaderen wanneer zij sliepen. In Dronryp ben ik o.a trainingen gaan geven bij zwemvereniging ORCA in Leeuwarden. Op een gegeven moment werkte ik zoveel vrijwillig buiten schooltijden dat het me beter leek een baan te gaan zoeken, zodat ik juist weer meer op reguliere tijden buiten de deur zou zijn. En zo geschiede. Oan de slach as dosint Ik werk nu al weer zo’n 23 jaar bij het Friesland College, nu als docent bij de opleiding “Helpende zorg en Welzijn”. Ik leid cursisten op om activiteiten te kunnen begeleiden en om creatief te kunnen denken en handelen in de zorg. Een dynamische baan. In de zomermaanden ben ik pontschipper, toch weer


vrijwilligerswerk, op het pontje van Keimptille bij Zweins, een heerlijk oord. Anne-Marije Anne-Marije is een aantal jaar geleden getrouwd met Dirk. Hij is inmiddels de eigenaar en uitbater van Café de Posthoorn in Dronryp. Anne-Marije runt al tien jaar haar eigen zaak, kapsalon Appie Postma in Leeuwarden en heeft onlangs samen met een vriendin hun baby- en kinderkledingzaak geopend in de Dijkstraat in Franeker. “Kleintjes”, voor kleintjes en hele kleintjes! Anke Anke is aan het eind van haar middelbare schooljaren ziek geworden en heeft het stempel ME/CVS. Inmiddels weten we dat het niet in één diagnose te vangen is, maar een ziekte van multi systemische aard. Het lichaam is een complex geheel en als het niet functioneert word je je bewust van het wonder van gezondheid. Anke woont in een appartement naast ons zodat ik bij kan springen indien nodig. Eens komt de dag dat ze beter is, daar ben ik van overtuigd. Het is een bijzondere ervaring om je kind zolang bij je te hebben wonen. We voeren gesprekken die je anders nooit zou voeren. Natuurlijk blijft het je kind, maar wij zijn elkaars gesprekspartners. Zij is mijn spiegel, waardoor ik mij ook weer ontwikkel. Hoite & Nammen & Cees Hoite woont in Leeuwarden, hij heeft de NHL gedaan, is accountmanager en enthousiast Cambuur-fan. Hij heeft een hele fijne vriendengroep en geniet van z’n vrijheid. Nammen heeft nog altijd de firma, al is het, na de MKZ, Smallenberg, BSE etc, in afgeslankte vorm. Hij zit niet meer op volleybal, maar nu houdt onze zwarte labrador, Cees, hem in shape. Oma is sjury-lid fan de Eastereiner feesten En dan is er nog oma, mijn moeder. Mede verantwoordelijk voor de jurering van de optocht tijdens de Eastereiner feesten. Negen jaar jurylid! Ja ze is nu 87 jaar, nog altijd in ons midden. Tefreden minske Kortom, fijne jaren in Easterein. Leerzame jaren in Dronryp. Een fijn gezin, heerlijke baan en een goede gezondheid. Wat wil je nog meer? Hartelijke groet, Nynke Schaap-Blankestijn.


Boer Bonnema yn ‘e buorren Troch Anneke van Beem

It soe net, oars as letter yn it jier. Mar de raam fan Douwe Schaafsma koe it net litte en sprong oer de feart. Mei as gefolch, dat de skiep dochs wer yn ‘e garaazje oan de Wynserdyk stean. Wy binne der bliid mei…. As it goed is, komme de lamkes ein maart, begjin april.

Sjoch ek ris op WWW.EASTEREIN.NL


Frysk Kampioenskip Ploegenachtervolging

Er wiene twa foarwedstriden yn de IIshal Ljouwert. Er wiene 37 famkesploegen en 40 jongesploegen. De beste 28 ploegen fan elke kategory gongen troch nei de finale. Yn ’e foarwedstriid stiene wy op nûmer 1. Yn in tiid fan 1,15,36 oer 660 m. Op nei de finale op 11 maart yn Ljouwert Wy moasten yn ‘e finale yn ‘e ien nei lêste rit. Tsjin de Burgerskoalle ût Dokkum. Hja wiene twadde wurden by de foarwedstriid. Dy rit hiene we wûn mar de tiid wisten wy noch net. En de tiden fan de oare ploegen wisten we ek net. Dus einliks wie it ek wol wer spannend by de priisútrikking. By de jonges gie de earste priis nei de Maximaskoalle ut Ljouwert yn in tiid fan 1.10.02. It wie echt wier wy binne Frysk Kampioen by de famkes yn ‘e fluchste tiid fan 1.09.36!!! Groetsjes fan Amber Reynhoudt, Roelie en Corrie Kroondijk.


Bêste motormuizen, set mar fêst op ‘e kalinder! SNEIN 14 JUNY 12.00 @ Skrok 2a EASTEREINER MOTORTOERTOCHT! We ha al in pear kear gesellich mei in grutte ploech fuort west te rieden en ek dit jier sille we wer in moaie rûte útsykje. Foar de neisit is it drinken kâld en it buffet waarm. Liket it jimme leuk om ek dizze edysje wer mei elkoar te motorrieden? Jou dy dan op!! Graach wolle wy foar moandei 8 juny fan jimme witte mei hoefolle persoanen en motors jimme komme, en as der ek mei iten wurdt. Opjaan; martin-elisabeth@home.nl as 06-21256243 Meidwaan is op eigen risiko en neffens de wetlike ferkearsregels.

Last but not least: we sette ôf mei in folle tank!! Groetnis, Lies Sandstra Elisabeth Breeuwsma Hille Meijer

Boudewijn Kramer


Graach wolle wy elkenien betankje dy ús holpen hat mei it útfoljen fan de dongsek. Geweldich wat in help der wie. Ek wolle wy elkenien betankje dy oan ús tocht hat nei de brân op 10 desimber jl. Hindrik & Taekje Hendrik & Hilda Meile & Sandra


feefoer + keunstdonghannel Iepeningstiden loads:

Tiisdei: 7.30 - 12.00 en 13.00 - 15.00 Woansdeitemiddei: 13.00 - 17.00 Sneontemoarns: 8.15 - 12.00

ek foar al jo (lyts)fee… • hynders (Ynfo op ús webside) • skiep struiguod • geiten • (haksele) strie • kninen • spuonnen • hinnen • seachsel • hûnen • flaaks • katten Foer fan Vellinga:

‘Dát giet de goede kant út!’

GEBR. VELLINGA B.V. Tel. 0515-33 15 65 Sibadawei 26A, Easterein www.gebrvellinga.nl e-mail: gebr.vellinga@hetnet.nl


NU UW CV-KETEL VERVANGEN IS

* Actieperiode 1 mei tot 14 juni 2014. Vraag naar de voorwaarden

GRATIS 10 JAAR COMFORTGARANTIE*

Ook toe aan een nieuwe cv-ketel? Wij adviseren u graag! Uw ATAG SelectDealer:

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Follybal?

Troch Elisabeth Breeuwsma en Yvonne van Beem Se balje mei hannen én fuotten, ha gjin spulregels, wol in fêste team yndieling, in eigen bal, hast gjin blessueres en haw in protte wille! We ha it hjir oer de mannen fan it rekreatyf follybaljen op de freed te jûn! It is ûngefear 21.45 oere at wy efkes sjogge by de mannen die op freed te jûns ‘frij’ follyballe yn sporthal De Greidhoeke. Ien fan de twa skriuwsters hat de sportklean noch oan en kin wol efkes mei dwaan want se binne mei 4 tsjin 3 oan it spyljen en dat is einliks net earlik. Mar fansels kin dat! Foar dizze kear dan, want normaal sprutsen binne der gjin froulju yn it spul. “We ha fluiten genôch, mar fluitsje net” Al gau komme wy der efter dat der einliks gjin systeem yn sit en dat alle ballen skopt en slein wurde meie op hokker manier dan ek. In skiedsrjochter hie it smoar drok hân, mar die is der dan ek net. De telling is wat ‘sa sa’, allinnich de lêste set fan de fiif wurd ûnthâlden wa wûn hat, dat is dan ek foar de sterke ferhalen yn de 6e set dy plak fynt oan de tafel. Mar mear as trije kear oerspielje yn it fjild mei dan wer net……… Ald….. Nei harren eigen sizzen binne se de âldste klup fan Easterein op de begraffenisferiening nei. Ea, hiel lang lyn, is it baljen begûn yn de gimmestyk seal op de Wynserdyk wer no fam. Sijzsling wennet. Allegearre mannen mei bynammen wurde neamt (fier foar ús tiid) kamen op freed te jûn dêr byinoar om in potsje follybal te spyljen. En dat it doe al gesellich wie, is wol dúdlik út de sterke ferhalen dy we te hearren krije. Sa wie it neisitten altyd yn it kafee en dokter Hemmes makke in protte yndruk troch hiel hurd efterút yn ’e auto, fan de gimmestykseal nei it kafee, te riden. Dit sil rûn 1975 west wêze. Je koene mar better net siik wurde op freedtejûn want dokter Hemmes hie oare drokte. Ek moast de flier in kear fernijd wurde en dat soe wol twa wike duorje. Dat wie de mannen fansels fierstente lang, wat moat je dan op freedtejûn? Troch wat ‘lichte druk út te oefenjen’ lei de flier der wer earder yn en koene de mannen wer balje. Diskriminaasje? Der binne mei de jierren in protte leden west. Alle leeftiden, soarten en maten binne wolkom, guon bliuwe en oaren sjogge se nei in pear kear net wer, mar der wurd net diskriminearre. Mar froulju pasje der net by, ek net foar ‘mingd’ dûse……. Op it stuit binne der santjin ‘leden’ mar dy binne der nea allegearre tagelyk.


Jûn binne der mar sân ……mar dat is dan wol de ‘harde kern’ fan de klup! De âldste spiler is 75 en de benjamin in stik jonger, hy hat dan ek de breedste rêch fan allegearre en fangt in soad op (ropt ek in soad op neffens de oaren…). Mar wille ha se altyd. 37 graden Elke freed te jûn spylje se fiif sets sûnder warming-up. Dat is ek net nedich en dat is te ferklearjen want de mannen binne altyd op temperatuer, 37 graden….. Se ha dan ek net folle lêst fan blessueres. Nei it baljen en de brûs skowe se oan de grutte tafel yn de kantine. Dêr sit dan wol wer systeem yn, want Titus wit presys wa wat yt en drinkt (en hoefolle). Alle ins-en-outs gean oer de tafel mei sterke ferhalen en der is altyd wol ien die it sterker fertelle kin. Wy ha in moaie jûn hân en hoopje dat de mannen noch in protte moaie, gesellich jûnen mei har allen belibje meie. Yn’t midden fan dit krantsje dizze kear in “útnimposter” foar boppe it bêd

Op sneon 16 en snein 17 maaie wurdt yn de Lawei yn Drachten de musical Ruth opfiert. Dizze musical is basearre op it hiel âlde, universele en noch altyd aktuele ferhaal oer Ruth en is in inisjatyf fan it Kwarttekoar wat ûnder lieding stiet fan Hindrik van der Meer. Wat ûnder oare dizze musical sa bysûnder makket is it feit dat der in protte Eastereinders oan mei dogge:

Anke Blanksma, Senay Sixma, Liset Sybesma, Hiltsje Jellema, Gerben Jellema, Marike Dijkstra, Sophie Laferte, Fianne Dijkstra, Mette Stap, Jelle Brouwer, Folkje Visser, Ineke Duipmans, Nathalie Oliveiro, Tjerkje Kooistra, Greet de Boer en Feja Attema. Haw je belangstelling dan binne der kaarten te bestellen fia Jelle en Folkje: tel. 332269/e-mail: folkje1956@hotmail.com Sjoch foar mear ynformaasje/filmkes op www.facebook.com/itkwartettekoar as op www.lawei.nl/agenda


DAMKLUB DOS EASTEREIN. Tiisdei 24 maart koartlyn hat Damklub DOS it seizoen wer ôfsluten mei in slotjûn yn de kantine fan de Skoalleseize. Altyd in tige gesellige jûn mei in hapke en in drankje en in protte prizen yn alle soarten en maten, sadat net ien mei lege hannen nei hûs giet. Spitich dat 1 dammer fanwegen sykte ferstek gean litte moast. Je beseffe dan dat je as lyts klupke kwetsber binne.   Yn ‘e klubkompetysje 1e klasse waard Jacob de Jong kampioen, mei like folle punten as Lolke Bouma (twads). Hy mei de Printerij Van der Eems bokaal in jier op’e skoarstienmantel ha. Yn de haadklasse waard Klaas Louwsma kampioen en Ultsje Bouma twads, lykas foarich jier. Klaas mei in jier lang passe op de troch Mech.Bedriuw BOS beskikber stelde wikselbeker. Fanwegen sykte fan guon leden, sil yn septimber útmakke wurde hoe’t we it dogge mei promoasje en degradaasje. Yn de Súdwesthoeke-kompetysje hawwe we it net min dien, 3 x wûn, 1 lyk spul en 1 ferlern. Dat makke 7 punten, likefolle as Wikel en Ouwsterhaule. Dy hiene lykwols in better boerdgemiddelde, sadat wy as treds einige binne en dêrmei yn de 3e klasse bliuwe. Lolke Bouma skarrele de measte punten foar us binnen yn it 2e fiiftal en Jacob Greidanus en Klaas Louwsma diene dat foar de haadklasse. Lolke en Jacob krigen elk in fikse wikselbeker mei. Yn de groepskompetysje noch twa winners: Rein Strikwerda yn groep B en Ultsje Bouma (nei lotting) yn groep A. Beide mannen krigen in spiksplinternije wikselbeker mei, oanbean troch Stipepunt WMO Easterein.   En dan wie der ek noch de sneldamkompetysje, elk in kertierke op’e klok en as de partij dan noch net út is falt it flagje en bin jo ferlern. Dat betsjut mei it swit op ‘e kop en klamme hannen op ‘e klok omhuffe. Sa binne der in grouwe fjirtich partijen spile. In apart spultsje mei ferrassende útslaggen. It is myn ding eins net, sei evenredige Jacob de Jong, mar hy is noch wol sa slachfeardich en win de measte punten fan de 1e klasse. Yn de haadklasse die Klaas Louwsma dat. De earste krige in gloednije beker, ek fan it Stipepunt en Klaas de alderâldste wikselbeker, no sulverkleurich, aanst jarrebrún. Mar dat is noch net de ein fan it prizefestijn. Der stiet noch in tafel fol mei krigen en meibrochte prizen, dy’t harren plakje fine fia bingo en ferlotting. De haadpriis fan de ferlotting giet diskear nei Sakes Jannie. It wie eintsjebeslút wer in tige noflike jûn mei neisit. Wolle jo ek in winterskoft lang in gesellige tiisdeitejûn hawwe? Nim dan ris kontakt op mei Lolke Bouma yn Easterein (0515-33 13 52) of Klaas Louwsma yn Wommels (0515-33 21 29)


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

Presintaasje fan Bauke de Boer en Ieda Sa ’t jimme witte ha Bauke de Boer en Ieda nei Tanzania, yn Afrika, west om hjir mei te helpen yn in projekt foar ûnderwiis foar weesbern. Helpers ha har ferienige yn de Stichting KET ( Kibo Education Trust) Se helpe by it bouwen fan skoallen, sammelje jild yn om it skoaljild te beteljen en sa mear. Fan har ûnderfiningen dêr ha Bauke en Ieda fansels foto’s makke en in film. Dy sille se presintearje op in jûn yn tsjerke. Wij ha as tsjerkeleden earst finansjele saken ôf te hanneljen, mar nei it skoft, om goed 9 oere, sille se harren presintaasje jaan. En foar dizze presintaasje wolle wy jimme útnoegje! Wês wolkom. Dus graach oant sjen op tiisdei 7 april, de jûns om 9 oere, yn de Martiny-tsjerke te Easterein. Anna Marike Dijkstra Tel. 0515-33 18 68


Fier it feest mei my Troch Nathalie Oliveiro

De gouden rigel by it skriuwen fan in kollum is it ynspylje op de aktualiteit. ‘Oer dingen fan it nijs skriuwe’ soe ik tsjin bern sizze as ik it útlizze moast. Dizze kear wol ik it lekker oars dwaan. Want, om it oer hjoed ha te kinnen, hawwe we it ferline nedich.

dreame fan in libben sûnder fertriet, haat, dea. Miskien moasten wy wol flechtsje nei Marokko, Oekraïne, Azerbeidzjan en stûnen wy yn ‘e skuon fan asylsikers. Lykas Adam Sandler yn de film The Cobbler dy’t in hiel oar libben ynstapt by it oanlûke fan inoar syn fuotark.

Litte we begjinne by it Frysk ferset. Ik hie in pear wiken lyn einlik de kâns om nei it Fries Museum yn Ljouwert te gean. Dêr wiene prachtige foto’s te sjen fan allegearre minsken dy’t yn ‘e Twadde Wrâldoarloch ûnderdak fûn hawwe yn Fryslân. Jong, âld. Suskes. Soldaten. In muorre fol ûnbekenden yn swart-wyt. Ien foto miste ik, dy fan myn beppe. As famke hat sy hjir ûnderdûkt sitten op ‘e buorkerij. It besef is grut, it hie wolris oars wêze kinnen. En dat bringt my by Jeroen Krabbé. In man fan kaliber mei in ferhaal. Syn pake Abraham Reiss is troch de nazi’s ombrocht yn de Holocaust. Dêrtroch libbe syn mem altiten yn de rou fan de oarloch, fan it ferskriklike ferlies. De regisseur, keunstner en akteur keas foar blydskip: ‘Het leven is elke dag een feest’, seit er yn in fraachpetear fan it tv-programma Op het Doek. It hie wolris oars wêze kinnen... Us Nederlân hie der hiel oars útsjen kinnen. Sûnder it bloed, swit en triennen fan al dy soldaten út binnen en bûtenlân, de fersetsstriders en it ‘gewoane’ folk hiene wy hjir no net yn frijheid sitten. Dan koene wy allinnich mar

Sûnder ferline gjin takomst. Tankber wêze, stilstean en efterom sjen. Mar net te lang. Want hjoed is fan ús! Litte we dêrom feest fiere en dwaan wat oaren foar ús dien hawwe.

Flotte Fryske boeken lêze?

Humor * Spannend * Rûch * Romantysk

Dan moatst by Hilda Talsma wêze!

www.hildatalsma.nl Skriuwster fan de Frisum-trilogy; De twadde hûd, Flammen en it Geloksbern. Har nije boek hjit BREKBER .

‘As Hilda op ‘e tekst is, dan fljochst yn it ferhaal mei!’


START VERBOUWING KLEEDBOXEN SKOALLESEIZE EASTEREIN Het is zover! De verbouwing van de kleedboxen gaat los! Op de zaterdagen 25 april, 2 mei, 9 mei, 16 mei en 23 mei worden de sloopwerkzaamheden gedaan door vrijwilligers. Daarna gaat het bouwbedrijf aan de slag. Alle hulp is welkom. Kunt u een paar uur, een dag of meer dagen helpen bij de sloop? Stuur dan snel een email naar hillemeyer@ziggo.nl of bel Hille Meyer op 06 44 91 22 95.


De Pinne

troch Anneke van Beem Dit kear oer Jan Maarten Visser fan de Wynserdyk. Wa is Jan Maarten? Jan Maarten is 41 jier, is berne yn Starum, hat as pabostudint yn Ljouwert wenne en kaam fia in omwei yn Easterein te wenjen. Underwilens wennet hij hjir no al hast wer sa’n 7 jier mei folle nocht en wille. Wat fan wurk hast? Jan Maarten is learaar fan berop, hy hat foar de klasse stien op skoallen, mar op in bepaald stuit wie de útdaging wat fuort en woe der wat oars. Troch in staazje fan eartiids wist hij op in bepaald stuit; bern mei in beheining der wol ik wat mei dwaan. Dat like him machtich moai. Hy is sollisitearjen gongen en kaam as begelieder yn Stiens te wurkjen. Dernei yn Snits bij in deisintrum wêr Jan Maarten, Sita Adema trof. De klik wie der gelyk en tegearre mei Sita en har man bin se Op ’e Timpe yn Hieslum begongen en dat draait no sûnt 2010. Op ’e Timpe It is in deisintrum foar  sa’n fjirtjin meiwurkers per dei. Fan 18-60 jier. De meiwurkers wurde moarns ophelle troch Jan Maarten en Sita sels, sadat gelyk de dei efkes trochpraat wurd. Op ’e Timpe is in deisintrum foar minsken mei in beheining. Se ha de hiele dei troch les. Se meitsje bygelyks prachtich moai dekoraasjemateriaal foar yn ’e hûs. Wat ek te finen is bij Jan Maarten yn ’e hûs. Ek wurdt it ferkocht by bygelyks Pimpe yn Boalswert en yn Hearenfean. Der is ek in hoveniers groepke û.l.f. Sita har man. Dizze minsken gean de boer op om tunen wer moai te meitsjen. De meiwurkers fine it prachtich. De meiwurkers leare om wer selsstannich te funksjonearjen yn de maatskippij. Sadat se letter earne yn in b.g. in winkel wurkje kinne.


Meikoarten wurd it restaurant fan op ’e Timpe iepene, dêr is dan ek wer wurkgelegenheid foar de meiwurkers, sa as yn de betsjinning as yn ’e keuken. It restaurant sil foar elk iepen weaze. Dus jimme kin gerêst dan ris delkomme. Jan Maarten is super entûsjast oer hun bedriuw. De fraach is dan ek hat dizze man ek noch tiid foar in hobby of foar oare aardige dingen. Net echt, de jûnen bin faak follet mei gearkomsten of sa wat. Dus echt tiid foar bij in feriening hat hij net. At der dan ris wat tiid oer is mei hij graach wat kultureels dwaan of hearlik op ’e bank in film sjen yn syn eigen thús bioskoop. Binne jo nijsgjirrich wurden nei op’e Timpe, sjoch ek ris op de website. www. opetimpe.nl of op hun facebook side.

Puzzelhoekje


Wordt uw kindje binnenkort 2 jaar? Dan is hij of zij van harte welkom op Peuterspeelzaal de Poaskepôle! De peuterspeelzaal is een ontwikkelingsgerichte, preventieve basisvoorziening voor alle kinderen van 2 tot 4 jaar. Dit heeft betrekking op de motorische, sociale, cognitieve, emotionele, creatieve en taalontwikkeling. Het spel is daarbij een belangrijk instrument: spelend leren. Ook als uw kindje al ouder is dan 2 jaar, kunt u eens vrijblijvend langskomen voor een kennismaking. De Poaskepôle is gevestigd in de Skoalleseize. Iedere ochtend, behalve dinsdags, kan uw kindje 2x per week bij één van de twee leidsters terecht. Voor meer informatie of aanmelding kunt u terecht bij de juffen: Janna Wijnia en Maya Bonnema. Telefoonnummer: 0515-33 17 00 Skoalleseize, iedere ochtend van 8.30 tot 11.30 te bereiken, behalve dinsdags Graag tot ziens!

Passage Nijs

Op woensdag 15 april ‘s avonds om 19.45  in de Skoalleseize te  Easterein. Deze avond komt  Hans van Wieren, de voorzitter van Groei en Bloei afd. Sneek met een beamer-presentatie met als titel  ‘TUINEN ANNO NU’.   Van het prille begin in het voorjaar (stinzenplanten) via de zomer met veel vaste en 1- jarige planten komen we via de herfst in de winter met al zijn stille schoonheid   Iedereen die van tuinieren houdt is van harte welkom.                                                      Het Bestuur


100ste jierdei fan frou Doet Abma-de Jong yn Wommels Op 23 maart 2015 waard frou Doet Abma-de Jong 100 jier. Doet de Jong is op 23 maart 1915 berne yn Kûbaard. Har âlders, Anne de Jong en Hinke Wytsma ha har en har fjouwer susters grutbrocht yn de Herberg yn Kûbaard. Yn de tritiger jierren hat se wurke as help yn de húshâlding yn Voorburg. Yn it begjin fan de twadde wrâldoarloch is se werom kommen nei Kûbaard. Nei har oplieding as kreamfersoarchster hat se dit wurk dien. Op 13 novimber 1947 is sy troud mei Foppe Abma yn de eardere gemeente Hennaarderadeel. Tegearre ha sy twa soannen krigen. Mei de trije jonges en trije famkes út in earder houlik fan Foppe Abma bestie de húshâlding út acht bern. Yntusken hat frou Abma mear as 60 beppe en oerbeppesizzers. Fanwegen it wurk fan Foppe Abma hat it húshâlding altyd yn Easterein wenne. Frou Abma is pas foar de krystdagen fan 2012 ferhuze nei Nij Stapert yn Wommels. Neffens har leeftiid is sy noch goed sûn. Doet Abma-de verbeterJong is inen kreative frou. Sy makke sels klean en procesmanagement hantwurke in soad. Ek koe se goed iten siede, dêrtroch kaam er ek ‘nij iten’ lykas makaroany, op tafel.

doeltreffend enfoar pragmatisch Frou Abma hat in protte wurk dien de tsjerke. Sa hat sy in oantal www.fakwurk.nl jierren yn de tsjerkeried sitten en hat doe, mar ek letter as gemeentelid, in soad enerzjy stutsen yn it SOW-proses. Fierder hat sy ek jierren yn it bestjoer sitten fan de herfoarme froueferiening. Se wie in belutsen frou dy’t goed bij de tiid wie en bliuwt.

Altijd al willen weten wat een hashtag is? -

praktische trainingen social media voor ZZP’ers en MKB’ers beginners en gevorderden laagdrempelig en betaalbaar

www.eerstehulpbijsocialmedia.nl


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Marije Brouwer wer nei finale SJONG! Se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net tsien, mar tolve acts dy’t troch meie nei de grande SjONGfinale op 11 april 2015 yn teäter Sense yn Dokkum. Nei it winnen fan de Youtube priis is Marije dit jier ek wer troch nei de finale mei har ferske ‘Ik fiel it fjoer’ (orizjineel is fan Ed Sheeran /I see fire).  SJONG is it frysktalige sjongfestival foar bern fan 12 oant 18 jier. Ik fiel it fjoer Ek dizze dei slacht syn side om De sinne gie op en kearde werom It ljocht fan de moanne krijt kâns en wurdt nij De ierde by del, en de stjerren foarby Mar dizze nacht slacht wurch, en ferrêde om Haldsto my fest, myn hannen, en kom werom Dêr hiel fier yn ‘e loft, wjukken sa sêft Fiel ik my feilich, en fyn ik myn krêft Ooh-ooh Sis my, wêr wennet it lok, of doarmet it rûn En sil ik dat fiele en witte dat’k it fûn Is it lok fierôf of hiel ticht by my Is’t yn ‘e bergen, oseanen, of is’t by dy Wa’t it wit fertel it dan, fertel it my Ik fiel it fjoer, it baarnt yn myn siel Ik fiel it fjoer, it makket my hiel Ik fiel it fjoer, sjoch dan oan my Ik fiel it fjoer, alles wurdt nij Ja alles wurdt fansels wer nij Oh, ik wol it ûnstige, fier by de himel lâns Wol it lok omearmje, dit is myn lêste kâns Ûnstige oan de wrâld, oh ferjou it my Ik wol rokkeleas fleane, it libb’n foarby Los fan wat my festhaldt, mar frij Ik fiel it fjoer, it baarnt yn myn siel Ik fiel it fjoer, it makket my hiel Ik fiel it fjoer, sjoch dan oan my Ik fiel it fjoer, alles wurdt nij Ja alles wurdt fansels wer nij


JONGEREIN ÚT EASTEREIN, ITENS, KÛBAARD SPYLJE

BERN BOPPE

4 APRIL 2015 OM 19.15 YN NOFLIK EASTEREIN JONGEREINTOANIEL FUORT MAR LOS SPILET DE IENAKTER BERN BOPPE mei teksten fan de spilers sels en basearre op in stik fan Jan Hager. It toanielstik spilet him ôf yn 2025 en de wrâld sjocht der dan hiel oars út as no. Bern binne de baas! En wêrom? Hiel ienfâldich: as bern de baas binne, giet it allegearre in stik better! Bern fiede harren âlders op: op tiid op bêd gean, kluskes yn hûs dwaan en húswurk meitsje. En bern dy’t gjin âlders krije kinne? Dy kinne in heit as mem adoptearje! It stik is geskikt foar bern en folwoeksenen. It is wol hiel wichtich dat folwoeksenen begelieden wurde troch ien as mear bern. De tagong is €2,50 foar bern en €5,00 foar folwoeksenen. De kassa is in heal oere foar de foarstelling iepen. Fan tefoaren reservearje wurdt oanret, want der binne mar in beheind oantal kaarten en fol is fol! Reservearje kin fia: baukje57dejong@ hotmail.com Oant 4 april, mei groetnis fan Jongereintoaniel Fuort mar los, Akke Veldman

TE HIER Oan de Wynserdyk Garage Boxen Hobbyromte fan 30 m² Foar ynljochtingen 06-53360461.


FUORT MAR LOS

SNEON 4 APRIL 2015 OM 19.15 OERE YN NOFLIK EASTEREIN TAGONG € 2,50 (FOLWOEKSENEN € 5,00)


Tige slagge toanielútfieringen!!

De foarstelling waard mei mooglik makke troch:

Goed 250 minsken hawwe de foarstelling ‘Famylje Bruinsma yn'e bocht’ sjoen. Oan de measte reaksjes te hearen wie it tige slagge. Wy wolle elkenien tank sizze dy't holpen hat yn hokker foarm dan ek! Tige tank en oant oar jier.

Drukkerij van der Eems Noflik Easterein Walinga Tuincentrum en Hoveniersbedrijf Elephant off Road EQ Gebr. Vellinga int. Mechanisatiebedriuw BOS Altac Couperus Hydrauliek Handelsonderneming H.Stoffelsma Autobedrijf Witteveen & Brouwer 't Kniplokaeltsje Sporthal De Greidhoeke Posthuma Skildersbedriuw Willy Sijbesma fotografie Tuincentrum Gaardenier Bike Totaal De Jong DA Fizel Drogisterij Installatiebedrijf De Jong Jumbo Supermarkten Sandstra Mesthandel, Transport & Stalling Bakkerij Posthuma Murk's Slagerij A&M Lifestyle It Reade Hynder Wheagan Multicarservice Leanbedriuw Okkema Metzstyle kapsalon en visagie Amaranthus Beauty & Care Warenhuis Van der Velde

ps. Op 28 novimber sille de famyljes mei syn allen nei in konsert fan Frans Bauer ;-)!

Foar yn de aginda: 4 april útfiering jeugdtoaniel oanfang: 19.15


SDS-leden ferkeapje m2’s foar renovaasje Skoalleseize

Wy dogge it mei syn allen!

De leden fan SDS geane nije wike los mei it ferkeapjen fan “m2’s keunstgers” foar de folledige renovaasje fan it sportkompleks yn Easterein. Yn april sil der in begjin makke wurde mei de renovaasje mei it fernijen en fergrutsjen fan it B-fjild en it renoveren fan alle klaaiboksen. Yn de simmer fan 2016 sil op it haadfjild in keunstgersfjild oanlein wurde. SDS moat noch wol €60.000,- binnenhelje om alle plannen útfiere te kinnen. In “m2 keunstgers” wurdt troch SDS-leden oan de man brocht troch middel fan in lot. Dizze lotten koste €10,- per stik. Hjirmei wurdt kâns makke op in haadpriis fan €3000, in 2e priis fan €1000,- en in 3e priis fan €500,-. Fierder wurde der û.o. SDS-klean en SDS-sjalen ferlotte. De lotten koste €10,- om sa in grut bedrach generere te kinnen. Yn oerlis mei de ferkeaper fan de lotten kin der foar keazen wurde om b.f. tegeare mei in oar in lot te keapjen en de efentuele priis te parten. Alle SDS-leden geane earst “m2’s keunstgers” ferkeapjen en letter is der de mooglikheid om fia de webside fan SDS lotten te keapjen. Op freed 13 maart wie it offisjele startskot fan de “keunstgersaksjes” op in spesjale sponserjûn yn de kantine mei as sprekker wrâldferneamd assistent-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Op dizze jûn wie ek in presentaasje fan de “keunstgersaksjes”. Op sneon 30 maaie sil der op sportpark de Skoalleseize yn Easterein in grutte SDS-jûn organiseare wurde. Op dizze jûn is de grutte ferlotting en in grutte SDS-feiling mei SDS-muzyk en in barbecue. De folledige opbringst fan dizze jûn wurdt brûkt foar de renovaasje. Wat soe it dochs moai wêze dat foardat Littenseradiel daliks opgiet yn oare gemeentes der in prachtich sportkompleks yn Easterein leit en in skitterend swimbad yn Wommels! Wy dogge it mei syn allen!


Sminken mei Afke Heida Troch Nathalie Oliveiro

Eltse woansdei komt de fiskboer yn Easterein. Sa no en dan meitsje ik efkes in praatsje mei oaren dy’t ek ferliede wurde troch de hearlike rook fan in kibbeling as lekkerbekjes. En dêr stûnen we, Afke Heida en ik, yn ‘e kjeld, te wachtsjen op ús bestelling. ‘Wolst wol ris in kear mei as sminkmodel?’ frege se my. ‘Tink der mar ris oer nei’ en dat ha ik dien. Dat, in pear wiken nei ús lytse petearke wiene we ûnderweis: Myn earste ynterview yn in auto, leuk! Machtich! Afke is krekt begûn mei de kursus Grime Allround fan de Facefacts Academy yn Hearrenfean. Dêr sil se yn tweintich lessen (teory en praktyk) it hoe, wat en wêrom fan it sminken leare. ‘Sminken is minsken harren gesicht feroarje mei kleuren foar teater’, leit Afke my út. ‘Troch dizze kursus kin ik aansens sels ek ûntwerpen meitsje, ek kin it materiaal folle better. Ik wol der eins myn berop fan meitsje, ik fyn it machtich!’. Dat entûsjasme is te merken as ik sels oan de beurt bin om sminkt te wurden. Ik krij felle kleuren op myn gesicht en efkes letter werken ik mysels hielendal net werom. Fan gewoan famke bin ik feroare yn in teaterballerina. Hiel efkes fiel ik my as de dûnseres yn Black Swan. De opdracht is slagge. It sminken wurket rêstjouwend foar Afke, en seit se ‘Je binne hiel ticht by in minske, dat is earst ek wol spannend. ‘Makkest in persoan hielendal oars, dat is gewoan in gigantyske útdaging’. De leafde foar it sminken is net fan de lêste tiid. Se is al in hiel skoft gek fan teäter, fan Oerol. ‘Ast yn in oar syn rol krûpst, yn oare persoanen, dan learst ek wer hiel erch dysels kinne’. Yn de jierren tachtich die Afke al in begjinkursus Grimeren. ‘Ik bin al hiel lang dwaande’. Sûnt 2006 begûn it echt te rôljen. Sa holp se mei yn Easterwierrum mei it Berne Iepenloftspul en rolle se hieltyd yn mear dingen. No is se op meardere plakken dwaande mei har passy. ‘Yn Boalsert dêr doch ik MeinTheater mei bern fan acht oan’t e mei tolve jier’. Dêrneist is se aktyf by it Centrum voor de Kunsten yn Snits, hat se Sinterklaassprookjes dien en helpe by ús eigen toanielferiening Fuort mar los kin natuerlik net ûntbrekke. De frijheid fûn se it moaist by de útfiering fan lêst. ‘Sels de smink betinke, yn oerlis, en sa de kleuren by it kostúm en de rol passe’. ‘Hy wurdearret ús fak’, seit se oer de regisseur fan it stik ‘Familie Bruinsma yn ‘e bocht’. ‘Mysels wêze dat is hiel belangryk’ Doe’t Afke kleuterleidster wie, sminke sy en har kollega harren ek wolris. De ferwûndering fan de bern wie dan grut. Want, se seagen der bygelyks út as in beppe, mar sei in learling ‘maar, jij hebt wél de stem van juffrouw’. ‘Dat wie echt betoverjend’, neffens Afke. Se komt der hieltyd mear efter dat it sminken by har past. ‘Omdat ik ek kreatyf bin’. Yn Snits wurket se mei Gepke


Tuinstra, de grimeuse fan Centrum voor de Kunsten en dêr sminke se ek swarte Piet mei yn Balk. ‘Sy is eins wol in grutte freondinne fan my wurden. Ik bin lekker drok en sy is sa hearlik rêstich. By har kin ik gewoan mysels wêze’. ‘Dat is foar my hast it allerbelangrykste hjir op ‘e wrâld’. Thús it sminken oefenje docht se net echt. Wol makket se foar in útfiering altiten in proefsmink. En as it ris misgiet, dan is dit goed op te lossen mei pancake, dit is hûdskleur smink wat mei nammen brûkt wurdt foar de earste laach op it gesicht, leit Afke my út. Ynspiraasje hellet sy út boekjes en bygelyks de tillevysje. ‘As se yn in film sminkt binne, let ik der echt op’. Kreative tûzenpoat Under it petear kom ik der efter dat Afke in kreative tûzenpoat is. Se is kleuterleidster west en hat de SPH dien, mar dat net allinnich. Se hat ek in soad kreative kursussen dien. It Hylper skilderjen, kalligrafy en knipkeunst. Fan seagje, klaaie en timmerje oant blomskikken en dûnsje, se hat echt fan alles dien. It leafst wol se net yn in fakje stoppe wurde. ‘Ik hoech net fan dat standert’ seit se oer it sminken. ‘Swarte lippen, blauwe lippen, dat kin best, werom net?’. Yn de takomst wol Afke miskien wol in eigen bedriuwke, as by inoar oanslute. ‘Ik ha wol ûndernimmersbloed yn my sitte, wêr’t dat wei komt wit ik net, miskien wol fan de buorkerij?’. Se hâldt fan útdaging, spontaniteit en stekt graach de hannen út de mouwen. In blije baan ha, dat wol se graach. ‘Ik tink fierhinne ek no’t ik Eelke kwytrekke bin, ik moat net mear sa’n drôvige baan... help ferliene. Ik moat in blije baan, want ik bin sels gewoan in blij persoan.’ Humor en sa no en dan in grapke is hiel wichtich foar Afke en just dat fynt se yn it sminkwurk werom. Dat dat no ek begjint te roljen is prachtich. It wie ljocht doe’t we fuort gongen en it is no tsjuster. Wat wie dit in aventoer. Ik ha in protte leard oer de wrâld fan teater. Ek ha ik in persoan kennen leard dy’t fol enerzjy, ideeën en kreativiteit sit. Wat ha ik in soad lake. De takomst is noch ûnbekend, mar ien ding bin ik wis fan: wêr’t Afke Heida oan it wurk is, dêr komme altiten in protte passy en wille oan te pas.


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Nijs út Nij Stapert: Deze maand wil ik u vertellen over de bijzondere activiteiten die we in Nij Stapert aan onze bewoners aanbieden en waarbij ook inwoners van de gemeente van harte welkom zijn. U kunt het maandprogramma vinden op www.zorggroeptellens.nl onder het tabblad wonen – Wommels - Nij Stapert – activiteiten. Daarnaast kunt u het programma ook thuis gestuurd krijgen als u een abonnement neemt op onze activiteiten. Voor 6,50 euro per maand kunt u aan alle activiteiten meedoen. Deze variëren van bewegingsspelen, creatieve- tot bakactiviteiten. Gewoon een kopje koffie drinken met vervoer van de belbus Efkes d’r op út is altijd mogelijk. Aansluitend blijven eten ook! In het bijzonder wil ik deze keer u aandacht vragen voor het Muziek in Huis concert. Deze is op zaterdag 18 april a.s. om 10.30 uur in de multifunctionele ruimte van Nij Stapert. Het ensemble RoCA-duo brengt een gevarieerd klassiek programma met werken van o.a. Albéniz, Fauré, Bach en Godard. Het programma duurt één uur en is zonder pauze. De musici zijn Rozemarijn van Egeren (fluit) en Doriene Marselje (harp). Zij vormen samen een jong en energiek duo. Zij delen een voorliefde voor zowel de wat bekendere klassiek melodieën als de wat gedurfdere hedendaagse werken. Rozemarijn en Doriene studeerden aan verschillende conservatoria, waar de kamermuziek hen samen bracht. Vanwege de lovende kritieken en de energie die zij beiden krijgen van het samen musiceren, hebben zij in 2013 besloten als vast duo verder te gaan. De Stichting Muziek in Huis (MiH) beoogt met concerten in zorgcentra de kwaliteit van leven van mensen die niet langer mobiel zijn te verhogen. Jaarlijks organiseert Muziek in Huis meer dan 600 kamer concerten door professioneel ensembles in verpleeg- en verzorgingshuizen, klinieken en revalidatiecentra. Ieder jaar genieten ruimt 30.000 mensen van deze concerten. In mei 2014 onderstreepte H.M. Koningin Máxima het belang van het werk van Muziek in Huis door het bijwonen van een van de jubileumconcerten. U kunt meer over deze Stichting vinden op www.stichtingmuziekinhuis.nl Er zijn geen kosten aan verbonden. Komt u ook? Met vriendelijke groet, Annagreet Krommendijk locatiemanager


Nijs fan tennisferiening Smash

Maak kennis met tennis voor senioren In 6 weken tijd (1 les per week) worden de basisbeginselen van tennis bijgebracht door een enthousiaste tennisleraar van Tennischool Van der Lecq en Hilverda. Op deze manier kan iedereen vrijblijvend en tegen een aantrekkelijke prijs kennismaken met de tennissport. Kosten De cursus ‘Maak kennis met tennis’ kost éénmalig € 38,-. Dit is inclusief het gebruik van de faciliteiten van de tennisclub, 6 professionele tennislessen en het gebruikmaken van tennisrackets en tennisballen. Na deze 6 lessen is het mogelijk om vervolglessen te nemen. Opgave www.tennislh.nl - maak kennis met tennis Eerste les start op 11 mei Opgave mogelijk tot 2 mei Voor eventuele vragen, neem contact op met Wilco van der Lecq Tel 06 45 02 99 58, e-mail wilcovdlecq@gmail.com.

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


DE FABRIEK LEEUWARDEN IS WINNAAR VAN DE ONDERNEMERSPRIJS VAN LEEUWARDEN 2015

De ondernemersprijs van Leeuwarden ‘DE HET 2015’ in de categorie ‘jonge ondernemers’ is gewonnen door Jaap Hoekstra (uit Easterein) van De Fabriek Leeuwarden. Deze ondernemersprijs is gisteren (dinsdag 24 maart) tijdens de netwerkborrel, op de business beurs TEL, van de gemeente Leeuwarden en de Commerciële Club Leeuwarden uitgereikt. Wethouder Henk Deinum maakte rond de klok van 17.30 uur de winnaar bekend. Volgens het jury rapport onderscheidt De Fabriek zich door: - Succesvolle combinatie bedrijven- en sportcentrum - Verrassende locatie - Versterkende netwerk opportunity’s - Inspirerend en proactief ondernemerschap - Innovatieve flexibele huuroplossingen - ‘Nee’ of ‘kan niet’ bestaat hier niet - Laagdrempelig “De Fabriek is een succesvol concept van een bedrijven- en sportcentrum op een verrassende locatie. Een innovatief en creatief voorbeeld van hoe je leegstand oplost en een langer bestaand pand een nieuwe, duurzame bestemming geeft. Jaap Hoekstra is een inspirerende ondernemer. Hij coacht, helpt bedrijven opstarten, onderling contact te leggen en kijkt wat hij voor je kan betekenen wanneer iets niet lukt. ‘Nee’ of ‘kan niet’ bestaat voor hem niet. Voor alles bestaat een oplossing. Hij boekt veel succes met zijn flexibele huuropties, verscheidenheid in huurders en het voor hen organiseren van kwalitatieve netwerkmomenten. Een pro-actieve ondernemer die altijd een stap vooruit probeert te denken en daar volop in slaagt.


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Als MRW Accountants van de partij is…

…staat u er nooit alleen voor! GORREDIJK T 0513 - 46 91 30 SNEEK T 0515 - 42 98 00 WOLVEGA T 0561 - 61 67 15

www.mrw.nl -

info@mrw.nl


jubilaris kaarten boeken

geboortekaartjes printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje april 2015  

Doarpskrantsje fan Easterein, edysje april 2015

Doarpskrantsje april 2015  

Doarpskrantsje fan Easterein, edysje april 2015

Advertisement