Page 1

EASTEREIN oktober 2020

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 8 – Oktober 2020 Redaksje: Bauke de Boer Marijke de Boer Paul David Meesters Nathalie Oliveiro Einredaksje: Amarins de Haan Foto foarside: Willemke Brouwer Opmaak: Froukje Dijkstra Printwurk: Drukkerij Van der Eems Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante De redaksje fan de Doarpskrante stelt har net oanspraaklik foar de ynhâld fan ynstjoerde stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- as beeldmateriaal jouwe jo tastimming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Kopijdatum: Woansdei 28 oktober



Doarpsaginda Oktober 03 oktober

14.30 17.30 19.30

SDS 1 - Oudehaske 1, Skoalleseize CoVos DS 1 - vc Bolsward DS 1 Sporthal De Greidhoeke CoVos HS 1 - vc Bolsward HS 1 Sporthal De Greidhoeke

07 oktober 10 oktober 12 oktober 14 oktober

07:30-08:30 09:00-10:00 Hiele wike 07:30-08:30 13.00 19.00

Grize kontener Ald papier Wilhelmina Hjerstfakânsje VO + BO Griene kontener Meinte Sixmatoernoai, Skoalleseize Passage, Skoalleseize

17 oktober 18 oktober

14.30 14.30

21 oktober 24 oktober

07:30-08:30 13.00 17.30

SDS 1 - Oeverzwaluwen 1, Skoalleseize Jeugdfiskwedstriid Fûgelwacht Easterein Skippersbuorren Grize kontener Slottoernoai, Skoalleseize CoVos HS 1 - D.B.S. HS 1 Sporthal De Greidhoeke CoVos DS 1 - vc Sneek DS 5 Sporthal De Greidhoeke

19.30 25 oktober

16.00

28 oktober

07:30-08:30

31 oktober

14.30

Novimber 04 novimber

07:30-08:30 12.00

Bluescruise Eastersnein mei Dog trail bluesband, Bergsma Easterein Griene kontener Lêste ynleverdei kopij Doarpskrante SDS 1 - Tonego, Skoalleseize Grize kontener Studzjedei op de Foareker. Bern frij fan 12 oere ôf

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl


Ferhúsberjocht Fan 15 augustus ôf wenje wy op in nij adres en ha de Skippersbuorren farwol sein. Mochten jim yn de buert wêze: altyd wolkom. Us nije adres is: Nûmer 65, 8644VT Dearsum Wy sizze hjirby alle lidmaatskippen op. Baukje Stavinga en Sjoerd Stenekes

lding fan... Ut de húshâ it? Wa binne d


Ut de âlde doaze

Troch Bauke de Boer It peteroliekarke fan Tinus Leevering. De foto's binne fan 1969/70, Skoallestrjitte.


Fraachpetear mei Willemke Brouwer Illustraties

Troch Nathalie Oliveiro

Sûnt se in potlead beet hâlde kin, is se al oan it tekenjen. Willemke Brouwer (38) is in wiere autodidakt. Fan it neitekenjen fan cartoon en -moadepopkes, in akwarelkursus fan Evert van Urk, it skilderjen fan de oeh-sa detaillearre printen fan Anton Pieck en winterskoften mei oaljeferve as akrylferve dwaande yn it Toanhûs yn Joure. Yllustrearre is har passy. “Eigentlik wist ik it wol” Willemke Brouwer, dochter fan Jelle Brouwer en Tynke Joustra, is berne op de Skippersbuorren 11. Se groeit op yn Easterein, docht de SPW en yn 2002 ferhuzet se mei partner Maarten nei Joure. “Dêr binne we noait wer wei gongen”. Ek de bern, Redmer (9) en Mireille (7) meie dêr graach wenje. Nei de PABO stiet Willemke tsien jier foar de klas, as beukerjuffer fan groep 1 en 2 op basisskoalle de Vuurvlinder yn Snits. Op in bepaald stuit rekket Willemke oerspannen. “Ik hie tefolle baltsjes yn ‘e loft”. Yn dy perioade tinkt se nei oer wat se no echt wol. Se docht in yllustraasjekursus, fiif kear troch it winterskoft hinne, en it foldocht tige. It is sa leuk, ek oare yllustrators oan it wurk te sjen ynspirearret, dat se tinkt: “Dit wol ik ek”. Yn 2018 stoppet Willemke mei it wurk yn it ûnderwiis. “Doe ha we sjoen, finansjeel kinne we dat? Ik fyn it ûnderwiis hiel moai, mar eigentlik wist ik it wol. yllustrearre is wêr myn hert leit en dêr wol ik al myn pylken op rjochtsje, der foar gean en dan sjoch ik it wol”. Sels betinke Berneboeken yllustrearje is wat Willemke it leafst docht. Se hat aardich wat boekjes al yllustrearje mochten, ûnder oaren Dweiltrochwiet en Kip is te gek fan Lida Dykstra. Ek makket se yllustraasjes foar Kwintessens, útjouwer fan religieuze skoallemetoades. Sa makke se foar ôfrûne Peaske de yllustraasjes foar it 40dagenproject fan Kind op Zondag. De opdrachten komme op Willemke har paad, se hoecht der sels eins net achteroan. “It is echt sa’n baltsje dat rôljen giet”. 2019 is in hiel drok jier, se


yllustrearret seis boeken. 2020 begjint wat rêstiger, corona komt om ‘e hoeke en de bern binne thús. No komt it wurk wer moai op gong. Ynspiraasje hellet se oeral wei. “Ik kin om my hinne sjen en tinke: “Hee, mar dat is leuk”. Se fynt it geweldich om foar de printeboekenleeftiid te tekenjen. Dy bern besjogge de wrâld op in hiele leuk manier. Spontaan, iepen en mei in protte fantasy. Willemke hâldt fan humor yn har yllustraasjes, grapkes ferwurkje, dingen tekenje dy’t eins net kinne, bygelyks in oaljefant op de fyts. Hoe’t har tekenstijl berne is? “Dat ûntstiet ofsa. Dat is iets dat groeit. Troch in soad te tekenjen, tinkst op in bepaald stuit: Dit leit my goed. Dan giest dêr earst fierder mei”, neffens Willemke. Se docht no in soad digitaal, mar soe it ek moai fine mear te wurkjen mei ferve en papier, as analooch wurk neibewurkje op de kompjoeter.

Muorreskilderingen Neist yllustraasjes makket Willemke ek muorreskilderingen by minsken thús. It idee ûntstie doe’t Willemke frege waard om foar har tantesizzers muorreskilderingen te meitsjen. Se hie it net earder dien, mar woe it graach besykjen. “Doe is dat eins berne, en dan kin je ris faker nei in adreske”. Minsken kinne ideeën oandrage, komme se der net út, dan kin Willemke helpe. It is in wikselwurking tusken Willemke en de klant. “Meastentiids meitsje ik in eigen ûntwerp, dan ha de minsken ek iets unyks”.



Boartsje Jûns nei de krystborrel 2019 stiet der in oproepje online foar in Masterclass fan Mark Janssen, in yllustrator mei sa’n 450 boeken op syn namme. Midden yn de nacht meldt Willemke har oan. Se wol beslist net achter it net fiskjen. “It moat no gebeure, want moarn bin ik te let”. En ja hear, de oare deis is de Masterclass fol. Willemke fertelt der entûsjast oer: “It is in yntinsyf programma dêr’t we oan ús eigen printeboek wurkje. It is yn febrewaris begûn en giet it hiele jier troch. Elts wurket fan begjin oant ein syn as har eigen konsept. It idee betinke, it skriuwen, it yllustrearjen en it útwurkjen”. Yntusken hat se har eigen ferhaal, “dat gebeurt ek net fansels”. It is myn learproses. “Hoe gean ik dy bisten tekenje, wat binne de kenmerken? Ik besjoch foto’s fan bisten. Ik boartsje mei de hâldingen, se moatte net te statysk. Bisten bewege litte, fyn ik hiel leuk. Se moatte skrikke, bang wêze, al dy emoasjes binne belangryk. Hoe teken ik de eagen, it snútsje. Op in gegeven momint krij ik der feeling fan en dan tink ik, dit moat it wurden!”

Willemke hat earst in idee dêr’t se op fêstrûn. In pear wiken lyn, hat se in nij konsept klear. Mark Janssen fûn it orizjineel: “In tien van de Meester!”. No kin se fierder mei de sketsen. Yn desimber komme der op útnûging fan Mark Janssen útjouwers it wurk fan de dielnimmers besjen. It is net wis of’t dêr wat út komt, mar, wat soe it moai wêze at der yn de takomst in eigen printeboek útjûn wurdt. Dat is echt in dream, in karriêredoel fan Willemke. “Ik ha as kleuterjuf safolle boeken yn hannen hân, ik tocht: Dat moat ik dochs ek kinne.” Nijsgjirrich wurden? Ek sa’n moaie muorreskildering? Foar mear ynformaasje sjoch op Instagram en Facebook: Willemke Brouwer Illustraties.


Hallo allemaal, Na 37 jaar gaan we, Jacqueline en Willem Feijten, vertrekken uit ‘Het kleine Paradijs’ en gaat de nieuwe eigenaar Mathijs Koopman uit Easterein, het overnemen. We hebben hier met héél veel plezier, samen met onze kinderen en later weer met z’n tweeën gewoond en gewerkt. Wij zochten een ander huis in het Noorden. Het kon Friesland, Groningen, Overijssel en zelfs Drenthe zijn. Maar ... we vonden wonderlijk genoeg ons ‘nieuwe’ huis in Iens, slechts 7 km verder van onze vertrouwde plek. Dus we blijven in de buurt en kunnen dan ook onze hobby’s, beeldhouwen, harp spelen, zingen e.d. voortzetten op de voor ons vertrouwde plekken. Ook de kinderen vinden het fijn dat we toch in deze buurt blijven…. dan voelt het nog wat als thuis. We zullen in Iens enkele activiteiten voortzetten. Jacqueline zal de cursus ‘Luisteren naar je pen’ blijven geven, Willem gaat zich meer bezig houden met het vertellen van verhalen én we zullen in 2021 nog één B&B kamer gaan verhuren in ons andere huis. Onze nieuwe website is nog in de maak maar de nieuwe naam is wel al bekend: www.komopverhaalinedens.nl. Mochten er mensen zijn die ons ook in de toekomst nog zouden willen blijven volgen dan zou je al op onze nieuwe website je e-mailadres achter kunnen laten. Ons nieuwe e-mailadres zal zijn per 14 september info@komopverhaalinedens.nl zijn. Wij wensen jullie allemaal een goede gezondheid en veel geluk toe. Hartelijke groet, Jacqueline en Willem Feijten


Bêste Eastereiners, Op dit stuit sitte wy noch tusken de doazen, mar it is hast sa fier: wy ferhúzje meikoarten nei de stêd Grins. Dêrmei komt in ein oan 11 noflike jierren yn Easterein. Dit unike doarp en syn ynwenners hat ús al dy jierren sûnt jannewaris 2009, doe’t wy út Ljouwert wei hjirhinne ferfarren, goed foldien. Wy hawwe yn ús Eastereiner tiid yn it persoanlike en it saaklike it nedige meimakke. Hichtepunt wie fansels ús eigen trouwerij hjir yn de Martinitsjerke yn 2009. No lit it wurk it ta om ris om ús hinne te sjen: ik (Jan) bin sûnt novimber 2019 mei pensjoen en Jeanine, dy’t yn Harns wurket is, weromgien fan fjouwer nei twa dagen yn ‘e wike. Wy hawwe der lang op stind, mar úteinlik keazen foar in lytsere wente yn de iennichste grutte stêd net fier fan Fryslân. Om’t it no ienris net mooglik is om persoanlik ôfskie te nimmen fan elkenien dy’t wy hjir moete hawwe, moat it mar sa. It jout in dûbel gefoel om fuort te gean: want wat ha wy it hjir ek nei it sin hân! Wy winskje elkenien it alderbêste en we komme grif noch ris it paad werom! Mei freonlike groetnis, Jeanine Otten en Jan Folkerts, Skilplein 21

Fan de redaksje: Dit berjocht krige de redaksje begjin july. Omdat it krantsje fan augustus en septimber is kommen te ferfallen, hiene jimme dit noch fan ús te goede.


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Nijs fan de biblioteek Berneboekewike; ferdivedaasje op freed en Dûnsje mei Tomke ‘Ferdivedaasje op freed’ is er iedere tweede vrijdag van de maand van 16.00 - 17.30 uur. En het is gratis. Op 9 oktober komt Anke van Asselt van It’s My Life. Kom je ook? Opgeven is verplicht in deze coronatijd. Dat kan aan de balie of via bmf.nl/agenda Kinderboekenweek - activiteit: Heb jij een (oud) voorwerp met een verhaal? Neem het mee naar de bieb en laat je hiermee op de foto zetten. We hangen je foto met bijbehorend verhaal dan in onze fototentoonstelling. We hebben een toffe polaroid camera dus de foto is meteen klaar. Na de Kinderboekenweek is de foto van jou. Tomke: Lekker dûnsje mei Tomke en Danswil (foar pjutten en beukers). Dat kin op freed 16 oktober om 15.30 oere. Mei oandacht foar dûnsjen en de Fryske taal. Jou dy wol eefkes op want der kinne mar 10 bern meidwaan. Bist lid fan de byb dan kostet it € 2,00 en oars € 4,00. Mar kinst fansels ek earst lid wurde ;-).


It Boek fan Easterein It is dit jier alwer 25 jier lyn dat ‘It Boek fan Easterein’ makke is. Fiif jongerein, Christian Hoekstra, Hotze Heeres, Froukje Stilma, Iris Helder en Alex Nauta, ha destiids in stikje skreaun, oer wat se doe tochten hoe’t Easterein der 25 jier letter út sjen soe. No’t safier is, yn 2020, ha wy se frege at se dêr op reageare wolle. En, hoe sil it der oer 25 jier útsjen yn ús doarp? Hjirûnder lêze jimme de earste twa stikjes.

25 jier lyn ‘Easterein yn de takomst’

Iris Helder

Wat vind je van wat er van Easterein geworden is? Wat me vooral opvalt in vergelijking met toen ik er nog woonde als kind is dat er nu geen middenstand meer is. Toen destijds had je de bakker, je had een slager een supermarkt etc. In die zin oogt het wat mij betreft minder ‘levendig’. Ik was er laatst een keer toevallig en het voelde ook allemaal heel authentiek alsof je terug in de tijd ging haha.


Houd je Easterein in de gaten via sites en vrienden, etc? Heel eerlijk gezegd heb ik weinig contacten nog uit Easterein. Ik heb wat mensen op Facebook maar daar houdt het wel mee op. Ik ben ook vrij jong verhuisd naar eerst Itens en later Sneek. Toch blijf ik wel een onbewuste binding houden met het dorp. Kom je nog wel eens in het dorp? Zelden. Al denk ik nog vaak met weemoed aan die tijd. Wij woonden in een prachtig kaaspakhuis op de streek en ik heb echt ontzettend goede herinneringen aan mijn jeugd. Ik zou zelf ook wel in een dorp willen wonen al mis ik in Easterein wel echt een supermarkt. Hoe gaat het met je na 25 jaar? Wow 25 jaar. De tijd gaat in elk geval veel te snel ;). Ik ben momenteel 36 en woonachtig te Sneek. Ik ben gescheiden en ik heb een goedlopend co-ouderschap met mijn ex. Samen hebben we een prachtig ventje van bijna vier, Rein. Rein gaat bijna naar de christelijke basisschool hier in Sneek die erg dorps aanvoelt (bewust gekozen omdat ik goede herinneringen heb aan het onderwijs in die iets meer dorpse sferen). Ik werk bij de belastingdienst als coach. Ik coach o.a. mensen die net bij de belastingdienst komen werken. Naast het coachen doe ik ook klantgesprekken. Ik houd me bezig met inkomstenbelasting particulier, het verklaren van aanslagen en de toeslagen. Het coachen krijg ik veel energie van, super leuke job! Ik ga hier in Sneek graag naar het filmhuis en ik geniet graag van een prosecco op het terras. Ik fiets graag richting het Sneekermeer en ik lees veel. Hoe ziet Easterein eruit na 25 jaar? Poeh lastige, al had ik als kind wel gelijk met sommige voorspellingen haha. Ik denk eerlijk gezegd niet dat er heel veel veranderd. Al bemerk ik dat mensen toch ook wel steeds meer de rust opzoeken en liever grotere karakteristieke woningen kopen voor minder geld – dan is een dorp natuurlijk een prachtig alternatief ten aanzien van de drukke stad met duurdere woningen. Dus ja, misschien trekt het wel een nieuwe generatie mensen aan. Laten we hopen dat de wereld tegen die tijd wat rustiger is. Ik droom trouwens regelmatig dat ik weer in Easterein kom te wonen dus wie weet.


Froukje Stilma

25 jier lyn hasto skreaun oer Easterein yn de takomst. Wat fynst dat der fan Easterein wurden is? Ik fyn it noch altyd in moai doarp. Der is in protte nijbou by kaam en dat is goed. It bringt en hâld it jongfolk yn it doarp. Wol jammer dat de measte winkels ferdwûn binne. Der binne sa minder plakker mear wệr’t minsken elkoar treffe kinne foar in praatsje. Gelokkich is it doarp noch altyd wol aktyf op it mêd fan sport.


Hâldst Easterein yn ‘e gaten, bygelyks fia Facebook, de webside as freonen? Nee, eins net. Ik ha der noch in neef wenjen mar mear net dus dan falt de bining wat fuort. Komst noch wolris yn it doarp? Ien of twa kear per jier as ik blommen lis by it grêf van myn âlders en sus. Hoe is it nei 25 jier mei dy? Kinsto koart wat oer dysels fertelle? (Wurk/studzje, huisje - boompje - beestje) Ik ha op ferskate plakken wenne, yn Fryslân en der bûten, mar wenje no sûnt in jier yn Boarnburgum, in doarp tusken Drachten en Beetstersweach mar der binne plannen om nei it bûtenlân te ferhúzjen. Ik bin al 16 jier troud mei Kor en wy ha trije bern: in soan en dochter fan 14 jier en in dochter fan 12 jier. Ik wurkje al 20 jier as groepsleerkrêft op de Súdwester, in skoalle foar spesjaal basisûnderwiis yn Snits. Hoe sjochst Easterein oer 25 jier? En ûntwikkelingen/fernijingen yn de wrâld? Ik tink dat Easterein en Wommels troch mear útwreiding sawat tsjin elkoar oan lizze en miskien wol ien doarp wurden binne (al soe ik dat hiel spitich fine). Ik hoopje dat it ferienigingslibben bestean bliuwt mar troch de snelle ûntwikkelingen op it gebied fan digitalisearring freegje ik my dat wol sterk ôf. De minsken sykje elkoar hieltyd minder op omdat se fia sociale media kontakt hâlde. Ek kin der hieltyd mear fia de digitale wei: sporte, fergaderje, muzyk meitsje. De Herfoarme tsjerke sil net mear yn gebrûk wêze as tsjerke mar foar oare doelen brûkt wurde. Deselde ûntwikkelingen sjoch ik ek foar de wrâld. Der sil mear striid komme tusken befolkingsgroepen, sa’t we dat no al barren sjogge. Mar we komme ek hieltyd mear foar ús rjochten op en wurde ús bewuster fan de ferantwurdlikheid foar elkoar, it klimaat en de natoer trochdat we mear op ‘e hichte binne fan wat der spilet yn ‘e wrâld en wat de gefolgen fan ús handeljen binne. It ûnderwiis wurdt hooplik wat praktysker en mear rjochte op de persoanlike talinten en ynteresses. Op eintsje beslút sille de fernijingen op it mêd fan kompjoeters hieltyd mear mooglik meitsje, sawol op it gebiet fan ûnderwiis as fan wurk.



Beste jeugd/ouders, De tijd van waarschuwen is voorbij! Afgelopen zomer zijn wij helaas wederom geconfronteerd met vandalisme op Sportcomplex De Skoalleseize. Nog steeds hangt jeugd rond op het terrein en het kunstgrasveld. Ondanks meerdere oproepen dat er alléén vrij gevoetbald mag worden achter de sporthal wordt hier niet naar geluisterd. Een gesloten hekwerk voorzien van Verboden Toegang bordjes wordt gewoon genegeerd, of zelfs opengebroken. De maat is vol! En dus is er ondertussen contact met de politie geweest. Zij gaan direct handhavend optreden. Dit houdt in dat de jeugd bekeurd wordt bij overtreding en vastgelegd wordt in het politiesysteem. Daarnaast is afgesproken dat ook de betreffende ouders thuis een bezoekje kunnen verwachten en worden aangesproken op het gedrag van hun kinderen. Let op! De jeugd/ouders kunnen ook nadien (geen heterdaad) op basis van beeldmateriaal bezoek verwachten van de politie. Laten we met zijn allen ervoor zorgen dat het niet zover hoeft te komen. Namens het Bestuur, Stichting de Skoalleseize


Yn en om Easterein (Skilplein 1) troch Jan Hiemstra

Wa ‘t in rûntsje troch it doarp makket en lâns Skilplein 1 komt, passearret ‘Kapsalon ’t Kniplokaeltsje’. (Yn it Doarpskrantsje fan july & augustus 2020 hat Paul David Meesters hjir omtinken oan jûn.) De measte minsken sille net yn de gaten ha dat se dan lâns ien fan de âldste gebouwen fan it doarp komme. Yn 1819 waard it mei it wenhûs oan de Tsjerkebuorren (it hûs foar de boppemaster) troch de tsjerkfâden setten as iepenbiere legere skoalle. De skoalle oan it tsjerkhôf der ’t Karin Evenhuis yn it Doarpskrantsje fan juny 2020 oer skriuwt sil net mear geskikt west ha.

Skilplein 1 plm 1995. Der ’t op de súdkant de ruten sitte is yn de muorre te sjen dat dêr earder ruten sitten ha dy ’t tichtmitsele binne. Oan de boppeste foegen falt op dat de muorre heger wurden is.

Yn de rin fan de jierren ha hiel wat Eastereiners yn dit gebou west: oarspronklik as learling fan de legere skoalle. Dit bliuwde sa oant 1870 doe ’t der skean tsjin dizze skoalle oer (no Skilplein 25) in kristlike skoalle kaam. Dêr gongen doe de measte bern hinne. De iepenbiere skoalle bliuwde oant 1884 yn it gebou Skilplein 1. Doe wie de nije, troch de gemeente betelle iepenbiere skoalle oan de dyk nei Hidaard (Wynserdyk 39) klear.


Funksjes fan Skilplein 1 Skilplein 1 kaam leech te stean en de tsjerkfâden moasten wat mei dit gebou. It waard it ferieningsgebou fan de tsjerke. Dit hat oant 1892 ta duorre doe ’t de skoalle ferkocht waard oan Willem Kamminga dy ’t it ta wenromte anneks lapkewinkel ferboude. Yn 1903 waard it gebou op ‘e nij oanpakt. De bûtenmuorren krigen der 60 sm hichte by, it dak waard fernijd en der kaam in kreaze solder mei in kajút der op en in bedstee der yn. Oant 1928 ta bliuwde it gebou winkel-wenhûs. Doe ferhuze Kamminga nei Huzum en kochten de tsjerkfâden it gebou werom. It waard wer skoalle. De yn 1892 boude nije kristlike skoalle hie fjouwer lokalen. It fierde lokaal waard brûkt as bewarskoalle (pjutteskoalle), mar troch de tanamme fan it tal learlingen der in klasse fan de legere skoalle yn. Opmurken moat wurde dat it yn dy tiid hiel bysûnder wie dat in doarp in bewarskoalle hie. De measte plattelânsbern hiene, foar ‘t se as seisjierrige op de legere skoalle kamen nea in skoalbank sjoen! Doe ’t ik fan 1947-1949 op de beukerskoalle siet seach it derút sa as op dizze foto út de twadde helte fan de tritiger jierren. It wiene noch deselde banken en ek doe sieten wy yn de bank te ‘boartsjen’. Op side 616 fan ‘Easterein’ binne de nammen fan de beukers te finen. Is de wurkromte fan ’t Kniplokaeltsje te lokalisearjen? Dizze foto is út 1946. Troch de doar rjochts komme je noch altyd binnen! De nammen fan dizze bern binne te finen op side 626 fan ‘Easterein’.



Beukers Sels ha ik as beuker tusken 1947-1949 yn dit gebou sitten en moasten wy troch deselde doar der ’t je no noch troch nei binnen geane. Ek de trep nei boppen yn it haltsje wie der doe al. Yn dy tiid wie it lokaal ryklik tsjuster om ’t der yn de súdmuorre gjin ruten sieten. Dat is yn 1949 feroare; de kasten mei boartersguod waarden ferfongen troch lytsere kaskes ûnder de nije ruten. Oant 1984 ta ha de Eastereiner beukers oan it Skilplein op skoalle west. Doe waard it gebou op ‘e nij skoalle ôf. It kaam by printerij Van der Eems. Doe ’t dizze romte foar dit bedriuw te beheind waard, waard it yn 1978 in winkel yn lúkse- en húshâldlike artikels. Dit duorre oant 1983 en kaam it yn gebrûk as opslachromte foar de SRV-man (molktaper) Roel Nauta. Yn 1991 kaam der wer in feroaring en is in diel fan it eardere klasselokaal ’t Kniplokaeltsje wurden. Op it plak der ’t de dames no ûnder de droechkap of foar de spegel sitte, siet ik as beuker kreas yn de bank te boartsjen, te plakken, te tekenjen, matsjes te flechtsjen, te knippen... Oan de opstelling fan de banken is dúdlik te sjen dat it der destiids hiel oars tagong op in beukerskoalle as hjoed de dei yn groepen 1 en 2 fan it basisûnderwiis.

Dit is in foto út plm 1980. It gebou wie de winkel fan Fronie Langhout mei as namme ‘De grienmank’.



De Pinne Goeie allegearre, wy binne Eelco Boonstra (29 jier) en Fardau Eekma (25 jier). Sûnt ôfrûne jier augustus binne wy de lokkige ynwenners fan Easterein oan it Skilplein yn ien fan de hierwenninkjes fan ús Gebou.

Eelco is grut wurden yn Frjentsjer. Hy hat dêr 24 jier wenne en dêrnei in skoftke yn Harns. Hy wurket by Jumbo Kooistra yn Snits. Eelco hat yn it ferline altyd fuotballe by Frjentsjer en moast doe ek ferskate kearen tsjin SDS fuotbalje. Dêrneist die Eelco earder ek oan keatsen. Op it stuit is er noch net oansletten by in feriening mar sjocht yn Easterein wol om him hinne. Ik, Fardau, ha myn hiele libben al yn de omkriten wenne op meardere plakken: Rien, Wommels en Itens. No ha ik ek myn plakje fûn yn Easterein. Ik wurkje foar de GGD as tafersjochhâlder yn de berne-opfang. Ik ha net in hiele sportive karriêre efter de rêch mar follybalje sûnt koarten by Covos. Boergondysk Beide hâlde wy fan in boergondysk libben en meie wy graach in terraske pakke of efkes lekker út iten. Dêrneist geane wy der graach op út mei ús hûntsje Fedde. Wy binne eins in bytsje by tafal yn Easterein telâne kaam. Ik socht nei in hierhúske yn de omkriten doe’t it plak dêr’t wy no wenje frij kaam. Koart nei’t ik der yn koe is Eelco by my ynlutsen. As oprjochte Frjentsjerter hie der it net tocht, mar hy is it doarpske libben wurdearjen gean. Wy fiele ús hiel wolkom en thús yn Easterein en hoopje dat wy hjir noch lang wenje meie!


Trucktour

Troch Tiede Vellinga It is 30 April, 2020. Ik ha al in wekker setten foar moarnier in oer as 06:00. It falt mei, ik hoech pas om 8 oere yn Dronten te stean, ierappels lade. De boeren ha in tefolle oan ierappels omdat troch de coronacrisis de patatfabriken ticht binne. Derom wurdt it no foer foar de kei. Underweis nei Dronten giet der wer in alarm op 'e telefoan: "Ynskriuwe foar de Trucktour!" Stiet der mei grutte letters. Dat is ek sa, der woenen wy oan mei dwaan! Wannear't de ierappels yn de trailer falle, fol ik it formulier yn. Hoefolle frachtauto's? Twa. Plak foar hoefolle persoanen? Ek twa. Meastal in kliënt en in begelieder. It formulier is ynfolt en de oanfraach ferstjoert. Sitte we der by? It is 2 meie. Yn 24 oeren bin der mear as 180 frachtauto's oanmelden. Der wurdt lotte, spannend, soenen we der by sitte? Der is mar plak foar 150 auto’s. Dan is it 20 juny. Mail fan de organisaasje. Neffens mij ha ik noch nea sa gau in mailtsje iepene. JA! Gau stjoer ik myn broerke Albert in berjochtsje. "We sitte der by, sneon 5 septimber kin we los!" It is twa wiken foar de trucktour. De tariedings hâlde my ’s nachts al wekker. Ik mat noch sa’n soad dwaan! Else dei nei it wurk bin ik dwaande, ek al bin ik moarns om 04:00 oere begong en 18:00 pas klear, gau ite en wer werom nei de saak. Der mat poetst en pôlest wurde, stienslach wurdt bijwurke en bepaalde ûnderdelen sels spuite. In normaal minske soe it net iens opfalle, al de dingen dy’t wy ekstra dogge oan de auto. Mar dat makket neat, it is ek in hobby en der mei ik graach tiid yn stekke. It is safier! En dan is it 5 septimber. De dei fan de tour. De bannen yn it fet en in letste doek oer de lak. As der in poetspriis wie hjoed, hienen wy him wûn. Mar it giet hjoed net om ús. It giet om de spesjale minsken die hjir al skoften nei útsjogge. As we oanriden komme, stean der al meardere kollega-sjauffeurs opstelt. It wachtsjen is no op ús byriders. Rûn 12 oere komme de earsten it terrein op riden. Op elts gesicht in grutte smile. Se meie sels kieze mei hokker frachtauto se graach mei wolle. De measte bin Scania fan, dus ik moat inkelen teloar stelle, want meneer riid op in DAF. 1 oere, it startskot wurdt jûn. We stean allegear klear om te gean. Ik ha twa jonges mei, beide mei in ferstanlike beheining. Harre begeliedster, Margretha Terpstra, fertrout se oan my ta. We sil earst troch Boalsert, we bin benijd.


As we de stêd ynride sjogge wy ús eagen út, wat in minsken! Eltsenien laket en stiet entûsjast te swaaien. Ungelooflik, wat in feest! Myn byriders krije in lamme earm fan al it swaaien sizze se. Tsja, we bin pas krekt los. Hjirnei komt Nylân! En hjir ek, allegear minsken oan de dyk dy't wakker swaaie en juiche nei de stoet frachtauto's. We ride troch nei Ysbrechtum, wêr't wy krekt foar Snits ôfslaan, binnentroch, nei Skearnegoutum. Oeral wêr't we del komme stean minsken al fan fieren te wuiven. De byriders fine it geweldich. Nei Skearnegoutum komme we troch Rien, Itens, en dernei Easterein. Wat in onthaal! Fan ôf de Sibadawei oan't de Van Eijsingaleane, it stiet fol mei minsken. Wat bin ik grutsk op ús Eastereiners, dat se allegear sa entûsjast mei dogge. Wommels wie spitigernôch minder. Grapke ;-). Foar it Reade Hynder hat harren ek wer in grutte menigte sammele. Ik begjin ek al in lamme earm te krijen no, want ik ha de knopkes foar de lofthoarn boppe yn de kabine sitten, net it meast ideale plak. Oerweldigjend We ride troch nei Tzum, bytsje krap foar 50 frachtauto's per kear, mar troch alle geweldige ferkearregelers komme we sûnder ûngemakken it doarp troch. Hitzum, Achlum, Arum. We bin hast al oan it ein, mar noch hieltyd oeral like folle blije minsken lâns de dyk! Witmarsum hjirnei, dan bin we alwer hast yn Boalsert. It letste stikje lâns Skettens. It fiadukt stjit fol mei minsken, in letste groet nei alle frachtweinen die it ein fan de toer temjitte ride. Ik ha it der oer mei de jonges neist my. Wat ha we in prachtige dei hân! Sa'n soad entûsjaste minsken en blije gesichten. Oar jier mar wer? Bedankt! Tiede Vellinga


D! NIEUW IN FRIESLAN

? illen leren bespelen w t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M de f j lt vana Dan ben je bi zikanten en spee . en zeer ervaren mu en geluidstechniek

ofessionele of zelfs lichtJe krijgt les van pr drums, zang, bas , keyboard, gitaar, no Pia . en ler lt wi graag

! n i e r e t s a E n i s e Nu ookerritgHiintgast avoorrlmeer informatie, l

Bel of mail G hoolfriesland.n sc ek zi u m t@ ri er g 06 184 21 578 /

riesland.nl lf o o h c s k ie z u .m www


Griep- en pneumokokkenvaccinatie 2020

Informatie voor patiënten van Dr. Meerdink en Hoepman Binnenkort is er weer de jaarlijkse griepvaccinatie voor alle Hart-, Long-, Diabetes- en Nier-patiënten en alle 60+-ers. En mensen met een verminderde weerstand. Daarnaast worden dit jaar gelijktijdig alle mensen van de geboortejaren 1941 t/m 1947 uitgenodigd voor een pneumokokkenvaccinatie. (Dit is een vaccinatie tegen een longbacterie waar met name ouderen ernstig ziek van kunnen worden. Deze vaccinatie is minder effectief bij mensen van 80 jaar en ouder, daarom wordt deze leeftijdsgroep hiervoor niet opgeroepen.) Dit jaar is de organisatie van de griepprik veel ingewikkelder dan voorheen vanwege het coronavirus. De vaccinaties zullen dit jaar in het Dielshus te Wommels en de Skoalleseize te Easterein plaatsvinden. De bewoners van Nij Stapert en de aanleunwoningen zullen wij op hun kamer vaccineren. In de week van 10 oktober ontvangt u een brief met uitnodiging voor de griepprik en evt. één t.b.v. de pneumokokkenprik. In deze brief staat op welk moment en op welke locatie u de prik(ken) mag komen halen. Alleen in uitzonderlijke situaties kunnen wij van dit schema afwijken! De vaccinaties zullen zoveel mogelijk plaatsvinden in de laatste week van oktober en de eerste week van november. Om de vaccinatie veilig te laten verlopen vragen wij u onderstaande richtlijnen te lezen en na te leven: • Kom a.u.b. precies op de datum, tijdstip én locatie zoals in de brief vermeld. • Neem de brief of beide brieven mee naar de afspraak in verband met de barcode op de brief. • Wij verzoeken u bij binnenkomst een mondkapje (zoals in het OV!) te dragen om de onderlinge besmettingskans te minimaliseren. • Volg de richtlijnen van de gastvrouw of gastheer, volg de looproutes en houd 1,5 meter afstand. • U krijgt de griepprik in uw rechter bovenarm of als dat niet kan of mag in uw rechter bovenbil. De pneumokokkenprik zetten wij links. Wilt u daar met uw kleding rekening mee houden? Wij kunnen u dit jaar helaas geen hapje en drankje aanbieden na afloop!


“Al op m’n elfde wilde ik kunstschilder worden” Interview met Hannah Sijbesma Door Maaike Dekker en Paul David Meesters

Al heel jong was Hannah – de oudste dochter van Laas en Sandra Sijbesma – zich bewust van de creatieve drang die ze in zich had. Haar moeder voelde dat goed aan en stimuleerde haar op allerlei manieren. Bezig zijn om iets te scheppen bezorgde haar steevast een gelukkig gevoel. Ze was pas een jaar of elf toen ze wist: ‘ik wil kunstschilder worden’. Ze had daarbij een bijzonder voorbeeld in haar familie. Haar oom Martin Sijbesma had tenslotte al vroeg in zijn leven volledig voor het schilderen gekozen. Bijzonder talent Hannah zat pas in groep 7 toen haar oom haar talent opmerkte. Vanaf dat moment ging ze elke week naar zijn atelier in Kubaard om les van hem te krijgen. Ze ziet nog precies voor zich hoe ze als klein meisje achter de grote schildersezel zat (foto). Aan de vele uren die ze in de afgelopen jaren met hem doorbracht bewaart ze bijzondere herinneringen. Aanvankelijk bracht Martin haar vooral de technische beginselen bij. Kommetjes naschilderen bijvoorbeeld, dat klinkt best saai maar het hielp haar om zich bewust te worden van vormen en schaduwwerking.


Zo bouwde ze haar ambachtelijke techniek stapje voor stapje op. Op den duur werd het naast leren ook steeds meer samen schilderen en vroeg haar oom Hannah ook graag om adviezen over zijn eigen werk. Er werd veel gepraat in het atelier, maar ze konden ook uren zwijgend samen schilderen. Hannah heeft zo haar eigen stijl ontwikkeld. Zij tekent en schildert sterk op haar gevoel en is vooral van het detail, zoals de fijne donshaartjes van een eendje (foto). Tegenwoordig Hannah is nu 19 jaar. Al komt ze inmiddels niet meer zo vaak bij haar oom als ze eigenlijk zou willen, hun creatieve band blijft sterk. Wanneer ze even tijd kan vinden pakt ze thuis haar tekenspullen. Op dit moment werkt ze vooral graag met pastelpotloden. Schilderen met olieverf doet ze alleen bij haar oom, die daar de geschikte ruimte voor heeft. Hannah droomt ervan ooit zelf een atelier te hebben om helemaal op het schilderen gericht te kunnen zijn. Maar of ze echt een ‘fulltime’ kunstschilder zoals haar oom wil worden? Ze vindt het ook belangrijk om financieel onafhankelijk te kunnen zijn, iets wat niet voor veel kunstenaars is weggelegd. Bovendien heeft ze ook wel heel veel andere interesses. Pedagogisch medewerker Na haar opleiding MBO Gespecialiseerd Pedagogisch medewerker kwam ze in Leeuwarden te werken op een Kinderdagcentrum (KDC) van Talant, waar kinderen met beperkingen en/of ontwikkelingsproblemen overdag kunnen verblijven en worden behandeld. Mooi en uitdagend werk, maar ook fysiek


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


en mentaal zwaar. Soms, is na een dag werken haar energie een beetje op en dan blijven potloden en penselen wel eens liggen. Wel jammer, want elke dag komen er wel nieuwe creatieve ideeën bij haar op. En als het KDC nu Hannah’s enige baan was…. Nee, sinds kort werkt ze ook bij een andere Talant voorziening waar volwassen met autisme en/of andere beperkingen (‘van 25 tot 75’) begeleid wonen. Het was bedoeld als tijdelijke baan toen het KDC door de corona tijdelijk moest sluiten. Maar ze willen Hannah er niet kwijt en zelf heeft ze het er ook goed naar haar zin. En dan is er nog haar werk bij restaurant Bergsma, dat ze al jaren met veel plezier doet. Op zaterdagochtend helpt ze tenslotte nog een kennis van haar pake en beppe met allerlei klusjes in en om het huis. Nog een grote droom Met haar vriend Dietmer samen heeft ze nog een droom: samen ergens een biologisch boerenbedrijf opbouwen en werken volgens de kringloop principes. Ze oriënteren zich nu op de mogelijkheden. Ze willen hun eigen idealen trouw blijven, maar zien ook wat er zakelijk allemaal bij zo’n onderneming komt kijken. Dietmer komt zelf van een groot boerenbedrijf, dat helpt natuurlijk. En ook hij heeft een creatieve kant, weer op een andere manier dan Hannah. Voor de kleine caravan die ze samen hebben heeft hij bijvoorbeeld prachtige schetsen gemaakt. Met Dietmer heeft ze trouwens na de vakantie afgesproken om te proberen haar agenda één dag per week echt leeg te houden….

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Douwe Durk & Jet Reitsma. Op de foto, f.l.n.r. Foeke Dirk, Gerbrig en Janna.


Dotthe’s huis

Troch Karin Everhardus Het was op een dag in 1453, dat pastoor Teake en de kerkvoogden zich begaven naar de boerderij die op (de terp) Stittens lag, aan de noordrand van Oosterend - heden ten dage bevindt zich hier Sibadawei nr. 26. Mag ik even voorstellen; Dotthe De eigenaresse van deze boerderij was een zekere ‘Dotthe tho Stittenze’. Ze was een telg uit een vooraanstaand adellijk geslacht, de Donia’s. Zij waren vermogend, brachten veel bestuurders voort en ze waren de Katholieke Kerk zeer toegewijd. Dotthe - ook wel Doet genoemd - was een resolute, wilskrachtige vrouw. Zij voelde van jongs af aan al zorg en liefde voor het vee op de ouderlijke Doniastate. Toen zij bijna 25 jaar oud was, werd haar wens vervuld. Ze mocht eindelijk de boerderij waar eens haar grootmoeder had gewoond, gaan beheren. Zo werd zij boerin ofwel ‘gaefrow’ op Stittens, bleef ongetrouwd en leidde met hulp van een boerenknecht en dienstmeid een tevreden bestaan. Ouder geworden, besloot zij in gesprek te gaan met de pastoor en de kerkvoogden. Ze gaf te kennen dat zij al haar bezittingen wilde nalaten aan de Martinikerk. De wilsbeschikking hield onder meer in dat er een flinke schenking kwam om een vierde ‘prebende’ ofwel ‘vrijleen’ mogelijk te maken. Een prebende was een vermogensfonds ten behoeve van een kerk. Deze werd veelal gesticht door rijke, godsvruchtige lieden, hiermee steeg hun eer en aanzien. Uit dit fonds kreeg een geestelijke zijn inkomen en er waren meestal ook nog andere bepalingen. Zo wilde Dotthe dat een deel van het fonds besteed werd aan jongelingen die een opleiding (tot geestelijke) wilden volgen. Toenemen aanzien Martinikerk Met deze vierde prebende - de totstandkoming had nog heel wat voeten in de aarde en werd zodoende pas in 1455 bezegeld - kreeg de dorpskerk van Oosterend een vierde priester. Hiermee nam het aanzien van de Martinikerk flink toe. Dotthe’s ultieme wens dat haar huis afgebroken werd om deze weer op te bouwen bij de dorpskerk, kwam pas “jaar en dag na haar dood” tot stand. Vervolgens diende het huis ter onderkomen van de vierde geestelijke. In navolging hiervan werd de woning het ‘prebendehuis’ genoemd en in geschriften als zodanig vermeld.


De eerste vermelding op schrift stamt uit 1511, toen woonde hier al diverse jaren ene Willem “opt vrij leen”. In de loop der tijd werd het huis goed onderhouden, zo werd in 1580 vermeld dat het prebendehuis in oude staat was hersteld. Het ging om een fors, langwerpig gebouw met schuur en erf, hierop bevonden zich waarschijnlijk een boomgaard en een tuin. Om het gehele huis en erf heen, was een gracht gelegen. En er gingen geruchten rond dat er een ondergrondse tunnel zou zijn, die van het huis naar de kerk leidde...

(Vermeldenswaardig voor de trouwe lezers van de Eastereiner geschiedenis, vóór de Martinikerk is het oeroude, plompe schoolgebouw te zien. Links daarvan het eerder beschreven bruggetje, ‘t Skoalhout.) Godsdienst-omwenteling Regelmatig bleken er meerdere priesters gewoond te hebben en af en toe ook een ‘clerck’ die er zijn onderkomen had. Een ‘clerck’ was een student die een opleiding volgde voor een kerkelijke functie. Doordat de dorpsbewoners steeds weer priesters bij het prebendehuis zagen, lijkt het aannemelijk dat zij de associatie met een klooster gelegd hebben. In de volksmond werd het huis namelijk ook wel ‘It Kleaster’ genoemd. (Inderdaad ja, zo heet de straat die nu in het verlengde van het oude gebouw gelegen is). Met de godsdienst-omwenteling in 1580 kwamen alle onroerende bezittingen van de Katholieke Kerk vacant. De Donia’s eisten het prebendehuis in Oosterend


op. Zij vonden dat zij in hun recht stonden omdat het van oorsprong familiebezit was. Een aangespannen rechtsgeding verloren zij echter en verdwenen vervolgens uit het dorp. Later kwam het huis in handen van de plaatselijke armvoogdij. Deze splitste het gebouw in een zuidelijk en noordelijk gedeelte, waardoor er steeds twee gezinnen konden wonen. ‘t Komelkershúske Het noordelijk gelegen boerendeel met schuur kreeg hierbij het gehele erf toegewezen. Begin 20ste eeuw kwam in het noordelijk deel een pas getrouwd boerenstel te wonen en ze stichtten een gezin. De gewezen boerenknecht begon voor zichzelf te werken, hij werd koemelker. Dit – in vroegere eeuwen gebruikelijke – beroep hield in dat hij een kleine boer was met maar een paar koeien in zijn bezit. Waarschijnlijk zullen er ook wel enige kippen hebben rondgescharreld. De voornaamste inkomsten zullen verkregen zijn door verkoop van de eigen zuivelproducten, met name melk, boter en eieren. Daarmee kreeg het gebouw zijn derde naam, die bekend is tot aan de dag van vandaag: ‘t Komelkershúske.


In het zuidelijk gelegen woongedeelte heeft een hele rij bewoners achter elkaar zijn onderkomen gehad. Door de 19e eeuw heen lijkt de hoofdbewoner steeds slager van beroep te zijn geweest, en hij had in hetzelfde pand zijn eigen nering. Hiermee was het de oudst bekende slagerij van Oosterend. In de tijd dat er nog geen vlees verkocht werd, was het gebruikelijk dat men samen met de buren één rund kocht. Deze werd dan gezamenlijk geslacht, verdeeld, en vervolgens ingezouten en opgeslagen. Onbewoonbaar In de loop der eeuwen werd het zuidelijke woonhuis behoorlijk uitgeleefd. Totdat het onbewoonbaar werd, in verval raakte en tenslotte instortte. Het duurde nog tot 1984, voordat een oude binnenmuur verbouwd werd tot buitenmuur van het overgebleven, noordelijk gelegen pand. Van de omringende gracht werd in 1941 het zuidelijk gelegen deel gedempt. Nog later volgde de demping van het noordoostelijke gedeelte. Waar ooit het water van dit stuk gracht stroomde, gaat nu de Stittenserleane over in It Heechhiem. Tegenwoordig staat het Komelkershúske nog steeds op dezelfde plaats, als Tsjerkebuorren nr. 5. Hoewel er na de vele aanpassingen en verbouwingen waarschijnlijk geen originele steen meer te vinden zal zijn...

<< Ter oriëntatie: links onder ligt de Martinikerk, naar boven toe het noorden. In het midden liggen de panden met nummers 50 en 51 - deze vormden samen het oude prebende- ofwel prebendarishuis. Nummer 49 geeft het erf van de voormalige boerenwoning weer. Deze was in het verleden aanzienlijk groter dan tegenwoordig, zo moge blijken uit deze plattegrond van anno 1832.



De koksmûtse: Bramenplaattaart

Door Annebeth de Jong De bramen uit eigen tuin zijn rijp, door deze taart te bakken heb je geen last van de pitjes ;-)! Ingrediënten Bodem en topping: • Sap van 2 citroenen (80 ml) • 350 gr suiker • 450 gr bloem • ¼ theelepel zout • 350 gr ongezouten boter

Bramenvulling: • 4 grote eieren • 450 gr suiker • 250 gr zure room • 100 gr bloem • Snufje zout • 600 gr verse bramen

Bereiding • Verwarm de oven voor op 175 graden Celsius. Vet een vierkante bakvorm in met boter. • Meng de suiker en citroensap in een kleine kom. Gebruik je vingers om het sap in de suiker te wrijven, tot al de suiker vochtig is. Doe de citroensuiker met de bloem en het zout in de kom van de keukenmachine. Gebruik de pulse-knop een aantal keren om te mengen. Voeg nu de boter toe en meng totdat alle stukjes boter niet groter meer zijn dan erwten. • Bewaar 1/3 van het kruimeldeeg voor de topping in de koelkast tot je het nodig hebt. Bekleed met de rest van het deeg de bakvorm (+/- 30 x 40 cm). Bak de bodem tot deze goudbruin is, ongeveer 15 tot 20 minuten. Laat 10 minuten afkoelen terwijl je de vulling klaarmaakt. • Klop de eieren in een grote kom. Klop de suiker, zure room, bloem en zout erdoor tot alles goed gemengd is. Roer voorzichtig de bramen erdoor. Verdeel het mengsel over de bodem. Zorg ervoor dat de bramen goed verdeeld worden en niet boven op elkaar liggen. • Verdeel nu de rest van het kruimeldeeg uit de koelkast over de vulling. Bak tot de bovenkant lichtbruin is, ongeveer 45 tot 55 minuten. Laat minimaal 1 uur afkoelen voor het snijden. Bron: https://www.discovered.nl/nl-nl/Recepten/plaattaart-met-bramen


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.