{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

DOARPSKRANTSJE EASTEREIN oktober 2019


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 9 – Oktober 2019

Redaksje: Kopij Doarpskrantsje: Webside Easterein.nl: Facebook: Advertinsje? Rekkennûmer: Printwurk: Foto foarside: Opmaak: Kopijdatum:

Bauke de Boer, Nathalie Oliveiro en Paul David Meesters doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Fraach&oanbod&sa en Easterein fan earder en no Mail nei doarpskrante@easterein.nl NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Drukkerij Van der Eems Willy Sybesma Froukje Dijkstra 23 oktober

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.


Doarpsaginda Oktober 2 oktober

Griene containter

4 oktober

18:30-20.00

Kinderdisco groep 1 o/m 6 Tsjerne

5 oktober

20.00-21:30

Kinderdisco groep 7 en 8 Tsjerne

9 oktober

Grize container

11 oktober

20:30 oere

Darten - Tsjerne

12 oktober

19:00 oere

Oktoberfest - Tsjerne

13 oktober

9:15-10:15

Ald papier Wilhelmina

19:30-20:30

Griene container Passage - De Skoalleseize

20:30 oere

Darten - Tsjerne

16 oktober

18 oktober 23 oktober

Grize container Kopij Doarpskrante novimber

25 oktober

20:30 oere

Darten - Tsjerne

27 oktober

10:00-11:00

SnoekďŹ skwedstryd FĂťgelwacht Easterein

16:00-17:00

Bluescruise Eastersnein: BJ Hegen bluesband Bergsma Easterein

hiele dei

Griene container

30 oktober


Novimber 1 novimber

20:30

Darten - Tsjerne

2 novimber

18.30 oere

Spokentocht - Tsjerne

6 novimber

Grize container

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Vooraankondiging

Leer je dorp kennen! Hoort u bij de ‘import’ van Easterein? Of bent u hier hikke en tein, maar blijft u nieuwsgierignaar de geschiedenis van ons mooie dorp? Dan is dit een kans voor u om Easterein (nog) beter te leren kennen.

Jan Hiemstra – bekend van de rubriek Snypsnaren – kent Easterein als geen ander. Vanaf medio november gaat Jan eens per maand op zondagmiddag (1,5 uur) met liefhebbers op stap in het dorp. In het Doarpskrantsje van november volgt nadere informatie.


Bedankt Vanaf 1992 wonen wij met heel veel plezier aan de Sibadawei; ook nadat Dirk zijn gezondheid minder werd wilde hij op het mooie plekje blijven wonen. Zaterdagmiddag 20 juli overleed mijn echtgenoot, Dirk Stout, terwijl hij in de kas in de boomgaard te midden van vogels en fruit, genoot van een zomerse dag. Graag wil ik de vrijwilligers van de AED bedanken voor hun toewijding en adequate optreden. Ook een bedankje voor de kaartjes, troostende woorden en bezoekjes die ik mocht ontvangen na het overlijden van Dirk. Heel veel dank hiervoor. Johanna Stout

Tige by tige! Wat binne wy oerrompele troch de Eastereiners. Dat jim allegear sa efter ús steane wat we op de Jeneverpôle dogge. En dat jim it, ‘op syn sachts sein’, ek net leuk fine wat er der bart is op ‘e pôle fan it simmer, sterket ús. Wy sette troch! En wolle jim TIGE TIGE TANK sizze út de grûn fan ús hert. Want dit hiene wy nea ferwachte! Tige tank foar de donaasjes, moaie berjochten en gesprekken. It is werkelijk wier hartverwarmend. Enne, sa as jim ek yn dizze doarpskrante lêze kinne, besykje wy it jild goed te besteden. Yntusken stiet der in hokje op ‘e pôle wêr’t de gulle gevers gebrûk fan meitsje meie. De measten ha Johannes syn tillefoannûmer yntusken wol, mar foar de sekerheid… It is: 06 - 23930220. Efkes in appke as in tillefoantsje en klear is it as jim der gebrûk fan meitsje wolle. Noch wol efkes de kaai by ús ophelje ;) Oant sjen op it wetter as op ‘e pôle! Groetnis Johannes, Franca en Jasper (Skilplein 27)


Nijs fan Hâld Faesje: Fan it Bestjoer

Hâld Faesje EASTEREIN

Boargemaster Jannewietske de Vries giet by alle doarpen yn de gemeente Súdwest Fryslân lâns om kennis te meitsjen. Se wol graag sjen en ynformeard wurde oer wat der yn in doarp omgiet en wat derby spilet. Op 5 septimber wie Easterein oan bar. Wy hiene Sytse Bouma frege of hij foar it ferfier soargje woe, sadat we mei in rûnrit Easterein “fan alle kanten sjen litte koene”. De start wie bij de sportfjilden en Skoalleseize, dernei troch de doarpskom fia de Griene Leane en Wynserdyk nei de nije buurt en oer de van Eysingaleane nei Café Bergsma foar in kopke kofje en in Eastereinder slokje. Hoewol us boargemaster al ridlik bekind wie mei Easterein, ha we har noch in protte mear fertelle kinnen oer de dynamiek fan ús doarp.

Oerliz mei Offinga Op moandei 23 septimber ha wy in oerliz hân mei wethâlder Offinga. Ek dat ha we dien yn de foarm fan in kuier troch it doarp. Dan kin je op syn bêst sjen litte hoe’t it is en wat nedich is. In pear saken hiene we heech op de aginda stean. Uteraard hoe’t it no fierder kin mei de ûntwikkeling fan in nijbou lokaasje. Dat keallet swier om’t der earst in wenbestemming jûn wurde moat oan it plak wer’t huzen bout wurde kinne. Bûten de begrinzing fan de beboude kom is dat sa goed as ûnmooglik. Dus je moatte al sjen nei renofaasje as nei terrein yn de beboude kom. Dat lêste giet wer makliker as in renofaasje. Want dan giet it om slopen en werboue en oars ynrjochtsje. De needsaak om dochs nijbou mooglik te meitsjen yn Easterein ha we sa goed mooglik ûnderboud.


Fierders ha we noch ferkears-knelpunten oanjûn, en is de kaai fan De Griene Leane besjoen. Derfoar wurdt yntusken al in plan makke, en it is de bedoeling dat er takom jier oanpakt wurdt. Foarof sille we mei de oanwenjenden om tafel om de winsken troch te nimmen. It bermûnderhâld is nochris trochnommen. De neidruk leit op it ferskralen. Dat bestsjut dat der meand wurdt, werby de frucht ôffiert wurdt. Mear sit der op it stuit net yn; ek sjoen de besunigingsoperaasje wer’t de gemeente foar stiet. Kuierpaden opknapt De kuierpaden binne opknapt. Der wie al efkes bûten ús om gien. De ferhurding is no fan asfalt, en der komt noch in slytlaach fan skelpen oerhinne. De Sibadawei is al dien. It sjocht der straks wer kreas út. It hiele jier troch kin der no mei droege fuotten kuiere wurde, ek foar wa’t wat minder maklik rinne kin. Ledenwerfaksje We ha by alle adressen lâns west wer’t ferhúzing plak fun hat. En dat hat in protte nije leden opsmiten. Fijn dat nije ynwenners belutsen wêze wolle by it doarp! Meielkoar is dochs de bêste oanpak om te bouwen oan de takomst fan Easterein. Berend Santema, Annemieke Dinkla, Baukje de Jong, Broer Harmen Abma, Simon van der Velde, Catharina Veenstra en Sjoukje van der Eems


Yn bedriuw…

Troch Gerben van Snits In de zoektocht naar bedrijven in Easterein kom je soms vrij onverwachte zaken tegen. Een van die bedrijven is een heuse makelaardij. Alhoewel…? In een van de weinige boerderijen van het Amerikaanse type die Friesland rijk is, aan de Sibadawei, woont Johanna Stout. Tussen haar werk door maakt zij graag tijd voor een gesprek. Al snel is duidelijk dat een interview niet het belangrijkste is; zij wil graag de mens leren kennen. Makelaardij Johanna is als vijftienjarige al gaan werken, eerst als weekendhulp in het ziekenhuis en later als weekendhoofd in een serviceflat. En dat naast de school en later haar studie, want zij houdt van taal. “Ik heb korte tijd les gegeven in de Duitse taal. Het is heerlijk om pubers les te geven, te ontdekken wat er in zit. De jeugd heeft de toekomst!” Naast de taal zijn er meerdere liefdes in het leven van Johanna. “Ik hou van huizen en kan goed inschatten wat een huis waard is. Toen ik met 46 wat minder kon werken op het kantoor van mijn echtgenoot, ben ik aan de studie gegaan. Het was heerlijk om met jonge mensen in de klas te zitten, al werd de klas steeds kleiner. Van de 21 studenten zijn er maar drie die de opleiding tot makelaar in de eerste examenperiode succesvol hebben afgerond. In 2006 ben ik vanuit Easterein, waar we na Amsterdam zijn gaan wonen, een makelaardij begonnen. Er zat een stijgende lijn in, maar door de crisis werd de verkoop van huizen erg moeilijk.” Johanna is niet voor een gat te vangen en is opnieuw aan de studie gegaan. Sinds 2015 is zij registertaxateur. Nog altijd moet zij haar website hier op aanpassen. “Ik heb genoeg werk, het aanpassen van de website of reclame maken is absoluut niet nodig en heeft geen prioriteit.” Registertaxateur “Verkopen van huizen doe ik al lang niet meer. Als registertaxateur mag ik alleen huizen taxeren binnen een straal van 30 kilometer rondom mijn kantoor. Dan heb je al een groot gedeelte van Friesland te pakken. Ieder huis is anders en mensen zijn verrassend. Ik hou ervan om een praatje te maken, maar het werk op zich is best zakelijk. Ik taxeer zo’n honderd huizen per jaar en kan dat


zelf inplannen. Al voordat ik op bezoek ga, moet ik kadasteronderzoek doen naar het huis en onderzoek naar verkochte huizen in de omgeving. Tijdens het bezoek moet ik zoveel mogelijk gegevens opmeten en opnemen om een goede vergelijking te kunnen maken met eerder verkochte woningen. Van een registertaxateur wordt verwacht dat je de waarde van een woning taxeert en goed onderbouwt met voldoende kennis van de woning en van minimaal drie referentiepanden die in het recente verleden zijn verkocht. Je moet aan kunnen tonen waarom de waarde van de onderzochte woning hoger of lager is dan bijvoorbeeld het nabij gelegen recentelijk verkochte pand. Hier spelen heel veel zaken in mee, zoals de staat van onderhoud van de woning en van bijvoorbeeld de badkamer en keuken. Kracht Ik hou ook van klussen en heb het vak bouwkunde gevolgd. Ook deze kennis van zaken moet ik betrekken in het rapport. Ik moet kunnen zien of er bouwkundige gebreken zijn en wat de kosten daarvan zijn bij herstel. Opdrachtgevers zijn vaak financiële instellingen, die een goede onderbouwing willen voor de waarde van een te geven onderpand. Mijn kracht is dat ik heel snel kan werken. Binnen een week heeft de opdrachtgever het rapport in handen. Het opstellen van het rapport kost enkele uren, maar dit kan ik aan huis doen en zelf inplannen. Het taxeren zorgt voor een mooie combinatie van werk en sociale contacten.” Tijdens het gesprek tipt Johanna meerdere keren onderwerpen aan, waarvan bij voorbeeld de wetgeving is veranderd. “Om registertaxateur te zijn is niet makkelijk, er wordt verwacht dat je continu bijleert door het bijwonen van branchebijeenkomsten, het lezen van vakliteratuur en het maken examenopdrachten via de computer.” Een pittige vrouw met sociale inslag, die zeker van wanten weet.


Ut de âlde doaze

Rinske Hingst yn har winkeltsje Grieneleane 13 it hûs is fan 1883.                                  

Dokter S. Hemmes yn syn apotheek dwaande oan de van Eysingaleane 11.  Hemmes wie hjir dokter fan 1954 oant 1979.


Bern en fuotbal: Oranjevriendje Sybrecht Myn namme is Sybrecht Overal en ik bin 9 jier (hast 10). Ik bin gek op fuotbal en spylje self bij de JO-9 fan SDS. Ajax is (neist SDS) de moaiste fuotbalclub fan Nederlân en fansels bin ik ek grut fan de Oranjeleeuwinnen. De Nederlânske froulju dogge it hiel goed en ik gean graach nei in wedstriid. Sa kaam it dat ik lid wurden bin fan de fanclub fan oranje: De jonge leeuwen! As lid krije je in fanclubmagazine, meie je nei de fanclub-dei op de KNVB-campus yn Zeist en kin je je opjaan foar ferskillende activiteiten dy’t plakfine foar en tidens in wedstriid. Ein augustus krige ik in mail fan de KNVB dat ik selektearre wie om ‘oranjevriendje’ te wêzen bij de wedstriid fan de oranjeleeuwinnen tsjin Turkije op 3 september yn it Abe Lenstra Stadion fan Heerenveen. Dat betsjut oan de hân fan ien fan de spilers it fjild oprinne en derby stean as it folksliet songen wurdt. Myn heit en mem hienen krekt sein dat we dizze kear mar in kear net nei de wedstriid soenen. Mar ja no koe ’t net oars. Helemaal te gek! Ik koe der earst hast net fan sliepe. Doe begûn it ôftellen. Nei goed 2 wiken wachtsjen wie it dan einliks safier. Ik hie 3 frijkaartsjes krigen dus gong ik mei myn heit en mem nei Heerenveen. We moasten der 18.45 oere wêze en de wedstriid begûn om 20.00 oere.


We krigen ek noch in parkeerkaart en koenen foar de doar fan it stadion parkeren. We moasten wachtsje yn ’e hal en der kaam in frou dy’t alle ‘oranjevriendjes’ meinaam nei de klaaikeamer. Dêr krigen we allegear in oranje tenue oan en krigen we útlein wat wol en net mocht as je op it fjild steane. Foar de wedstriid moasten we wachtsje yn de catacomben oan’t we it fjild op mochten. Yntusken waard ik ek noch ynterviewt foar de Ljouwerterkrante. It wachtsjen wie dochs wol spannend. Der waard ôfteld fan 10 tot 0 en doe begûn it. Ik moast mei ien fan it Turkse team oan de hân rinne en wie de lêste dy’t it fjild opkaam. Wat in soad minsken byelkoar! De wedstriid wie útferkocht dus it hiele stadion siet fol! Ik stûn foar de Turkse ploeg en de folkslieten waarden spile. Dit fûn ik hiel moai en ik koe it Wilhelmus ek al meisjonge. Doe siet it derop en moasten we gau fan it fjild ôf en mocht ik by myn heit en mem sitten gean om de wedstriid te sjen. Ek krige ik noch in tas mei in pet en in bidon. De Oranjeleeuwinnen dienen it super en wûnen met 3-0! It wie in machtigmoaie jûn en in belevenis dy’t ik noait wer ferjitte sil!

VRIJWILLIGERS GEZOCHT Nij Stapert/Nij Dekama levert al vele jaren lang warme maaltijden in de gehele gemeente Littenseradiel. Voor het rondbrengen en transport van deze maaltijden zijn wij dringend op zoek naar nieuwe vrijwilligers die deze belangrijke taak op zich willen nemen. Maaltijden worden bezorgd vanuit Nij Stapert in Wommels. Er wordt gewerkt met 4 verschillende routes, en voor alle routes worden vrijwilligers gezocht. Neem voor meer informatie contact op door een email te sturen naar: receptie.nijstapert@patyna.nl of neem contact met ons op via telefoon 0515-334141.


Greet Bouma, vlaggetjesnaaister Door Paul David Meesters 

“Ik zit wel voor het raam, maar ik zie niks” Als je bij Greet en Lolke in de voormalige slagerij aan de Tsjerkebuorren binnenstapt, verwacht je geen huisdier. Toch staat er eentje in de hoek van de woonkamer, die luistert naar de naam Jappie. Jappie heeft wel eens kuren: soms heeft-ie er geen zin in en een enkele keer slaat-ie juist op hol. Op zijn tijd krijgt hij van Greet een dropje. Raadselachtig? Jappie is dan ook geen kat of hond, maar… een grote naaimachine. Jappie staat er al vanaf januari 2018. Toen begon Greet namelijk als vrijwilliger vlaggetjes te naaien voor drukkerij van der Eems. Dat werd voorheen gedaan door de firma Siersema, maar toen die er mee ophield ging van der Eems op zoek naar lokale thuiswerkers die wel met de vlaggetjes aan de slag wilden. Er zijn nu tien naaisters in Friesland, waarvan twee in Easterein. Buurvrouw Geeske de Jong begon iets later dan Greet. Het werk dient zich altijd onverwacht aan. Een telefoontje van Van der Eems en dan worden er soms binnen een uur een paar flinke dozen langsgebracht. Daarin zitten dan honderden, soms duizenden gedrukte reclamevlaggetjes die met een lint aan elkaar genaaid moeten worden. De lengtes verschillen nogal van elkaar. Greet’s grootste opdracht tot nu toe was een vlaggetjeslint van zeven kilometer. Per uur werkt Greet wel zo’n 80 tot 100 meter aan vlaggetjes weg. Als het drukwerk mooi stevig is en niet plakt schiet het het best op: “dan giet als it slietjaget“. Ze werkt er maximaal 6 uur per dag aan, dan is het ook weer meer dan genoeg. En alleen overdag, want als ze zich er ’s avonds mee bezighoudt valt ze niet makkelijk in slaap. Greet houdt nauwkeurig een boekhouding bij. In 2018 naaide ze in totaal 32,5 km. Dit jaar staat de teller nog op 21,5 km, maar de drukke tijd met uitverkoop en feestdagen moet nog komen. De opdrachtgevers komen overal vandaan. Soms gaat het om autoreclames, soms om fietsen, dan weer om een supermarkt. En niet alleen binnen Nederland, maar ook uit België, Duitsland en zelfs Zweden is er vraag voor Van der Eems. Eenmaal wandelde ze bij een winkel van de Trekpleister binnen en zag ze bekende vlaggetjes hangen, al weet ze niet zeker of dat haar werk was of van een van de andere naaisters. Voor Greet maakt het trouwens niet uit wat er op het vlaggetje staat, zij concentreert zich op het naaiwerk.


En daarbij moet je wel blijven opletten, want het is niet de bedoeling dat een vlaggetje scheef zit of dat er teveel ruimte tussen twee vlaggetjes valt. Als Greet eenmaal aan de slag is heeft ze geen oog voor de buitenwereld: “Ik zit wel voor het raam, maar ik zie niks”. Soms staat de radio wel op Radio 10 Gold – lekker hard om boven het geluid van Jappie uit te komen. Als er aan een opdracht wordt gewerkt staat de kamer vol dozen en moet de tafel aan de kant. En ’s avonds komt de stofzuiger er altijd bij, want de grond ziet dan wit van het stof. We mogen Lolke trouwens beslist niet vergeten, want die heeft ook een belangrijke taak: hij zorgt voor het sorteren van de vlaggetjes. Alles moet tenslotte weer netjes geordend terug worden geleverd aan de drukkerij. Het is nu alweer negen jaar terug dat de slagerij van Lolke en Greet als laatste winkel van het dorp dicht ging. Voor Greet zijn de vlaggetjes een welkome afwisseling: ”anders heb je alleen maar je tablet of de televisie.” En Lolke heeft flink werk aan de postbestelling. Zo lang Greet het leuk blijft vinden gaat zij graag door met de vlaggetjes. En wat vindt Jappie daarvan? Naar zijn mening wordt niet gevraagd.


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Wilhelmina(pipermuntsje)nijs De hjerst falt yn en dermei wurde de binnenaktiviteiten sa as it blazen allinich mar smûker. Wilhelmina is drok dwaande mei de foarbereidingen foar Easterein Rocks. Op 9 novimber sille wy tegearre mei sjongers en sjongeressen út Easterein e.o. in grut optreden jaan, wêr’t bekende popmuzyk te hearren is en de fonken fanôf spatte sille! Foar ús jeugdleden is der op sneon 5 oktober in Play Inn yn it doarpshús fan Weidum. Sy sille dêr middeis tegearre mei jeugdleden fan de korpsen fan Wommels, Spannum, Easterwierrum, Weidum en Wjelsryp muzyk meitsje en dernei mei elkoar ite. Jûns fan 19.00 oant 20.00 oere jouwe sy in konsert foar famylje, freonen en fansels ek foar jim as doarpsgenoaten! Ek goed om te witten is dat wy op tiisdei 8 oktober fan 18.30 oere ôf by de doarren lâns sille foar ús jierlykse Pipermuntsjeaksje. Foar ús is dit in belangrike en nedige boarne fan ynkomsten en de Wilhelmina-pipermuntsjes binne fansels te lekker om jo doar foarby gean te litten!

Ut de g fan... húshâldin dit? Wa binne


Op reis mei… Marijke de Boer Wat leuk dat ik it spits ôfbite mei, mei jim nije rubryk oer reisferhalen. Ik sil myn best dwaan, om in sa’n goed mooglik beeld te jaan oer de aventoeren tidens myn reis. Wêr bist hinne reizge? Foarich jier bin ik tegearre mei in freondin/studygenoat nei it eilan Sulawesi ta reizge, it froegere lân Celebs. Dit eilân is ien fan de gruttere eilânen fan Yndonesië. Tegearre en mei noch trije oare Nederlânske froulje ferbliuwen we yn Makassar, de haadsted fan súd Sulawesi. Ek ha we de plakjes Bira, Rammang Rammang en Tanah Toraja besocht. Op dit eilân bin we yn totaal 6 wiken west. Dernei bin ik allinnich trochreizge nei Bali, wer twa freondinnen ynmiddels ek oankaam wienen. Mei syn trijen ha we yn 2,5 wike it eilân run tourd. Yn totaal bin ik sa’n 8,5 wike fan hús west. Wat bracht dy yn Yndonesië? Foar de oplieding HBO-ferpleegkunde bin ik der nei ta west. De Hanzehegeskoalle Grins hat ferskillende ynternationale netwurken wêryn studinten útwisseld wurde foar staazjes of ûndersyksprojecten, om sa in bydrage te leverjen oan de mienskipsûnenssoarch oer de hiele wrâld. It projekt yn Makassar is dêr ien fan. It tema Healthy Ageing (sún âld wurde) stiet hjirby sintraal. Tegearre mei myn studygenoat hie ik de opdracht om binnen in Puskesmas (in súnenssintrum wat in bytsje fergelykber is mei de GGD fryslân) yn it gebied ‘Rappokalling’ te ûndersykjen hoe de sûnens foarljochting is, om siikten sa as diabetes, hert- en faatsykten te foarkommen en der efter te kommen hoe de gearwurking plakfynt tusken de arts, ferpleechkundigen, sûnens meiwurkers, frijwilligers en studinten fan de UNHAS (Universiteit Makassar). Troch de wike wiene wy hjir drok dwaande om dit troch middel fan ynterviews en observaasjes te ûndersykjen en út te wurkjen. Yn de wykeinen gongen we op paad, wêr troch we noch hiel wat fan it eilân sjoen ha. Op Bali ha ik echt fakânsje fierd. Welke tariedings hast fan tevoren troffen? Foardat we fan skoalle it fleantúch yn stappe mochten, moast ús ûndersyk foarstel goedkeurd wurde en hiene we it júste visum nedich. Undanks dat dit hiel


wat fuotten yn de ierde hie en it de nedige switdruppels kosse hat, is it oardel wike fan te foaren slagge om dit allergearre foar elkoar te krijen. Yn de lêtste wike ha ik fia in app noch wat basiswurden Bahasa leard (de taal dy’t se dêr sprekke). De tariedings dy’t ik noch mear troffen ha, is it op syk en keapjen fan klean. Dizze klean moasten foar de nedige ferkuolling soargje, mar ek myn lichem bedekke, omdat simmerklean sa as himpkes en koarte broeken der net op priis steld wurde fanwege it geloof. By it ynpakken fan de koffer/backpack ha ik dêr ek goed oernei tocht welke spullen ik meinimme moast, sadat ik my ek yn need goed rêde koe.

Kultuershock Wy wiene de twadde groep dy’t nei Makassar ta reizigen om mei dit projekt oan de slach te gean. Wy hiene dertroch de mooglikheid om de ferhalen fan de foargeande studinten oan te hearren en se hienen foar ús selfs in ‘how to survive Makassar gids’ makke, mei alle tips en tricks. Hjirtroch wisten we wat we eventueel ferwachtsje koene. Sa waar ús ferteld dat der yn dat gebied eins hielendal gjin blanke minsken wiene en se je dertroch as beroemdheid behandelje, ik my dêr grut fiele soe, it in chaos is yn it ferkear, der gjin druppel alkohol te finen is fanwege it geloof, it iten der hiel pittich, salt en/of swiet is, der hiel folle ferskillende geuren om de noas fleane, alles krekt even oars giet dan dat wy wend binne en dat de minsken fierder hiel aardich/gastfrij binne en dat it sosjale netwurk foar harren hiel belangryk is. Troch dizze ferhalen waard it ús al frij gau dúdlik dat we te meitsjen krije soenen mei in enorme kultuershock.Troch de ferskillen yn kulteur hienen we fan tefoaren de ferwachting dat ús ûndersyk net hielendal folgens planning ferinne soe en dat we de nedige oanpassingen dwaan moasten om it goed ôf te ronden. Dat we rekkening hâlde moasten tidens ús ferbliuw in aardbeving en/of tsunami wie grut. Yn it noarden fan Sulawesi wie it nammentlik krekt bard en op it momint fan fertrek wie it ek noch hiel ûnrêstich. Sels hold ik der rekkening mei dat ik it thúsfront sa no en dan ek misse soe, yn in hiel moai gebied terjochte komme soe en te meitsjen krije soe mei hiele leuke, mar ek minder leuke mominten.


Meast bysûndere mominten? It hiele aventoer hie ik foar gjin goud misse wollen. Wêr ik my it meast oer ferwûndere ha, is hoe’t de minsken op ús reagearden. It wie hiel apart dat oeral wêr’t we ek kamen de minsken ús hieltyd oanstaarden, hiel ferlegen fan ús waarden, hiel bliid wiene at se mei ús op de foto mochten en alles foar ús dwaan woenen. De mominten wêr 't ik it faakst oan werom tink is it besykjen fan de plakjes Bira, Tanah Toraja, Rammang Rammang en de fakânsje op Bali.

Bira Bira is it meest sudelike plakje fan Sulawesi en stiet bekind om de hagelwite strânen en 1 fan de meast kleurrike koraalriffen ter wrâld. We ha dêr in dei oan it snorkeljen west en wisten net wat we seagen. De meast kleurlike fisken, seestjerren en skildpadden kamen foarby. Sa moai dat it dêr wie. Wat ik ek hiel bysunder fûn oan dat plakje is dat it dêr somtiden sa rêstich wie, dat it fielde als wiene we de iennichste op de wrâld. Tanah Toraja Tanah Toraja leit yn it súdeasten en stjit bekind om de bysûndere kultuer en de moaie natuer. Wat harren kultuer sa bysûnder makket is dat it libben dêr draait om de dea en dêr allergearre rituelen foar ha. Dit ha we fan tichtby meimakke. Echt in unike erfaring. It wurdt in hiel grut ferhaal om oan jim út te lizzen wat dy rituelen krekt ynhâlde. As jim hjir nijskjirrich nei binne: ‘3 op Reis’ hat hjir in moaie dokumentêre oer makke. Ramman Rammang Rammang Rammang is in doarp dat út grutte kartsbergen, rysfjilden, grotten en mangrovebossen bestiet. It op paad gean mei in gids dy’t gjin Ingelsk sprekt, is al in hiel bysûndere belevenis. As je dan ek noch tot oan de enkels fêst komme te sitten yn de modder, each yn each komme mei kaaimannen, grutte spinnen, de meast kleurrike fûgels en flinders is it in aventoer dat je nea wer ferjitte.


Bali Bali stiet bekend om de moaie strânen, rysfjilden, tempels en de lytse doarpkes. It momint dat je dêr je freondinnen nei dy 6 wiken sjogge wie hiel apart momint en sil ik dan ek net snel ferjitte. It moaiste wat we dêr dien ha, is it beklimmen fan de fulkaan Banung Batur, it surfen oer de golven en it besyk oan it eilân Nusa Penida. Welke ‘lessen’ nimst mei nei hús? • Dat it hiel leuk is om yn de kunde te kommen mei in hiel oare kultuer en de ‘net’ touristyske plakjes te besykjen. • Wy hiel bliid wêze meie dat de sûnenssoarch yn Nederlân sa goed regele is en mei syn allen safolle kennis ha. • Ik no wit hoe ‘t ik ûndersyk dwaan moat en opsyk moat nei oplossingen wannear iets net hielendal folgens planning ferrint. • Dat Yndonesië hiel erg fersmoarge is en dêr noch hiel wat winst foar de natuer te beheljen falt. • Je better net yn in iepen hútsje, midden yn ’e natuer sliepe kinne, omdat der dan ratten yn je bêd komme kinne. • It surfen op in surfplank noch net sa maklik is. • It sûnder alkohol ek hiel gesellich is en dat it yn ús kultuer wol hie ‘normaal’ is om alkohol te nuttigjen. • Dat der twa fleanfjilden binne op Bali en dat it foar de oare kear toch echt handich is om gelyk nei it júste fleanfjild ta gean. • Ik ek hiel bliid wêze mei dat, dat ik yn Fryslân opgroeid bin. Silst wer ris werom? Oer in oantal jierren liket my it wol hiel moai, om wer werom te gean en om dan mei eigen eagen sjen te kinnen wat der allergearre feroare is. No earst fyn ik it leuk, om oare moaie plakjes fan de wrâld te ûntdekken.


Tsjerkenijs Nieuwe themadienst “Lopen op het water” Op zondag 27 oktober a.s. zal het Interkerkelijk Gospelkoor Sjammasj uit Leeuwarden de kerkdienst verzorgen met hun nieuwe themadienst “Lopen op het water.” Deze dienst is gemaakt in samenwerking met Bert Kingma en Auke Willem Kampen. Het thema van de dienst is gebaseerd op het verhaal van Mattheüs 14 vers 22-33. Dit bekende verhaal, over de storm op het meer, zal voorzien worden van een verrassende twist. Tijdens de dienst maken we kennis met professor Noletsj en zijn assistent. In opdracht van de regering wordt er door professor Noletsj een onderzoek gedaan naar de praktische toepassing van Lopen op het water. Echter blijken de antwoorden niet zo gemakkelijk te vinden. Het betreft een complete dienst. Met humor en diepgang. Voor jeugd en ouderen. Met bezinning en aanzet tot actie. Met liederen, sketches, samenzang en een overdenking. Kortom een complete dienst die volledig door Sjammasj verzorgd zal worden. De dienst begint om 9.30 en is bedoeld voor jong en oud.


De Pinne: Frans en Gertru Even voorstellen: Wij zijn Frans Weterings en Gertru Pasveer. Wij wonen sinds eind april op het Skilplein, nummer 3. Ik (Gertru) heb mijn hele leven, ik ben nu 61 jaar, in Zaandam gewoond. Frans, met wie ik sinds 10 jaar een relatie heb, komt oorspronkelijk uit Alphen aan de Rijn, maar woont sinds zijn 23e in Amsterdam. Ik heb harp en muziekwetenschappen gestudeerd en ben 40 jaar verbonden geweest aan wat vroeger de gemeentelijke Muziekschool Zaanstreek heette; sinds 2000 veranderd in FluXus, Centrum voor de kunsten. Tot 2000 was ik daar harpdocent, daarna, tot 1 oktober van dit jaar, hoofd van de muziekschool. Ik heb dat werk altijd met enorm veel plezier gedaan, maar sinds de komst van een nieuwe algemeen directeur, nu twee jaar geleden, was het uit met de pret. Het leek mij beter om mijn geluk elders te zoeken. Frans is met pensioen en heeft in zijn werkzame leven veel in het toerisme gewerkt. Vorig jaar ontstond bij mij het idee om mijn huis in Zaandam te verkopen en de at van Frans in Amsterdam een beetje op te knappen en een huis te gaan zoeken in Friesland. Waarom Friesland? Ik heb altijd veel gevaren, eerst met mijn ouders op hun boot, later op mijn eigen boot. Friesland was altijd een favoriete bestemming. Waarom: Ik genoot altijd enorm van het wijdse landschap, de prachtige luchten, de rust, de droge worst en het suikerbrood. We gingen eens kijken op Funda en kwamen tot een selectie van een stuk of 30 huizen. Uiteindelijk zijn we er 6 gaan bekijken, maar al voor die tijd leek Easterein favoriet. Ik kende het al een beetje, want ik heb twee keer harp gespeeld in het Gereformeerde kerkje van Gepko en Akky Roggeveen, vrienden van mijn ouders. Het huisje leek me ook precies goed en niet in de middle of nowhere. Op het moment dat we het pleintje kwamen oprijden waren we al verkocht. Dat veranderde niet toen we de drempel overgingen. Het huis zat als een jas om ons heen. Op de terugweg, nog voor de afsluitdijk, hebben we een bod gedaan en na de afsluitdijk kregen we een telefoontje van de makelaar dat het bod geaccepteerd was! Zo snel kan het gaan. Wij wonen hier heerlijk. Meestal zijn we de weekends hier, wat een ruim begrip is, sinds ik niet meer werk, en door de week in Amsterdam.


Frans is nog als conciĂŤrge twee dagen werkzaam bij FluXus en ik zing in het Westerkerkkoor. Dat is mijn grote hobby: het zingen van Bachcantates in de prachtige Wester in Amsterdam. Wij combineren het goede van twee werelden: de rust en de schoonheid en de gemoedelijkheid van Easterein met de drukte, de hectiek en het levendige van Amsterdam. Tot nu toe bevalt ons dat heel erg goed. Wij hebben gezellige buren, die we al een beetje hebben leren kennen, onder andere op de buurtbarbecue. Daarnaast maak ik af en toe een praatje met een ander hondenbezitter, tijdens het wandelen met onze hond Cooper, een Golden Retriever van 10 jaar. Ik ben al een paar keer in de prachtige Martinikerk geweest, die bijna in onze achtertuin staat: twee keer bij een dienst en een keer bij een orgelconcert. Verder drinken we graag een wijntje, uiteraard met bitterballen, op het terras bij Bergsma. Over een week begin ik met Friese les in Leeuwarden. Een opmerking: we missen hondenpoepbakken!


Dorpentoernooi Jeu de Boules “Deun bij” Jeu de Boules vereniging “Deun bij” te Easterein heeft op dinsdag 20 augustus voor de 21e keer haar dorpentoernooi georganiseerd. Hiervoor worden verenigingen uit onze omgeving uitgenodigd. Mantgum, Boazum, Nijland en Witmarsum kwamen samen met 22 deelnemers. Onze vereniging had evenveel deelnemers zodat 1 van de andere dorpen met 1 van onze vereniging een team vormde. Dit had tot gevolg dat we 3 extra banen op gras moesten realiseren. Dit is van te voren nog gemaaid en de banen zijn met linten van de kaatsclub uitgezet. Deze uitdaging is voor alle partijen nieuw en anders dan op de mooie grintbanen. Er werd om half twee gestart en na 3 speelronden, met tussendoor in de pauzes een versterking in de kantine van de Skoalleseize, konden om ruim 5 uur de prijzen worden uitgedeeld. 1e prijs 2e prijs 3e prijs 4e prijs 5e prijs

mevrouw T. de Jong de heer J. de Jong de heer Lotggering mevrouw Y. Veninga mevrouw S. de Jong

Witmarsum Easterein Mantgum Easterein Easterein

25 punten 23 punten 22 punten 20 punten 19 punten

De aanmoedigingsprijzen waren voor mevr. B. Bruinsma uit Easterein en de heer J. Hofstra uit Witmarsum. De 1e prijswinnaar mevr. T. de Jong afkomstig uit Wommels, lid van de vereniging in Witmarsum, was tevens met haar 94 jaar de oudste deelnemer. Ze heeft de andere deelnemers nog een lesje kunnen leren. De bediening had het nog druk met de nazit. De vereniging kan op een geslaagde middag terugkijken. In plaats van de € 5,- sponsoring heeft de Rabobank nu de Club Support bedacht. Wij hebben onze club daarvoor opgegeven om nieuwe banken bij de banen. Stemmen kan van 27 sept. tot 11 okt. Ook niet leden van Jeu de Boules mogen natuurlijk op onze vereniging stemmen. Iedere stem is welkom. Het bestuur


Sjek foar de Jeneverpôle Troch Gerben van Snits

In crowdfundingsaksje hat dizze simmer yn seis wike tiid wol € 1.184,opsmiten, bestimd foar restauraasje fan de Jeneverpôle oan de Frjentsjerterfeart. Op freed 13 septimber is dêr de sjek feestlik oerjûn oan eigener Johannes Huitema, syn soan Jasper en syn freondinne Franca Rijpma. Rom tweintich ynwenners fan Easterein wiene op ‘e pôle oanwêzich by it oerlangjen fan de sjek. “De Jeneverpôle stiet foar ûntspanning, bûten wêze en geselligens,” seit Johannes. “As bern kaam ik der al. Swimme, hutten bouwe; wier jeugdsentimint.” Syn styfheit hat jierren eigener west fan de pôle, mar neidat er ferfearn is nei in oar doarp, wie de Jeneverpôle wat fertutearze. Hy frege Johannes om foar it ûnderhâld te soargjen, mar “dan woe ik it ek op myn namme ha,” sei Johannes. Lykas yn syn jeugd is hy der no ek faak mei syn boat ’t Wrotterke te finen. No mei syn eigen soan. “In heit-en-soanwykein,” seit Franca. “Ik mei dan net mei.” De Jeneverpôle wie eartiids in lytse pôle, wêr’t beurtskippers oanleine foar de nacht. De lege jeneverflessen kamen yn it strewel, jierren letter waarden sy noch werom fûn. Op dizze prachtige freedtemiddei is der fan ôffal neat te finen, it gers is meand, it leit der keurich hinne. In pear moanne werom wie it al oars. Doe’t der troch fandalen beammen en oar guod fernield binne en yn ‘e brân stutsen.


Monique Vellinga hie it der mei in pear minsken yn it doarp oer oft sy net wat dwaan koene. “It baltsje begûn te rôljen, fan it ien kaam it oar. Tegearre mei Vera de Vries en Anna-Joke Bakker hawwe wy in crowdfundingsaksje opset. It die gau bliken dat in soad minsken meiwurkje woene om de skea te herstellen. ” Ek de ipenstifting hat oanbean om foar nije ipen te soargjen.

It bedriuw De Boer en De Groot civiele werken, wêr’t Huite Dijkstra wurket, hat in pear jier lyn al materiaal en tiid sponsere foar in oanlissteger en no ek foar it hokje dat troch harren wurde sil, mei help fan leanbedriuw Okkema. Dat slagge krekt net foar dizze dei. Johannes: “We binne hiel bliid mei dit bedrach en tige grutsk op ús doarp. Geweldich dat jimme dit yn sa’n koart skoft mooglik makke hawwe. Wy hawwe der oer neitocht wat wy werom dwaan kinne foar it doarp. Der komt hjir in hokje mei in barbecue, stuollen, in tafel en oar ark, wêr’t men gebrûk fan meitsje kin. Jou yn it foar mij efkes berjocht dat jimme der hinne wolle en ik jou oan wêr’t in kaai te krijen is.” Underwylst binne de bern in fjoerke oan it stoken yn de tonne. “Sa moat it wêze, jeugdherinneringen meitsje.”


Damclub DOS Easterein It giet wer oan! Fanôf tiisdei 24 septimber nimme we wer plak efter it damboerd. Dat dogge we oant en mei maart takom jier, yn de Skoalleseize te Easterein. De leden fan de klub komme sawol fan Easterein as Wommels. Neist de ûnderlinge kompetysjes, wurdt yn regiopnaal ferbân spile tsjin damklubs út de Súdwesthoeke. Genôch fan it thússitten en fan de telefysje? Dan is dit it alternatyf! Wy kinne it jo oanrikkemandearje: • Damjen is goed foar de konsintrasje en it slipet it geheugen, jo bliuwe der koartom skerp by. • Jo leare mei spanning om te gean en wurde stressbestendich. • It is sittend wurk, dat wurch wurde jo der net fan. • Leeftiid spilet gjin rol en elk kin meidwaan op syn eigen nivo. • It is in gesellich en sosjaal barren en liedt jo of fan de deistige soares (jo sliepe better). • Yn’e neisit wurde jo bypraat oer alle lytse en grutte nijtsjes en jo dogge gratis advies op as jo earne mei sitte. • En eintsje beslút: jo leare ek noch damjen! No dan! Wat let jo en kom ris lans (ferfier kin regele wurde) Priuw de sfear en spylje in partijtsje mei. En beslút dan oft it jo wat taliket. Ek âldleden, dy’t earder ôfheakke binne fanwege oare drokte, sjogge wy wer graach oan it boerd. Wolle jo mear witte? Skilje dan my Lolke Bouma yn Easterein (06-40950368) of Klaas Louwsma yn Wommels (0515-332129)


Snypsnaren: Nei de legere skoalle Troch Jan Hiemstra Yn de nei-oarlochske jierren waard it jierliks om kertier foar achten drokker op it plein by kafee Bergsma. Dan kamen der fan alle hoeken en kanten bern mei in boeketas efter op de fyts, der ‘t de skoalboeken, in tromke bôle en in fleske drinken ynsieten. Dizze bern moasten nei Snits. Letter kamen Boalsert en Wommels der by. De learplicht Neffens de Learplichtwet duorre sûnt 1942 it ferplichte learen acht jier. Dan hiene je it oer de legere skoalle en dêr hearde de beukerskoalle net by. Yn de praktyk kaam it der op del dat bern fan seis oant fjirtjin jier nei skoalle moasten en dat wiene dan de klassen 1 oant en mei 8. Guon gongen earst nei acht jier fan skoalle, mar der kamen hieltyd mear dy ’t trochlearden. De ploech nei Snits waard dêrom elk jier grutter. De net-trochlearders Op it plattelân wie it jierrenlang gewoan dat in grut tal, foaral arbeidersbern, oant 14-jier ta op skoalle sieten. Dat kaam sels noch yn myn legere skoaltiid tusken 1949 - 1955 foar. Under dizze learlingen wiene der dy ‘t ‘normaal’ leare koene, mar der wiene ek sittenbliuwers by dy ‘t net fierder as de fiifde of sechsde klasse kamen. ‘Master moast him mar mei dizze learlingen rêde’ waard der dan sein. It waarden de bern dy ’t de putsjes (=klusjes) op skoalle diene. De famkes joegen de blommen wetter en setten kofje; de jonges legen de prullebakken en setten it jiskefet by de dyk. Sadree se fjirtjin jier waarden mochten se fan skoalle. Dan waard it libben ‘leuk’. Se koene oan it wurk en jild fertsjinje! De jonges by de boer, op it fabryk of by in baas. De famkes waarden ‘faam’ (= dienstmeisje) by de boerinnen en de dokters-, dûmny’s- en direkteursfroulju. Boerefaam wiene se meastal net allinne yn de ‘foarein’ (= woongedeelte) mar ek yn de ‘efterein’ (= bedrijfsgedeelte), want melke en bushimmelje hearde by it wurk. Woene se dit allegearre net dan koene se somtiden nei in ‘deftige mevrouw’ yn de stêd. De trochlearders De trochlearders gongen nei de ulo, de ambachtsskoalle, de lânbouskoalle, de húshâldskoalle, it stedelik gymnasium, de Ryks HBS of it Bogerman-lyceum. Der gong noch mar in inkeling nei Wommels, want lang net alle Eastereiners hiene it botte stean op ‘dy’ lytse grifformearde twamansulo. Healwei de


fyftigerjierren waard dit hurd oars en gong it grutste part fan de seisde klassers nei Wommels. De skoalkar (= keuze) Nei hokker skoalle de bern gongen hong noch sterk ôf fan it nêst der ’t se út kamen. De bûterdirekteurebern gongen nei de Ryks HBS, de boargemastersbern nei Bogerman, wa ’t dominee wurde woe nei it gymnasium, de arbeidersbern nei de ambachts- of húshâldskoalle, de boerebern nei de lânbouskoalle, de middenstannersbern nei de ulo. De tiden waarden lykwols oars sadat soks net allegearre mear fansels spruts. It waard hieltyd ‘normaler’ dat bern dy ’t goed leare koene nei de skoalle gongen dy ’t by harren hearde. Mar dochs … De ambacht- en de húshâldskoalle Benammen op ambacht- en húshâldskoalle bedarren bern dy ’t wol wat ‘mear’ kinnen hiene. Guon dêrfan ha dat letter troch jûnsstúdzje berikt, mar dy wei wie, neist it deistige wurk, swier. Doe ’t mei Simmer 2000 myn âld-buorjonge Auke Bouma by ús op besite wie (de húshâlding fan Sikke en Durkje wie yn 1959 nei Australië ferfearn) fertelde Auke my dat se yn Australië net leauden dat in jonkje fan 15-jier sokke goede boutekeningen makke hie op de leechste foarm fan technysk ûnderwiis. Hy hie syn tekeningen fan de ambachtsskoalle meinommen. Op reis As de ploech kompleet wie koe der fuortfytst wurde. Foar elkenien begûn de skoalle op healwei njoggenen. It fuortgean levere striid op: wa moast foarfytse! Faaks loste dit probleem him ‘fansels’ op as de ploech út Wommels der oan kaam en der by oansletten waard. Meastal wie dy ploech oan de lette kant en kaam it derop del dat de famkes it harren oanseagen en mar fuortgongen, mei de jonges de efteroan. Underweis namen de jonges de kopposysje oer, want waar of gjin waar, je moasten op tiid komme. Der ried wol in bus, mar dêr gongen je net mei, dan wiene je in suertsje. Moai waar, reinwetter, stoarm, winter, snie, glêde diken; it makke net út der waard fytst. Aldelju dy ’t de bern mei de auto nei skoalle brochten bestiene noch net! De reis ferrûn net altyd like noflik. As it reinde moasten de oaljepakken oan. Kamen je dan op skoalle dan moast de brot op de heakken yn de gong om op te droegjen. Komplikaasjes Net allinne it waar levere komplikaasjes op mar ek de fytsen en de tocht. It wiene gjin lúkse fytsen mei in tal fersnellingen. Mei goede bannen en ljocht


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


wiene je al tefreden. Dochs krige geregeld ien fan de fytsers in lekke bân. Underweis plakke wie gjin opsje. Ien fan de gruttere jonges fytste dan mei twa fytsen en it ‘slachtoffer’ bedarre op in pakjedrager mei ûnder elke earm in boeketas. Der waard yn guozzeformaasje fytst om de wyn de baas te bliuwen. De hiele breedte fan de dyk waard brûkt en dan koene je mei de plysje te meitsjen krije kinne. Dy plysje besocht (= probeerde) de fytsende jeugd yn de stokken te hâlden (= in het gareel houden). Yn de groep waard skerp útsjoen as de plysjemannen harren ‘ferdekt’ opsteld hiene, want dan moast der fuortendaliks twa by twa fyts wurde. Meastal slagge dit en waarden de ‘mannen’ joeljend foarby fytst. De plysjes lieten harren lykwols net foar de gek hâlde; se hiene noch altyd it rjocht om wa dan ek oan te hâlden en dan folge der in fytsekontrôle. Je kinne fan tinken wol ha dat der oan sa ’n stel fytsen it ien en oar mankearre. It kaam selden ta in bekeuring, mar de ‘altenative’ straf wie dat der mei de fyts oan de hân rûn wurde moast. Al rillegau begûnen je dan te autopetsjen en as de plysjes út it sicht wiene waard er fierder fyts. Sa’n opûnthâld wie ferfelend. De hiele ploech kaam te let yn Snits. Op de skoallen moast soks dan wer rjocht praten wurde om straf te ûntrinnen. De weromreis De weromreis ferrûn foar de measte bern wat ûnspannener. De skoaldei siet der op en der wie gjin tiidsdruk. De skoallen kamen net op deselde tiid út en dan fytsten der faaks lytse keuveljende ploechjes of ienlingen nei hûs. It foarútsjoch dat mem de tee klear hie lake de measten oan. As dat ek sa wie mei de gedachte dat der ek noch húswurk ‘dien‘ wurde moast wit ik net.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze keer in foto út de húshâlding fan de famylje Santema: Jehannes, Joke, Wiebren en Katharine.


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Winner fan de Ald-Meiers Partij 2011 Fan it momint ôf dat myn sus, Anke Marije Pompstra, yn 2007 de Ald-Meiers Partij wûn mei Jildou Jorritsma en Marije Hiemstra, wist ik dat dit in spesjale partij wêze moast. Doe’t wy yn it twadde jier fan ‘e famkeskategory kamen, wiene wy einlings oan ‘e beurt. Yn it twadde en tredde jier fan dizze perioade namen wy al faaks de krâns mei nei hûs op ôfdielingspartijen en wûnen wy twa kear de twadde priis op it Nederlânsk Kampioenskip! Yn it tredde en lêste jier moast it barre, ús lêste kâns! Oan it begjin fan it seizoen waarden wy al útdage troch keatskeninginne Afke Hylkema om mei ús trijen fan har te winnen. Dat slagge ús net, mar wy krigen dêrnei in protte tips en taktyske trúks om te brûken. Op ‘e Ald-Meiers yn 2011 ha wy dizze tips fansels brûkt en neat koe ús mear tsjinhâlde. De hiele dei ha wy prachtich keatst ûnder begelieding fan Feite de Haan. Doe’t de lêste bal oer de boppe fleach, koe de dei net mear stikken. Fan doe ôf wie ik der wis fan, de Ald-Meiers is de moaiste partij fan it jier. De sfeer, de optocht moarns troch it doarp, de felle striid en dêrnei mei de koets troch it doarp! Twa kear de NK-finale ferlieze ferjitte je fuort en daliks: de Ald-Meiers winne, dat is folle moaier!! Dêrom probearje ik elk jier efkes om it hoekje te sjen. De organisaasje is hieltyd like bêst en de froulju noch like foel op de Sulveren Ponge! Jelien Pompstra

De winners fan de Ald-Meiers Partij 2011: Jelien Pompstra, Martine Tiemersma en Tineke Dijkstra


Yn Easterein stiet in hûs… Troch Gerben van Snits

Oan de uterste súdkant fan it doarp leit it Smidslân, in dearinnende strjitte, in eigen buertsje. Tagelyk mei de Koaifinne binne hjir wenten bout om 1976 hinne. Je soene tinke dat de strjitnamme neamt is nei in smid, mar dêr is lykwols gjin sprake fan. “Nei alle gedachten hawwe wy hjir te krijen mei in stikje folksfantasy,” sa stiet skreaun yn it boek fan Easterein. … en yn dat hûs dêr wenje… Oan it begjin fan it Smidslân, mei de eftertún tsjin de skoalle oan, bin ik wolkom by Jan en Marije Schurer. Yn july hawwe sy it hûs kocht en yn in pear wike it grutste part fan de ferbouwingen dien. Hjir wachtsje sy no op de berte fan harren earste bern. Jan: “We hawwe fiif jier oan it Vrijburg wenne en dat hûs stadichoan hieltyd mear oanpast oan ús winsken. It is moai om fan je hûs je eigen plak te meitsje. No’t dat klear wie, sochten wy wat oars. Dit hûs like net sa rom, mar blikket ferrassend rom en hat in soad mooglikheden. Marije hat in soad ideeën en tegearre wurkje wy it út. Je wurde hieltyd handiger en je leare hieltyd mear. Dit is in aardige buert en wy sykje noch buorlju.” De oare helte fan harren twa-ûnder-ien-kap stiet noch te keap. Marije is hikke en tein in Easterein, Jan hat oant syn achttjinde yn Arum wenne en is dêrnei mei syn âlden nei Frjentsjer ferfearn. “Arum wie in doarp, je hawwe maklik kontakten en ik woe graach wer nei in doarp. Troch Marije haw ik hjir ek in soad minsken kinne leart.” Wat hâldt jimme yn it deistich libben dwaande? Neist it tegearre karweikje yn en om it hûs is sport tige wichtich foar it jonge stel. Alles draait om sport. Marije: “Beide hawwe wy op it heechste nivo keatst en sa hawwe wy inoar ek kinnen leart.” Jan: “Twa jier werom binne wy yn de keatshaadstêd trout. It keatsen wie ek op ús brulloft wichtich, fan de útnoegingen oant de seremoanje sels. Ik haw Marije fan hûs helle en wy binne nei Frjentsjer riden foar de boargerlike stân. Yn Easterein binne wy foar de tsjerke trout en it feest wie yn Bergsma.”


Foar Marije wie it keatsen dit jier net sa folle, want “fjouwer tsjin trije is net earlik.” Winterdeis stiet foar beide yn it teken fan volleybal en dizze simmer wie Jan regelmjittich yn de sportskoalle te finen. “Ik koe mei it keatsen net folle mear groeien, volleybal hat noch wol potinsje. Slachkracht en snellens haw ik traint om better te wurden.” Jan spilet yn Snits op it heechste nivo fan Fryslân. Je soene it hast ferjitte, mar beide wurkje ek noch. Marije is no mei kreamferlof, mar stiet oan skoalle yn Marrum. “Ik bin der yn rûgele troch ynfalwurk en hingje bleaun. It befalt my yn Marrum tige goed, dêrom sjoch ik ek net nei wurk tichter by hûs.” En dan sa tichte by in skoalle wenje? “Bern jouwe leven, al hearre je einliks nea wat.” Jan is fersûmspesjalist by ArboAnders yn De Jouwer. “Ik haw in soad bedriuwen yn it klantebestân. Fan lytse bedriuwkes, wêr’t de eigener net folle ferstân fan sykte en fersûm hat, oan’t gruttere bedriuwen dy’t sels in soad regelje. Je komme fan alles tsjin, fan brutsene fuotten oant folle slimmer…Ik haw in soad kontakten mei wurkjouwers en advisearje hoe om te gean mei sike wurknimmers en wat de rigels hjir omtrint binne.” Wat betsjut Easterein foar jimme? “It doarp azemet keatsen, foar ús beide is dat wichtich. Wy binne grutbrocht mei it keatsen, it sit ús yn it bloed. Mar sa slim as in pear minsken dy’t sels noch keatse at it friest, is it noch krekt net,” foeget Jan der oan ta. Beide binne aktyf yn de feriening. It wenjen yn in doarp is foar beide ek tige wichtich. Jan: “Ik haw my hjir altyd wolkom fielt en wenje hjir no fiif jier.” Marije: “Ek dit hûs hat noch mooglikheden, de buorlju steane foar inoar klear en wy wolle hjir noch jierren wenje.” Jan nimt ôfskied fan Marije mei in tút en fereale blikken. “In gearkomste. Oars binne wy dizze jûn altyd frij, mar no ropt de plicht,” seit Marije laitsjend. De boks stiet al klear in de keamer, sa dat de katten efkes wenne kinne dat se dêr net yn meie. “Dat giet goed,” jout Marije oan. Begjin oktober is sy útrekkene. “Wy wite net wat it wurdt. Wy koene wol in slúfke meikrije, mar dan bin ik fierstente nijsgjirrich. Wy hawwe der in soad nocht yn om heit en mem te wurden!”


20 septimber ha we mei syn allen in prachtige, yntensife, moaie, leuke, bysûndere, learsume perioade ôfsletten mei in gesellige jûn mei syn allen. We binne o sa grutsk op de 5 prachtige foarstellings dy we op de planken brocht ha. Guon spilers hawwe talinten ûntdutsen wêr’t se it bestean net fan wisten en it hat in protte nije freonskippen brocht .

We wolle fanôf dit plak elts dy’t meiwurke hat, yn wat foar foarm dan ek, nochris tige tank sizze. Wy binne tige grutsk op ús allegear. De foarstelling is ek opnommen. Wa de film ha wol, kin kontakt opnimme mei Karin Sjaarda. Groet, Karin, Mattie, Wiepkje, Tettje en Wilma


De koksmûtse: Appeltaartstengels Door Annebeth de Jong

Dit keer eens wat anders dan een appelflap! Ingrediënten • 8 plakjes bladerdeeg (roomboter) • 1 of 2 appels • 1 ei (of een beetje koffiemelk, verdund met water) • eventueel noten • kaneel • suiker Bereiding Haal de bladerdeeg een half uurtje van te voren uit de vriezer en leg alvast op een plank. De appel rasp je. Dit meng je samen met 1 theelepel kaneel. In een kommetje kluts je alvast een ei, of de verdunde koffiemelk. En in een ander kommetje meng je 1 tl kaneel met 1 el suiker. Op een laag bladerdeeg smeer je het appelmengsel. Als extra crunch doe je er fijngemaakte noten overheen. Nu gaat de volgende laag bladerdeeg erop. Smeer het ei eroverheen, daarna de kaneelsuiker. De bladerdeeg snij je in lange repen. Maak 6 of 8 repen uit 1 dubbele bladerdeeg. De repen gaan in een voorverwarmde oven van 180 0C, zo’n 20 minuten. Bron: https://gezondgezin.nu/2017/03/17/appeltaartstengels


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra


nieuwsgierig





 



 



 

 

  















 





 







 





 

   

 

 

 





 

 



 



  

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje oktober 2019  

Doarpskrantsje Easterein oktober 2019

Doarpskrantsje oktober 2019  

Doarpskrantsje Easterein oktober 2019

Advertisement