{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, novimber 2018

DOARPSKRANTSJE


Jong Feinte boekje 2013_Layout 1 22-07-13 10:07 Pagina C2

Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 10, 2018 – Novimber 2018

Redaksje: Bauke de Boer, Paul David Meesters, Nathalie Oliveiro en Gerben van Snits. Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Gerben van Snits, Skilplein 15 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl/ Facebook: Fraach&oanbod&sa Advertinsje? Mail nei doarspskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Printwurk: Drukkerij Van der Eems Foto foarside: Willy Sybesma Kolofon: Gerben van Snits Kopijdatum: 28 novimber De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.


Doarpsaginda​​ Novimber​​ 2 novimber

16.00

Ferdivedaasje op Freed Bibleteek Wommels

30 septimber

9.00 oere 16.00

Startsnein Martinitsjerke Easterein Bluescruise Tuinzaal Noflik Easterein

Oktober 5 oktober

Kinderdisco groep 1 t/m 6

6 oktober

Kinderdisco groep 7 t/m 8

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsagina? Mail it dan nei doarpskrante@ easterein.nl.

18.30 oere

Bernedisco groep 1-6 Tsjerne

19.00 oere

Hjerstmearke Wilhelmini’s Túnkeamer Noflik

3 novimber

20.00-22.00 Bernedisco groep 7-8 Tsjerne

7 novimber

fan 12.00 oere ôf

Frij foar de bern y.f.m. stúdzjedei personiel De Foareker Grize container

15.00

Muziekbeestje (foar bern 0-7 jier) Bibleteek Wommels

8 novimber

19.-20.00

Crea Kafé Teakjes Túnhûs

10 novimber

9.00-10.00

Ald papier

11 novimber

15.00-17.00 Klaverjassen Tsjerne

14 novimber

15.00

Creatief met Techniek (foar skoalbern) Bibleteek Wommels

19.45

Passage Easterein mei mefr. J. Liemburg Skoalleseize


17 novimber

19.00

Spûketocht Tsjerne

18 novimber

hiele dei

Konkoers korps Wilhelmina Zutphen

19 o/m 24 novimber

hiele wike

Kollekte MS-fonds

21 novimber

Griene container

24 novimber

13.30

Yntocht Sinteklaas Skippersbuorren

25 novimber

16.00

Bluescruise Easterein mei The Silver Dimes Noflik Easterein

28 novimber

Griene container Lêste ynleverdatum kopij Doarpskrante

Desimber 5 desimber

Grize container

8 desimber

Ald papier Wilhelmina

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. ​ Ha jo ek wat foar de doarpsagina? Mail it dan nei ​doarpskrante@ easterein.nl​.​    

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Yn petear mei de Gemeente It bestjoer fan doarpsbelang Hâld Faesje krijt op 31 oktober wethâlder Maarten Offinga op besite. Offinga is it bestjoerlik oansprekpunt yn ús nije gemeente. Neist it meielkoar yn é kunde kommen, wolle wy foaral it petear oangean oer de takomstige ûntwikkeling fan Easterein. Us ynstek is dat wy minstens itselde leefberens-nivo bieden bliuwe wolle dat we no ha, en derfoar is in ynwennertal nedich fan rûn de tûzend. Dermei kin Easterein de sintrumfunctie fan sportdoarp hâlde it ferskaat oan ferieningslibben trochsette Easterein is de ôfrûne decennia wat ynwennertal betreft tige konstant, ek al bin der frij grutte bouwplannen realisearre. (Boomgaard 1,-2,-3) Dat komt foaral troch lytsere húshâldings. No’t de lêste kavel beboud is, moat der nei nije útwreidingsmogelijkheden sjoen wurde. Fierders wolle we it ha oer krûdenrike bermen by de rinpaden om Easterein hinne. En ek it opknappen fan it paad op de Alddyk is ien fan ús winsken. Strjitteferljochting De gemeente hat oanjûn dat op meardere plakken yn Easterein ferfanging plak giet finen fan âlde lampen troch Led-lampen. Dat kin yn de besteande peallen. Yn in pear strjitten, sa as de skippersbuorren, de Streek, it Skilplein, it Heechhiem komme al nije masten te stean. De ferwachtring is dat it begjin takom jier plak giet finen. Kontribuusje Fan de leden, werfan Doarpsbelang “Hâld Faesje” een machtiging hat, wurdt yn novimber it jierlikse ledejild fan € 7,00 fan harren bankrekening ôfskreaun. It Bestjoer: Berend Santema, Grietsje Bouma, Annemieke Dinkla, Baukje de Jong, Broer Harm Abma, Simon van der Velde en Thalitha Dijkstra


Passage Easterein Woensdag 14 november om 19.45 in de Skoalleseize te Easterein. Deze avond komt de oud burgemeester van Littenseradiel, Mevr. J. Liemburg uit Wommels. Zij zal een lezing houden over het leven en werk van Fedde Schurer. Fedde Schurer was een Friese dichter, daarnaast was hij journalist. Ook was hij een volksvertegenwoordiger voor het CDA en ook voor de PVDA. Deze avond krijg je het levensverhaal van Fedde Schurer te horen. Iedereen is van Harte Welkom.


Allegear bedankt. Minke en fam. Sandstra

5


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Winner Troch Nathalie Oliveiro    Asto opgroeist yn in grut gesin, kin it samar wêze dat der om dy hinne in soad  helden  rûnrinne.  Om  mar  in  pear  te  neammen:  Myn  sus,  sy  wie  myn  tekenheldin,  ien  dy’t  derneist  ek  noch  de  hipste  kapsels kreëarje koe. Nûmer  seis,  ik  bin  nûmer  sân,  wie  myn  superheldin:  knap, sterk, dapper en se kaam  altiten  foar  my  op.  Freonlik  en  behulpsum?  Hie  ik  dat  al  sein?  Ja,  dat wie se  ek. Myn grutste held dat wie myn broer.     Neffens  dr.  Rita  Pierson  (1951-2013)  hat  elts  bern  in  kampioen  nedich,  in  persoan  dy’t  nea  opjout  en  it  bern  it  selsfertrouwen  jout  dat  hy/sy  alles  berikke  kin.  Michael  Phelps ynspirearre de Syryske Yusra Mardini (20) om har  swimdreamen  wier  te meitsjen en mei te dwaan oan de Olympyske Spelen yn  Rio.  In  ûnmooglik  doel,  dochs  slagge  se  deryn.  Yn  ​Vlinderslag:  Van  vluchteling  tot  olympisch  zwemmer ​(2018) fertelt se har libbensferhaal. En dat  ferhaal  giet  fierder,  want  se  hat  har  sinnen  no  setten  op  Tokio  2020.  Kantoarhelden  binne  der  ek.  Spesjaal  foar  froulju.  Yn  ​Nice  girls  don’t  get the  corner  office  ​(2005,  2018)  warskôget  de  auteur  foar  132  fouten  op  de  wurkflier, in gids dy’t ús helpe kin om wiere karriêregoadinnen te wurden.     We ha allegear in held nedich. In persoan dêr’t we in foarbyld oan nimme. En  wa’t dat ek is, it begjint allegear mei in konneksje, in klik. Dat eagenblik dat  we ús idoal op tillevyzje sjogge en tinke: ‘Dat wol ik ek!’. Dy wurden dy’t we  fan de coach hearre en ús stimulearjen net op te jaan. As simpelwei de  learkrêft op skoalle dy’t freonlik glimlaket en seit dat we der ta dogge. Lytse  mominten mei grutte gefolgen. It fûnemint fan leare, dreame, trochsette,  fjochtsje, fan it libben is relaasje.     Myn rychje fan helden feroaret mei de tiid. Sa no en dan gomje ik ien fan myn  list en selden komt der in namme by. Myn broer, nûmer ien, is noch altiten  myn grutste held.    

 


Wy sille jimme net ferklappe wat ús opsje A,B,C en D wiene, sa kin wy oar jier swierder ark meinimme yn’e bus. ?

D! NIEUW IN FRIESLAN

elen ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr rument of zou je aan het juiste adres! De middei instjeugd eende Speel jij almei nt dat je and op de plaat setten! ieslmei t instrume hehele chooúsl Frder ks ie uz De jeugd! Wat hawwe wy De middei takeerste les op M de f j na bi va je lt n ee sp be Dan zikanten en geluidstechniek. en zeer ervaren mu

! Sjoch ek ris op n i e r e t s a E n i s e l r ookerritgHiintgast avoor meer informatie, nl Nuwww.easterein.nl nd. Bel of mail G muziekschoolfriesla t@ ri er g / 8 7 5 1 2 06 184

ken Jeen hout slepe enle nei ôfrinmsin ‘jeugd fjoerwurksjo’!! Dit wie leuk jongens sione lfs licht- en , bas of ze krijgt les van profes gitaar, dru , zang rd, oa yb ke , no Pia . en ler en famkes!! Oar jier dogge we de sjo in oerke letter sadat it donker is en lt wi ag gra komme we mei in potsje mear…miskien wol 2!! De Tsjerne Nei de fjoerwurksjo wie it beregesellich yn de Tsjerne wer elk in pilske drinke koe mei syn allen op it nije jier. By dizze winskje wy jimme in sûn en lokkich nijjier!! Groetnis De Aldjiersploech

olfriesland.nl o h c s k e zi u .m w w w kapsalon kapsalon

Kniplokaeltsje ’t’t Kniplokaeltsje

Skilplein11 Skilplein 8734GW GW Easterein Easterein 8734 Tel.:0515 0515- -33 3323 2320 20 Tel.:

Oant sjen! sjen! Oant

Op freed freed fan fan Op 18.00 -- 20.00 20.00 oere oere 18.00 sûnder ôfspraak! ôfspraak! sûnder

visite-afspr.kaartje.indd 11 visite-afspr.kaartje.indd

Skilplein 11 Skilplein 8734 GW GW Easterein Easterein 8734 (0515) 33 33 23 23 20 20 TT (0515)

05-12-2013 11:04:34 11:04:34 05-12-2013

Oant sjen! sjen! Oant


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! Altijd gegaran • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


De koksmĂťtse: Speculaasbrokken Door Annebeth de Jong Recept voor 16 circa speculaasbrokken Tijd: 20 min + 25-30 min in de oven IngrediĂŤnten 300 gram zelfrijzend bakmeel 150 gram donkerbruine basterdsuiker 6 tl speculaaskruiden snuf zout 125 gram boter 7-8 el melk ei + melk voor het bestrijken Bereiding Begin met het voorverwarmen van de oven op 180 graden. Meng in een diepe kom het zelfrijzend bakmeel, suiker, speculaaskruiden en het zout door elkaar. Voeg de boter en melk toe en kneed dit tot een stevige deegbal. Begin met het toevoegen van 7 eetlepels melk. Mocht het deeg vervolgens nog droog blijven voeg dan een extra eetlepel melk toe. Rol het deeg uit, tot een grote lap met een dikte van een centimeter. Kluts een eitje met een beetje melk en strijk dit over het deeg. Dit geeft een mooie glans en voorkomt dat het speculaas erg gaat scheuren. Zet het geheel circa 25-30 minuten in de oven. Tip: druk ook eens wat amandelen in het deeg.

Bron: www.lekkerensimpel.com/speculaasbrokken/


Ferslach fiskwedstriid Fûgelwacht Easterein Jeugdige winners op de Fiskwedstriid fan Fûgelwacht Easterein. De gemiddelde leeftiid fan de winners fan de fiskwedstriid op snein 30 septimber welke organisearre wa troch de fûgelwacht Easterein wie net heech. Johannes moast de leeftiid wat opkrikke. Hy hie al it 1e ljipaai fan de wacht en no sleepte hy ek noch de priis foar de meast fisken by de senioren mei 7 fisken binnen, al wa hy op de nek sitten troch Rutger. Ek al san jonge betûfte natoerman. De priis foar de grutste fisk by de senioren wie foar it jeugdige duo Benthe en Lisa. Sy fongen in fisk fan 18 cm. By de jeugd wie it tige spannend wa at dér de grutste en measte fisken hie. De striid gong aardich gelyk op. Eintsjebeslút wie de priis foar de grutste fisk foar Marc Hoekstra. Hy slingere in moaie fisk fan 20 cm út de Skippersbuorren. De priis foar de measte fisk wie dit jier foar Jasper, de soan fan Johannes. Hy fong 6 fisken. It blykt wol dat de senioren fan de fûgelwacht harren opskerpje moatte want de jeugd komt der oan.


DE BIBLIOTHEEK: ACTIVITEITEN VOOR IEDEREEN - OOK ALS JE GEEN LID BENT CREATIEF CAFE Esmeralda de Vries van de GGDW was afgelopen maandag te gast bij het eerste Creatief Café. Eerst heeft ze verteld over het ontstaan en het succes van de GGDW (Grootste Gehaakte Deken ter Wereld). Er zijn in het totaal 10.841 dekens gemaakt. De dekens gaan nu naar goede doelen. Ook vertelde ze over het vervolg: Het “Vogeltjesproject”. Patronen voor het haken en breien van vogeltjes staan ook op hun facebookpagina. We hangen een slinger in de bieb waar de vogels aan kunnen. Je kan ook gewoon met je eigen handwerkproject komen. En er worden enkele beestjes/poppen bij prentenboeken gehaakt. Die zijn dan te leen bij het boek. Iedere 3e maandag van de maand van 14.00 – 15.30 uur kun je meedoen. FERDIVADAASJE OP FREED – Fan keallepoat oant oranjekoek Alwer de twadde Ferdivedaasje op freed. Op freed 2 novimber fan 16.00 oant 16.30 oere sil skriuwster Wieke de Haan út Mantgum wat fertelle oer de Fryske koekesoarten fan Oranjekoeke oant Keallepoat. De yngrediënten, de foarm, de smaak, bynammen komme foarby en fansels kin der eefkes preaun wurde. Fansels drinke we der in bakje kofje of tee by. Tagong fergees. MUZIEKBEESTJE – Spelen met muziek Nijntje op de boerderij: beleef het boek door met Hinke van Muziekbeestje liedjes te zingen, te bewegen en muziek te maken. Kaartjes koop je via de website of geef je op in de bibliotheek. Geschikt voor kinderen van 0-7 jaar. Woensdagmiddag 7 november om 15.00 uur. Kosten € 2,00. CREATIEF MET TECHNIEK – Bouw je eigen licht-model Aan de slag met koperdraad en lichtje. Omdat ieder model anders is ontstaat er altijd een uniek werk. Woensdag 14 november om 15.00 uur. Kosten € 2,00. Maximaal ruimte voor 10 kinderen. Opgeven via de website of in de bieb. BOEKBESPREKING Op maandagavond 12 november bespreken we het boek Kolja van Arthur Japin. Meepraten? Kom langs om 20.00 uur. Je bent van harte welkom. Geen kosten. CODERDOJO Op 30 november is er weer een Dojo van 15.30 – 17.30 uur. Opgeven kan via de website van de bibliotheek en meedoen is gratis.


Hoe is it mei… Tom Houtsma en Fetsje Dijkstra Wij, Tom Houtsma en Fetsje Dijkstra binne beide berne yn Easterein en hawwe der in moaie jeugd hawn tusken 1955 en 1978. Myn âlders, Jouke en Margje wiene elektrowinkelier/ postkantoarhâldster en Fetsje har âlders Sipke en Hitsje hiene in pleats op Skrok. Nei de legere skoalle giene wy beide op de fyts nei Snits. We sieten op de RSG, om’t master Kornelis goede kontakten hie mei de direkteur dêr. We hiene in pracht tiid yn de Tsjerne, disko en dûnsles en letter sneons mei de mateploech nei it Kafé Jelle B. Ik mocht graech fuotbalje, keatse en letter tennisje en haw de tennisferiening Smash oprjochte mei Roelof Nauta en Jan Klooster. Hjerstmis hekkelje mei van Asselt, in soarte himmelsneon, altyd tige gesellich by Gerard en Baukje van Asselt. Yn 1978 binne wy tegearre wenjen gongen yn Boalsert wer’t Fetsje by de PTT wurke. Nei myn stúdzje Rjochten yn Grins kaem ik te wurkjen op it notariskantoar te Berltsum. Yn 1987 waerd Jouke bern en in jier letter Hidde. Yn 1989 binne we ferhuze nei Balk fanwege myn nije baen dêr. Seis jier letter, juny 1995, bin ik beneamd tot notaris yn Warkum as opfolger fan Fokke Tuinstra dy’t earder notaris wie yn Wommels, krekt as syn heit Bauke. Fetsje gie ek op kantoar oan de slach, se docht de boekhâlding. Hobby’s binne der ek, neist tennis en Fetsje har racefyts (10x âlvestêdetocht) binne we wykeins in soad op ‘t wetter mei ús sylboat ‘’De Boppeslach’’. De marren op en it Wad mei de fakânsjes. In hearlike ûntspanning nei in drokke wike. Wy wenje mei in soad nocht yn it moaie hystoaryske Warkum yn de Fryske Súdwesthoeke mei in farwetter.


Der wennet net folle famylje of kunde mear yn Easterein, neef Gerlof Dijkstra is de iennichste fan de mateploech dy’t Easterein trou bleaun is. Fia myn wurk treffe we noch geregeld Eastereiners en dan komme de âlde ferhalen mei in protte humor en goede herinneringen.

Sutelaksje In ​wike 47, fan moandei 19 novimber oant ’e mei toansdei 22 novimber ​hoart de Tsjerne de jierlikse sutelaksje. Ferlinne jier ha we dit dien mei amaryllisbollen, dit jier sille we mei pipernutten lâns de doaren gean. Fansels moai foar Sinteklaas. Fynst it leuk om dit jier mei te helpen? Dat soe super weze! Doch dan in berjochtje nei ​info@detsjerne.nl

Liket it dy leuk om wat foar de Tsjerne te betekenjen? Lykas bardraaie by de kinderdisco of in bandjun. Of fynst it leuk om te helpen mei aktiviteiten? Mail dan nei ​info@detsjerne.nl


In lyts leske Frysk: f/v & s/z Troch Gerben van Snits

Oan it begjin en it ein fan in wurd: altyd in f en in s. Bygelyks: Frou Fjoer Fiif Sis Sûpe Op oare plakken yn in wurd, kinne de z en v wol foarkomme, mar ek de f en s. De útspraak jout dan oan hokker letters oft brûkt wurde moatte. De f en s wurde hurd/skerp útsprutsen, de v en z binne minder hurd/skerp. Bygelyks: Suver Nuver Faasje Argewaasje Stasjon Drave Andyvje Garaazje Enerzjy Kofje Horloazje Resjerzje Tink derom: Frjemde wurden begjinne mei in f of s, ek yn gearstallingen. Bygelyks: Telefyzje Ynfalide Defyzje Boarne: Skriuw mar Frysk, module 1 (Afûk)


Ut de âlde doaze De lêste brêge dy’t ferdwûn, is de monumintale izeren wipbrêge nei de Streek. Dizze brêge is yn 1966 ôfbrutsen.


De Tsjerne

freed 5 oktober

Clown Arino

Op freed 5 oktober kaam clown, mar foaral ballonnenknoper Arino nei de Tsjerne om foar elk bern in prachtige ballon te meitsjen. Tuskentroch ha de bern mei de ballon moai oan it boartsjen west en ha se dûnse. De bern ha prachtige ballonnen krigen. De measte jonges binne mei in moai swurd nei hûs gong en de famkes mei in hûntsjes, in flinter of in knyn. De bern ha in leuke jûn hân!

De Tsjerne

sneon 6 oktober

Goochelaar Rico Weeland

Sneon 6 oktober ha de bern fan groep 7 en 8 in geweldige jûn hân. Se ha super oan it gûcheljen west mei googhelaar Rico Weeland. Der waarden trucs leart mei kaarten. Hy die it foar, lei it út, holp se en nei of rin fan in truc mocht ien de truc sjen litte. Dit kin wol wer ris!


INSTALLATIEBEDRIJF

INSTALLATIEBEDRIJF

DE JONG DE JONG INSTALLATIEBEDRIJF wooncomfort VoorVoor meermeer wooncomfort van van kelder tot dak kelder tot dak

DE JONGINSTALLATIEBED Voor meer wooncomfort van kelder tot dak

DE JON

Fabrykswei 7 Easterein Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

T. 0515 - 331 512

Uw totaal installateur Fabrykswei 7 Easterein Uw totaal installateur Voor meer wooncomfort T. 0515 - 331 512 www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl

www.dejonginstallatiebedrijf.nl van kelder tot dak info@dejonginstallatiebedrijf.nl

Uw totaal installateur www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512 Uw totaal installateur www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


Nei fjirtich jier mei pensjoen Troch Gerben van Snits

Betty van Schepen is 1 augustus nei fjirtich jier wurkje yn de soarch mei pensjoen gien. Dochs hie sy as bern boer wurde wollen. Betty is hikke en tein yn Hidaard. In moaie jeugd hat se dêr hân en se wie altyd by boer Foeke Jellema te finen. Mei hynster en wein it lân op en helpe wêr it mooglik wie. “Us mem woe dat ik breidzjen learde, mar ik woe folle leaver boer wurde!” It hânwurkje is hobby wurden, yn it bysûnder borduere. “As de bern jûns op bêd leinen, dan gie de tillevyzje út, de radio oan en siet ik te bordueren.” “Ik bin de middelste fan fiif bern en haw ús mem sadwaande in protte holpen mei myn jongste broers en yn it húshâlden die ik ek myn part. Doedestiids like de kreamsoarch my wol wat en nei de húshâldskoalle haw ik de oplieding OVB (opleiding verzorgende beroepen) dien, mei in staazje yn Bloemkamp. Foar de kream wie ik noch te jong, mar ik koe wol de oplieding dwaan yn Bloemkamp. It earste jier moast ik ferplicht yntern. De mentriks bekommere har om ús, mar we moasten wol kostjild betelje. Winterdeis leine de fitaminepiltsjes klear by it moarnsbrochje.” Al betiid learde Betty har man Sytse kinnen. Hy wurke doe as sjauffeur en wie hiele wiken fan hús. “Sadwaande koe ik troch de wike syn auto brûke en bin ik wer thús wenjen gien. Yn 1975 binne wy troud en kaam ik yn Easterein te wenjen. Trochwurkje nei it trouwen koe wol, mar allinne fulltime. Doe’t de bern kamen, bin ik sân jier thúsbleaun. Neist de bern hie ik de soarch foar ús mem en myn skoanmem. Dochs misse ik it wurk wol…”


Oare tiiden “De tiden wiene doe hiel oars as no. Je brochten de bern net nei skoalle, want dy rûnen sels mei de bern fan de buorlju wol nei skoalle ta. As ik moarns nei it wurk gie, soarge ik derfoar dat alles foar harren klear stie en de âldste soarge dat se op tiid de doar út giene. Ik bin doe wer begûn as ynfalkracht yn de Ielânen, al lei myn hert by Bloemkamp. Ik hie Bloemkamp al skille, mar yn de Ielânen hie ik samar wurk. Earst op de haadlokaasje oan De Harste, letter ek by it lytsskalich wenjen yn de wyk, yn it sintrum van Snits. Dêr haw ik binammen wurke mei demintearjende minsken. It wurk is bot feroare. Eartiids wie der gjin ynkontinensjemateriaal, wêrtroch de minsken hieltyd wer nei it húske moasten. Faaks meardere kearen op in nacht heisterje en ferskjinne. Dat is foar de ferpleechkundige en de minsken beide net leuk. Ek de kompjûter hat syn yntrede dien. “It is nea myn freon wurden… Lêst sei in bewenner noch: ‘Dy ferrekte kompjûter, se ha noait mear tiid foar je.’ Hy hat hielendal gelyk! Troch de kompjûter witte je wol mear oer de minsken, want yn it ferline wisten je lang net alles dat fan belang wie. As ferpleechkundige skreaunen we de bysûnderheden yn in skrift en it haad makke dêr in deirapport fan. Mei de komst fan de kompjûter moast der hieltyd mear opskreaun wurde. Soarchdoelen, benaderingswizen… Alles moat rapporteard en registreard wurde. Ik fyn it wichtiger dat de soarch op oarder is, dy kompjûter wachtet mar. By it lytsskalich wenjen, gie ik faak mei de minsken te boadskipjen en de Snitser merke oer. No kin soks net mear. Oan de oare kant is der ek en protte ferbettere. Trochlizplakken binne der folle minder, minsken hawwe mear ynspraak en der wurdt mear fan harren akseptearre. Foarhinne wie it folle stranger.


Altyd soargje Doe’t ik wer begûn te wurkjen, begrutte it myn skoanmem dat ik nei skoaltiid net thús wie foar de bern. Dan hold sy in eachje yn it seil. Se hie sicht op de skoalle en alle dagen kamen ús bern del foar in snoepke. Trije jier lyn is Sytse stoppe mei wurkje, ik wie der noch net oan ta. Boppedat moast hy ek wenne om eltse dei thús te wêzen. No’t ik stoppe bin, ha we beide folop genietsje kinnen fan it moaie waar. It is wol dreech om te stopjen en sa no en dan sjoch ik noch efkes op myn âlde wurkplak. Efkes byprate en miskien mei de tiid wat frijwilligerswurk dwaan. Dat doch ik ek by De Zonnebloem, al 25 jier lang gean ik as fersoargjende mei Zonnebloemfakânsjes mei. It soargjen sit my yn it bloed.”

Collecte KWF Dit jier is der wer troch hiel wat entûsjaste minsken collecte rûn foar de KWF. De opbringst is € 766,60 dit is € 125,73 mear as ferline jier, in prachtich resultaat. Easterein bedankt foar jimme gift en collecte rinners geweldich bedankt. Oant folgjend jier. Pep de Boer.

TE HIER Isoleare bedriuwsromte te hier 2 x 48 m² ek gear te foegjen Foar ynljochtingen 0653360461.


Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl,

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


Alle Eastereiners op ‘e foto


Einedei: al 25 jier een dei mei wille en plesier Door Bauke de Boer en Paul David Meesters

Vrijdag 28 september gingen vijf einen uit Easterein voor de vijfentwintigste keer met elkaar aan de waggel. U zal denken: waar gáát dit over? Nee, niet over einen uit de sloot maar over vijf vriendinnen die zichzelf de einen noemen: Tiny Hoekstra, Baukje Overal, Annie Sjaarda, Pep de Boer en Sjierkje Plantinga. Dit jaar waren Tiny en Sjierkje aan de beurt om de Einedei te organiseren en de andere einen te verrassen. Tevoren hadden ze een mooie rebus gemaakt. Als andere einen die oplosten wisten ze al een beetje wat hun te wachten stond: Vanmorgen vroeg uit de veren We vertrekken om half negen bij het café. We landen dan rond 10 uur op een mooie grote plek. We dobberen, kwekken, slobberen en kijken onze eendenogen uit. We fladderen nog wat verder en na wat gesnabbel zoeken wij aan het eind van de dag de kooi weer op.

De bestemming was dit jaar dus…Amsterdam. Eerst uitkijkend over het water aan de koffie. Iedereen stortte z’n bijdrage in de pot, waar Pep een extra beurs voor meegenomen had, “want Pep is van de bank”. Toen met de pont het IJ over en naar Madame Tussaud. Daarna een rondvaart door de grachten en een beetje winkelen. Nog even spannend, want een winkeldief werd in de Kalverstraat vlak voor hun snaveltjes achterna gezeten. Maar om zeven uur arriveerden de dames veilig en behouden bij Noflik, waar papieren eendjes de reizigers op hun tafel lagen op te wachten. Hoe is die Einedei nu zo ontstaan? Het begon allemaal al in 1990, op het


schoolplein waar de kinderen voor het jaarlijkse schoolreisje werden uitgezwaaid. De moeders bedachten dat ze - zonder kroost thuis – eigenlijk best een dagje met elkaar op stap zouden kunnen. En zo werd een jaar later, op Prinsjesdag 1991, de eerste Einedei gehouden. De einen waren toen nog met z’n achten, inclusief Jannie Stegenga, Foekje Houtsma en Atty Scheltema. “Een bij elkaar geraapt clubje”, noemt Annie het. Dat allereerste tochtje ging naar Vlieland. Van het eiland hebben de einen echter niet veel gezien, want het was bar slecht weer. Gelukkig was het café open en zorgden kroegbaas, drank en bitterballen voor meer dan genoeg sfeer. Een hoogst enkele keer ging de Einedei niet door, maar de traditie staat als een huis. Al jaren is het de vrijdag na Prinsjesdag steevast Einedei. En na de regen op Vlieland blijkt het dan eigenlijk altijd mooi weer. Tiny heeft een plakboek vol herinneringen bijgehouden. Er zijn heel wat activiteiten ondernomen in de loop der jaren: kaasmaken, skiën, skeeleren, karten, glasblazen, papierknippen. Met de boot van Stavoren naar Enkhuizen, voor Baukje’s maag geen succes want het water was nogal knobbelig. In den Helder ging het naar het marinefregat de Witte de With. En in Leeuwarden bekeken de einen vanaf de publieke tribune van het Paleis van Justitie een rechtszitting. Ook brouwerij Us Heit in Bolsaert mocht natuurlijk niet ontbreken. Daar speelden ze spontaan “Zo vader, zo zoon” met een groepje mannen die ook een dagje op stap bleken. Er werd heel wat afgelachen, “we leken wel een stel bakvissen”. Of een buitenstaander hun gesprekken allemaal zou kunnen volgen is trouwens de vraag, want ze hebben met elkaar inmiddels ook hun eendentaaltje. Ook de eendenkinderen op een idee gebracht. Die organiseerden in 1998 hun eigen Pykedei. Zo’n vijftien pykjes bezochten toen samen het dolfinarium in Harderwijk. Het gedichtje dat ze toen maakten is ook bewaard gebleven: De pykje fan de einen Hawwe harren wjukken útslein En geane no harren eigen wei Nei ‘It Dolfinarium’ yn de trein


foto: Eppie Heins


Snypsnaren: Mei de LAB op stap Troch Jan Hiemstra Woene je net op de fyts, mar wat lúkser der op út dan gongen je mei ‘de LAB op stap’. LAB stie foar Leeuwarder Auto Bedrijf en dit bedriuw ried mei bussen troch ús diel fan Fryslân, it fjouwerkant tusken Ljouwert, Harns, Makkum en Snits. Jierrenlang rieden de reade LAB-bussen op geregelde tiden troch Easterein en stiene stil by de bushalten oan de Wommelserdyk. Tjitte van der Wal De LAB-bussen hiene foargongers. Yn tal fan plakken wiene der ûndernimmers dy ‘t in bus kochten en der mei de minsken út doarp en gea op út gongen. Yn Easterein wie dit Tjitte van der Wal. Hy wenne oan de Hidaarderdyk (no de helte fan Wynserdyk 14). Mei syn bus riedt er foar de oarloch moandeis, woansdeis, freeds en sneons oer Boazum op Ljouwert. De reizgers wiene de lju dy ’t yn Ljouwert om boadskippen gongen, dêr op skoalle sieten of nei de freedsmerk (boeren en feekeaplju) moasten. Tiisdeis stie Snits yn de planning, want dan wie dêr de merkedei. Oarloch Yn de twadde wrâldoarloch kaam it busferkear stil te lizzen; der wie hast gjin benzine en wat der wie gong nei Dútslân. Troch tadwaan fan de Dútsers moast Tjitte van der Wals bedriuw opgean yn dat fan Jan Boonstra yn Wommels, dy ’t dêr in gelyksoartich ûndernimming hie. Van der Wal kaam by Boonstra oan it wurk, mar dêr kaam nei de oarloch in ein oan. Doe begûn er foar himsels yn in foaroarlochske T-Ford te taksyriden. Boonstra bleau ek net selsstannich; yn 1941 gong de fa Boonstra op yn ‘de’ LAB. Jan Boonstra waard ien fan de direkteuren en der kaam yn Wommels oan Spannumerdyk in LAB-garaazje. ‘De’ LAB wie in bedriuw dat yn 1920 oprjochte wie yn Ljouwert. Al rillegau waard der ûnder de namme LAB troch in part fan de provinsje riden. Nei de oarloch Doe ‘t de oarloch foarby wie, wiene der hast gjin bussen mear. Soms waard der yn oanpaste militêre trucks riden; de minsken wiene al mei in bytsje tefreden! Nei ferrin fan tiid kamen der nije glimmende Leyland, DAF (en noch wer letter Mercedez-Benz) bussen mei in karrossery fan Hainje út


it Hearrenfean of Smit út Joure troch Easterein. Dy nije bussen waarden foaral as toerbussen brûkt foar de groepen dy ’t op stap gongen sa as de frouljusferiening, it skoalreiske, it korps nei it konkoers en SDS as it ‘fier fuort’ moast. Ek foar it jierlikse âlden-fan-dagen útsje waarden se ynset. Foar dy âldtsjes wiene soms twa bussen noadich dy ’t se mei de bekinde sjauffeurs Sake Hemstra en Jan Visser ien kear yn it jier nei de grêften fan Amsterdam, Schiphol, it strân en neam mar op, brochten. It ferfier nei ús skoalswimmen yn Ljouwert gong ek mei ‘de’ LAB, mar ik leau net dat dêr de nijste bussen foar brûkt waarden. As it nijste der ôf wie, waarden de bussen op de lijntsjinsten ynsetten. De tsjinstregeling Yn de nei-oarlochske jierren rieden de bussen earst noch wat ûngeregeld, mar der kaam al gau in tsjinstregeling mei opstapplakken. Lang wie it de gewoante dat de minsken sawat oeral ynstappe koene as se hân mar omheech diene. Mei de komst fan in tsjinstregeling moast de bus op tiid ride. Foar sjauffeurs dy ’t oeral stil stiene en ek noch kaartsjes ferkeapje en kontrolearje moasten wie soks net te dwaan. Dêrom kamen der op de drokke linen konduktrises. Neist de sjauffeurs kaam de konduktrise om de kaartsjes te ferkeapjen en beide kreas yn it LAB-unifoarm. Tine van der Vliet fan de Griene Leane wie ien fan dy konduktrises. Yn de tiid fan it hichtepunt fan de bus sieten de ritten moarns en op ‘e neimiddei grôt fol en wiene se oer deis goed beset. Fan de rjochtline om allinne mar by de yn- en útstapplakken stil te stean kaam net it measte telâne. It kaam mar al te faak foar dat de klanten dy ’t bûten it doarp wennen, meinommen waarden as se de hân opstutsen. De klant bleau kening. De linen troch Easterein Der gongen twa linen rjochtstreeks troch Easterein. Dat wie de bus dy ’t fan Frjentsjer nei Snits in oantal kearen op ‘e dei oant jûns ta op en del ried en de bus dy ’t fan Wommels oer de lytse doarpen yn Barradiel, sa as Littens en Hilaard, en Deinum, nei Ljouwert op-en-del gong. Om op in fluggere manier yn Ljouwert te kommen, koene je yn Wommels op de bus fan Boalsert nei Ljouwert stappe dy ’t oer Dronryp ried. Reinich waar en winter Mei min waar wie de klandyzje foar de bus in stik grutter. It kaam foar dat reizgers moarns op ‘e fyts ôfstutsen, mar troch it minne waar leaver mei


de bus weromgiene. Dêr hie de bus in oplossing foar. Op it dak fan de bus wiene ramten laske der ‘t de tsjillen fan in fyts trochhinne stekke koene om sa stabyl op it dak fan de bus te lizzen. De sjauffeur moast dan earst as in aap by it trepke oan de efterkant fan de bus op om de fyts fan de reiziger oan te pakken en yn it rak te pleatsen. Meastal reinde it dan as it miigde en wie soks foar de sjauffeur bepaald gjin aardichheid. Mar ek foar dizze klanten moasten je wat oer ha. It buskaartsje foar de reizger mei fyts waard dan wol wat djoerder, mar je hiene yn alle gefallen de fyts thús en koene de oare dei in buskaartsje útsparje. It oare ferfier De bus waard ek in bytsje foar frachtferfier brûkt. Sa kamen de kranten om 14.00 oere hinne mei de bus en dat jilde ek foar de jûnspost dy ’t om sa ‘n 16.00 oere oankaam en dêrnei noch troch de posten útsutele waard. It kaam sels foar dat Eastereiner bedriuwen dy ’t haast hiene om bygelyks nije ûnderdielen pleatse te kinnen, dizze mei de bus komme lieten, want lang net elkenien hie in auto om se sels te heljen. Net mear mei LAB op stap Oant 1 jannewaris 1971 ta ha de reade LAB-bussen troch ús doarp riden. Doe waard in tiidrek ôfsluten. De fraach nei busferfier waard troch de opkommende auto hyltiid minder en om de holle boppe wetter te hâlden foarmen de Fryske busûndernimmers, de NTM, NOF, de LABO, de ZWH mei de LAB de nije ûndernimming FRAM. De reade bus waard ferfongen troch in gielenien.


Foto by Snypsnaren septimber De Snypsnaren fan ús septimberkrantsje gie oar twatalige proefskoallen. Understeande foto ûntbriek en heard by de kop ‘It grutte doel’.


Kerstpakkettenactie 2018 De diaconie van Easterein is steeds bezig om projecten dichtbij en veraf financieel te ondersteunen. Het is fijn om dit werk te kunnen doen. Met de feestdagen van december in het vooruitzicht willen we graag weer kerstpakketten brengen bij mensen in ons eigen dorp die rond moeten komen van een minimuminkomen. Behoort u of behoren jullie bij deze groep? Dan kunt u het antwoordstrookje ​voor 8 december​ in een gesloten envelop bij Folkje Visser in de brievenbus doen. Zet dan op de envelop “diaconie”. Wij zullen uw gegevens vertrouwelijk behandelen en na gebruik vernietigen. Dat betekent dat we elk jaar opnieuw uw aanmelding nodig hebben. Dus ook mensen die in 2017 een kerstpakket van de kerk hebben ontvangen kunnen zich nu aanmelden.

…………………………………………………………………………………………… ………………………………………………… Antwoordstrookje ( inleveren in een dichte envelop) bij Folkje Visser, Koaifinne 4 Easterein Naam:

Adres: _______________________________________________________________ ____________


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


De Tsjerne Wost mear ynformaasje oer de aktiviteiten? Mail dan nei info@detsjerne.nl

Easterein Sjuch ek ris op Ăşs Facebook pagina


Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

U kunt ook online reserveren.

Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Â?†‹˜‹†—‡‡Žĥ›Â?‰”‘‡’•ˆ‡”„Â&#x;Â? 



ƒÂ?•‹Â?ƒƒŽÍş’‡”•‘ƒÂ?‡Â?›Â?‹Â?‰”‘‡’

ƒ•‹••Â?‘ƒŽŽ‡„‡”Â?Ă°Â?†‡”‡‹‰‡Â?„‡‰‡Ž‹‡†‹Â?‰

Oprop fotoboek SDS Kosten ₏ 5,nj’Ǥ’Ǥ

‹‹†™—”†�‡‹‘’Œ‡ˆ–‡„‡�‹�†�ƒ��‡

 Îą 

Oprop!! Yn 1997 bestie de v.v. SDS 50 jier, dernei ha ik in fotoboek ’Œ‡ˆ–‡ˆ‘ƒ”ͳͲÂ?‘˜‹Â?„‡”ˆ‹ƒ ‹Â?ÂˆÂ‘ĚˇÂ†Â‡Â–Â•ÂŒÂ‡Â”Â?‡ǤÂ?ÂŽ De Tsjerne makke, mar dat boek is spoarleas. Is der ien dy’t dat fotoboek thĂşs hat ek ›‘’Œ‡ˆ–‡Â?ƒÂ?Â?‡‡Â?Ž‡‡ˆ–‹‹†ˆ‡”Â?‡Ž†‡Ǥ Facebook hat? Graach kontakt opnimme mei Bauke de Boer.


Oktober 2018

P.G.Easterein

Underhâld en oanpassing toer en Tsjerke,

Sa’t jimme sjoche stiet de Tsjerketoer yn de steigers, wat soe der gebeure? It lêste grutte únderhâld is al wer mear as 30 jier lyn, skilderwurk is tusken tyden noch in keer dien en we ha dwaen kinnen wer we by koene. Dit jier wurd it foegwurk wér nedich hersteld, it skilderwurk op e nij skildere en de goate (zink en lead) en spits (lead en lijen) wér nedich is hersteld en de flaggemést krijt in elektrische hijsinstallatie, binnen yn de toer binne der ek reparaasjes, der binne in pear dikke balken oantaest die ferfongen wurde moatte en de ljedders yn de toer wurde ek oanpast sadat we feilich nei boppe kinne. Sa stiet de toer der straks wer as in pronkje by en as der wer in feestlik gebeuren yn ús doarp Easterein is kin de flagge wer feilich op de toer.

Oan de bûtenkant fan de Tsjerke komt ek in feroaring, oan de súd/west kant komt in “urnwand”, de fraach kaam telkens mear en no kin it meinaam wurde yn únderhâld en oanpassing. Ek binnen yn tsjerke komt feroaring, sa wurde de frouwen banken (dat binne de banken fanôf de toerkant rjochts) demontabel makke, sadat we de romte wat foar mear doelen brûkke kinne Sa wurd ek de doar oan de eastkant fan tsjerke oanpast, it bovenljocht wurd wer iepen en der komt in glêzen tochtslûs oan de binnenkant, sadat de bûten doaren iepen


stean kinne, dan hat binnen en bûten kontakt mei elkoar. It koar kriget ek in “update”, as dat klear is noegje wy jimme allegear út om te sjen wat der yn it koar feroare is en hoe we de hiele tsjerke wer brûke kinne. Sa stiet de Tsjerke nei de underhâlds beurt der straks wer moai by, want de “Tsjerke is Easterein”, as der feest is wolle we graach de flagge op de toer sjen, en as we wat fiere of betinke wolle kinne we yn tsjerke, sa wolle we graach meielkoar tsjerke weze. We komme ek wer by jimme lâns foar “Aktie Kerkbalans” (jan.2019) wat bestemd is foar ús eigen tsjerke en tsjerkewurk. Mei elkoar en foar elkoar kinne we tsjerke wêze. De tsjerkerintmasters P.G.Easterein: Marten Sterkenburgh, Willem Rienstra, Ultsje Bouma, Douwe Reitsma, Halbe Overal

Nijs fan Fuort Mar Los It jongereintoaniel fan Fuort Mar Los is wer LOS. Nei in pracht útfiering fan it ofrûne jier mei it stik ‘Wat in greide, heite’, sil Theresia Zeinstra ek dit jier de regy op har nimme. Ilke van Wermeskerken helpt har by de bykommende saken. Oan entûsjaste spilers gjin gebrek, dit jier sille der wer sa’n 18 meidwaan! Wat der spile wurdt, wa’t der mei dogge en alle oare nijsgjierrichheden sille letter yn de doarpskrante ferskine. Hâld de boel dus goed yn’e gaten! Ek de datum fan útfiering wurdt letter bekend makke yn de doarpskrante. Foar de folwoeksenen sil der it kommende jier gjin stik op’e planken komme. Der binne in protte spilers dy’t skitterje sille yn de revu fan de keatsferiening ‘Kening op sokken’. Binne jo donateur foar €12,50 dan krije jo dit jier in kaart foar de jongerein foarstellingen. Wy wolle elk tankje foar de súksesfolle sútelaksje dit jier. De aaien binne wer best ferkocht, tige tank hjirfoar!


Snein 11 november 15.00-17.00 De Tsjerne

Easterein

Graach opjaan foar 9 novimber Allinne of yn in groepke fan fjouwer

info@detsjerne.nl 06-20107079 (Kees) Wist net hoe it moat mar wost it wol leare? Gjin probleem! Kom gerust

De Tsjerne hat ek Facebook


Oktoberfest

29 september 2018

De Tsjerne

Op 29 septimber wie it dan safier, it Oktoberfest. Rûn 19.00 kamen de earste manlju in lederhosen en froulju in heidi pakjes yn de Tsjerne. Dizze manlju en froulje hiene yn de foarferkeap in saneamde VIP tafel foar 8 persoanen bemachtige. Fiif liter bier, 8 broadsje bradwurst en fergees entree. DJ Bürgemeister fersoarche de gehiele jûn foar prachtige muzyk. Efkes letter kamen der mear minsken de Tsjerne binnen stappen. Let op de jûn siet de Tsjerne nokkie fol. In prachtich gesicht! De waard om raak bier dronken út de pullen en dûnse op de flier. It wie in gesellige jûn mei in goeie sfear!


De Pinne… de famylje Sweering Minks Hallo wy binne Hendrik, Hester, Tim en Fenna. Sûnt desimber 2017 wenje wy in Easterein oan de hofsleane 18. En tot no ta befalt ús dat goed. Wy sochten in frijsteand hûs yn in doarp en dat ha we hijr fûn. Hendrik fytst troch de wike hast alle dagen nei Boalsert dêr’t er by Hochwald wurket. Simmers mei der graach keatse en is der ek skiedsrjochter by keatswedstriden. Fierder mei der graach wat yn ‘e tún ompiele. Ek by it fuotbaljen yn Easterein is der belutsen. Hy is kootsj, mei nog 2, van de jongens wêr at Tim in spilet en traint de famkes ûnder de 13 jier, ien kear in de twa wiken. Tim fietst troch de wike ek alle dagen mar dan in oare kant op as syn heit, nei Snits. Hy docht de VWO oplieding en sit no yn de 4e klasse. Hy fuotballet yn Easterein by de jongens B en fierder mei der ek graach digitaal fuotbalje. Fenna it jongste telg fan de famylje giet yn Easterein nei skoalle. Se sit yn groep 8 en kin de measte bern no wol san lyts bytsje. Fenna fuotballet ek yn Easterein en sy fynt it keepen it leukst. Derneist folget se drumlessen by it Atrium yn Snits. Tot slot nog wat oer myselst. Ik wurkje yn Ljouwert by Achmea. Der fersoargje ik mei in oantal kollega’s de útkearingen fan it pensioen fan in hiel soad minsken. Derneist bin ik wer begien mei it foljebaljen yn Easterein. Earder spile ik altyd yn Nijlân. Boeken lêze is wol myn grutste hobby. Myn e-reader giet oeral mei hinne. Al mei al befalt it ús tot no ta like goed as yn Folsgeare. Wy hoopje hijr noch lang mei in soad plesier te wenjen.


24 novimber 2018

Skippersbuorren

13.30 oere oech net... Ferjit dynmesk en adres deryn) (mei nam

Wolkom Sinteklaas & piten


Yn Easterein stiet in hús… Troch Gerben van Snits

Foardat de bern op bêd lizze, is it noch in drokte fan belang en at ik op sa’n momint oan ‘e doar stie, komt dat fansels net goed út. In ôfspraak is ree makke en sadwaande sit ik in pear dagen letter op de bank yn it wite hús (rjochter helte) oan it begjin fan ‘e Wynserdyk. It hús is boud yn 1869 en hat jierrenlang de slachterij Ten Dam herberge. No wenje Hendrik en Wybrich Ynema hjir mei harren fiif jonges yn ‘e leeftiid van 10 moannen oant 11 jier. Hendrik: “Sa’n hûndert jier lyn is der troch slachter Van der Meer in grut part oanboud en letter ha wy der sels noch in stik by boud. It is no ferrassend rom. De foarige eigners hawwe it hús stukt, mar yn ‘e sydmuorre sitte de ringen noch, dêr’t de kei oan fêstbûn waarden at se nei de slacht brocht waarden.” … en yn dat hús dêr wenje… Hendrik en Wybrich wenje hjir sûnt 2001, harren earste hús tegearre. Behalve de jongste binne alle bern hjir berne, spitigernôch moast Wybrich foar de lêste nei it sikehús. Wybrich: “By myn âlden in Warkum wenne ik al yn in âld hús. It hat sfear. Doedestiids wurken wy beide yn Ljouwert en sochten wy in hús om samen te wenjen. Myn skoanheit hie dit hús yn ‘e krante sjoen en tegearre mei myn heit hawwe se it besjoen. It wie it earste hús dat we sjoen hawwe en doe’t wy it seagen, hawwe wy it fuortendaliks kocht. Wat tige belangryk wie, is dat hjir in garaazje is foar myn auto, in âlde VW-bus. Op ‘e jierdei fan Hendrik yn oktober wurdt er 50! Spitigernôch passet er yntusken al net mear yn ‘e garaaze yn ferbân mei alle skelters ensafuorthinne fan de jonges!” Hendrik rint nei in kast en pakt in wyt-mei-blau autootsje derút. In eksakte miniatuer fan de auto fan Wybrich. Hy wiist leafdevol de details oan wêroan dizze ferskilt fan oare typen VW-buskes. “Myn heit hat him hielendal restaureard,” folt Wybrich oan, “en yn dit hús is ek net in plakje te fine dêr’t er neat oan dien hat!”


Theunis, Hendrik mei Renko, Fonger, Wybrich mei Joarryt, Pytrik Wat hâldt jimme yn it deistich libben dwaande? It is dúdlik dat je it mei in hús fol bern altyd wol drok hawwe. “Je moatte keuzes meitsje en konsessys dwaan,” seit Hendrik, “je kinne net alles, mar dêr hawwe wy foar keazen.” At ik nei it wurk freegje, moat ik by Wybrich wol ris freegje wat se no bedoelt. Der folgje sa no en dan technyske of Ingelske termen, wêrfan ik de besjútting net daliks begryp. It komt der op del dat sy al jierren by Friesland Campina yn Ljouwert wurket, foarhinne als karmaster foar bepaalde produkten, mar sûnt tsien jier as smaakpanelleider. De earste jierren foar de nije produkten fan Friesland Campina en de lêste twa jier mear rjochte op de kwaliteit fan de ‘kindervoeding.’ “De pannelleden moatte goed witte wêr’t se op lette moatten en hoe’t se dat beoardiele moatte. Sa kontrolearret Friesland Campina de kwaliteit fan harren babyvoeding.” At ik tink dat Hendrik mei syn wurk net oer dit ferhaal hinne kin, haw ik it mis. Mei hast noch mear passy en enerzjy fertelt hy oer syn deistich libben. “Ik bin by in garaazje begûn om auto’s te beskermen tsjin rust, mar yn 2002 bin ik as ZZP’er begûn. Ik bin mobiele autopoetser en haw de auto fol lizzen en ryd eltse dei by de klanten del. Meastentiids garaazjes, mar ek wol partikulieren.


It is mear as in poetsdoek en in stofzûger troch de auto. Eigenliks is it ‘rekondisjonearen’ fan in auto. Alle stof, smoargens, geurkes en alles wat deroan docht tinken dat de auto ea al brûkt is, moat ferwiderje wurde. De ûnderkant en de motor net te ferjitten… Je moatte al goed wite hwat je dogge. Elts seizoen hat syn eigen smoargens en oaral sit elektronika dy’t net beskeadige wurde mei.” “Hy is in echte fakspesjalist,” folt Wybrich oan. Wat betsjut Easterein foar jim? Wybrich: “Easterein is in doarp mei sfear, it is idyllysk. Hjir hawwe wy beide it gefoel thús te kommen nei it wurk. Eltsenien kin inoar en der wurdt op inoar past. Ek wol ris te folle,” seit sy mei in knipeach. Neist in hús fol bern en beide in goede baan is der ek noch wol tiid foar frijwilligerswurk. Wybrich hat in oantal jierren yn it bestjoer sitten fan de gymnastiekferiening, dy’t spitigernôch net mear bestiet. No sit sy yn de âlderrie fan skoalle en draait mei yn de bernetsjinst fan tsjerke. Hendrik hat in oantal jier mei de ZWO meidraaid. Minsken dy’t it drok hawwe, lykje altyd tiid te hawwe foar mear…

GARAGE – OPSLAG BOXEN huren in Easterein 78,50 Euro per maand incl. belastingen. Info: tel. 06 504 32 533 It Kleaster 10A 8734GW Easterein


nieuwsgierig

Wie vraagt komt verder. Nieuwsgierig zijn wij naar de ontwikkelingen in ons vakgebied, naar wat daar achter de horizon van de grafische wereld gebeurt. Nieuwsgierig zijn wij vooral ook naar u. Uw bedrijf, uw wensen en uw doelen. Samen gaan we op weg, zodat wij voelen en ervaren wat u drijft. Dat is de weg naar succes. Door onze blik op de toekomst, lopen we nooit achter de feiten aan. Wij durven te investeren, want wij zien overal kansen. Welkom bij van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein - novimber 2018  

Doarpskrantsje Easterein - november 2018

Doarpskrantsje Easterein - novimber 2018  

Doarpskrantsje Easterein - november 2018

Advertisement