Doarpskrantsje maart 2019

Page 57

Wilhelmini’s Blazersklas

Nei de krystfakânsje ha alle bern fan groep 5 fan De Foareker wer in bugel of trompet fan Wilhelmina krigen. Se krije moandeitemiddeis op skoalle muzykles fan Andries Kramer. Se koene hast net wachtsje om it ynstrumint út de tas te heljen. It foel earst net ta om lûd út it ynstrumint te krijen, mar no kinne se al in ferske spylje by in CD. En guon kinne ek al in solo spylje. Miskien sitte der wol in pear talinten tusken. Dat soe moai wêze fansels. Wilhelmini’s De Wilhelmini’s ha 19 jannewaris meidien oan in echt festival foar jeugdkorpsen. Dit waard organisearre troch Femuza. Se moasten alles sels dwaan. Dus ek de presintaasje. It yntro waard spile op trije grutte oaljefetten. Dat makke it publyk daliks nijsgjirrich. Under it spyljen fan de oare stikken wiene in oantal sels makke filmkes te sjen, dy’t by de muzyk pasten. Fan alle leden wie in foto makke. Ek dy kamen foarby. Sa ha se harren allegearre foarsteld oan it publyk. Spitich dat der mar ien priis wie. Want ús Wilhelmini’s û.l.f. Joke Krist ha it gewoan hiel goed dien. En hielendal sûnder help fan leden fan it grutte korps. Tjitske Joustra en Hessel Santema binne nei de Krystfakânsje ek trochskowed nei it grutte korps. Se spylje oan de pauze ta mei. En jimme kinne se op 9 maart op it konsert yn Boalsert yn aksje sjen.

Ut namme fan de jeugdkorpskommisje, Durkje en Folkje


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.